woensdag 26 februari 2020

Fen fan ..... Bruce Springsteen


Ynlieding

Op myn syktocht nei de echte fen fan in bepaalde muzikant of band kom ik út bij Pieter de Boer út Easterein.  
Doe’t hij bij mij oanjoech dat hij ek in echte fen wie, wist ik gelyk fan wa: Bruce Springsteen.  At je Pieter wat folchje op sosjale  media dan lit it him maklik riede.
Ik meitsje in ôfspraak mei Pieter en wurd optein ûntfongen yn syn wente yn Easterein. Fansels hear ik gelyk de klanken fan syn held Bruce……




Pieter, hoe heardesto foar it earst fan Bruce Springsteen

Tsja , der binne twa bruorren, dy wenje no beide yn Wommels, dy makken foar muzykleafhawwers wolris sels wat cd’s mei fan alles der op. Sis mar  de bettere muzyk dy’t Teade en Ate graach dielden mei oaren. Op ien fan dy cd’s stiet Bruce en dat spruts mij oan.  Dat moat it begjin west ha.

Wannear wie dat sa ûngefear?

Dat sil yn 2000 west ha, doe’t ik in jier as 15 wie.

En dan?

Dan ûntdekke je dat er yn Easterein meardere  leafhawwers fan Bruce Springsteen binne,  dus krige ik fan Jan Jetze Brouwer wat CD’s te lien en ik wie hielendal ferkocht oan dy muzyk. Mar muzyk op cd is prachtich mar live is de ultime belibbenis.



Dus nei in live optreden?

Ja, bij tafal of mei gelok hoe’t je it mar neame wolle. Bruce Springsteen kaam yn de Kuip en de Bruce fans yn Easterein hiene in kaart oer. Dus haw ik op 6 maaie 2003 mei û.o. Jelle en Doutsje Brouwer en Simon Paul Strikwerda myn earste live optreden fan Bruce Springsteen meimakke.

Wat is dij bijbleaun?

De power fan trije oeren rock and roll. Der kaam gjin ein oan, it gie mar troch en it ferfeelde net in momint. Hij hie in jier earder it album “Rising” útbrocht en dat gie  foaral oer 9/11. Dit wie syn earste toer wer.

Foar de net-kenners, omskreau Bruce en syn muzyk fanút dyn gesichtspunt


Bruce Springsteen is de hurdwurkjende muzikant dy’t altyd fol gas jout en in prachtich ôfwikseljend repertoir hat. It is de rock mar it binne ek de prachtige ballads. Fierders kin hij syn sukses hiel goed diele mei syn muzikanten.  De E-street band begeliedt him al sa lang hij optreedt en dat binne syn freonen.  Syn optredens binne bekend om syn lingte: trije en soms hast 4 oeren lang.

Wylst ik efkes om mij hinne sjoch yn de keamer en fol bewûndering sjoch nei al dy attributen, dy’t te meitsjen hawwe mei Bruce Springsteen, set Pieter efkes in oare plaat op. Of de oare kan fan de plaat dat soe ek samar kinne.

Pieter, do draaist platen?


Ik bin yndie in echte platedraaier. Bin ek bliid dat nije produksjes op plaat útkomme. In plaat draaie, de hanneling op sich is al moai en it lûd is foar mij echter.


De âlde elpees fan Bruce binne allegear yn dyn besit?


Ja, dat klopt. Dy âlden hat fansels wat mear muoite koste, omdat (en dat begryp ik hiel goed) je in elpee fan Bruce net samar fuort dogge. Ik bin wiis mei myn kolleksje en it wurdt fansels ek sa’n ding om alles te hawwen.


Want alles fan Bruce hawwe wolle is in stribjen fan dij?


Ik tink it wol. Ik keapje de elpee en tagelyk ek de cd, dy’t ik miskien wol net faak draai. Ik keapje alles “blyn”. Ik wol it gewoan ha. Haw ek noch wat kassettebandsjes, dy draai ik nea. Ek de dvd’s komme allegear yn myn besit.

Wat draaist no it meast?

Ik bin en dat sil dy net ferbaze, in leafhawwer fan live elpees. It âldere wurk hat myn foarkar.

Binne se live yn Nederlân dan bist er bij?


Sûnt dat earste konsert yn de Kuip yn 2003 haw ik der altiten bij west.
2006 yn Ahoy, Rotterdam,
2007 yn Gelredome Arnhem,
2008 yn de Arena yn Amsterdam,
2009 op Pinkpop,
2012 op Pinkpop,
2013 yn de Goffert yn Nijmegen  en
2016 op it Malieveld yn Den Haag.

En altyd foaroan?

Nee, dat net, wol besykje wat foaroan te kommen mar dat falt net ta. Der binne mear en dan moatte je der wol hiel betiid wêze en dat slagget meastal net

Dêr hast oars noch wol in aardich ferhaal oer?


Ja, yn 2016 nei Den Haag, hie ik in bus regele fanút Easterein/Wommels. Der wiene hjir genôch leafhawwers. At je mei sa’n bus gean dan witte je dat je altyd tagelyk oankomme mei de massa. Foaroan komme is dan gjin opsje. In dei as wat foar it konsert joech Harry Strubbe fan Wommels, ek in grutte Brucefen oan, dat hij mei de trein gie.
Hiel betiid fuort om dochs in kear foaroan te kommen. It plan fan Harry en noch twa oaren spruts mij wol oan en ik stapte moarns om 8 oere mei dy oaren yn de trein en liet myn eigen regele bus links lizze.

