woensdag 29 september 2010

Felix

At je Felix hjitte dan binne je goed fan de tongriem snijd. Dat tink ik alteast. Want de twa Felixen dy't ik kin, binne dat. Felix Meurders, sit nea om in antwurd ferlegen bij in opponent yn Kassa en Felix Rottenberg wit oer fan alles en noch wat oer te kommen of wit hij it allegear better as elkenien.
Dy lêste Felix wie hjoed in gastsprekker/diskusjelieder op in dei fan Loyalis. It tema wie pensjoen, mar dat liket mij hast ien fan de wurden dy't út de tiid rekket. At de ferhalen fan hjoed wat útkomme dan kin it pensjoen wol ôfskaft wurde want trochwurkje oan 70 jier ta is net útsletten yn de takomst.
Dêrom wie ik bliid dat Felix it foaral hie oer de útdagingen dy't je sykje moatte yn je wurksume libben. Net it feit dat je 20, 30 of 40 jier bij de selde baas wurkje, moat beleanne wurde mar it feit dat je op tiid in oare baan doarre yn te gean. Mei wat ûnsekerheid oer hoe it befalle sil, mar mei de moed om in nije útdaging oan te gean. Ynspirearjende diskusje mei PenO-ers út de oerheid en it ûnderwiis.
Kosten noch muoite wiene sparre om der in moaie middei fan te meitsjen. Prof. dr. ing. Muller út Dútslân die it slotwurd en ik hold it net droech. Wat in geweldige fratsemakker wie dat en de triennen rollen mij lange tiid oer de wangen. In Nederlânske kaberetier mei in dútsk aksint dy't grappen makke oer Nederlanners en foaral dࡳtsers. En dan falt der hiel wat te gnizen.
En de lokaasje: salon boat Jules Vernes. Yn te hieren foar 3260 euro op in middei. Wij binne de haven fan Lemmer mar krekt út west mar wat docht it der ta.
De middei wie wer goed bestege. En de boadskip? Gean net foar de dream mar gean foar it libben.

maandag 27 september 2010

Mumford & sons

It sil yn jannewaris fan dit jier west ha, dat ik in cd resinsje lêsde fan de CD Cave fan Mumford & sons. In goeie resinsje en ik sykje dan gelyk nei mear ynformaasje fan sa'n groep. Bij it sjen fan it earste klipke wie ik ferkocht. Wat in moai en apart lûd. In banjo, in kontrabas, in gitaar, soms in piano, wat slachwurk mar net te folle, wat toeters en in geweldige sjonger.
Ik wist gelyk dat wannear dy "yn de buert" op trede, dan bin ik der bij. Tivoli yn Utert yn maart wie al útferkocht mar yn juny waard bekend dat se nei de Heineken Music Hall yn Amsterdam kamen. As earste der bij om kaarten te bestellen en dat wie mar goed ek, want it konsert wie yn hiele koarte tiid útferkocht. En doe moasten se noch op Lowlands optrede! Dêr ferbaasden 20.000 man harren oer dit releatyf nije groepke.
En snein wiene se yn Amsterdam. Foar it earst. En wat in optreden. Hast twa oeren pikefel. Want Mumford & sons is fan alles. Wat folk, wat bluegrass, wat rock en dat allegear yn in meisjong sfearke.
Sneintejûn sletten se it optreden ôf midden yn dy grutte seal. Gewoan as strjitmuzikanten. Sublym! En fansels wiene der guon dy't dêr ticht bij stiene en filmden.



En der wiene wer hiel wat minsken dy't de hiele jûn mei mobyltsjes opnames meitsje en wierskynlik hjoed pas echt genietsje.






