dinsdag 28 februari 2023

Nee, dankje wol


 

Ik meitsje gjin reklame mei dit stikje.

Ik haw neat mei Johan Derksen

syn gedrach en syn taal steane mij al hiel lang net oan.

Ik kin him alle jûnen foar neat sjen

mar doch it net.

25 euro dus en dan hawwe je der ek muzyk bij.

Dat moat dan wol in hiele goeie band wêze.......

Ik haw maklik praat

dy jûn sit ik hopenlik yn Basel

de earste dei fan ús fytsfakânsje


maandag 27 februari 2023

Hema woarst

In moaie moandeitemoarn,

de sinne komt op, 

der leit wat iis yn de featten

en troch de wyn is it glûpende kâld.

Wij sille hjoed boerekoal ite

en dêr heart in Hema woarst bij.

Alteast dat fine wij.

At de doar krekt iepen is

bin ik der al as earste klant.

In woarst.....

Hinnereis oer de Bieren en troch HIchtum

werom lâns de feart en troch Burchwert.

Wat in fûgels yn it lân

en ik nim tiid om der nei te sjen en

om ien fan de ferzen te lêzen







Ik is wier de muoite wurdich

om foar in Hemawoarst efkes nei Boalsert te fytsen

op de iere moarn

zondag 26 februari 2023

Taal

 


"Waar Brabant Zeeland kust"

stiet er op in promoasjetas op de fyts en rinbeurs yn Utert

Prachtich betocht





donderdag 23 februari 2023

De Potten


De Potten, sa hjit it gebiet bij de Snitsermar.
Mar at ik it goed ha,  hawwe se leaver 
dat wij dat net mear sizze.
It komt noch al krekt hjoeddedei.
Wat wij dan wol sizze moatte wit ik net.

No kom ik net sa faak bij de Potten
want ik haw dêr neat te sykjen.
De pont nei it Starteilân leit dêr
mar at je earne it skûtsjesilen net goed sjen kinne
is it wol dêr.

Ik kom dêr al hiel lang net mear,
Earst in skoft wachtsje bij de pont 
dan neat sjen fan it silen
en dan wer yn de rige foar de pont

Woansdei fytse wij nei de pont
om te sjen hoe't it der dêr winters bijleit.

Prima, soe ik sa sizze.
Lekker rêstich, mar hjir en dêr in rinner
mei of sûnder hûn
en hjir en net dêr twa fytsers út Wommels

Der binne genôch rekreasajeferbliuwen sa soch ik 
no't alles iepen en bleat is 
en net ferskûle leit efter beammen en oar strewelleguod.

Moai sa litte.

It Starteilân is gjin fytseilân sjoch ik no







 

dinsdag 21 februari 2023

Fega

De soan is feganistysk en syn húshâlding fegatarysk.

Ik haw harren hjoed warskôge foar letter



zondag 19 februari 2023

Ofstappe en bukke

 Jim heare mij net kleien oer de nije ûndertrochgong bij Wjelsryp.

Op Tjeppenbûr kinne wij no ûnder it spoar lâns 

en net mear fia twa stekjes der oerhinne rinne.

Wij kinne no trochfytse...

dat tocht ik


Nee dus,

wij moatte ôfstappe

wij moatte om de holle tinke

en oppasse dat wij net útglydzje.

Mei gefaar foar eigen libben

binne wij net ôfstapt

hawwe wij net bukt

en at it glêde wie hawwe wij net fernommen.


Binne dit wer fan yndekbuordsjes 

fan gemeente of Pro-Rail


Wij troffen it,

der kaam krekt in trein oan

dêr hiene wij oars foar útsjen moatten


Fan Wjelsryp nei Tsjeppenbûr en Keimptille

is in moaie rûte.

At it 1 april west hat,

kinne wij wer mei it pontsje oer nei Sweins.

Dat skeelt 8 kilometer

omdat je net oer Dronryp hoege





zaterdag 18 februari 2023

De fersierde fyts

 


De optocht bij de feesten yn Wommels

wie yn myn jeugd alle jierren .

