zondag 30 maart 2014

Moai waar


Opmerklike kleur wetter oer sa'n 100 meter tusken Baard en Tsjeintgum

Ik hâld net fan dy nepbisten dy't je hjir en dêr yn de tún sjogge. Ek net fan (nep)blommen. Mar wol grappich fûn ik de wize wêrop se bij Boazum oandacht fregen foar de titelroasmerke. Sa witte wij allegear wer wat dat moaie fryske wurd betsjut. En de nepljippen op de eftergrûn ...no ja...foar ien kear dan.


Lekker waar yn de tún nei in fytstochtje sneontemoarn. Mar poes docht krekt of is it tropysk. Sij siket it ienige skaadplakje: efter de skeppe.


zaterdag 29 maart 2014

Baard

Dizze wike in oantal kearen troch Baard fytst. Baard. Feitlik wat raar dy namme. Want yn it Frysk en Nederlâns beide kearen Baard.
Baard is dochs Burd?
Dit is foar in burddrager in fout boerd.

Dêrom mar efkes in betinklike foto makke bij de brêge mei dêrop de namme Baard dy't hast net te lêzen is. It burd is yn alle gefallen wol goed te sjen.

donderdag 27 maart 2014

Wommels in sliepdoarp

It wie sa moai yn de gemeente Littenseradiel. Oan it begjin fan alle doarpen sa'n moai piktogrammeboerd. Ek yn Iens. Je seagen de toeristen dêr  gelyk halt hâlden
"kijk nou",  hearde ik se sizzen op it brêchje bij Iens
"Je kunt hier paardrijden, en vissen, en bootjevaren, en slapen en de kerk bekijken.  Wat in vermaak, en voor zo'n klein dorp"

En sa joech it piktrogrammeboerd fan Wommels ek in byld fan wat er te dwaan is.

de sinne en it waar hat syn wurk dien.
No kinne je der allinne noch mar sliepe.
Wommels no allinne noch in sliepdoarp?
 
NB: ik krij fan doarpsbelang troch dat der oan wurke wurdt...........


Hea

Ien fan de leukste programma's fan Omrop Fryslân is Hea.
Gewoane dingen, opmerklike feiten mar altiten borcht sûnder sensaasje elemint.
Dat is mei it nijs wol oars.
Myn frou is berneheinster of baakster hoe't je it mar neame wolle.
In pear wike lyn makke Hea bij in gesin opnamen, wêr't sij ek wie.
In opmerklik feit. Seis dochters en seis kear de selfde berneheinster.

Sjoch ûnder dizze  link

maandag 24 maart 2014

It begjin


Hjoed mocht ik meidwaan oan in temadei. It tema wie "Werkplezier en Professionele cultuur".
No moat ik sizze dat ik alle dagen mei genôch wille nei it wurk fyts en noch wichtiger, mei noch mear wille nei hús fyts. Dat jildt foar myn wurk yn Snits en ek foar myn wurk yn Beetstersweach.
 
Ien fan de fragen oan it begjin fan de dei wie hoelang je al yn it ûnderwiis wurken.
Wij mochten stean gean at it langer as 15 wie ...... langer as 30 wie ....langer as 35 wie.....
Ik bleau nochal lang stean.
Ik wurkje no 35 jier  1 moanne en 24 dagen yn it ûnderwiis. 
Efkes weromsjen hoe't it allegear begie. It plakboek fan 1979 der bij. 
 
Letter op de dei kaam hjoed de fraach wa't ús ynspirearre hat om te kiezen foar it ûnderwiis. Dy fraach wie mear bedoeld foar de learkrêften mei ik hoopje want dat immen ynspirearre wurdt om op kantoar wurkjen te gean kin ik mij hast net foarstelle.
 
