woensdag 30 november 2016

De beste master


It sil twa wiken lyn west ha, 
doe't twa jonges fan in jier as 12 
op Skoalle Lyndensteyn lâns kamen.

It wie nei skoaltiid
en wat ferlegen stapten se ús kantoar binnen.
Neidat se harren kreas foarsteld hiene,
(wij binne fan de iepenbiere legere skoalle)
kamen se mei de boadskip
"wolle jo ek stimme op ús master,
dat kin hij de beste master fan it lân wurde"

Se hiene in kreas briefke makke
mei in taljochting en in stimadres.

"is it wol in leuke master ?"
wie it ienige wat ik frege.
"jaaaa"seine se gelyk en it like oprjocht.

Ik hâld net fan sokke stimmerij,
ik fyn it mar neat om te stimmen op iets
wat je net fergelykje kinne...

ik haw it briefke wol oannaam
en wol dy aardige jonges net teloarstelle
dus stim ik jûns op master Freerk,
dy't ik net koe en wêr't ik noch nea fan heard ha...

Master Freerk hat leau ik wûn...
ik soe mij skuldich fiele moatte
mar ik fiel suver grutskens

ik ha dan dochs mar op de beste master stimd.......
blyn stimd sels,
want ik koe him net

Miskien moat ik faker blynstimme.....
yn 2017


maandag 28 november 2016

Band of friends

Iduna
in poppoadium yn Drachten

Band of Friends
in gitaarband
mei muzyk fan Rory Gallagher

Marcel Scherpenzeel -Nederlânner
ien fan de better gitaristen fan Nederlân
en in sjonger mei emoasje

Ted McKenna - Skot
in drummer fan formaat 

GerryMcAvoy - Ier
basgitarist dy't
soarget foar entoesjasme

Nei eardere goeie optredens
yn Ljouwert en Snits
no nei Drachten
Iduna

Hast twa oeren lang
it bettere gitaarwurk
mei strakke drums
en machtich sjongen

en it publyk dêr?
ademleas harkje
en meisjoge en klappe at it kin

Perfekte jûn!

en wa't se noch nea sjoen hat...
gean der in kear hinne
Band of Friends




zaterdag 26 november 2016

Keunst op Amelân

Keunst,
sels kezinen en fuotbalfjilden kinne it wêze...

Wij wiene op Amelân,
dat tradisjoniel yn de moanne novimber
de keunst sintraal set

Ferspraat oer it eilân
op tal fan binnen- en bûten lokaasjes
litte keunstners út binnen- en bûtenlân
harren keunstwurken sjen

skilderijen,
glêswurk,
bylden,
projekten,
der is sa folle moais en bysûnders te sjen.

Ik fyn net alles moai,
mar ik fyn wol bysînder...
dat minsken mei harren ideeën en geduld
keunstwurken meitsje en der yn leauwe....

Trije moaie dagen op Amelân
en alle lokaasjes besocht
en it is foar mij no de keunst
om maksimaal 10 foto's te pleatsen
om in ympresje te jaan







myn moaisten: Verborgen verdriet







donderdag 24 november 2016

Helloise





Herinneringen ophelje, neidat ik jûn in nûmer hearde fan Helloise op Arrows Classic Rock

Wij skriuwe 1987, 
Yn it Dielshús organiseare wij popjûnen. 
Altyd spannend at de bands oanslaan. 
Tiede van der Velde komt mei de namme Helloise. 
Net echt bekend yn it gewoane popsirkwi, 
spylje nea yn Fryslân, 
mar Tiede wit ús te oertsjûgjen. 
It waard in legendaryske jûn 
mei wol 700 hardrockers út it hiele lân wei 
en nei 90 minút hurde rock, 
rûn it Dielshús yn 30 minuten leech 
mei allegear tefreden minsken, 
Machtich.... 
en se binne ek noch te hearen no. 


maandag 21 november 2016

Iets opsizze

Iets opsizze,
dat falt noch net ta,
hear ik faak om mij hinne

It begjint al  mei de fraach
"wêr kin ik fine
hoe't je dat dwaan moatte"

Ik hie it fûn op harren webside:
in blêd opsizze,
4 jier hân, altyd op tiid betelle
mar minder ynteresse as earder...

ik skreau in brief
want dat waard oanjûn,
belje mocht ek, mar
om foar te kommen dat se mei
allegear argumenten komme
en dat it net goed oerkomt
like in âlderwetske brief mij better.

"bla..bla... in verband met verminderde interesse
zeg ik het op per 1 januari 2017"

twa dagen letter
giet de tillefoan....
in belmiep fan de útjouwer:

"de brief aan de directeur voorgelegd
.....zo lang al klant
.....altijd op tijd betaald
ik mag u een aanbod doen"

"Als u lid blijft krijgt u
net als nieuwe klanten een
tablet, of een koffiezetapparaat of  een handstofzuiger"
en se neamde noch in oantal apparaten op...

