vrijdag 31 december 2010

Jehannes Nauta

Jehannes Nauta dy wennet yn Easterein. Dêr is neat mis mei.
Jehannes Nauta hat syn jierdei op 31 desimber. Dêr is wol wat mis mei.
Want op it momint dat je op 31 desimber de kantine yn de sporthal yn Easterein ynrinne dan sweeft dêr it "JehannesNautafuortgeanfirus". Want wylst elkenien mar altyd beweart dat men neat mij jierdeifeessies hat, is de de jierdei fan Jehannes dêrop in útsûndering. At je yn in groep steane en wat bier bestelle wolle, dan is der altyd wol immen dy't seit: "Noch ien dan, want ik moat ek noch nei Jehannes".
"Nei Jehannes? Oh ja, ik wit it al wer fan ferline jier en it jier dêrfoar en it jier dêrfoar ensf. dat Jehannes Nauta jierdei is en dat hast elkenien út Easterein bij him op de jierdei giet".
En op ien of oare wize, wolle se dat net misse en wolle se net te let komme.
"Kinst ek wol mei?" seit der hjoed immen.
"Nee, dank je", foar mij bliuwt Jehannes in generaasjegenoat dy't ik faak tref at der earne goeie muzyk is en wêrfan ik wit dat hij op 31 desimber jierdei is en dat wol ik graach sa hâlde. Ik gean net bij him op de jierdei. En ik brûk it seker net om op 'e tiid fuort te gean.
"Jehannes fan herte lokwinske, ik sjoch dy bij Ten Years After yn it Bolwurk yn Snits op 22 jannewaris. Dan drink ik ien mei dij. Op dyn jierdei.

donderdag 30 december 2010

Stilte

Fannemiddei fytste ek efkes op de Slachte. De fjouwerkante eagen fan it wepmasterjen efkes nij sicht jaan. Op wei tusken Krabbedyk en Swarte Beien, myn favorite buorskip allinne al troch de namme, skrok ik fan de stilte. Neat hearde ik. Ik haw oars altyd muzyk om mij hinne. Thús mar ek op de fyts. Radio is myn ding. Pyt om 6.30 is myn wekker en bij de twadde alinea fan in antwurd fan in politikus yn "het oog op morgen" fal ik yn sliep.
It is ek sa dat ik oars altyd wol wat hear. Ridende auto's , brommende brommers, wynmûnen, fûgels of oare bedriuwichheid. Mar op dizze winterdei, op de Slachte hearde ik neat. Sels gjin karbidbus of oerfleanende guozzen.
Moaie hear de stilte. Mar no thús yn myn hok hear ik klanken fan Snow Patrol. "Run" in moai nûmer. En sa wurd ik dizze lêste dagen/oeren fan it jier wer meinommen troch de muzyk fan top 2000. Foaral freed at echt de bettere muzyk komt. Nee, gjin Omrop Fryslân freed. Dêr giet it net om de muzyk mar persoanlike feessies en oandacht. Sil mij benije hoe faak hij moarn wer troch it byld rint op tv. Dêrom foar him "Silence is golden"

Tryst

Wylst ik de hiele dei dwaande bin mei it liftbarren, skrik ik jûns dochs wol efkes. It ferstjerren fan in bekende. Yn myn wylde jierren in soad mei him op paad west. Kliuw, Rien en in soad nei de muzyk.
Hiel lang net sjoen. Gewoan omdat soks sa giet. Of tafallich. Hij yn Akkrum en ik yn Wommels. Ferline jier bij Brainbox trof ik him. Moai wie dat. Fansels dêr. Want wij wiene de selde leafhawwers yn dy jierren. Wij ha efkes bijpraten. Grutsk fertelde hij oer syn band mei syn soan. Koart lyn hearde ik bij tafal dat hij slim siik wie. Sa slim dus dat hij dizze wike stoarn is.
Krekt wat âlder as mij. Mar te jong. Fierstente jong. Tryst.

woensdag 29 december 2010

Liftferslachjouwer

It is no woansdeitemoarn. Betiid derôf. Want om 8 oere moat ik bij Jimbar stean. De lifters útswaaie, sterkte en sukses winskje en de lêste nijtsjes ophelje.
Want fanôf no sit ik sa'n 20 oeren efter de kompjoeter om de liftwedstriid te ferslaan op www.vv-sds.nl . In hiel oh heden, mar leuk wurk.
De reis giet nei Bergamo en ús soan docht foar de 10de kear mei. Foaral him en Beitske Kooistra winskje ik in soad sukses. En spesjaal foar Tsjeard Prodigy.

maandag 27 december 2010

Net te finen

 


Ferline wike stiene der yn it AD wer in oantal siden mei nammen fan minsken dy't harren melde moatte bij de rjochtbank yn Ljouwert. It skynt sa te wêzen dat dizze minsken net te trasearjen binne omdat se bûten byld bliuwe wolle of omdat se dakleas of thúsleas binne. Dat de rjochtbank harren opropt soe betsjutte kinne dat se wat dien hawwe wat net mocht.
It liket mij in ûnsinnige saak om hjirfoar in advertinsje yn de krante te setten. Noch ôfsjoen fan it feit dat se it AD net lêze (yn Marokko, yn Turkije, op de Antillen) is it dochs dúdlik dat dizze minsken just bûten byld bliuwe wolle.
Der stiene 3150 nammen yn de krante fan ferline wike en myn ynskatting is dat der twa dakleazen him melde. Twa mei dysleksi dy't tinke dat de strjitpriis bij harren fallen is.
Oh ja: foar de wissichheid noch efkes sjoen, der stie gjin Hofstra bij.
Posted by Picasa



zondag 26 december 2010

Winter



In moai byld. De Boalserterfeart bij de Krommesyl tusken Wommels en Burchwert. De feart wêr't ik foaral yn 1963 safolle op riden ha. As jonkje fan 9 wie it in hiele belibbenis om hielendal nei Burchwert of Boalsert te riden.



En der leit in lyts baantsje yn, sadat riders op it swarte iis ride kinne.




En yn de wintertiid telle fytsers en fytspaden net mei.

zaterdag 25 december 2010

Krystliet

"Sympathy for the devil" is foar mij it bêste nûmer fan de Rolling Stones. In spannend nûmer fyn ik it. Der binne mear minsken dy't dat fine. Alteast dat docht bliken út it stimgedrach fan de Top2000 sympatisanten. Fan de goeie 30 nûmers fan de Stones dy't yn de list steane is Angie it heechst notearre nûmer (35) folge troch Sympathy for the Devil. Yn 2010 op nû 43. Dat is opmerklik stabyl want yn 2009 stiene se dêr ek al.
De Fryske groep Bacon & Bones spilet it nûmer ek en dan klinkt allegear wat minder driigjend. Mar like goed is it ek bêst te priuwen. Lit mij mar sizze dat dit in Ktystútfiering is fan Sympathy for the devil.

vrijdag 24 december 2010

Wyn



Je ha ferskillende soarten wyn. Hurde wyn, flapwyn, reade wyn, kleare wyn, in stoarm wyn, Frânse wyn en wat al net mear. Ik bin sljocht op in kombinaasje fan twa soarten wyn. Hurde wyn en foar de wyn. Dy kombinaasje hat it ús al in oantal kearen goed dien op fakânsje. Sa makken wy jierren lyn in begjin mei de Northsea Cycle Route. Mei de trein nei Frankryk en fanút Bologne sur Mêre nei hús fytse. It doel wie rêstich oan en 14 dagen de tiid nimme. Dat kaam oars. In hurde wyn yn de rêch makke it ta in reiske fan neat. Wij fleagen troch Belgie, Seelân en de beide Hollannen. De bukfyts (doe noch gjin lisfyts) wie betiden net te hâlden en dan bin ik it ek net.
It kin mij dus soms net hurd genôch waaie. Ik haw dêr noch in reden foar. De FKWWI. De Feriening Kollektyf Wynmûnebesit Wommels en Iens. Dy mûne dêr tusken dizze twa doarpen yn is ek in bytsje fan mij. 14 jier der wat jild yn stutsen omdat it in goed doel tsjinnet en omdat in inkele wynmûne yn it lânskip mij net steurt. Alle jierren krije wij boppedat in boppe modale rinte en op de oanskaf fan enerzjy sunige apparaten hat dizze feriening syn eigen subsydzje belied.
Oan de ein fan it jier krije wy altiten in oersicht fan de produksje. Juster lei it briefke wer yn de bus: 1.111.053 kwh oant no ta.
Dat is noch minder as 2009 en doe wie it al hiel matich, seit de skriuwer fan it briefke.
Om twa reden is it dus moai dat it dizze lêste dagen fan it jier noch flink waait. Ik hoech net op de fyts nei it wurk (fakânsje) en it is goed om it minne wynjier iets minder min te meitsjen.
En it is at de duvel der meispilet, ik hear no Aganinst the Wind op de radio fan Bob Seger.

