vrijdag 30 oktober 2020

Jan

 



Ik sjoch it al foar mij.

Jan bij de himelpoarte.

"Hé Petrus, waar kan ik dy Mink Zijlstra fine,

Of sit dy hier niet of is út te fytsen"


Tsja, sa giet it yn it libben,

Jan is stoarn.

Ik lês ik yn de krante.

Jan wie in kollega op de Súdwester.

In bijsûndere kollega.

Je moasten him wat oanfiele 

en net it measte fan him ferwachtsje.

Dat koe Mink as de beste. 

Mink wie de baas op de Súdwester

en hij wist dat Jan net sa goed oer in baas koe.

Dat Jan it lestich hie mei gesach.

Dat Jan syn eigen rigels en gewoanten hie

dy't boppe alle oare rigels stiene.

Hij rûn yn syn griene legerpak bij skoalle om

en hie in oantal taken.

Dy taken die hij, mear net.

Hij die syn taken net at er brân wie yn Snits.

At de pieper gong, dêr't hij altyd mei omrûn

dan liet Jan syn wurk gewurde 

en fytste hij yn sân hasten nei de brân.

Grutte kâns dat je him dy dei net wer seagen.

Mink liet it gewurde want dat kaam Jan tegoede.

Boppedat wie Jan in boppetallige wurknimmer

dy't mei in protte subsydzje dêr oan de slach wie.

It wie in beste Jan, 

ik dronk moarns altyd earst in bakje mei him

en harke nei syn ferhalen. 

Ferhalen oer brân, oer Peter R de Vries en oer snelle speedboaten.

Jan syn praten wie better as syn lústerjen,

Mink mei pensjoen en Jan miste syn boei.

It gesach wûn en Jan moast fuort.

In inkele kear trof ik him yn Snits.

Dan harke ik nei syn ferhaal oer de boat,

hoe snel at dy wol net koe,

oer de nije reesfyts, hoe djoer at dy wie

en oer minsken dy't hij net lije mocht.

Rêst sêft Jan,

ik bin bliid dat ik dij kinnen haw.


donderdag 29 oktober 2020

Twitter

Twitter,

it is in wûnderbaarlike útfining.

In soad rotsoai, mar ek de dingen fan it gewoane libben.

.......en de dea.

Ik hâld fan twitter.

Fan dy twitterfolgers dy't twitterfreonen wurde.

Unbekende minsken, dy't je kennen leare troch de berjochten.

Berjochten oer leaf en lijen.

Nim no Nynke Sietsma. 

Ik lear har kinnen troch har kollums op Omrop Fryslân.

Se wenne yn Den Haach

en twittere oer harren libben dêr mei har freon.

NynkeSirene, altyd in miening, altyd in ferhaal: 

belutsen, grappich,  

Der komme bern, in famke en in jonkje.

en ik belibje it mei at se nei Tjerkwerd  ferhúzje

at se in kampertoer meitsje yn Italie mei de twa bern.

Ik belibje it mei at se ferhúzje nei Haarlem 

en ik krij it mei dat Berend siik wurdt.

Slim siik. Kanker. 3 jier âld.

Nynke nimt ús mei yn harren striid

tsjin kanker mei gemokuren, mei raketijsko's.

Wij leare team1130 kinnen. 

Sij fjochtsje yn it AMC foar it libben fan Berend.

Nynke twittert

oer fertwiveling, teloarstelling, de hoop, de wanhoop,

Boppedat fiel ik yn alle wurden dy't sij op twitter set.

de leafde foar harren soan, 

dy't se sa graach bij harren hâlde wolle

It is 28 oktober 

de twiit dy't je net skriuwe wolle

de twiit dy't ik net lêze wol.


It is ûnbegryplik, 

net te leauwen, 

it giet mij troch alles hinne.

Hoefolle sterkte kinne je harren tawinske? 


Jûns sjoch ik op twitter.

It meilibjen mei de heit en de mem en de sus fan  Berend is trending topic.





Der wurde treastfolle fideo's dield. Lykas  dizze







woensdag 28 oktober 2020

Grypprik

 It is foar it earst dat ik de brief fan dokter Meerkink bewarje.

De brief oer de gryppprik.

