zondag 29 november 2009

In boer

"Schapen moeten minder boeren" dat wie de kop dy't ik yn in krante en op ynternet seach. Ik toch gelyk oan it fersin. "Boeren moeten minder schapen", sil it wol wêze moatte. Op myn bekinde flugge wize fan lêzen is mij dúdlik wurden dat it berjocht klopt. Wittenskiplik ûndersyk (wat is der noch net ûndersocht)hat earst útwezen dat skiep in soad boere. Ik wist it net en hoech it ek net te witten. Ik tink ek net dat it de boer wat útmakket. Omdat je mei in wittenskiplik ûnderwsyk ek wat dwaan moatte, hawwe se no betocht dat de skiep minder boere moatte. Wêrom? ik wit it net en sij witte it ek net. Sil wol mei de CO2 of oare fersmoarging te meitsjen hawwe kinne. Of gewoan omdat sa'n wittenskipper dat fynt.
Mar beste wittenskipper, ik tink dat it wol wat mei falt. At je 500 skiep yn it lân stean hawwe en der is ien dy't it gers wat opbrekt en in flinke boer lit omdat der in ferfelende tiksel tuskensiet, dat is it logysk dat de 499 oare skiep ek in boer litte. Wat jo kinne it sprekwurd dochs wol: at der ien skiep oer de daam is, dan folge der mear. Dat jildt dus ek foar it boeren litten. Foar dizze iepenbiering wie gjin wittenskiplik ûndersyk nedich. Nee, gewoan goed om je hinne sjen at je troch it Fryske lân fytse.
Dream fierder beste wittenskipper.

vrijdag 27 november 2009

Ik wol net werom sjen

Novimber is de tiid fan de jiergearkomsten. Net myn hobby om dêr hinne te gean. Ek net in hobby fan in hiel soad oaren. De opkomst is meast om te janken. Foar de bestjoeren . Sij hawwe it hiele jier harren best dien, wolle dat graach sjen en heare litte en hawwe de lêste dagen lichtelik pine yn é búk hân want it bliuwt fansels altyd spannend. Op de jiergearkomst fan de buertferiening, fan de keatsferiening, fan doarpsbelang en fan de begraffenisferiening kom ik net. Al jierren net. Ik haw neat mei al dy jieroersichten, dy't foarlêzen wurde, mei al dy begruttings dy't klopje, mei deselde fragen as ferline jier of mei oare behearsmatige dingen.
Ik meitsje altyd ien útsûndering. De jiergearkomst fan SDS.
Omdat it dêr oars giet? Nee, dat seker net.
Ek dêr wurdt seurd oer statuten, wurde alle posten fan de jierrekken útlein, wurde ferdigjende antwurden jûn, wêrbij je it gefoel krije dat in fraach net op priis steld wurdt, ek dêr wurdt foaral weromsjoen. En dat werom sjen dat jout mij argewaasje, dêr krij ik gjin enersjy fan. Dat werom sjen moat net langer as 15 minuten duorje, it ofskie nimmen like lang, mar dan moat der foarútsjoen wurde.
Wêr moatte wij hinne mei de klup. Wat foar dilemma's sit it bestjoer mei.
Hoe sjogge wij dit en hoe dogge wij dat.
Yn dat tinkproses hawwe se de leden nedich. Op sa'n jûn dan moatte je meielkoar efkes it bestjoer wêze troch te diskusearen en fantasearen oer de problemen, of leaver de útdagingen.
Dan kinne je echt sizze dat de klup fan de leden is.
Fan acht oant tsjien haw ik mij grouwelich ferfeeld.
Mar gelokkich kaam der noch in toetje dat goed yn te nimmen wie. In presintaasje oer de útdagingen dy't der lizze wat de akkomodaasje fan SDS oangiet. De keuze dy't makke wurde moat, rekkening hâldend mei fan alles en noch wat.
En klik op it filmpke om te sjen wa''t dizze presintaasje die. Gjin lûd? Dat klopt, dat moatte jim sels mar nei sokke bijienkomsten gean.


