woensdag 25 maart 2020

Boek Peenstra


Dizze oankundiging fan in nij boek
kaam ik tsjin yn Plus.
Plus dat is in blêd foar 55 plussers
oer fit wurde
oer kwaaltsjes
oer sykten
oer beweging
oer minsklik lok
oer minsklik lijen
en mei in hiel soad adfertinsjes
oer cruiskippen, earapparaten en trepliften

Mei oare wurden
krekt in blêd foar mij.

Peenstra dus
ferline jier ferstoarn
wenne op de pleats wêr't no Rienstra
mei syn fokkerij sit.

Peenstra, ik siet in lyts skofke mei him
yn it Dielshûs bestjoer

de man wie sa handich ......


maandag 23 maart 2020

Fryske hannen

Troch Koroana
binne myn fingers wat mear dwaande foar Fryske hannen.

Alle dagen sa'n 20 akten fan ferstjerren
ynfiere yn de database

Wat is de stân fan saken?



Hokker gemeente doch ik?

Hennaarderadiel is klear
ik bin no dwaande yn Boalsert



Wannear doch ik dit?

De statistyk jout oan dat ek meast moarns oan de slach bin


Binne der ek bijsûndere beroppen yn Boalsert?

 Ik bin wer twa spesjale beroppen tsjinkaam:
1. Tabakzakplakkersknecht (in moaie tongbrekker)
2. Commissaris van het Leeuwarder trekveer





zondag 22 maart 2020

150 sentimeters



1,5 meter
150 sentimeter
dat is de meast hearde lingtemaat op dit stuit

Wij meie elkoar wol moetsje
op strjitte en yn winkels (leaver net)
mar wij moatte op ôfstân bliuwe.

Dat falt noch net ta
at je sa om je hinne sjogge.
Ik doch myn bêst,
en moat konstateare
dat it bij sommigen minsken
hiel goed slagget......
dêr bliuw ik oars ek bij út de buert

150 sentimeter
dat docht mij foaral tinken oan "de sentimeter"
sa't er faak gewoan neamd wurdt.

"Pak efkes de sentimeter der bij"
klinkt mij fertrouder yn de earen
as "pak it mjitlint út de naaidoaze".

Net tafallich fansels
is de "echte sentimeter" 150 sentimeters lang




donderdag 19 maart 2020

45 stikjes


Der is in "run" op puzzels haw ik begrepen.
Puzzels fan 1000, 2000 of sels 5000 stikjes.
It is it fermaak om de tiid troch te kommen,
no't binnenbliuwe it beste is.

Ik ha gjin sin
om de hiele dei
tusken al dy stikjes op tafel te wêzen.
Ik bin net sa'n lispuzzelman.

Op ynternet kaam ik dizze tsjin
45 stikjes
en der komt in doarp of stêd út.
Dat fyn ik dan krekt wol nijsgjirrich

De tiid wurdt bijholden
en nei 17 minút 21 sekonden
haw ik 90 % klear.
Doe hie ik it ek wat better yn de gaten,
hoe't it wurke.
19 minuten is it wurden
en moarn doch ik wer ien
Binnen it kertier skat ik yn
en dat is lang genôch foar immen
dy't neat mei puzzels hat




woensdag 18 maart 2020

Coroana

Nimmen kin der mear omhinne
it Coroanafirus.
Wij krije it op ien of oare momint
en dêrom sitte wij no wat ôf te wachtsjen.
Wachtsje op it firus
dat hieltyd tichterbij komt
mar net te hurd om him hinne slaan mei.
In bisarre sitewaasje, sa fielt it.

Hoe mear oare minsken it krije
hoe better dat is foar ús.

De agenda is leech makke.
Gjin muzyk, gjin Aaipop, gjin blues, gjin Band of Friends
Gjin fuotbal, gjin SDS

Myn plakboek,
dat mij letter herinnert oan belibbenissen
dat bliuwt sa ek hast leech.

Hjoed mar in earste side fuld
mei Coroana berjochten
as herinnering, letter
at wij it allegear oerlibbe hawwe
en de nije wrâld wer fierder giet.





zondag 15 maart 2020

Wat is it stil

Sneintemoarn, in oere as njoggen.
Ik fyts.
Ik bin allinne
Ik hear gjin auto op de provinsjale dyk
ik hear allinne wat greidefûgels
en wetterfûgels yn de Boalserterfeart

ik fyts
ik bin hast allinne
yn de fierte sjoch ik,
twa minsken dy't mij temjitte rinne,
goeie en moarn
klinkt it oer en wer

Ik fyts
ik bin allinne
de Slachte is ferlitten
dat is oars wol oars

It docht raar oan
de stilte op dizze snein.
Utwaaie, is sels dat net mear fertroud?