En slagge de aksje


Wij wiene 12 oere bij it stek en moasten oant in oere as 5 wachtsje foardat wij der ynkoene. En dan is it drave en triuwe om yn dat foarste fak te kommen. Dat slagge op haren en snaren. Tichterbij haw ik net west. It wie foar in kear de muoite wurdich om moarns om 8 oere fuort te gean en jûns om 8 oere yn it foarste fak bij Bruce Springsteen te stean.

Kinst altyd oan kaarten komme?


Dat is altyd noch slagge. Earst hellen wij it fysike kaartsje bij de Freerecordshop  en no moatte wij it fansels mei ynternet dwaan. Ik haw alle kaartsjes wol bewarre.





In oantal kearen Nederlân, hoe sit it mei dyn bûtenlânske trips?

Dat begjint ek al op te rinne. Belgie, Dútslân en sels twa kear yn Paris. Dat wie mei Simon Paul Strikwerda. De iene deis stiene wij, de oaren deis sieten wij

Duorret in optreden altiten sa lang?


Ja, in konsert ûnder de trije oeren silst net meimeitsje. At hij ien kear op it poadium stiet en de goeie klik is der mei it publyk dat liket it wol dat hij net wurch te krijen is. It liket der mear op dat hij mear enerzjy krijt.

Wêr wolst se noch graach in kear sjen?


Ik soe de Ziggodome yn Amsterdam wol graach wolle. Yn tsjinstelling ta de oerdekte stadions is it lûd dêr folle better.

Bruce yn New Jersey sjen?


Ja, dat soe hielendal geweldich wêze. Wij hiene op ien fan ús trips nei Amearika de kâns om him yn New York te sjen. Mar 1000 euro is wol hiel soad jild foar ien kaartsje

Do hast in Bruce Springsteen fakânsje hân yn Amearika, begryp ik?


Seker, bin nei New Yersey west en haw dêr fan alles besjoen, wat mei Bruce Springsteen te meitsjen hat. Oan de hân fan it boek Rock&Roll Tour of the Jersey Shore haw ik yn kroegen west wêr’t hij yn it begjin ek spile.  Ik haw in jier letter  (2019) ek noch yn Nashville west.








Hoe wie New Jersey, wêr’t hij wei komt?


Ik fûn it moai om dy dingen te sjen wêr’t hij oer sjongt en wêr’t ik al in soad oer lêzen hie. Bin bij syn bertehûs west en folle mear “herkenbare’ plakken foar Bruce fans.  Hij is echt de held fan New Jersey, is ús wol dúdlik wurden.






Do wist alles fan Bruce?

Alles is miskien tefolle sein, mar ik doch myn bêst wol om alles witte te kommen.
Bin noch in lyts skofke fen west fan de fenklup Roulette dat net mear bestiet.
Haw dêrnei op Markplaats alle âlde boekjes noch opkocht. No lês ik en sjoch ik alles. In boekenkast fol boeken





Ik sjoch hjir yn de hûs net folle lânskipfoto’s of skilderijen?


Nee, bij mij hingje foto’s en affysjes fan myn held. Allegear mei soarch útsocht en allegear mei soarch ophongen.





Is der romte foar oare muzyk?

Absolút, gean ek nei in hiel soad oare bands ta. Hiest mij hast ek freegje kinnen foar Heideroosjes, want dat is myn twadde band. Boppedat sit ik yn de coverband Beware en dan komme je oanrekken mei in hiel soad oare muzyk.

Heideroosjes, dat is dochs punk?

Seker, ek dêr hâld ik fan. Dat wie ek ien fan de earste bands wêr't ik mei yn oanrekken kaam doe't ik yn de leeftyd siet dat je muzyk oppakke

Do sist ek yn de organisaasje fan Aaipop, kinst dyn aai dêr wat kwyt.


Ik regelje de muzyk en dat fyn ik tige nijsgjirrich. Dêr binne je it hiele jier wol wat mei dwaande. En miskien wist it noch wol yn 2014 spile der famylje fan dij (Martijn Kentie) Springsteen ferskes yn it Liwarders.

Ta beslút, wannear komt hij wer nei Europa, nei Nederlân?


Der komt dit jier in nij album, foar 2020 stiet hij der net bij op festivals of oars wat, mar yn 2021 sil hij seker noch in kear komme. Dan is hij 72 en dat is fansels wol in leeftyd

Slotwurd


Mei noch wat tips wat ik seker sjen moat, mei foto’s yn de app en in boek om in yndruk te krijen lit Pieter mij út.
Syn poes glipt er tagelyk út.
Ik haw it net frege mar it kin hast net misse dat dy Bruce hjit. 


At ik thús bin, krij ik fia de app noch wat linkjes fan Pieter. In nûmer ut 1973 en ien út 2013.
De folgjende dei stjoert Canvas in dokumentêre út oer de biografy fan Bruce Sprinsteen. Dat is fansels gjin tafal. Ik sjoch der nei en begryp no hielendal wat Pieter bedoeld. 
Bruce Springsteen dat kin samar je held wurde.

Opname út 1973





Opname út 2012





Geen opmerkingen: