zondag 30 juni 2013

Murns



Om wat in sitflak te krijen op in bukfyts, om de fytsbroek út te prebearjen en om hurde wyn te trotsearjen haw ik sneontemoarn bij in fûle noardwestenwyn Warns- Wommels fytst. Yn Warns miende ik noch lâns de kust te gean, mar op it lêste momint betocht ik mij. Troch Gaasterlân  wie miskien wol sa aardich. In goeie kar, want nei in kilometer as 5 kaam ik bij Murns lâns. Yn Murns stiet in klokkestoel mei tsjerkhôf en dêr kin ik net samar oan foarbij gean. Efkes de rêst priuwe op it tsjerkhôf, in slach om de grêven hinne en wat foto's meitsje fan ek no wer in bysûndere klokkestoel.












donderdag 27 juni 2013

Piter

Troch de jierren hinne binne der al hiel wat knuffelaksjes holden. Se geane yn frachtweinen fol nei it bûtenlân, se wurdt as treast bij in plak fan ûnheil dellein en koartlyn wie de yngongspriis bij in konsert fan Asteriks in knuffel.
Wij binne ek al moai wat knuffels kwyt. Ik soe hast sizze wolle de sterken bliuwe oer, mar dat is net sa.  Bij ús is Piter oerbleaun. At dy sterk is wit ik net mar it is gewoan in prachtige knuffel dy't al dik oer de 30 is tink ik sa.
Hij hat gjin lebel fan "makke yn Taiwan of Sjina" oan de kont of de kraach hingjen. Gjin idee wêr't hy wei komt, hoe wij der oankaam binne.
Piter hat lang op souder lein. Wol yn sicht  mar toch ......op souder.
Doe't ús pake- en beppesizzer Jelske bij ús útfanhûs kaam hawwe wij him op de trepleuning hongen.
"Hoi Piter", sizze wij at wij nei boppen gean mei Jelske. Earst fûn se mar neat mar it is no har grutte freon. Pake en beppe hawwe der in flinke konkurrint bij.
Piter libbet net allinne at Jelske der is. It is sels al sa fier dat ik ek sûnder Jelske  "dag Piter" sis at ik bij him lâns rin.

Yn de tiid dat it opkaam dat je fan in foto in puzzel meitsje litte koene, hawwe wij dat ek dien. Piter foar ivich fêstlein. Dy 12 stikken sieten yn in segaredoaske wat ek op souder lei.

Us Piter mei syn Piter

dinsdag 25 juni 2013

Fatsoenlike klup

Tal fan jierren krige de fuotbalklup sc Hearrenfean in protte komplimenten, omdat it sa'n fatsoenlike klup wie mei fatsoenlike supporters.
Wat dat krekt betsjut "fatsoenlike" supporters dat wit ik net echt. Ik tink dat it mear te meitsjen hat mei de goeie perioade dy't de klup trochmakke hat. It gie geweldich, it waard hieltyd better en it like efkes hast in topklup te wurden. Der wiene attraktive spilers, spitsen dy't altyd skoarden. Tefreden publyk en och wêrom sille je dan net fatsoenlik dwaan.
Dat is no oars. It giet al jierren wat minder, it spul is al jierren net geweldich mear en dan komt ûnfatsoenlik wurde hieltyd tichter bij.
It kin ek wêze dat de noarmen ferskood binne no't twitter en feesboek de toan fan de muzyk bepale.
Tank oan de minskehater Johan Derksen is der neat fatsoenliks mear oerbleaun bij de supporters. Hij sette in byld del fan de foarsitter yn gearwurking mei syn maat van der Velde en doe't dy foarsitter wat tsjingas joech mei syn skriuwer van Keimpema doe wiene de rapen gear (dy kreet stamt út bettere tiden).
It tafal wol dat in oantal minsken dy't ik folch op twitterta dy fatsoenlike supporters heare. It binne noch altiten fatsoenlike minsken mei ik hoopje.
De foarsitter is fuort, mar it is net genôch. De fatsoenlike supporters sette harren twitteroanfal no ek yn op oaren dy't dêr wurkje, sadat it paad wer skjin is foar de grutte rêder Riemer.
En dan kin  "huilebalk" Maarten de Jong ek mar werom, want dy wol fansels syn baantsje werom ha.
Ik wit net hoe fatsoenlik dy supporters aansens noch binne at it rapport net hielendal nei harren sin is.
Supporterje is moai, mar doch dat gewoan op de tribune at de klup spilet en bestriidt net alle minsken fan de klup at se gjin Riemer en Foppe hjitte.





