woensdag 30 juni 2021

Chiel

 Michiel Hiemstra stoarn, 

in karakteristike doarpsgenoat 

en in man fan myn  generaasje

De KV Wommels frege mij

om wat te skriuwen 

as oantinken oan Chiel, 

want sa neamde is him

Sjoch hjir


Fytse, farre, fytse, busse, fytse

 Moandei

op de fyts nei Starum

dat binne 37 kilometers

foar de wyn.


Wachtsje op de boat 

bij it keunstwurk

Farre, 

sa'n 25 kilometer nei Enkhuzen, 


18 km per oere

op in rêstich mar, 

mei mar 8 fytsen oan boat 

en 9 minsken


lâns in tagongspoarte yn Inkhuzen


lâns de fjoertoer op wei nei Andyk


de roze buorden folge nei de bus

dy't it fytspaad ferfangt

want dat is jierren ticht op de Ofslútdyk


Mei 3 fytsen yn de bus 

nei Koarnwertersân


Noch 22 kilometer nei hûs

yn de wyn, 

dat dan wol wer


In moaie tocht fan 106 kilometer



dinsdag 29 juni 2021

Humor yn de tsjerke

 Marten de Boer fan Easterein 

hat earder ek alris in boekje skreaun oer de tsjerke:

Dûmny jo ha my wol ris mear ferfeeld'.

Der sil noch wol mear boekjes mei humor wêze

oer dûmny's en tsjerken.

Ik kaam dit stikje tsjin yn de krante:




zondag 27 juni 2021

Hichtepunten

 



Trije hichtepunten, der gongen wij sneon foar.
Letterlike hichtepunten wol te ferstean.
Wij moasten der wol 92 kilometer foar fytse.

1. It brechje fan Bartlehiem



Foar sommigen minsken in symboal.
Foar mij net. 
In hinderlike hindernis
omdat je der net bij op fytse kinne
In rinbrêchje op fytspaden
ik haw der in hekel oan.
"Je moet er twee keer langs"
je moet er twee keer langs"
seit in entûsjaste Hollanner
at wij der oerhinne rinne.
Ik sjoch him oan en ûnnoazel "oh ja"?
"Ja, je moet er twee keer langs"
Ik haw "gjin idee" wêr't hij it oer hat

Wij fytse fierder

2. de terp fan Hegebeintum



De heechste terp fan Fryslân 
en dat mei elkenien witte.
In nij besikerssintrum moat dizze attraksje helpe
ta in symboal út eardere tiden te wurden.
It is in moaie klim
en it hat wol wat dêr op de fierders keale flakte

3. De seedyk bij Swarte Hoanne




Bij Swarte Hoanne stiet de slykwurker
In symboal fan de Bildtkers
dy't oan it ynpolderjen west hawwe.
De striid tsjin de see en tsjin de blubber


92 kilometer fytst, wêrfan 200 meter mei de boat.
Bij Keimpetille stutsen wij it van Harinxmakanaal oer
en fytse fia in net bewaakte oergong it spoar oer nei Wjelsryp





donderdag 24 juni 2021

Kokosnuten


Wat in moaie moarn.

Ik fytste troch Spannum

en betocht mij 

dat dêr noch immen is dy't myn heit goed kind hat.

Dy tip hie ik in moanne lyn krigen.

Frou B. is 95 jier, 

ik wist wêr't se wenne

en sij wie yn de tún yn de slach mei ûnkrûd.

Ik ferteld wa't ik wie

en sij noege mij entûsjast út mei de wurden

ik haw ek noch wat yn'e hûs fan jim heit.

Ik wie benijd.

Oan de kofje en oan de praat.

Prachtich, op dy leeftyd noch safolle witte

en sa bij de tiid.

Sjoch sei se

dit hawwe wij krigen fan dyn heit

doe't hij út Yndie kaam (1949)

en doe't wij trouden....

Har man (A.) wie de ienige dy't dy twa jier 

dat heit yn Yndie siet,  faak skreaun hie

oer hoe't it yn Spannum wie en sa.....

Twa útsnijde kokusnúten

dy't je foar de smokerij brûke koene.

Frou Beukens hat it no 70 jier yn besit

Prachtich dat sa'n kadootsje 

mei sa'n ferhaal bewarre is




Keunstkuier

 Yn Penjum is oan't 3 july de keunstkuier.

In noflik eintsje rinne flakbij en yn it doarp

bij in 30 tal keunstwurken lâns.

En in slach troch in doarp

mei syn karakteristike dingen
















maandag 21 juni 2021

Kninen

 


In moai gesicht dêr oan de Slachtedyk tusken Kûbaard en Lollum,

in kninenheuvel

zondag 20 juni 2021

Pankoekite

 


Doe't ik sa'n jonkje wie, sa âld as dizze trije,

ieten wij ek wolris pannekoeken thús.

Dat wie dan op tiisdei.

Nea op in oare dei.

Us mem hold fan fêste skemas

De iene tiisdei echte brúne beannen, 

mei in klûntsje Blaue Bân, spekjes en smots,

de oare tiisdei pankoeken mei sjerp of sûker.

