dinsdag 30 april 2019

Fytse

De kommende wiken drok oan it fytsen
dus rêstich op dizze blog

Mei wat gelok binne wij juster oankommen yn Paris
mei in Flixbus
en fytse wij no súdlik nei de Loire.

Sa sjocht de route der ûngefear út
Totaal sa'n 1600 km
 at wij net tefolle omfytse

It sil wol 1700 oant 1800 wurde

Wij ha de tiid,
de moanne maaie is fan ús....





zondag 28 april 2019

Molke

Lêze ûnder iten dat dogge wij meast net.
Ik haw it dan oer in boek, de krante
of de binnenkommende appkes en oare berjochtjes
op de tillefoan.

Mar op in momint fan "ferfeling"
kin ik myn nijsgjirrichheid net mear yn bedwang hâlde
en lês alles wat er op in pak molke stiet,
healfolle molke ek noch wol

Dy nijsgjirrichheid komt troch it logo fan Planet Proof,
dat sûnt koart op dit pak stiet.

Dus gean ik alle teksten lâns
en freegje mij dan ôf
wa't sokke marketing ûnsin betinkt.

Oer de duorsume molke stiet dat
"de koe als extra aandacht in de stal een massageborstel en een eigen ligbox heeft"
"dat de boeren in de boerenbedrijven minder dan gemiddeld broeikasgassen uitstoten"
"meer zorg besteden aan grasland en een fijne leefomgeving voor vogels en bijen"

ik soe hast sizze wolle
je binne net wiis at je gjin molke drinke

It logo Verpakking giet mij boppe de pet.
"Bij drankkartons"stiet dêr.
Gjin idee wat ik dêr mij moat.
Ik smyt se gewoan yn de grize kontainer
of moat it bij dochs bij it âld papier?
Of binne der ek drankkartonkontainers?

Myn konklúzje: it is lekkere molke
mar at dat komt troch al dy teksten op it pak,
betwivelje ik.

In soad teksten, sifers ensafuorthinne.
mar foar de measten sil de tekst op de reade pylk de reden wêze
om dizze molke te keapjen en net de massaazjeboarstel....








donderdag 25 april 2019

Aaipop 2019

It is wer safier
Aaipop op Peaskemoandei yn Nijlân.
It is meast rêstich yn de tinten
mar drok op it terras tusken de tinten.
It is drok bij de bar, bij it húske en bij de fretterstinte.
It is dan ek prachtich waar.

Foar de jeugd, dy't komt foar it feest,
is de muzyk bijsaak.
It is in lestich festival om te spyljen
liket mij sa ta,
seker wannear je graach heare litte wolle wat je kinne.

It meast jonge publyk hat er gjin ear foar
en it âldere publyk lit it wat ôfwitte.

In pear trochsetters (dy âlderen)  ferneare dit anti-muzykgefoel noch
mar de fraach is foar hoe lang?

Ik koe yn alle gefallen it meast wat ik sjen woe
yn alle rêst sjen.
Gjin minsken foar mij
en fier genôch bij de boksen wei
wêr't oaren dy't nea bij de muzyk komme
altyd foar warskôgje.

Foar it earst net oan de ein bleaun
want om 9 oere haw ik it goeie genoaten
en meitsje ik romte yn de tinte
foar al dy oaren dy't dochs noch in oerke meisjonge wolle
mei Sebeare en Piter Wilkens.

Ljoubjr .

Helder


Bad Mood

Sytse Haima

Briquebec

Mosken

Beatle Sessions

Beatle Sessions



dinsdag 23 april 2019

Ids yn Obe

Op it Oldehoofstertsjerkhôf stiet OBE,
it gebou fan de Taal.
It is de kommende moannen
in plak fan de ferbylding.

Keunstwurken fan Ids Willemsma
dy't op tal fan plakken yn Fryslân,
en dêr bûten,
in plakje krigen ha.

Keusntwurken yn makettefoarm
wêr't wat ferbyldingskrêft bij nedich is
om je foar te stellen
hoe grut se yn it echt wêze soene

It is om dy reden ek sa spitich
fûnen wij, mar ek oaren
dat der neat bij stiet.

Sa'n útstalling bin ik gau klear mei
amper 10 minuten hie ik se besjoen
wat at ik net wit wêr't it stiet
hat it foar mij gjin doel....





seit ek Piter de Groot yn de LC


vrijdag 19 april 2019

Eric Clapton


It kin wol efkes duorje foar't ik dit boek út ha.
In prachtich boek oer it libben fan gitarist Eric Clapton.
In nijsgjirrich persoan en prachtich beskreaun yn dit boek.

