zaterdag 31 december 2011

vrijdag 30 december 2011

Oaljekoek


Wij wolle net samar in oaljekoeke, nee, wij steane graach yn de rige foar de "lekkerste"oaljekoeke fan it lân (neffens it AD preauteam)


Yn Afrikaanske lânnen soene se genoegen nimme mei in hapke fan ien fan dy troch it AD ôfkarde oaljekoeken

Dit is net earlik!

De dea


Ulrich Hefner hat in boek skreaun wat mij aardich bij de kiel pakt hat: De dood sluipt rond in zwart en paars. In plysjetriller fan heech nivo. Net allinne omdat it goed skreaun is, mar omdat it tema mij rekket. Ik sil net yngean op de ynhâld fan it boek mar ik haw der in kranteknipsel bijsocht fan 2 maaie 1961. Doe wie ik 6 en myn efternamme is ek Hofstra en der wie mar ien famylje Hofstra yn Wommels.
Dy ferrekte trekfeart dy't it doarp syn eigen sjarme jout, dy't it doarp yn twa splitst en dy't slachtoffers makke hat. Dat ferrekte wetter.
2 maaie 1961



july 1976

maaie 1988

woensdag 28 december 2011

God only knows

It is de tiid fan de top safolle listjes. Wij as gewoane harkers en/of muzykleafhawwers stimme ús in breuk at it oan de radio praters leit.
Dus geane wij mei goeie moed de hiele list wer troch en meastal stimme wij ek noch gelyk. It is krekt polityk. Ienkear FNP, bliuwt FNP.
Ienkear Queen of Hotel California en wij hâlde dat sa. Frjemd? Ja.
De echte kenners (minsken dy't yn de muzyk sitte of der wat mei dogge) hawwe ek stimd wat sij de beste groep, de beste sjonger, de beste sjongeres en it beste nûmer fine.
De útkomst oer dat lêste is ferrassend, wat mij oangiet.
The Beach Boys, mei "God only knows".
Doe't ik de titel lêsde koe ik it nûmer sa net foar de geast ha. Mar doe't ik op YouTube seach en de earste toanen hearde, wist ik genôch. Bij sokke nûmers giet de knop bij mij iets werom. Dit fyn ik pine 'e holle muzyk.

dinsdag 27 december 2011

Der sit mij iets dwers

De Fryske top 100! Hoe langer dat ding der is wat mear argewaasje. It is in griis om te sjen wat foar iensidige list der no wer klear leit foar âldjiersdei.
Earne yn oktober begjint it feessie fan Geert.
Fanôf dat momint hearre je Dy Twa, de Hûnekop, Anneke Douma  en Vangrail op sneontemiddei. Altyd yn kombinaasje mei oare fersykjes. Mar dy wurde net draaid. It komt  altyd wer op dizze út.
Noch slimmer is it dat artysten  bij de tillefoan sitte om de stimmen te notearen.

"Mei Anneke Douma, "jo heare it goed mei Anneke sels. Je witte wol dy fan it Fryske Hynder, fan it Swalkersliet en fan de Woanark. Jo witte it noch net sa goed. No miskien is Dy Twa wat, witte je wol dy twa jonges út Berltsum , dy sitte hjir fierderop sil efkes nei harren wuive of stimme op Emiel dy sit hjir ek, ja dy is fan de Hûnekop. Ja leuk  no dy ferskes. Goeie teksten en sa. En hiele gewoane jonges ek. Gewoan wâldpykjes. Jo komme ek út de wâlden no dan binne wij der samar út. En oars kinne je altiten noch op mij stimme...ha...ha...ha...
Nee, je meie net 2 kear de Hûnekop dwaan. Je witte oars neat?
"Klap" nee dat nûmer kin ik net. Eijer"? hat dy wat wûn. No dat wie seker yn it bûtenlân.