Rampsalich

It is nijs at ik in boek net útlês. Dêrom dit berjocht. Ik nim it de byb net kwea ôf dat se dit boek op nommen hawwe yn de kolleksje. Ik slút net út dat der guon dit boek wol goed fine. Op it omslach stiet yn alle gefallen al oanjûn "fantasievol, heerlijk, grappig" en noch wat, mar dêr stiet de sticker fan de byb oerhinne, dat kin ik net lêze.
Ik begjin mar mei it positive. It is in orisjineel tema foar safier ik beoardiele kin: it ferhaal fan it brutsen hert en it libben fan de deade yn de himmel en de ynfloed dy't dy noch hawwe soe op ierde.
Posityf is ek dat alle haadstikken mei in songtekst begjinne, dy't oanslút bij wat der bart yn it haadstik. Muzyk makke mij nijsgjirrich en dat sil de reden ek west hawwe dat ik noch ta haadstik 29 kommen bin: In the arms of an angel.
Ik moat wol erkenne dat it boek mij yn it begjin wol yn de besnijiing hie, mar dat it al ridlik gau iets te folle fantasij wie. Net myn ding.
Miskien kinne oaren dêr wol moaie oerkes meitrochbringe.
Foar mij wie it úteinlik in rampsalich ferhaal .......


zaterdag 22 juni 2013

Museumwaar

It Nasjonale Ryksmuseum yn Amsterdam is krektlyn wer iepene en wij meie opnimme dat de miljoenen dy't dêr oan bestege binne, nuttich brûkt binne.
It wurd "museum" dat skeat mij troch de sin doe't hjoed foar de twadde opienfolgjende dei it waar ferpest waard troch reinwetter.
In museumdei dus, tochten wij sa.
"Zoek in den vreemde niet, wat eigen dorp u biedt".
Dus waard it  "it Tsiispakhús" yn eigen doarp Wommels. In museum fan frijwilligers en freonen.
De boppeferdjipping fan it eardere tsjiispakhús jout in byld fan de suvelyndustry yn de Greidhoeke (der is neat mear fan oer) en de begeane grûn jout in byld fan it wurk fan arsjitekt Rein Hofstra.
Tige nijsgjirrich dizze tiidlike útstalling omdat Rein Hofstra (gjin famylje) net allinne sjen lit wat er makke hat mar ek fan wêrút hij syn ideeen stal jout. Tal fan gebouen en foaral ek fytsbrêgen binne earst troch him yn model brocht as in soarte mei knutselopdracht. Houtsjes, prikkers en oar spul wurde ynelkoar set as in earste idee.
Mar leafst 50 fan sokke makettes steane dêr en mei de foto's fan it resultaat derbij is it in prachtich gehiel.

De lange fytsbrêge yn Drachten

tal fan húzen mei in soad romte

In hús yn Frjentsjer, mei de eigner derbij noch wat ekstra nijsgjirrige ynformaasje 

in moai ferskaat oan produksjes

In model fan in fytsbrêge

de sitewaasje bij de brêge fan........................
De útstalling is de noch oant ein july te sjen yn museum it Tsiispakhús yn Wommels.
It museum leit oan de Boalserterfeart en is middeis meast iepen.