Ik fyts
ik bin allinne

Korona of
is de wyn gewoan te kâld


zaterdag 14 maart 2020

It fielt wat dûbel



De lêste jierren foaral
keapje ik wat bewuster itersguod.
It moat sûn en earlik wêze
en dat soks soms wat djoerder is makket neat út

Fairtrade artikelen
dy't foarhinne hast eksklusyf yn wrâldwinkels ferkocht waarden
stean no ek bij ús Jumbo yn it fak
en dat is wol sa maklik.

Yn jannewaris twittere ik
doe't ik it iten op tafel goed beseach
In ynternasjonal mieltsje;
Iten út de hiele wrâld op tafel.
Cherry tomaatsjes út Senegal,
de komkommer út Spanje,
de beantsjes út Marokko
en de jirpels út de Bildthoeke.

Dat moat oars tocht ik doe,
ik lit it spul út dy lannen tenei lizze.
Dat it sa fier weikomt
is net goed foar de útstjit ensf.

Ik sykje tenei in alternatyf en oars mar neat

Hjoed krigen wij fan dochter Anne-Marije
in ontbijtpakket fan Fairtrade
dat se wûn hie bij de Postkoadelotterij.
Yn ruil dêrfoar mocht sij in âlde fyts meinimme.

In moai pakket
en it past goed bij ús, tocht ik, doe't ik it útpakte.
Mar ....
de kofjebeannen ýt Columbia
de griene tee út China
de kakau foar de hagelslach út Lantijns Amearika of West Afrika
de Ingelske tee út Rwanda
de rystwafels út India
de sinaasapels foar de sinaasapelsop út Ghana
de huning út Nicaragua
en de reidsûker út Mauritius

Tsja
wol wat in dûbel gefoel
bij de earlike huning
dy is ek te keap yn Tritzum



woensdag 11 maart 2020

Katten


Earst hiene de aaisikers it dien
doe de boeren,
doe de foksen, en de wolven
en no krije wij as kattebesitters de skuld
dat er net genôch jonge fûgels binne

Jim sjogge it al foar jim seker
dat ik yn oerlis moat mei ús twa katten.
De iene 18 jier âld, de oare mei bloed út de wâlden.

Dat ik tsjin harren sizze moat,
wij smite jim der jûns net mear út,
jim moatte binne bliuwe.

Stop, it is dien mei dat fûgeltsje pakken;
it moat út wêze  mei al dy mûskes dy't jim de kop stikken bite
en dy't jim moarns bij ús foar de doar dellizze.

Ik sil it protest fan ús katten negeare moatte,
it protest dat wij it altyd goed fûnen dat se
mei libben ark thús kamen
omdat it no ien kear yn katten sit om te jaaien op soks
dat wij fine dat de natoer syn gong gean moat
en dat er dochs tefolle mûzen binne

Nee, BFVW
ús katten gean nachts nei bûten
en se meie mei fan alles thús komme.

Ik haw wol tsjin harren sein
dat wannear de gelegenheid him foar docht
dat se kieze kinne tusken in fûgeltsje pakke of in mûs
dat se dan foar de mûs kieze moatte






dinsdag 10 maart 2020

Boekenwike

It is boekenwike
en dat libbet ek op skoalle.
Jelske fan 8, 
ús pake- en beppesizzer is bij ús en freget:
"Pake lêst toch in soad",
Foardat ik ja sizze kin,
jout se oan:
"sil ik in blêdwizer meitsje foar dij"
"Graach" jou ik oan....

"Wat moat it wurde, hokker ding"
"Doch mar in gitaar,"lit ik har witte

Op Google in printsje fan in gitaar opsykje,
de Libelle wurdt ferknipt,
de lym komt út de kast
en in heal oere letter bin ik de grutske besitter
fan in gitaarblêdwizer.

In elektryske gitaar
want dat hie se ek noch frege

No mar hoopje dat Nyck,
de pakesizzer fan hast 2
dizze prachtige gitaar der net hieltyd útlûkt








zondag 8 maart 2020

Blues en Corona

12,5 jier blues yn Easterein
en dat moast fierd wurde
op in sneontejûn
mei fansels bluesmuzyk

Ut Amearika Johnny Mars
dat joech it affysje oan.
Johnny kin aardich goed mûlharpsylje,
kin goed sjonge,
en hij is donkere Amearikaan.

Op it poadium sneontejûn
stie in donkere,
goed sjongende en
fantastsyk mûlharpspyljende man.

It hie him wêze kinne, Johnny Mars
en der wiene tal fan besikers
dy't net witte of wisten dat hij it net wie.

Johnny is 78,
wierskynlik sa no en dan wat krakkemikkerich
en hij folcht it nijs noch goed.
Hij hie besletten om net nei Nederlân te kommen
fanwege it Coronafirus.

Op it poadium stie in Rotterdammer
ôfkomstich út Boston
hij hie in donker kleurke
en syn namme wit ik net..

It koe de wille net keare,
in moaie seal fol
fermakke him tige mei him
en de oare muzikanten.

Ik hie net folle mei de lêste band.
dy't it mei akoestyske gitaren diene
ynstee mei dy elektryske dy't ik graach heare mei.

