dinsdag 30 juli 2013

De heechste tonne

"Skûtsjesilen is myn nocht" dat sjonge de Sambrinco's at ik mij net fersin. Skûtsjesilen is net myn nocht mar om te folgen is it bysûnder leuk. Sa't Omrop Fryslân it dit jier bringt is it hielendal top.
Mei Gjalt de Jong en Geartsje de Vries op it wetter is in prima duo ûntstien. Wa't tocht hie dat Klaas Jansma net te ferfangen is, hat it mis. Gjalt de Jong is like entûsjast en hat krekt efkes mear doel oer it silen as Klaas.
It is ek mar goed dat Klaas no net mear te hearen is. It hie raar kommen. Syn kommentaar wêryn in soad oerdreaun waard, hie net past bij de bylden dy't de Omrop streekrjocht útstjoert.
Wij hiene ús ôffrege wêr't Klaas it oer hie.
Bij Gjalt klopt it gewoan: entûsjast mar wol op basis fan de feiten.
Wat in moai idee, om in kamera bij de heechste tonne te setten en fanôf dat punt te filmjen.
Spitich foar it SKS, ik gean der dit jier noch ien kear hinne foar de sfear, de oare wedstriden sjoch ik hast allegear op tv.
Ik fiel mij op in befoardielde posysje bij de heechste tonne thús op de bank. Wat haw ik faak bij it silen west en koe de heechste tonne fanôf de wâl amper sjen. By heechste tonne dêr is no just de striid wêr't it om giet.
Hearlik om it sa te folgen en de komplimenten foar de kameraman yn it bakje.
Jûns yn it skútsjesjoernaal sjoch ik noch efkes nei de bylden fan tichtbij.

Ein ferline wike ferstoar JJ Cale. In fideootsje




Pension

14 dagen ûnderwei betsjut ek 14 nachten fan hûs. Wij hiene neat regele fan te foaren doe't wij begongen oan ús fytstocht lâns de Elbe. Utsein de trein. En lit dat no krekt it minste plak west hawwe om te sliepen. Trije heech yn in sliepkabine jout ús dus gjin rêst. Mar de oare sliepplakken wiene bêst, betiden poerbêst. Us grut ferskaat oan sliepplakken, wêrbij ik opmerkt dat it in makkie wie om in sliepplak te finen.


Us earste sliepplak yn Melnik Tsjechie. 
Sa seach ús twadde sliepplak yn Decin der 4 wiken earder út.......
....en sa seach it der no út
Dit pensjon stiet yn Meissen.....
 De foto fan dat pensjon yn Meissen jout in byld fan de earste etaazje, wêr't alle spul fan de begeane grûn hinne sleept wie, om foar te kommen dat alles ûnder wetter kaam te stean. Wij mochten sliepe op de twadde ferdjipping sûnder moarnsiten want de keuken op de begeane grûn moast hielendal ferfongen wurden
in kreas sliepplakje yn Vockerode
Ek de stifting "Vrienden op de fiets" hat wat adressen yn it bûtenlân en wij makken dêr gebrûk fan yn Rassau en hearden dêr moaie ferhalen fan emigranten út Nederlân
  
Yn Sachau in buorkerij dy't alhiel omboud wie ta sliep en ytgelegenheid
Yn Schônebeck stiet dit pensjon oan de Elbe. It wie allegear krekt wer oprêden en skjin nei it wetterlijen
Buch, moai binnenplak mei meardere appartementen 
Wittenberg, in hearlik ontbyt en in prachtich útsicht oer de Elbe yn it pensjon lofts
Dit like wol in fallyte boel yn Hoopte: in brimstige eigner like net folle sin te hawwen om gasten te ûntfangen mar moast al oan de bak 
Yn Glúckstadt is in âld gebou ferboud en dêr sit no in Stay Okay yn. It wie Okay.
In keamer bij in partikulier yn Cappel Neufeld.
Posted by Picasa