Van sds-jiergearkomst

vrijdag 20 november 2009

Boargemaster

Tongersdei wie de politike kwis yn ús gemeente. Yn de oanrin hjir nei ta mochten de ploegen harren foarstelle. De measten hiene gjin lêste fan falske beskiedenheid. De moaiste útspraak wie fan Tjerk van der Pol. Hij sjocht him sels as boargemaster fan Littenseradiel yn 2020. Dêr kinne je om spytgnyskje, der kinne je om gnize, der kinne je om laitsje en miskien komme sommigen wol net mear bij fan de wille.
Mar ik net, ik nim dit serieus. Want ik haw al ris earder immen moete dy't sei dat hij boargemaster wurde woe en it no ek noch wurden is.
It sil earne yn 1996 west ha, doe't ik mei in kollega fan doe fan in gearkomst werom kaam en wij it hiene oer it libben en de ambysje. "Ik wol boargemaster wurde", sei hij sûnder in kaam te krijen. "Al is it mar fan Skiermuontseach".
Op syn fraach wat myn ambysje wie, moast ik it antwurd skuldich bliuwe: ik sjoch wol.
No sa'n 20 jier fierder bin ik twa banen en bazen fierder en ik haw it ek no wer goed nei de sin.
Mar Fred dy sette syn paad út. Earst riedslid, doe wethâlder en no boargemaster fan Frjentserteradiel. Per 1 desimber.
En nei Fred hat no ek Tjerk syn ambysje. Efkes tinke; Liemburg fan 1952, soe mei 65 ophâlde kinne, mar is as sosjaliste solidair mei de jongeren dy't ek sa lang trochwurkje moatte en sij giet troch oan 67 jier: 2019. En op dat momint is der wer in diskusje oer weryndieling en ek no wol sij ús wer behoedzje foar it grutte gemeente syndroom. En sa nimt sij yn 2020 ôfskie fan de lytste gemeente fan Nederlân en nimt Tjerk van der Pol it stokje oer.
En ik: ik haw no ek in doel steld. Ik wol in koart ferhaal skriuwe. Dat ferhaal wol ik ynstjoere foar de Rely Jorritsmapriis. En graach ûntfang ik dan de priis út hannen fan boargemaster T. van der Pol, mar ik mei him Tjerk neame. Ik haw noch wol efkes tiid, mar Tjerk sil takemjier fêst op in list fan in politike partij stean. Syn twdde stapke nei de politike kwis.

maandag 16 november 2009

Jim litte it raar sitte

Beste Wommelsers,

It fisyplan fan Wommels 2010-2020 is krekt lyn presintearre. At jim it goed lêze, dan komme jim ta de konkluuzje dat jim as Wommelsers wol aardich tefreden binne en dat de pylken foar de takomst rjochte wurde moatte op behâld fan de dingen dy't der al binne.
Nei in oantal muzykjûnen konkludear ik dat it behâld fan goeie dingen net jildt foar muzyk en teater, sis mar kultuer.
De Troanies, in aktive groep jongeren dy't rockjûnen organiseart, sjogge se jim te min, en dêrtroch binne der te min minsken dy't de kassa passeare. En rop net : ik wist it net. It hat oeral stien en oanplakt west.
Bij Tryater litte jim it ek hielendal ôfwitte. Soms wol in heal folle seal, mar foaral mei minsken fan bûten. It is no al sa fier dat Tryater dit seizoen net in nij stik nei Wommels bringt, mar it âlde Arendz spilet Arents bringt.
En doe wie dêr koartlyn Ted Roozendal dy't Marlene Dietrich spile. Jehannes Hibma krige triennen yn de eagen fan de opkomst en skreau dêr al oer hoe teloarstellend hij dat fûn.
En dan binne dêr de Sneinslûden: Ferline jier wie it jier fan prebearjen, mar no moat it der wol stean. Twa prachtige muzikale middeis/jûnen hawwe der no west en it oantal Wommelsers dat lâns komt, is op in pear hân fol te tellen. En at der te min Wommelsers binne, dan binne der ek te min minsken.
En dan doarre sommigen fan jim ek noch te roppen dat der neat te dwaan is yn Wommels.
Der is fan alles te dwaan yn Wommels, mar je moatte de doar der wol foar út.
At je op de fisyjûnen optekenje litte dat it aksint lizze moat op it behâld wat wij hjir hawwe, dan sille wij der sels ek wat oan dwaan moatte.
Dat betsjut op 'e tiid yn eigen doarp wat keapje en nei kulturele dingen gean, lykas it korps, de toanieljûnen en al dy muzykjûnen dy't der binne.
Of fiele jim no al te âld om út te gean?