Ik wie op tiid thús



woensdag 4 maart 2020

Net samar in akte



Bin wat dwaande op Fryske hannen
en dan kom ik in akte tsjin.
dy't mij nijsgjirrich makket.

Martijntje de Jong ferstjêrt
en sij hat, neffens de akte, 4 mannen hân.

Ik gean op Alle Friezen oan it sneupen
en gean op syk nei de 4 mannen.
Foar de folsleinens:
sij wie húshâldster
en it wie yn dy tiid net ûngewoan dat de
húshâldster mei de boer troude

1853 berne
1875 - sij is 22 jier - troud mei Hendrik Sminia
1881 - sij is 28 jier - dochter berne
1888 - sij is 35 jier - skieden troch "kwaadwillige verlating"fan Hendrik Sminia
1889 - sij is 36 jier - troud mei 58 jierrige Marten Hellinga
1901 - sij is 48 jier - Marten Hellinga ferstjêrt (70 jier)
1902 - sij is 49 jier - troud mei 64 jierrige Tijs Grijpstra
1909 - sij is 56 jier - Tijs Grijpstra ferstjêrt (71 jier)
1910 - sij is 57 jier - troud mei 66 jierrige Wibbe Nieuwenhuis
1921 - sij is 68 jier - Wibbe Nieuwenhuis ferstjêrt (77 jier)
1937 - sij is 84 jier - Martijntje de Jong ferstjert


Bijlagen:
Yn de akte fan skieding stiet as reden "Kwaadwillige verlating".
De man (sminia) hat har ferlitten en is no sûnder wenplak en net mear te finen. 


Dit is akte fan skiieding (wie net maklik te lêzen)



dinsdag 3 maart 2020

Opmerklik yn Fryske hannen

Bin wer wat mear dwaande mei it projekt Fryskehannen.
De nammen fan de akten fan ferstjerren
moatte yn in database setten wurde
en mei sa'n 500.000 is dat in hiele klus.

Dizze wike kaam ik wer wat tsjin
dat ik sels as opmerklik typear

Der stiet altyd "van beroep" ek bij schippers. No "van bedrijf" . Sa as altyd yn dy tiid hat de frou gjin berop en neamd men dat dus "zonder bedrijf" 


AS plaknamme wurdt oanjûn Oldeclooster, wylst dat in útbuorren fan Hartwert wie



De man is ferstoarn en de frou is tappersche yn Kimswert. Dat sil wol kasteleinske wêze.


Dit is al sa'n bijsûnder berop: weesmoeder

zondag 1 maart 2020

Wat is dat fan ding pake.......?



Sneon op Hinnaard
in kursus einekoer meitsje...
In ferslachje:

It begjint mei in toutsje en it eindiget mei in toutsje. 
Dêr tusken yn is it hurd wurkjen om in einekoer yn elkoar te flechtsjen. 
Wij krije de kâns om ûnder de ynspirearjende lieding fan Sjouke de Groot en Sjoerd Stenekes de keunst ûnder de knibbels te krijen.
Want in keunst dat is it. 
Dêr komt dizze groep fan 13 mannen en frouen wol efter.
De keunst is om yn in ûntspannen hâlding in goed boskje reid te pakken en dat mei de nulle en wat gedraai te ferbinen mei oare boskjen reid. 
De keunst om dat mei in stevige greep te dwaan en der foar te soargjen dat it úteinlik op in koer begjint te lykjen, dy't strak eaget en dy't in goed ûnderkommen wurde sil foar in ein. 
Sjouke en Sjoerd hawwe it drok mar kleie net. 
Sij moatte hjir en dêr in hantaast helpe en moatte bij mij de earste "stek" oanlizze, tuskentroch in "ferstevigings" slachje dwaan en oan de ein sette se de puntsjes noch efkes op de i.
In einekoer bouwe dat dogge je net samar efkes. 
Opperste konsintraasje en dat mear as 4 oeren lang.
 Wij kinne der net bij wei, oars komt it net klear en reitsje wij “ út de slach” en it is mar goed dat Eddy en Pep de hannen frij hawwe om ús sa no en dan te foarsjen fan in stikje, in bakje, in hapke en in snapke.
It is in keunst dat einekoermeitsjen en net sûnder grutskens steane wij tsjin seizen tsjin de skuorredoar oan, foar de foto mei ús kreaasje. 
Lytse, 
grutte, 
yn model, 
út model 
it makket allegear neat út. 
It is in learsume en gesellige middei wêryn it respekt foar de twa betûfte einekoermakkers ta ûngekende hichte stegen is.
Doe't ús pakesizzer de oare dei lâns kaam en myn produkt yn de garaazje stean seach wie syn fraach "wat is dat fan ding pake......? 
Doe wist ik it seker. 
Ik kin better in stikje skriuwe.





sa moat de einekoer wurde

der moat in klomp trochkinne