Ik haw it noteard: Dy twa op 1, Hunekop op 2, Ik sij de gek op 3, Gurbe op 4 en 5 Skyt yn it ryt.
Dankje wol en wol harkje hear op 31-12 , de tillefysje oan en miskien sjogge je mij ek noch wol. Ja ik bin ek wer útnoege op Geert syn feessie. Geert dy sjogge je dan seker. 10 oeren lang. Ja at er net oan it wurd is dan rint wol foar de kamera lâns of giet er sa stean dat in oare kamera him wol opfangt."


Ik haw de al list efkes besjoen. 10 kear de Hûnekop, fertel mij wat.
Alle plaatsjes dy makke binne troch of mei of oer omrop Fryslân kollega's hawwe wer in plakje fûn.
Mei as absolute djiptepunt "Us Derek" fan Dy Twa. Ik haw it nûmer noch nea heard, mar it sil fêst gean oer dat skitterjende hynder dat sokke spannende tillefysje oplevert yn in sportprogramma.
Yn Dronryp hawwe se harren bêst ek goed dien. Alle leden binne fêst opropt om te stimmen en sa kin it barre dat ït Klupliet fan VvV Sjirk de Wal op nû 85 binnenkomt.
In soad harkerswille mar ik bin bliid dat de Top 2000 nei syn hichtepunt rint.


maandag 26 december 2011

Kaarten


It reint wer kaarten dizze dagen foar Kryst. Goed bedoeld en foaral mei trochgean soe ik sizze. Is goed foar de postsegel- en de kaartenyndustry. It giet yn safolle sektoaren al sa min, lit ús dizze Krystkaartengekte yn stân hâlde.
Dy postboades sille der oars oertinke. Sij sjouwe en rinne harren in breuk om karren en tassen fol kaarten rûn te bringen. En dat allegear krekt foar de Krystdagen.
Utteld lizze se de twa dagen op de bank en kinne gjin kaart mear sjen. Bij de krystbeam dogge se enerzgje op foar de lêste dagen fan it jier, want ek dan binne der wer in protte kaarten dy't it net oer de krystdagen hawwe mar oer it nije jier. Lokkich nijjier en de beste winsken.
Tusken al dy krystkaarten dy't wij krigen dit jier, wúrfoar tige tank, siet ien bijsûndere Krystkaart.
Fan Berber út Vietnam. Mei soarch útsocht. Fytsers. Mei in toeristyske lading foarop.
En nettsjinsteande it feit dat de kaart út it no fredige Vietnam komme moast, hij wie wol op tiid. Foar de Krystdagen.

Bij Vietnam tink ik as earste oan de Vietnam oarloch. Net frjemd want dat behearske yn myn jeugd de bûtenlânske polityk en troch de muzyk, want de anti oarloach muzyk út dy tiid stie mij net tsjin.


zaterdag 24 december 2011

Ik krij wat

"Zo gaan die dingen", seit van Persie yn in interfjoe yn it AD fan hjoed.
Hij doelt dêrbij op in ôfspraak tusken him en syn soan Shaqueel (kinne jo dat ek efkes spelle, De Es, Ha, A, Ku, U E, E, El) fan 5.
Foar de wedstriid tsjin Chelsea seit dy snotneus fan 5: "Ik denk dat je 3 keer gaat skoren pa, en dan krijg ik iets van jou."
Van Persie stribbele noch efkes tsjin en besocht it noch efkes mei "maar Cheslea is een hele goede ploeg" en mei "krijg jij dan iets of krijg ik iets"
Dy mei dy drege namme mei in hege letterwearde:"Ik krijg dan een cadeau".
Van Persie skoarde trije kear en moast mei de soan fan 5 nei de boartersguodwinkel om wat "kleins uit te zoeken", sa't er sels seit. Krekt al soe dat jonkje tefreden wêze mei in doaske lego.
Ik wit it net. Ik haw hjir net in goed gefoel bij. 5 jier en opgroeiend yn in omgekearde wrâld.
Ik frees dat it net meifalt dat sa'n jonkje letter yn de echte wrâld libje moat, wêr't net alles kin en wêr't hij net de rigels bepaalt. Ik wit it, hij is noch mar 5, mar it toantsje befalt mij net.
Dan hear ik dochs leaver dat âlders de bern beleanne foar in doelpunt dat sij bij de F-kes en E-tsjes meitsje. In gûne fan pake of it leavelingsiten jûns op tafel. Pizza!!!! hear is sneons wol ris at der in jonkje skoart.

