maandag 31 januari 2022

Brutsen krúk

 


It sil jim net ûntgean at jim de auto yn Harns parkeare bij de boat.

Dit keunstwurk stiet dêr flakbij.

Snein fyts is dêr lâns en fyn ik der wat fan.

It sjocht er wol boeiend út, moat ik sizze.

Om no gelyk te sizzen wat it is, nee dat dan wer net.

Mar mei keunst is dat net frjemd.

It plak is net geweldich mei al dat autoblik  

en al dy yndustryloadsen op de efterrûn.

 Thús sykje ik mear ynformaasje

It hyt de Broken Jug en dat betsjut safolle as de brutsen krúk.

It is dêr tydlik delsetten, omdat men net wist wat se moasten mei it keunstwurk

dat yn Frankryk makke is en bedoeld wie foar in stadion yn see bij Miami,

en tafallich earne yn de haven yn Harns lei.

De gemeente hat it te lien foar 10.000 euro per jier.

Om dat te beteljen is it taryf foar parkearen mei 0,25 sint omheechgien.

Mei oare wurden, de toerist dy't nei Flylân en Skylge giet, betellet dit.

Wij parkeare dêr nea.........

dinsdag 25 januari 2022

Tolhûs

 


Dizze prachtige foto fûn ik op de wepside fan De Tiid

it Kulturiel Histoarysk Sintrum fan ús gemeente.

De goeie sjogger sil ûntdekke wêr't dit is.

Wa't it net wit of it goeie antwurd kontroleare wol

sjoch hjir

maandag 24 januari 2022

Opwynautootsje

 



Myn meast bijsûndere nijjierskaart kaam ferline wike binnen.  

Ut Manchester. Bijsûnder omdat it foar mij in "frjemde"man is. 

It begong ferline jier  nei oanlieding fan in stikje op myn bloch 

dat hij lûd joech middels in ansichtkaart.  

Ik bin der al efter dat it in âld Wommelser wêze moat, 

mar ik kin him fierders net. 

Dizze man hat wat mei de dingen út de jierren 50 en 60. 

Sa as op dizze kaart giet it oer it Schuco opwynautotootsje. 

Ik wie se al fergetten mar no daacht der wer wat........

Ik hoop dat it autootsje mij figuerlik fier bringt yn 2022 

en sjoch no al út nei de folgjende ansichtkaart

De man

 


"Het is tijd voor de man om........

Dy kop yn Op é Skille die mij alle hier yn it burd triljen.

"Vrouwen hebben een voorsprong.......

noch sa'n kreet dy't mij net noasket.

Frouen hawwe gjin foarsprong, mannen binne oars

Dy hoege dy efterstân net yn te heljen.

Moat ik it as man noch in kear útlizze

of keapje jo sels in boekje dêr oer.

Mannen en frouen ferskille.

Dat is altyd sa west.

Dat is ek goed

Dêr is neat mis mei.

Dêrom wurket dat meast prima.

Lit ús dat asjeblyft sa hâlde.

En Jacques Herb is it hielendal mei mij iens.





zaterdag 22 januari 2022

Troue

 


Dat troue net mear yn is, 

docht bliken út dit nijsgjirrich oersicht.

Ik fyn it opfallend.

Der binne minder minsken 25 jier troud  as 50 jier troud

Sa te sjen giet er wat mis tusken de 12,5 en 25 jier troud



vrijdag 21 januari 2022

Nij Frysk wurd

De rubryk Nij Frysk Wurd

stiet alle wiken yn de Ljouwerter Krante

Nijsgjirrich, mei dielnimmers oeral wei.

Der wurdt socht nei in nij frysk wurd 

fan in meast Ingelsk wurd, dat faak helaas faak brûkt wurdt.

"Deadline"wie de opjefte ferline wike.

Dat fûn ik mar frjemd

want dêr is jierren lyn al wat foar betocht, tocht ik

It is net foar neat dat ik al jierren "de hakbile leit op" brûk.

Dat haw ik earne wei.

Dat fierders hast net ien dat brûkt is spitich 

mar wol net sizze dat er no wer in wurd betocht wurde moat.


Ik kin jim foarsizze  

dat ik de hakbile brûken bliuw

Dat klinkt folle driigjender


donderdag 20 januari 2022

Koart fan stof

 Ik hâld fan koarte sintsjes.

Dat skriuwt maklik en dat lêst maklik.

In Fries skynt ek koart fan stof te wêzen.

Dat falt jesels net altiten op

It wurdt oars at immen öf in ynstânsje it op in rychje set

Wa? ik wit it net mear.

Dankjewol




woensdag 19 januari 2022

Trije ditsjes en datsjes

 

Moaie tekst

In moaie tekst út in rou-adfertinsje. 


Sûkerpûdsjes

Wij wiene op syk nei in ferklearring wêrom it Reade Hynder it Reade Hynder hjit en kamen dit tsjin.
De tiid fan de sûkepûdsjes en Kafé Weima


Pommeranten

Ljouwert wie de  Kulturele haadstêd yn 2018. 