Sa lang yn it ûnderwiis wurkje en der noch altiten nocht oan ha, kin allinne mar at je hieltyd wer útdaacht wurde. En dat hat bij mij yn alle gefallen wurke troch op tiid fan wurkjouwer te feroarjen.
Net benaud wêze om te feroarjen want ik sis altiten: ik nim mij sels mei
 
 
 
 


zaterdag 22 maart 2014

Ronselje

Waterpoort Boys 3 voor de 3e zaterdag achter elkaar, zonder tegenstander. ONS 5 - WPB 3 #afgelast Tegenstander wederom geen spelers. #KNVB

Juster fong ik dizze twiit op fan WPB.
Gjin nijs soene je hast sizze yn dizze tiid.
Oates en toates wurde wedstriden ôfsein.
Ta grutte teloarstelling fan de leafhawwers.
Ek ik haw de lêste jierren dat ik yn kompetysjeferbân fuotballe der lêst fan hân.
It lêste seizoen mar leafst 8 kear ôfsein....troch tsjinstanners
Dat wie in goed momint om te stopjen
en it Efkes Baljen mei op te setten.
Gewoan op freedtejûn in oerke lekker balje mei oare leafhawwers
sûnder fiere reizen mar gewoan yn Easterein of Wommels.

Wêrom no oandacht foar dizze twiit?
Sneon stie der in stik yn de krante oer it ronseljen,
it ronseljen fan jeugdspilers
troch ONS út Snits
En krekt dy klup is net yn steat om in 5de alvetal op de foet te krijen tsjin WPB
Sa'n, "grutte" klup
Miskien moatte se harren ronselpraktiken útwreidzje nei de senioren
foar oanfulling fan ONS 5 bijgelyks.

Ik moat neat ha fan dat geronsel fan grutte klups út de stêd.
soargje sels foar goeie spilers.
It is alhielendal bisar dat se roppe
"wij hawwe allegear diplomearre trainers"
dêrmei dogge se de oare klups yn de regio tekoart
dêrmei sette se harren sels op in foetstik
"oh wat binne wij goed...."
mar dy jeugdtrainers binne dus net goed genôch
om eigen spilers op in heech nivo te krijen

Miskien dat se it bij ONS net begripe,
of net begripe wolle
dat fuotbal yn ús regio mear is as in haadklasse
dat Nijland, Mulier, sc Bolsward, NOK, Workum,
Scharnegoutum, SDS, de Wâlde en gean sa mar troch
graach wolle dat harren eigen talinten groeie yn eigen klup
tagroeie nei it nivo fan it earste
yn de tredde of miskien wol twadde klasse akteare
en dan miskien letter in kar meitsje om heger op
bijgelyks bij ONS tusken de ôftanke betelle fuotballers





maandag 17 maart 2014

Kieze

19 maart dan hawwe wij ferkiezings.
foar de gemeenterie.
De lêste kear as Littenseradiel
Spitich, want yn dizze gemeente dogge se harren bêst
om de polityk tichter bij de minsken te bringen.
 
Wat bin ik bliid dat ik net yn in gemeente as Harns wenje
dêr binne noch folle mear partijen
Fjouwer partijen hawwe wij hjir
Ferdomd ferfelend dat je mar ien stim útbringe meie.
Se hawwe allegear fêst wol wat goeds wat mij oansprekt
Stimme, wêr doch ik dat op?
FNP ? Omdat ik dat altiten dien ha salang de partij mei docht oan ferkiezings
en ik stimme mei
CDA? Mei de beste politikus fan ús gemeente Gosse Hiemstra
SAM? Mei tige belutsen minsken dy't net allinne yn ferkiezngstiid aktyf binne
VVD? De partij fan ûndernimmers en boeren foar safier dat net ûndernimmers binne
 
 
De "stimwizer" yn Op 'e Skille eaget as in goeie papieren stimwizer mar bij it sjen fan de antwurden komt it net fierder as algemiene kreten. Dêr kin ik hielendal neat mei. Wat der stiet en wat men wol moat wer dield wurde mei de oare partij dy't ek meidocht yn it kolleezje en wat bliuwt der dan oer fan de eigen miening?
Boppedat mis ik hurde útspraken.


Of gean ik foar de holle fan de listlûkster of foar de ynhâld efter de kreet dy't betocht is?


Of kies ik ien fan de 5 wêrûnder in kollega?

Of wurdearje ik dat alderaardichste struibledsje fan Sam mei dat pakje simmerblommen dy't it Swettepaad sa moai meitsje
 
 
Stimme, wat is dat lestich. Want wat binne myn tema's? Is dat it keunstgers fan SDS? Is de partij dy't dêr alles foar docht myn partij? Of sjoch ik leaver nei de partij dy't it meast noed stiet foar de Fryske taal?  Of moat ik foarútsjen en rekken hâlde mei de partij dy't it goed foa rhat mei de âlderein?
 
It bliuwt lestich mei ien sa'n stim op safolle tema's. Ik wit it net...of miskien wit ik it wol, miskien bin ik wol krekt sa tradisjoniel as safolle oaren, dy't altyd op de selde partij stimme. At it der op oan komt.
Bin benijd hoe't der foar stiet as ik woansdei yn it hokje stean.

 
 
 kin ik miskien ek op Jelle B stimme?
 
.
 






zondag 16 maart 2014

In klipke


Gewoan in hiele moaie stim en prachtich gitaarwurk

zaterdag 15 maart 2014

Bintangs

"The Rolling Stones der Lage Landen"
"Blues"
Dat wiene de kreten dy't op it affysje fan Iduna stiene.
Iduna is in poppoadium yn Drachten
Krekt as Romein en Asteriks yn Ljouwert
en it Bolwurk yn Snits
the Bintangs dus
yn Drachten op 14 maart
53 jier lang spilet Frank Kraayeveld yn de band
Hij is de ienige dy't it sa lang folholden hat.
en dêr stie hij wer
op dat lytse podium en dy lytse seal
mei geweldige muzikanten
foar prachtich publyk
jong en foaral âld
griis en keal
mar mei leafde foar de rock
The Bintangs bluesband?
Wat blues?
Rockblues!
En dan ek noch stevich
twa oeren lang
Top konsert
 
Begjin jierren '70 hawwe wij se faak yn it Dielshús hân.
Ek dat wiene topjûnen.
In moaiste publyk en nea gjin ge ouwehoer.

 
Tip: Op 19 april 2014 yn Bakhuzen


maandag 10 maart 2014

Stoffel

Doe't ik fannemoarn betiid nei Snits fytste wie it kreas waar ûnder in opgeande sinne. In pear haskes seagen fernuvere om harren hinne. It like wol of daagden se mij út: sjoch hjir binne wij en wij binne net benaud (mear).
Goed 12 oere fytste ik werom en it wie noch altiten moai waar. Deselde haskes wiene der ek wer en ik koe hast mei harren fûskje. Se strielden noch altyd dat selde betrouen út. Of woene se sizze, ús kin neat mear oerkomme.
Tsjin healwei twaen stiene wij yn in lekker sintsje op de Foarbuorren ûnderweis nei de Martinitsjerke fan Easterein.  In lange rigele minsken.
Wat swart fûgelguod tsjin de tsjerketoer oan makke rûzje en se kraaiden as roeken. Geduldich skooden wij stapke foar stapke oer it brêchje, stapke foar stapke op it tsjerkepaad, stapke foar stapke nei de tsjerkedoar en stapke foar stapke nei Tine, Tryntsje, Sjoerd Teake, Siebolt en Joran.
Fertriet. 
Bij frou en bern.
Eltsenien seit syn wurden.
Wij ek.
En doe noch in pear stapkes.
Doe stiene wij bij de kiste.
De kiste mei Stoffel
Stoffel dy't er bij lei, sa't er wie.
Yn syn blau bûsgroen, mei syn pet mei aaien, mei syn Stoffel útdrukking.
Mar dan wol dea.
It wie as lei er dêr gewoan
sa fan: ik jou mij efkes del, dan kinne jim it oer mij hawwe.
Wij koene syn laits net mear heare mar wij koene dy laits wol sjen.