Ik wol bij in boek altyd witte,
wêr't it spilet 
en hast alle lokaasjes dy't neamd wurde
moat ik sanedich opsykje op Google Earth of Google maps

Neist dy tiidrôvenjend topografyske aksjes
is der ek ek noch de muzyk.
Tal fan ferwizingen nei bands, nei albums, nei nûmers, 
ik kom eagen en earen te koart op Spotify
om dat allegear op te sykjen en te harkjen.

Blues, dat is syn ding
en sa krij ik in moai byld
hoe't de blues him yn Ingelân ûntwikkele hat 
mei earst the Rolling Stones en tagelyk Eric Clapton
dy't allegear wat fatsoenliker hold as the Stones

Dit boek is in echte oanrider foar de muzykleafhawwer



donderdag 18 april 2019

Dy oare klup

Feyenoord is myn klup
om dêr supporeter fan te wêzen
falt al jierren lang net mei.
Gelokkich kinne wij no wer jierren foarút
mei grutskens
nei ús kampioenskip yn 2017
en de beker en de JC skalen.
yn de lêste jierren.

Dat kinne se bij in oare klup net sizze,
de klup dy't op trije fronten noch wat winne kin
dit seizoen,
mar ek wol mei lege hannen stean kin.
krekt as dy 4 jier hjirfoar

Se skine goed te fuotbaljen
en soms sjoch ik flarden, mear net.
Krekt as tennis, dêr sjoch ik ek net nei.
Ik gean der echt net foar sitten
en dat komt bij sommigen wat raar oer,
begryp ik út sommige reaksjes

Hoe't dat krekt kin,
dat ik dy klup net lije mei
hat Sjoerd Mossou fan it AD
geweldich moai omskreaun

Sjoch hjir

Syn jierdei

18 april
hij hie oars hjoed syn jierdei hân,
at hij net ferstoarn wie:
Ate Vellinga

foar him ien fan syn favorite bands




woensdag 17 april 2019

Tiidsiler




Yn de LC alle wiken in rubryk
om fan in algemien ynboargere frjemd wurd
in fryske oersetting te meitsjen.


Pensionado, wie dizze kear de fraach
en der kaam immen mei in prachtich wurd:
tiidsiler

Ik bin gjin siler,
mar neffens mij jout dit wurd wol goed oan
hoe't wij yn it libben stean....

dinsdag 16 april 2019

Spionnen


Net samar in kop yn de krante,
"de Chinezen komen"
Wij wurde bangpraten foar de Sjinezen
of soene dat allegear spionnen wêze.

De Sjnezen
dy kamen hjir yn de jierren 60/70
as Sjinezen mei in Sjinees.
Wa fûn it no net leuk om goedkeap en oars te iten
en wêr koene je dat net better dwaan as bij de Sjinees.

Alle stêden hiene der wol ien of mear
en sels yn Wommels is in Sjinees om ôf te heljen.
"The Happy family"

Dizze Sjinezen binne gewoan de earste spionnen.
Sy hawwe it foarwurk dien.
Sij hawwe fertrouen bij ús wekt
en sa kamen der Sjinezen yn tal fan kafetaria
om dêr kroketten, frikandellen en patat te bakken,
mei it gefoel fan dat dy Sjinezen hurd wurkje
en it goed foarelkoar hawwe,
krije ek dy patatbakkers it fertrouen

Anno 2019 bestelle wij spul út Sjina
dat op grutte skippen nei Europa ferfierd wurdt.
Spullen, hast foar neat.
mar mei as doel om ús kennen te learen.


Ik fiel it no sels ek alle dagen.
troch myn Huawei sport-en sûnenshorloazje
kocht bij Bol.com
mar makke yn Sjina
It apparaat registrearret alles.


Ik haw sels it idee
dat ik in hongerich gefoel krij
at ik bij de Sjinees lâns fyts yn Wommels,
ja, ik haw sels it idee
dat myn it stjoer fan myn fyts ûnbewust dy kant útgiet
en dat myn fyts suver automatysk gong minderet

en dan haw ik noch net iens in Sjineeske fyts.

donderdag 11 april 2019

Alofje


Bin noch altiten dwaande
yn it projekt Fryske hannen.

Akten fan ferstjerren digitaliseare
troch de gegevens yn in database te bringen

Alofje
dy namme kaam ik tsjin
Ik wit net hoe't it jim giet
mar ik sprek it út as

I love you

Wat in prachtige namme
en wat spitich dat je dy hast net mear tsjinkomme


woensdag 10 april 2019

2470 meter


Samar in fraachje yn it AD,
yn in kwiske hoe goed je Nederlân kinne:
"hoefolle fytst de Nederlander gemiddeld per dei?"