Net beide, it wie of sjerp of sûker.

Wij dogge it no at wij de jonges ferrasse wolle.

Hearlike ferhalen tsjinelkoar, dy heare wij dan.

Sa seit de iene, dat sûker net goed is

wylst hij de sjerpflesse hast op de kop hâldt.

Se kinne it hiel goed meielkoar fine

en lústerje goed nei elkoar.

It wie in hearlik pankoekfeessie

en dat op sneon,

Oh ja, it wie net kâld yn de hús hear.....

zaterdag 19 juni 2021

Biljerte

 


Ik bin yn de bieb, 

en dêr leit de gids fan ús fierstentegrutte gemeente.

Nijsgjirrich as altyd, nim ik ien mei

In gids, ik bledderje him troch 

en konstatearje dat de adfertinsjes hast eachje as redaksjoniel nijs.

In gemeentegids, foar wa is dy en wat stiet der yn?

freegje ik mij ôf at ik in poging doch om der wat wizer fan te wurden.

It is mij net slagge.

Wat in bealch fol wurk foar.....

Ja, foar wa soe dit no wêze?

It is in brij oan adressen fan ferienings.

Ik wit net at se bij ús fierstentegrutte gemeente ek witte

dat er ynternet is.

Dat je dêr altyd aktueel binne en mei sa'n gids net.

Weismiten jild neam ik it....

Ik bledderje oan de ein ta

(ja, ik bin in trochsetter)

en stuitsje op de biljertferienings yn de gemeente

Mar leafst yn 40 plakken is in biljertferiening

en yn sommigen sels mear.

Toppenhuzen spant de kroan,

dêr hawwe se 7 biljertferienings mei dizze biljertnammen:

  • Krekt oer it lekken
  • de Trochsjitters
  • Dwers troch it lekken
  • Fan kyt ôf út
  • Oer de Bân  út
  • Oer de Raede
  • Wat dacht je wat
Yn oare doarpen hawwe wij ûnder oaren dizze:
  • Arum - Een voor Een
  • Burchwert- De Twastriid
  • Eksmoarra - 't Keutje
  • Eksmoarra - de Stootsters
  • Gastmar - Nea tocht
  • Hartwert - Nocht en wille
  • Heech - de Kromme Keu
  • Heech - Frjemde ballen
  • Himmelum - de Kromme Keu
  • Hichtum - de Wille Stjitters
  • de Hommerts: fan los út
  • de Hommerts: mei trije oer trije
  • it Heidenskip: it Krytsje
  • Kûbaard: de Fleanende Bal
  • Nijlân: Op it griene lekken
  • Wâldsein: de Poedelaar
  • Ysbrechtum: Brike Pjukkers
  • Zurich: de Pompers

Dat mei neat út dizze gids fermannichfâldige wurde mei,

dan wol iepenbier makke wurde,

sûnder tastimming fan de útjouwer út Den Helder

dat is wol hiel raar.......

Dêr lûk ik mij neat fan oan.


vrijdag 18 juni 2021

It lange gêrs

 

Moaie blomrike bermen dêr hâld ik fan.

Dêr is de lêste 5 jier aardich wat yn feroare.

Ik sjoch ek dat der no mei belied meand wurdt.

Earst in strookje lâns de dyk en de rest stean litte.

Dat strookje gie der ôf doe't it gers noch net lang wie.

No is alles lang.

Te lang.

Der binne bochten mei te min oersicht foar fytsers en auto's

It wurdt no gefaarlik.

No't de lannen oeral keal binne 

kin it bermmeanen begjinne.

Want dat is hurd nedich

It binnenpaad bij Skrok en it binnepaad nei Lytsewierrum

mei wol lang bliuwe.

De stikels der wat weihelje bij de brechjes

is goed genôch

bij Lytsewierrum


Skrok

woensdag 16 juni 2021

Húskes

 Wij fytsten ferline wike in rûntsje Nederlân.

It wie moai waar en it hoechde om ús net waarmer.

Fytse lâns de Hanzeroute, 

de Midden Nederlân route,

de Maas Route

en fierders sa't it ús útkaam.

It oernachtsjen hiene wij fierders net regele

dus hoopten wij dat de Freoenen op de Fyts

wer iepen stiene foar gasten.

It wie drok mei fytsers en rinners

dus al te krytysk sjen nei in oernachtingsplakje wie der net bij.

Wat dizze kear opfoel wiene de 'huskes".

As earste sliepten wij yn dizze prachtige blokhut 

yn in romme tún bij aardige minsken


en it húske wie neist de doar




As tredde ferbliuw ûntdekten wij "erbarmelike" omstannnichheden binne
at wij de berjochten lêze oer gastarbeiders.

In stikje fan de loads wie "omtoavere" ta in ferbliuw foar twa minsken.
Twa bêden in heal oanrjocht en in jierren 50 lampe.
Fierders koene je de kont dêr net keare.