donderdag 23 december 2010

It sil dochs net

Ik begjin mij wat ûngerêst te meitsjen. Oer it winterwaar. Oer de kjeld wêr't ik net fan hâld, oer it sâlt dat hast op is en oer de koarts. De 11 stêdenkoarts wol te ferstean.
It sil dochs net sa fier komme dat ik aansens wer al dy ferhalen heare moat fan dy minsken dy't de tocht riden ha. Dy't mij oan de folgjende tocht in minderweardichheidskompleks oanprate. Minsken dy't harren wat mear fiele omdat sij de tocht wol riden ha en ik net.
Noch mear soargen meitsje ik mij oer "dy Hollanners" dy't der sa nedich allegear bij wêze moatte. Lekker thús bliuwe soe ik harren ta roppe wolle, bij need yn it Hollânsk. At se it mar ferstean en begripe. It tsjinnet gjin inkele doel dat al dy lju hjir komme te feesten. "La,la,lal,alallallalaole, , hik..hik...ole, ole..la,lala,lallal ..hik....
It is ús wetter, it binne ús stêden, it wie ús idee en dus is it ús feessie.
Wij moatte wat dwaan om dit ûnheil te kearen, mocht it troch gean.
Wij moatte op tiid plannen meitsje.
Myn hope is yn alle gefallen rjochte op de NS. Dizze hiele winter litte se reizgers yn de steek en ik rekkenje no ek op harren. Boppeliedingen stikken op de Iselbrêge bij Swolle. Treinferkear is ûnmooglik. De brêge fan Den Oever en Koarnwertersân wolle net mear omleech.
It KNMI, de ANWB, Roover, de NVSH, de PVV, C&A en Obama, sij sille allegear in waaralarm mei in riidferbot ôfjaan moatte.
En at dat net helpt?
Dan sette wij Omrop Fryslân yn. Dy sette wij op Nederlân 1, 2, 3, 4, 5, 538, Veronica (bin der noch mear) en wij litte se dan de hiele dei de tune heare: Bliuw mar thús, bliuw mar thús. En at dat net genôch is dan litte wij dy tunes oanelkoar prate troch Geert van T. en melde der bij dy de hiele dei yn Fryslân te hearen is. Dan wit ik seker dat de minsken fan Easterwierrum gewoan bij de Dillebrêge stean kinne, sûnder ûnder de foet rûn te wurden troch dronken Ollanners en dan wit ik seker dat de minsken út Bartlehiem baas op eigen hiem bliuwe.

woensdag 22 december 2010

Bruce Springsteen

Kommende tongersdei sjongt Martijn Kentie út Ljouwert yn Jimbar yn Wommels. Leuke jonge, entûsjast en muzikaal. In Feyenoord supporter en ek noch famylje. Allegear pluspunten dus.
Mei syn wat rauwe stim is hij in grut fen fan Bruce Springsteen. Dy syn lieten sille ek net ûntbrekke yn it repertoire tongersdeitejûn. Foar 60 fans joech Bruce in moai konsert om syn Promise cd te promoten. It konsert is te finen ûnder dizze link.
De muoite wurdich om te sjen.
En Martijn? Dy dreamt fan in karriêre yn de muzyk. Tongersdeitejûn fanôf 20,00 oere op it grutte poadium yn Jimbar.

Myn geheugen is noch goed

"Ik wil het graag even met u hebben over uw uitvaartverzekering, past dat nu", sa begjint justerjûn in frommes foar de tillefoan tsjin mij.

"Ik haw gjin útfeartfersekering, it bêste", is myn antwurd, wêrby ik dúdlik meitsje dat ik fierder gjin diskusje mei har oan gean wol. Ik wachtsje gjin reaksje ôf en lis de hoarn der gelyk op. Net smite mar lizze dat is fatsoenliker.
Dat se je wat oansmarre wolle is noch dêr oan ta, mar dat se suggereare dat ik dingen ha, dy't ik net ha, is in kwealike saak. Ik bin lid fan in begraffenisferiening, omdat ik opfied bin yn de sfear fan, at je net lid binne, kinne je de grûn net yn.

Fannemoarn krige ik fan de Lawei yn Drachten in mail mei de ûndersteande tekst.





En wêr doch ik in berop op myn geheugen. Ik haw gjin kaarten besteld foar Lenny Kuhr en bin der ek net west. Dêr bin ik wis fan. Myn (selektive) geheugen is noch goed. Dat fan de Lawei is gâns minder of soene se in kompjoeter de skuld jaan.

Oh ja: Myn geheugen seit wol dat ik op 23 jannewaris 2009 yn de Lawei wie bij Direct mei de Rockopera Tommy.

dinsdag 21 december 2010

Sliepe

"Slaap kindje slaap" skynt it liet te wêzen om bern yn sliep falle te litten. It is mij nea opfallen at ús bern net sliepe koene. Je koene prate as in abbekaat, sjonge as in klyster en telle as in bankier, at de bern it sliepen net yn de sin hawwe, holp neat.
In ûndersyk hat útwezen dat dochs dit sliepferske noch aliten it best wurket bij bern.
Bij folwûksenen stiet Nights in white satin fan the Moody Blues op ien. De folsleine top 10 sjocht der sa út neffens in ûndersyk.

The Moody Blues - Nights in white satin 16,9%
ABBA - I have a dream 13,9%
Paul de Leeuw en Andre Hazes - Droomland 12,5%
Guus Meeuwis - Het is een nacht 10,4%
Marco Borsato - Dromen zijn bedrog 9,9%
Supertramp – Dreamer 9,7%
Reinhard Mey - Gute Nacht Freunde 9,2%
Boudewijn de Groot – Avond 8,6%
Mama’s en the Papa’s - Dream a little dream of me 8,2%
Dinand Woesthof - Dreamer (Gussie's Song) 8,2%

Ik leau der neat fan. Dikke flaue kul. It komt der op del dat wannear it "dream" of "nacht" yn de titel stiet dat soks in garansje wêze soe om yn sliep te fallen.
En dat Reinhard Mey der ien stiet mei Gute nacht freude fyn ik in belediging. Ik hear dat liet hast alle jûnen en hear it hielendal út. Ik begjin te slûgjen at der in poilitikus oan it wurd komt yn "Met het oog op morgen". It ûntwikende lange antwurd op de earste fraach fan Clary Polak is foar mij genôch om yn sliep te kommen. Yn in hiele djippe sliep. Nee, ik haw gjin lietsjes nedich.

maandag 20 december 2010

Earste fakansjedei

20 desimber is ien fan de twa ien nei minste dagen fan it jier. De minste is moarn. Lang tsjuster, koart ljocht. Gewoanwei wurkje ik dizze dei, mar de minister fan ûnderwiis hat jierren lyn al besletten dat dizze krystfakânsje in wike foar de kryst yngean moast en dêrfan bin ik no de dupe. Dat is wat swier útdrukt, want ûndanks dizze frije ien nei koartste dei, is der noch hiel wat te moais fan te meitsjen.
It wie krekt of siet ik op de kamping fannemoarn. In goed begjin mei waarme broadsjes en it AD. It sportdiel mocht der wêze (van Hanegem begjint al krekt sa te seuren oer Feyenoord as Cruyff oer Ajakkes), it oare part hat Telegraaf allures: It boeit mij gjin bounty hoe't it mei Conny giet nei de skieding fan Hans en it kin mij al hielendal neat skele wêr't frou Gaga harren skuon mei hakken fan 17 sintimeter meitsje lit).
Fierders hie ik tiid ynromme om in rekkenkluske fan it wurk te dwaan ( mei de Outlook tiidklok oan fansels), koe ik de kafia's en de katten wat ekstra oandacht jaan, skile ik de ierpels, snijde de reade koal en bakte it fleis. De lêste 20 siden fan Zonsondergang fan Kim Smäge (in matich boek, want it spilet op en om it wetter en dat haat ik) moasten der ek oanleauwe en ik koe in begjin meitsje mei Borst syn "Alles op Heintje". Moai boekje en gelyk mar útlêzen.
Fierders in slach om Kûbaard hinne op de fyts, kaarten besteld foar Ten Years After yn it Bolwurk yn Snits op 22 jannewaris, nije boeken helle út de byb, blog 10xlifte bijwurke, weppers op www.vv-sds.nl setten, fragen betocht foar de fuotbalkwis fan SDS , dizze blog beskreaun en wat nijs besjoen op ynternet.
En ik slút net út dat ik Voetbal International en Nieuwsuur jûn noch sjoch en Met het Oog op morgen noch hear. En de Lc komt ek noch. Ik bin net ûntefreden.
En moarn is it echt de minste dei fan it jier, ek dan sil ik wer in stevich programma meitsje om de dei sinfol troch te kommen. En dan is dit myn hit:

zondag 19 december 2010

The End

Bij dit geweldige nûmer fan de Doors haw ik fierders neat te melden. Jim Morrison mei the Doors op harren best: "The end". 27 jier mocht dizze intellektueel hij mar wurde (woe hij mar wurde) en dan safolle betsjutte foar de muzyk fan doe. En dy muzyk libbet noch altiten. Jierliks besykje tal fan minsken syn grêf yn Paris. At ik yn de buert bin, tink ik net dat ik dêr oan stek.
Ik haw al ris in firtuele rin makke oer Cimetière du Père-Lachaise. It is foar mij bekind terrein wurden. Foar de leafhawwer de link en sykje op namme jim favorite deade.
Harkje en sjoch nei hast 10 minuten Jim Morrison en syn the Doors. Super gewoan.


