maandag 31 oktober 2022

Relive

Dat Relive is in alderaardichst programma

Sjoch hjir ús loopke yn Gaasterlân,

Foto's set it programma der sels bij.



https://www.relive.cc/view/vQvy2n7M8KO




Sûkerbiten

Bij Arum en bij Penjum

grutte bulten sûkerbiten

lykas  alle jierren.

De lytse bouhoeke mei syn sûkerbitenparkearplakken

Se lizze klear om fuortbrocht te wurden

nei de sûkerfabryk yn Hoogkerk.

Se lizze der snein noch droech en net skjin bij

Tiisdei binne se fêst wiet en miskien wol skjin







Skriuwer

Ik bin  gjin skriuwer mar skriuw wol graach.

Ik lês yn in blêd in ynterfjoe mei in skriuwer.

Hij is 70

en hat krekt syn rydbewiis helle.

Needsaak fanwege sykte fan syn frou

Hij hat er in boek oerskreaun,

fat proses fan in rydbewiis helje

at je it feitlik leaver net helje wolle.


  

Bin ik dan toch in skriuwer?  

Ja, dus 

In skriuwer sûnder boek en sûnder riidbewiis                              , 

woensdag 26 oktober 2022

Aant

 At je Jan, Piet of Klaas hjitte

dan witte je dy namme yn Nederlân hiel faak foarkomt.

Hoe sit dat mei Aant?

Ik sjoch efkes op dizze side fan Instituut Meertens

Yn 2014 komt de namme 137 kear foar yn Nederlân., 

wêrfan 94 as earste foarnamme.

De measten wenje yn Fryslân.



dinsdag 25 oktober 2022

Knooppunt 10

 It wie mei al in wike in doarn yn it each

dy peal fan de knooppuntenroute,

dy't bij de Krommsesyl stie.

Stie, want hij driuwt yn it wetter rjochting Wommels.

Leadswier kom ik efter,

at ik besykje dat ding op wâl te krijen.

Dat wurdt neat sûnder boat.

Tafallich tocht Sicco Jellema it selde en hij hat in boat.

Tafallich fytse wij fanút Boalsert der lâns.

Dus foardat Sicco de feart leechfisket

sil hij earst besykje de peal der út te heljen

Dat slagget net allinne.

Hij triuwt him nei de wâl 

en Jellie en ik lûke en hij triuwt him op de wâl.

Ik doch in melding bij Marrekrite

en hoopje en ferwachtsje dat hij oer in pear dagen wer 

op knooppunt de Krommesyl stiet.

En dan mar hoopje dat se der mei de poaten ôfbliuwe.







maandag 24 oktober 2022

Zeikwijven

 



Hugo Borst skriuwt moandei yn it AD in stikje oer Daley Blind.

Hij skriuwt it sa't ik it sneon belibbe bij Nijland 1 - SDS 1'.

Gjin Daily Blind, mar tal fan spilers fan SDS

dy't ik mei namme neame sil, troch it risiko dat ik dan ien ferlit.

Freeslik, om hieltyd mar wer te agearen tsjin in skiedsrjochter.

Is it net logysk dat it spul net om oan te sjen is (neffens de LC ek)

at je it sa drok ha mei de beslissingen fan in skiedsrjochter?

It skellen opelkoar helpt sommigen spilers folgens mij ek net.

Al mei al, in beskamsum optreden

en dat is net foar it earst dit en foarich seizoen.


Earkes

 "Hoe bevallen de oortjes",

freget Pieter van Bol.com mij sneintejûn at ik krekt thús bin.

"Hoe wit Pieter fan Bol.com dat ik se sneintemiddei foar it earst brûkt ha",

freegje ik mij gelyk ôf.

It konsert fan Sloper yn Iduna is de test.

Al dy ferhalen oer earproblemen hat mij besluten dien

om bij hurde konserten de earen te beskermjen.

Ik stie foaraan sneintemiddei

en koe folop genietsje fan dizze hurde band.

It klapte omraak mei twa lju op slachreau 

mar it is net te lûd, sa erfaar ik.

In minpuntsje fyn ik wol dat it praten mei in oar

net echt lekker oanfielt.

Praat ik te sêft of raas ik, ik haw gjin idee,

at ik in bekende tref.

