Koartlyn yn de krante
in stikje hoe't it sit mei de generaasjes
Haw it de bern ek efkes stjoerd
mei de fraach at it wat klopt
It klopte wol aardich seine ek sij.
Der waard harren hjirtroch ek wol wat dúdlik
Ik bin fan 1954 en fyn dat ik wat op de râne sit.
Foar de protestgeneraasje wie ik iets te let fyn ik sels.
De kenmerken fan de Generaasje X
komme better oerien nei myn gefoel
Praktysk, selsrêdsum en no-nonsens mentaliteit
Salang je neat feroarje dan giet it goed bij Ziggo.
Dat is ek no myn erfaring wer.
Yn oktober in abonnemint foar Fox sport ôfsletten,
en gelyk wer opsein per 23 desimber.
In befestiging fan it opsizzen komt binnen
en oant sa fier giet alles goed
Op 19 desimber komt de rekken fan jannewaris.
Kosten binne inklusyf abonnemint Fox sport
wylst dat opsein is en befestige
Ik ha genôch tiid, mar belje doch ik net
want wachtsje haw ik in hekel oan en seker at it giet om flaters fan in organisaasje
Efkes foar de dúdlikheid Ziggo
de faktuer wie mij wol dúdlik
folsein dúdlik,
dy wie nammentlik fout, jim flater
Wat in flutreden en gjin eksuses
dat falt mij it measte op.
Alles bij it selde litte, dat is it beste
dan kin der neat mis gean
Ik wie snein yn sealen Schaaf
bij de Stevie Ray Vaughan Undercover band.
Gewoan op sneintemiddei, nei de preek
wêr't ik nea hinne gean.
Ik neam dat mar efkes want dy goeie grifformearde CDA-ers
yn de gemeenterie fan Ljouwert
sille wol nei de preek west ha en hjir fêst net.
Hiene se hjir al west, gewoan nei de preek,
dan hiene se gelyk bekenne moatten
dat harren idee om sealen Schaaf mar ticht te dwaan
om in rendabele Neushoorn te krijen,
fan tafel moast.
Wat in prachtige sfear dizze snein
mei sa'n lytse 300 minsken
dy't genoaten fan in stiengoeie band.
Hjir kin in Neushoorn nea tsjin op
mei dy kille útstrieling.
It folk, oer it generaal wat âlder as Abraham
joech har soms efkes noflik del oan de râne fan de seal
en gie entoesjast nei it midden at de bluesklanken de seal ynjankt waarden.
En janke dat die de gitaar doe't spesjaal foar de ferstoarne Aart Staartjes spile waard.
Dizze simmer seach ik se yn de Prinsetún
en dat wie dêr bûten al bêst genôch,
mar op dit poadium, yn dizze seal, wie it top
Sealen Schaaf moat bliuwe....
Sealen Schaaf moat bliuwe
It CDA yn Ljouwert kin wol fuort
Myn foarnimmen foar 2020?
Mear nei sealen Schaaf
Stevie Ray Vaughan Undercover bestaat uit:
Rob Winter (Marco Borsato, Robby Valentine) – Gitaar
De kommende moannen gean ik op syk nei hiele grutte fens fan ien bepaalde muzikant/band.
Wat makket dy muzyk sa bijsûnder foar dy fen?
Hoe is it begong?
Wêr is it begong?
Mei oare wurden, hoe kin de muzyk immen sa yn de besnijing krije.
Fen fan......... Tragically Hip
De earste fen noeget mij út om bij him thús it ferhaal te fertellen.
It ferhaal fan Tragically Hip. Ik haw mij fansels al wat tarieden en ik wurd begroete troch in entoesjaste hûn en ik herken dêr boppeút de klanken fan syn idoalen. Ik nim plak oan tafel bij Lukas Offinga yn Wommels.
Tragically Hip, dat is net in al te bekende band. Fertel it mar.
De Tragically Hip is in band út Canada. Sij spylje (southern) rock. Sij binne yn 1984 begong en hawwe sa'n 15 cd albums makke. De measten binne ek as elpee te krijen. Sij binne yn Canada in hiele populêre band en ek in Nederlân en België mochten se graach komme en hawwe se in soad trouwe fens.
Hoe en wêr bisto mei dizze sound yn oanrekken kaam?