vrijdag 21 juni 2013

Steppenwolf

Dizze wike hearde ik Steppenwolf mei Born to be Wild. Dat die mij wer tinken oan Reboelje. Sij makken in seedee dy't basearre is op it boek Steppenwolf fan Herman Hesse.
In frjemd en foaral tryst boek. Hesse rûn net oer fan optimisme.
Yn Trouw stie ferline wike in aardich artikel oer de skriuwer Herman Hesse. Hij hie lêst fan de flearen (jicht) en gie regelmjittich nei in hotel yn Baden, wêr't hij yn in waarm en swavelryk wetter efkes bijkaam fan de al mar duorjende pine.
Hij skreau oer syn skriuwen en syn sykte dit prachtige gedicht:

Bij tussenpozen als mijn vingers soepel zijn
vul ik met verzen schrijven uren, dagen
en als het lukt en enkele regels slagen,
vergeet ik alles, wereld, jicht en pijn.

Soms is het schrijven een te harde plicht,
dan luister ik - het werk wil toch niet vlotten
naar iets dat groeit en kruipt diep in mijn botten
Het is de dood, maar och, ik noem het jicht.


donderdag 20 juni 2013

Fyra reizger kin de blues krije

De trein stiet wol hiel faak yn de belangstelling. Binne it net de bledsjes op it spoar, de snieflokken tsjin it rút, de wikselstoaringen, de koperdieven, de selsmoarden op it spoar, de jierlikse tariefsferhegingen dan is it wol it debakel fan de Fyra trein.
De trein hat yn de muzyk syn spaoren ek wol neilitten sa lês ik yn Trouw fan 7 juny. "De Fyra-reizger kan de blues krijgen" sa lit de muzykredaksje de lêzers witte.
De skiedsnis fan de mzuyk mei de trein as tema komt foaral werom yn de blues. Fan in oantal foarbylden dy't neamd wurde yn it artikel de muzyk mei filmkes mar efkes opsocht.









woensdag 19 juni 2013

Oan de muorre


Der binne in soad mannen dy meie graach nei in moaie auto sjen. Sa'n moaie fjouwertsjiller, dy't krekt in beurt hân hat yn de waskstrjitte  en wer blinkt yn de sinne.
Dat haw ik net. At it auto in bytsje smoarch is of skjin, ik sjoch it net. No gean ik thús ek net oer de auto dus dat sil der wol mei te meitsjen hawwe.
Ik mei graach nei in moaie fyts sjen. It leafst in moaie skjinne fyts. In fyts dy't net kreaket en rattelt.

In fyts dy't gewoan yn de keamer hingje kin. As in skilderij.




dinsdag 18 juni 2013

Raar


Dizze fytshânwizer stiet bij Galamadammen. Der steane genôch plaknammen op. Je kinne oeral komme. Ik haw it op defoto set omdat ik it boppeste boerd rjochts in frjemde tekst fyn. 
"Uitsluitend fietsers"stiet der.  Uitsluitend dat is sa iets as útslute. Mei oare wurden "fytsers útslute."
Mar fytsers meie der just wol lâns.
Of haw ik lêst fan taalgefoelichheid dy't der net wêze hoecht?  Of kin myn bûtenlânske talen net goed?

zondag 16 juni 2013

Metal

Op in net al te gebrûklike tiid stie der in metalkonsert op it programma yn it Bolwerk yn Snits. "It metal matinee" rôp de sjonger fan de earste band Dimeaon. It like lang gjin prive konsert want der wiene noch wol in man as 77 op dat momint. Mij net meirekkene.
Om 5 oere begong it grutte en bettere wurk. Between the Buried and me.  Der wiene wierskynlik noch wat metalisten oproppen om foaral noch nei it Bolwerk te kommen. Spyt sille se der net fan hân hawwe.
De Amearikanen spilen mar leafst 6 nûmers mei in gemiddelde fan 15 minuten per nûmer. Gjin tiidferprutse mei ynprate, beprate en hantsjeklap.
It klonk as in hurde klok en der siet in soad fariaasje yn de trije gitaren, de toetsen, it slachreau en it sjongen.
De tsjustere seal ljochte faak genôch op troch moaie ljocht effekten.
Tweintich oer seizen stie ik wer bûten en hearde ik bij Turns de skriezen wer in bytsje en bij Easterein wiene  alle metallûden ferfreaun troch lûden út de natoer.