Gelokkich bin ik allinne en hoech ik fierders mei net ien te praten

Prachtich konsert, unyk om te sjen, 

wat twa entûsjaste drummers te weech bringe kinne.

Ramkot yn it foarprogramma wie ek neat mis mei 



donderdag 20 oktober 2022

Dikke bannen

 Je sjogge hieltyd mear fytsen mei dikke bannen

Sels ik haw der ek ien.

It fytst lekker en it fielt fertrouder

Mar, freget er dan immen

fytst dat net swierder mei mear wjerstân op de dyk?

Ik sis dan dat dat net sa skynt te wêzen 

mar dat ik it net útlizze kin

Yn de Vogelvrije fytser, it blêd fan de Fytserbûn,

jouwe se in antwurd.

Komt de fraach wer 

dan wiis ik hjir nei ta, 

want neidat ik dit lêzen ha, 

kin ik it noch altiten net útlizze.

Dat leit him oan mij......







Plaatsjes oer

 It SDS plaatsjeboek is fol

freonen en freondinnen binne ek al klear.

It ynplakken is dien

it opplakken begjint




dinsdag 18 oktober 2022

Neat bij net folle

 Ferline jier hiene se yn Ljouwert in ljochtprojekt

Teksten en plaatsjes op muorren yn de binnenstêd.

It wie in aardichheid om dêr om te stappen 

en de teksten te lêzen.

Dat kinne wij ek tochten se yn Snits.

Der sil wol in soad jild "fuortsmiten"wêze

om it ljochtprojekt Luna no draaie te litten.

Keunstners mochten wat meitsje

en sa toffelen wij krekt as tûzenden oaren

op jûn de 5 kilometer lange tocht troch de binnenstêd fan Snits.

Wij foelen hieltyd yn herhaling.

"Neat bij net folle" wie it snoeihurde oardiel,

wylst wij oars keunst best wurdearje kinne

De blommen yn it wetter bij it Bolwurk, 

de opkommende reinbôge op in gebou bij it feemerkterrein

en de portretten op de beammen yn it Wilhelminapark,

dat like noch wat.

Foaral it Wilhelminapark is wol bijsûnder.

De rest wie it loopke net wurdich.

Ik hearde net folle positive lûden om mij hinne.

Foaral teloarstelling: is dit alles?

Ja dit is alles.

Sjoch it as in rintocht op jûn troch de stêd Snits

en wês bliid dat je fierders gjin jild koste hat.

Fia de gemeente hawwe wij der fêst al oan mij betelle.








dinsdag 11 oktober 2022

Fertrouen bij Freonen op de fyts

 


Ferline wike fytsen wij troch it lân

en sliepten bij "Vrienden op de Fiets"

in organisaasje wêr't wij lid fan binne.

Foar 8 euro yn it jier

en 22,50 per persoan foar in oernachting

Wij sjogge dit jier in soad fertrouwen bij dy gastgesinnen.

Se binne sels net thüs, mar de kaai leit klear

Se geane moarns betiid fuort

en at wij de kaai yn de blommefaas dwaan wolle.

It moanriten stiet al yn de kuolkast

de ynstruksje foar in tv of magnetron leit klear

en lis it jild mar op tafel del.

Totaal hawwe wij tenminste 86 gastadressen hân.






maandag 10 oktober 2022

In boek

 At ik bij in oar oer de flier kom

en der stiet in boekenkast of der lizze boeken

dat moat ik efkes sjen.

Bij cd's haw ik dat ek,

mar cd kasten komme je net folle mear tsjin yn in keamer.

Yn in oernachtingshúske yn Boskoop lizze wat boeken.

Ien dêr fan is dizze


In nijsgjirrige foto en titel.

Ik begjin te lêzen en fyn it tige nijsgjirrich.

Yn ien jûn út dat slagget net.

Meinimme en dêr in tientsje dellizze is in mooglikheid

mar sjen at myn bieb it ek hat is miskien noch  better

Noch ûnderweis sykje it op

en kin it online reserveare.

Freed wer thús, moandei krij ik berjocht

it boek leit yn de bieb fan Wommels.

It is no moandeitejûn

en ik bin al wer drok oan it lêzen.