Letter is it ien kear yn de twa jier wurden

en noch letter wikselt it ôf mei  de taferielen yn de buert.

Mar werom nei de optocht yn Wommels yn de jierren 60 en 70.

De kleuterskoalle die altyd mei 

en sa komt elkenien in kear op in wein.

Nei de kleuterskoalle hiene je "gelok " 

at je bij in weinploech hearden,

want der wiene famyljes of buerten 

dy't yn gearwurking mei in boer in wein makken

Falle je dêr bûten dan is dêr altyd noch de fyts.

De fersierde fyts.

Dy komt werom, at optochten bestean bliuwe.

At weinen net mear kinne, dan is dêr de fyts

Moai toch, al dy fersierde fytsen

foar jong en âld 

Want âld mei ek meidwaan op de E-bike.

De fersierde E-bike

Wat in feest foar jong en âld.


woensdag 15 februari 2023

Aksjedei

Hjoed is it aksjedei foar Turkije en Syrie

beide troffen troch natoergeweld.

Mear as 35.000 deaden.

In aksjedei mar ek in dei fan ôfskie fan Anneke Hulzinga

It hie sa wêze moatten

dat krekt op dizze dei Anneke nei it hôf brocht wurdt.

At er wat te helpen wie mei aksjes yn Wommels

dan wie dêr altyd Anneke.

Anneke stie altyd klear.

Iets dwaan foar in oar, dy't it nedich hat.

Net allinne bij aksjes om guod of jild bij elkoar te krijen

mar ek as frijwilliger bij tal fan aktiviteiten yn Wommels.

Wommels sille Anneke ôfgriislik misse.

Ik bin der wis dat in sûne Anneke hjoed mei meidien hie

oan aksjes foar dy twa lannen.

Iets meitsje mei de beppesizzers en dan ferkeapje

of oars wat


It berjocht dat Anneke stoarn wie, 

sloech freed, sneon en snein yn, 

wannear je it ek mar hearden 

as in ierdskodding.

In ierdskodding mei ien slachtoffer

Anneke stoarn? Hoe dan? 

It is net wier!

Anneke, dy sportive, sojaal belutsen frou,

is samar wei.....


Sterkte foar Gerrit 

en de bern, 

de bernsbern 

en oare famylje


maandag 13 februari 2023

In flechteling

 



In âld kollegea, Janny, hat wat boeken stean

dy't se wol kwyt wol.

In boek is om te lêzen 

en net om te bewarjen yn in souderkast.

Dat bin ik mei har iens

en sa nim ik wat boeken mei, 

wêrfan ik tink dat ik se wol nijsgjirrich fyn.

Fryske boeken, dat wol.

De earste haw ik út.

Piter Terpstra skreau 'In flechteling'

Wat in ferskriklik moai boek!

Wêrom?

  • It Frysk is prachtich mei in oantal moaie âlde wurden
  • It ferhaal is byldzjend, ik sjoch it allegear foar mij
  • In ferhaal oer in flechteling út Belgie dy't yn de earste wrâldkriich yn Gaasterlân telâne komt
  • Ynformaasje oer sa't it doe gie yn Belgie
  • Ynformaasje oer hoe't it yn Gassterlân wie yn dy tiid
  • De ynfloed fan tsjerken yn Gaasterlân
  • De striid tusken Walen en Flamingen dy't ek yn Gaasterlân troch giet
  • De earmoede
  • De iensumheid
  • It fertriet
  • De leafde
Ik sjoch dat Terpstra 125 boeken skreaun hat (Wiki)

en dat dit boek út 1999 is.

At immen it lêze wol, 

jou it efkes oan, bij mij, \

want it is net de bedoeling

dat it bij mij op souder komt.

Trochjaan is better





vrijdag 10 februari 2023

Gedicht

 Rebûlje oer in skriuwer dy't bedrige wurdt.

