dinsdag 30 september 2008

You Tube

Hast alle dagen sis ik wol in kear lûdop: ynternet en you tube wat soene wij moatte sûnder dy dingen. Alles kine je fine en wer belibje. En dat lêste dat is leuk, at je âlder wurde, kin ik jim sizze.
Sa seach ik de namme fan John Mayall stean, omdat hij optreed yn Ljouwert. John Mayall. Dat wie dy bluesman ût de jiereen 70 en 80. Dat wie de muzyk dy't ik wol leuk fûn mar de measten net.
Hoe âld soe dy man wêze. Ik sykje op ynternet: Berne yn novimber 1933. Dat betsjut 74jier. 74 jier en dan noch folle sealen lûke yn ferskillende plakken yn Nerderlân en de hiele wrâld.
Op You Tube socht en do kaam ik dit prachtihe blues filmke tsjin. Tribute to Peter Green, de man fan Fleetwoord Mac en de man dy't ek spile mei John Mayall

zondag 28 september 2008

Andre had humor

Dat wie in diel fan de kop fan in stik yn de LC. De rest wie....en heel veel problemen.....
It giet oer it feit dat ene Robert de Waal, sjoffeur en bealchoppasser fan Andre Hazes in boek skreaun hat. Ik tink dat hij wat sterke ferhalen ferteld hat en dat in oar it boek skreaun hat.
Der wie al in boek fan Rachel, de frou fan Andre. Twa boeken oer in man dy't wol wat sjonge koe mar fierders net echt in bijdrage levere hat oan it tema hoe libje wij in bytsje sûn en litte wij wat noarmbesef sjen.
It slimste fan dit alles is dat yn dit stik ek stiet dat de âlders fan Rachel ek dwaande binne mei in boek oer harren held of antiheld. Neffens it ferhaal komt Rachel der net foardielich út.
Myn ferwachting is dat der noch in boek komt fan de buorlju op de kamping (titel: André onze kabouterbuur) fan de SRV man (titel: André lust er wel pap van) en van een homofile neef (titel: De achterkant van het gelijk)

woensdag 24 september 2008

In minut stilte

4 maaie dat wie yn myn belibbing in bysûndere dei. Dan moasten je in skoftke stil wêze. En dat diene je ek. Yn myn byld fan earder sjoch ik in bus en wat autos stilstean op de dyk en wij leine as jonges op de Terp te wachtsjen tidens it fuotbaljen. At de klok begûn te lieden koe it wer los. En mei in befrijingsdei der efteroan hiene wij donders goed yn de gaten wêrom je dat diene.
In minút stil wêze en efkes je tinzen gean litte, je emoasje komme litte is net ferkeard.
En dêr stean ik kommende sneon dan, op it fjild fan Menaam mei SDS 5 en myn emoasjes wolle mar net loskomme en ik sit mar te prakkesearjen foar wa is dizze minút stilte ek al wer.
Ik wit net wa't soks betinkt, mar om alle fuotballers fan it Noarden op te roppen om stil te wêze foar immen dêr't 99.9 % fan de fuotballers noch nea fan heard hat, giet mij te fier.
En dan kin it best de stille krêft west ha efter in sûne KNVB distrikt Noard, it tsjinnet gjin inkel doel om dêr in minút bij stil te stean, krekt foarôfgeand oan al dy 14.30 oere wedstriden.
Stil kin ik wol wêze bij Simon en Garfunkel

vrijdag 12 september 2008

Supertreffer

It is tongersdeitejûn hiel let, let ik mar sizze it is freedtemoarn hiel betiid, dat de Treffer redaksje de kantine fan SDS binnenstapt. Sûnder mij. Like let as mei mij, hawwe se de gearkomst beeindige.
Ik haw foar it earst bartsjinst en Willem, Sjoerd, Gerard, Dirk Yde en Atty krije dan ek echt de lêste want it is tiid. Willem nimt it wurd en wit te melden dat de Treffer út is. (dat sil tiid wurde,it is mids septimber, flitst der troch mij hinne) . "In hiel bysûndere Treffer", seit Willem ( klopt, tink ik, sûnder mij makke) "en hij is foar dij, want it is de Aant Treffer".
Hielendal ferbjustere nim ik in prachtich boekje oan en blêderje it fluch troch.
Ik sjoch allegear nammen stean fan minsken dy't yn it komplot sieten: Jellie, ús bern (Hildau, Tsjeard en Anne-Marije), Douwe, goede-âlde Bolke,Freddie, Meinte, Klaas, Sibe en de redaksje. Wat in begjin fan de freed.
Ek noch mei 6 Murphys en in lekkere woarst yn de tas fyts ik mei Willem wer nei Wommels. Thús nim ik dy Treffer efkes troch en gean teloarsteld op bêd en fal foar twaen net yn sliep.
De oare moarn bin ik myn teloarstelling noch net kwyt:
"Hoe is it dochs mooglik dat se sa'n moaie Treffer meitsje kinne, sûnder mij. Sûnder mij!!!!
Mar nei trije bakken kofje en in slach om Kûbaard op de lisfyts, wêr't myn beste tinzen altyd boppekomme, slacht myn teloarstelling om yn bliidskip.
Geweldich dat de Treffer yn dizze foarm hast 10 jier bestiet en dat er altyd wer oare talinten binne dy't ek meiwurkje wolle oan it moaiste, it leukste en it meast Frysktalige fuotbalklupblâd fan Fryslân fan de moaiste klup yn de omkriten fan Wommels en fierderop.
Mannen en frouen dy't meiwurke hawwe oan dizze Treffer. Tige tank. It is wat mij betreft de moaiste Treffer ea....(en it bliuwt freeslik dat soks bûten mij om gien is) mei in prachtich twadde plak de Treffer wêr't Freddie it oer hie: de jubileumtreffer fan 2000. Doe mochten ek wij lekker fantaseare....
In moaie Treffer meitsje is miskien wol in keunst, mar it is noch wichtiger dat in redaksje de romte krijt om dat te dwaan sa't sij it wolle. En dy romte moat der altyd bliuwe want dan komt it beste yn de minsken boppe.
Je moatte altyd hoeden wêze om nammen te neamen, dochs wol ik net om de namme fan Willem hinne. Troch de webside hawwe wij wol in hiel soad mei elkoar opwurke. Wat mij betreft op in geweldige wize: beide altyd fol ideen en romte foarelkoar en beide mei it selde doel: in moaie Treffer en in leuke webside meitsje. Dat hâldt gelokkich net hielendal op. Want ik bin noch lang net útskreaun en do ek net hopenlik.
Ik mei myn stikje graach ôfslúte mei muzyk. Dêrom foar Willem in muzykje: in Skotse groep mei in nûmer dat passy útstrield sa't Skotten dat kinne as de besten. Passy foar de dingen dy't je as frijwilliger dwaan meie foar in klup. Geniet rom 8 minuten fan Runrig en in hiel grut koar,