dinsdag 28 juni 2022

Frysman

 Sneon 9 july is de Frysman.

In hiele triatlon yn Gaasterlân.

Wij fytsten juster it fyts - en draafparkoers

en smieten yn alle brievenbussen oan de route

in struibriefke, mei dêr de oankundiging

en de fraach om der wat rekken mei te hâlden.






Skarl

 Skarl

dat leit dêr sa moai tusken Warns en it Reaklif.

5 pleatsen en gjin huzen.

Wij fytsten der juster lâns en 

koene it net litte om de klokkestoel efkes yn byld te bringen



It ok derneist soarget net foar in moai byld.




bloeiende blommen bij de oarlochgrêven





Bidde

 Heare, dankje foar it iten om Jezus wil, 

Amen


Dat hat sa ûngefear it gebed west

dat wij hiel froeger opseinen.

Alles kaam fan de Heare, dat is leard.

It leit allegear wat oars wit ik no

Sa bidde soe no net mear kinne.

De tiden binne feroare, 

it CDA bestiet hast net mear

Bidde dat dogge je no sa


Boeren, dankje foar it iten omdat Mark it sa wol

Mark dat is van den Oever

Dat is in radikale boereterrorist.

Dy hat it lân yn de macht

mei syn trekkers en boeren.

Foar Mark soene je bidde wolle

en freegje oan God

"jou dy man wat ferstân

en ferlos ús fan syn meirinners"




woensdag 22 juni 2022

Klokkestuollen

 4 klokkestuollen besocht

op in fytstocht fan 82 kilometer

Yn Smelbrêge komme wij foar in "tichte doar"

It Buma tsjerkhôf is ien kear yn it jier iepen

en dat wie moandei net



Yn Ypekolsgea kinne wij wol te lâne







Yn Yndyk soene je tryst wurde at je op it bankje sitten gean 

mei 4 lizzende en 4 steande stiennen en in klokkestoel








Yn Idzegea koe de hageknipper dy't oan it wurk wie

ús hiel wat fertelle








Paad

 


Al in heal jier lang ride der gjin bussen mear troch Wommels.

Foar de ien in seine foar de oare in lestige sitewaasje.

Dêr wol ik it no mar net oer ha,

want as ûnregelmjittige busreizger bin ik ek de dupe

fan 200 meter nei 1000 meter rinne om bij de bushalte te kommen

Hawar, der is wat oars, wat ik fyn.

In heal jierlang is it plak foar alle fytsen is in oanfluiting,

want dat hawwe se ynearsten  mar net oanpast.

Wij binne no juny en der wurdt no oan wurke.

It paad leit er en no it plak foar de fytsen noch.

It paad, sa't ik no lizzen sjoch

is twa tegels te smel...

Of bin ik in seurkont?

maandag 20 juni 2022

Fjoerwurk

Aldjierjûn of nijejiersdei 

krij ik meast net folle mei fan it fjoerwurk.

Ik haw der ek net folle mei.

Dizze wike wie ik bij trije fuotbalwedstriden

dy't yn in spannende einfase kaam binne

Kosten noch muoite wie der sparre

foar kleuryk fjoerwurk


Workum - Heerenveense Boys 1-0

mei it read fan Workum


Workum - ONT (yn Grou) 3-2 (nei ferlinging)

mei it giel fan ONT


Workum - ONT 
 
it hiele fjild yn byld mei it giel fan ONT en it read fan Workum






Oosterlittens - Warga       2-0

mei it giel read fan Oosterlittens





vrijdag 17 juni 2022

Neitraapje

 Ik sil net neitraapje, mar ik moat mij ynhâlde.

Oanlieding fan dizze konstatearing is dit stikje,

dat giet oer it ferslach fan de lêste wedstriid fan SDS 1

"Teun zat ‘op tien’ lekker in de wedstrijd en had wel langer willen voetballen dan een uur. Op zich een gezonde reactie, maar als je er zoveel plezier in hebt moet je niet stoppen met voetballen op je vierentwintigste Teun"

Wat in ferfelende opmerking fyn ik dat.

Dat immen mei 24 jier stoppet is syn eigen kar.

Dat in trainer dat net begripe kin, seit iets oer dy trainer.

Dat je dat yn in ferslach opnimme is bernich, en foaral negatyf

Ik hâld mij yn.

Op ien opmerking nei

Ik sil it geskel rjochting spilers fanôf de bank net misse

woensdag 15 juni 2022

Fuotbal is oarloch

 



It begjint sfearfol dêr yn Warkum.
De fuotbalklup dy't sa graach promoveare wol nei de twadde klasse.
Tsjinstanner is Heerenveense Boys
en dy roppe ek al hiel lang
"Nooit meer SDS"

Ien fan twaen heakket jûn ôf yn in ûnderline striid
Dat it net in leuke wedstriid wurdt is logysk,
de belangen binne te grut.

Troch de Boys út Hearrenfean wurdt foaral it in ferfelende wedstriid,
sij batse der yn en skoppe der op los.
De iene nei de oare Warkummer falt om en hjir en dêr falt ien út.

Workum de bettere ploech
en gelokkich winne sij mei ien doelpuntsje.

Sij geane troch nei de finale
en Heerenveense Boys dy binne folgjend jier wer fan herte wolkom yn Easterein
mei wat minder geskop graach

Leune op de skeppe

 Ik haw it byld noch goed foar eagen.

De man mei de skeppe of de harke

dy man dy't leunt op de skeppe.

Gravers of harkers

de skeppe is der foaral ek om út te rêsten

om om je hinne te sjen.

It like mij logysk.

Wurkje mei in skeppe en mei in harke

dat noeget út ta útrêsten en om je hinne sjen.

Yn Wommels is Delta dwaande mei superfluch ynternet.