vrijdag 17 december 2010

Drang

Tryater spilet op dit stuit Drang. Justerjûn wiene se yn Wommels. In stik nei myn hert. In trageedzje ferpakt yn hearlike humor fûn ik. Of sa't Tryater sels seit: in wrange komeedzje. Moaie teksten en moai spile. Is net foar neat nominearre foar in teaterpriis. De moaiste opmerking? "In moai gesintsje, allinne in mem te folle"
Oant 22 jannewaris spylje se noch. Wa't der noch net west hat, hat dus noch in kâns. Ik soe him gripe.

woensdag 15 december 2010



Ik wit net wêrom ik dit stikje bewarre ha. It komt út 1977. Ut myn plakboek. Och yn de tarin nei Kryst kin it fêst gjin kwea. Bij it sykjen nei in tapaslik filmke kaam ik Robert Long tsjin mei Jezus redt. Der stie lykwols bij: niet voor de kleintjes en Godslievenden. No dan lit ik it mar. De diskusje oer it leauwen, de tsjerke en God hat al safolle slachtoffers oplevere. Dat punt gean ik út de wei.


maandag 13 december 2010

In memory

De Ljouwerter Krante is sûnt in moanne as wat oars wurden. It sjocht der oars út. De iene fynt it moai, de oare fynt it minder. Sa sil it altyd bliuwe.
Ik bin hiel bliid mei in nije rubryk dy't der sa no en dan yn stiet.
In werom blik op in libben fan in immen dy't dea gien is. Net in BF-er of in BN-er mar in gewoane man /frou dy't foar de mienskip wat betsjutten hat.
Sa seach de Ljouwerter werom op it libben fan in frou út Burdaard en winkelman út Ljouwert.
Moai beskreaun.
Wij krigen hjoed in tankkaartsje omdat wij kontrolearre hiene bij it ferstjerren fan Piet Terpstra. In moai kaartsje. Mei in soad tekst. It libben fan Piet waard beskreaun troch de eagen fan frou, bern en oaren.
Piet wie werne op Brewaer, in pleats oan de Boalsertertrekfeart tusken Wommels en Burchwert. Syn hiele libben hat er dêr wenne. In man dy't midden yn it libben stie en op tiid fan de pôle kaam. In libben dat ek tekene wie troch tsjinslaggen: in heit dy't in eigen bern nei it grêf bringe moast. Harren jonkje ferdronken yn dy feart.
Yn dy selde feart wêr't myn bruorke fan 5 jierren letter ek ferdronken is.
Piet ferstoar ek op Brewaer. Troch in needlottich ûngemak mei de gersmeaner. Wat in tryst ein.

Moaie tribute






It kaam mij sneintemiddei net allegear bekend foar. Gelokkich mar. Want binnen de poarte fan de Bolkhuispoort yn Ljouwert wie it foarhinne it terrein fan dieven, ynbrekkers, moardners en oplichters. Finzenen dus. Mei bewakers. It gebou is bûten gebrûk fan justysje, mar folop yn gebrûk foar bedriuwen, keunst en muzyk.
Sa as sneintemiddei stapte ik mei sa'n goeie 200 oare jonge en âlde Cash fans de poarte binnen, rûn oer binnenplakken op nei sellenkompleks safolle.
De Boys named Sue koene net yn in bettere sfear harren San Quentin spylje. Mei wat gastsjongers waard it in echte Cashmiddei. Hearlik.
Muzyk yn in lange smelle gong, mei balustrades en sellen oan alle kanten.
De foto's sizze genôch en it orisjinele filmke fan Cash ek.
(fotos jatten fan Twitter, mar dat moat kinne dizze kear)

zaterdag 11 december 2010

Ov sjip



En dêr wie der dan hjoed. De Ov sjip kaart. De profinsje docht der fan alles oan om minsken oan te trunen sa'n ding te keapjen. In anonime of in persoanlike. Foar mij de persoanlike dus. Want ik haw gjin geheimen. Se meie fan mij allegear witte, wannear ik mei de bus gean, wêr't ik hinne gean en hoe let. Ek meie set witte oan hokker side ik sit, op hokker stoel en neist wa.
Busreizgje is net ferkeard. Ik sjoch mij sels wer sitten yn sa'n Frysker tusken skoalbern, studinten en âlde minsken. Mei allegear wat yn it ear. In Mp3 of in Schoonenbergje.
Klaai ik net oer. Noch in jier as 3 dan geane se ek foar mij stean. Alteast wannear ik twa stokken en in rollator meinim. Net seure dan hie ik mar autoriden leare moatten.
De OV sjip dus. Sûnt 1980, doe't ik noch alle dagen mei de bus reizgje, wie dat de strippekaart. Dêrfoar it gewoane buskaartsje. Yn myn plakboek fan 1980 sit myn lêste buskaartsje. Fan de Fram. Miskien wol útdraaid troch in konduktrise . Of net, wiene dy doe ek al fuortreorganisearre?
Moai dat it ôfskaffen fan de strippekaarten útsteld is. Kin noch moai myn strippekaarten opmeitsje. Te begjinnen snein. Mei de bus nei Ljouwert. Tribute Johnny Cash yn it sellenkompleks fan de Blokhúspoarte.

woensdag 8 december 2010

Tom Egeland



De ôfrûne twa wiken hat de spanning yn it boek Heksenbord fan de Noarske skriuwer Tom Egeland mij aardich dwaande holden. 536 siden fol ferrassingen yn in typyske Skandinvyske styl. Karakters fan minsken goed delsette, ferskillende ferhalen trochelkoar en alles ynien komme litte yn in ferrassend ein.
It is gewoan spitich dat ik der fierder neat oer skriuwe kin, want dat soe geheimen fan it boek ûnthulle kinne, dy't nije lêzers net brûke kinne.
In absolute oanrieder en ik haw ûnderwilens al wer in Egeland klear lizzen.

maandag 6 december 2010

Gjin WK

It Wk komt net nei Nederlân. In freeslik berjocht wie dat ferline wike. Ik koe dy Blatter wol wat dwaan doe't hij de slúf iepenmakke en krekt die at it foar him gjin ferrassing wie. En dat mei roebeltekens yn de eagen. Mar tank sij VI hawwe wy it net krigen. Alle wiken dat filmke sjen litte wêr't Blatter ûnderút giet hat net bijdroegen oan in positive stimming.

2018 wat seach ik dêr al nei út. 64 jier bin ik dan. Gean der noch altiten fan út dat it echte wurkjen der dan op sit.
Bin yn tinzen no al dwaande mei toeristysk bedriuw. Spesjalisearre yn rûnliedingen yn ús Heitelân.
Ik seach kânsen om Fryslân en syn de ekonomy in flinke triuw yn de rêch te jaan. En mij sels.
Al dy wrâldploegen dy't hjit hinne komme, soe ik bij de earm nimme.
Moannen fan te foaren soene se lâns komme foar in "frisseluchtstaazje". Foaral de ploegen dy't yn it Fean fuotbalje moatte sille dat nedich ha.
En dy dielnimmers wolle fansels wat sjen fan Fryslân, wat snuve yn ús provinsje. Sa sjoch ik de Malediven in besite bringe oan Blokhûspoarte, de Noordkoreanen bringe in besite oan fjoerwurkfabryk Schuurman, de Japanners geane oeral hinne en sjogge thús op de fideo wol wat se sjoen hawwe en wêr't se west ha.
Mei de Russen nei it fierljeppen, mei de Sjinezen, dy't har ek wer pleatse, nei it keatsen en de Portugezen dy set ik op it skûtsje bij Ulbe Zwaga.
De Ieren lit ik grutte pullen bier drinke bij Us Heit yn Boalsert, de Colombianen op wurkbesite bij de Weduwe Joustra en de Algerijnen lit ik oranjekoeken bakke bij de waarme bakker yn Wommels. En de Dútsers? Dy geane op besite bij in fytsefabryk yn it Fean.