 
Dat "de kont net keare kinne" net allinne figuerlik mar ek letterlik sa wie
jout dizze foto oan.
De kast wie it húske.......

It wie fierders in aaardige gastfrou,
it moarnsiten wie goed
en wij hawwe ek goed sliept

Yn dit "appartemint" hong ek noch in tapaslike siswize



maandag 14 juni 2021

It listje fan 10

 

 
De muzyk wie geweldich sneontejûn.

Stevie Ray Vaughan undercover, 

spile lekkere blûs yn it Bolwerk yn Snits.

Wat in gelok dat live muzyk wer kin.

Gelok?

Wat is gelok feitlik?

Dat ik sneon as alderlêste nei binnen mocht 

wylst de band al in kertier spile?

Dat bij de graasje fan ús leave hearen fan it Bolwerk 

de doar ek foar mij iepen gong?

Wat is gelok?

Ik hie dus in kaart, as ien fan de earsten kocht.

Yn desimber 2020.

It optreden fan jannewaris wie útsteld, fan febrewaris ek, fan april ek

mar no koe it wurde.

Tefolle kaarten ferkocht troch alle oanpassingen

Systemen dy't net goed wurkje

en dus mochten der 10 man net yn

wie de boadskip oan de doar.

Ik stie op it listje fan 10.

Wij moasten wachtsje

oant it wis wie dat de lêsten net kamen.

In frjemde rigel. Net te akseptearjen.

Doe't ik dan as lêste fan de 10 nei binnenmocht

wie myn adrenaline al heech.

Net fan de wille om de muzyk

mar fan lilkens.

Ik haw hjoed in pittich briefke nei de direksje stjoerd.



zaterdag 12 juni 2021

Rûntsje


 400 kilometer yn 5 dagen

dy brochten ús yn Brummen. 

Maren Kessel, 

Nieuwland 

en Lunteren

Hearlik fytst.....

maandag 7 juni 2021

Moai waar

 


It liket in wike droech te bliuwen

it liket in wike in aardige temperatuer te wêzen

om te fytsen, dus

binne wij op fytsfakânsje

Rjochts op twitter sa no en en dan in foto

fan ûnderweis

vrijdag 4 juni 2021

Dedzjum





Myn mem is berne yn it selde hûs as har mem.

Sa giet it soms. 

At in jonge frou bij in heareboer wurke,

wij hawwe it oer de jierren 20 fan de foarige iuw,

dan barde der wolris wat. 

"De boeren hiene neat te dwaan, 

want foar it wurk hiene se arbeiders, tsjinstfammen en de frou.

Boerefammen waarden wolris it slachtoffer

en sa ek myn beppe.

Dus gie beppe Dutsje foar de befalling in oantal wiken nei har âlders

en gie dêrnei werom nei de boer.

Beppe wurke yn Hartwert, rekke dêr swier

en befoel fan myn mem yn Dedzjum wêr't har âlders wennen.

Wij seagen hjoed efkes yn Dedzjum 

en kamen oer de flier bij de iene famylje Poelstra en de oare famylje Poelstra

Sa hearden wij noch wol wat, hoewol it ek foar harren tiid wie.


it hûs mei it hege dak is it hûs wêrt beppe fan mem befallen is


fanôf te efterkant mei no sinnepanielen der op

Sa seach it der froeger dus út op dat streekje yn Dedzjum



Ik bin net neamd nei de pake (want dy wie der net), mar nei de oerpake


woensdag 2 juni 2021

Strava yn maaie

 


Mei in dikke 1000 kilometer yn maaie

sjocht de "heatmap" fan Strava 2021 der sa út.

De kearn leit yn de Greidhoeke

mei sa no en dan in ritsje om utens

dinsdag 1 juni 2021

Op it pakjedrager

Der wie in tiid 

dat ik wolris mei in kratsje bier efterop fytste.

Dat wie de tiid dat ik bij de Spar wurke.

In kratsje Classe Royal (goedkeap bier) of Heineken 

moast dan efkes te plak brocht wurde bij in klant.

It krat mei ien hân beet hâlde 

en mei de oare hân it stjoer.

It is altyd goed gien.

Ik wie in jier as 16.

Moandeitejûn trainde ik foar it lêst.

Foar SDS JO 17-2 sit it frjemde seizoen der ek op

Dizze jonges binne in jier as 16.

Dat sij mei kratsjes bier omfytse dêr leau ik net yn.

Hjoeddedei binne je dêr te jong foar.

As blyk fan wurdearring krige ik foar de lêste training in kratsje.

In kratsje mei 24 soarten bier.

It fan Easterein nei Wommels meinimme op de fyts

mocht neffens ien fan harren gjin probleem wêze.

"Us heit wit datst it froeger koest en soks ferleare je net"

Myn gelok ?





Nije fluchbiners op de fyts.

Sa strak at it mar kin, stiet er fêst.

It rattele wat op de klinkers yn Easterein en Wommels

mar fierders wie in tankber ritsje

Tige tank jonges foar it prachtige seizoen

en "it efter op de fyts kratsje"