woensdag 21 december 2011

Winterstop

Hjoed en moarn wurde de lêste fuotbal wedstriden spile foar de winterstop. Winterstop? Is dat altyd sa west? Ik frege it mij ôf en dûkte yn myn earste plakboek.
Wij skriuwe ein 1971 en begjin 1972 en sa te sjen wiene dat drokke wiken foar ús. Mei Pier Alta fleagen wij (Ate, Riemer en ik) it hiele lân ôf om nijsgjirrige wedstriden te sjen.
12 desimber, 19 desimber 1971 , 2 jannewaris , 9 jannewaris en 16 jannewaris 1972: dat hat dus wol in hiele koarte winterstop west.
En sa te sjen wie it hichtepunt noch in wike letter: DWS - Feyenoord.
Mei ôfgrizen tink ik no werom oan dat freeslike Olympyske stadion, wêr't je fierstentefier fan it fuotbal ôfsieten. Mar ik tink dat it optreden fan Feyenoord doe, der foar soarge hawwe dat ik dêr doe gjin each foar en argewaasje oan hie.


zondag 18 december 2011

Pitbullblues

Fan hûnen moat ik nea ha, fan in pitbull wol. At der dan mar blues efter stiet. De pitbullblues fan Roadhouse wie juster yn Easterein. De fêste lêste snein fan de moanne. Mei as útsûndering dizze moanne. De ien nei lêste snein dus. Troch de krystdagen.
Roadhouse, in populaire band yn Snits en omjouwing. Roadhouse in tige populaire band yn Easterein. Alle jierren komme se in kear op BluesCruise yn Easter(sn)ein. It wie wer swart fan de minsken en it like wol of wiene it allegear útlitten Feyenoord fans dy't wat te fieren hiene nei de oerwinning op Twente en dat dwaan woene mei de stoere muzyk fan Roadhouse. De sfear wie as @superGuidetti. Roadhouse wist mar net fan ophâlden. It like der op dat se salang trochgean woene dat elkenien op de dûnsflier meidie mei de ûnferfalste rockblues. En dat slagge. Ja, sels ik.

Sneon 17 desimber

Dizze dei dy't om 8.00 begjint yn fûgelflecht.

It AD: begjint mij hieltyd minder te befallen. Tefolle sensaasjeferhalen en te folle siden sjonijs. Foar de sport, de kollums en de stripfiguren wol wat djoer. Binnenkoart mar wer ris opsizze, want wij krije úteinlik ek in resesje.

Pearl Jam: Tsjin tsienen ynlogge op Ticketservice mei de tillefoan yn de oanslach om kaarten foar it konsert fan Pearl Jam te besetten yn de Ziggo Dome yn Amsterdam yn juny 2012. Foar tsienen al yn in wachtrige en de tekst om 10.00 oere "wij hebben het maximum van de wachtrij bereikt, probeer het over een paar minuten nogmaals " jout net folle hoop. Mar dan ynienen om 8 minuten oer tsienen skrik ik op fan de fraach hokker kaarten ik ha wol: 4 steanplakken dus en ik wit noch net foar wa, útsein mij sels.
Yn it kertier binne de 15.000 kaarten fuort. Om 10.30 meldt de earste him al bij mij: at it stean plakken binnen dan.... Moai toch; bij Willem en Richt en Lolke komme se goed te plak.