Dat wie moai mar wie net fergees.

It koste hiel wat.

Der moast in ferfolch komme. 

Wat dan moasten guon mar ýtsykje

Dat giet wer om in soad jild en dêr wurde no al ferskillende minsken út betelle

om dat allegear te betinken.

It Frysk wurdt fergetten.

Martsje de Jong leit it út yn de LC

en it lêste stik fan har kollum sprekt mij oan 




dinsdag 18 januari 2022

Net mear goeie

Groetsje yn in doarp is gewoan.

Goeie of hoi, krekt wa't it is.

dat is de groet dy't ik meast doch.

Net elkenien krijt in groet.

Der binne minsken dy't leaver neat sizze.

Nei trije kear stilte fan de oare kant

hâld ik mij fanôf de fjirde kear ek stil.

Ek yn Wommels binne der sokke minsken.

Makket neat út, meastal is der gjin reden, 

mar past it net bij dy persoan om te groetsjen.

It wurd oars at it earst wol in groet is 

en ynienen net mear.

Dan is der wat.

Sa ek dy frou mei dat hûntsje.

Ik spruts har tsjin oer iets mei it koroanabelied.

Je prikke litte dat wij dom.

"Dus wij binne domkoppen" 

frege ik foar de wissichheid

"Dat sis ik net", ach lit mar

en se skuorde it hûntsje mei

en rûn fuort.

At ik har no tsjinkom seit se neat mear.

Sa sielich.......



maandag 17 januari 2022

Grinzen ferlizze

 


Iens om, dat is fanôf 1 oktober myn loopke wurden

5 kilometer, mei op it lêst in pear hûndert meter mear.

35 kear oan no ta,

Mei earkes yn

Spotify op, mei dizze playlist



At ik op yn de klim sit fan Iens

en ik rin goed op skema

dan hear ik "de deade man" fan Reboelje

Dat is gjin tafal.

Op dat tsjerkhôf yn Iens lizze. myn heit en mem

Bij nûmer 11 bin ik meast wer thús.

Hjoed wol ik dy folgjende nûmers op de list

ek in kear draavjend heare.

Dus gean ik op de Ienser hoeke rjochttroch 

en draaf Kûbaard om.

Mei sukses, sûnder te rinnen en binnen it oere.

Op de spyllist bin ik oan 17 ta kommen.




zaterdag 15 januari 2022

Achter de Dijk

 

In prachtich boek, no al 

en ik bin noch mar op de helte.

Moai skrean troch Hugo Logtenberg.

It ferhaal fan de Dijk, nee it ferhaal Achter de Dijk

Moai beskreaun hoe't in band ûntstiet,

hoe't in band him ûntwikkelt 

en hoe't prinsipes in rol spylje

In oanrieder dit boek.

Ik haw fansels noch efkes sjoen 

nei harren optredens yn Wommels

yn it Dielshûs, de foarige iuw.

1988, 1989 en 1994 wiene se hjir.





Dit wie yn 1994 
fan te foaren al útferkocht

donderdag 13 januari 2022

Drinke en ite

De kroechbaas en kroechbazin stopje der mei.

Sij hawwe 17 jier beriders  west fan de it Reade Hynder,

it kafé yn Wommels.

Spitich en hopenlik is it foar in oar stel wol in útdaging.

Foar dy't der no sitte is it fjoer dôve.

It stik yn it Ljouwerter Krante joech dúdlikheid.

Spitich, ik fûn it in jammerferhaal.

Wêrom allinne mar seure op dingen dy't feroare binne?

Wêrom net wize op de pracht lokaasje, 

op de drokte dy't er simmers is mei fytsers, rinners en moterriders.

Wêrom net wat positive reklame meitsje foar it kafé?

Wêrom krêfttermen brûke at it giet om de jeugd?

Of is dit ek de taal oer de gasten dy't bij harren op it terras sitte

te iten en te drinken.

Of sitte de gasten dêr ek te sûpen en de fretten?






Bus

 


Dit hie in swarte plestik pûde wêze moatten.

9 jannewaris 2022 is in tryste dei foar Wommels.

De bus giet net mear troch it doarp, 

mar stoppet oan de provinsjale dyk

In bus, dy is der foar de minsken,

dy heart bij de minsken te kommen.

Foar de ferkearssitewaasje mei namme op de Walperterwei 

begryp ik it wol. 

Dêr is it betiden gefaarlik mei al dy bern dy't nei skoalle gean of út komme

Mar foar busreizgers fan de oare kant fan de brêge is it ferfelend.

Myn busreis hinne/werom Ljouwert duorret 2 kear 10 minuten langer,

want om myn fyts dêr del te setten oan it ein fan de Hottingawei, 

ik wit it net......


dinsdag 11 januari 2022

Wat in boek

 



Ik soe wolle dat elkenien dit boek lêst,

of trochblêdert en de foto's besjocht.