Nee, ik bin hjir net bliid mei. Sil mij no oars troch it swarte gat fan net wurkje hinne slepe moatte. Dankje wol Menear Blatter, of Derksen en Genee.

zondag 5 december 2010

Boys named Sue

Kommend wykein eart Fryslân Johnny Cash. En wêr kinne je dat better dwaan as yn de finzenis. Op sneontejûn en sneintemiddei treedt de band Boys named Sue op. Sij begeliede tal fan artysten dy't nûmers fan Johnny Cash sjonge. It liket in prachtige middei en jûn te wurden.
It spektakel wurdt holden yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert en yn Wommels lykje hiel wat fans te wêzen dy't de reis nei Ljouwert meitsje. Sjoch hjir.


De coverband Boys Named Sue mei in moai lûd en in minne ôfstelling fan lûd en byld.

zaterdag 4 december 2010

Paradiso

De namme Paradiso sil wol ôflied wêze fan it paradys. At beide mei-elkoar te fergelykjen binne en it paradys komt oerien mei Paradiso op freedtejûn 3 desimber dan hiene Adam en Eva net in min plak.
Ien kear yn it jier komme de Ieren fan The Frames nei Amsterdam. Al 20 jier bestiet dizze groep om sjonger Glenn Hansard hinne. Bij it grutte publyk net bekend. Moat ek sa bliuwe soe ik sizze. Dêrom dizze wol miende oprop.
Wurdt net entûsjast at jim muzyk heare fan the Frames.
Nim de resinsje yn Oor mei in kuorrel sâlt.
Realisearje jim dat ik totaal net muzikaal bin.
Sjoch dy 1500 minsken dy't laaiend entûsjast wiene yn de útferkochte Paradiso seal as healwizelingen.
Dan hat it kâns dat ik oan de ein fan folgjend jier wer twa oeren lang op de earste ring yn Paradiso twa oeren op gean kin yn myn muzyk. Wat in Ieren, wat in liveband, wat in spanning, wat in sjonger, wat in seal, wat in jûn......





woensdag 1 december 2010

Indiaask iten

Yn de wyk Lemmerwei West yn Snits dogge se fan alles om de sosjale bining te ferheegjen. It wyksintrum spilet dêr yn in grutte rol. Ienris yn de moanne is der gelegenheid om mei-elkoar te iten yn it wykgebou. Tal fan frijwilligers meitsje dan ûnder lieding fan ien út de wyk in waarm miel klear. Yn dizze wyk wenje in soad ferskillende kultueren en dy hawwe allegear harren eigen ytkultuer.
Omdat ús skoalle yn dizze wyk stiet en ien fan ús meiwurkers foarsitter is fan dy wykferiening mochten in oantal fan ús dit sosjale barren meimeitsje.
Foar 3,50 euro mochten wy tiisdeitemiddei oanskowe bij it waarme miel. Us iterssiedersfrou wie in jonge frou út India dy't mei de oare frijwilligers sop, hin tandori en in neigerjocht klear makke hie.
En dy hin tandori smakke net lykas Knorr dat betocht hat. Dizze wie mei echte krûden en dus in echte smaak. Sa'n 60 minsken krigen it ieten optsjinne of sieten wij yn de Laitsjende Ko. It smakke tige.
De salade, de hin en de riis wie foar de measten wol bekende kost. Mar it neigerjocht wie oare "riis"
De foarsitter sei yn syn slotwurd dat hij sjoen hie dat elkenien it neigerjocht yn alle gefallen prebearre hie, mar dat hij konkludearje koe, dat it meast bij ien of twa hapkes bleaun wie.
Ik liet mij net kenne: dat riishapke mei wat raar spul der yn en der op, soe ik net stean bliuwe. Want hie ik net earder op de jûn sein dat ik alles leste. Alles útsein sûpe.
En it soe in belediging oan dizze Yndiaaske kokkin wêze at dit gerjocht fergelike wurde soe mei sûpe. Nee, it wie 1000 kear lekkerder as sûpe mar wol minder lekker as "green balls of fire", want dêr bin ik net sljocht op.
Oer twa wiken hawwe se wer in sosjaal barren: krystkiene. Dat is net myn smaak.

maandag 29 november 2010

Glûpende kâld

Dat wurdt wat woansdei en tongersdei. Woansdei gjin barbekjoewaar mar glûpende kâld neffens de heer P.P te H. It terraswaar sil wol in 3 krije, it fiskwaar in 2, it diepfriesfiskwaar in 9 en it file waar in 1 of in 10, want dat is krekt fan hokker side je dat besjogge.
Glûpende kâld ik wit net wêr't it wei komt mar it klinkt driigjend.
Ik sykje al fêst de lange ûnderbroek op, út de plunjebaal komme twa termosjurts, lis twa pear wanten klear, twa en heale meter sjaal en in trijedûbele Unox mûtse sûnder reklame
Myn fytssadel giet fansels tiisdeitejûn mei op bêd en de kâns dat ik woansdei nuchter yn Snits oankom, acht ik net grut. Gjin tee mar BB bij de Brinta.
En myn kollega's yn Snits haw ik frege om nei mij út te sjen en mij fan de fyts te heljen at ik beferzen oankom. En asjeblyft set mij dan net gelyk ûnder de brûs.
En at ik healwei ienen wer wat bij sûp en stút en nuchter bin, dan hoop ik dat ús waarman seit dat it noch altiten glûpende kâld is en dat der útgean gekkenwurk is.
Fanôf dat momint sjoch ik al wer út nei de weromreis. Op nei de boerekoal. It wurdt in moaie dei woansdei.

zaterdag 27 november 2010

Koerbal

Op de muorre fan de sporthal yn Easterein stiet in opfallend grut boerd. Buro 360 graden. It foel mij foaral op doe't ik siet te sjen nei de koerbalwedstriid Spannum - Boelensloane. As ûnkundige taskôger siet ik dêr. Ut ferfeling klinkt wat lullich. Ik woe net de hiele dei efter de kompjûter of yn in boek sitte, in frisse noas helje stie op it listje en trije kilometer fierderop stiet in sporthal.
It "krakkemikkige" team fan de wâldsjers koe net op tsjin it frisse Spannum.
Trije brezen of swiere knibbellapen en in flinke tatoeaazje oer it hiele bil sleepten de gasten mei yn de oanfal en de ferdigening. En it is bij koerbal al net oars as bij fuotbal. Argewaasje tsjin de skiedsrjochter, foaral fan de ploech dy't efter stiet.
Der waard wol in soad fluite, mar at soks normaal is, wit ik net. Ik kin de rigels net allegear.
De bal gie regelmjittich 360 de rûnte troch, op heech tempo en at der in gatsje fûn waard gie alles nei binnen.
Je kinne je net ferskûlje yn dit spultsje. Je kinne wol efkes útrêste sa no en dan.
Spannum wûn mei 25-15 of soks sa wat en dêrnei kamen de pupillen. En dêr hiene twa famkes in hesje oan. Moasten it tekoart oan jonges opfange. 25 jier lyn soe ik sizze, dat begryp ik hiel goed, no sis ik dat net mear. It is net iens sa'n mâle sport binne no myn wurden.


vrijdag 26 november 2010

Snie

26 novimber 2010 soarget foar in tryst ein fan it jier. In jier dat al in falske start hie mei in soad snie en in bytsje iis. En no op dizze freed sjoch ik al wer in wite wrâld. Freeslik. Ik haw gjin hekel oan de winter, mar wol oan snie en iis. Alle goeie dingen fan it jier binne yn ien kear wer fergetten. Moaie herinnerings meitsje plak foar trystens. De lisfyts yn de garaazje kin wol nei efteren set wurde, want de snieskower moat no bij de hân stean.
Noch in gelok dat ik op freed net wurkje. Fytse wurdt ek neat. Dus alle tiid om hjoed in blog te meitsjen. Foar it liften. Kommende jierwikseling foar de 10de kear fanút Wommels. En foar de lêste kear. Tiid foar in oersicht op in blog. Ik lis mij sels op dat it hjoed klear moat. Okee, moarn mei ek, mar dat moat it wol snijen bliuwe. Snie moatte wij ha, gledde diken der bij, dan kin ik der net op út, it fuotbal moat ôflast wurde en it hie moai west at ik net mei in moai boek dwaande wie. De lêste 470 siden Tom Egeland , ek dat fyn ik gjin straf. Miskien dochs noch in moai wykein.

