donderdag 29 mei 2014

Fan min nei moai

Himmelfeartsdei is foar Heech in topdei: Heechspanning. "Het straatfestival op Hemelvaartsdag" seit de webdside. Noch nea wie ik op himmelfeartsdei yn Heech. "In strjitfestival dat is neat foar mij", hold ik mij sels en oaren foar. Ik hie der nei al dy jierren wolris wat fan heard en hie mij der ek in byld bij makke.
In byld dat mij net oanstie.
Mar alles is oars at de Bruce Springsteen fan de famylje optrede moat op dizze frije tongersdeii. It wurdt ek oars at it wol reedlik fytswaar is en wij oars neat op it programma ha.
Net mei bysûnder hege ferwachtingen setten wij dus ôf. Dan kin it net ôffalle is de erfaring.

Ik moat sizze it oertrof alle ferwachtingen. Yn negative sin dan. Freeslik. Ik wie der al nei fjouwer minuten efter wêrom dit net leuk is. Fierstentefolle minsken yn te nauwe strjitsjes, lâns te lytse podia. It kaam allegear út.  Bij muzyk stean te sjen slagget amper want der moat altiten wer immen lâns. En nea allinne, mar hiele famyljes.

It optreden fan Martijn  Kentie is it ienige wat ik sjoen ha

en dat klonk goed dêr yn dat nauwe strjitsje

sa hiene wij dochs noch wat leuks
Wij wiene it der gau oer iens dat dit in ferlerne middei wie sa. Heechspanning is in geweldich evenemint mar net foar ús.
It alternatyf dat leit miskien wol yn Boalsert.  De stichting Bolsward Op Podium (BOP) hie yn it park wer   it tradisjoniele festival en dêr soe in tribute Fleetwood Mac optrede.
Sa fytse wij tsjin fiven nei Boalsert en komme fan de hel yn de himmel. En dat past goed bij himmelfeartsdei.
Wat in romte, hiene wij  ynienen yn dat prachtige park.
Bern dy't boartsje kinne (mei swimfesten om, want dêr is in pear jier lyn in jonkje ferdronken) , minsken dy't romte hawwe om te praten en wat ieterij wêr't je goed bij kinne. De biertinte hie it wat dreech ( de oanelkoar prater makke syn ekskuses ek al) , en dat hie ta gefolch dat der hiel wat lju efkes nei de Jumbo gyngen om mei pûden fol blikjes en sels kratten bier nei it park te gean. De Funky Five wie de earste band en dat wie prima hoewol it myn soarte muzyk net is. Tefolle getoeter!

 Mar it optreden fan de Fleetwood Mac tribute band makke alle "lijen" fan de dei goed. Wat in hearlike sound brochten sij. Prachtich gitaarspul, sublym toetsewurk en goeie sjongerij, mei help fan bas en slachreau.
Alle tophits fan de band kamen foarbij en dat wie genietsjen. Sels it prachtige Need your love sa bad út harren Bluesperioade klonk as in klok.  Tsjin achten fytsen wij lâns de Boalserttrekfeart wer nei hûs.  Mei in hearlik Fleetwood Mac gefoel.




Leaver net lisfytse


Yn Ljouwert is in lisfyts spesjaalsaak.
"Liever Ligfietsen"
Stiet oan it Zuiderplein.
Wat 15 jier lyn noch in takomst like te hawwen, hat it no net mear
De lisfyts hat it net oprêden
De lisfyts is hingjen bleaun yn it alternative sirkwy
in fyts foar loftsdraaiende joghurt iters op geitenwollesokken yn de sandalen
of in fyts foar hurdresers.
Jierrenlang hat de lisfyts fochten tsjin de foaroardielen

"pine yn'e nekke?
"min te sjen"?
"ûnhandich?"
"djoer?"

Foardielen dy naam men erchtinkend foar kundskip oan

"leit lekker!"
"goed foar de rêch!"
"aerodynamysker!

Men hearde ús net

De ferkeap fan  lisfytsen groeit al jierren net mear.
De ferkeap rint hurd werom.
Elektrsyke fytsen binne der kommen
Net bij hûnderten mar bij miljoenen tagelyk.
Sûnder geswit 25 km per oere helje.