De groetnis fan in âld man mei in jong hert en jong gefoel
Aant

vrijdag 13 november 2009

In brief

Dat minsken noch brieven skriuwe ferbaasd mij. Dizze wike kaam yn it nijs dat Anton Geesink in brief skreaun hat nei Maradona. Dizze eardere goeie fuotballer en hjoeddeiske net serieus te nimmen koach fan Argentinie hie wat rare kreten dien oer de parse. Geesink begrypte dat allegear hiel goed. Wij litte Geesink mar yn de waan dat Maradona de brief iepent, mar wij witte wol better. Anton Geesink hat wol wat mei brieven.

In goeie wike

Kom krekt bij de brievebus wei. In geweldich berjocht fan de Postkoade lotterij. Ja, ik doch mei, allinne fanwege de buorlju. Ik soe it net oansjen kinne dat de hiele buert de priis hat en ik net. Ik hannelje dus krekt sa't it betocht is, dêrom dogge der ek safolle minsken mei. 8731CV is net in gelokkige postkoade oant no ta. Noch net in priis wûn. Nee, ek gjin bakje iis, te heljen bij Murk de slachter. Mar no haw ik it lok oan myn side. Want der stiet yn de brief: "u bent geselecteerd door de centrale computer om kans te maken op 1 van de 500 studioplaatsen".
Neffens it skriuwen in deiarransjemint , mei in lunch en kâns om neist Linda de Mol te eingjen yn de finale. Der sit in "Uitrijkaart Parkeergarage" bij. Wat in bofkont bin ik. Allinne spitich dat ik nea oan geloksspultsjes en shows foar tv meidoch ek al kin ik in miljoen winne. Nee, dit wurdt neat. Helaas kin ik jim de kaart net oanbiede, hij is persoanlik. Foardat ik de brief yn de griene kontainer smyt lês ik him noch ien kear troch. Datum fan it feest: 11 desimber 2008. In flaterke sille wij mar sizze.
It oare gelok helle ik dizze wike bij Albert Heijn wei. In sparlampe, oanbean troch dy selde Postkoadelotterij. Neffens it omslach normaal 25 euro, mar nijsgjirriger wie de tekst: besparret op syn meast 425 euro yn 20 jier. Dat is pas in finansjeel foardiel. Ik haw him der gelyk yndraaid, oansetten en de skeakelaar fuorthelle. Want at ik 75 bin haw ik mar moai 425 euro fetsjinne.
Noch mear gelok dizze wike: gjin meksikaanse griep, mar twa kear it reinpak oanhân, de partij wûn op training en ik hoechde mar ien kear nei de doar bij sint marten.

vrijdag 6 november 2009

Rampen kome...kent skele ju

Doe't ik yn it ferline mei de bus nei Ljouwert reizge, riden wij bij de Boksumerdaam lâns. En dêr stie in elektrisiteitshokje mei dêrop de tekst: Rampen komen.....kent skele ju. 6 novimber gyngen der wer hiel wat sirens ôf. En tocht gelyk oan de krekt neamde tekst en skriuw it folgende stikje foar stjoerder.nl

Wat in ramp
Wommels, Freed 06 Novimber 2009, 16:32 oere
Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Dat is efkes skrikken freedtemoarn. De sirenes geane ôf. Yn hiel Fryslân. En it is net de earste fan de moanne ek net freed de tretjende. En foardat ien him ek mar ôffreget wat der is, geane alle remmen los.

Alle helptsjinsten wurden rjochting Dronryp delegeard. Ambu’s dy’t ûnderweis binne mei oare pasjinten wurde leechhelle, brânwachten dy’t dwaande binne mei oare brannen meie de boel de boel litte en bonnen útskriuwende plysjes meie echt oan de bak. De ANWB melt in file mei in heech blau swaailjocht gehalte rjochting Dronryp.

Boargemasters fan alle gemeenten wurde op harren lintsjeknipdei nei it gemeentehûs dirigeard om neffens it protokol “grutte rampen” lieding te jaan oan elkenien dy’t mar harkje wol. Sporthallen wurde ûntromme en elkenien moat binnen bliuwe en harkje nei de radio mei it needpakket bij de hân.