Dat wie yn Boalsert. Ein jierren 70 wurke ik dêr yn kafé it Diekje (Lukas hat dêr sa'n 25 jier wurke) en yn dy tiid makke ik as muzykleafhawwer en barkeeper myn eigen kassettebandsjes om tidens myn wurk nei wat lekkere muzyk te harkjen.
It Diekje wie yn dy tiid in echt blueskafé.
De bekende Pub Street Bluesband fûn dêr syn basis.
Mar ik stie foaral ek iepen foar oare muzyk en sa komt der op in bepaald momint immen oan mei muzyk fan dizze band.
Dat klinkt goed en sa komt ek dizze muzyk op in kassettebandtsje.
It Diekje fan de blues ôf?
Net hielendal fansels, mar der komme wol hieltyd mear dy't the Hip (sa't de band faak neamd wurdt) ek bijsûnder leuk fine.
It is dan ek om dy reden dat er safolle Tragically Hip feans yn Boalsert en neiste omjouwing binne.
En dan komme se nei Nederlân
Ja it is dan 1990. Yn Vera ek noch wol.
Foar de minsken dy't dat net safolle seit, dat is it beste poppoadium fan Grins en miskien wol fan it Noarden.
Wij binne dêr doe hinne west dy earste kear en dat rekke mij gelyk yn it hert.
de no bekende Telegraaf sjoernalist Wierd Duk skreau foar it DvhN in resinsje
Wat is der sa moai, sa goed oan the Hip
Ik hâld yn it earste plak fan banda mei twa sologitaren en dêrbij noch in basgitaar. Dat jout in hearlike sound sa't de Stones dat yn de begjinjierren ek hiene.
Dizze band hat in garismatyske sjonger, dy't mei syn prachtige stim fol oertsûging goeie teksten sjongt.
Hij is ek poetysk en teatraal. Alles meielkoar is it faak hearlik stevich, boeiend, nijsgjirrich en spylje se altyd mei passy
De earste kear yn Vera in bytsje publyk mar de twadde kear fol.
Ja, dat wie in jierke letter en binnen in bepaalde groep muzykleafhawwers bruts de band troch. Wiene wij de earste kear út Boalsert bij wize fan sprekken mei ien auto fol, de twadde kear rêden wij dat net mear op.
ek yn 1991 wie Lukas der bij yn Vera
De Oosterpoort twa jier letter is minder neffens de krante
Dat kloppet hielendal. De band komt it beste ta syn rjocht yn in net al te grutte seal. Ik fûn de Oosterpoort ek in stikje minder. Mar noch altiten goed hear....
Vera , Oosterpoort der binne fêst mear podia wêr st se sjoen en heard hast
Ik kin hast wol sizze dat wannear se yn Nederlân wiene dan wie ik der bij. Tivoli yn Utert en foaral yn Paradiso yn Amsterdam haw ik skitterjende konserten sjoen.
Ek al spilen se twa dagen efter elkoar yn Nederlân dan giene wij nei beide konserten ta. Ik ha se yn Belgie en ek yn Hamburg sjoen.
Wij dat binne?
Noch altyd myn muzykfreonen út Boalsert dy't yn dy begjintiid oan de oare kant fan de bar sieten.
Ik haw de band jierren lyn ek al ris sjoen yn Metropool yn Hengelo (mei soan Sjoerd) en it wie bijsûnder dat ik doe hiel wat âlde kunde tsjinkaam dy't earder in soad yn it Diekje kamen en no yn Twente of Oerisel wenje. Dy muzyk lit ek harren net los
En festivals?
Ja se hawwe ek twa kear op Pinkpop spile. Mei wikseljend sukses at je Trouw leauwe moatte. Dat wie yn 1991 en 1995. Yn 1991 iepenen se it festival. Ik haw se ek sjoen op Werchter op dat grutte festival yn Belgie. Se spilen dêr tagelyk mei Neil Young en Metallica
De resinsjeskriuwer fan Trouw wie yn 1995 gjin fen fan de band nei harren optreden op Pinkpop
It wurdt net echt in grutte band yn Nederlân.
Nee dat sit er net yn at je net draaid wurde op de kommersjele radio en op in fatsoenlike tiid.
Ik harke doe foaral nei Weeshuis van de hits, in radioprgramma fan de KRO.
Ek koene se noch wolris foarbij komme yn in prorgamma's fan Jan Douwe Kroeske mei syn "Twee meter de lucht in".