zondag 28 juli 2013

Mr Wallace bringt sfear

Buffalo Roam

Blackboxred

Navarone

Ode oan the Serenes

Dit wykein wie it muzykfestival Welcome to the village. De Groene Ster bij Ljouwert wie de lokaasje en ik wie der in hiele lange sneon bij.
11 oere yn de bus, 12 oere te plak. In strak begjin op de moarn yn de earste de beste tinte. De Buffalo Roam rockten der fuortendaliks flink op los. Ik wie gelyk al optein. Nei dit moaie begjin wie it net mear mooglik om de rest fan it terrein op te gean om de oare podia te besykjen. It ûnwaar wat kommende wei wie, die de organisaasje besluten om it terrein te ûntromjen op de grutte tinte nei. Dêr batste ûnderwilens Blackboxred der flink op los. Ek dit duorre net lang want de berjochten oer de earnst fan it ûnwaar soargen der foar dat elkenien fan it terrein ôfmoast. Sûnder in spoar fan panyk toffele de measten nei de eigen auto of nei de kamping bij Aqua zoo. De bui kaam, foel mei en it feest koe wer los. Wat in bui al net dwaan kin seagen wij doe't wij it terrein wer opkamen. In koarkdroege fjild en wie dweiltroch mar de organisaasje hie foarút tocht en hie hiel wat pakken strie klearlizzen dy't no fan tapassing kamen.
Oan jûns healwei alven ta, haw ik 8 bands sjoen. De programmearing wie sa goed dien dat je hast neat hoechden te missen.
Hichtepunten? Net echt of it moat it tige muzikale optreden west ha fan de de mannen dy't in oade oan the Serenes brochten. Of wie it hichtepunt Mr. Wallace. Net echt myn soarte muzyk mar de sfear en de beweging yn de tinte makke dúdlik dat dit wol in hiel goed optreden wie.
Mr. Wallace, foar wa't se noch nea sjoen of heard hat, is der in kâns op 14 septimber. Sij komme dan nei it Greidhoekfestival yn Wommels.
Welcome to the Village mei sa'n 3000 man wie in hiel ûntspannen feesie foar jong en âld yn in sfearfolle entoeraasje. Komplimenten foar de organisaasje dy't mei troch it waar wichtige besluten nimmen moasten yn ferbân mei de feiligens. Moai is sa'n dei dat der twitter is en dat sij dat goed ynsetten mei goeie berjochtjouwing
It terrein is wol hiel grut, sadat je de 3000 betiden net werom fine. Mar miskien soarget just dat wol foar de sfear en de romte dy't je sels fiele.
Om healwei 11 oere wer yn de pendelbus nei stasjon en om healwei 12 oere wer thús. Sa moai as wat.

vrijdag 26 juli 2013

21 siden

In koart en lêsber rapport sa omskriuw ik de produksje fan de twa ûndersikers fan sc Hearrenfean.
It kaam aardich oerien mei de eardere publikaasjes yn de LC.  Ik sil wol wer allegear ferkeard sjen mar myn konkluuzje is dat de hearen van der Velde en de Haan yn de Rie van Kommisssarissen sieten doe't de ellinde begong is. Sij wiene mei ferantwurdlik foar it finansjele wanbelied.
Dat sij út de Rie stapten dat wie ek in swaktebod. Sij hiene better oplette moatten of sij hiene it mei oplossen moatten.
Mei opset sin waard der in sanearder binnenhelle. Veenstra krige in drege klus want sc Hearrenfean hie jierren boppe syn stân libbe en dat wie mei de skuld fan de Haan en vd Velde.
Mar sij meie op harren fuotstik stean bliuwe. Mar gau twa brûnzen bylden der bij soe ik sizze wolle.
It rapport hat as basis, "wat er ek bard is", de Haan en van der Velde dy binne ûnoantaastber. Sij kinne gjin kwea dwaan.

Wetterlijen Elbe

Begjin juny wie de Elbe wat breder as gewoan.  Sterker, de Elbe rûn bûten syn oevers op sommige plakken. Miljarden oan skea waard der sein. Wij seagen it op ús fytstocht mei eigen eagen. In foto ympresje

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Posted by Picasa

Mâl fan keatsen?

 Je soene de konkluuzje hast lûke kinne dat ik wer sljocht op keatsen bin. Want op woansdei nei de Jong feintenpartij yn Easterein en op tongersdei nei de keats-off yn Frjentsjer.
Ferkearde konkluuzje. It kaam sa út. Op de Jong feinten in moaie finale sjoen.
Yn Easterein hiene se it wer goed foarelkoar, hoewol it publyk it wol ôfwitte lit.
Ek it oantal spannende partijen wie op ien hân te tellen. De ferskillen tusen de 25 partoeren binne fierstente grut om der in boeiende dei fan te meitsjen.
Spitich dat (mei ik oannimme) de foarsitter Jan Braaksma betanke waard foar syn oanwêzichheid as sjoernalist. It moat net mâlder wurde.

