zaterdag 31 juli 2021

Schoonhoven - Tiengemeten

 


Dei 2 begong gelyk mei in pont oer de Lek

Dêrnei lâns de Lek, rjochting Kinderdijk.


Dêr wiene wij noch nea west.

In moai eintsje fytsen foardat wij yn Alblasserwaard kamen.

Gebak bij de kofje,

want dizze dei stapte ik oer fan route 66 nei route 67



Doe op syk nei de oerstek mei in pont 

dy't ús oerbrocht nei Puttershoek.




Hup Keesie.... út de tiid dat reedriden noch leuk wie

Syn heit hie yn in kafê  en Kees is berne yn dit ponthûs

Us kamping wie op Tiengemeten

in eilân fan Natuurmonuminten

In pont bringt ús oer en kampeare is tastien.

Leden hawwe de foarkar om dêr te ferbliuwen

Wij binne gjin lid

dus betellen wij mear op de boat en op de kamping

Wij mochten net op in gesellich terrein stean mei beamkes 

mar hiene rom plak op in stik lân mei "metersheech"gers.

De rêst dy't wij ferwachten wie der net

op in pear kilometer ôfstân rint de Haringvlietdyk

en dêr jakkert hiel wat ferkear oer yn de nacht




Ien nacht wie lang genôch dêr

vrijdag 30 juli 2021

Hoofddorp - Schoonhoven

 


Us reis begong yn Wommels

mar it fytsen begong yn Hoofddorp.

At je de Ofslútdyk net oer fytse meie

dan kinne je krekt sa goed in eintsje fierder meiride (mei Tsjeard)


Hoofddorp dus,

dêr't de fleantugen wer yn grutte getal oerfleagen

Lâns it wetter oer Alphen, Boskoop, Gouda

nei Schoonhoven




In kamping oan de Lek.

It hege wetter wie al west 

dus mochten wij kampeare bij it wetter

In moaie kamping en Schoonhoven is in prachtich stedtsje


donderdag 29 juli 2021

Werom

 


Werom fan alwer in fytsfakânsje.
720 kilometer yn 10 dagen.
Starten yn Hoofddorp, nei Seelân fytst
fia Noard Brabân, Utert en Noard Hollân werom nei den Oever
Prachtich waar oerdei
drrigjend waar op de middei
en de lêste 4 jûnen en nachten rein.

De kommende tiid wat mear oer dizze reis

dinsdag 20 juli 2021

Underweis

 Moai waar, lange dagen

fytsfakânsjewaar

wij binne der op út

oan 1 augustus of sa....

sa no en dan in foto op twitter

fanôf in  kamping yn Nederlân

(sjoch hjir neist)

maandag 19 juli 2021

Heech gers

 


At wij ûnderweis binne
yn in ûnbekende omjouwing
dan is it ferfelend dat de ANWB poddestuollen net te lêzen binne
fanwege it hege gers.

Dus at ik dat yn eigen omjouwing sjoch
pak ik thús de haachskjirre
en los ik it op.
Freed mei Samme efkes bij de Warntille
oan it knippen west


zondag 18 juli 2021

 

It is de nacht fan sneon op snein

Brecht sliept bij ús.

In moaie sneon en mei nocht op bêd.

Sliepte lekker doe't wij in oere as 12 op bêd gyngen.

Bra,bra, bra, wie it in oer as trije

Braaaaaa, braaaa, braaaaaaaaaaa

wie it in oere as fjouwer

De sliep út, dat  miende se...

Brecht en ik nei ûnderen,

koe se efkes boartsje sa betiid op de moarn.

Om healwei sânen wriuwde se har yn de eagen.

Bedtiid dus.....

Om 9 oere wie se echt útsliept.....



dinsdag 13 juli 2021

Boartsje mei taal

Twa wiken lyn spruts ik Pyt Postma yn Wommels oan.
“Dyn namme komt faak foar yn de rubryk "Nij Frysk Wurdboek”, ik soe der wol efkes mei dij oer prate wolle, want ik fyn dat wol nijsgjirrich.
Meitsje ik der in blochje oer”

“Altyd goed,” seit Pyt en hij begjint gelyk al mei entûsjasme te fertellen oer hoe en wat.
“Ik haw krekt wer in wurd ynstjoerd.
“Wjerskôgje”, as nij wurd foar “doublecheck”. 
Pyt leit mij dan gelyk ek út hoe’t hij der oan komt. 

Op tiisdeitemoarn 13 july bledderje ik de Ljouwerter krante troch en myn each falt op in kop mei it wurd  “Wjerskôgje”



Pyt, tink ik gelyk. It is him wer slagge.

Ik stap gelyk op de fyts en tref him thús oan. 
In grutte laits en grutsk.
Dochs wol, hoewol it fansels mar in aardichheidsje is.  
In pear fragen oan Pyt

Pyt, do dochst faak mei, hoe bist dêr sa ta kommen?

Sûnt ik net mear hoech nei te tinken op it wurk tink ik oer dit nei.
Ik haw in soad aardichheid oan de Fryske taal en fyn it alle kearen wol in útdaging om wat te betinken. Boartsje mei taal is prachtich.

Op hokker wize dochsto dat. Sikest yn âlde boeken, of wurdboeken of smytst it thús yn de groep?