woensdag 24 november 2010

Traine

Woansdeis hâld ik it waar wat mear yn de gaten as oars. Werom? Ik hoop altyd dat it middeis in oere as 5 wat droech is. Net omdat ik fan Snits nei hús fytse moat, mar omdat ik dan in oere train mei de jeugd fan E3. Allinne of tegearre mei Jelle.
In prachtige groep jonges, wêr't wij gjin wurk fan ha. In groep dy't graach leare wol en dat ek docht. Hearlik om te sjen dat se sels foar de training harren eigen spultsjes al dogge. It klinkt raar, mar at der in groep oanwezen wurde moat dy't de training sels dwaan moat, dan is it dizze groep wol. Wij hawwe der beide in soad aardichheid oan en sa as hjoed wie ek wer moai om te sjen hoe't se reagearren doe't Jelle yn syn boskwachtersklean op de training kaam. Fol belangstelling want dat fûnen se wol hiel nijsgjirrich.
It fjild wie hjir en dêr wat wiet mar it is ûnbegryplik dat foar sommige teams de trainingen sa maklik ôflast wurde. Dy jonges wolle graach dus wij gean troch. Utsein wannear de froast yn de grûn sit. Dan kin it net.

zondag 21 november 2010

Littens

It liket kâld, mar ik moat der dochs mar út. Gjin trekpaad om, gjin Skrok om want rinnen is myn ding net mear. Op é fyts dus. Earst yn de wyn en dan is it maklik om efkes in doel te meitsjen. Nei it fuotbal yn Littens. Tongersdei yn Littens iten en dat smakke goed. Sjen at de tredde klasse A wat te rpiuwen is. Littens in freonlike klup mei freonlike minsken. Fiif foar twaen keapje ik wol in programmaboekje mei nû 863 mar ik sjoch net in minske. Steane allegear út de wyn bij it oare fjild. Littens - Wergea. Ik sjoch Kees Jansen, trainer fan Wergea en earder fan SDS. Hij sjocht mij. Wij fûskje: "Alles goed, en bist op de fyts". Ik winskje him sukses. Dat skynt soms te helpen. Bij Frjentsjer- Littens winske ik trainer Marcel Frankena (ek earder SDS) sukses en dat levere de earste punten foar Frjentsjer op. Wergea is better yn de kombinaasje en technysk alhielendal. Yn de hurdheid is Littens better. De earme fersoachster fan Wergea moat foar it skoft nei alle kanten fan it fjild mei de spuitbus en de spûns. It helpt, want net ien falt út. Skiedsrjochter is yn in rynske bui: giele printen, strafskoppen (oernimme) en in protte frije trapen om neat. Yn it skoft wring ik mij nei de kofje. Kantine yn Easterein is betiden te grut yn alle gefallen te heech. Dizze is te lyts. Kâlde fuotten wurde wer wat waarm. Yn twadde helte mar net wer yn it gers stean. Foar de oare lange side kinne se noch wol wat tegels brûke.
Twadde helte is it ferskil noch grutter tusken beide ploegen. Donkere spits fan Wergea is útblinker, skoart seker trije kear. Read foar Littens spiler is logysk. Wer te let mei de tekkel en frustreart. Gelokkich hij byt net.
Mei de radio oan hear ik dat it mei Feyenoord net goed giet en sc Hearrenfean wint.
Skiedrjochter is noch krekt net genôch ferklomme om foar it lêst te fluitsjen. 2-5. In moaie kâlde middei yn Littens. No mar hoopje dat ik wer komme mei. Foar de wyn nei hûs. Dêr wachtet kofje. Dizze kear mei wat der yn. Ik bin wer waarm.

Dea


Radio is myn ding. "Lâns de line" "mei it each op moarn" en "sport en muzyk" (sûnder van Tunen) geane der bij mij better yn as sûpe. Snein in goeie reportaazje heard oer it fleantúchûngemak fan 50 jier bij Wjelsryp. Yn buro de Vries bij Omrop Fryslân. Makke troch Sjouke Louwsma, in kanjer. In echtpear mei 4 bern dea. Wennen op é romte en dan stoart krekt dêr in fleantúch del. Miskien hiene se wol 80 pounsmiet lân mar nee hear krekt op harren hús. Hoe is it yn Godsnamme mooglik.
Dat fregen se harren ôf. Wêrom? Wêrom? Wêrom? Wie it in teken fan God, komt it troch dy stomme fleanfjild bij Ljouwert of wie it gewoan tafal.
It ferhaal fan Wjelsryp stiet ek wiidweidich yn it boek fan Hinnaarderadiel, skreaun troch Marten L. de Boer. Doe rekke mij dat al. Mar hjoed hearde ik Jan Strikwerda, no fan Easterein en earder myn teamgenoat bij SDS, dy't dêr doe noch mar krekt skoalmaster wie. Ien fan de bern siet bij him yn de klasse. En Jan hie no noch in brok yn de kiel doe't hij fertelde hoe't dat de oare deis gie.
Haw no ek noch efkes yn it archyf fan de LC sjoen. Sjoch en húverje.
De reportaazje is mooglik hjir te hearen.









Bron: archyf LC

vrijdag 19 november 2010

Moai waar



"In grize dei" sa liet Pyt ús fannemoarn wer witte. "In heldere middei," sa lit ik Pyt no witte. En dat moaie waar makke in soad goed. Want wêr't ik ûnder oaren in ferskuorrende hekel oan ha,is dat winkels wat oanbiede yn in djoere folder en it net hawwe. At ik dêr kom. En dat se dan sa'n kutsmoes brûke fan "dy komme letter hjoed wer thús" of "dy binne al op" .
Ja, ja, ik flean seker foar de aardichheid noch in kear op de fyts nei Boalsert om it apparaat te heljen. Hjoed ek wer bij in winkel wêrfan ik it bestean net wist. Wêrfan ik no seker wit dat ik dêr net wer kom. Bij de PVV krije se meardere kânsen. Bij mij mar ien.
Mar gelokkich is der in fiskboer yn Boalsert en wie it in lust om lâns de Boalsertertrekfeart te fytsen. Tusken de reiden mei muzyk fan John Prine, Gerrit Breteler, John Fogerty, Christy Moore, Boudewijn de Groot, Doede Bleeker, David Bowie en the Rolling Stones. "It keninkryk op ierde is no" sei Trinus Riemersma ferline wike in syn kollum en ik bin it hieledal mei him iens. At je folders mei oanbiedings ferjitte.

donderdag 18 november 2010

Jou jij


"Jou Jij" dat is de titel fan in elpee dy't ik de platekast stean ha. In elpee mei nederlânstalige lieten. Songen en skreaun troch Huub Rutten. Elpee is fan 1973. In elpee dy't ik wol gauris draai, fanwege de sarkastyske lieten, fanwege de satiryske lieten, fanwege de maatskippijkrityske lieten, fan wege de mankelike lieten, fanwege de spottende lieten en fanwege de ienfâld.
De nulle fan de pick-up is foar de safolste kear hast tenein dat it wurdt tiid om se om cd te setten.
Mar omdat Google der no ien kear is like it mij wol aardich om te sjen at der ek wat oer Huub Rutten te finen is. Op de foto fan 1973 liket in noch reedlik jongkeardel dus de kâns dat hij noch libbet is oanwêzich. Mar wat ik ek googleje op Huub Rutten , ik krije hieltyd teksten oer PSV: Huub Stevens en Fred Rutten.
Ek at ik sykje de nûmers fan de elpee krij ik gjin oanwizing.
Wa en êr is Huub Rutten?

dinsdag 16 november 2010

Taal

Ewoud Sanders hat in soad boeken skreaun oer taal. "Van Nergenshuizen tot Absurdistan" is bijgelyks in tige nijsgjirrich boekje. At je wat mei taal hawwe. En mei plaknammen. Want hoe faak brûke wij net topgrafyske nammen om iets oan te jaan. Wij kinne allegear "Foar Pampus lizze" en "fan Gychem gean" en op de fraach wêr giest hinne krigen wij betiden in antwurd as "Nei Futsjefinne" of nei "Moffrika"
Moai binne ek de útdrukkingen mei in namme der yn:
Naar Worms varen: dea wêze
Van Zottegem naar Put gaan: earst besatte en dan oerjaan oan de dea
Kaap kont: mei syn twaen nei bêd gean
Zij is van Schoonhoven afgevaren en te Lelijkendan aangekomen: it moaiste is der ôf
Hij komt van de Knipe: súnich wêze.