De lisfyts hat de striid definityf ferlern
Dêrom giet de lêste spesjaalsaak yn it noarden ticht.

It is spitich, mar it is net oars. It is it lot fan it produkt wat it krekt net helle hat.
Wêrom net?
Ik begryp der neat fan.
Wij binne noch bliid mei ús lisfytskes.

dinsdag 27 mei 2014

Nea te âld


Sa no en dan krij ik de prachtige Large katalogus thús. It  liket hast wol in keunstwurk dat boek mei in grut ferskaat oan teesjurts, jaskes, sokken en oare artikelen wêrbij teksten en foto's in grutte rol spylje. Kom ris op in festival dan kin ik mij de heal dei wol fernuverje oer al dy prachtige teksten dy't meinamme op sjurts stean.


De Motorhead fans kinne mar útsykje der is kar genôch

Ek Cash libbet noch altiten troch op sjurts

Of gean ik wer foar in Iersk sjurt

Yn dit soarte fan sjurt sjoch ik mij fuortendaliks noch net rinnen

Dizze soe bijgelyks wolle kinne  foar mij


.Mar ik slút net út dat dit de folgjende wurdt....., want ik fyn him moai en tapaslik



zondag 25 mei 2014

Moai byld


Prachtich byld fan the Beatles wat ik jim net ûnthâlde wol. En dat yn 7 jier tiid

vrijdag 23 mei 2014

80 km

Freed 23 maaie. Kreas fytswaar. En in doel. De start fan de Schuttevaerrace meimeitsje. Dus op de fyts nei Starum.  Tsjin alven wachtsje wij (dochter Hildau en pakesizzer Jelske wiene der ûnderwilens ek) op de start, Op alle boaten is ien man/frou oanwêzich,. de rest moat drave fanôf de kamping oan de oare kant fan it doarp.  At de oare 4 dravers der binne kinne se fuort.
Jelske, mei op de eftergrûn de efterbliuwer op de Sa Better, de boat wêr't soan Tsjeard mei faart. Hij is de rinner fan it team en sil op Flylân 18 en op Skylge 12 kilometer drave moatte.

Hij komt dan ek as earste fan it team oandraven en hat noch krekt efkes tiid om hoi Jelske te roppen

en dan bin dêr ynienen de oare trije ek al en is it hurry up om fuort te kommen.

in earste eintsje mei de moter oan en sij fleane as tredde de haven út

gong is alles no

en al gau binne se tusken allegear oare skippen dy't meielkoar de goeie route sykje om de earste boei om te kommen

wij seagen noch efkes bij de Visserman, bij Jaap en Regina dus , ús eardere buorlju

in moai plakje mei útsicht oer de no tige lege haven

en dan sette wij wer ôf

ik op de fyts, no oer it Heidenskip en de Gastmar

om efkes in pontsje mei te pikken en Menno Sappé oan de praat te hâlden


80 km op de teller  en noch droech ek.... in moaie tocht en no mar sjen op
 schuttevaer wêrbij je de boaten live folge kinne.

Wij sjogge nei Sa Better dan witte wij wêr't se binne.

woensdag 21 mei 2014

Boek en film

Ien fan de moaie aspekten fan twitter binne de tips. Je wurde troch oaren ynienen attendearre op in goed tillevysjeporgramma. Yn myn gefal giet it faak om muzykprogramma's. Mar ek teaterstikken, boeken en films wurde oanpriizge.
Sa as sneon.
Wieke de Haan twittere: De helaasheid der dingen komt derfoar.
De helaasheid der dingen is in boek fan de Flaamske skriuwer Dimitri Verhulst.
It knotsgek boek wat ik mei in soad nocht lêzen ha.
Ik haw mij tidens it lêzen in byld kreeard. Dat byld, ik bin it foar in grut part ek al wer kwyt, dat wol ik fêsthâlde. Dat wol ik net oer de kop helje litte troch in film.

Op myn reaksje nei Wieke "dat ik myn byld fêsthâlde wol"  en ik myn twiit  beslút mei #antyfilm krij ik de fraach:
Bist ek antyfilm as it net om in boekferfilming giet?