Meielkoar hawwe wij him betocht.
Yn wurd en muzyk.
Psalmen en the Dubliners, gesangen en You never walk alone.
Der waard praat oer Stoffel sa't wij Stoffel allegear seagen
Mar hoe't Stoffel echt wie?
Dat wit gjin minsk,
ek nei hjoed net.

Grutte bewûndering haw ik foar syn neisten dy't de moed hiene om wat persoanliks foar te lêzen of wat persoanliks foar te dragen, ja sels om wat te sjongen, wylst de emoasjes ús al troch de kiel draaiden.
Ferdoarje Stoffel, dit hie sa net moatten.
Wij misse dy no al.
En wij net allinne, ek dy haskes yn it lân en de roeken bij de tsjerketoer.
Sij hiene noch wol graach de striid mei dij oangean wollen.
En wij ik wol.
Ast it wollen hiest.

Doe't wij de tsjerke ferlieten, wie de sinne fuort.
In kâlde noardeastewyn stuts op.
It waard dizich oer it fjild.
It wie kâld wurden.

Stoffel, rêst sêft yn dyn Hartwert.
Ik kom gau ris bij dy sjen.





vrijdag 7 maart 2014

Chris Chameleon - "Anywhere"



En noch ien fan Chris Chameleon

donderdag 6 maart 2014

In maat

Miskien wol 20 jier lyn hiene wij op in freedtejûn in fuotbalfessie fan SDS 5.
It siet noflik en de ferhalen wiene wer goed en sterk.
Op in bepaald momint komt Stoffel Bouma bij mij mei de fraach at ik de oare deis ek mei him keatse wol: De Okkema partij en dy hie(en miskien no noch wol) namme.
Ik siet al yn de fase dat keatsen myn ding net wie, mar ik woe Stoffel ek net teloarstelle.
Mei wat bierkes op kinne je ek net altiten de gefolgen goed oersjen dus ik stimde ta.
Ik moast earst noch gau lid makke wurde fan de keatsferiening fan Easterein en mei de tasizzing dat ik net mear hoechde te dwaan as wat balkeare naam ik noch ien en gie dêrnei op nei hûs.
De oare moarn sûnder pine holle, mar mei want en in spytgefoel nei Easterein.
Keatse, harrebarre....
Stoffel stelde my foar oan de oare maat Cathrinus Gerbrandy. Hie in goeie keatser west mar hie  jierren net folle keatst. Mar mei in fûle Stoffel koene wij best wol fier komme.....sei hij.
De twadde opslachbal fan Stoffel yn de earste partij wie gelyk syn lêste.
In swypslach yn it kût en rinnen wie net mear mooglik.
Myn maat moast oan de kant tasjen dat wij tegearre fierder moasten. Ik moast opslaan, ik moast yn it perk....
En myn maat Stoffel siet lekker yn it sintsje mei de poat omheech op in twadde stoel.
In maat fan neat, neamde ik him.
Fan je maat moat je it mar hawwe, sei ik letter faak tsjin him.
It wie de lêste kear dat wij maten binne, sei ik him
Dêrnei neamden wij elkoar goeie kunde.
Stoffel en ik hiene in oantal deselde ynteresses.
Dat wie net it aaisykjen,
seker net it mollen fangen,
en ek net it op wylde bargen, hazzen , kninen of fûgels jeie.
Nee, dat wie it Frysk en stikjes skriuwe.
Stoffel die dat foar it Frysk damjen yn de Boalserter Krante en syn stikjes wiene ferneamd.
Stoffel die dat ek krekt as mij yn de Treffer, it klupblêd fan SDS.