Doarpsfeest

It doarpsfeest  is wer foarbij. Fan tongersdei oant sneon wie it feest yn Wommels. Ik haw al te folle  doarpsfeesten yn Wommels meimakke. Ik bin foar al jieeren foarsjoen. Dat klinkt better as "it kin mij neat skele".
Ik haw sjoen dat de Terp aardich fol stie. Alles wie tichtboud mei attraksjes, tinten, skudden ensafuorthinne.
Ik haw net op de grutte Terp west. Wol op de lytse. Dêr stie in wein mei oaljekoeken. Dy selde stiet der sa'n 50 jier lyn ek al doe't ús mem in pûde fol helle. No koene wij mei twa appelbollen ta.  Myn feest dus.
En ik haw noch efkes bij de fûgelsjo sjoen. Dy wie op it sportfjild. In aardichheid om te sjen. In oaljekoek en wat fûgels...it wie in tige slagge feest.






vrijdag 14 juni 2013

De lotterij fan de steat

Ik wol graach miljonêr wurde. Nee, net multimiljonêr mar gewoan ien miljoen. Ien miljoen op myn bankrekken. Dêrom doch ik mei oan de lotterij fan de steat. Al hiel lang. Miskien wol 25 jier. Ik haw der in aparte girorekken foar iepene. Dêr wurdt de ynlis ôfskreaun en dêr kinne de prizen mar op oer makke wurde. De betelling giet automatysk en je hawwe der gjin omsjen nei. No ja, gjin omsjen is te folle sein. Sa no en dan moat ik it saldo efkes oanfulle, want it miljoen is noch net oermakke. De hûndertûzend, de tsientûzend, de tûzend en hûndert ek net. It maksimale prizenbedrach wie tink ik in kear 50 euro.
De kâns om in priis te winnen yn de jierren 2000 oant 2007 wie ek net sa grut, sa hat bliken dien út in rjochtssaak.
De dielnimmers binne doe foar it lapke holden. Der waarden prizen lutsen mei alle nûmers dy't der mar wêze koene ek at it lot net ferkocht wie. En dat lêste wie doe seker it gefal.
In oantal minsken hawwe dit bij de rjochtbank oankaarten en hawwe gelyk krigen. Sij krije heechstwierskynlik it jild werom. De prizen sille se dan ek ynleverje moatte.
De stifting Loterijverlies springt foar al dy minsken dy't ek dupearre binne yn de bras.
Onamelde, in ynskriuwbedrach betelje en dan in grutte kâns dat je it ynlisjild werom krije kinne.
It is net hielendal wis, it bliuwt in gokje mar dat is mei de Steatsloterij dochs sa.
Dit ferlies kin der ek noch wol bij at it net slagget.

dinsdag 11 juni 2013

Skarl

Ferskûle efter wat pleatsen en te brikken fia in lyts dykje. Dat is it tsjerkhôf fan Skarl. In moai lyts hôfke mei in rêstjouwende klokkestoel. Wij binne op de fyts ûnderweis nei Starum, fytse fia Warns en sykje it efkes op. In slach oer it hôf. Sjen nei it de nammen op de stiennen en de oare monuminten. Rekkenje: dy is net âld wurden.
Skarl, fêst it rêstplak fan de ardere befolking hjir . Mar ek foar 5 Britse fleaners. Sij binne hjir yn 1942 op ferskillende mominten omkaam. Skarl...de muoite wurdich om efkes te sjen.





