zondag 28 juni 2015

In nij boek

Dizze foto haw ik fannemoarn makke bij Deinum;
in oaljefantepaadsje nei de ferbeane grutte dyk
dy't ôfsletten is foar it ferkear.

De foto jout in byld wat paste bij myn reisdoel.

Dit oaljefantepaadsje is hast net te finen.
it noeget net út om lâns te gean 
mei kriebels lofts en stekkers rjochts
mei amper sicht wêr't je útkomme.

Mar minsken dy't hjir lâns gean litte harren net keare of weromstjoere.

sa fielde it fannemoarn ek wol wat
doe't ik in ôfspraak makke hie om it boek
"Het Vaatstra Complot"op te heljen.
net út in boekhannel oan de Nijstêd,
mar efterôf op de romte, 
bij in oare komplottinker.

it wie foar it earst dat ik spruts mei in oare komplottinker,
it waard in alderaardichst petear.....

wij dielden ús miening
wij dielden ek ús gefoel
dat je hast oansjoen wurde foar "wrâldfrjemd"
at je noch altiten fan miening binne dat Jasper S
de moardner net wêze kin
en dat de oerheid korrupt wêze kin.

moai dat ik op myn eigen blog skriuwe kin wat ik tink en wat ik fyn
it hjit net foar neat "datfynik"

Ek dit boek sil ik wer lêze,
hoewol ik hast alle feiten al wit
troch it oare boek en ynternet publikaasjes.

en mocht immen it ek lêze wolle, dan kin dat.
Graach sels.






zaterdag 27 juni 2015

Roan

Al wer 4 moanne âld 
en it is in lust 
om nei him te sjen

gewoan sjen...
of  útsjen nei
syn laits


machtich





woensdag 24 juni 2015

45 kilometer folderje


Wat in prachtige fytsroute hawwe se makke foar de triatlon
fan sneon 4 july yn de Súdwesthoeke
It Frysman fytsrûntsje is 45 kilometer lang en hat alles:
iepen fjilden,
winerige seediken,
tsjustere bosken,
romme bochten
moaie diken
en ....
alle heuvels dy't er yn Gaasterlân binne
binne opnommen yn de route.

Fjouwer kear moatte se dit rûntsje ôflizze
neidat se earst 3800 meter swommen hawwe yn it Iselmar
bij it Rea Klif
en foardat se de 42,2 kilometer noch draven gean,
in rûntsje fan 6 kilometer mei
7 kear de beklimming fan de "Leaver dea as slaaf" bult

Wij fytsten hjoed de 45 kilometer
en it draafrûntsje fan 6 kilometer
en dat wie ús genôch
mear as genôch
want wij mochten yn alle brievenbussen
dy't oan de route stiene
in struibriefke dwaan
mei dêrop de meidieling dat it fijn is om oan de route te wenjen
en dat men op 4 july rekken hâlde moat mei dit spektakel.

Folderje oer in lingte fan 45 kilometer
wat in gedoch (wol graach dien!):
sykje nei huzen
sykje nei brievebussen
en sykje nei iepeningen yn dy bussen

wat in ferskaat oan bussen
en wat in ferskaat oan plakken
wêr't se de bussen delsette of oanhingje.
it wie betiden in syktocht.

Wat in gelok dat de PTT earder betocht hat
dat in brievenbus net te fier fan de dyk ôf  wêze mei
en dat in grut part dus hast fytsend te berikken binne

neist al dat op- en ôfstappen
moasten wij dy ferrekte heuvels ek noch op..

in muorrebus

Noch in bysûndere útstalling fan diggelguod bij Nijemardum

Underdiel fan de stien route yn Gaasterlân 

in brievenbus

in nij útsichtpunt efter Nijemardum oan de seedyk

mei sicht op wynolens tusen de Lemmer en Urk

Jellie hâldt wol wat fan rinnen

Underweis it goeie doel noch stipe foar in nútekeek

somtiden moast Jellie wol hiel fier fuort om in brievebus te finen

Pleats bij Warns mei in hiele goeie tekst

Sjoch op dizze wepside en kom lâns
bij it episintrum fan it barren
dat is bij it Rea klif

en dêr leit dizze stien


zondag 21 juni 2015

In feesie yn Hollân


Wij hiene in feessie
dat komt wol faker foar
meastal is dat yn de buert
dizze kear yn Akersloot
dat leit tusken Alkmaar en Haarlem

De wyn is de lêste tiid noard
dus, dus
tochten wij:
wij gean op de fyts.

