zaterdag 30 januari 2021

De earste stien

 Ik fyts troch Tsjom.

Dat doch ik wol faker en ik sjoch dan mei ûntslach nei de toer

en tink oan it ferhaal fan de lyntsjesnijers, 

sa't de bijnamme is foar it folk út Tsjom.

Ik kom dizze kear net fanôf Wommels of Frjentsjer,

mar fanút de rjochting Winsum/Wjelsryp.

Myn each falt op in earste stien, ynmitsele yn in gebou

tsjinoer de tsjerke

Ik stopje en meitsje in foto.

In jonkje fan 8 jier mei in hiel soad nammen
hat dizze earste stien lein fan de skoalle



Underweis nei hûs, tink ik oan Ulbo.

Wêrom hat hij dy earste stien lein

en hoe sit mei al dy nammen.

Thús efter de kompjoeter gean ik op syk.

Alle Friezen is myn helpmiddel.

Ulbo Jetze Heerma van Beyma (thoe Kingma)

is net samar in jonkje.

Hij is berne yn Warkum as soan fan Juliua Matthijs van Beyma. 

Dizze man wie frederjochter fan kanton Hylpen en wenne yn Warkum.

Dat thoe Kingma is der letter bij oanplakt

want yn 1849 is hij grietman en wennet hij yn Zweins.

Yn Zweins is in Kingmastate.

Dat 8 jierrige jonkje ferstjêrt yn 1876, 

56 jier âld, 

fan berop boargemaster yn Frjentsjer.


vrijdag 29 januari 2021

Lego

 


 Ik fyn dit in goed idee.

Lego, it stiet standert bij ús yn de keamer.

Twa pakesizzers piele dêr wol gauris mei om.

Platen mei diken.

Altyd auto's of moters.

Mar it kin oars wurde.

Wêrom ek net?


donderdag 28 januari 2021

Leugen

 It is dus in leugen 

dat ik mar ien kear iepenlik yn protest gie.

In smoarge leugen.

Yn de jierren 60 wolle wij graach fuotbalje yn Wommels.

Op it keatsfjild is gjin opsje, dat is hillige keatsgrûn.

De Terp is dêr net foar bedoeld, sa wurdt ús foarholden.

Wij sykje ús heil op stikjes lân bij nijbouplannen,

mar dat duorret meast net lang.

Talinten fan Wommelsers sille altyd ferburgen bliuwe..

It is op in woansdei. 

It is 1968, ik bin 13.

Ik wit net mear wêr't wij weistjoerd binne.

mar wij binne kûgels.

op de gemeente, dat it allegear salang duorret,

mei dat fjildtsje

Ik bin fergetten, dat dat myn earste demonstraasje is.

Gelokkich lêst in meidemonstrant it stikje

en it is dus Jan Oosterhaven 

dy't mij wiist op myn ferjiteftige leugen.


Letter is der in folweardich fuotbalfjild kaam yn Wommels.

Ik haw der noch hiel wat wedstriden yn SDS 3 of 4 of 5 spile,

myn noch altyd net ûntdutsen talinten sjen litten.

Wer letter, binne der op in part apparteminten boud.

Dêr wie ik poer op tsjin. 

mar demonstreare siet er doe al net mear yn.


woensdag 27 januari 2021

Protest

Der wurdt wat relskopt en protesteard hjoed de dei.

It soe neat foar mij wêze. 

Protesteare, de dyk op, ik moat der net oan tinke.

Ien kear haw ik sa gek west. 

It sil yn 1971 of 1972 of sa west ha, doe't ik op skoalle siet yn Ljouwert. 

Chris van Veen wie minister fan ûnderwiis. 

Hij hie ferkearde plannen. 

Ik wit net mear hoe slim dat allegear wie, 

mar it wie wol sa slim dat de learkrêften ús oertsjûgen 

dat it nedich wie om mei de bus nei Rotterdam te gean. 