In goeie fraach.
It antwurd is ja.
De lêste kear dat ik in film yn de bioskoop sjoen ha wie yn 1976 doe't ik de Kanonnen fan Navarone seach.
Net útsjoen want de lea befoel mij.  en dan foaral myn eagen.
Dêrnei haw ik thús noch wolris in inkele kear in film sjoen. Dêr ûntkomme je net oan mei trije bern yn de hús dy't wol fan film hâlde.
Ik bin in lêzer en gjin filmsjogger
Ik bin in radioman en gjin tillvysjesjogger.
Ik  fyn it freeslik dat Puk en de Petteflet ferfilme is.
Ik sil net mei in pakesizzer nei dy film ta.
Nee, ik hoop dat ik it boek hiel faak foarlêze mei.
Oer mevrouw Helderder en sa........
Ik sjoch der no al nei út want it measte bin ik kwyt en ik wol it graach wer yn byld bringe.


zondag 18 mei 2014

Noflike sfear bij de Rock & Roll

Freed en sneon wiene de Rock & Roll dagen yn Frjuentsjer. It waar wurke tige goed mei en op sneontemiddei wie it dan ek in feest om dêr te wêzen.


Nostalyske apparaten en elpees fan the Platters

Ik haw neat mei auto's mar dit wie in pronkje om te sjen.

Moai dat it keatsfjild ek foar wat mear swingende saken brûkt wurdt as it keatsen

In prachtige rubberen of plastik flier soarget der foar dat it hillige fjild goed bliuwe sil

en foar de echte rock en roll dûnskes wie noch in houten flierke dellein

en dat allegear op de klanken fan the Rocking Navigators, ien fan de safolle bandsjes

en de bern koene harren heupen oefenje 

de Tinstars rockten en roolden

en dat diene se flak bij Godsacker

in tip fan TenT om de Vezpa net te missen wie net oan dôvemansearen rjochte. In prachtich optreden fan dizze hearlike band út Amsterdam mei allegear bekend rock en roll deuntsjes


Sa'n Rock & Roll feest is echt in feest foar jong en âld. Prachtich om te sjen hoe't in hiel soad âldsjes harren fernuveren oer de muzyk út harren jongere jierren. Hearlik om te sjen dat muzyk en moai waar foar in prachtige stimming soarget.

vrijdag 16 mei 2014

Sitskaal

Freed, frij, moai waar, lisfytse, in doel, Ljouwert, 

Mar foardat ik Ljouwert berik kom ik lâns de mânske tinte bij Hylaard.
It is maaie en dan is it High Night. Twa kear dit jier. It kin net op.

Wylst der wurke wurdt oan myn doel, dangelje ik de stêd efkes troch.  It is wer in goed momint om bij de boekwinkel fan de Afuk te sjen.  Neist boeken, kaarten en bernespultsjes hawwe se in hiel soad snypsnaren.

En hjir wie it allegear om te dwaan hjoed. In nije sadel foar myn lisfyts. Wij neame dit in sitskaal en bij Liever Ligfietsen, in spesjaalsaak yn lisfytsen kinne je soks krije en dwaan litte.

 Werom lâns de Boalsertertrekfeart tusken Húns en Leons. Prachtich dy hynders en dy skiep ! Altyd wer.
 De bermen binne no wer op syn moiast, it groeit en docht en in flagje op in lisfyts is hast nedich.

Thús wachtet Jelske. Wij passe fannemiddei op en se bliuwt ek wer in nachtje útfanhûs. Dat wurdt wer foarlêze út "Hoe't Harm hûn in boarter fûn"


donderdag 15 mei 2014

de Zwendelaar



In bijsûnder aardich boek oer it gedrach fan minsken mei in soad jild. En oer hoe't se net de mindere wêze wolle foar dy oare rike. Ik soe der graach mear oer fertelle wolle mar dat is net leuk foar de minsken dy't dit boek noch lêze wolle.
Normaal sprutsen kin ik maklik  in boek fanside lizze om letter wer fierder te gean. Bij dit boek wist ik fan gjin ophâlden, sa nijsgjirrich nei it ferrin. Hieltyd waard ik wer ferrast...
In tip.

dinsdag 13 mei 2014

Bermuda

Tongersdeis tusken 12 en 12.30 draai ik in pleinwacht op skoalle.
In bysûnder heal oere is dat altiten.
Fan de sifers en it belied nei de bern op it plein.
In heal oere omrinne en iepen stean foar de fragen.
"Meester, wij waren eerst bij de tafeltennistafel en nu gaan zij flauw doen"
Aksje: oerlizze mei beide groepkes. Falt net ta om elkoar útprate te litten. Sykje nei oerienstimming. Beide groepkes 10 minuten want de oare 10 minuten binne al om troch de diskúsje. Akkoard.