Omrop Fryslân, de kranten, stjoerder.nl en alles wat filmje en skriuwe kin fljocht nei Dronryp. Foar sa fier se it rampgebiet noch berikke kinne. Bij de Omrop setten se gelyk in oantal minsken efter de mikrofoan dy’t it Nederlâns wat machtich wiene. En ferslachjouwers Hayo B en Gerrit H wurde yn oarlochpakken hesen om ferslach te dwaan op de lokaasje mei gefaar foar eigen libben.

Balkenende wurdt belle, Obama krijt in sms-ke en de loftmacht stjoert 4 F-16 fleantugen de loft yn. Want it is ûnderwilens dúdlik. Der is in slang kapot gien en der is wat saltpetersoer lekt yn en bij de sûvelfabryk. Ferfelend at je it ynademje dus mûle en noas ticht, soe it adfys wêze kinne.

Op it selde stuit wurdt ek noch in waarsintrum ynrjochte mei Piet Paulusma oan it haad dy’t assisteard wurdt troch wyndeskundigen, wolkdeskundigen en atmosfeardeskundigen. Hiene wij hjoed te meitsjen, mei in súdweste-, in flap- of en hurde wyn. Waarkompjoeterdeskundigen wurde ynhierd om it paad fan de gifwolk te folgen.

En yn de studio fan Omrop Fryslân is it in kommen en gean fan oare deskundigen: in rampedeskundige, in sâltpetersoer deskundige, in gifwolkdeskundige en in slangdeskundige.

Psychiaters, psychologen, haptonomen en gebedsgenêzers stiene klear om help te bieden.

Nei in goed oere wurdt it sein master jûn. Omrop Fryslân besiket it noch in oere te rekken mar de helpferliners taaie ôf. Ambu’s sykje de earder út de auto smiten ferwûnen wer op, brânwachten geane wer nei in heabroeike en de boargemasters slaan harren sels op de boarst want dizze ramp hawwe se mar moai tsjingas bean.

En Cambuur siket noch kontakt mei de KNVB en mei Excelsior. Kin it jûn allegear wol trochgean? Is de feilichheid fan ús spilers en ús hûnstrouwe publyk fol garandearre. “Ja”, seit de KNVB. “Geen probleem”, sizze se bij Excelsior, “zo iets gebeurd hier dagelijks op de Maasvlakte, daar worden wij niet anders van.”

En jûn en moarn dan komme de fragen. Earst komme der allegear suggestive fragen fan de Omrop: wie dit net wat oerdreaun, werom net dit, werom net dat.

En dan komme der fragen fan ien fan de fraksjes yn de Steaten: wêr wie de kommisaris? En de fragen fan Atsma of de Rouwe yn de Twadde keamer sille fêst ek wol wer hout snije.

En ik? Ik bliuw ek mei in fraach sitten. Hoe is it dochs mooglik dat troch ien ferkearde druk op de knop der sa’n grut sirkus optúgd wurdt ?

Aant


Reklame

Lit mij no mar ris earlik wêze. De bledsiden fan adfertinsjes fan minsken dy't ferstoarn binne slaan ik nea oer. Ik ha sa wie sa wol wat mei nammen en boppedat je moatte dochs ek wat bij bliuwe. Nijsgjirrich yn adfertinsjes fyn ik ferwizings nei lieten. En dan net de psalmen of gesangen mar de moderne lieten. Lieten dy't wat sizze oer de persoan, oer de ferhâlding dy't men mei elkoar hie en soms oer it werom. Meast knip ik dy út en ik sjoch se sa no en dan troch. Blof, Tom Waits, Bruce Springsteen, Bob Marley, Van Morrison en Gerrit Breteler. Se hawwe allegear wat besongen wat immen rekket. Moai is dat.

Minder moai binne de reklame útingen yn deagean adfertinsjes. Dêr stoar ik mij allemachtich oan. Efkes reklame meitsje oer de dea hinne.
Sa as dizze. It mankeart der noch krekt oan dat men in hiele moaie kolleksje begraffenisklean hat. Spesjaal foar dizze gelegenheid.