dinsdag 25 april 2017

Peter Karstkarel

Twa kear nei deselde lêzing,
dat moat kinne,
tocht ik

Ik mei Peter Karstkarel graach heare,
fertelle oer de grêven yn Fryslân
op basis fan 16.000 foto's
dy't hij makke hat
om in prachtich moai boek te meitsjen
oer dit ûnderwerp

Justerjûn foar de twadde kear
nei him harke bij Tresoar
foar in man/frou as 30
as beleanning foar de ynset
foar it projekt  Fryske hannen

It wie wer in moaie jûn
en ik sis it noch mar in kear
wat wit dy man wat ôf fan dit ûnderwerp
en wat kin hij moai fertelle




zondag 23 april 2017

Racoon yn AFAS live



In prachtige jûn
yn Amsterdam
mei Anne-Marije en freonen út Skearnegoutum
Racoon......
grôtfol en dochs yntym
mei al dy ljochtjes
fan tillefoanen
dy't it plak ynnaam ha fan oanstekkers




donderdag 20 april 2017

Tulpen

Se binne der
yn soarten
yn maten,
yn kleuren,

dy tulpen
dy't it lânskip sa opfleurje
yn de polder

dizze 14 dagen is it de muoite wurdich
om dêr efkes te sjen
at je fan tulpen hâlde

Wij fytsten fan Bant,
nei wat ombochten nei Creil,
nei wat ombochten nei Espel
nei wat ombochten nei Emmeloord
en nei wat ombochten werom nei Bant






Het Tulpenbelevingscentrum bij Creil



dinsdag 18 april 2017

Aaipop


Aaipop 2017 wie prachtich,
it makke mij yn alle gefallen bliid.....
wêrom ......wêrtroch?
sjoch myn kollum op Friesland Actueel

Net folle foto's makke
want dêr wienen oaren foar....

In pear foto's ...

Omdat Frerik de Swetser syn debút makke 

Omdat it optreden fan Douwe Dijkstra sa leuk wie.....

echt...sa leuk

omdat Volk sa'n fleurich kleurryk gehiel wie op it poadium en ek kreas spile

omdat ik mij altyd wer ferbaas oer it sukses fan de Doelleazen 

Omdat ik Wiebe mei syn band de ferraasing fan de dei fûn...

Omdat Rudy Bouma in foto fan mij nimme soe
mei myn snoadfoan,
 mar dat yn stee fan
dat ik der opstean
hij hij syn eigen kamera der opsette

vrijdag 14 april 2017

Burchwert



It kade yn Burchwert
is opkreaze...

dat wie ek in moai momint
om Tsjêbbe Hettinga te earjen,
de dichter dy't berne is yn dit doarp
fan de eardere gemeente Wûnseradiel

In dichtregel út ien fan syn earste bondels








donderdag 13 april 2017

In rûntsje bosk

Fannemoarn in lyts rûntsje
boskfytse...
yn 'e lijte,
dus iets minder kâld

Eigen haard is goud waard stiet er op de hûzen bij Balk

in oantinken oan de dyk .....
bij Rûgahuzen
fan wa fregen wij ús ôf.

thús mar efkes opsocht
yn it archyf fan de LC:
2001...


sicht op Murns........


woensdag 12 april 2017

Herinneringen



De tiid hâld gjin skoft
song Tetman de Vries
yn de jierren sechtich
fan de foarige ieu...

en sa is it...
wêr binne de jierren bleaun

dat frege ik mei justermiddei ôf
doe't ik it efkes op it tsjerkhôf
omstapte yn eigen doarp






It algemiene begrêfplak
dat oanlein waard yn de jierren
doe't ik in jonkje wie
en oan de Molewâl of Opslach wenne..