"Meester, die jongens lopen steeds door het voetbalveld en doen flauw"
Aksje: Ik kom sa, earst mar efkes op ôfstân waarnimme wa't it krekt binne en hoe't it krekt sit. Twa knapen dogge yndie irritant. Tasprekke en freegje wêrom. Gewoan omdat wij dat leuk fine. Dúdlik makke dat de fuotballers it net leuk fine en ik dus ek net. Noch ien kear op it fjild dan meie se harren binnen melde. It helpt krij gjin klachten mear.

"Meester, zijn de 10 minuten al om?"
Aksje: Mei noch twa minuten te gean dus op nei de earste groep en oanjaan dat it oer twa minuten dien is. Lichte protesten (no al) mar de wikseling ferrint soepel.

"Meester, de stuiterbal leit op it dak of oer it dak fan it fytsehok".
Aksje: twa jonges meie oer it stek en sykje. De oaren hjir bliuwe.

"Meester, Yvonne wil niet meer meedoen omdat se denkt dat wij gemeen doen"
Aksje: nei Yvonne mei de oare famkes, fielt har eftersteld, tinkt dat se wat útsletten wurdt. Triennen. Oare twa lizze út dat it net sa is. Misbegryp dus. Noch in kear besykje en der oer praten bliuwe. Sjoch se letter mei harren trije laitsjen.

"Meester, ken je de Bermuda." Trije jonge komme bij mij.
Aksje: ik graaf yn myn geheugen. De Bermuda?
"De Bermuda is bekind fan syn trije hoek, der ferdwûnen skippen op frjemde wize neffens mij. It leit yn de buert fan Súd Amearika"
"Oh, en hoe kwam dat dan dat die boten verdwenen"
"Dat wit ik net, ik tink dat net ien dat wit, dêrom is it ek sa mysterieus."
"Interessant" sizze de mantsjes en se boartsje wer fierder.

It sit mij net hielendal lekker dat ik wat ûnwis wie mei myn antwurd. Hoe siet it ek mar wer. Dus opsocht. Dat fan Súd Amearika klopt net hielendal want ik tocht súd Súd Amearika en it is noard Súd Amearika.
Wer wat leard.

Mar efkes ôfslute mei in einepikefelliet.




zondag 11 mei 2014

Wiete sneon


Der binne fan dy dagen dan sjogge je hast oankommen dat fytsen wol ris net folle wurde sil. Sneon wie it sa'n dei. Middeis nei it fuotbal en jûns bekomme fan it nei it fuotbal gean.
Bliuwt de moarn oer. De waarsferwachtingen binne min. Reinwetter sei Pyt en Buienradar foarseit ús ek reinwetter fanôf in oere as 10. En dochs wol ik in ein fytse.....
It is njoggen oere at de earste drippen op myn brilleglêzen te sjen binne en ik yn de buert fan de Bokkeleane bin.. Moaie nammen hawwe de strjitten yn Aldegea gemeente Fryske Marren.
Jellie moat wurkje yn Balk (in lytse ynwenner der bij dus) en it liket mij wol wat om fan dêrút nei hús te fytsen.
Earlik sein hie dat ek mei de wyn te krijen. wie der in lytse Dokkumer berne hie dit gjin opsje west op dizze dei.
Ik helje yn Balk moai betiid de fyts fan de auto en fyts fia de Bokkeleane nei de Ige Galamaleane. at de wolken begjinne te drippen.  Mar mei de wyn yn de rêch is it best te dwaan. Boppedat it is frijwillich.