Sneontemoarn om 8 oere fuort
mei de wyn yn de rêch
en middeis om healwei trijen wiene wij  yn Heemskerk
in sliepadres bij Vrienden op de Fiets
alderaardichste weduwefrou
Wij hiene doe 114 fytst













it feessie wie yn Akersloot
fanút Heemskerk 7 hinne
lekker iten en dronken
en 7 werom

Sneintemoarn nei in goed moarnsbrochje
rjochting Enkhuizen
de natoer hie syn wurk goed dien
de wyn wie súd


Enkhuizen
fisk dus
mei it boatsje oer
nei Starum

De wyn wie ynienen súdwest
dat wie seker net ferkeard
en  it leste stikje fan de Bieren ôf
nei Wommels ta
wie de wyn west.

nei 98 kilometer thús
mei sneintemoarn twa oerkes wat wetter
mar fierder in hiel soad mei de wyn yn de rêch

woensdag 17 juni 2015

Steatsoplichterij

Mislik
dat radio (miskien ek wol TV) spotsje
fan de Steatslotterij

De grutte baas kondigt oan
dat se it better dwaan gean,
earliker foaral
dat se ek better kommuniseare sille,
omdat wij dêr rjocht op ha

Ja, ja.....
Mear as twa jier lyn skreau ik dit op myn blog
ik haw mij doe oansletten bij de stichting Loterijverlies

sij hawwe mei meardere rjochtsaken
boppe tafel krigen dat dy baas fan de Lotterij
no it grutte publyk paaie moat.
mei belachlike teksten

Hij hie sizze moatte:

Beste minsken,
Ik stean hjir  mei in djipreade kleur,
wij hawwe jim jierren besoademitere,
en dat wisten wij wol,
mar wij woene it net tajaan,
de stichting Loterijverlies hat ús der opwezen,
hat rjochtsaken wûn en no moat ik tajaan
dat jim te koart kommen binnen
wij hawwe jim prizen ûntholden
de kâns op in priis wie folle lytser as wij seinen

ik skamje mij kapot
en biedt jim oan om de periode dat it mis west hat
no frij mei te spyljen
gjin ynlis
mar wol kâns op alle prizen

De stichting Loterijverlies fynt dit er fan:

Reclamecampagne Staatsloterij volstrekt onacceptabel

Wellicht heeft u de afgelopen dagen reclame gezien of gehoord van de Staatsloterij. Hierin geeft de Staatsloterij aan dat zij het vervelend vindt onduidelijk te zijn geweest in haar communicatie. Maar, zoals bekend, de Staatsloterij heeft u jarenlang in feite gewoon bedrogen. Dat de misleiding op kleine schaal heeft plaatsgevonden is bovendien onjuist, aangezien er meer dan een paar honderd miljoen euro aan beloofde prijzen aantoonbaar nooit werd uitgekeerd. Bovendien is deze campagne een schending van de afspraken tussen de Staatsloterij en Loterijverlies. Wij zullen er alles aan doen deze campagne te laten stoppen.





zondag 14 juni 2015

Jan B

De Blokhúspoarte wie in finzenis
yn Ljouwert
de finzenen binne der net mear
it gebou noch wol
de sellen ek

de Blokhúspoarte is no it kulteriele hert
fan Ljouwert
mei mooglikheden
foar kreative geasten
om wat te betinken en út te finen

dat kin dan yn ien fan de sellen

Ik soe graach ien sel reserveare wolle
foar in kreative geast
in hiele kreatieve geast wol te ferstean
om syn talint noch mear ûntwikkelje te kinnen
syn talint
om minsken del te sabeljen
bestjoerders te kak setten en te misledigjen
te leksoaien oer alles en noch wat,
om slachtoffers te meitsjen,
folle mear slachtoffers
yn dat lytse keatswrâldsje

it moat him dochs slagje
mij syn oanwêzige talint
om se allegear fuort te skriuwen
ja, fuort te pesten

sadat hij der aanst hielendal allinne sit,
op de parsetribune
mei syn pinne en syn boekje
om de bûtenslaggen te notearen
te seuren oer de kofje
en it plak wêr't er sitte moat

it moat him slagje om de titel
"grutste feech út de panne sjoernalist"
te pakken
it moat him slagje
om Johan Derksen foar te bliuwen

at hij mar lang genôch yn de sel sit
en him fierder ûntwikkelt
mei de doar op slot......