Wat in geweldich moai boek.

In ferhaal fan 2 jonge minsken,

dy't 4 jier op reis binne troch de wrâld 

op eigen krêft.

Fytse, skieë, rinne, rolskate, kanofarre, en sile.

Wat in ferhaal oer de minsken dy't harren gastfrij temjitte komme.

Wat in ferhaal oer útdagingen en ûntberingen.

Wat in ferhaal oer teloarstellingen en oer leafde

Wat in prachtige foto's........


maandag 10 januari 2022

Fleis

 Ik haw de pizza al klear stean 

om yn de une te dwaan

ik wurd appt: 

at Nyck ek bij mij ite kin

Dat kin.

At de pizza út de une komt

laket it iene stik spek him ta

Pake, mei ik dat stik mei spek

Dat is prima, jou ik oan.

Nei trije happen seit er,

Pake, is dit fegentarysk? 

Nee Nyck.

Oh



Thús binne se fegetarysk....




Wat dizich

It is moarns wat earder ljocht

mar ik merk it noch net echt.

Sa betiid mooglik, hast ljocht,

doch ik in loopke it trekpaad om.

Rinne, dan kin ik ek in foto meitsje










Desimberljocht

At er dan ek wat te dwaan yn dizze tiid,

dan moat je der ek hinne.

Yn Ljouwert wie in projekt: it desimberljocht.

Middeis fan 17 oant 22 oere 

wiene der gedichten en fersen te sjen op muorren.

No hat Ljouwert fan himsels (of harsels, dan binne froulju ek wer bliid )

al in moaie binnenstêd hat wêr't in soad te sjen is.

Dat pikten wij dan ek mar mei

doe't wij op de lêste dei fan it projekt de route rûnen



Dit hearde net bij it projekt, mar it is wol hiel moai dat it bewarre bleaun is




de zin van het leven ben je zelf

ek dit hearde net bij it projekt


woensdag 5 januari 2022

Sportyf jier

It twadde koroanajier  

wie in sportyf jier foar mij.

Neist myn reguliere dik 11.000 kilometer

bin ik ek begong te rinnen en te draven.

Dat lêste bin ik feitlik wol grutsk op.

Fanôf 1 oktober meast twa kear vyn de wike Iens om.

Ein desimber wiene der opbeurjende wurden fan Strava

Snellere tendens jout oan 

dat de top noch net berikt hoecht te wêzen.

In PR op de 5 kilometer

nei 29 kear 5 kilometer draafd te hawwen


Yn 2021 gean ik troch, 

want de doelstelling is echt 

dat ik 5 kilometer ûnder de 35 minuten draaf.

Ik sit der flak bij.....


Noch efkes oer it fytsen.

Dat diene wij hast troch it hiele lân.

Moaie tochten, wat is ús lân moai.




en in stikje yn Itaalje




dinsdag 4 januari 2022

Lêzen yn 2021

Ik haw 66 boeken lêzen yn 2021

dat is ûngefear like folle as oare jierren.

It is krekt wat minder as yn 2020.

3 boeken wiene Frysk,

6 sportboeken,

4 muzykboeken,

en de rest wiene trillers.

Fan de 66 haw ik der 5 op in e-reader lêzen

De moaiste?

Ik soe it net witte.

Der binne safolle moaie boeken bij

mar kin no bij it lêzen fan de titel mij net mear herinnerje

wêr't it oergiet.

Dat is gjin âlderdomskwaal,

dat haw ik altyd hân mei boeken.

Totaal haw ik no 1116 boeken lêzen sûnt 1998.

maandag 3 januari 2022

Zurich

Jellie yn de buert fan Zurich te skien,

dan ek mar op de fyts nei Surch

dat hjitte earder ek Zurich.

In hurde wyn ek mei ûndersteuning

moat ik konstateare 

at ik op Koarnwertersân oankom.

Werom dêr heare jim mij net oer.








Wekflesse

 


Bij ús op it oanrjocht stiet in wekflesse.

Gjin beantsjes, mar mei snobbersguod der yn.

At de pakesizzers fuortgean krije se meast wat mei om te sobjen.

Mar der om freegje dat mei net mear.

Wij wolle dat net mar de âlders seker net.

"Pake, ik freegje net om snoep, mar wat sit dêr no boppe-yn".

Nyck hat de potsnoep fansels wol yn it each, 

at hij fuort sil mei syn mem

"Nyck, ik freegje dij wol: wolst wat ha?"

Hij glundert fan ear oan ear

en hij kin sels konstateare dat er wat nije  sûkelade ynsit.

"Ek ien foar Samme?", freget hij

Hij past goed op syn broer.

Optein giet er fuort mei in stik sûkelade

en yn de garaazje kin der noch net oer út..

"Sa'n grut stik mem......"