"Van Veen, ga heen, Van Veen ga heen", 

dat songen wij, nee dat raasden wij út folle boarst.

De hiele middei, jûn en de heale nacht fuort en ik haw begrepen dat it neat holpen hat.

 Ik wie yn alle gefallen foargoed genêzen 

fan demonstraasjesucht.

Ik draai gewoan muzyk.

Protestmuzyk. 

Dat helpt en dêr hoege je de strjitte net foar op.





zaterdag 23 januari 2021

Grienlân

Mads Peter Nordbo is in skriuwer dy't wennet op Grienlân.

Syn boeken gean dêr ek oer.

Ik lês syn boek  "De vrouw met het dodenmasker"

It is it twadde boek dat ik fan him lês.

De boeken binne wol aardich, 

mar de omjouwing wêr't it spilet boeit mij mear.

Ik haw it boek wol sa ûngefear útlêzen

mar haw folle mear tiid besteed oan 

Grienlân op ynternet .

Opsocht oer alles wat er beskreaun waard

oer doarpen,  oer it klimaat , oer libbensomstannnichheden, 

Byld bij Nuuk

en oer keunst.

Ek de relaasje mei de Denen, de strategyske posysje

foar Amearika en foar Sjina 

Ik fûn dat yn dit gefal nijsgjirriger as it boek,

dat fierstentefolle gie oer minsken, dy't dea binne

en trochlibje as geast dêr.

Dêr leau ik dus net yn

Dat it bijsûnder is dêr, bewiist dit filmke










dinsdag 19 januari 2021

Sjoerd

Ik hâld fan bysûndere minsken.

lykas Sjoerd Zijlstra fan Boalsert.

Sjoerd wie in bijsûndere man.

Hij is stoarn, ferûngelokke mei syn fyts.

Sjoerd wie krekt as mij:

In fytser fan al den dei.

Oeral kamen wij elkoar tsjin.

Sjoerd  hie ek altyd in miening oer iets.

In eigen miening en meast net de gongbere.

Ik wit it noch goed.

Ik fytst op myn lisfyts tusken Ysbrechtum en Tsjalhuzum,

ik haw dat "wibele ding" noch net sa lang en ik moat noch wat wenne.

Sjoerd komt mij efterop, 

op in soarte fan reesfyts.

Goeie of hoi, sa groetet hij mij

hij sjocht, 

hij sjocht nochris en dan komt it oardiel.

"Ik haw ek in lisfyts", jout hij oan.

folge troch in oantal technyske gegevens en oanwizigingen

Ik hear it oan en knik (net) begrypjend,

ik bin sa wol trefreden. sis ik,

ik bin noch op ûntdekkingsreis.

Hoi, seit Sjoerd, en hij fytst op nei Boalsert

wylst ik ôfslaan nei Wommels

Sjoerd tref ik ek faak bij de muzyk.

Aaipop, Greidhoekfestival, yn Boalsert en wêr ek net.

Hij siket mij altyd efkes op

en freget dan wat ik der fan fyn 

at ik as oandachtige harker foaroan stean. 

Ik fyn gau iets moai, ik haw gjin skerp ear, 

bin net muzikaal en haw gjin ferstân fan muzyk.

Dat hie Sjoerd wol.

Hij wit mij dan altyd út te lizzen wat er net goed is 

en wêr't dat oan leit.

Sjoerd giet wer fierder 

op syk nei in oar

of op wei nei de lûdsman 

om him der efkes op te wizen, dat it oars kin en moat

Ik hear dêrnei oars nei de muzyk. 

It tredde wat ús bûn wie 1954.

Syn en myn boujier.

In goed boujier seine wij wolris.

Net dus

net goed genôch foar Sjoerd ....


Beste Sjoerd 

Moai dat ik dij kinnen ha

do hast in soad kleur jûn oan dyn eigen libben

en ek oan it libben fan oaren.

