dinsdag 30 januari 2018

Greidehert


Mear as in moanne lei it hoeske mei de dvd op tafel,
yn ôfwachting fan askje.....
Greidehert,
in registraasje fan de ôfskiedsfmanifestaasje
fan de gemeente Littenseradiel

"Je moatte der bij west ha".
tink ik al gau,
bij it sjen fan de bylden
en it hearren fan de muzyk en lieten

ik haw der net west,
it sprut mij net oan
en ik bin bliid mei dy kar....

de dvd
haw ik sa heal om heal útsjoen,
foar de earste en de lêste kear
it sil wol moai west ha dêr yn Winsum
it komt net oer op myn tv..
sa saai,
om in oere nei in in dea korpsbyld te sjen
en dy tryste muzyk
wêrfbij ik tajaan moat
dat ik net fan toetermuzyk hâld....

Fan de bylden fan de doarpen is te min te sjen
dêrfoar sil ik it boek noch in kear trochmoatte





zondag 28 januari 2018

De iepening

It wie prima regele
mei de bus reizgje
fanôf it WTC Fec terrein.
hinnereis hoechden wij mar in pear minuten te wachtsjen
sadat wij tsjin achten yn de binnnestêd wiene
en werom...... ?
koene wij sa ynstappe
foar de reis werom nei ús auto

wij gyngen dan ek moai op tiid werom,
nei it omdangeljen yn de binnenstêd fan Ljouwert

it wie ien "grutte" teloarstelling,
want wêr wiene al dy "previews"?
dy't  de tiid nei it momint
wat oangenamer meitsje koene....

Ferstoppe?
of bin ik se troch in besleine bril
allegear foarbij rûn?

Gjin muzyk op de pleinen,
mar stilte,
wachtsjende minsken....
Lange, lange rigen
foar ien sa'n ûnnoazel kofjetintsje
en dat op sa'n grut plein
mei dit waar...

It Oldehoofstertsjerkhôf,
gelokkich wie dêr Tresoar
en dêr wie it droech en waarm.....

Oer de iepeningssjo kin ik koart wêze,
it seach der geweldich út
mar 25 minuten,
alles fan it selde,
wie mij te lang
en dan dat freeslike liet fan Nynke Laverman
dêr't gjin gong yn sit

Doe't de klokken sloegen
rûnen wij al efter de Harmony
op wei nei it stasjon

De twa koppen bij it stasjon
makken in soad goed,
dy binne skitterjend
dêr hie ik better de hiele jûn nei sjen kinnen

en gelokkich
dy bliuwe,
dêr kin ik noch hiel faak nei sjen
en wer in goed sin krije

 wol in preview fan de 11 wegentocht.........

wachtsje op it Wilhelminaplein

Op it Aldehoofstertsjerkhôf haw ik wolris better muzyk heard

de jûn thús goed ôfslúte







vrijdag 26 januari 2018

In dûbele boaiem?

In fleske likeur
dêr kaam Jellie mei thüs.
Kocht yn in túnsintrum yn Wytmarsum:
likeur út Peinjum

Ik fielde it gelyk
doe't ik it foar it earst yn de kofje geat,
nei in middei klomjen bij it fuotbaljen

in gat yn de boaiem,
in flink gat,
sa fielde ik mei de fingers
in gat yn in flesse,
sûnder dat it lekt......



It fleske is gau leech
omdat it lekker is
omdat it de wintertiid is,
mar foaral ek
fanwege dy ferhege boaiem



woensdag 24 januari 2018

Twitterje


Twitter
in prachtich middel,
at it goed brûkt wurdt,
om te kommunisearjen

der binne programmaatsjes
dy't  it wittergedrach hielendal folge
en analisearje

dat programma stelde fêst dat ik sels
per dei
tusken de 3 en 4 twiits ferstjoer
en dat klopt......

dat programma seit ek
dat ik ynternasjonaal twitterje
troch ferskillende talen te brûken
dat klopt net......

it meast Nederlâns
wat Noarsk
wat Finsk
wat Deensk
wat Romeensk
wat Dútsk
en dat ik ek gebrûk meitsje
fan in ûnbekende taal

Ik kin jim sizze
ik twitterje altyd yn it Frysk
dat liket wierskynlik dus
op al dy talen
dy't ik krekt neamde



dinsdag 23 januari 2018

Kulturiele haadstêd yn Den Haach

Yn Den Haach is te heljen
wurdt der wol sein.
Oandacht freegje fan politisi
is in keunstke

De Kulturele Haadstêd 2018
Ljouwert en omjouwing
socht ferline wike de Twadde Keamer op

Mei in tinte op it terrein
koene de politisi it net misse.

Ek ús soan Tsjeard wie dêr
om oandacht te freegjen foar syn projekt,
de Elfwegentocht
dy't fan 1 oant 14 july holden wurdt
yn hiel Fryslân

en "syn" elektrysk autootsje
die it goed op it terrein fan de twadde keamer




maandag 22 januari 2018

Ernst & de Retros


In folle tsjerke
en dat ek noch wol op sneintemiddei,
mei Ajakkus - Feyenoord op tv.
In dûmny soe jaloersk wêze kinne
at hij snein yn Goaiingea de tsjerke ynstappe soe

Ernst Langhout
mei Sjirk Langhout en Bone Ydle
makken prachtige muzyk foar in stampfolle tserke

In bytsje fan omke Bob, omke Bruce en omke Neil
in bytsje fan Creedence en fan the Stones,
en in soad Iersk
mei in fleuchje rock
troch tadwaan fan Bone Ydle..