Sij lizze de kavels yn alle strjitten, nei alle huzen

De tegels der út, grave, kabel der yn, 

tichtsmite en de tegels der wer yn.

Allegear mannen yn reade hesjes.

Sij wurkje as "gekken"

De skeppe is net om te leunen

dy is om te graven

Wat kinne dy mannen wurkje.

se wrotte de hiele dei troch

meast oant in oere as acht jûns ta.

Se sitte net yn in keet om skoft te holden.

Se sitte op de grûn, op in muorke, op in bankje

Bûten, mei-elkoar.

Wat pûden broadsjes bij Jumbo wei

en in sikspek 2 liter flessen kola.

Der giet fierders gjin minút ferlern.

Ik fernuverje mij  alle dagen wer

at ik se wurkjen sjoch

Wat in enerzjy.



woensdag 8 juni 2022

Swart

 Ruud Gullit kin best wol ferstannich prate oer fuotbal

at hij oan tafel sit bij Rondo op Ziggo Sport

Hij kin lykwols ek dom lulle, tige dom lulle.

Altyd dat gejank oer donkere spilers.

No dit wer


Ik soe hast sizze wolle

Gullit sit bij Ziggo sport

omdat hij donker is.

In oare reden kin ik no hast al neat mear betinke


dinsdag 7 juni 2022

It NK bûtenslaggen

De Bûnspartij op pinkstermoandei

dêr bin ik faak wol efkes te sjen.

Mei de klam op efkes,

want oan it begjin fan de middei haw ik it faak wol sjoen,

útsein at Wommels der noch oan is.

Dat efkes, wie moandei wol hiel efkes.

Wommels sjoen 

en doe wist ik wer werom keatsen mij sa gau ferfeeld,

Wat in bûtenslaggen, 

fan beide, mar wierskynlik fan de tsjinstanner iets minder

want dy winne.

Nei dy partij begjint it te reinen, hurd te reinen

en betink ik goed 11 oer al 

dat nei hûs gean better is.

12 oere bin ik thús (dweiltrochwiet) 

en hear ik dat it ôflast is.




De hel fan 22

 De hel fan 22

sa neame se de fyts11stêdentocht fan dit jier.

Rein, noch mear rein, hurde wyn en noch hurdere wyn.

Fan start oan finisj.

Sa'n 3000 lju meast yn djoere pakjes en op hypermoderne fytsen

heakken yn it foar al ôf.

Sokken binne dus gjin kaart wurdich.

Sa'n 2000 starten wol mar leine de finishstreep sels wat earder del

Ik begryp dat wol.

Wat fytsen leuk meitsje kin, ís der moandei net.

Der binne sa lytse 10000 dy sette troch.

Dy oertreffe harren sels

Ien fan harren is Jellie Holtrop

Sij is in trochsetter.

Ik hie net stimulearre om mei te dwaan

nei de 1400 kilometer dy't wij de ôfrûne wiken ôflein hawwe.

Ik socht de "slimste" buienradar op

en die der noch in skepke bij op.

It die gjin fertuten.

Jellie sil fytse en dan wit ik it wol

se sil him ek utfytse.

In grut komplimint




zondag 5 juni 2022

Mistral

De mistral is een harde en koude noorden- tot noordwestenwind die gedurende de dag gemiddelde windsnelheden bereikt van 50 kilometer per uur of meer (windkracht 7), met windstoten van meer dan 100 kilometer per uur. 

De duur van de mistral is wisselend maar hij houdt meest dagenlang aan, tot wel een week. De mistral waait regelmatig, zo'n 130 dagen per jaar, en komt in elk seizoen voor, het vaakst in de winter en het voorjaar.

Oant sa fier de ynfo dy't ik fan Wikepedia plukt ha, wêrfoar tank.

At je de mistral nea meimakke ha, 

dan kinne je dêr gjin foarstelling bij meitsje,

liket mij sa ta.

Wij troffen de mistral dizze fakânsje 

of better sein de mistral trof ús op syn paad.

Moarns op it dakterras bij it hotel

seagen wij efkes yn it waar. 


Wij hawwe him mei, dat is in gelok.

Trije dagen in stoarmwyn yn de rêch.

It is allinne mar leuk at je him echt yn de rêch hawwe.

Sydwyn is hast "deadlik" en yn de wyn is net te dwaan.

Wij hawwe sydwyn op wat hege brêgen en rinne meast

Ek sydwyn op dizze smelle (rin)brêge.

In brêge dy't bekend stiet om syn wiebeljen.

Fytse is net ferantwurde.

Mei eangst yn de fuotten draaf ik der hast oer

en Jellie folget




Werom

 


Fytse nei de Middellânske See is prima

mar je moatte ek werom.

Wij diene dat mei dizze organisaasje.

Fital as orgaisator en Snelle Vliet as busmaatskippij.

Yn twa dagen riden wij op Nederlân oan.

De fytsen yn de karre

en wij yn de luie stoel.

Hinnereis gie de bus  fanôf Metz mei foar de bagaazje

en at er immen in dei net fytse koe fanwege

in blessure of omdat de akku net goed opladen wie.

Sjoffeur wie earst Marcel en dêrnei Piet.

Oer de organisaasje binne wij tige tefreden


Fytse nei de see

 


Op dizze foto stiet in dielnimmer 

fan ús fytstocht nei de Middellânske See.

Bij oankomst yn Súd Frankryk makke immen dizze foto.

C., hij is 85 jier(!) en hij fytste op in gewoane fyts.

"Dit hebben mijn fiets en ik gedaan" seit hij.

Prachtich dien, in prestaasje.

Wij binne werom dus.

De kommende tiid noch wat ferhaaltsjes en foto's

Le Grau du Roi, dat wie it doel