woensdag 26 augustus 2020

It giet wer oan

 


It giet wer oan kommende sneon.
Bekerwedstriden.
It fuotbal om it eggie begjint wer bij SDS.
Koroana oerhearsket noch,
dus mei rigels wêr't wij ús oan hâlde moatte.
Dat falt net ta.
Dat seach ik sneon bij in oefenwedstriid yn Easterein
150 sentimeter is best wol fier
at je gewoan binne om wat tichter bijelkoar te stean.
150 sentimeter is op in terras best wol fier
at je wend binne meielkoar
oan in pear tafeltsjes de tredde helte te belibjen.

Elkoar oansprekke wurdt er sein
mar dat falt noch net ta.

It is mij wol dúdlik
dat it sneons wat moai waar wêze moat
dan kin der bûten neisitten wurde.
Dat is better as sitte oan ien fan dy 12 suterige tafeltsjes
dy't no yn de kantine steane
en gjin gesellichheid útstriele

dinsdag 25 augustus 2020

7 stêdentocht

 

Ik miste dit jier de Bûnspartij keatsen op Pinkstermoandei
mar Jellie miste har 11 stêdentocht op dy selde dei noch folle mear.

As alternatyf hiene wij op twadde Pinksterdei
de boppeste helte sa'n bytsje fytst
en ferline wike de ûnderste helte hielendal.

Wij fytsten yn tsjinstelde rjochting 
en seagen de pylken dan ek op de kop
at wij de bocht om wiene.

It wie in moaie tocht (fûn ik)
sûnder al dy lju om mij hinne,
op de fyts te jakkerjen.

Wij seagen no foaral fakânsjegongers
en leeftydsgenoaten
meast op sa'n elektrysk ding.

Gjin wachttiid bij it stimpeljen yn Warkum,
gjin file yn it naue strjitsje yn Hylpen
gjin wachttid foar it drinken yn Starum
en bij de slús dêr koene wij trochfytse.
Gjin bijkomdrokte yn Aldemardum 
en Sleat wie hielendal in ferademing:
wij koene dêr gewoan fytse 
wat drinken keapje en in ysko helje
en hoechden net te wachtsjen foar dy brêge

Nee, Drylst dêr wie it brêgewachtsjen
foar ien boatsje


bij in brêge dy't oars selden omheech stiet

Thúskomme sûnder stimpelkaart
mar wol 106 kilometer op de teller en op Strava

Wij hiene in moaie wyn fanôf Starum
want hij draaide wat nei it süden
en dêr wie hielendal neat mis mei


maandag 24 augustus 2020

Tsjerkhôf Kûbaard

It is waarm,
nee, it it hyt,
nee, ek net, it is smoarhyt,

neat dwaan dat is it beste foar ús.

Neat, is net folle
dus fyts ik nei Kûbaard.
Om it tsjerkhôf dêr steane grutte beammen
en beammen jouwe skaad
en yn it skaad is it net hyt.

It tsjerkhôf fan Kûbaard
mei in protte bekende "Kûbaarder" nammen
as Piek, Dijkstra, de Boer en Bootsma

Mij rekket de stiennen fan jonge bern.
It fertriet fan âlders
dy't de namme fan harren bern op in stien sette moatte.

Alders dy't efter bliuwe mei fragen:

wêrom ús bern

wêrom wij

wêrom?







In kleurrike stien 

is dy fan Marijke van der Meer

ek mar 43 jier wurden,

mei in moaie leafdefolle tekst






dinsdag 18 augustus 2020

Iens

 Wij wiene as bruorren yn Iens

foar in stikje famyljeskiednis

en seagen ek efkes yn de tsjerke



Tsjerklik Iens wiksels wol gauris fan partner

maandag 17 augustus 2020

Berne en begroeven

 It soe ek Kûbaard wêze kinne,

mar ik tink fan Iens.

It doarpke wêr't ik it faakst trochfyts

at ik de sinnen efkes fersette wol 

of efkes wat betinke wol.