Trije ferskillende stimmen
dy't elkoar moai oanfulle,
moaie lieten
en in hearlike knoffelike presintaasje
mei humor

It hat wer goed foldien
Ernst Langhout en de Retro's






dinsdag 16 januari 2018

Grêfstiennen....


Dizze oprop kaam ik tsjin op de facebookside
fan Maikel Galama fan Warkum

Hij sit mei doazen fol sels makke foto's
fan alle hast alle grêfstinnen yn Fryslân
en dy moatte útsocht wurdt foar it úteinlike doel:
digitalisearing

Hoefolle foto's der krekt noch binne?
it binne mear as 100.000......

Ik fyn grêfstiennen ek  nijsgjirrige opjekten
dus socht ik kontakt mei Maikel
makke in ôfspraak,
en fytste ik juster mei in hurde wyn tsjin
nei Warkum
om te sjen wat it ynhaldt en
om al fêst de hannen út de mouwen te stekken

Tegearre hawwe wij hjoed mei lekkere muzyk op de eftergrûn
en wat sneupen in begjin makke mei it tsjerkhôf fan Wûns:
de Elgersma's dus, en de Politieken ek...
ja dy foaral

In hiele klus dit, mar mei help
moat dit yn in pear jier wol slachje

dus, neat te dwaan
en ek belangstelling foar soks
kom ris del yn Warkum

dêrneist hat hij in echte sneuperswinkel
dêr yn Warkum noard
mei in protte âlde boeken (oer Fryslân)
en hat hij noch folle mear elpees te keap....

Mear ynformaasje hjir

En werom op de fyts
doe't hast efkes droech wie
hie ik in hiele hurde wyn yn de rêch:
dan is Warkum- Wommels mar in eintsje




zondag 14 januari 2018

Feilich


Unbegryplik
leger lizzende fytspaden 
sûnder beskerming foar út de bocht fleanende auto's

Hearde no
dat men dat sels earst wol betocht hie
mar dat it fanwege it sicht net trochgien is.....



Op freed 12 jannewaris
binne der blokken pleatst
as tusken oplossing

Letter komme der fangrails......
gelokkich mar



zaterdag 13 januari 2018

In jûntsje Belgie

Foardat ik tongersdeitejûn Neushoorn binnenstapte 
die ik noch in slach oer de Wurdumerdyk en de Nijstêd..

Ik koe myn tinzen net los krije fan it lied fan Rients Gratama
wêryn hij sa moai besjomgt
hoe stil en saai it op in doarp wêze kin

"in kûgel troch it doarp jaaie kinne"
sjongt hij yn"jongfolk ha wille"

No hoecht er om mij net sketten te wurden
op sa'n tongersdeitejûn
mar de kâns dat se immen rekke hiene
hie net grut west...
man, man wat in rêst op de offisjele keapjûn

je stroffelje seker net oer de minsken
, at je stroffelje dat is it oer de roppende buorden
"Sale", "sale" raze de buorden
en ek alle oare kreten binne yn it Ingelsk

Yn Neushoorn wie it dizze jûn Belgysk.
Belsgysk bier tapje se dêr altiten al
en no ek twa band út dat lân


Lee Anderson , in hearlik fleurich, ôfwikseljend stikje muzyk

de Intergalaxis Lovers wie prachtich.... in prachtige presintaasje en sfearfolle ferskes
Nei ôf rin om presys 23.15
de lûdsman noch efkes in grut komplimint jûn:
it lûd wie al wer geweldich goed

Ek de orgranisaasje fertsjinnet
in grut komplimint

al wer om 23.15 dien
sadat de bus om 23.30 mei gemak helle wurde kin...



woensdag 10 januari 2018

Pisje



Ik sjoch kânsen nei dit berjocht
yn de krante
Bussjouffeurs dy't it pisjen sa wichtich meitsje
dat se it wurk der foar del lizze

It wurk efkes dellizze
efkes stopje om te pisjen,
wij wolle net oars
oft wij wer krekt op tiid de lêste bus helle ha
nei in jûntsje muzyk
yn Asteriks of Neushoorn

Gjin húske bij it stasjon
en dus ûntsteane der meast grutte
drukproblemen krekt bûten Ljouwert

ik stel foar
oft wij begjinne te sjongen
"Frysk bloed sjoch op
ik moat sa nedich pisje"

dat de sjouffeur ús probleem  erkend
en dat hij dan stoppet
bij halte Hilaard
sadat wij  yn de lijte fan de bus
of sa
efkes de geit fersette kinne

en mocht it sa wêze
dat net wij moatte mar hij
dat wij dat hielendal net slim fine.


dinsdag 9 januari 2018

De strik foar.....

