vrijdag 26 september 2014

Philips

Philips hâldt op mei gloeilampen.
Nettsjinsteande dat it in winstjouwende bedriuwstak is giet Philips him talizzen op mediyske apparatuur.
Yn it AD fan woansdei 24 septimber stie in foarbyld.

Philips giet in elektryske toskeboarstel meitsjen dy't sjocht dat der in gatsje yn de kies sit en dat gelyk trochjout oan de toskendokter.

Hoe healwiis meitsje wij dizze wrâld?
Want wat krije wij aansens noch mear?

1. Sit ik op myn tillefoan te sjen nei de te lytse letters,
meitsje ik it byld efkes grutter,
krij ik twa minuten letter in berjochtje
fan Spec Savers
(yn hiel grutte letters)
 "dat it hast wer tiid is om in nije bril te heljen"

2. Set ik it lûd fan de tablet efkes lûder
omdat der wer sa'n filmke is
op You Tube
wêrbij it lûd min opnommen is,
krij ik fan Schooneneberg
in  bangpratend briefke
 wêrbij wezen wurdt op myn dôvens

3. Stean ik te pisjen
yn de HMH
bij in konsert fan the Waterboys
en drip ik wat nei,
dan bellet de prostaatdokter mei gelyk op
en kin ik mij mar melde
ûnder de driging fan
allegear inge syktes

4. Keapje ik wat Sperti
en smaar ik dat der op
mei de supersonyske Spertismarder
fan Philips fansels,
 dan krij in wike letter
in oanbieding
fan it Antonius sikenhûs
dat aambeien fuorthelje
yn in poep en en skeet dien wurde kin
en dat it moandeis
tsjin in oantreklik priiske kin.

5. At ik in lichte verheging ferûnderstel
en nim ik de temperatuur op
fansels mei de Philips termometer
en is it echt wat oan de hege kant,
dan hear ik binnen de 17 minuten
de ambu al oankommen
en slepe se mij gelyk nei it sikenhûs

6. Sit ik wat te faak ûnder de Philips reade lampe
foar wat lichte rêchklachten
dan kin ik der mar rekken mei hâlde
dat ik binnen twa dagen
útnoege wurdt foar in
herniatsjek

Soe Philips ek gewoan trochgean kinne mei it meitsjen fan lampen....





donderdag 25 september 2014

Burdmannen

Arie Bruinsma, in fotograaf yn Sint Nyk, hat sûnt dit foarjier in aardich projekt. Syn doel is 50 mannen mei in burd op de foto te setten en dêr www.baardmannen.nl mei te fullen.
De manlju wurde útnoege om nei syn studio te kommen en nei in petear mei de burdman wurde der wat foto's makke.
In alderaardichst idee, dat út de hân liket te rinnen. It binne net mear 50 mar der binne no hast al 100 manlju dy't hjir oan meiwurkje. Se komme fan hein en fier.
Ein augustus wie ik yn de studio en it wie alderaardichst om dit mei te meitsjen. In moai petear foaral ek.
Dizze trije foto's makke troch Arie Bruinsma binne  hjir te sjen. Fan al dy oare mannen soe ik jim freegje wolle sjoch op dizze side en genietsje derfan want it is echt de muoite wurdich al dy (soms) kreaze mar seker karakteristike koppen te besjen.




dinsdag 23 september 2014

In briefke

Krekt nei it Greidhoek festival fan 13 septimber krige ik in alderaardichst briefke fia de post fan Beitske van der Meer fan Fûns. Sij hie myn kollum lêzen yn de festival krante fan it Greidhoekfestival.en frege har ôf at ik de Aant Hofstra wie dy't ein jierren 70 bij har op Fryske les sitten hie yn Snits. Beitske  jout oan dat "de grutte ynteresse foar eigen taal en identiteit doe al opfoel".



Ik haw myn plakboek fan dat jier der mar efkes bijsocht en fyn  yndie in side dy't oanjout dat it Frysk mij doe al tige dwaande hold. 