dizze Jan B.

dy't  him sels sjoernalist neamt
en objektyf en ûnôfhinklik
en noch slimmer keatsleafhawwer

de man dy't gjin inkele positive bijdrage levert oan it keatsen
en dy't  je persoanlik ferantwurdlik hâlde kinne
foar de teloargong yn it keatswrâldsje











Festivals

NRC Next publisearre ferline wike
in kaart mei festivals yn Nederlân.

Alles stiet der op neffens harren
en dat betsjutte dat it Noarden in wite flek wie
der wie neat.

Tal fan reaksjes kamen der
en in moaie nije kaart
mei dêrop alle festivals
yn it Noarden

en om grutsk om te wêzen yn Wommels
Greidhoek'festival stiet er fansels ek bij..


zaterdag 13 juni 2015

Tinte

De earste ideeën oer de fakânsje begjinne te kommen,
op de fyts
dêr binne wij it al wer oer iens

B&B of in tinte mei
in lytse tinte of de iets gruttere
foar de wissichheid
de "swiere" mar efkes opsetten.
slagget dat noch
is alles noch kompleet...?

Yn 12 minuten
en alles kompleet

Poes sjocht de bui al wer hingjen,
dy tinkt:
dy gean ynkoarten wer fuort
en bin ik wer oanwezen op de buorlju



vrijdag 12 juni 2015

13 kear in famyljewykein


De ôfrûne 14 jier hawwe wij 13 kear in famyljekamping wykein holden.
de Holtroppen
It earste wykein nei Pinkster
besykje wij in kamping foar ús sels te krijen

Twa kear binne wij op it selde plak west
ien kear hawwe wij it fanwege it waar net trochgean litten

Hooghalen wie de earste
Bourtange wie it fierste
Boazum wie it tichtste bij
en Kolderwâlde wie de lêste

It moaiste ferhaal giet oer Nijbeets
Dêr soene wij net hinne.
der wie in kamping boekt yn Noard Hollân
dúdlik oanjûn dat oare minsken net wolkom wiene
fanwege it geseur oer nachtelike muzyklûden

doe't de earsten der oan kamen
nei 80 kilometer riden of fytsen (wij dus)
die bliken dat dizze ôfspraken
yn Noard Hollân neat wurdich binne

gau beret,
 hjir geane wij net hinne
ien fan de famyljeleden sei doe:
"dan kinne wij better bij ús op it hiem"
en sa barde
wij strutsen del yn Nijbeets
"Kamping it Alternatyf".


woensdag 10 juni 2015

Wat langer as in wike

in boek per wike
dat is it tema fan de byb
wêr't ik besykje ynfulling oan te jaan
\
in boek per wike
dat slagget aardich al is it mei muoite

Boek nûmmer 22
"Een van ons"
fan Asne Seierstad

Ik doar hast net te skriuwen
dat it in prachtich boek is...

dêrom sis ik dan ek mar
"it is in freeslik boek,, "
omdat it in freeslik ferhaal is...
oer Anders Breivik
de man dy't in bom yn Oslo dellei
mei 8 deaden
en op it eilân Utoya
mei 69 deaden
hast allegear bern
dy't hij gewoan deaskeat
mei ien of meardere skotten

Skriuwster Asne Seierstadt
in oarlochssjoernaliste
hat der in lêsber ferhaal fan makke

In boek per wike
dat slagge mei dit boek net
it freeslike ferhaal wat him ôfspile op it eilân
lêsde ik net samar efkes troch....

