donderdag 27 september 2018

Prachtich boek


Ik hâld fan boeken mei moaie wurden yn prachtige sinnen.
Fan dy sinnen dy't je nochris lêze en dy't je ûnthâlde wolle.
Ik hâld ek fan boeken dy't oer misdie gean en dy't in ferrassend ferrin ha.
It boek "De boekenmoordenaar " fan de Poalske skriuwster Maja Wolny foldocht oan beide.
In boek dat giet misdie,
oer minsken,
oer relaasjes,
er leafde foar frouen en boeken.

It is in boek dat ik troch de blomrike taal noch wol in kear lêze kin.
Dat soe útsûnderlik wêze want ik lês gewoanwei in boek mar ien kear.


Ut it boek:





dinsdag 25 september 2018

Leafs

Ik wie sneon echt ferbaasd
doe't ik sa efter it podium stie
foar it optreden fan rapper Leafs.

Ik mocht him oankundigje......

Echt hûnderten pubers stiene klear 
mei grutte ferwachtings,
en mei harren mobyl al omheech
want se woene alles fansels fêstlizze.

At Leafs, in populêre rapper,
it poadium op komt 
mei techno gelûdsjes of de eftergrûn 
dan giet it echt los

Bijsûnder om te sjen,
dat dizze generaasje sa libbet foar dit soarte muzyk.
In heal oere giet de jeugd út harren dak
en steane de âlderen dochs wol wat ferbaasd te sjen 

Leafs 
net te beroerd om nei it optreden
mei hast elkenien op de foto te gean





Frijilligers



De lêste sin yn it moaie ferslach
fan it Greidhoekfestival
yn de LC fan moandei wie treffend:

"Een festival
waar de lol van het organiseren van een festival
voor jong en oud vanaf spat"


Sa is it en sa wie it.

Wat in genot om
al dy frijwilligers te sjen
dy't in bijdrage leverje
om it wer ta in sukses te meitsjen

It hat wol wat foardat it begjinne kin:
de betinkers dy't it útlizze
de sjouwers dy't te plak bringe
de bouwers dy't it opsette
de klimmers dy't op grutte hichte wurkje
de sjowelriders dy't foar it gemak soargje
de setters fan de kofje
de makkers fan de sop
de smarders fan de broadsjes
de ophingers fan de slingers, de ljochten en de flaggen
en al dy oaren

en dan is it samar wer snein
en at it al wer dien is
dan binne dêr de (b)oprommers
dy't nei in moai festival
en in koarte nacht
alles wer ôfbrekke en opromje....

En dêr tuskenyn
op de dei fan it festival
binne al dy frijwilligers ek wer dwaande

en is al dat jierren sa

donderdag 20 september 2018

Maastricht

Maastricht
in waarm wykein yn septimber.
Wij wiene dêr
en woene wol graach efkes fytse:
de Maas leit er net foar neat....

in fyts hiere
dat dogge je bij it stasjon
hearden wij

"Alles weg", sei de man
"geen fiets meer te huur"

miskien kinne jim it dêr noch prebearje
en sa waarden wij fan de iene nei de oare stjoerd,
gjin sukses dus




djiptepunt is dizze winkel:
wol in grut boerd op de stoepe
wêr echt op stiet dat
dat er "verhuur"is
en dan reageare fan:
"Hoe komt u er bij, wij verhuren geen fietsen
ook geen electrische..."


Lossteande of loslizzende fytsen binne der wol.
Krekt as yn Ljouwert
binne minsken te beroerd
om de fyts yn de fytskelder te setten
en is it in rommelige boel foar it stasjon
en hat de "fietscoach" ek dêr de hannen fol


dinsdag 18 september 2018

Digitaal kafee


It giet wer los op moandei 24 septimber.
Dan sit ik as frijwilliger yn de byb
foar fragen oer 
tablets, tillefoans en no ek al laptops
en foar it útwikseljen fan erfarings
en it jaan en krijen fan tips oan elkoar

Wêz wolkom....tagong frij



woensdag 12 september 2018

"Beurzende" fisker





"Beurzende Vissers" stiet er bij it moaie byld
fan trije fiskers.

Ik kin it wurd "beurzende" net
mar ik kin mij alles der bij foarstelle.

It byld stiet bij de tsjerke yn Oosterend op Texel..
Doe't ik op ynternet nei mear ynformaasjes socht oer dit byld
kaam ik op dizze side.


Dêr stiet op dat er mear as 12.000 bylden fan minsk of bist yn Nederlân binne.
Twa hobbyisten binne wierskynlik wykliks op jacht om se allegear op foto te krijen.
Ik lês op harren side dat se gjin foto's fan oaren brûke mar se allegear sels meitsje wolle.
It wurdt tiid dat se nei Littenseradiel komme want der stiet noch neat op 

Sjoch hjir

maandag 10 september 2018

Tessel

Tessel
ek wol Texel neamd troch Hollanners en Dútsers
is in moai eilân.
Mei dy grutte in soad fariaasje
en at je de winkel/terrasstrjitte fan de Koog en den Burg
efkes net mei rekkenje
is it allegear like moai.

Moaie natoer, rêst, strân, bosk, havens, it waad
en dat allegear ferbûn mei prima fytspaden.

Wij fytsten der hinne (86 km)
sliepten trije nachten yn in pipowein
fytsten twa dagen it eilân oer en seagen fan alles wat
sa as dit prachtige keunstwurk bij Den Hoorn

en dêrnei fytsten wij werom (86 km)




zaterdag 8 september 2018

Hurde wurkers

Fytse nei Tessel en werom
betsjut twa kear de Ofslútdyk oer,
en dat yn ien wike....
Noch nea earder 
dy 30 saaie kilometers
twa kear yn ien wike fytst

Wij dogge it op moandei en tongersdei.

It momumint 
is krekt as foar safolle oaren
in plak fan efkes piipskoft hâlde,

in bakje, in broadsje en in pear foto's.
meast fan ir Lely 
de man dy't it betocht

Moandei oandacht 
foar it byld fan de wrotter

balstiennen 
je kinne it je hast net foarstelle
dat dit sa mei de hân dien is
32 kilometer lang......
respekt






en Lely, mei syn hannen yn de bûse, sjocht dat it goed is 

Bijschrift toevoegen

Foto


Der binne foto's dêr kin ik skoften nei sjen.
Dizze stie yn de Telegraaf
neidat 2 Amerikaanske toeristen delstutsen binne

Wat sjoch ik, wat tink ik:

  • De Telegraaf wie der mar wer fluch bij
  • Se hâlde him ûnderskot, wylst de linker plysjeman mei syn earke kontakt siket en freget om fersterking
  • De oare plysjeman sjocht ferwitend (man avensear!) mear nei syn kollega as nei de dieder
  • De lift op it Sintraal Stasjon wêr't wij yn yn juny ek wiene om op it goeie perron te kommen foar de trein nei Basel
  • Twa fytsen fan fytstoeristen dy't dêr tafallich wiene en miskien wol ûnderweis wiene nei Basel
  • Twa minsken dy't foto's en filmkes meitsje mei harren snútfoan
  • De bakker of kok dy't nei foaren ropt is om foaral ek efkes te sjen
  • In frou dy't wat benaud efter de bakker/kok ek besiket wat te sjen mar feitlik net doart
  • In man dy't er bij stiet as sjocht er nei in alegoaryske optocht
  • In man dy't efkes om it hoekje ek meisjen wol
  • In dieder dy't er bij leit as fytstoerist en efkes oan it bijkommen is