Moai oanbod miskien,
mar dêrmei wurdt de ynhâld fan  it blêd net oars,
"dat moat mar net" liet ik har witte
wizend op it argumint "ferminderde ynteresse"

"Jammer", sei se
en dat kaam út de grûn
fan har kommersjele hert




zondag 20 november 2016

St Tropez en Henk en Melle



In moaie foto fan Ankie Rusticus foar it Bolwerk yn Snits.
fan it optreden fan St Tropez 

Dit is de sjonger gitarist fan St Tropez
dy't efkes wat mear romte nedich hie as it poadium


En noch twa eigen foto's fan Henk en Melle (sûnder syn oargeltsje) mar mei gitaar

donderdag 17 november 2016

Volbeat

Der binne fan dy útsjes dy bliuwe je bij,
tink ik.
Dat útsje fan tiisdei dat soe ien wêze kinne:
Volbeat yn Ziggodome yn Amsterdam

Ik koe mei op in frijfallen kaart  
tige tank baas fan Friso 
om him nei de States te stjoeren

Mei Menno, Meinko en Ernst op tiid op paad,
hapke ite, sfear priuwe
en doe op nei de Ziggo dome


Dêrfoar moasten wij bij de Heineken Music Hall lâns,
Wat in begrutlike taferielen dêr..  echt tûzende jongeren stiene dêr oeren
yn de rige
en yn de rein
te wachtsjen om nei binne te gean


Wij strûpten sa nei binnen ek al omdat it fouillearjen suksesfol ferrûn:
wij hiene gjin drank, drugs, wapens en oar ark yn de bûsen of op it lichem plakt.
it mobyltsje mocht wol mei
en dêr koe ik dan toch in pear foto's mei meitsje
Fan Crobot bygelyks..... in matich bandsje



Bin je dêr krije je in foto binnen op de tillefoan.. fan dochter Anne
spotten............"dyn ouwehear is der ek wer"


Altyd goed fansels, in petearke mei in burdman (fan de Veluwe)
Airbourne en Volbeat fan...

fan Airbourne,
lekkere stevige stamprock
 en se komme net foar neat út Australie,
want dêr komt ACDC ek wei
en dat klinkt al krekt sa

Wij kamen foar Volbeat..
de Deenske band
nei in prima optreden yn de iepenloft yn Nijmegen dizze simmer
wiene wijnijsgjirrich hoe't it hjir wêze soe

It wie adembenimmend
hast twa oeren  in werveljende show 
dy't net in momint ferfeelde
sa strak, sa moai, sa hurd
it kin hast net better en hoecht net hurder


Nei ôfrin...
de adreline...net te leauwen
wij moasten earst in healoerke bekomme.....

 wat in topband








woensdag 16 november 2016

Hjerstfytse

Auto yn Sleat,
en dan fytse yn Gaasterlân

mei syn herstkleuren

syn paden fol mei blêden

syn stien

syn selfie

yn spegelbyld

en dêr waait it altyd...sa te sjen

it lêste stikje trajekt fan de Frysman triatlon


en it oanstekplakje yn Aldemardum

55 km op de teller

dinsdag 15 november 2016

Moaie loften


Moandei 14 novimber
Underweis nei Beetstersweach
seagen wij wol bijsûnder moaie loften





60 km


Formeel sil se wol gelyk ha,
ferkearstechnysk miskien ek wol...

mar ik bliuw ut raar finen

in boerd del sette
oan it begjin fan it fytspaad
wêr't op stiet
dat je wer hurder meie as 60 kilometer

sjoen 
bij de Nije Kromme
tusken Wommels en Burchwert

donderdag 10 november 2016

Fut dat burd

"Ha, Sinteklaas"
hear ik moandei op de gong
yn Skoalle Lyndensteyn,
wêr't ik noch in dei yn de wike wurkje

it is wer hast sa fier,
wat tichter bij dat bernefeest, wat faker ik it hear
fan bern foaral:
"he, Sinteklaas"

mar ek grutten kinne it soms net litte
en pleatse in opmerking,
meastal wol at je se foarbij binne,
komme se mei in opmerking yn de rêch...

it moat no mar ris út wêze, fyn ik
it kin sa net langer, fyn ik
hjir moat in ein oankomme, fyn ik
dêrom myn aksje : fut mei syn burd

Sinteklaas syn burd moat der ôf,
hielendal
it is gjin gesicht mear,
dus der ôf dat ding
boppedat
hij stiet net iens yn it boek Baardmannen

Dat it burd derôf moat
is net om mij hear.
neeeeee,
fanút in histoarysk perspektyf,
dan hoech ik it ek net 't te lizzen
dan begripe jim it fansels wol.

ik doar it no ek wol te sizzen,
want wat soe dy Sinteklaas no allinne,
fan syn Piten hoecht hij neat mear te ferwachtsjen
no't syn Piten net mear swart binne
ferdomme se it om wat te dwaan
wat de baas seit.
dus

Fut mei syn burd

Afbeeldingsresultaat voor sinterklaas zonder baard



dinsdag 8 november 2016

Fryske hannen

Ik seach hjoed ris nei myn hannen
myn Fryske hannen
Se binne net makke foar it rûge wurk
en se hawwe ek gjin handichheid yn harren

wat kin ik der wol mei....

meidwaan oan Fryskehannen,
in projekt fan Tresoar

Wat is it?
Elkenien kin helpe om Fryske skiednis tagonklik te meitsjen.
Dat is it útgongspunt fan Tresoars nije online platfoarm FryskeHannen.
Mei de help fan it publyk wol Tresoar mear Frysk erfgoed duorsum ûntslute.