Ik haw earnstige twivel om dit jier wol in prik te heljen

op basis fan de ynhâld fan de brief

en wat ik der oer lêzen haw.

Wat tichter it bij 29 oktober komt,

wat mear ik twivelje:

Hat it echt wol sin, at je je sa fit fiele as ik.

Fitter sels as oare jierren.

Dan lês ik de krante op woansdei 28 oktober


en is myn twivel fuort.

Paul Blokhús, ús steatssikretaris docht in oprop:

Gjin prik at je sûn binne


En sa giet it mar troch,

ek dat útsje giet oer 

en kin ik út myn aginda skrasse.


maandag 26 oktober 2020

Trochtraapje

It is hjoed de dei fan "Doortrappen"

It doel is dat âlderen trochtraapje , 

ek al wurde se wat âlder.

Trochtraapje soe ik ek roppe wolle

tsjin al dy lju dy't tinke dat je winters net fytse kinne.

It is wat frisser, mar dêr kinne je wol wat oan dwaan,

mei wanten, dikkere jas, mûtse of helm.

Neat mis mei at je mei kâlde fuotten thúskomme

at je in oere of sa fytst hawwe.

Fannemoarn stienkâlde fuotten

nei in rûntsje op de lisfyts.

Fuotten omheech is net goed foar de trochstreaming fan bloed

en dus al gau kâlde fuottten.

Spotify en Strava binne myn freonen ûnderweis op it stjoer.

De iene rockt der lekker op los 

en de oare leit alles fêst oan kilometers, snelheid en routes.



Alles giet goed

at de batterij mar fol genôch is.

Hjoed net.

Tusken Nijlân en Boalsert hâldt er op

en fyts ik neffens Strava as in strieljaaier nei hûs.

Net oer de Ridderdyk nei Burchwert 

en ek net lâns de Boalserterfeart.

De bûsetillefoan is nedich, 

om Strava in echt ferfolch te jaan.

Trochtraapje dus, 

in goed idee



In mes

 



Wol faker as ien kear tink ik, 

wannear wie dat no krekt.

Sa as, 

wannear liet ik de autoped links lizze en fytse ik;

dat er rinfytsen wiene, lyk as no, dat leau ik net;

dat er fytsen wiene mei sydtsjiltsjes, it stiet mij net bij.

Sa as,

myn earste mes, wannear krige ik dat.

Want dat wit ik noch wol,

wij hiene froeger in mes yn de bûse,

ús bûsmes.

Der stiet mij gjin momint bij 

dat ik dat ek brûke koe bij rúzje.

In mes dat hiene je yn de bûse

om in punt op in stok te meitsjen,

om in spultsje "lân feroarje" te dwaan, 

troch it mes falle te litten yn fijandelik gebiet,

om in stjonksigaar út it reid te snijen,

en alle oare dingen dy't ik net mear wit

mar te meitsjen hiene mei boartsjen.

In mes,

ik hie in meske yn de bûse, 

doe't ik nei Liverpool soe 

want ik tocht dat is altyd maklik 

want der sit in flessewipper op

en dy wolle je graach bij de hân ha op in fuotbalreiske.

"piep, piep"sei it apparaat

en it meske ferdwûn yn de bak bij de douane 

en bleau efter yn Nederlân.

It mes anno 2020 is in stekwapen wurden

en wurdt no ferbean yn Zaanstad.

Ik fyn it prima.

se meie it oeral wol ferbiede

en dy boete fan 2500 euro dat moat helpe

om de messen thús te litten.


zaterdag 24 oktober 2020

Net efkes balje

 It fielt as nimme se no alles fan mij ôf. 

Gjin muzyk konserten, 

gjin amateurfuotbal

en no ek al wer gjin Efkes Balje op freedtejûn, 

wylst ik sels wol wit dat de tiid begjint te dringen:

dat it sels fuotbaljen skielk hielendal dien is.

Ik koesterje alle freedtejûnen dat it noch wol kin.

Juster mocht it net,

hoech ik ek gjin ferslach te skriuwen

mar doch dat al.

Sjoch hjir



zondag 18 oktober 2020

Harsensoppeppers

 

It wie dizze (foar)simmer allegear oars.