donderdag 23 september 2010

It sit der wer op

At je yn Winsum opgroeie dat kin it net oars as je hawwe wat mei it fierljeppen. At je Wommels hikke en tein binne, dan moatte je wol wat mei it keatsen ha.
Soene je sizze.
No’t it keatsen wer dien (hjoed de lêste partij) sjoch werom nei myn keatsseizoen. Ik haw gjin bal oanrekke en gjin want oanlutsen. Ik haw gjin keatse oanwêzen en gjin telegraaf betsjinne. Ik haw mooglik twa kear op it keatsfjild west yn Wommels mar sels dat is út myn selektive herinnering wei. Ik bin yn de Freule wike te fytsen west en ik ha it net mist. Ik bin myn plicht as lid om wat te dwaan foar de keatsferiening net neikommen. Wêrom bin ik feitlik lid? It liket wol of haw ik der hielendal neat mei, lyksas ik ek neat ha mei de tennisklup, Euphonia en it swimbad. En dochs bin ik noch lid. Net om de yntree fan de Freule út te sparjen sa die dit jier bliken, want doe wie ik der net.
Bûten Wommels haw ik wol in oantal kearen bij it keatsen west. Meast neidat ik in fytstochtje makke hie, stuts ik efkes oan bij it keatsen. In oantal kearen yn Boalsert en Frjentsjer, in inkele kear yn Tsjummearum, Itens, Snits en Easterein.
Wat mij fan 2010 bybliuwt en foaral tsjinstiet is dy antikeatsside fan de firma Braaksma, van Tuinen, Bosma en Lettinga. Alle lytse foarfallen wurde troch harren grut makke en yn it negative lutsen. It is boppedat foar de frustrearre keatser in middel om te rachen.
En de nije bûnscoach hat myn fertrouwen ek noch net. Dy betinkt wylde ideeën en fynt him foaral sels geweldich.
De kommende moannen noch yn elke stêd en elk doarp in huldiging want oeral hat wol ien in earste, in twadde en in tredde priis wûn en dat moat foaral noch in kear fierd wurde.
Keatsen , ik haw it wolris leuk fûn, mar dy tiid liket (foar goed?) foarby.

woensdag 22 september 2010

Green balls of fire

It sil earne yn de jierren 50 west ha, dat Jerry Lee Lewis foar in optreden yn kontrijen fan Louisiana in restaurant binnen stapte en frege om in streksum miel. It restaurant mei in Nederlânske eigner wist doe wat dizze man nedich hie.
De rock en roll sjonger hie noch nea earder sokke frjemde griente sjoen. Hij iet him grou en joech dêrnei in geweldich konsert wêr't de fonken ôfspatten. Dagen dêrnei wiene de termen alhiel oerstjoer sa dreech leine dy dingen úteinlik op de mage. Hij hat se nea wer iten. Krekt as de measte minsken dy't it ôfheakje at it om spruten giet. It ynspirearre Jerry wol ta it skriuwen fan in liet: "Green balls of fire".
En no yn 2010 set de túndersorganisaasje dat liet yn om sprútsjes wer yn de merk te setten. Want neffens it berjocht ite wij per persoan noch gjin trijekwart kilo fan dy kûgelhurde dingen. Ik kom der net oan ta, moat ik earlik bekenne. En al wolle se no beweare dat se minder bitter binne as ea, ik sjoch dy drege dingen noch altiten yn de pannen lizzen en dat byld reitsje ik net wer kwyt.

maandag 20 september 2010

Romantyk




Haw in bysûnder moai boek lêzen. Hilary Norman skreau yn 2002 it boek "Steekspel". In moaie titel mei in dûbelsinnige betsjutting. "Adembenemend" en "Huiveringwekkend" skriuwe resensisten oer dit boek. "Een meeslepende, huiveringwekkende page-turner" hat de útjouwer der sels op setten.
No't ik de 444 siden troch bin, is myn konkluuzje dat mei de boppesteande omskriuwingen neat te folle sein is. De striid dy't in stiefheit fiere moat tsjin syn stiefdochters giet fierder as wat pesterijtsjes. It is yn dat hús in komplete oarloach dy't op libben en dea útfochten wurdt.
Doe't ik it boek út hie en it werom bringe soe nei de byb, foel myn each op noch in omskriuwing op de foarside: "Romantische Thriller".
Ik besykje mei sels en oaren altyd foar te hâlden dat ik net romantysk bin. Bij romantyk tink ik oan in sfearlampe en oan kearseljocht, oan in iepen hutte mei kreakjend hout, klassike muzyk en oan in bedstee.
Troch de ûndertitel "romantyske thriller" op dit boek bin ik it it efkes kwyt. En at ik Wikepedia der op nei sjoch, dan sjoch ik dat romantyk mear is dan ik ea tocht. Miskien folgend jier dochs mar de Romantische Strasse fytse. Miskien wurd ik dan in romaantikus.

