dinsdag 19 februari 2019

It wie op in simmerjûn

Pier 21,
in stichting dy't teaterprojekten realisearret.
wie sneon yn Wommels
mei it stik "It wie op in simmerjûn"

Twa akteurs dy't fjouwer rollen spylje,
it is in keunst liket mij

In prachtich stik
oer âldwurde,
mei alle krupsjes
dy't dan op je paad komme

In stik mei in soad emoasje.
mei humor
en in stik
om noch efkes oer nei te tinken




zondag 17 februari 2019

Sitte

Ik bin net sa'n sitter bij de muzyk
dêrom stean ik mei nocht faak yn it Bolwerk
en siet ik noch nea yn it Teater yn Snits.

Oant freedtejûn,
it langstme om Woodstock the Story te sjen en te hearren
wie grutter as de argewaasje om te sitten bij de muzyk

Woodstock the Story as muzykspektakel
sa stie it op de affysjes.
En wier,
it waard mij dêr in spektakel, geweldich....

Frijwol in folle bak
mei foaral keal en griis fan boppen.

De stimming fleach ús al temjitte bij it binnenkommen
mei Scott Mc Kenzie syn San Francisco

De optredende artysten lieten harren ek gelyk al hearre,
doe't it folk noch bûten de seal stie te wachtsjen.

Noflik joech ik mij boppe del
yn de hoop dat ik goeie muzyk hearen soe en
dat de Woodstock sfearbylden
mij yn in goeie stimming bringe soene

It duorre net lang of it folk wie fergetten
dat se in sitplak hiene.
It waard ien grute meibeweech-,
meisjong-,
meisklap-
en  meijuichfeest

It wie in feest om dêr te sitten
en te sjen nei al dat âlde jongfolk
dat út harren dak gie bij û.o Janis Joplin, Tim Hardin en
foaral bij Joe Cocker en Creedence

In hearlike muzikale sjo
en dolentûsjast publyk
dat fan sitte neat witte woe.

Op ien nei
Ik wie foar it earst yn it teater bij in muzykkonsert
en hie mij ynsteld op sitte.

Want oeral mar meiklappe en meisjonge
dat hat noch nea myn ding west.

Ik haw yn stilte genoaten fan de band,
mar foaral ek fan it publyk dat hielendal los gie

Woodstock the Story
op 25 maaie noch yn Frjentjser te sjen.
in oanrieder....




donderdag 14 februari 2019

Doarferkeap


Wij hawwe in sticker op de doar mei de tekst
"Verkopers niet welkom"
dat wurket prima oant ferline wike.

"Ik haw de sticker wol sjoen
mar ik tocht, jim binne earder klant bij ús west
dus kom ik dochs efkes freegjen at jim werom wolle nei ús,
want ik haw in moai oanbieding"

Dat sei de man fan de enerzjy
dy't him dus neat oanluts fan ús sticker.

It like in aardige man
en de oanbieding sil ik ek wol wer top west ha,
mar wij hawwe gjin gas en elektrysk nedich fan harren.

De folgjende dei berjochte it AD
dat er hiel wat mis is mei de praatsjes fan Nuon
oan de doar

Nee, it briefke wat hij efter litte woe
leit al yn de kontener.

dinsdag 12 februari 2019

Hân foar de mûle wei

De hân foar de mûle dat diene je earder
at je hoastje moasten
of at je skrokken
of at je it laitsen net wêze woene
of at je gappen
of at je skrokken fan je eigen (rare) wurden


De hân foar de mûle
dat sjoch ik hjoeddedei iets te faak.

Fuotballers hawwe der in handtsje fan
om at se tsjin elkoar prate
dat efter de hân te dwaan,
wylst wij earder oantrúnd waarden
om de hân foar de mûle wei te dwaan
at je wat sizze woene

Trainers dy kinne der ek wat mei
yn de eangst dat de tsjinstanners
fia liplêzers efter it taktysk konsept komme
bij in wiksel

"Han foar de mûle wei"

ik hear se it noch sizzen thús

zondag 10 februari 2019

Led Zeppelin



It begjin wie der yn 1968
de ein yn 1980,
doe't harren Drummer ferstoar.
Led Zeppelin, in band fan myn "muzyk"jierren.

Se sille net wer optrede foar in grut publyk,
dêrom moatte wij it dwaan mei tributebands.