Seels fyts ik
de lêste 20 jier
rom 10.000 km per jier
wat del komt op sa'n 30 km op in dei....

en dan falt it mei ôf
dat it antwurd op dizze fraach
2,47 kilometer is






dinsdag 9 april 2019

Lûd

Lûd, dat is net samar in wurd.
Yn ús oare rykstaal hawwe wij it oer
"geluid en luid"
wij hawwe it altud oer lûd,
it wurd mei beide betsjuttingen.

Tongersdei 4 april wiene wij bij Tryater
yn de nostalgyske seal fan Schaaf yn Ljouwert.

In prima stik fierders,
mar wat de tekst oangiet
haw ik sa'n 30 % net ferstien.
As man fan taal en tekst wie it in minne jûn.
De brabbelteksten (nije wurden)
wiene dêr debet oan, 
mar foaral it lûd.
It lûd yn sealen Schaaf
is echt min (foar stikken)
en dan makket it neat út hoe lûd it stiet

Freed wie ik yn it Bolwerk yn Snits
trije bands yn it hardcore sjenre.
It wie lûd 
krekt net te lûd,
mar it lûd wie goed
en dat is foar dat soarte muzyk wol moai.

woensdag 3 april 2019

Ald

It digitaal kafé, wêr't wij mei in oantal frijwilligers
yn de byb yn Wommels,
minsken (meast âlderen) stypje mei tablet, tillefoan of laptopfragen,
levert soms aardige kontakten op.
Sa as hjoed,
doe't ik op fersyk fan in âlder echtpear
nei in oar doarp as Wommels fytste
want "de mail woe net fuort en woe net binnenkomme"
wie harren needgjalp fanút hûs
omdat se fanwege krupsjes net lâns komme koene op moandeitemiddei

En sa sit ik dêr yn in húskeamer fol mei boeken
dêr de man him noch altyd yn fernuvere
en mei in kompjûter,  dêr't de frou net sûnder kin.
In kompjûter dy't swier ronkt bij it opstarten
en wêr't it grutste lettertype ynsteld is
fanwege de al mar minder wurdende eagen.

Mei wat gelok, tink ik,
los ik it probleem ridlik gau  op
en sa ha wij noch wat tiid
om ek oer wat oare dingen te praten

Dat harren bern op ôfstân sitte yn it Westen fan it lân
en dat dy ek net alles witte fan kompjoeters.
Bern dy't ek yn doelgroep fan it Digitale kafe sitte,
want dan besef ik mij
dizze minsken binne 90 en harren bern dus like âld as mij.

Nee, dêr kinne de bern ús net mei helpe
mar wol de pake- en beppesizzers
at dy in kear tiid ha om hielendal nei dat fiere Fryslân te kommen

It wie in nuttich fytstochtje en ik haw it graach dien.



donderdag 28 maart 2019

Sjors Bakker



Ik hie it boek gau út:
it boek oer George Baker en syn Selection.
Net dat it myn muzyk is,
mar bin gewoan nijsgjirrich nei hoe't allegear gien is.

Rutger Vahl hat it skreaun,
sûnder meiwurking fan de haadpersoan.
Hij wol net prate oer bepaalde dingen út syn privélibben
mar fierders strielt it syn ego
dat er immen is dy't  oer him
de "minst wurdearre komponist yn Nederlân"
skriuwe wol.

Dus ûntstiet in boek dat in moaie skriuwstyl hat,
mar basearre is op fan alles wat yn kranten en blêden stien hat
of wat oare bandleden of belutsenen noch fertelle wolle.

Dy oare blêden binne ek de Telegraaf, Story en Privé,
sadat it privélibben seker oan bod komt.
Dy oare blêden binne ek Oor en Hitkrant
en dy hawwe it net sa stean op sok soarte muzyk

Mar leafst in opsomming fan 27 siden
wêr't alle ynformaasje weikomt.

George Baker Selection,
ik haw se nea live sjoen
is in echte hitmasjine west
mei allegear simpele middle of the road meisjongferskes.