Mear as twa wiken haw ik der oer dien....
mar it wie de muoite wurdich




maandag 8 juni 2015

Brother Dede





Kom tocht ik sneon
nei 3 minuten harkje

lit mij ek ris in stikje opnimme
fan dat hearlike jankende gitaarke....

in minútsje mar
as herinnering
oan Brother Dege út Louisiana

dy't echt foar fiif hânfol minsken stie op te treden
op de Luchtplaats
fan de Blokhúspoarte

it koe
want ik wie net ien ta lêst
want der wie nimmen
dy't efter mij stie.

zondag 7 juni 2015

Prison Blues

In moaie lokaasje,
perfekt waar
goeie muzyk
en toch....
mankearde der wat oan:
 it wie wat sfearloas

Dat is myn konkluiuzje
nei in jûntsje Prison Blues

De Blokhúspoarte wie de lokaasje
neat mis mei,
in binnen en in bûtenpoadium
neat mis mei,
sfearfol terras mei in sitje hjir en dêr
neat mis mei
in ferskaat oan iterskreamkes
oan dy fan de Hotdogs wie neat mis mei

en toch kaam it net los
fierstentemin minsken
dy't at se op de Luchtplaats oankommen
harren ôffregen "wêr is elkenien"

hawar
neat fan oanlûke
ik kom foar de muzyk

oan de bands mankearde neat.
mar wat hat it no fan sin om twa bands tagelyk te plannen
en tuskentroch minstens in heale oere omhingskoft?

Sa slagge it mij dus net om de echte bluesband The Tightropes út te sjen
want ik woe efkes nei Dario Mars & the Guillotines (allinne om de namme al)
en at dat sa leuk is, kom je dus net werom bij The Tichttropes....

En nei trije kertier wachtsje
want hoe is it mooglik, beide healwei achten band begongen in kertier letter,
moast ik wer kieze,
de twa jonges fan Scrappy Tapes yn it sellenblok
Brother Dege

moasten opbokse tsjin Brother Dege (út Louisiana) op it bûtenpoadium
sneu foar de twa, nei trije nûmmers dochs nei bûten
en ik bleau hingjen bij in moaie lûd fan the Brother

bij de oansteklike Bluesgrassklanken fan  Blues Grass Boogieman
yn it sellenkompleks
kaam de stimming der suver wat yn.

wat in gelok dat de organisaasje yn de gaten hie
dat de tribute oan Herman Brood
sûnder de oankundige Piter Wilkens,
pas begjinne mocht doe't de Boogieman út bluegraast wie

Wol, in moai en stevich ein dy Brood muzyk
en ta beslút
in moaie bijkomstichheid wie
dat it op tiid dien wie,
sa betiid sels dat ik in bus earder nei hûs koe.

Konkluuzje: goie muzyk, te min minsken en in minne programmearing

Doe't ik bij it station lâns rûn, galmde de pianoklanken yn de hal....moaie muzikale ôfsluting fan de jûn.

Hjir ûnder in
Klipke fan Dario Mars & the Guillotines, wat ik persoanlik it moaiste optreden fûn






zaterdag 6 juni 2015

Gier

Ik fytste krekt oer de Littenserbuorren
de dei nei.....
want juster wie dit tydlik efkes
it middelpunt fan de ierde
foar fûgelspotters

in groep feale gieren (goed Frysk?)
wie it paad kwyt rekke
sa't men seit
want it bart mar in inkele kear
dat dy bisten hjir te sjen binne.

it paad kwyt en op de Littenserbuorren bedarje
dat is tusken Wommels en Waaksens
en letter wiene se bij Burchwert en Hichtum
dat hiene de feale gieren nea tinken kinne
doe't sij Spanje of Portugal ferlieten

ik haw de feale gieren net sjoen
nettsjinsteande de meldingen op twitter,
is dat in miste kâns
at je witte dat se der binne
en net de muoite nimme
om dy trije kilometer efkes te fytsen?

Nee hear,
it is dêr sûnder dy gieren ek prachtich
mei al dat oare fûgelguod
sa as kening fan de greide

en ik haw der gjin behoefte oan
om alles mei eigen eagen te sjen,

it moaie is foaral dat ik troch dizze meldinge
en mei help fan Wikepedia en Joetjoep
no alles wit fan feale gieren