zondag 9 juni 2013

Schuttevearrace

Sa witte je neat fan de Schuttevaerrace en sa folch je dit "spektakel" twa dagen.
Freed die soan Tsjeard mei as hurddraver yn it team fan Durk Jorrit van der Eems.
De start yn Starum op freedtemoarn om 9.00 oere is foar de supporters en folchers it moaiste diel. Ien man yn de boat en de oare 4 moatte 1900 meter drave om bij de boat te kommen. En at dy lêste man twa meter fan de boat ôf is, geane de touwen los en spurt de sylboat (dan noch mei de motor oan) de haven út.
De Sa Better bemanning die it geweldich want sij wiene bij de earsten dy't it romme wetter berikten en de seilen heise koene.
Oan Kornwertersân wie de earste etappe en nei de slûzen wie de twadde start en dat wie tagelyk de lêste start.
It gie no yn ien stik troch nei Tessel, dêr moast de fytser yn aksje, nei Flylân, dêr moast de draver los, nei Harns, de fytsers wer, nei Skylge de draver en doe werom nei Starum.
Sneontemiddei om kertier foar seizen wie de mannen werom nei in "geweldige erfaring yn it goed team" sa't Tsjeard oanjoech.
It hie foar de thúsbliuwers ek moai wêze kinnen at de GPS sinjalen goed op ynternet kaam wiene. In waardeloas systeem  wêryn somtiden in pear mar faak hielendal gjin boat, gjin draver en gjin fytser te folgen wie.
De what-apkes moasten ús no wat ynformaasje jaan.

Utslaggen binne hjir te finen.

de snelste bemanningsleden ûnderweis nei de boat, mei Tsjeard rjochts foaroan


De draver wie fansels earst bij de boat en wachte op de oaren
en doe't se er allegear wiene, wie it folgas fuort
dêr ferlitte se as ien fan de earsten de haven fan Starum


efterfolge troch sa'n 30 oare syljachten

Op de werom reis pikten wij bij Koarnwertersân noch in foto mei

en doe't de rinner him ôfmelden hie bij de finish, sprong dy wer op de boat om in gaadlik plakje op te sykjen om te bekommen.



donderdag 6 juni 2013

Keunst yn skoalle


At ik moarn de skoalle yn kom, dan is dit it earste keunstwurk wat ik sjoch.
It is tagelyk de moaiste.
Prachtich.

woensdag 5 juni 2013

9 binnenpadenroute

Ik bin bliid dat it no krekt hjoed sok moai fytswaar wie mei in lekker hurd wyntsje. Want in skoft lyn waard mei frege om in fytsroute út te setten foar de yntergemeentelike sportdei.
Jierren lyn, doe't ik sels diel útmakke fan it korps fan amtners hie ik dat ek dien en dat wie die in grut sukses.
Ik neam it de 9 binnenpaden route.  Makke fanút Snits, mar ek op oare plakken te begjinnen..
Dat it hjoed it goeie waar wie leit oan it feit dat it aardich waaide, de sinne skynde en it fierders helder wie.
Ommers yn ús greidhoeke waait it altiten hurd sizze de wâldmantsjes en froutsjes, skynt de sinne net altiten neffens Pyt en kinne je wol altyd fier sjen, dat fyn ik.
It moat fêst in grut sukses wurden wêze foar dy 140 man dy't moarn wer efter harren buro sitte en foarstellen meitsje foar BenW yn ien fan de Fryske gemeenten.
It moaiste fan de route fyn ik sels it Brekkenpaad bij Aldegea, seker mei it wyntsjes yn de rêch
It meast ferrassende is it fytspaad tusken Rien en Lytsewierrum en binnenfytsen yn dat lytse doarpke.
De route is te folgen fia de bekende knooppunten buordsjes en wa't 65 kilometer fytse oer 9 binnenpaden kin mij maile foar de routebeskriuwing. (aanthofstra@gmail.com)

zondag 2 juni 2013

Pankoeken en iis

Sneontemoarn om 6.30 gie it wekkerke. It berneklokje (klokje van gehoorzaamheid) joech oan dat gelyk opstean de beste opsje wie om net te let bij de bus te wêzen. Noch efkes tariede op in lange dei dy't feitlik begjinne soe om 7.45 doe't OAD syn bus bij de Terp parkearde en sa'n 25 muzykleafhawwers út Wommels, Easterein en omjouwing meinimme soe nei Nijmegen. Dat wiene der hast 24 want net elkenien giet sa serieus om mei in dei der op út as mij en it wie dus wachtsjen op de lêste. 
Bysûnder dat der twa bussen út Fryslân gyngen en dizze dus yn Wommels begong en al heal fol siet.