Dankjewol dêrfoar


Anneke en de jonges in hiel soad sterkte mei it ferlies fan jim bijsûndere en unike Sjoerd


Moarn haw ik op ynternet de moaie oertinking sjoen mei in optreden fan Beatles Sessions mei twa soannen fan Sjoerd en Anneke. 

Middeis haw ik efkes oan de dyk stien yn Boalsert wêr't Sjoerd foar de lêste kear lâns gie

zaterdag 16 januari 2021

Koroana



Koroana, wij komme der mar net ôf.

Koroana , it is oeral en nearne.

Koroana is dat in "fier fan myn bêdsjo"?

De sosjale kontakten yn it doarp binne minimaal.

Sa no en dan prate je mei immen, mar dat is gâns minder as oars.

Sa no en dan wit ek immen te fertellen dat dy of dy koroana hat.

Immen yn Wommels,
yn Nij Stapert,
yn Tywerthiem,
oan de oare kant fan de brêge,
yn de eigen strjitte......

Mar hoefolle binne dat er krekt?

Hoe read kleuret Wommels?

In antwurd op dy fraach, dêr haw ik ferlet fan.

Ik haw wat fûn.

Op dizze side kin ik sjen hoe read Wommels is

en hoefolle minsken der per dei bijkomme mei koroana yn Wommels

Sjoch hjir


Eigenwiis

 


Weledele heer (rju eale)

sa bin ik net faak oanskreaun.

Omdat it sa bysûnder is ha ik it bewarre

It is út it plakboek fan 1993,

Sûnt dy tiid rin ik neist de skuon

en haw ik hast gjin nije mear nedich


donderdag 14 januari 2021

Fris fytswaar

 Sa moai dy sinne fannemoarn, 

dus fytste ik betiid in rûntsje.

Letter op de dei noch sa'n 30 kilometer

Iens, ier op de moarn

Baard letter op de dei

Baard, keatsfjild....iisbaan

Jorwert, de pet fan J.J. Slauerhoff

op it stek bij de pastorij

Geert Mak binne se ek net ferjitten

de foardrager 

foar it kafe

Fraach is noch, wêr't dizze namme weikomt


Muzyk yn Vera yn 2020

 2020 wie in min muzykjier.

te min konserten bijwenne.

Ik wie wol twa kear yn Vera yn Grins.

Net bij de minste konserten at ik de stimlist sjoch

Doe't alles noch iepen wie, (dat wie yn jannewaris 2020)

gyngen wij nei the Murder Capital.

It wie in prachtige jûn mei dizze Ierske postpunk and

Sij stean op 5.

Yn oktober it lêste konsert yn Vera bijwenne

In sitkonsert, it wie bijsûnder.

Paceshifters, sa stadichoan myn favorite Nederlânske band




zondag 10 januari 2021

2020 in lêsjier

 Koroana soarget der foar dat ik mear lês.

Yn 2020 mar leafst 70 boeken......

Fan dy 70 binne der 52 trillers

en 18 boeken yn it sjênre muzyk, sport en biografy

Mei it Frysk hâldt it al wer net oer:

Meindert Bijlsma liet mij laitsje om syn fermaaklike fersen.






dinsdag 5 januari 2021

Strava

Se witte alles fan mij.

Wat ik keapje, wat ik doch en wêr't ik bin.

Se wolle ek alles witte en dêrom betinke se moaie dingen

Nim no Strava, it sosjale netwurk foar fytsers en rinners.

Sûnt april 2020 doch ik dêr ek oan mei.

Foardat ik in tochtje fyts, 

set ik Strava oan op myn tillefoan.

At ik thús bin, haw ik binnen 2 sekonden  in prachtich oersicht

wêr't ik lâns fytste (dat wist noch wol)

hoe hurd (kin mij neat skele)

gemiddelde snelheid ( seit mij neat)

de kalorien (haw ik neat mei)

it gemiddelde fermogen (ik haw gjin idee)

en it hichteferskil (bin net in klimmer)

Nettsjinsteande al dy nutteleaze feiten

sit er foar mij dochs in útdaging yn:

De heatmap

Safolle mooglik kiliometers fytse op ferskillende diken.