vrijdag 17 september 2010

Help

Sa'n 45 spilers fan SDS rinne sneon mei de siel ûnder de earm of mei de frou oan de earm yn de stêd. Sij binne de dupe fan de trend fan hjoed de dei: Maklik ôfsizze foar teamsport. Yn dit gefal foar it fuotbaljen. SDS 4, SDS 5 en SDS 6 hoege sneon alle trije net te baljen omdat de tsjinstanners te min spilers ha, omdat se dy spilers oare saken op dat momint wichtiger fine. Dat se harren eigen maten dêrmei dupeare dat skynt harren neat út te meitsjen en dat se skijt hawwe oan tsjinstanners is wol dúdlik. Wij binne no trije sneonen fier yn de kompetysje en dizze trije rekreaasje teams fan SDS hiene meielkoar 9 wedstriden spylje moatten. De teller bliuwt lykwols stean op 4!!!!
Oeverzwaluwen 4, Olde Veste 6, TOP 3, EBC 2 en Oudega 2 steane bij ús no al op de swarte list. En kom net bij ús oan om troch de wike yn te heljen bij it ljocht fan harren ynstallaasje. Wij sitte sneons op fuotbal.
Ferline jier mienden wij (SDS 5) it djiptepunt te hawwen yn in oare kompetysje, mar sa as it no giet foel it ferline jier noch mei. KNVB it wurdt tiid om op te treden tsjin dit gedrach.
Oh ja, de trije SDS teams hawwe noch net ferlern. En dat soe best noch hiel lang sa bliuwe kinne.

zondag 12 september 2010

Muzykteaterrintocht




"Down South" it klink lekker spannend. De ûndertitel "muzykteaterrintocht" net minder útdaagjend. En de oankundiging dat it in drekboel is en dat learzens hast ferplicht binne, jaait de ferwachting op nei grutte hichte.
Ik haw it hjir oer Tryater dat harren Techum projekt oankundiget.
Hoewol it lêste wat ik fan Tryater sjoen haw aaklik tsjin foel, jou ik harren wer in kâns.
Myn teloarstelling begjint al bij de oankomst. Wy moatte yn de bus. Wat rintocht! 5.6 kilometer ride mei de bus, wylst it mar 1200 meter rinnen is nei it begjin fan de foarstelling. Yn de oankundiging stie al dat minsken dy't net goed rinne kinne, net echt wolkom binne. Dus hiene wy echt dy 1200 meter wol rinne kind. En oars hiene wat lien fytsen in leukere oplossing west.
It wie mij gelyk wol dúdlik dat sok teater gedoch net oan mij bestege is. Elke spanning dy't der mooglik ûntstean sil, wurdt fuort nommen, omdat je hieltyd nei in oare lokaasje rinne moatte. It idee is miskien prima, de teksten sille goed wêze, it boadskip ek, mar it pakt mij net. Ik fielde gjin emoasje en it gnizen kaam net fierder as in glimke.
Fan it iene plak nei it oare plak dangelje, driuwt myn tinzen ôf fan dit ferhaal. Hoe soe Feyenoord stean, soe Webber of Vettel wûn ha, wêr sil ik werom lâns fytse en noch folle mear.
Ik sil te nei better útsjen moatte at ik wer nei Tryater gean. Twa "missers" yn koarte tiid is tefolle. Of slacht Tryater in oar paad yn as wêr't myn belangstelling leit. Oh ja, Gerrit do hast moai songen.