Is dat spitich dat se it grutte publyk net berikten
Oan de iene kant wol, it is foar mij ûnbegryplik dat net mear minsken dy't geweldich fine.
Oan de oare kant is it prima sa, no bleau it in band dy't yn de lytsere sealen optredens die.
Wat noch wichtiger is dat de band it sels ek prima fûn sa.
Sij hawwe altyd muzyk makke sa't sij dat woene en it wie net harren ultime doel om hiel grut te wurden.
Bands wikselje faak fan gearstalling. De iene fitarist giet, de oare komt. Hoe wie dat bij de Tragically Hip
Se hawwe altyd yn de selde gearstalling spile De band bestiet út Gordon Downie (leadsjonger en gitaar), Paul Langlois (gitaar), Rob Baker (gitaar), Gord Sinclair (bas) en Johnny Fay (drums). Fan 1983 oant 2016.
2016?
Ja, it needlot slacht ta bij sjonger Gordon Downie.
Yn maaie 2016 jout hij oan dat er in earnstige foarm fan kanker yn de holle hat en dat se dy simmer noch stopje sille.
Se dogge noch ien grutte toernee yn Kanada en dy toernee eindigt op 20 augustus 2016 yn Kingston yn Kanada wêr't se foar de allerlêste kear te sjen binne.
It konsert wurdt streekrjocht útstjoerd op de tv.
Dat konsert is in gouden herinnering foar dij?
Miskien wurdt it dat noch wol, mar ik haw lange tiid de muzyk fan the Hip net draaid en net sjoen. Ik hie tefolle emoasjes.
It hat mij sa rekke de dea fan Gordon Downie en it besef dat it no dien is.
(Ik sjoch it no in Lukas fol emoasje en wij binne efkes stil)
Wannear is sjonger Gordon Downie stoarn?
Op 17 oktober 2017. 53 jier âld. ( Sjoch dit artikel yn de Volkskrant)
De band is hielendal stoppe?
Ja, begryplik fansels.
Sij hawwe hast 34 jier mei harren fiven safolle meielkoar dield, persoanlik en yn de muzyk en at er dan ien fuort falt en ik noch harren frontman, dan hâldt it op.
Wie it in echte frontman
Hij wie de frontman omdat hij song en foar de teatrale noat soarge.
Hij wie net in frontman dy't sa nedich alle oandacht ha woe.
Hij koe hiel goed diele mei de oare bandleden. It wie in echte band.
Hij hat alles skreaun mar de royalties dêrfan binne net allinne foar him mar ek foar de oare bandleden
Wat is it beste wat se neilitten ha as band. Ik bedoel oan albums en nûmers.
(Lukas sjocht mij suver wat lilk oan at ik dizze fraach stel)
It is mei Tragically Hip krekt as mei it Greidhoekfestival wêr't ik alle 9 jier yn de organisaasje siet. Dêr fregen se ek wat de beste edysje wie.
Ik jou dan oan dat eltse edysje fielde as in je bern.
Alle bern binne unyk mei harren eigen identiteit.
Dêr kinne je ek net sizze wat it beste bern is.
Sa is it ek mei the Hip. Ik bin mei harren meigroeid yn harren muzikale ûntwikkeling en op it iene momint fine je dit moaier en op it oare momint dat.
Bij harren optredens spyljen se meast sa'n 40 prosint itselde en de rest fulden se oars yn en waarden wij ferrast
Lit ik it oars freegje: hokker nûmers wolst graach dat se spylje
Little Bones en Blow at High Dough
Is der neist the Tragically Hip noch romte foar oare bands.
Seker. Ik wie grut fen fan Little Feat.
Sij spilen in 1976 op Pinkpop. Ik siet yn de brommerleeftyd en wij binne dêr doe op de brommer hinne west.
It wie doe noch yn Geleen.
Pinkpop wie doe mar ien dei en wij wiene dus fan te foaren in dei oan it reizgjen en werom noch in kear.
Uriah Heep spile dêr doe as headliner.
Noch mear bands?
Betty Serveert, Reboelje, Hallo Venray, Chuck Prophet, Deus en Fatal Flowers. En Madrugada fansels ek. Dêr wisto alles fan want yn oktober hawwe wij dy noch sjoen yn Tilburg.
Werom nei the Tragically Hip. Hoe faak hast se sjoen?