At ik gelok ha, dan sjit mij al frij gau wat te binnen.
Do sjochst op de krante fan hjoed dy’t hjir leit, dat ik al in wurd opskreaun haw.
Dat skeat mij as earste te binnen foar de nije opjefte.

Mar it kin ek wêze dat ik der wat mei omrin, der in nachtsje oer sliep en dat ik dan tefreden bin.

Hoe faak hast wol net meidien?

Sûnt juny 2019, mar in inkele kear kom ik net op in wurd wêr’t ik tefreden oer bin.
Dan stjoer ik neat yn.

Dyn wurd is no útkeazen en ik sjoch datst it grutsk bist. Is dit al faker bard?

Ja it wurd “fly-by” moast ek in kear oersetten wurden en doe stjoerde ik “flo-sjo”yn.  Mei de útlis der bij wie it rekke.

Ik hie dy kear meardere wurden ynstjoerd en dy fûnen se wol grappich.



Der binne troch de jierren mear as hûndert nije wurden makke, brûkst se sels ek?

Der binne in pear wurden dy’t hingjen bliuwe, mar it bliuwt lestich om nije wurden yn in petear te brûken sûnder der bij te sizzen wat ik der mei bedoel.
Dan sjit it syn doel wat foarbij.

Wat fynst fan oare ynstjoeringen?

Ik fyn it in fermaak om dat te lêzen. Moaie fynsten betiden, mar soms fyn ik it te fier socht. 

Bist altyd hoopfol ast wat ynstjoerst?

Dat is net altiten sa, mar somtiden dan mien ik op foarhân hast seker te witten dat myn wurd útkeazen wurdt.
Dan bin ik tige tefreden dus.
De sjuery sjocht it dan oars.

Swier teloarsteld dan?

Seker net, der binne safolle mogglikheden mei taal. It is fansels geweldich dat se in wurd fan mij útsykje, mar at it net sa is, haw ik gjin argewaasje

Wat noch wat foarbylden fan wurden dyst ynstjoerd hast?

hacker – net ynbrekker

vintage – earsttenein

freelancer – kwartsjesiker

Hast ek kontakt mei oare ynstjoerders want it binne faak deselde?

Ik haw gjin kontakt mei oaren, útsein mei Harm Posthuma. Dêr haw ik it lêst efkes mei oer hân want hij stjoert ek wol ris wat yn.

Lêst in soad Frysk?

Ja, best wol. Bin no mei Hylke Speerstra syn nije boek dwaande en at er ien moai byldzjend Frysk brûkt is it Speerstra wol.


Ta beslút

De rubryk Nij Frysk Wurdboek stiet tiisdeis yn de Ljouwerter Krante. Ek op Facebook binne de ynstjoeringen te folgen.

Wij kinne fêst noch mear ynstjoeringen fan Pyt yn de krante ferwachtsje. Net op facebook, dêr docht hij net oan.



zondag 11 juli 2021

Wer belibje

Der binne tal fan apps om  je fytsprestaasje fêst te lizzen

Dit is ek wol in moaie: Relive

In rûntsje troch Skrok mei in muorre fan fûgellûd

en fia Hinnaard en Iens werom

vrijdag 9 juli 2021

In rûntsje om Grins hinne



De stêd Grins, dêr wolle wij om hinne fytse.

Dat is de útdaging tongersdei.

Auto yn Gryptsjerk 

en lâns it van Starkenborgkanaal de earste kilometers

Bij Gaarkeuken


Lâns Briltil, 

troch Zuidhorn, 


lâns it Aduarder Voorwerk, 

er de Wierumerskou 


en lâns de Wierdebegraafplaats bij Wierum, 

in snufke stêd Grins,


troch Zuidwolde, lâns Kardinge, oer Noorddijk, 

oer Meerdijk, Klein Harkstede, Engelbert, 

Waterhuizen, Haren,

om it Paterwoldsemeer hinne, troch Hoogkerk


oer de Poffert

troch Oostwold

troch Enumatil


lâns Faan

troch Niekerk

lâns Gaarkeuken

werom nei Gryptsjerk,


It wiene 86 moaie kilometers

oer goeie fytspaden en dykjes, 

mei in soad ôfwikseling 

en troch leuke doarpkes

Wij hiene sa'n 50 nûmers

fan it knooppuntennetwurk nedich

Wierum

Wierum leit yn it noarden fan Fryslân.

Wierum leit ek yn Grinslân.

Nea witten, 

mar doe't wij in omliedingsroute folge moasten

op ús fytstocht om de stêd Grns hinne 

kamen wij der lâns.

It wie tiid foar in broadsje 

en dus sykje wij in moai plakje 

yn it skaad fan in tsjerkhôf.


In tsjerkhôf, 

ik haw meast grutte muoite om dêr lâns te fytsen

sûnder efkes te sjen.

No past it hielendal.

It broadsje op en in slach oer it tsjerkhof.

Tafal of net, 

mar bij it earste grêf  dat ik sjoch

komt er gelyk in herinnering nei boppe

In heit, in dochter, augustus 2017?


Dit it grêf fan de heit en de dochter

dy't omkaam binne op Lauwerseach.

6 wiken lyn fytsten wij it Lauwermar om

en seagen yn Lauwerseach tsjinoer de fiskboer

in "monumintsje"foar de heit en de dochter.

Ik bin der hast wis fan.

Thús sykje ik it noch efkes op.

Sjoch hjir