Omdat it boek útferkocht is en der gjin nije printinge komme sil en de skriuwer dochs wol dat minsken nocht hawwe en hâlde oan taal is it boek op PDF formaat op ynternet te finen. Sjoch hjir


zondag 14 november 2010

1990

 
Posted by Picasa


It falt mij sels op dat ik de lêste tiid sa'n ferdomd bytsje tillefysje sjoch. Wat fuotbal, sa no en dan DWDD, soms Nieuwsuur en komselden it sjoernaal. At je net fan films hâlde, at je safolle op ynternet sitte en at je net fan amusementtillefysje hâlde, dan bliuwt der ek net folle oer.
De radio wat oan en in boek lêze, foldocht mij skoan.
Alderen meie graach werom sjen en ik wol dat byld net fersteure.
Ik seach myn plakboek fan 1990 troch en seach in nijsgjirrich stikje.
Ik haw fanút de Mikrogids fan doe alle programma's knipt dy't ik dy wike sjoen ha. En dat binne der nochal wat. Fansels hat dat ek te meitsjen mei it feit dat de bern doe 11, 9 en 1 wiene. Want Sesamstrjitte, Jeugdsjoernaal en Klokhús wiene doe "verplichte" kost.
En fierders falt mij op dat it wol in soad programma's wiene om te gnizen.
En at ik de namme Harrie Jekkers stean sjoch, dan past der mar ien liet.


vrijdag 12 november 2010

Wommels

At der ien wurd is wat je net yn it Frysk hoege om te setten, dan is dat wol it wurd twitterje. Dat klinkt gewoan al allemachtich Frysk. Wat sis ik dat is gewoan Frysk!
Foar it twitterjen brûk ik Tweetdeck. Dat foldocht mij skoan. Mei sels ynrjochte kolommen kin ik mei bepaalde stekwurden tweets sjen fan elkenien. Dus net allinne fan folgers. Sa ha ik altyd ien kolom op "Frysk" stean en ien op "Wommels" en at ik oer bepaalde aktuele sitewaasjes wat witte wol, dan set ik der nije kolom bij. Bij "Wommels" giet it net altyd echt oer Wommels. Soms is it ek tafallich.
Neam no in ferkearsûngemak bij Wommels. Sa as ôfrûne snein. Ik seach wol 20 meldingen foarbij kommen dat der in ûngelok wie en likernôch 40 dy't melden dat der 4 ferwûnen wiene. Dat is wol wat te folle fan it goede, mar it is net oars.
Leuker binne de spontane tweets (klink ek Frysk):









dinsdag 9 november 2010

Green fields of France

Ik sneup in soad op You Tube foar muzyk. Op syk nei muzyk dy't mij rekket.
Nei teksten dy't mear sizze as samar wat letters en wurden.
"I hope you died well, i hoped you died clean", is sa'n tekst dy't mij nijsgjirrich makket. Ik gean dan op syk nei in filmke mei tekst en in útfiering dy't mij oanstiet.
Yn dit earste filmke sjongt John McDermott-The Green Fields Of France. De tekst stiet der bij.
It twadde filmke is it selde liet mar dan fan fan the Dropkick Murphy. Kippefel krij ik fan de sang en de bylden.
It tredde filmke is ek fan Dropkick Murphy mar mei freeslike neimakke bylden fan Nintendo of soks sa wat.





zondag 7 november 2010

Nei de film(kes)

Ik gean nea nei de bioskoop. En nea is ek echt nea. Ik hâld net fan film sjen. De lêste kear wie neffens mij yn 1976: De kanonnen fan Navarone.
Ek in film sjen op tv is net oan mij bestege.
Mar sneontejûn makke ik in útsûndering. Haw sa'n 80 filmkes sjoen. Ha der efterstän wol ynhelle, tocht ik sa. Muzykfilmkes wol te ferstean. En wat in feest wie dat. Alle soarten rock kaam foarbij op twa grutte skermen. Mei in stevich folume en sa'n 100 útnoege rockers en rokjes wie it in feest fan herkenning mar ek fan ûntdekking. En mei op é tiid in Hertog Jan út de flesse. Hjoed moat de holle bekomme. Fan beide. Letter marris sjen at ik noch wat "ûntdekkingen" werom fine kinne op it grutte net.


zaterdag 6 november 2010

Irolt

It is goed om te sjen dat der mear minsken binne dy't fine dat de goeie Fryske muzyk neat hat oan de drokte fan de top 100. Martsje fielt mei mij mij en ik hoopje noch folle mear. Martsje hie it oer Kattekwea fan Irolt. Dy koe se net yn de kieslist fan de top 100 krije.
En de namme Irolt bringt mij werom yn de tiid. Dat wie in bytsje it begjin fan de Fryske muzyk neffens mij. Twa elpees fyn ik hjir yn de kast. De Gudrun sêge en Kattekwa.
Twa pronkstikjes. Prachtige hoezen en goeie muzyk. Mei Nanne Kalma, Inez Timmer, Geppy Haarsma , George Snijder, Hans Kerkhoven en Aart Kuyt as earsten.
En it leuke is noch dat ik myn Gudrun sêge elpee yn de jierren 70 in kear útliend ha oan in skarreltsje fan doe. Doe't it nei in heal jier út wie, makke ik in grutte flater. Dat ik in fest fan har hâlde mocht en sij myn útliende elpees wie net in goeie ruil. It fest haw ik net wer oan hân, mar de elpees fan Irolt mar ek fan Jaap Fischer mis ik noch alle dagen.
Mar gelokkich learde ik in oantal jierren Aart Kuyt kinnen en hij hie noch in stoffich eksimplaar foar mij op souder.
De twa hoezen efkes ûnder de skanner en wat falt mij op bij Kattekwea: Cover painting bij ............... Gerrit Breteler.


 
Posted by Picasa



 

vrijdag 5 november 2010

Net dwaan

Ik seach koart lyn Keith Richard fan the Stones op tv. Syn libbensferhaal is klear. Yn boekfoarm. En oan syn lichem te sjen is dat hast ek klear. Wat in útlibbe lichem. As in hiele âlde man siet hij dêr. In gitaarleginde.
Hjoed lês ik dat the Stones wer op toernee geane.

Beste Mick, Keith, Charlie en Ron doch dit net. Sjoch yn dat dit net mear wêze moat. En at jim al geane, kom dat net yn Nederlân. Gean seker net nei dy freeslike Arena.
It hat moai west. Ik wol jim tige tank sizze foar jim muzyk en jim optredens wêr't ik twa kear bij west ha. In tredde kear sil ik net komme.
Krekt lyn wiene hjir de Dubliners ek noch yn Fryslân. Ik haw noch net ien heard dy't it moai fûn. "Ik gean der net wer hinne," dat hear ik. En soks is spitich. It lêste optreden wat je fan je favorite groep bijwenje, moat net it minste wêze. En dat frees ik bij jim ek. Twa fan de mannen fan de Dubliners moasten de hiele jûn sitte en koene hast net oerein komme. It liket mij better dat Keith ek net mear te gek docht op it podium, want it kin syn libben miskien noch wat ferlinge.

donderdag 4 november 2010

Top 5

De Fryske top 100 wurdt wer gearstald. Harre jasses. Twa moanne lang wurde wij 84 kear per dei oproppen om te stimmen. En dat oproppen krijt hast in dwingend karakter. It hat neat mei leafde foar de Fryske muzyk te meitsjen. It gearstallen fan de Top 100 fan Fryske muzyk jout mij net in goed gefoel. Der wurdt tefolle promoasje dien út de selde hoeke. Ut fertochte hoeke. Omrop Fryslân en foaral syn meiwurkers kinne it net litte om in stevich stempel te drukken op de rjochting dy´t je kieze moatte. It freeslike liet dat ferline wike makke is troch in ferslachjouwer en oaren skoarde hiel goed neffens it lêste berjocht sneontemiddei. "Hij stiet al op 6", wist Femke emoasjoniel út te bringen. "In topCD" rôp Brons, de ienige 2 wurden dy't der sûnder hakkeljen útbringe kin. En de bij mij net echt populaire Geert van Tuinen, dy ferwiist noch mar in kear nei dy "geweldige muzyk" fan Griet Wiersma, dy Twa, Lays, Rintsje Kas en foaral nei de Wiko's. Fertocht? Hoe kom ik der bij.
Ik stjoer dit jier gjin top 5 yn.
Dat fyn ik sneu foar
Doede Bleeker mei "Myn eiland",
Ernst Langhout en Johan Keus mei "Foar altyd jong",
Sytse van der Werf mei "Donkere kralen"
Reboelje mei "Sielesiik"
Wiegel's Wjukkelmasine mei "Yn de rein"

dinsdag 2 november 2010

1954

Nijsgjirrige DVD kocht. In jieroersicht fan 1954. Haw hast de helte fan dat jier meimakke mar wit der neat mear fan. Goed om dy swart bylden te sjen. Goed om te sjen wat myn âlders dwaande hold yn dy tiid. Sij hiene it genoegen om in 11 stêdentocht mei te meitsjen sûnder oerdreaune kommersjele belangen en útsinnige mar foaral oerdreaune Hollanners oan de kant.
Ik seach op dizze DVD hoe dreech de húsfrouen (dus myn mem) it hie. Mar gelokkich waaide doe út Skandinavië de húsfrouen gymnastyk oer nei Nederlân. Ik frees dat myn mem dat nijmoadrich fûn en net mei die. Ik seach minister Luns (dan stie der in minister, hiel wat oars as Tineke Huizinga - graach foarsichtich útsprekke), ik seach Winston Churchill dy't 80 waard, ik seach it EK reedriden yn Davos mei wierskynlik sa'n 800 tbc pasjinten as taskôgers en ik seach de Tour de France mei fytsers dy't in bûtenbân op de rêch bûn hiene.

