vrijdag 30 november 2018

10.000 km























Myn tiid fier foarút, sjoch ik wol
Want mei noch in moanne te gean
helle ik hjoed de 10.000 km
yn 2018
op de fyts fansels.

Bij de Burchwerterhoeke
mei in opkommende sintsje
fûn dit,
foar mij altyd heuchlik feit plak.

Alle dagen efkes fytse
of efkes langer
dan komme je fansels op 10.000 kilometer






maandag 26 november 2018

Privacy

"Wilt u niet op de foto,
meldt dit dan bij de organisatie"

sa'n soarte fan tekst
hinget yn it Bolwerk yn Snits,
sa seach ik sneontejûn
bij it konsert fan Green Lizard
dy't de bettere muzyk út de jierren 90 spile.

Privacy
dêr giet it dus allegear om.

Sneontemoarn
bij de start fan de Slachterin
yn Wommels.
Mear as 250 dravers...
ik ha se net frege
at ik se op film sette mocht,
ik haw it gewoan dien
op standsje "donkere opname"



zondag 25 november 2018

Yn 'e lijte fan...

It wol noch net winterje,
gelokkich mar,sis ik dan,
ik haw der neat mei,
hielendal neat.

Reedride,
myn tiid hat west,
de redens hingje al mear as 10 jier
yn de bekende wylgebeam

ik tocht  oan reedriden
doe't ik dizze wike fytste
tusken Lytswierrum en Rien

Moai fytspaad
mar noch moaier is de reidwâl.
Reiden dy't der net weihelle binne
en no, at it winter wurde sil,
soargje foar lijte
sels op it fytspaad,
dat in meterke heger leit
priuwde ik dat genot




woensdag 21 november 2018

Sinleas

It is tiisdeitejûn 20 novimber,
de WEK hat in ledengearkomst
en foarljochtingsjûn oer
"de enersjytransysje"

It binne meast mannen
dy't it paad fûn hawwe nei it Dielshûs.

In sinloaze bijienkomst
at ik dy frou efter mei leauwe moat.

dy frou
gjin belanghawwende yn Wommels,
dy't har wurdsje steande dwaan mei,
dan delploft ûnder it kommando
"en no kofje"
en dêrnei it fatsoen net hat
om stil te wêzen at in oar it wurd hat

dy frou dy't stelt
dat in bijienkomst foar de platte froulju
mear sin hat,
want it binne froulju dy't je oertsjûgje moatte
en net de mânlju

It spytgniiskjen
fan de rom oanwêzige mannen
is it antwurd fan de seal.

argewaasje is myn gefoel

der binne yndie net folle froulju
mar miskien is der dochs noch ien tefolle


dinsdag 20 november 2018

Fryske hannen

Nijsgjirrich bliuwt it
om de gegevens yn in databasete bringen
fan minsken dy't stoarn bliuwe

Sa as dizze

13 jier
en it berop wie al dienstbode

of dizze


99 jier,
en gjin berop mear.

Dizze man út Easterein
libbe fan 1823 oan 1922
99 jier âld wurden

Hokker ûntwikkeling hat dy meimakke
yn 99 jier.
Wat wien de grutte feroaringen?

Ik haw gjin idee.



Net griis mar grien



In boekje yn de bus,
(ferpakt yn plastik)
Eigentijd fan Pensioenfûns.

fêst gjin oankundiging fan hegere pensjoenen
tink ik dan.

Plastik deromwei
en dat kin yn de grize kontainer......

Dochs mar efkes trochsjen,
dr Erik Scherder, neuroloog
hat it wer oer fit bliuwe:
bewege, útdagingen sykje en muzyk.
Hielendal mei him iens.

Myn each falt op de kop
"Folie Eigentijd mag in de GFT bak"

"Wat, oh, soa, dat is goed nijs"
tink ik gelyk,
moai dat ik dat sjoch.

pak it wer út de grize
en doch it yn de griene

Sa kin it dus ek


zaterdag 17 november 2018

Armenmeester

Alle dagen efkes dwaande
foar Fryskehannen
ynfiere fan akten fan ferstjerren
tusken 1900 en 1940
yn de gemeente Hennaarderadeeel
alle dagen tusken de 20 en 40
In deistige routine wurden
at ik sjoch nei de statistyk.


op de ranglist fan ynfierders

kin ik mij mei muoite hanthavenje
yn de top 20......