Prachtich fyn ik sa'n briefke dat op in middei yn de bus lei oan de Geeuwkade yn Snits wêr't ik doe wenne, omdat tillefoan doe noch net sa gewaon wie as no. Ien fan de bern fan Beitske moast  fanút skoalle wierskynlik efkes bij myn hûs lâns fytse, sadat ik jûns op it goeie plak myn Fryske les krige.

zondag 21 september 2014

Amelân



It wie de ôfrûne wike moai waar.
Net waar om binnen te sitten.
Waar om fakânsje te hâlden.
Waar om op in eilân troch te bringen
Op Amelân bijgelyks.......

De 5de wike fan it skoaljier is de kampwike op de Súdwester.
Hast alle klassen geane der trije dagen op út.
In weardefolle aktiviteit om elkoar better kinnen te learen.

Al in oantal jierren gean ik ek mei as begelieder.
Ek dit jier wer
Wat is it wer in bijsûnder moaie wike wurden.
Op Amelân
mei dat prachtige waar
mei dy geweldige leuke groep de Valken
en twa gesellige kollega's

Wat ha wij wat dien en sjoen
Wat ha wij wat leard en  lake
Wat ha wij wat fytst en swommen
Wat ha wij wat snobbe en iten
Wat ha wij spullen dien en kletst

Grut fermaak mei wetter en beweging bij it museum yn Nes

Krekt as ferline jier mar wer mei de bear op de foto

Yn de see is neat foar mij.....



Herinneringen


Understeande kollum is pleatst yn de festivalkrante fan it Greidhoekfestival.

Herinneringen
Ik mei graach lêze. In boek yn de wike moat hast kinne. Lêze mei of sûnder muzyk op de eftergrûn. Beide kin. Ik hâld net fan misdie en misdiedigers mar fan dy boeken hâld ik wol.
Krekt foar de simmer joech in goeie kunde mij it boek “Ararat” fan Frank Westerman. “Dat is in nijsgjirrich boek” sa liet hij mij witte en doe’t ik it boek hie, lêsde ik op it omslach wat de Volkskrant skreaun hie oer dit boek: “Van Ararat kan een nieuwsgierig en kritisch lezer uitsluitend genieten”. Nijsgjirrich yn de goeie sin fan it wurd dat bin ik en ik haw ek altiten wol aardich wat krityske noaten op myn sang.

Frank Westerman makket yn it boek Ararat  in adembenimjende reis op it breukflak fan religy en wittenskip mei as ûndertitel “wêr is de God fan myn bernebibel en wa of wat hat syn plak ynnommen”. Westerman giet op syk nei antwurden en hâldt hij de mythes en stienhurde wurklikheid fan dizze berch tsjin it ljocht.

It boek beskriuwt it hiele proses om te kommen ta de úteinlike beklimming en yn dat proses sjocht Westerman hieltyd werom. Bij alle fasetten fan tarieding komt him wol wat yn de sin wat hij meimakke hat en wat hingjen bleaun is yn syn herinnering.
“Wat hingjen bleaun is yn de herinnering ”dat haw ik it meast mei muzyk. Fyts ik troch it Bosk yn Wommels en ik sjoch it Dielshús en dan tink ik werom oan myn earste popkonserten dêr. BZN, de rockformaasje, de Mailer mc KenzieBand, de Dizzy Man’s Band, the Bintangs en noch letter Hellois (hurde rock). Bij de Jumbo yn Boalsert sjoch ik efkes nei links wêr’t it Park stie en wêr’t Bram ús binnenliet foar Earth en Fire en foar Jen Rog. Yn Jirnsum de Twee Gemeenten wêr’t ik sels Corry en de Rekels en de Heikrekels sjoen ha yn twa swakke mominten. Yn Frjentsjer pop yn de Koornbeurs, yn Koudum yn de Klink en yn Warkum yn de Klameare.

It binne soms hiele lytse dingen dy’t de herinneringen oan dy goeie âlde tiid ophelje. Muzyk hellet it beste yn mij boppe. Muzyk dy’t altiten wer ferrast. Yn febrewaris gie ik tank sy de sosjale media fan de iene op de oare dei samar nei in nij festival yn Rotterdam: Punk, rock&roll, speedrock en hardrock. 3500 minsken hiene krekt as Jan Rinse en ik in dei fan ús libben. Ien fan de bands dy’t dêr spile wie Batmobile. Wij hiene der noch nea fan heard mar it skynde binnen harren sjênre de top fan Nederlân te wêzen.