Iens, it plak wêr't myn âlders lizze

op it tsjerkhôf midden yn it doarp

(dat is gelyk ek oan de râne fan it doarp)

boppe op in terp.

Heerma, altyd warber dwaande op syn bou dêr

koe ús wol wat fertelle.

Oer de tsjerke, oer de Burmania's

en oer de Hofstra's bijgelyks.

Pake Hessel wenne yn Iens

heit Jan is dêr berne 

en leit no sa'n 10 meter fan dat plak ôf

dêr't hij berne is.

Ik wist it net........



dinsdag 11 augustus 2020

Fierljeppe

Sneontemoarn 10 oere

fierljeppen yn Winsum foar de jeugd.

Wij fytse der mei de jeugd hinne.

Samme en Nyck meie op de bult foar it earst sjen

hoe fier de jonges en famkes springe kinne 

en foaral hoe wiet se springe kinne.





maandag 10 augustus 2020

Mees


Sneontejûn bij in optreden west fan Jacques Mees yn Kûbaard. Foarôf in ûnbekende foar mij. No net mear. Wat in prachtige lieten sjongt dizze troubadoer út Brabân. Syn trochlibbe stim wêr't de lieten fan Dylan, fan Cash, fan Prine, fan Waits en fan Neil Young klinke as echt. 


It is ek de rêst dy't bij útstrielt mei syn alles relativearjende humor dy't dit túnkonsert ta iets tige bijsûnders makket. Hij wit ek net fan ophâlden. Mar leafst 4 sets yn in mankelike sfear. It skimerlampke en mear as syn ferbleekte spikerbroek en syn bleate fuotten wie der op lêst net te sjen. Mar syn stim en dit liet. Ik moast it efkes opnimme (en no diele). "ik speel geen vrolijke liedjes" hie hij sein en it wie ek sa.

Mar wat kaam ik fleurich thús.



zondag 9 augustus 2020

Fleurige minsken

Dat hie hij net tocht dy Bert Heerink,

eardere sjonger fan Vandenberg en Kayak:

sjonge yn de tún fan Reinder en Jeannette yn Itens.

Wat begjint as in spontane kreet "wêrom net muzyk bij ús yn de tún" resultearret yn dit feessie.

De twa muzykleafhawwers út Itens kinne rekkenje op tal fan helpende hannen út eigen buert en doarpen. 

Der komt wat bij sjen om gasthear, gastfrou te wêzen foar sa'n oare 50 muzykleafhawwers.

André Becker, in prima gitarist en foaral bekend fan "syn" Pink Floyd Project soarget foar de muzikale begelieidng fan Bert Heerink.

Der ûntstie in hiel ûntspannen en noflik sfearke en bekende hits komme foarbij

Net meisjonge wurdt hieltyd lestiger. 

Net mei dûnsje kin ek al hast net.

In supergesellige jûn mei goeie muzyk, kâld bier, hearlike hapkes en .....pûdsjes sjips.

In grut komplimint dat Reinder en Jeannette ús sa de koroana tiid trochhelpe mei live muzyk.

Doe't ik goed healwei ienen al op de fyts siet ûnderweis nei Wommels kom ik op de dyk twa frijwilligers tsjin mei twa skalen fol hite hapkes.

Ik krij noch in pear mei foar ûnderweis.

(Miskien hat er immen noch in foto fan it optreden fan André en Bert dan kin dy der noch bij 


woensdag 5 augustus 2020

5 augustus 1970

It hie sa moai wêze kinnen.
de Freulepartij fan 2020.

Us jubileumreuny.
want 50 jier lyn
fliben wij yn de want,
rûnen wij net oer,
sloegen wij hast boppe
wiene wij noch linich
wiene wij noch fan dy pubers
wiene wij de besten fan Wommels
wûnen wij fan Boalsert
ferlearen wij fan Grou
wiene wij in partoer op de Freulepartij



mei Jelle de Boer en  Pieter Sieswerda op de foto yn.......?


De foto is fan letter
dat sille jim begripe.
Ek al wer lang lyn
want wij sjogge der no noch jonger út....
.


zondag 2 augustus 2020