Physical Graffiti is sa'n band
en sij wiene freed yn it Bolwerk

Ik seach se yn 2013 yn Romein,
yn 2015 ek yn Romein
en yn 2016 yn Neushoorn



It wie wer geweldich
yn it Bolwerk.
Gesellich fol en allegear leafhawwers
dy't harken nei Album 1`en album II
en nei noch wat hits op lettere albums





vrijdag 8 februari 2019

Dy ferrekte hurde wyn

In elektryske fyts
dêr tink ik wolris oan
at it hiel hurd waait en ik haw yn de wyn.
Sa as tongersdei 7 febrewaris
doe't wynfleagen fan 8 it waar bepaalden

dan fyts ik krekt fan hûs
mei earst de wyn tsjin,
myn winterrûntsje fan 20 km
en dan tink nei 2 kilometer
wat doch ik hjir en wêrom sil ik it mij net nofliker meitsje
mei in elektryske fyts?

en dan bin ik in kilometer as 5 ûnderweis
en sit yn myn ritme
fan amper 13 kilometer per oere
en tink ik oan de moaie kilometers dy't aansens komme
en oan it lânskip dat ik dan wol sjoch

Ik traapje troch
helje sels wat skoalbern yn,
dy't noch gjin E-fyts hawwe.

en dan is dêr de sydwyn
en dan is dêr de wyn yn de rêch
en sjoch ik oan my hinne
en tink ik net mear oan oan sa'n
"fersmoargjende"E fyts




donderdag 7 februari 2019

Rentenier


It wurd rentenier kom ik sa no en dan tsjin
op de akten fan ferstjerren fan Tresoar,
dy't ik oan it ferwurkjen bin.

Rentenier,
it wurd dat it berop oanjout.

In frjemd wurd
 want wat is in rentenier no feitlik?
Myn byld fan earder is immen
dy't nei de letterlike sin fan it wurd libbet fan de rinte
dy't hij fangt op syn kapitaal.

It wurd soe yn dizze tiid net mear bestean dus.....

Rentenier hat in negatieve klank
at ik sa wat omsneup op ynternet.
Immen dyt't stjonkend ryk is,
en al hiel betiid net mear hoecht te wurkjen
en him rentenier neamd
wurdt sjoen as in rike stjonkert dy't net wurket

Tegeltsjewiisdei is der ek

Mij pa is rentenier en ik werk bij hem




dinsdag 5 februari 2019

Snein of moandei

In diskúsje fan alle tiden,
is de fraach
wannear begjint de wike
(yn in agenda)

Bij Jellie op snein,
bij mij op moandei,
wij rêde ús der wol mei.

Yn 1988 skreau Nico Scheepmaker stikjes yn de LC.
Ien fan syn ûnderwerpoen wie ek
de agenda en de earste dei fan de wike

Grappich om dat no werom te lêzen...





zaterdag 2 februari 2019

Wêr bliuwt de tiid?

1989
30 jier lyn al wer...



Mei in 30 jier jongere Freark Smink

The Nits bestean noch Ate is der net mear

It earste Fifa WK sealtoernoai yn Ljouwert en wij wiene der bij. Gjin idee at soks noch bestier

Dat moat in feest west ha yn it Dielshûs




vrijdag 1 februari 2019

Nammen

Siet wer wat te sneupen op AlleFriezen.nl.
Mei in stambeam binne je nea klear
en sa kom ik út yn 1777
at Dieuke berne wurdt yn Wjelryp,
ien fan myn oeroeroer beppes

Nijsgjirrich feit is de namme
dy't hieltyd feroaret

1777 Dieuke bij berte
1791 Duuwke Wiepkes at se wees wurdt
1797 Djuwke Wijpkes at se trout
1797 Djiuwke Wypkes at se mem wurdt
1802 Dieuwke Wypkes at se wer mem wurdt
1819 Dieuke Wypkes at ien fan har bern trout
1828 Dieuwke Wypkes at har oare bern trout

Omdat Napoleon tuskentroch ek noch wol
dat er in efternamme komt
wurdt it ek noch
Dieuwke Wypkes Waardenburg
dy't dus trout wie mei Lammert Dircx
en dy sette der Hofstra efter
op fersyk fan Napoleon

Persoanlik fyn ik 1791 de moaiste namme:
Duuwke