Grappich yn it boek is de ferwizing nei Spotify.
Dêr stiet in spyllist op mei 217 nûmers,
allegear mei it bekende deuntsje fan Una Paloma Blanca

Opfallend is ek dat George Baker syn bandleden nea goedgenôch fynt,
se meie dan wol mei optrede (want dan komt it net sa krekt)
mar de platen wurde makke mei studiomuzikanten

In nijsgjirrich boek dat seker.


dinsdag 26 maart 2019

Winter

De iisbaan wer leech
wer in winter net brûkt.
It wol mar net winterje
nettsjinsteande dy jierlikse foarsizzingen  fan ene Pyt,
dy't alle jierren yn novimber ropt
dat der in strange perioade oan sit te kommen

Yn Wommels lykwols
dêr bliuwe optimisten.
Ferline wike noch te sjen.......




vrijdag 22 maart 2019

Ald


In takomstfoto.
2045
Ik sit foaroan
mei gitaar
wylst ik noch net in noat spylje kin


dinsdag 19 maart 2019

Focus


Wat in respekt wie der sneontejûn foar dizze 4 muzikanten
dy't diel útmeitsje fan Focus.
Thijs van Leer en Pierre van der Linden as de âldtsjes
op hammond /fluit en drums
en twa jongere gasten op gitaar.
In bysûndere basgitaar mei 6 snaren.
In bijsûndere jûn wie it mei publyk
dat ademleas harke en folop oan it genietsjen wie.

Prachtige symfoanyske rock
mei klassike ynfloeden.

In drumsolo fan Pierre van der Linden
fan hast in kertier.

In solo op in 6 snarige basgitaar

In prachtige jûn yn Neushoorn

maandag 18 maart 2019

Robbenplaat


Robbenplaat is it thúshonk fan Zeerobben
de 1ste klasser yn Harns.

Keusntgers, dus it gie troch sneon
tsjin Be Quick Dokkum, de klup dy't 1 punt mear hat.

In goed alternatyf foar dizze sneontemiddei.
no't Scharnegoutum 1 - SDS 1 ôflast is.

Hurde wyn, dêr flakbij de waddenkust.
Wol in aardich potsje
en ik haw noflik efkes bijpraten
mei in eardere strider fan Zeerobben 35 +
wêr't wij earder mei SDS 35 +
prachtige wedstriden mei útfochten hawwe

Einstân 2-0

vrijdag 15 maart 2019

Dieder en slachtoffer

Mei mear as bysûndere belangstelling
haw  ik it drama fan Baflo (2011) folge.

Yn it koart.
Asylsiker Alasam hat relaasje mei Grinzer faam Renske.
Op de dei dat hij heard dat hij net bliuwe mei,
nei safolle jierren striid en ôfwachtsjen,
rekket hij yn in psychose en bringt hij Renske
en in oproppen plysjeman om it libben yn Baflo.

In drama, mei in soad fertriet en mei oprjochte spyt.
Dit drama wurdt "moai" beskreaun
yn dit boek 

It ferfolch op dit drama is in bysûnder boek
.Heit Hekman en de dieder (de freon fan syn dochter)skriuwe tegearre in boek oer de tiid dêrfoar, tidens en dêrnei.In yndrukwekkend ferhaalomdat de âlders fan Renske seine: 

donderdag 14 maart 2019

Moai boek mei flaters


In prachtich boek, skreaun op Yslân yn 2014
oerstten yn it Nederlânsk yn 2019

De reservearring dy't ik dien hie,
hat syn nut hân,
want it is de fraach
hoe faak dit spannende boek beskikber is yn de byb

Net alle is goed oan dit oersetten boek.
Steurend binne de taalflaters.
Dy komme je wol faker tsjin yn in boek
mar dizze binne iets te opfallend
en steurend

Ik haw de útjouwerij yn Belgie in mail stjoerd
mei dêryn trije foarbylden.
At se der wat meidogge yn in nije printinge 
dat wit ik net
Ik krige wol in befestiging mei de wurden:

Dag Aant Hofstra,
Dank om dit te bezorgen.
Ik stuur het door naar de redactie van Cargo.

Vriendelijke groeten.


niet geboren maar overleden

bovendien is ben ik     

niet Karl, maar zijn broer Arnar.....


dinsdag 12 maart 2019

Nijenhove

Tusken 1 febrewaris 1979 en 1 septimber 1981
wurke ik yn Boalsert.
As administratyf meiwurker kaam ik op Nijenhove,
de "húshâldskoalle" yn de folksmûle.

It wie in kristlike skoalle
en dat siet dêr aardich djip.