SDS: Om it gemis fan bûtenfuotbal wat te kompensearjen nei de sporthal yn Easterein. De D's hawwe harren toernooi. Meardere jonges dy't ik earder traind ha yn de E's dogge mei. Moai om te sjen. En dat der neist al dy Fean, Ajax en Barcelona sjurtsjes ek al wer immen yn in Feyenoord sjurtsje omdraaft, makket myn sneontemoarn noch better at dy al wie.

Passend Underwiis: Nochris de stikken troch fan it ministearje oer it passend ûnderwiis en de gefolgen foar ús skoalle op termyn. It is dan wol wurk, mar it lêst thús no ien kear better. En seker mei de top 1000 alle tiden op de efter- en soms op de foargrûn.

In naam der wet: In tige nijsgjirrich boek fan Joop van Riessen oer syn 40 jierrige karriere bij de plysje yn Amsterdam. Wat in fasinearjend byld jout dat boek: Oer de heroine , de gaos op de Wallen, korrupsje bij de plysje (in bytsje ynteger bestiet net), de Italiaanske maffia, de Sjinezen, de Joegoslaven, het IRT drama, de provo's, de kraak beweging, de Bylmerramp , de taksioarloch, de Marokkaanse rellen en it bestriden fan it wyldpisjen.
En foar dat lêste krij ik suver wat sympaty nei it lêzen fan it ferhaal der efter.
Lange tiid waard der hast net hanthavene yn de stêd. Alles waard mar dien. Men is doe fanút in fysje begong mei wat lytsere "dingen" oan te pakken om sjen te litten dat der wol hanthavene wurdt. Iets wat in soad minsken yn it begjin rekket en sjogge. Fytse troch read ljocht en sûnder ljocht en it wyldpisjen wat yn de hiele binnenstêd normaal wie.

En tuskentroch haw ik de LC noch lêzen (gau út), de folder fan Poiesz trochsjoen(foar de krystdagen Hertog Jan yn de reklame), in attinsje fan SDS mei krystkaart wêr't ik sels ek noch opstean (hoe siet it ek al wer mei portretrjocht!), Computers Easy lêzen (nea te âld om te learen), post bij de soan brocht (al hast 5 jier de doar út), snert fan it korps iten, de fryske top 100 op tv sjoen mei ien each, sadat van Tuinen bûten byld bleau en as gefolch dêrfan ek noch stimd.
1. Janna Eijer, mei " 1 Klap" dat hie ik har ferline jier al tasein, doe't se dat prachtige liet noch net iens skreaun hie.
2. Tet Rozendal, hat in hearlike stim, moaie lieten en at it moat kin se dy ek noch fan de pine é holle ôfhelje.
3. Sielesiik fan Reboelje, dat bliuwt myn favoryt mar ik lit de froulju dizze kear foargean en boppedat is dat liet gjin bedriging foar de top
4. Doede Bleeker, Myn eiland, om dat sa'n hearlik nûmer mei gefoel is en it sjen lit dat Doede folle mear yn syn mars hat as switsokkelieten
5. Sytse van der Werf: Jan Schotanus, in moaie tekst en ien fan de earste fryske lieten dy't ik yn de buert fan 1975 hearde en leuk fûn.

En ta beslút in stikje skriuwe foardat ik Studio Sport sjen gean.



vrijdag 16 december 2011

Sigarebantsjes





Wij skriuwe 1958. Ik bin 4 en myn broer 5. Myn heit rookt sigaren. Myn pake ek. En noch wat omkes.
Wij sparje sigarebântsjes. Myn broer en ik. Wij ruilje. Myn broer mei mij en ik mei myn broer. Of mei in neef, of mei ien út de klasse.
Oansprekkende sigarebantsjes. Searjes. Bantsjes mei in ferhaal.
It skrift is der noch. Mei hûnderten bantsjes.
Soe it mear wurdich wêze as de wearde fan myn jeugdherinnering.
Tink it net. Se meie alles fan mij ha, útsein myn pinkoade en myn skrift mei sigarebantsjes.