Myn heatmap fan 2020 kinne jim hjir sjen.

Wat reader wat faker ik dêr fytst ha.

Totaal binne dit 9000 kilometer

meast yn Fryslân, mei in útstapke nei Hollân, Drinte

en Denemarken




maandag 4 januari 2021

Flow

 Hij/sij sit of se sitte yn in flow.

Dat heare we no en dan 

at in persoan of in ploech in langere tiid goed presteart.

Net te stoppen....

Mar wat is in flow.


En fierders kin ik jim sizze

dat er fan alles te krijen is mei Flow.

Sjoch hjir

zaterdag 2 januari 2021

Kilometers 2020

 


It wichtichste statistykje fan 2020: it oantal fytste kilometers

Totaal 12.480 kilometer en dat is in rekôr.

Sûnt 1 april op Strava en dy soarget foar wat nijsgjiirige sifers

aktyf op 567oeren en 40 minuten

totaal fytst sûnt 1 april 9007, 3 km

hichtemeters 8590

aktive dagen 245

aktyfste tiidstip: tusken 7 en 8

langste rit op ien dei: 106 km

meast heuveleftige dei; 22 july  yn Denemarken



It âlde rekôr wie yn 2011: 12 409 kilometer





vrijdag 1 januari 2021

1-1-1977

 


It plakboek fan 1977 begjint mei dizze knipsels.

Ik wenne yn Snits.

Op de Oude Koemarkt hie ik in keamer.

Twadde etaazje. In keamer fan 2 bij 3.

Aldjiersjûn haw ik net útsitten,

net folle oan allinne, boppedat haw ik der neat mei.

No noch net.

Middeis helle ik in nijjiersbuorrel op de Kliuw.

Bij Tsjerkje en Fonger en Lammert en Anne.

Jûns gie ik wer nei Snits.

Noch net sloech lykas de measten 

dy't it âldjier wol útsitten hiene

Noch efkes nei de Panbar.

Dêr trof ik Jellie.

Dat wie it begjin fan ús relaasje.

Wij binne no 44 jier fierder..


Aantje pyromaantje

Aldjiersdei, de sinne skynt.

Gjin buorrel yn de sporthal yn Easterein

bij it âldjierbaljen fan SDS.

Dus fyts ik in eintsje.

Oer Skrok, dat doch ik wol faker.

Op in ferlitten stikje grûn leit in houtbultsje.

Krekt opboud, oan de spoaren te sjen, 

Ik tink oan dy bylden fan Veen en Twizelerheide

doarpen dêr't auto's en autobannen yn de fik stutsen wurde.


Moai dat dit noch kin, tink ik:

in bouwwurkje foar it âldjierfjoer.

Net te grut en op de romte,

twa kilometer fan Wommels, twa kilometer fan Easterein.

Hoe moai kin it wêze.


Ik twitterje dêr efkes oer

omdat ik graach twitterje

Ik jou oan dat it sa ek kin.......

Mar dan..........




........ is dêr in mefrou yn Huizen, 

dat leit yn it wylde westen 



dy't dus fan "online uitdagingen" hâldt en "complexe projecten"

dy't beskikber is foar Digitale Transformatie & Organisatie

en dy't no dus in oproptwiit ferstjoerd nei har 5989 folgers.

"Wees geen AANT Hofstra in Wommels".

Ik wist net wat se no krekt docht, mar no wol,
dit dus:

Unskuldige minsken beskuldigje op twitter.

Ik haw mar efkes in berjochtje werom dien op har oprop fan

Wees geen Aant Hofstra


;
Ik haw de earste twiit mei foto mar efkes fuortdien,

om foar te kommen dat er mear fan har folgers

itselde nivo ha 

en op syk binne nei in digitale útdaging.

Dus ik soe sizze wolle

doch net as Renate Wijma......dan wurdt it in moai jier