Jan J. Sangers wie de lêste direkteur
dy't ik koart meimakke ha
en hij hat in nijsgjirrich boekje skreaun
oer de hystoarje fan 56 jier


Okkerlêsten haw ik dat boekje kocht
as in herinnering oan dy moaie tiid 
as it begjin fan myn karriere yn it ûnderwiis,
dy't úteinlik hast 40 jier duorre hat

Yn dy tiid dat ik dêr wurke
spile dêr in statutenwiziging,
dy't hiel wat fuottten yn de ierde hie
wit ik noch

Trije leden woene net om lyk
om RK leden ek in plak te jaan
binnen de doelstelling fan de statuten.
Unbegryplik fûn ik dat doe:
dat  trije leden (fan it earste oere)
mei harren "nee"
de wiziging keare koene.
Dûmny moast er oan te pas komme
sa skriuwt Jan Sangers no ek.

Mar,
at ik it boekje no lês
en ik sjoch hokker striid
de kristliken fiere moasten
tsjin de neutralisten en foaral de katoliken
dan begryp ik it no hiel goed.

Katoliken en neutralisten
dy't yn de gemeenterie tsjn stimden 
en dêrmei keare woene dat yn Boalsert yn 1931 
de earste kristlike húshâldskoalle fan Fryslân komme soe.

Letter is al it al foarelkoar kommen
mar net tanksij de katoliken.....

Dat hat lange tiid flink kwea bloed setten.
oant 1980 ta úteinlik
bij trije leden



zondag 10 maart 2019

Ten Years After



Yn 2011 seach ik Ten Years After
yn it Bolwerk yn Snits
In legendaryske band
fanwege harren ferrassend sterke optreden
op Woodstock yn 1969.

Ik skeau der in blog oer,
de oare deis,
om myn entoesjasme kwyt te kinnen

Jim kinne it hjir lêze.

Sneon 9-3 wie Ten Years After yn Iduna
noch altyd mei twa orisjinele leden:
de drummer en de toetsenist

Wat se der no bijhelle ha
op bas en gitaar/sjongen is geweldich:
In linkshandige basgitarist:
Colin Hodgkinson, 73 mar leafst
sadat it liket dat hij noch "orisjineel"is.

Links basse, op dy leeftyd:
it is gjin gesicht,
it eaget wat knoffelich
(at je sels rjochts binne)
mar hij baste as in wit ik wat.....machtich

Nij is ek de sjonger
in jonge hûn mei in entûsjasme,
it wie net normaal
Marcus Bonfanti sleept mei syn stim
en syn geweldige gitaarwurk
de band nei grutte hichte

want de drummer (ek noch mar 73),
dy't wol wat fier fuort siet op it poadium
trommele mei syn moaie jierren jierren 70 kapsel
in lekker strak ritme.

De toetsenist (73)
tsja, dy siet er bij
of siet er efter it tsjerke-oargel
en spile hij de hits fan Johannes de Heer,
op routine

It wie in topjûn
ek al omdat it foarprogramma
mei de Ljouwerter band Electric Hollers
hast elkenien ferraste,  (dus enthûsast publyk)
mar mij net:
ik haw se al meardere kearen sjoen
en it is alle kearen wer geniete fan in moaie sound.

Reinder, wat hiene wij in moaie jûn.......








woensdag 6 maart 2019

Kayak




"Kayak 40 jaar symfonische rock"
is in nijsgjirrich boekje dat ik koartlyn lêzen ha.
Kayak, de band fan Ton Scherpenzeel
en tal fan oaren.
In band yn de marge at ik dit sa lês.
In inkel hitsje en sa no en dan in sukseske.
In soad lijen oer de muzikale rjochting
en te folle wikselingen yn de besetting

In "tûke"belangenbehertiger
dy't der in binde fan makke.
Sûnt 2012 wer op toernee
mei Ton Scherpenzeel noch as ienich lid fan eardere tiden





zondag 3 maart 2019

Beurs

Dit wykein wie de fyts-en rinbeurs,
ús jierlikse tripke nei Utert
It binne foaral hallen fol E-bikes en reesfytsen
en in hânfol gewoane fytsen

Wat in merken,
wat in technyk
wat in fernuft
wat in prizen......

Wij komme foaral foar it
orientearjen op reizen
wylst ús reis al sa wat fêst stiet

Och, je sjogge wat om je hinne
je ite wat je drinke wat
en om in oere as trije is de puf der út


Amelân is de ienige FRyske regio dy't him sjen lit

It fytspromaosjeteam fan Frankryk hie it goed foarelkoar mei ynformaasje per route


Jellie joech noch efkes oan wêr't se ein dizze wike hinne sil te skien

Eastnryk wurdt begryplikerwize foaral promaoten foar fytse mei in E-boke

In fyts fan it merk Puch

in elektyske bernetransportfyts

Woartels binne goed foar de eagen

Hoe sille wij dizze fyts ris neame......Slash dus

In nijsgjiirige útstalling fan fytssjurtsjes