Ik skeau ûnder de namme Sibe de Seefûgel en hij as Bolke.
Tegearre hiene wij it der faak oer.
Oer de reaksjes fan minsken want de pinne wie somtiden skerp en de teannen lang.
Wij holden elkoar skerp en dat die it nivo goed.
Bolke hold earder op as Sibe.
De pinne hie te skerp west en Stoffel hie syn nocht fan dat geseur.

Mei Stoffel haw ik ek wurke oan de revue fan de keatsferiening Easterein. Stoffel hie tasein mar frege myn help yn om der in reade trie yn it bringen.
Moaie jûnen hawwe wij fantaseard en skreaun.

Neist dit trof ik Stoffel fansels op de fyts at wij nei de PC gyngen. Op fêste tiid derhinne en op in gaadlik momint werom.
Sa no en dan siet ik ek bij Stoffel yn de bus. Ek dêr wie neat mis mei, want it praatsje wie gesellich en it oantal ôfstimpele strippen waard beheind omdat ik úteinlik ek syn maat west hie (tink ik).
Twa kear hat er in moltsje út ús tún helle en at ik wer wat foar him neisjoen of skreaun hie wie in mieltsje iel myn diel.
Foar it Frysk damjen haw ik belangstelling krigen troch Stoffel. Net om it sels te dwaan mar wol om te folgen.
Stoffel bij it keatsen, Stoffel bij it fuotbaljen, Stoffel yn de tredde helte, Stoffel op Aaipop en Stoffel bij de blues op sneintemiddei.
Stoffel dy't " gesellichheid hat gjin tiid" ek fertaalde yn "gesellichheid hat gjin grins" of "gesellichheid hat gjin maat"
Maat hâlde wie lestich.
Ja dêr wist ik úteinlik alles fan.
De lêste jierren rekke Stoffel syn bulderjende laits hieltyd mear kwyt.
Hij waard stiller, hij luts him mear werom.
Syn striid om te oars te dwaan hie him yn de macht
Hij hie in soad fan syn lichem ferge, syn sterke bealch koe net stikken....
En dan ynienen it berjocht dat Stoffel stoarn is.
Samar,
of net samar

Spitich dat wij allegear seagen dat it net goed komme soe.
Spitich dat hij it sels net seach
of net sjen woe
of miskien wol seach

Stoffel, myn kleurrike "goeie kunde "
Ik sjoch mei nocht en in soad wille werom op dy prachtige mominten dy't ik mei Stoffel hân ha.

Stoffel wie in grut fan fan the Dubliners en wa wit sit hij dêr boppe ynkoarten al bij in konsert fan de orisjinele Dubliners, dy't ek allegear ferstoarn binne.




woensdag 5 maart 2014

it Bosk

Wat moai om dizze foto wer tsjin te kommen.
It Bosk yn Wommels
Yn de tiid dat der rjochts noch gjin huzen stiene, mar folkstúntsjes
Yn de tiid dat diken net folstiene mei auto's
Yn de tiid dat trije lampepeallen genôch wie.
Yn de tiid dat Nij Stapert noch oan de ein fan it Bosk stie.

maandag 3 maart 2014

de Held en syn sokken


Sneintemiddei Feyenoord - Ajax wie in opsje
Sneintemiddei nei skipswerf Blom yn Hylpen koe ek
It waard Hylpen
In prachtige lokaasje foar Sult
Sult stiet foar lokaasjeteater.

Wat haw ik my fermakke
Wat in prachtich stik

Rike teksten fan Bonne Stienstra
Geniale fynsten yn de útfiering
Moaie rollen
Machtich toaniel
Prima ferhaal
sfearfolle sankjes fan âlde lieten
Tom en Huck, wa kin se net?
Ik koe se net 
No wol.
Unferjitlik

De útslach Feyenoord- Ajakkus koe myn sin net iens bedjerre.





zondag 2 maart 2014

5 euro

Freedtejûn wie ik wer in jûntsje nei Asterisk. 
Rock foar in sliterspriis.
Fiif euro.
Mei broer Lolke der hinne
En mei de bus
Arriva (beter as Connection)

Foar wat rock.
Foar Birth of Joy dus.