Ik wit it net krekt, mar it sil faker mear as 30 kear west ha. Sis it mar tusken de 30 en 40 kear.
De cd's en elpees fan dyn band hawwe in prominint plakje yn dyn platekast
Haha, it measte is opburgen, want mei de streaming op ynternet haw ik alles mei twa klikken bij de hân.
CD's draai ik net safolle mear.
In plaatsje draaie doch ik soms.
Gelokkich leit hjir en dêr noch in ferdwaalde cd en ek noch in elpee
en dat is moai foar de foto....
Wat soene wij foaral heare moatte?
Alles, op Google Play en Spotify is safolle te hearen en oars binne der yn in goeie platseaak ek noch wol cd's te keap.
Lukas do bist ek ien fan de grûnlizzers fan it suksesfolle Greidhoekfestival. Hiesto ek in dream?
Ja, myn dream wie the Tragically Hip op ús festival.
Dy dream komt net út.
Bob Greidhoek en Gordon Downie beide dea, dat wurdt him dus net
Wat soene wij foaral sjen moatte om de muzyk en de band kennen te learen?
Om te begjinnen is Live at the Misty Moon foar mij it begjin west.
Twad de dokumentêre Long time Running, dy't in moai byld jout fan de band yn 2016, doe't se dwaande wiene mei harren lêste toernee yn Kanada..
It lêste konsert op 20 augustus 2016 is fansels ek hiel bijsûnder mar foar de echte fen lyk as mij wol hiel emoasjeniel.
En fierders binne der op JoeTjoep opnames fanút it prachtige Paradiso yn Amsterdam en dy binne ek prachtich om te sjen.
The Tragically hip Live At The Misty Moon 1990
The Tragically Hip - Long Time Running (2017 Documentary Film HD)
0:08 / 1:35:42
The Tragically Hip - Long Time Running (2017 Documentary Film HD)
The Tragically Hip - A National Celebration (Live in Kingston
Ta beslút
Bisto ek fen fan dy iene band of muzikant, fljochsto ek alles ôf om se te sjen, wolsto dat ek diele mei oaren, lit it mij witte.
Ik wol der graach oer skriuwe. 0655117582
2020 wurdt it jier fan de moanne,
want bij ús yn it húske leit de "Maankalender"
Op basis fan hoe't de moanne stiet
is der in soad te ferklearjen neffens de ynliedende begjinside.
Ik sil it dit jier mei oandacht folge
en mij der in bytsje yn te ferdjipjen.
Mocht it mij oansprekke
dan gean ik foar 2021 op syk nei in app
want it sil dochs ek mei in app op de snoadfoan kinne
2 jannewaris
bin ik yn alle gefallen trochkommen
sûnder (begjinnede) pine 'e holle
en ik haw gjin ekstra wetter dronken
Stappen sette
dat kinne je letterlik en figuerlik dwaan.
Ik doch it letterlik.
2019 wie it jier fan de stappen,
mar leafst 11.526 stappen gemiddeld
per moanne.
Op jierbasis hast 4.000.000
It hâldt je fan de dyk,
sille wij mar sizze
want ik rin meast op de stoepe
Ik rin gâns mear as earder,
foaral troch de loppkes mei de pakesizzers.
Earlik sein, fynt it lichem dat prima
mar fynt de geast it minder leuk
Foar 2020 gean ik net foar in rekôr
en gean ik foar it selde
en at it wat minder is
is it jier ek slagge.
Net wurkje is mear lêze.
Dat jildt seker ek foar mij.
Yn myn wurksume libben
kaam ik meast út op 40 oant 50 boeken yn it jier
Doe't ik noch wurke yn 2016 wiene it 51
net wurkjend yn 2017 wiene it 62
yn 2018 73
en 2019 stopt de teller op 80.
Gjin idee wat de moaiste wie,
ik ha se hast allegear útlêzen
en der sieten in oantal geweldige boeken bij.
57 boeken sitte yn it sjênre triller
de oare 23 wiene oars.
Lêze dat doch ik fanút de byblioteek yn Wommels,
neist de Jumbo en de bushalte
de wichtichste dingen yn Wommels.
In oantal boeken haw ik lêzen op de E-reader
mar dat hat net myn foarkar.
Sûnt 1998 sit ik op 989 boeken
en at alles goed giet
haw ik yn febrewaris it 1000ste boek yn hannen