Ik seach prachtige swart wyt bylden en hearde dat hearlike taalgebrûk fan it Polygoon sjoernaal.


zondag 31 oktober 2010

10.000 kilometer

De jierdei fiere is foar mij gjin jierliks hichtepunt. Wol in jierliks hichtepunt is it berikken fan de 10.000 kilometer yn it jier. Op de fyts. Of leaver sein op meardere fytsen. Ik haw 4 fytsen brûkt yn 2010 om op 29 oktober myn doel te berikken: 10.000 kilometer.
De Kogo (1000 km en yn maaie ferkocht), de Raleigh ( 2200 km yn maaie kocht), de Sinner lisfyts (2200 km) en de Nazca lisfyts ( 4600 km).
Dat ik de 10.000 sa betiid yn it jier al berikt ha, is ta te skriuwen oan de 6 wiken simmerfakânsje. Fan Basel nei Wommels fia alle bochten fan de Rijn wie allinne al 1200 kilometer en it rûntsje Nederlân skoarde ek lekker.
Yn 2010 noch 2 moannen te gean. Dat binne sa’n 30 wurkdagen (!) kear hinne-werom Snits. Der komme dus noch seker 900 kilometer bij.
Ik bin tefreden oer myn fytsbewegingen yn 2010 oant no ta.

vrijdag 29 oktober 2010

Om alles

Wij wiene dizze wike in Limburg. De hjerstfakânsje trochbringe yn in oare omjouwing. Gewoanwei binne wij al net fan dy bellers en op fakânsje al hielendal net. Dan moat der al wat wêze. Mei de bern bijgelyks of mei famylje of kunde.
En dizze wike wie der wat. Tiisdeitemiddei/jûn belle earst de dochter. "ha jim it al heard?" . En doe belle de soan en noch wat letter de oare dochter. Allegear ferbjustere troch it berjocht dat Marco Brouwer syn gefjocht tsjin it libben ferlern hie. Fertwifeljende âlders, broers, famylje en kunde efterlettend mei fragen.
At je op fakânsje binne en je wurde belle dan hoopje dat der neat slims mei je bern bard is. Mar je hoopje ek net dat der mei in oar syn bern wat bart.

dinsdag 19 oktober 2010

Pensioen

Wat in gelok dat der in "bel-mij-net-register"is. En wat in gelok dat ik mij dêrbij oanmeld ha. Wij kinne no wer rêstich ite sûnder steurd te wurden troch alder freonlikste minsken dy't begjinne mei: "Dag meneer Hofstra, past het dat ik u stoor". It paste mij nea.
Dat gelok fan no helje ik út it feit dat ik troch de pensioen krisis op dit momint net belle wurd om wat te dwaan oan myn gat. Myn pensioengat. Net dat ik dat ha, mar dêr geane se gewoan wol fan út.
De AOW en it pensioen is aansens net mear te beteljen. Te min minsken dy't it opbringe moatte foar te folle minsken. Langjierrige berekkeningen binne der makke. Oer 30 jier leit it der sa hinne en oer 40 jier sa. En allegear gelearde ekonomen en "deskundige" politisi bûge harren oer dit fraachstik. En se meitsje ús benaud. Trochwurkje oant je net mear kinne.
Mar gelokkich hawwe de rekkenmasters help krigen út Drachten.
Dêr wennet in swarttinker dy't it hiele probleem oplost. It is net mear in spul fan sparje en garje mar fan útjaan.
Oer 25 jier mei der gjin sint mear op in bank stean, gjin oandiel mear yn de kast lizze, gjin goud net fersulvere wêze en gjin sok mear fol sitte mei swart jild.
Wij geane noch 25 moaie jierren temjitte.
Sjoch hjir

zaterdag 16 oktober 2010

Meisjonge

Ik kaam oan de ein fan de moarn werom fan it fuotbal. Moaie dingen sjoen bij de jeugd. E3 wûn en seker de twadde helte wie goed. Soms woe ik wol dat se allegear in earke yn hiene sadat ik se allegear goed bij de les hâlde koe en se de goeie posysjes yn nimme litte kinne, mei in lytse oanwizing. Hoewol, it binne noch mar E's en de wille stiet foarop.
Se hawwe wûn en ik haw dus in goed sin. Ik kin it wol út sjonge! Dus thús in moaie meisjong CD deryn.
En dat is Joop Visser. Wat ha dy man 40 jier lyn ûnder de namme Jaap Fischer moaie lieten skreaun. De alternative lietskriuwer en sjonger dy't sa it mier hat oan in soad dingen lykas drank, drugs en de kommersje.
Al 40 jier lyn lang binne syn lieten de ienige lieten wêr't ik de tekst hielendal fan kin. Al 40 jier sjong ik dat mei. 40 jier lyn stie ik mei de bandrekorder op myn keamer as in echte protestsjonger mei te sjongen. En no sjong ik Jan Soldaat, Het ei, Twee monniken en De bal as goedsin lieten.

Ik kocht in ei
de melkboer zei
komt zo onder de kip vandaag
ben nog te laat van huis gegaan om het mee te kunnen nemen
hier heeft u een jong leven voor 16 cent of meer
en namens de ouders smakelijk eten meneer.
Het lag nog warm te leven in mijn hand
ik mikte reeds zorgvuldig op de harde hete rand
van de pan en kon de geur al ruiken
van dit al te vroeg geremde kuiken.
Toen het ei zei, toen het ei zei
denk eens dat het een jongetje is dat je hier gaat staan bakken
denk eens dat het je broetje is dat zacht sist in de pan.

Harkje fierder nei dit prachtige liet, wêryn yn 1.52 safolle moaie tekst sit.


woensdag 13 oktober 2010

Feyenoord

It binne drege tiden foar Feyenoord supporters.
En Feyenoord supporter binne je net as je jong binne. Ik hoech op de training fan E3 net te sizzen dat de Feyenoord fans bij mij stean moatte, want dan bliuw ik hiel lang allinne stean. En dochs binne der noch altyd in protte Feyenoord supporters. Dy binne dus wat âlder. Dy hawwe bijgelyks 1970 meimakke. Doe't Feyenoord de Europacup 1 wûn. Dat sil ek it momint west ha dat ik meisleept yn de Feyenoord famylje.
Hjoed mar efkes in plakboek trochsjoen fan 1970. En neist wat foto's fan bands en programma boekje fan fuotbalwedstriden dy't ik besocht ha doe, kom ik dit artikel tsjin.
Moai net! Dat is it ferhaal fan myn Feyenoord bloed.

zondag 10 oktober 2010

Striemin

Snein 10-10-10 stie de derbij CAB - RES op it programma. Beide ploegen út Boalsert hawwe al hiel wat mei elkoar útfochten. Letterlik en figuerlik. Yn it ferline meast yn de tredde klasse. Mar no binne se beide ôfsakke nei de 5de klasse. En dat wie te sjen sneintemiddei. It slagge seker CAB net om de bal 15 sekonden yn de ploech te hâlden en it slagge al hielendal net om ien fatsoenlike oanfal op te setten. It moaie waar makke in soad goed. Mar net alles. Nei 45 minuten gekloai hie ik myn nocht. Ek al die RES noch in poging om mij dêr te hâlden, troch krekt foar de tee de 0-1 te meitsjen. Mar it wie te let. Ik sil sjen hoe let ik de útslach op twitter fine kin. Ik gok op RES as winner.