En de twa bandsjes foarôf.
Kertier foar njoggen brâne se los.
Flying Trashcans
Ut Ljouwert haw ik begrepen.
Nei it earste nûmer seit broer Lolke: "dit wie al 5 euro wurdich"
Ik knikte, it wie in merakel.
Mei saksofoan en in oargeltsje
en gitaar en drums
De folgjende 5 nûmers wiene net minder.
De jûn wie al slagge.
We Sell Guns wie de twadde band
Ut Rotterdam
Twa man sterk
Wat in lûd 
en wat lûd
Hearlik dus.
it goed middenstik dus
En doe wie dêr Birth of Joy
Doe wie der gjin hâlden mear oan.

Twa man beukten op gitaar en drum
ien man hong oer en op it oargel.

Dy beukte dêr op om.
Wat in sound.
Birth of Joy ûnthâld dy namme
Net in grutte kâns dat dy wer te sjen binne
foar 5 euro dan 
mei twa oare bandsjes.
In topjûn
Ek noch in lift werom
tanksij Simon-Paul.





Fytsefterljocht mei ôfstânsbetsjinning

Yn de RAI is alle jierren de "Fiets-en Wandel beurs".
Fjouwer hallen fol mei fan alles en noch wat.
At it yn de fierste fierte mar wat te meitsjen hat mei fytsen, rinnen en fakânsje.
It is betiden in fermaak sa'n beurs.
Ek wij hawwe altiten de beste bedoelings at wij fan start gean.
Net te folle papier meinimme want foar je it witte sjouwe je in breuk.
Wij geane foar de lytse fisitekaartsjen of de ienblêdige folders.
Wij geane foar de foto's dy't ik meitsje mei de tillefoan om it "letter thús rêstich op- en út te sykjen"
De fjouwer hallen hiene allegear harren eigen fertier.
Sa wie der in hal mei foaral fytsen. Grutte stands mei net te min útstrieling en beursmeiwurkers yn trije dielige pakken. Bysûndere fytsen mei de nijste snufkes.
It wie dêr net drok.
Yn de oare trije hallen wie it fanôf  in oere as ien smoardrok.
Dêr wie it dan ek te heljen.
Lytse stand mei foaral beursoanbiedingen en stands mei de alder moaiste fakânsjebestemmingen.
Nijsgjirrich binne ek de minsken sa as ús. Sij sitte efter in taffeltsje, hawwe de plakboeken en de route kaarten mei om te fertellen oer harren fytsreis nei meast Europeeske bestimmingen.
Sa hawwe wij ús efkes foarljochte litten oer de Groene weg nei de Middellândske see, mooglik de bestimming foar dit jier.
Wij hawwe fansels ek efkes praten mei Kees Mourits yn de stand fan Fryslân beweegt. Wat in folders en wat is der wat te dwaan hjir. Sij hiene 500 kilo oan folders en struibriefkes lizzen foar dizze twa dagen......
En fierders besocht immen ús in ôfstânsbetsjinning foar it fytsefterljocht oan te smarren.
Super maklik neffens de jongeman en foar 9.95 in spotpryske.
Ek maklik at je de fyts net mear fine koene.


De Fryske Wâlden wiene der ek en de twa Ates wiene foaral ek entoesjast oer de Fryske Wiken

In sleurhut foar efter de fyts, makke fan hout liket ús wat in gebealch

De moaiste fyts dy't ik sjoen ha: de Smart

Wa wit......

En sa sjocht it der oer in jier as wat út 


Ta beslút noch efkes oer de folders: Wij hiene de tas fol doe't wij ús auto wer opsochten. En dat nettsjinsteande it feit dat wij foar it gefoel hast alles wegere ha.
De kommende wiken genôch te lêzen