It earste projekt is foarbij it twadde komt er oan:







maandag 7 november 2016

Amen


Amen,
witte jim wêr't leit?
de Amer
witte jim wat dat is?

antwurden:
Amen leit yn de Drinte
en de Amer is it brúnkafé dêr


























in muzykkafé
soene je it ek neame kinne
wat in prachtige muzyksfear dêr
dy't blues en leafde foar muzyk útstrielt

Twa wiken lyn wiene wij dêr
bij in optreden fan Ad Vanderveen

It wie in aardichheid om te sjen:
stampfol mei sittend publyk,
tidens it optreden mûsstil,
twa kear skoft
yn it twadde skoft
in panne gehaktbollen foar in fette bek


in folle agenda dit lange winterskoft






donderdag 3 november 2016

Mis


Dizze foto appte ik ferline wike tiisdeitemoarn
nei Omrop Fryslân, 
foar it programma fan Jacob Stelwagen

in oprop om oan te jaan
hoe en wêr't je harkje nei de Omrop 
mei in kâns om in Dub Radio te winnen,
die mij ta dizze aksje beslúten 

"Fytsend ûnderweis fan Wommels nei Snits",
appte ik

Krekt oer healwei achten soe der kontakt socht wurde 
mei de winnende ynstjoerder

Healwei achten
stie ik foar it stopljocht bij Bogerman yn Snits,
der gong wat grut ark foarbij
fanwege de dykwurksumheden dêr
en dat lawaai oerstimde myn tillefoanlûd....

Ik hearde noch krekt de 4 lêste toanen
mar foardat ik de wanten út hie
en de tillefoan bij it ear hie,
hold it lûd op..

en stie ik te sjen
nei de melding fan "gemiste oproep"
fan in nûmer út 058....

dat se gjin twadde poging ûndernamen 
begryp ik wol.
dan moat je ek mar in "fytskit" op de fyts ha.......


woensdag 2 november 2016

Marten net mear op 'e rêch

Moandei 31 oktober wie myn lêste wurkdei
op SBO de Súdwester yn Snits. 

Mei noch wat libbensrinferlof en oar ferlof de kommende tiid
kin ik it oan healwei takemjier útsjonge.
Dan gean ik echt mei prepensjoen.......

Rom 8 jier Súdwester, 

as stêfmeiwurker jildsaken 
mei detacheringen nei
WSNS Súdwest Fryslân (6 jier)

en Lyndensteyn yn Beetstersweach (hast 5 jier)

It hat in goeie kar west yn 2008
om te wurkjen op in skoalle.

Hoewol ik altyd wurksum wie yn it ûnderwiis 
krije je bij  it wurkjen op in skoalle
mei bern om je hinne 

it bettere gefoel....
Want de bern dêr giet it om,
net om dy rotsinten....wêr't ik op passe moast

Prachtige kollega's ,  

moaie erfaringen
mar wat langer de tiid duorre 
wat minder it wurk bij mij paste.

En dan moatte je in plan trochsette en je hert folchje....


Myn bettere wurkgefoel haw ik de lêste jierren op

Skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach....

it giet net om de kollega's en de sfear
mar om it wurkynhâldelike


Miskien is it dêrom
dat ik dêr yn Beetstersweach
oan de Kryst ien dei per wike wurkjen bleau


Dus moandei 31 oktober..... 

foar it lêst yn Snits



It wie krekt as gie ik op fytsfakânsje justermiddei
om kertier foar fiven. 


Myn lêste wurkdei op de Súdwester siet er op
en alles wat noch nei hús moast,
kaam yn de fytsfakansjefytstassen telâne.




Noch ien kear wenwurkferkear Snits-Wommels
fia Loaingea

Wat presintsjes,
wat slúfkes,
wat spesjaal bier
en de ûnderwilens oan mij ferbûne pakken Brinta..

k hie it nea sizze moatten dat ik allinne mar Brinta yt at ik nei it wurk gean......
No sil ik fan dy rigel ôfwike moatte.
Trije pakken krige ik mar leafst,
dat wurdt wol 2017 frees ik. 


in oantinkenboek mei teksten fan kollega's 
mei in knypeach nei myn blog "Datfynik" 

Prachtich om te lêzen hoe't kollega's 
nei mij sjogge.....
nei dat Frysk fan mij
dat burd
dy lisfyts
de ferhalen oer muzykkonserten
en de mieningen dy't ik (hast) oeral oer hie





Thús wie de grutste ferrassing. 
Dêr sieten frou, bern, oanhang 
en de  trije pakesizzers te wachtsjen
 mei it earste "prépensjoen" miel

en hie pakesizzer Jelske mei mem HIldau
in prachtich fytskilderij makke fan knopen

Moaie dei