Doe leech,
no al aaklik fol.

mei nammen op grêfstiennen
fan minsken dy't ik kend ha:

tachtigers,
omdat it harren tiid wie?

sântigers en sechtigers,
wylst it harren tiid noch net wie?

fiiftigers en fjirtigers,
ûnrjochtfeardige lot?

jongeren,
dy't midden yn it libben stiene

bern
dy't gjin kâns krigen
om der in libben fan te meitsjen.

grêven,
nammen,
man en frou,
bruorren,
heit neist in bern,
lytse poppen,

en allegear mei harren eigen ferhaal

herinneringen
komme bij mij boppe
oer minsken dy't ik goed kend ha

mar ek "och hedens"
och heden...dat is al sa lang lyn dat dy...
och heden... dy leit hjir ek ...
och heden....dat is ek sa....

grêven
yn soarten en maten
fertutearze of mei soarch ûnderholden

it wie goed om de wearde fan it libben
wer efkes te fielen


bij it ferlitten fan it hôf
haw ik it stek wer efkes tichtdien
it piipte en kreake
sa't dat miskien wol past
bij in stek
bij in hôf


In grêf fan 1975 alinne de namme is noch te lêzen:
Bauke Tuinstra, 


twa brourren, beide yn it ferkear omkommen


Dat Kees sa jong stoarn is, dêr skrok ik no fan....


in jierke âlder as mij en jong ferûngelokke op de brommer bij de Kliuw


beste Tjerk



beste Wytze....syn broer





maandag 10 april 2017

Rûntsje Snitsermar

Snein 9 april
súdenwyn
dus is in rûntsje Snitsermar in goeie opsje

68 kilometer

en ik kin
de Jouwer
Broek
Sniksweach
Eagmaryp
Terkaple
Terherne
ôfstrepe

Sniksweach


Sniksweach

Terherne


zondag 9 april 2017

Punk

Punkmuzyk
in streaming fanút de midden jierren 70
is foar in part oan mij foarbij gien
want doe't it opkaam
wiene myn wylde puberjierren al foarbij
de jierren wêr't de basis lein wurdt
foar in bepaalde muzyksmaak.

ik bin mear opgroeid yn de rock, de hardrock
fan de jierren 60 en de begjinjierren 70

en dochs hold ik fan punk,
dy lekkere koarte nûmers
mei simpele akkoarden
mei  teksten dy't it leafst earne tsjin oan skoppe;
fuck the system,
fuck the goverment
dogge it altyd goed.

Tank sij Trump
ferwachtsje ik in nije golf oan punklieten
fan Amearikaanske bands

The Casualities spilen sneon yn Iduna
en sij meiden dat baaske dêr yn Amearika net.

The Exploited wie de haadband
mar dy hawwe in sjonger,
Mattie,
dy't it net sa krekt nimt mei syn libbenswize;
al wer in hertoanfal
en hij wie op dizze toernee
dizze wike
efterbleaun yn in sikenhûs yn Belgie:
de dea yn eagen sjoen......

mar...
de sjo moat trochgean
dus moasten de oare trije leden fan de band
harren der mar mei rêde yn Drachten

in seal mei punkers
stiet hast altiten garant foar sfear en fermaak,
sa ek no.
mei help fan wat gastsjongers
koene de twa gitaristen harren aardich
troch it sjongen hinne punke

en wa't sin hie
die gewaon in slach oer it poadium,
rôp wat yn de mikrofoan
sprong wat hinne en wer
en liet him dan wer yn it publyk falle...



Dit wiene twa eigen foto's mar prachtige foto's makke troch Iduna of sa kinne jim hjir sjen

woensdag 5 april 2017

AFDFT 2017


Yn 142 doarpen yn Fryslân haw ik no west
yn 2017,
op de fyts


Blau is jannewaris
Read is febrewaris
Giel is april

Ien kear mei de auto nei Ljouwert
foar in rûntsje nei it easten

Ien kear nei Wynjewâld
foar in rûntsje Eaststellingwerf

Noch sa'n 277 te gean.....

Pieeeeeeeeeeeeeee Ba mei Samme





dinsdag 4 april 2017

It praatboek


Ferline wike freed yn de byb
in nijsgjirrich ferhaal fan Johan Wagenaar

Hoe krije je minsken oan it praten 
at je it net oer it waar en sykten ha wolle

It praatboek is wat oars as in libbensboek;
bij it praatboek binne eigen/persoanlike foto's
de basis om yn petear te kommen mei immen
oer dygene



maandag 3 april 2017

Rûntsje Eaststellingwerf


Wij begjinne ús rûntsje Eaststellingwerf
yn Wynjewâld dat yn Opsterlân leit

troch bosken

yn Haulerwyk

yn Fochteloo



yn Appelskea

yn Haulerwyk

yn Haulerwyk

werom yn Wynjewâld