De bieb is ûnmisber

en ik bin bliid dat dy yn Wommels is


zaterdag 8 oktober 2022

Herten

 


Dit wie in moai momint op de Veluwe dizze wike

Earst draafden se nei links, de dyk oer,

doe kamen se werom en keazen in dyk flakbij ús út.

Ik kin jim sizze, se sjogge net út

De lêste hie in gewei

In hjerst fytsreiske

 


Dit is it rûntsje dat wij dizze wike fytst ha.

4 oernachtingen bij freonen (op de fyts)

yn it Harde, Veenendaal, Boskoop en Sint Pancras

In pear foto's

de Ofslútdyk oer, is in makkie dizze jierren

Fort Knoxx bij Hoofddorp

in moaie oplossing


yn Boskoop hawwe wij in moai optrekje



herten

kofje bij de M, mc drive op de fyts


yn ien fan de húskes



Bij Rust oan de kofje, it jild yn gas stroom dien



dinsdag 4 oktober 2022

Jan Modaal

 Is der ek in Jan Modaal yn it bûtenlân

wie de fraach fan immen.

Ja dus.



maandag 3 oktober 2022

Bob

Dylan, ea in goeie protestsjonger

no iets te ryk.

Bob syn tiid hat west.

Muzikaal sjoen al lang,

foar de rest no ek.

Hij wol noch  riker wurde

troch kaartsjes fanôf 106,40 te ferkeapjen.

Foar dat jild sjogge je in stugge útbluste 81 jierrige rike stjonkerd

op it poadium stean, 

dy't besiket belutsen oer te kommen

(sjoch syn foarige resinsjes)

De kaartferkeap rint  net goed

Hoe is it mooglik?

Komt dat troch de priis?

Of......






Of komt it hjir troch?




zaterdag 1 oktober 2022

Wommels yn 1917 en 1918 (slot)

 As lêste yn dizze rige 1917 en 1918 noch wat berjochten út Wommels














Helmantel en Meijer

De ferskillen binne grut mar de oerienkomst is der ek. 

Meijer is yn Papenburg bleaun en Helmantel bleau yn syn Westerems.

Dat se beide iets bijsûnders meitsje dat oansprekt, hawwe se ek gemien.

Mar dat is it dan ek wol.

Wij seagen freed bij skipswerf Meijer yn Papenburg (Dútslân) 

en koene ús fernuverje oer de grutte skippen dy't dêr makke wurde. 

Yn it lytse hal ( mar 300 meter of sa) 

en in grutte hal (mear as 500 meter en 75 meter hichte) 

wurde grutte cruiseskippen makke 

wêrfan de measten fan ús selsskip seine, 

dêr sille wij gjin gebrûk fan meitsje.

Ferbazing oer hoe't je dit allegear foarelkoar krije. 

It meitsjen mar foaral de planning en de logistyk 

is in geweldige útdaagjende klus.

In aktive rûnlieding mei in ynlieding mei Dútske humor, 

koarte filmkes en in moaie útstalling 

fan wat er allegear al makke is bij Meijer yn Papenburg 

mar ek bij Meijer yn Turkije, Finlân en tal fan oare lânen yn de wrâld. 

Skippen meitsje it is in keunst.

Keunst sjogge wij ek bij Henk Helmantel yn it Grinzer Westerems 

Krekt as Meijer bliuwt hij ek yn syn eigen doarpke 

en mei grutskens fertelt hij yn de tsjerke

 (bûten gebrûk mar syn ûntfangstromte) 

dat er fanôf it begjin bestean kin fan syn skildertalint.

Stillevens en  prachtige ynterieurskilderijen û.o fan de tsjerke fan Boazum 

steane no útstald yn de pastorije. 

Dy pastorij is al in ferhaal op sich. 

Dy wie ôfbrutsen, de fundaminten leine der noch 

en Helmantel seach kâns him hielendal wer opnij op te bouen

yn in styl dy't hielendal bij it doarp en de tsjerke past.

Hij wennet der yn en yn de "skuorre" hat er syn eksposysje.

Meijer sette Papenburg op de wrâldkaart en Helmantel syn Westereems.

It wie in nijsgjirrige dei mei tuskentroch op tiid wat mear as in hapke en in snapke.

Thús noch ôfsletten mei in wyntsje, 

want dy oare wyn dêr hiene wij it oan te tankjen, 

dizze prachtige dei fan de FKWWI.