Mei wat oanwizingen wist de sjoffeur de bus op de profinsjale wei te krijen en koene der ûnderweis noch wat lykstimden oppikt yn Snits, de Jouwer en de Lemmer. Ek in trijtal iepenbieren út Kampen stiene ferdekt opsteld om oppikt te wurden want at je op wei gean geane nei bands as Heaven Shall Burn  en Rammstein heare je dêr miskien wol net echt bij.
Moai op tiid rûgelen wij om 11 oere út de bus. De "kofje" hie syn wurk dien en dat wie net allinne bij dizze bus sa.
Hiel ferstannich fan de organisaasje fan Metalbus de 35 bussen dy't hjoed ynset wiene om út it hiele lân de metallisten nei Fortarock te bringen waarden, om se op it nûmer folchoarder te setten (klink logysk mar haw it oars meimakke) en der waard mei klam frege at wij ûnthâlde woene dat it bus 23 wie. Oars moasten wij it mar opskriuwe spruts de sjoffeur wierskynlik út erfaring.
Om 12.30 soe it begjinne mei Audrey Horne en wij hiene rom de tiid om ús te orientearjen. Wêr kinne wij wat drinken krije, wêr kinne wij pisje, wêr kinne wij ite en wat kinne wij ite.

lekker twa kleuren iis
Us ploechje fan 6 man foel nei it optreden fan Enslaved al útelkoar. Elkenien hie syn eigen favoriten en de kâns dat je immen werom fine tusken de 50.000 man wie net grut.
Ik wie metal -festival debutant dus liet ik mij foaral ek adfiseare. It wie foaral Arumer Arie dyt'wist wat goed foar mij wêze koe. Dat wie moai want ik haw mij tige fermakke bij Enslaved, Airbourne, Finntroll, Motôrhead en Amon Amarth. Dy lêsten waard myn hichtepunt mei in geweldige sfear.





Wij ieten tuskentroch wat riis mei kyp of in pankoek en namen in ijsko wat ús wis net opwaarme.
Doe't it noch kâlder waard hoopte ik dat Volbeat myn hert waarm spylje soe. Helaas slagge dat net. It like plichtmatich, it wie net lûd genôch al moat ik der bijsizze dat harren lûd wol hiel maklik meinaam waard troch de wyn.

De sjonger fan Airboune spile gitaar op grutte hichte
Betiden hearde je hielendal neat.
Om goed 10 oere wie it tiid foar Rammstein. It wie allegear fjoer en fjoerwurk. Mei de muzyk is neat mis, mar mei dy inge sjonger fan alles.
Hij die mij tefolle tinken oan Gerry Glitter út de jierren 80.
Muzyk wie goed hurd en strak mar de Dutse taal en de sjo der omhinne mei is net myn ding die dus bliken.
Om klokslach 23.45 wie it dien en wie hast elkenien ferklomme, net allinne troch de ijsko.
De waarme bus stie op nû 23 klear en dy wie dus samar fol mei ferklomme mar foaral entûsjaste metalisten.
Foardat wij Nijmegen útwiene wiene de earsten al yn it djippe sliep. Wierskynlik leine de pankoeken wat dreech op de maach of wie it kâlde iis net goed fallen.
It begong al ljcoht te wurden doe't de bus ús wer ôflevere bij de Terp. 4 oere plat en 7 oere wer wekker. Utsliepe, ik sil it net leare en net nei sa'n moaie lange dei en sa'n koarte nacht.
De muzyk hat my enersjy jûn ynstee fan wurch makke.