Wij krigen in yntellektuele lockdown foar de kiezzen

en moaste leare ús del te jaan mei oare dingen.

Minder der op út en dat wie net lestich

omdat er minder fermaak wie.

No sitte wij wer yn de "op slot sitewaasje", 

en wurdt it echt tiid dat wij yntellektueel hannelje

want dat is net dien, neffens ús Mark Rutte

dy't de kening tastimming jout it fleantúch te pakken

om in wolfertsjinne fakânsje te fieren mei frou en bern.

At alles wer foarbij is....dan.....

Ja, wat dan?

Falle wij dan werom yn ús âlde gewoanten, 

dogge wij ús bekende útstapkes wer

of hawwe wij wat nijs ûntdutsen

Wij hawwe "breinboosters" nedich

seit de psychology,

en it is no de tiid om dat te dwaan

Ik seach der 25 harsensoppeppers stean yn in blêd 

en dit binne 8 foarbylden.

It is noch net sa maklik

om hjir ien of in pear út te kiezen.

Der binne wol in pear dy't it net wurde.....

bij mij.



woensdag 14 oktober 2020

Wachtwurden

Wij sitte der allegear mij: wachtwurden.

Foar fan alles  op ynternet hawwe wij in wachtwurd nedich.

Gemaksucht is in minsk eigen

at it om wachtwurden giet, sa lês ik oeral.

Ik bin mij bewust dat ik soms ek wol wat maklik bin

dus doch ik de wachtwoorden check bij Google,

want Google wit fansels alles wat ik doch.

Ik skrik at ik it listje sjoch:

Ik bin fierstente maklik .......



Ik bin gelyk oan de slach gien.
want der wie net 1 mar der wiene 12 hackte wachtwurden.

Ik haw der al 11 oanpast
en moat noch ien.

Dêrneist 29 deselde wachtwurden
en 26 swakke wachtwurden.

Wat in klus,
op meardere reinige dagen.

en dit is it rissultaat oant no ta.












zondag 11 oktober 2020

Marco

 It doarp Wommels skrikt: 

ien fan "syn bern" is der net mear.

Ien, 

mar net samar ien.

Marco Kamstra.....

Altyd warber op redens, op skeelers, op de reesfyts,

altyd yn sân hasten op wei nei in prestaasje.

Sa kin ik Marco troch al dy jierren hinne.

Ik seach him bij it fuotbal 

as belangstellende of flaggende âlder bij syn fuotbaljende soan.

Ik kin him ek as frijwilliger bij it Greidhoekfestival en de triatlon.

Beide yn Wommels.

Sneon 12 septimber wie dy triatlon yn Wommels.


Fanôf 11 oere steane Marco en ik bij it stek,

fytsen kontroleare en fytsen bewake op it park fermé.

Tusken it "wurk" troch hawwe wij it oer it fytsen, 

fansels, foar ús beide wichtich.

Hij folge mij op facebook en hie it oer de reizen dy't wij makken.

Us fytsen fûn hij moai: 

ûntspannen en net rjochte op in prestaasje.

Dat die hij ek net mear sa bot:  dat prestearen.

Hij hoechde net mear te winnen.

Twa wiken letter seach ik Marco skeelerjen

tusken Wommels en Easterein.

Tryater hie in tou yn Wommels lizzen,

en ek oer oer it fytspaad.

Ik skreaun dit er oer:


Dat wie de lêste kear dat ik Marco seach....


Beste Marco...

rêst sêft

......alle sterkte foar de famylje dy't efterbliuwt....



Lêste konsert?

Wij  geane op stap en nimme mei:

de tillefoan mei koroana-app, de ov sjipkaart en it mûlkapke.

Op nei Grins, foar in konsert yn Vera.

De leafde foar de muzyk fan de Paceshifters

dy diele Tsjeard en ik.

Vera, dêr hawwe legendaryske bands west

en it is dêr meast folle bak.

No ek, twa kear sels

want de Paceshifters spylje om 19.30 en om 21.30 oere.

Folle bak, dat binne hjoeddedei 50 minsken.

Oars binne dat dêr 600.

"At jim wat drinke wolle,
helje it dan foar it konsert bij de bar"

seit de organisaasje, want om 21.30 giet de bar ticht.