Nijsgjirrich is it berop dat fermelden wurdt
op de aktes:
in soad "werkman" of "veehouder"
mar soms in bijsûnder berop, lykas:
veedrijver
stoombootkapitein
of dizze

armmeester, dêr hie ik noch nea fan heard

Goegelje dus

De armmeester (of armenmeester) was lid van een kerkelijk armbestuur. De armmeester verstrekte aan de armen geldelijke middelen uit de zogenaamde armenkas. Meer vermogende inwoners konden ook geld lenen aan de armenkas. Zij ontvingen hieruit rente en kregen na een aantal jaren hun geld terug.


donderdag 15 november 2018

Fytsende trainer


Ik wist net
dat syn namme Tjalling Dijkstra is.

Ik koe immen dy't altyd fytste
nei de trainingen ta
yn Easterein
fanút Snits

Dat wie Tjalling Dijkstra dus......

Wat haw ik him faak ynhelle
dêr tusken Reahûs en Easterein
op it binnenpaad;
hij
rêstich fytsend
ûnderweis nei de sporthal yn Easterein 
en ik 
hastiger,
ûnderweis nei hûs

op moandei en tongersdei
troch waar en wyn,
ek at dat wat minder wie 

sa no en dan hold ik yn,
dan fytsten wij tegearre op en
dan praten wij oan Easterein ta,
foaral oer syn sport
syn trainingen
syn talinten



dinsdag 13 november 2018

Bodensee

Al wer 14 jier lyn
fytsten wij de Bodensee
Yn 5 dagen fan Bett& Bike
nei hotel (of striehotel)

Prachtich waar 
en in moaie rûte












maandag 12 november 2018

Kleurrike fûgel

Gjin ferstân fan fûgels
mar it is in aardichheid
om fûgels yn de tún te hawwen

meastal mosken, protters ,
fûgels mei giel of read op it boarst

mar dizze kleurige fûgel
sjoch ik net sa faak

....gjin idee wat it is.....



zaterdag 10 november 2018

Amelân keunstmoanne

Suver in tradysje
trije dagen nei Amelân:
fytse en keunstsnuve.

Want dat kin sokke dagen
want de keunst
leit, hinget en stiet op sa'n 40 lokaasjes

sa fytse wij mei prachtich waar
fan east nei west
en fan Waadsee nei Noardsee

Keunst
je kinne en meie der wat fan fine
"echt skitterjend" hearden wij hjir en dêr
"hielendal neat" tochten soms wij yn stilte
bij in inkel "keunstwurk"

Bûtenkeunst yn byld
op de ûndersteande foto's













Ek in moai keunstwurk
dizze toer yn Hollum



en in fûgel makket gebrûk
fan in iepensteand lûk
en hat dêr in keunstwurk makke

maandag 5 november 2018

Freule 1903

ik wie op syk  nei ynformaasje
oer de Freulepartij fan 1903,
de earste Freulepartij

Hiel opmerklik,
de syktocht eindigt
bij de Telegraaf..




In wiidweidich ferslach ek noch wol,
wêrfan hjir ûnder it earste part





vrijdag 2 november 2018

Knutselje

It die mij earne oan tinken
doe't ik dit yn de krante stean seach

Ommers yn de jierren 70
doe't ik echt kieze moast
wat ik wurde woe
like it in  karriere as skoalmaster te wurden

twa kear haw ik ynskreaun stien
op de pedagogyske akadeemje
sa at de kweekskoalle sûnt 1968 hjit

mar it gie beide kearen
lang om let net troch,
it wie, sil ik no mar bekenne
"de eangst foar de blokfluit"
want dat wie doe it ferhaal
sa't ik it mij herinnerje

in skoalmaster of -juf
moast blokfluitsje kinne

al myn pogingen dêrfoar
om in ynstrumint te bespyljen
wiene net slagge,
sels it slaan op in stove, as begjinnende trommelman
wiisde op gjin inkel muzikaal talint.

Bist ek muzikaal, freegje se mij no wolris
nee, sis ik dan
ik bin noch sykjend nei it goeie ynstrumint
fandêr myn regelmjittich muzikale útstapkes

Foar de goeie oarder noch dit:
hie "knutselen" in fereaske kwaliteit west
yn dy tiid
dan hie it ek neat wurden,
no noch net .......


donderdag 1 november 2018

Fytsen

Trije lisfytsen
ien reesfyts
trije toerfytsen
it kin net op bij ús yn de garaazje

sûnt hjoed hawwe wij der wer ien bij,
de hurddraaffyts fan Samme
de rôse,
sa seit hij meast
no de blauwe,
want hij hat in kleurke krigen