donderdag 15 december 2011

Ik fyts net mear

Op de twitteraccount Moderne gezegden (in oanrieder foar minsken dy't wat mei taal hawwe) waard dizze wike frege om ûnnoazele buorden.
Der kamen tal fan reakasjes binnen, de leukste wie dizze en dy wol ik foaral de net twitteraars net ûnthâlde.
Ik kin jim sizze at jim nocht hawwe oan nocht oan ûnnocht dat kinne jim mei dit printsje it soad wille hawwe at je it taskriuwe oan in tankber slachtoffer.

dinsdag 13 december 2011

Stoom

Net drok meitsje om dingen wêr't je sels neat oan dwaan kinne. It hat gjin sin.
Ik kin der bijgelyks neat oan dwaan dat it mei dy stoomtrein yn de Súdwesthoeke net troch giet. Wij meie aansens bliid wêze dat de trein dy't der no riidt, der oer in pear jier noch is.
Der moat hieltyd mear besunige wurde en ik hear it de provinsje en de fierstentegrutte gemeente al sizzen: wij hawwe al genôch jild stutsen yn in trein.
At ik mij der wol drok om meitsje sil en ik gean myn lilkens ta fertrouwen oan dit papier dan jildt dy foaral foar de politisi.
Dy hawwe harren bij de poat nimme litten troch neat sizzende papieren en noch minder sizzende getallen. Politisi dy't harren meislepe litten hawwe troch praatsjes fan "treintsjegekken". Of moat ik sizze dat amtners te maklik in posityf adfys jûn hawwe oan de politisi?
It soe en it moast der komme ûnder it mom fan "in ympuls foar it toerisme fan de Súdwesthoeke".
En dat lêste hat de toversin west wêr't de politisi troch op it ferkearde spoar setten binne. Op in dearinnend spoar.
Dat hoop ik alteast. Dat it hjir en hjoed mar echt einigje mei. Fuort is it jild mar dat is better as der noch in protte jild efteroansmite en aansens konstateare dat der alle jierren in tekoart is en dat der gjin frijwilligers mear te finen binne.
En at ik sa de berjochten yn de krante lês, dan is de bearput noch net leech. Der binne ek no wer hiel wat slachtoffers makke, dy't al lange tiid op jild wachtsje moasten omdat in bestjoer syn saken net op oarder hat. Dy't harren wierskynlik al lang oan in (spoar)lyntsje holden ha. Wylst se al wisten dat it net goed siet. Dat it luchtfytserij wie.
It is in tryst ferhaal, wêr't ik mei myn boereferstân nea yn leaud ha.
Ik haw gelyk krigen en dat is freeslik foar al dy ûndernimmers.
Ik haw mij der suver wer drok om makke. Net ferstannich.
Ik lit it bij trije wurdsjes fan de Hollies.

zondag 11 december 2011

Op nei 12289


Yn 2000 fytste ik yn it hiele jier 12002 kilometer. Dat oantal bin ik hjoed foarbij gien. Earne oan de Boalserterfeart flakbij de Nije Kromme.
Yn 2003 kaam ik ta 12289. De lêste dagen fan dit jier noch sa'n 280 kilometer fytse dan kin ik dy 12289 ek foarbij. Mei 8 wurkdagen kear 30 kilometer bin ik al in moai ein.
In kear as wat nei Easterein en fansels Kûbaard of Iens om. Want dat ferfeeld nea.
In ferbettering mei totaal 11 kilometer is dan ek genôch. Dan bliuwt der foar in folgjend jier ek wer in útdaging stean.