In swart sjurt oan mei tekst like hast ferplichte


 
In resinsje oer it optreden fan Amon Mamarth op Livexs.nl :
Amon Amarth (Monster Energy Stage / 18.45 – 19.40)Het is al zes uur geweest en zoals het echte Nederlanders betaamt moet er toch echt gegeten worden. We melden ons met een paar halve hanen aan het front als Amon Amarth de overvolle tent op furieuze wijze in lichterlaaie zet. Het optreden van de Zweden zal, naar later blijkt, nauwelijks meer overtroffen worden. Dood of de gladiolen? For Victory Or Death? Werkelijk alles klopt aan deze show en het is overduidelijk dat het eerste optreden van de grote Europese festivaltour tot in de puntjes is voorbereid. Hoewel Deceiver Of The Gods nog officieel moet uitkomen worden de teksten van de titeltrack woord voor woord meegebruld. De melodieuze death metal  van de boomlange zanger Johan Hegg en zijn mannen doet het tentzeil schudden en iedereen is het er over eens dat de volgende keer een groter podium voor deze geweldige act geen overbodige luxe is. (JB) 
Bron: Livexs.nl



zaterdag 1 juni 2013

Riedsfoarstel

Dizze wike stie de foarjiernota 2014 op de wurklist fan de rie fan Littenseradiel. Wij as SDS'ers waarden oproppen om nei  de gearkomst ta te gean want der wie in kâns dat der in beslút nommen wurde soe oer it realisearjen fan in heechnedich keunstgersfjild yn Easterein.
De oprop joech net folle want allinne it bestjoer en ien oare belangstellende wiene oanwêzich.
Ik haw de muoite dien om it op ynternet op te sykjen en te folgjen.
Healwei de beskôgingen bin ik ôfheakke.
Moaie ferhalen, begryp foar alle oanfragen, lestich in kar te meitsjen, dêr moatte wij it nochris rêstich oer ha wiene de dingen dy't mij bijbleaun binne.
At ik it goed begryp (en dat soe dochs wol moatte nei in 9 jierrige karriere bij in gemeente) stiet de oanpassing fan de Skoalleseize no earste reserve yn de foarjiernota. Alle oare saken binne opnaam mei in bedrach en de Skoalleseize moat it mei PM dwaan. Mei oare wurden der sil earst wat skrast wurde moatte foardat hij der echt yn kin.
Der waard dus net besletten. Alles leit noch iepen. De riedsleden sille yn de fakânsje djip neitinke en nei de  fakânsje sille se echt sizze wat se der fan fine.
Sa't ik it besjoch wurdt it in lestich ferhaal. Der sil wol wer wiisd wurde nei oare noch goedkeapere opsjes mar dat is mear bedoeld om tiid te winnen. Ik leau net dat de riedsleden echt yn de gaten ha dat der al hiel lang wachte is.
Ik wit yn alle gefallen wol ien punt dat hiel hurd skrapt wurde moat. Dan hawwe wij de 2,5 ton al te pakken.

Verbreden Van Sminialeane-Van Eysingaleane
In het Gemeentelijk Verkeer en Vervoerplan is de weg van Easterein naar Wommels
aangewezen als een gebiedsontsluitingsweg (GOW). De huidige weginrichting komt slechts
beperkt overeen met de criteria voor een GOW. De huidige breedte van de weg is 5,5 meter.
Daarmee voldoet de weg qua breedte niet aan het profiel voor een GOW. De weg zal met ca.
1 meter verbreed moeten worden. Daarvoor zal de sloot tussen de weg en het fietspad
moeten worden gedempt.
Ook de bestaande bomen tussen de weg en het fietspad zullen gekapt moeten worden.
Daarvoor moeten nieuwe bomen in de plaats komen.
De investering vergt een bedrag van € 250.000. Op basis van een 25-jarige, 6% annuïteit
bedraagt de jaarlast € 19.557.

Ik soe sizze: ôfbliuwe fan dy prachtige histoaryske dyk mei beammen oan beide kanten. Kom bij mij net oan mei kriteria as Gebiedsonsluitingsweg. In bytsje hystoarysk besef is better.
De sin "daarvoor zullen nieuwe bomen in de plaats komen " kin dat bij lange net goed meitsje.
Ik wit net wat men hjir fan sein hat, mar lit ús hope dat de fraksjes it der oer iens binne dat de van Sminealeane (Wommels) en van Eysingaleane (Easterein) bûtenút net oanpast wurdt sa'hjir berocht is.