Wat ek frijwillich is, alteast dat mei ik oannimme,  is it meidwaan oan it fiskwedstriid. Fan Warkum oan Tsjerkwert wurdt yn 5 klassen of 5 gebieten in angeltsje útlein. Hoewol it wurd angeltsje net goed keazen is foar it mânske ark wat der neist de fisker leit en stiet. Komplete ynstallaazjes mei angels sa grou as polsstokken en stuollen gelyk as bij de toksedokter. De grutte griene paraplu soarget der foar dat se droech bliuwe. Ik sjoch sels immen mei in soarte fan byldskerm foar him. Miskien dat dy in bewegingsmelder yn de kurk hat en sa op it skerm sjen kin at der wat beweecht. It sil in aardichheid wêze dat fiskjen.


Tusken Boalsert en Iens rint it Frysk ferzepaad. Bij de meastal lege kamping fan Burchwert stiet ûnder in beam , dy't flink rûgelt, in gedicht fan Meindert Bijlsma.

Kampeare
As ienfâldige wigwammers 
sis ik bij sommige kampings
alinne mar 
ugh

Moaier kinne je de sfearloze útstrieling dêr net beskriuwe


It is ek Fryske mûnedei. Dat  haw ik ûnderweis krekt heard troch in reportaazje op de Omrop (hearlik sa'n radio op de fyts) en dat sjoch ik bij de Krommesyl. De flaggen út en in draaiende mûne. Ik bin ûnderwilens dweiltrochwiet en fyts troch. Goed healwei alven al wer thús nei 43 kilometer.


vrijdag 9 mei 2014

Wurkfitaminen


Wat in hearlik muzykje en gesellich klipke. (mei tank oan de Arbeidsvitaminen fan @KlaasFriesland)

dinsdag 6 mei 2014

Noflik barren

5 maaie, it befrijiingsfestival yn Ljouwert. It wie in tige noflik barren dit jier mei lekkere muzyk.
It aardige fan dit fergees tagonkelik festival is dat ek jong de kâns krijt om ris wat yn de kunde te kommen mei de popmuzyk. Opmerklik folle bern op it Oldehoofsterkerkhof en dat die de sfear goed.

Fansels kamen dy bern ôf op harren eardere freedtejûn heldin Iris Kroes. Doe foaral bekend wurden mei har harp mar no mei band en frijwol sûnder harp mar mei in goeie stim op it grutte poadium ûnder de Aldehou.
It wie wat mij oangiet in noflik optreden.


Lekker waar op it plein en jong hie in ferheginkje nedich om it allegear goed sjen te kinnen


Yn de Prinsentûn wie it Liet festival. In goeie kar om it op dizze dei te dwaan, want seker mei it moaie waar is it noflik sitten rûn de fiver, mei op de eftergrûn de muzyk. Sa komt der aardich wat folk lâns, hoewol ik grutte twivel ha dat der in soad binne dy't it de 11 ferske folhâlde kinne.

De minsken op it poton, gelyk foar it podium wol, sij hiene gjin kar, want fanwege de opnames dy't makke waarden troch de Omrop waard harren dringend fersocht om sitten te bliuwen want oars kaam der te folle beweging op it poton en dus yn de opnames.  Bliid dat ik nei ien nûmer al fuortrinne koe : it lûd wie efteryn oan de sydkant net best en it geeamel bij de wikseling mei de artisten duorre mij ek te lang en boppedat woe ik Douwe Bob ek wol efkes sjen.  En dat wie in treflik optreden mei syn band. 
Nei it optreden fan Douwe Bob noch trije nûmers sjoen, helaas net fan de winner Bruno, mar dy hie gelokkich op Aaipop al heard.


It hichtepunt fan de jûn wie it prachtige optreden fan Diff. In lekkere gitaarband (5 stiks) mei in hearlike stim fan de sjonger. Dat se harren optreden ôfsluten mei de Broken Brass band wie best genôch want it swingde de panne út, mar helaas bin ik gjin leafhawwer fan safolle getoeter.
It optreden fan the Broken Braas dêrfoar haw ik dan ek berêstend oer mij hinne komme litten.

Al mei al, in noflike 5 maaie fiering. En op de fraach  dy't ik foar de kamera net beantwurdzje woe "wat 5 maaie foar mij betsjut" is it antwurd hiel simpel: de muzyk. 
Mar dat sille se wol leaver net heare wolle