En dan is it begjin maaie. It programma fan Greidhoekfestival 2014 wurdt presintearre. Haré, Batmobile….Hoe is it mooglik? Batmobile yn Wommels.
It is net allinne de herinnering oan Batmobile dy’t myn entoesjasme oanwakkert. Ik tink ek mei nocht werom oan de optredens fan Diff (yn Romein) the Flying Trashcans  (Poppodium Asteriks) en Buffalo Roam (zalen Schaaf).

En Kiss on the Rocks dan…. Tsja Kiss, dy komt út in tiid dat de muzyk net yn myn geheugen hingjen bleaun is.  Mar wa wit, de mannen krije de kâns op it  Greidhoekfestival en miskien is it dan oer 30 jier wol dat ik sis dat ik Kiss ûntdutsen ha op 13 septimber 2014 doe’t ik der bij wie op dat swimbadterrein yn Wommels bij it Greidhoekfestival.




maandag 15 september 2014

Greidhoekfestival

In prachtige iepening fan it greidhoekfestival.

Elkenien dy't binnenkaam moast fia de glydsbaan ôfdale nei it fjild. 
Dat levere gelyk al fleurige minsken op.
Geniaal betocht........



vrijdag 12 september 2014

Slobberbone


Ha Aant,

Kinst dizze band?
http://www.youtube.com/watch?v=d8-H8lDzCuM
Se komme oare wyke woansdei yn Amsterdam.
Ik gean de mei in neef fan my hinne. Ast mei wolst dan is der plak yn'e auto.
Tiede


Dit mailtsje foel ferline wike bij mij yn de mail boks. "Slobberbone", nee dy kin ik net, mar at Tiede dizze fraach stelt dan mei ik der hast wol fan út gean dat it ek myn smaak is.
Fluch efkes in nûmer sjen op Joetjoep om seker te witten dat it gjin hiphop, dance of oare sjit is.
"Ik kin wol, machtich ik stean healwei 7 oere klear."
En sa belânen wij (twa Tiedes en twa Hofstra) yn de túnseal fan Paradiso (flakbij it Y) en wij hienen in prachtige jûn.  
Net al te drok sadat ik sels de boppesteande foto foaroan meitsje koe en in oar dit ûndersteande filmke makke.



zondag 7 september 2014

Maraton

Ferline wike nei Maraton west.
It iepenloftspul fan Jorwert.
Ik haw omraak lake
It wie in moaie útfiering fan in tragysk ferhaal.
Goed spile en in soad beweging en spektakel.

Ek in stik fol tekstgrappen
Dat is myn ding.
Dat binne foar mij allegear hichtepuntsjes.

Thús oertink ik de foarstelling noch efkes.
It gehiel.
Ik tink oan it "delsetten" fan de frou
Ik tink oan it "delsetten"fan de Poal
Ik tink oan it "delsetten" fan de donkere poppe

En ik tink werom oan it spotten mei de bibel en foaral mei Jezus.
Dat fûn ik dochs wol in minder puntsje.

Dochs wol frjemd, dat mij dat hjoeddedei steurt.
safolle haw it no ek wer net mij de bibelske ferhalen, de tsjerke en it leauwen

Of komt it it dan dochs troch dat earste papierke wat ik yn myn plakfûn fyn.
Is dat in allesbepalend briefke?
Dat papierke fan 10 oktober 1954
Hast 60 jier lyn.


Triatlon yn Wommels

Troch Tsjeard en Berber binne wij allegear besmet mei it triatlon firus.
Sneon 6 septimber yn Wommels mear as 200 dielnimmers dy't koarte en lange ôfstannen diene. In moai festyn mei allegear sportive minsken en wer in soad frijwilligers.




dinsdag 2 september 2014

Fuotbalje op Skylge



It wie wer in moai fuotbaltoernooi op Skylge. 
Freed der hinne. 

Boatsjefarre
bierkedrinke
Bokkehok
stapelbêd
Ite
Schnitzel
Bierke drinke
Argewaasje hawwe oan it slecht optreden fan Hessel
en syn dochter
Taksi
Utsmiter
Fuotbalje
gers
keunstgers
legionella
net brûze
bierke drinke
mei boat nei hús
brûze

Moai fuort wet