vrijdag 10 september 2010

Jorwert

"It Feest" hjit it stik yn Jorwert dit jier. En it wurdt "feest" hat yn dit ferbân meardere betsjuttingen. It is echt gjin feest wat der allegear bart op de poadium. In is sa'n bysûnder djiptryst ferhaal dat je der wol raar fan wurde kinne. En dochs is der safolle te gnizen. Ik haw tink ik noch nea in stik meimakke wêr't de trystens fan it ferhaal sa'n yndruk makke hat. It wie mar goed dat der tuskentroch gniist wurde koe, want oars hiene wy allegear yn triennen útbarsten.
Selden haw ik sa'n begrutsjen hân mei de personaazjes. Begrutsjen mei de heit, mei de mem, mei de bern, ja mei elkenien.
En nei sa'n stik freegje ik mij ôf hoe immen sa'n ferhaal betinke kin. En wat geweldich om dit sa op de planken te setten. Woansdeitejûn fielden je de spanning yn it publyk en je fielden dat dit mear wie as in gewoan stik. Dit rekke elkenien yn it hert, dit pakte je bij de kiel, dit skuorde je der bij.
De yndringende muzyk komt fan de cd the Resistance fan Muse. En dit nûmer komt dêr ek ôf.

dinsdag 7 september 2010

Gefaar

It AD is oars wol in aardige krante. In goed formaat, lêsbere artikels en in goeie sportbijlage. Neat mis mei.
Wat in mislike is oan it AD binne de ûndersiken dy't se dogge nei produkten en tsjinsten.
Ferneamd binne de oaljekoeken en hjerring ûndersiken dy't se dogge.
Ik mei graach in hjerring en in oaljekoek giet der bij mij ek wol yn.
Mar at ik dy ûndersiken fan it AD der bijhelje, dan moat ik konstateare dat ik mei risikofolle ûndernimmingen dwaande bin at ik dat doch. Want in oaljekoek bij Fogerty (dy't altyd yn Wommels stiet) keapje en in hjerrinkje op é Lemmer of yn Starum nei binnen gliidzje lit, is dat it selde as sollisitearje nei in sikehûs opname. En dat lêst skynt ek neffens it AD fan sneon 4 septimber ek wer net sûnder risiko te wêzen. Plak 66 en mar leafst 33 plakken sakke.
Ik kin dus mar better net mear oaljekoeken en hjerringen ite, útsein at se bij in top10 leveransier meikomme. En ik moat hoopje dat der gjin ûndersiken komme nei supermerkten, waarme bakkers en flymskerpe slachters yn dizze omjouwing. Want at dat ek noch min is, is it libben in libbensgefaarlike ûndernimming.

zondag 5 september 2010

Helgolân


Sneintejûn op alle folle oeren stjoert Omrop Fryslân in hiele aardige reportaazje út oer Helgolân. Ien kear yn de trije jier komme de Friezen dêr bijelkoar. De Noard- en East Friezen en de echte Friezen. Wij dus.
Ien fan myn moaiste deitripkes wie de reis nei Helgolân. Net mei de oare Friezen mar tegearre. Op ien dei hinne en wer werom fanút de Eemshaven. Moarn 7 oere fuort of sa. Mear as trije oeren farren op in snelle boat en dan midden yn de see leit it rotseilân.



Mear foto's fan ús reiske nei Helgolân binne hjir te sjen.

zaterdag 4 september 2010

Wittenskip

Wittenskip dat is sa moai. It levert aardige boeken op. Oer nijsgjirrige tema's. Der skynt ferskil te wêzen tusken wittenskip en wittenskip. Ik nim oan dat it sjenre "populêre wittenskip" de leechste foarm is. It is bedoeld foar de gewoane man. Foar mij dus. Ien fan dy wittenskipssjoernalisten Philip Droge (mei twa stipkes op de o, mar dy kin ik efkes net fine) hat in boek skreaun mei de alles oansprekkende en "populaire" titel: "Meer geld, vaker seks en nooit meer in de file."
Ik haw it boek noch net lêzen en ik moat earlik bekenne dat it seker net de trije kreten yn de titel binne dy't myn belangstelling ha.
Nee, bij te lêzen fan in resinsje kaam ik hiel wat oars tsjin, wêr't ik wol wat oan ha kin.
"En zo hebben collega's die links van de baas zitten tijdens een vergadering de meeste invloed. Via dat oor zijn we geneigd eerder een gunst te verlenen, omdat die in verbinding staat met de linkerhersenhelft, het gedeelte waar we empathie opbrengen en waar we beslissingen nemen".
Sjoch, dat binne dingen wêr't je wat oan ha. Ik wit nije wike myn plak.