Roan
 2 jier
de strik al foar

dat hat er net fan syn pake.....




maandag 8 januari 2018

Wike 1

De earste wike fan 2018 hat mij wer best foldien.
Hast 200 kilometer fytst  tusken rein en stoarm yn
en fierders allegear wer fermaak.....


Ik seach bij de Fifa2018 wedstriid bij SDS 

knipte alle dagen in foto fan in útbuorren 

Fia ynternet folchje ik (hast dei en nacht) de Volvo Ocean Sylrees

en ta beslüt lies ik in boek en makke ik út in oar boek 
in nije Spotify-spyllist 

Der wie in feessie want Jelske is 6 wurden.

 ik ferwûndere mij oer de oplossingen fan Dr Denker....

moarns makke ik ûnderweis in foto fan de soms opkommende sinne

ik hapte en snapte bij it SDS fuotbaltoernooi.

en ik wie bij in lêzing oer filosofy yn ús byblioteek.
húskeamerkonsert fan Martijn Kentie en Tjeerd Abma


en fierders.....

Oppaskoerkes mei Roan en Samme,
wat heale wedstriden Ingelsk fuotbal,
wat archyfwurksumheden
en de tradisjoniele
 nijjiersbuorrel mei famylje

vrijdag 5 januari 2018

Net alle Fryske doarpen fytstocht 2017



It fytsdoel foar 2017 wie
10.000 kilometers en...
troch alle Fryske doarpen fytse

It earste is slagge
it twadde net.
eilaas

noch 28
wêrfan ik twa net dwaan soe;
Flylân en Skiermuontseach,
dus noch 26

Ferkearde planning...
Gemaksucht..
Wiete hjerst...

It soe samar kinne
dat it in kombinaasje is fan dy trije

Yn 2018 sjoch ik nije kânsen
en dy reade stippen
dy pak ik hiel gau op

Dus ek yn 2018 gean ik foar hiel wat doarpen
wêr ûnder alle Fryske


dinsdag 2 januari 2018

De Omrop

Krekt foar de jierwikseling
makket Omrop Fryslân bekend
dat de sjoch- en harksifer goed binne

Dat sil wol, tocht ik gelyk wat erchtinkend,

Ik hoop dat se mij net meirekkene ha,
want ik sjoch nea (lit ik sizze selden)
en ik harkje sa no en in pear minuten

Dat hat gâns oars,
doe't al myn radio's op 92.2 stiene.

Wêr is it misgien freegje ik mij mar werris ôf?

Net om dy Fryske muzyk,
dy't hast net mear draaid wurdt
útsein wannear it 31 desimber is.
It steurt mij wol hiel bot
dat se dat beslút nommen ha,
mar it is net de reden

ik wurd de lêste jierren sa krigel
fan al dy ien-twaatsjes tusken de presintatoren.
Al dat betiden gnizerich gedoch tsjin elkoar
mei oankundigingen fan folgjende programma,
en oar âldwivepraat
freeslik....
Deskundigen kollega's oan de tafel
en dan opsichtige foarsetsjes jaan.
It is net mear echt....

Ik wurd betiden strontsiik
fan te lange reklameblokken
en te folle Pyt Paulusma.

Ik freegje mij oprjocht ôf
at ik no sa krytysk bin en allinne ôfheakke bin..

Nee dus,
Ik haw ferline wike bij in gelegenheid
mei tritigers en fjirtigers, frege
at se wolris nei Omrop Fryslân seagen of harken.
Nee...wie it stellige antwurd...

Ik haw it freed oan in groep op de man ôf frege:
"net mear", seine myn leeftydsgenoaten
"nea", seine de iets jongeren.

Wa harket dan noch wol
en wêr sit dan dy groei,
at in protte âlderen ôfheakke binne
en jongeren noch net oerkeakelje
fan Radio 2, Radio 538 of Sky radio
nei Omrop Fryslân

Óm jongeren der wol bij te lûken
wie der yn alle gefallen in programma
as dat fan Willem de Vries op freedtemiddei:
rommelich, spontaan en ferrassend
en yn tsjinst fan de livemuzyk

mar nee,
dêr sykje se it no yn plaatsjedraaie
en at iets mij beslúten docht in oare stjoerder op te sykjen
dan is dat it wol.

Moai dat men sa tefreden is
want ik seach in grutske reaksje
fan in meiwurkster fan de Omrop op twitter;
mar ik leau der hielendal neat fan

myn omjouwing befestigt myn gefoel:
it giet net goed



Kilometers 2017


It totaal fan 4 kilometertellers
en noch wat kilometers op oare fytsen
bringt it totaal yn 2017 op 10215 kilometer

it tiidrek fan de lisfyts liket hast foarbij
want mei totaal 2807 kilometer
ferdield oer twa lisfytsen hâldt net oer.

10215 kilometer yn it earste jier
dat ik net mear wurkje,
dus gjin wenwurkferkear Wommels Snits mear

ik haw wol myn bêst dien
om  de10.000 km wer te heljen
en dat is wer slagge,
lykas alle jierren fanôf 1999
mei útsûndering fan 2008

foar 2018 gean ik wer foar dyselde 10.000