It is ek al wat.

At ik sis dat ik dit in prachtich gedicht fyn fan Pim Lammers

wurd ik dan ek aansens bedrige?




woensdag 8 februari 2023

Stake

 It giet min mei it iepenbier ferfier, sûnt koroana

Net ride, ride ûnder betingsten

dus hieltyd minder meiriders

Misken moasten oare alternativen sykje

en foar in soad wurdt dat alternatyf bliuwend

Nei koroana giet it iets better, 

mar men sit noch mar op de helte besetting fan earder.

Gefolch is dat der noch minder ritten komme

yn it iepenbier ferfier.

Nei sân oere kinne je al net mear de Súdwesthoeke yn jûns.

In politikus dy't seit dat er der mei begien is, 

ropt moard en brân en stelt fragen yn de Twadde Keamer

Ferskraling fan it plattelân, 

ûnberikberens 

en mear fan dy kreten.

Der is wol gauris in staking dit jier,

de meiriders wurde yn de steek litten, 

sij moatte harren mar rêde

Dy selde politikus dy't moard en brân ropt

fanwege ferskraling

ropt no moard en brân om 10 % prosint leansferheging

en noch folle mear easken net ynwillige wurde

troch wurkjouwers dy't hieltyd minder ynkomsten hawwe

-fanwege ferromrinnende passasjiers.

Oars moat er mar wer staakt wurde.

Ik haw al in hekel oan fakbûnslju

mar oan politisi dy't harren gedrage as fakbûnslju

dêr haw ik it hielendal net op stean.

Populistysk lofts gerop.....

Myn stim yn 2022 is net goed telâne kommen...

Je hoege net fier om.....

 Je hoege net fier om it moaie te sjen.

Je moatte allinne op tiid fan bêde en

de kjeld trotseare.

Moai winterwaar, 

dus op de fyts nei Skrok en Meilahuzen












dinsdag 7 februari 2023

Myn Ziggo

 Se hawwe it op harren wize sa goed regele bij Ziggo.

Yn de "Mijn Ziggo"omjouwing kinne je in soad sels regelje.

Sa as it opsizzen fan in streamingtsjinsr.

Dat sels regelje kin, at it wurket.

Al twa wiken lang slagge it mij net.

In mail nei dy "helptsjinst" 

en nei 72 oeren krige ik in antwurd.



In allessizzend antwurd

"Sykje it lekker sels mar út

want it is in probleem en wij losse it net op foar dij"

dat is de strekking

Hjoed socht op forums, 

want at ik dit probleem ha, 

dan binne der fêst mear.

Ik seach in efterôf gouden tip.

Bisar gewoan.

Opsizze net fia Wifi, mar fia myn G4 of G5 abonnemint

dat slagget wol.

Dankjwol Ziggo, 

dat hiene jim ek as antwurd jaan kinnen



maandag 6 februari 2023

Bonkwert

 It is wat hijich oer it lân

at ik fannemoarn fia Iens nei Spannum fyts

Bonkwert is it doel, foar in rûntsje rinne.

Ik sjoch it net wat, 

mar hear wol geskraap oer beton.

Mei fiif man sterk binne se dwaande

it ûnkrûd en oare rommel fan it rinpaad te ferwiderjen,

sûnder lûdmeitsjend apparaat mei mei de hân en hânark.

De mannen fan Empatec 

dy't oars yn Berltsum en Bitgum it grienteam foarnje

binne no útliend om Bonkwert op de kreazjen.

It is in hiele klus

en moai dat se wat selskip oan elkoar hawwe.

Oan de ein fan it paad in paniel fan Waling Dijkstra.

Spitich dat ik wite letters op in wite eftergrûn lêze moat.

Dêr haw ik gau myn nocht fan








woensdag 1 februari 2023

Suvelfabriken

Der binne fêst boeken

oer de suvelfabriken yn Fryslân

Der is ek wol in nijsgjirrige webside mei foto's

Sjoch hjir