donderdag 8 december 2011

Fier fuort en sa ticht bij

Woansdeitejûn twittere ik in filmke fan Bob Dylan nei myn folgers. Troch de fytstocht yn de stoarm mocht ik úthymje bij "Shelter from the storm" fan it album "Hard Rain".
Soms binne der reaksjes fan folgers omdat dy wat herkenne yn de muzyk of omdat se it der net mei iens binne.
In oere nei pleatsing fan dizze tweet krige ik in reaksje.
Fan Jimmy Linders. Dy stie op de grins tusken Pakistan en India. Underweis nei Australie sûnder gebrûk te meitsjen fan in fleantúch. 6 augustus fuortgien fanút Blerick oan de Maas bij Venlo.
In echte wrâldreizger dy't wij hjir yn Wommels kennen leard hawwe as de fleurige Limburger dy't trije kear mei dien hat oan it liften. Dy't nea seurde oer it Frysk mar dy't alles ferstean woe.
Machtich fansels dat hij op dy grins fan Pakistan en India reageart omdat dit nûmer fan Bob Dylan neffens him net op Hard Rain stiet.



En toch twivele hij, sa die bliken, want sûnder dat ik reageare koe, twittere hij binnen it oere al wer:



Sa fier fuort en sa ticht bij.
No't hij dêr dochs mar wat stiet te lummeljen hawwe wij him gelyk frege om in stik fan it liftboek yn te sprekken. Yn it Limburchs.
1 jannewaris 2012 komt it út: It boek oer de liftaventoeren, skreaun yn it Frysk, mei in Limburchs haadstik, mei in lústerskiif ynsprutsen yn it Frysk mar mei in Limburger dy't ek ynsprekt op de grins nei India. (Dat docht mij tinken oan it liet fan Doede Veeman: Hendrik Hasjies út de Houtigehage woe liftsjend nei India en nei in in dei as trije stie der al bij de Harkema.)

It is tige nijsgjirrich om Jimmy te folgen fia syn weblog. Sjoch hjir

En spesjaal foar Jimmy fansels "Tangled up in blue" omdat hij dizze wol moai fynt.

In dei letter: Jimmy twittert neidat er dit stikje lêzen hat.




dinsdag 6 december 2011

8-1

It binne swiere tiden foar SDS supporters. It wol net allinne dit jier net, de twa jierren hjirfoar wie ek hingjen en wjirgjen om der ien te bliuwen.
"Der yn bliuwe" dat is al in oantal jierren it biedwurd. It iene jier rêdt de klup it op in punt, it oare jier slagget it troch it doelpunt. "Yn de twadde klasse bliuwe" hoe wichtich is dat.
Twa wiken lyn miende ik it djiptepunt mei makke te hawwen troch de thúsnederlaach fan 1-5 tsjin leechfleaner Berltsum.
Nei útwedstriden gean ik net, mar om op sneontemiddei thús efter de kompjoeter yn oardel oere 9 tweets foarbij sjen te kommen mei it skoareferrin yn Balk is ek net alles.
8-1 ferlern fan in klup dy't ferline jier noch tredde klasser wie.
Gelokkich bin ik as Feyenoord fan wol wat wend.
Wij binne mei ús Feyenoord hert yn augustus altiten wer optimistysk mar ek realistysk.
Miskien moatte se dat bij SDS ek wurde. Gewoan lekker fuotbalje en net fuotbalje tsjin degradaasje. En dan sjogge wij it yn maaie wol.

Ik wol se net nei degradaasje prate mar in útwedstriid tsjin Mulier, Nijlân, Bolswardia en WPB sprekt mij wol oan.