Tim Knol

Tim Knol hat net echt in artieste namme. Knol docht je tinken oan in âld hynder en dat stiet heaks op dat jongeseftige gesicht fan dizze Tim.
Justerjûn stie hij (gelokkich mei band) yn it Bolwurk yn Snits. In band dy't foar wat stevichheid soarge. Want sûnder in band is it mij wat de seurderige kant it neist. It wat aparte lûd fan Tim is seker de muoite wurdich oan in kear yn it echt te sjen en te hearen yn in seal wêr't de akoestyk goed genôch is. Ik twifele fan te foaren at ik dit wol echt leuk fine soe. Myn gefoel hie gelyk. It wie leuk it wie ek wol goed, mar net mear as dat. Ik hie ek de yndruk dat de echte fonk mei it publyk der net wie. De moai folle seal mei in grut ferskaat oan besikers hiene neffens mij ek allegear harren eigen ferwachting. In sing a song writer dy't ek it stevige wurk net út de wei gie. It wie fan alles wat, alles wie wol goed mar om no te sizzen dat dit mij lang bij bliuwt nee, dat net. En dat leit echt net oan myn geheugen.

zaterdag 9 oktober 2010

Katlijk

Littenseradiel hat sels in kar makke om net mei te gean yn de weryndielingsdream fan deputearre Sjoerd Galema. (At je dat no mei in A of een E skriuwe wit ik net, mar dat kin mij bij dizze man ek neat skele, want in boer dy't syn eigen provinsje en dêrtroch ús taal ferkwânselt, is mij it opskriuwen fan de goeie namme net wurdich)
Mar goed Littenseradiel stridet tsjin it grutte en siket no allinne wat ferkearing mei Frjentsjer en Harns.
In oare gemeente yn Fryslân wol sa graach opgean yn wat gruts, mar wurdt mei de nekke oansjoen. Hoe kin dat no? Fiele sommigen fan harren sich dêr wat mear, omdat Hearrenfean it yndustrydoarp en it sportdoarp fan Fryslân wurden is. Miskien komt it wol om dat sij harren foardogge as stêd, sjoen de titel sportstêd.
Freed makke ik in fytstocht troch in grut diel fan dy gemeente. In moaie fytstocht. In moaie gemeente ek. Goeie fytspaden, net allinne bûtenút, mar ek om en bij "de hoofdplaats".
Sa foar it each is der neat mis mei dizze gemeente. Mar doe't ik oer it Imke Klaverpaad fytste en twa kear it doarp Ketlik (Katlijk) binnen fytste wist ik.
It is krekt dy Hollânske namme dy't is illustratyf foar it feit dat de oare gemeenten Hearrenfean net sitten sjogge.
In kat yn de sek of in lyk yn de kast?

donderdag 7 oktober 2010

24 wurden

De gemeente Snits hat wol wat mei taal. Se hawwe it Frysk hast as nû 1 op de aginda stean, mar begjinne meast in punt letter. De stêd ferhollânsket. En no't de fúzje mei de oare gemeenten der oankomt, begjinne se harren te realisearjen dat it mei dy djipfriezen dy't harren mei de rjochter in freonlike hân jouwe mar yn de lofter it manifest foar minderheidstalen fêsthâlde, noch in hiele striid wurdt wat de taal oangiet.
Dêrom hawwe se mar gau wat kursussen Snitsers útskreaun, sadat se ek hjir in minderheidsdialekt ha.
Ik ha besletten om dy kursus te folgen. It Snitser digitale wurdboek der efkes bij hân en ik ferwachtsje wol dat ik nei in pear moanne hurd studeare der yn slagje it hiele Snitser dialekt te behearskjen.

dinsdag 5 oktober 2010

Dea

Moandei 4 oktober stiene der yn de krante rou-advertinsjes fan Harm Wind. De man wie skriuwer en dichter. Ik haw gjin boek fan him lêzen mar harkje wol hiel faak nei syn teksten. Hij is de man dy't de lieten fan Bob Dylan oersette yn it Frysk foar Ernst Langhout en Johan Keus. En dêrtroch binne der twa prachtige Cd's, wêr't ik noch altyd mei nocht nei harkje.
It soe te maklik wêze om it klipke "Rûzjende wyn" hjir ûnder te setten ta earbetoan oan Harm Wyn.
Dus dêrom Harlekyn yn in moaie útfiering fan Johan en Ernst.

maandag 4 oktober 2010

De slach

Frysk kampioen pealsitten. Der binne minsken dy't dêr oan meidogge. Der is mooglik ek ien dy't no grutsk omrint en hopet dat hij in bekende Fries wurden is omdat hij de winner wurden is.
Ik soe hast sizze at je dêr oan meidogge dan hawwe je in slach mei de moalpûde hân.
En no't ik it dochs oer in slach ha en oer Warns wêr't sokke idioterij holden wurdt, op ien fan dy selde dagen wurdt ek de slach bij Warns betocht. Yn 1345 wie dêr in flinke striid tusken Hollanders en Friezen.
Troch in lyts protsje minsken wurdt jierliks op 26 septimber de befochten frijheid fan Fryslân betocht. "Leaver dea as slaaf" stie dêr op in grutte stien.
Miskien kin der noch in stien bij lizze. "Leaver dea as foar peal sitte"


zaterdag 2 oktober 2010

Ik haw skjin myn nocht

It is net goed om in stikje te skriuwen at je de smoar yn ha. Ik soe it dan ek net dwaan moatte, mar ik doch it al. Ik ha skjin myn nocht fan it fuotbaljen bij SDS. Miskien moat ik wol sizze it net fuotbaljen bij SDS.
Tongersdeitejûns traine doch ik hast al net mear. Wij meie as SDS 4, 5 en 6 op in skiterich lyts, wiet en drekkich fjildsje traine. En dat is net sa no en dan, mar dat is hast altiten sa. Ik ha gjin sin mear mei safolle minsken yn de drek om te baggerjen. Op in fjild wêr't de bal net rolje wol en wêr't de kâns op blessures te grut is.
En neist dat beroerde trainingsfjild lizze twa biljertlekkens. Dy binne bestimd foar de sneon. Mar at it freeds wat reint dan kinne wij it sneons wol ferjitte.
En wat it minste is dat der gjin gefoel útsprekt dan men it graach trochgean litte wol. Want om 10.30 oere kin men al oardiele dat it om 14.30 oere en om 16.15 oere net troch gean kin. En dat wylst de waarberjochten foar de hiele dei goed wiene.
It sil allegear wol, it fjild sparje, mar wêr foar? At it no al ôflast wurdt, hoe moat it dan in novimber en desimber.
Alle sneonen hâlde je rekken mei it fuotbaljen, mar dat is no oer.
At de fjilden allinne mar brûkt wurde meie at se droech binne, dan leau ik it wol.
Ik wit hast wol seker at SDS 1 thús moatten hie, dan wie it wol trochgien. En at dat net sa is, dan kinne wij meielkoar konstateare dat SDS sawat it alderminste fjild hat fan Fryslân, want safolle wedstriden binn der net ôfkard.
In fjild is om te brûken en oars kinne wij der better hielendal mei ophâlde.

Skimerlampe

Oant 19 oktober haw ik de tiid om in romantyske skimerlampe mei motyfkes út Wommels te bestellen. Want sa seit de folder : “thuis, gezellig, samen zijn, niet meer weg die avond, lekker relaxen, een hapje, een drankje en gedempt rustgevend zacht licht”
Dizze eksklusive skimerlampe is troch in fakman makke en op 570 graden yn baarnd. En de poat stiet stevich en je hoege gjin ynstruksje te lêzen om him oan te jaan.
Ik bin dom at ik sa’n lampe net bestel. Want foar de priis kinne je it net oergean litte. 129 euro. Ja dat is ynklusyf BTW. As hikke en tein Wommelser wolle je sa’n ding ha.
En dochs is der iets wat mij tsjinhâldt. Dat binne de printsjes. Mei soarch útkeazen sa seit de folder ek noch. Ik haw allinne it idee dat der gjin kritearia fêststeld binne. Gie it om karakteristike gebouwen, giet it om de histoarje yn byld te bringen of is it samar wat.
Dat lêste dat tink ik. Nim no “Het Groene Kruis Gebouw”. In hiel gewoan gebou út de jierren 50 en al hiel lang net mear yn gebrûk bij “het groene kruis”. Nee de toskedokter hat der ek noch lang ynsitten en dêr haw ik seker net bysûndere herinneringen oan.
It gebou dêrtsjinoer oer is sealensintrum “it Dielshûs”. Yn it ferline it doarpshûs. Mar no allang net mear “het dorpshuis”
De Nederlânsk herfoarme tsjerke stiet der ek op. Mei in hús der tsjinoan. Wie dat hiel froeger sa of is dit in takomst foto. Wurdt dit it nije tsjerklik gebou?
En at je de herfoarme tsjerke yn byld brâne dan moatte je foar de leave frede ek it grifformeard sintrum it Foarhûs der bij dwaan. In neatsizzend gebou oan de Hottingawei.
Dizze skimerlampe wol ik net yn de hús ha. En at ik him wol earne stean sjoch dan freegje ik at hij út mei.