Foar sommigen it startsein

om flink wat bier yn te slaan


Wij sitte moai foaroan, mei in beskieden oantal "drankjes"

(wij binne der foar de muzyk)

en hiene it mûlkapke doe't  at wij nei  ús plak giene 

Dat Paceshifters in geweldige band is

dat hiene wij yn 2017 ûntdutsen op it Greidhoekfestival.

It wie ek no wer sublym.

Fiif kertier rocke op syn best.

Wij wiene al fen 

mar binne no noch gruttere.

In geweldige jûn fuort mei Tsjeard.

At wij tsjin alven nei it stasjon rinne

is it ûnwurklik rêstich yn de stêd.

Alle oare horeka wie al om 22 oere ticht gien.




Oh ja: gjin koroamelding op myn tillefoan.....it seit neat , mar toch


donderdag 8 oktober 2020

1996

Ik lês in bijsûnder aardich E-boek oer Jan Rot.

De sjonger dy't graach in nûmer ien hit woe,

mar net fierder kommen is as in hiele goeie ferskeskriuwer.

Ik seach him dizze simmer yn Kûbaard yn de tún bij Pim en Petra.

Dat boekje wat ik no lês jout ynsjoch yn syn libben 

mar ek wat er yn de wrâld om him hinne barde.

Ik fyn dat in aardich idee om myn plakboek fan 1996 der bij te pakken.

Wat fyn ik oan nijsgjirrige saken 

  • yn 1996 fytste ik 6437 kilometer op in Gazelle Medeo
  • "wurkleaze leararen binne lestich te pleatsen"aldus wurdfierder Aant Hofstra fan SCOF
  • Fling wie yn de Kloosterkapel yn Sybrandahûs en wij wiene der bij
  • ik fuotballe yn de 35 plus fan SDS en skreaun de stikjes
  • wij kampearden in wykein op de Camping Kom -es An yn Hengelo
  • Wy gyngen mei de trein nei Maastricht en fytsten werom
  • Johan Okkinga, Sake Porte en Pieter Tienstra wûnen de PC
  • De Brulloft wie in prachtich oangripend muzykstik fan Reboelje
  • Balk 1 - SDS 1 einige yn 2-2 yn waard in fjildslach troch skiedsrjochter Dreves
  • Sint en swarte Pyt kamen ek wer lâns
  • Ik seach Elly en Rikkert live!
  • Yn Kûbaard is wer in hyndermarathon
  • Minnertsgea wint de Freulepartij
  • In dei Amsterdam mei de personielsferiening
  • De wynmoune fan Wommels en Iens wurdt op 14 septimber iepene
  • Ik sit wol gauris op it ministearje yn Voorburg (4 oeren reizgje. oerke fergaderje, in lunch, in oerke fergaderje en 4 oeren werom). Neat foar mij....
  • Bowle is in echt PV  útsje
  • Bowle is in echt buert útsje







vrijdag 2 oktober 2020

In tromke hjir en bekerke dêr

Alles feroaret, dat sjoch ik alle dagen om mij hinne.
Wij hiene dizze wike twa pakesizzers yn de basisskoalleleeftyd útfanhûs.
Yn dy 5 dagen learden wij wer in hiel soad.
Hoe't se dingen leare,
hoe't se dingen dogge
en wat harren belangstelling hat.
Sa mocht ik woansdei foarlêze oan Jelske fan 8.
Se pakte it boek, gie nei it ynhâldsopjefte
die de eagen ticht en "prikte" ien haadstik oan.
"Vogelspin"sei se
en dus siet ik tige nijsgjirrige ynformaasje foar te lêzen
oer de fûgelspin.
Ik lêsde dingen dy't ik net wist
en ek nea witten ha.

Ek sa bijsûnder binne de tromkes en bekers.
Dêr't wij yn de jierren 60
mei in appel  of in stikje koeke nei skoalle gongen,
gewoan yn de bûse,
sit ik no moarns foar beide bern
2 tromkes en 2 bekers klear te meitsjen.
Foar de lytse pauze it fruitbakje
foar de grutte pauze it bôlebakje
foar de lytse pauze de beker limonade
fpar de grutte pauze de beker molke.