maandag 5 december 2011

Fleurich

Mei miskien wol wat hege ferwachtingen setten wij (Jellie, Lolke, Ate en ik)sneontejûn nei it Bolwerk yn Snits. In optreden fan de CCC Incorperated, de âldste hippie band fan Nederlân. De groep luts yn de jierren foaral yn de Súdwesthoeke folle sealen. Haw meardere optredens meimakke yn Sint Nyk, Bakhuzen en Koudum. Fleurich wie dat, sfearfol.
Foardat it fleurige optreden yn it Bolwerk begong, moasten wij it tryste optreden fan Jan Seuninga (earder Pigmeat) ûndergean. Hij strielt út dat hij it mei him sels tige troffen hat en syn humor wie ús humor net. Nei trije ferskes songen wij al stikem: U wordt bedankt u kunt wel gaan.
Gelokkich makken de âldsjes fan CCC Inc. it mear as goed. It optreden lit him it best omskriuwe as: folk, fleurich, blues, knoffelich, oandwaanlik,fariaasje, stimmich, muzikaal en foar mij in weromtinken oan dy eardere optredens.
En Huub Schreurs waard de held fan de jûn. Syn klungele útstrieling (Ate neamde him Hannema), syn enersjieke dûnskes en syn prachtige Midnight Blues op de mûlharp mei Ernst Jansz op it waskboerd, soargen der foar dat it publyk hieltyd entûsjaster waard. En de meast wat jongere froulju lieten ek fan harren hearre mei gillen doe't Ernst Jansz wat Doe Maar lieten song. Oefenen al fêst foar de oankommende Doe Maar Optredens.

zaterdag 3 december 2011

Roekrock

Op 4 febrewaris wurdt Roekrock wer holden. Yn Weidum. De earste band is bekend makke troch de organisaasje. Fia Twitter kaam bij mij binnen dat Exile Parade komt. Neffens de berjochtjouwing slute se harren toernee yn Nederlân ôf.



en dat klopt sa te sjen. Amsterdam, Rotterdam, Haarlem en .......Weidum

Wa't tinkt dat dit in twadde rangsbandsje is hat it hielendal mis. Hear mar ris nei harren Longest Day. Dêr wol ik moarns wol mei wekker wurde.

vrijdag 2 december 2011

Kussiebannen



Wa hat as bern net leard om te sparjen? Dûbeltsjes, kwartsjes en somtiden in groue gûne kamen yn de baarch telâne.
Doe wiene der fêste tiden yn it jier dat dy baarch nei de bank brocht waard, wêr't it ienige kaaike lei wat der oppaste, tochten wij. Mei in lege baarch en in kleurboekje mei 5 kleurkes kamen je wer thús. En fol fertrouen dat je de dûbeltsjes, kwartsjes en gûnen ea werom sjen soene. De bank, dat wie net samar wat.
Sparje, dat moasten je jierren letter as jonge âlders dwaan at je de bern yn de takomst studeare litte woene. Alteast dat holden dy banken ús doe foar. Foar it gemak waard mar efkes oanjûn dat neffens wittenskippers (ûndersyk Stapel) in bern de earste 20 jier sa'n 100.000 euro kostje koene.
Sparje dat doch ik allang net mear. Ik hâld no gewoan jild oer. En dat bewarje ik net yn de sok, mar op de bank. Omdat dy der goed oppasse kin. Net om de rinte. Dat levert neat op.
Mar no sil ik wer sparje moatte foar myn âlde dei.
Want it wurdt in djoere grap dêr aansens yn de âldereinhûs.
Foar alles sil ik dan betelje moatte.
Sjoch ik it bijgelyks net mear sa sitten, omdat myn brilleglêzen wat smoarch binne, dan sil ik dokke moatte foar de brilleglêsskjinmakster wêr't ik op ôfspraak komme kin.
Haw ik muoite mei it oersetten fan de tv fan Ned 1 op Ned 2 dan is men dêr tige reewillich om te helpen at ik mar betelje.
Wol ik ballen yn de sop ynstee fan smaakfersterkers dan is dat per baltsje al gau in euro of sa.
Gebrûk meitsje fan de gong sil resultearre yn de yn 2022 yn te fieren gongbelesting.
At ik de gong op wol mei myn rollator, dan sil ik in taslach betelje moatte: de rollatorgongtaslach.
Der is ien ding wêr't ik net foar betelje sil. En dat is lucht. Lucht foar de bannen fan myn rollator. Wat no al tapast wurdt yn tehûzen. Anno 2011.
Dêrom gean ik no sparjen.
Foar in rollator mei kussiebannen. En in bril sûnder glêzen.