 
 
Op de keatsoff yn Frjentsjer like it allegear ek wol hiel echt. Tribunes foar de PC steane der al en toch seker in 400 man sochten in plakje yn de sinne of it skaad.
Fan dy 400 man wiene der yn alle gefallen 4 dy't in hiel soad lawaai makken. Steande op de earste rige mei in trommel en in kratsje Hertog Jan soargen sij foar oanmodigigings foar it partoer fan Siebe Greydanus. Wat langer de partij duorre wat minder de trommel brûkt waard.
Spitich dat de partijen net spannend wiene. 
 

dinsdag 23 juli 2013

Skillaard

Ferskûle efter in soad beammen leit flakbij it spoar Snits - Ljouwert op de hichte fan Mantgum in tsjerkhôf. Op dizze waarme simmerske dei yn july sjoch ik der nei út om efkes it skaad op te sykjen op it tsjerkhôf fan Skillaard. 

Foardat ik it skaad fan de beammen ynstap, lês ik de ynformaasje op it boerd dat seker opfalt sa foar it stek. "Het drama aan de Mantgumervaart" fertelt it ferhaal fan it Britse fleantúch dat nei it útfieren fan in bombardemint op Berlin op de weromreis oanfallen waard troch in Dúts fleantúch en delstoarte bij Mantgum. Dat  wie yn 1943.

In propeller fan de Stirling, dy't ek foar it stek leit, is it byld wat oanjout wa't der oanbleaun is fan it fleantúch.

En dan stap ik it stek binnen en sjoch dêr oan de iene kant fan it tsjerkhôf it tuorke stean. Foar mear as foar de helt yn de sinne en dat sil net sa faak barre. Wat in pronkje  dêr tusken de beammen. Wat in rêst hjir, sels de kraaien litte it op dizze waarme dei ôfwitte. 


Ik kom bij it grêf fan Anske Katrienus Agema. 22 jier is hij wurden. Soan fan Willem Agema en syn frou. Willem, âld doelman fan SDS, keats- en fuotballeafhawwer fan it earste oere. Altyd freonlik en belangstellend, sa kin ik him as ik him tref bij it keatsen of it fuotbaljen.  Ik haw it der wolris mei him oer hân, oer de dea fan syn soan. In swier litteken en hij joech ek oan dat hij hiel faak efkes bij it grêf komt. Dat is ek te sjen. Mar leafst 4 blomstikken jouwe oan dat Katrienus Anske der noch bij heart. 

Der binne mar in 30 tal grêfstiennen op it hôf. Leit de takomst foar in grutste part yn dizze muorre?

De fleaners dy't omkommen binne yn 1943, hawwe hjir yn Skillaard harren grêf. Opfallend dat der 8 stiennen stean en dat it ferhaal fan de Britten is dat der mar 7 man yn it fleantúch sieten (sjoch ek de foto op de earste foto)


Der wat foar dwaan en der noch mear foar litte

Snein  foar de twadde kear dizze simmer op in keatsfjild west. Bij it keatsen ek noch wol. It wie de earste klas  wedstriid yn Boalsert. Keatsfjild it Oordje, dêr mei ik graach efkes bij it keatsen sjen. Miskien wol omdat ik dêr myn grutste keatssukses helle ha. Want yn alle beskiedenheid wol ik efkes kwyt dat ik it bedriuwskeatsen yn Boalsert in kear wûn ha.
Miskien kom ik dêr ek graach om de broadsjes woarst sa lekker binne.
Werom nei snein. Earste klassers moasten dêr stride foar harren lêste kâns om op de PC mei te dwaan. Foar it beruchte "rankingsysteem" wie dit de lêste wedstriid. It klassemint oan dan ta wie bekend en it wie no ek dúdlik hoefolle punten je fertsjinje kinne om wat te stigen nei de PC list.
Ik haw sa'n twa oeren op it fild west en haw foaral sjoen nei de hâlding fan de keatsers. Ik wie wol benijd at je sjen koene dat it hjoed folle bak keatsen wie. Foaral de partoeren dy't noch faai stiene.
Ik bin goed twa oere wer fuortgien en doe't ik jûns op twitter lêsde dat Dylan Drenth, Rick Pootstra en Enno Kingma wûn hiene, wie dat net in ferrassing foar mij. It wie ien fan de twa partoeren dy't sjen liet dat se graach nei de PC wolle. De twa Bilkerts en de jonge Ouweseun foelen op troch fúlens mar ek troch ûntspanning. In hearlik partoer om nei te sjen.
Sij hawwe harren no yn ien kear pleatst foar de PC. De lamlendige- en antiwinners hâlding fan in oantal oaren hat ta gefolch dat dy der tongersdei noch om keatse moatte. Dúdlik is yn alle gefallen dat it oantal Wommelsers/Eastereinders nei in oantal goeie jierren nei in dramatysk djiptepunt fan 1 of 2 liket te gean.
Keatse om yn de (sub)top te kommen en te bliuwen betsjut dat je der ek wat foar dwaan moatte en foaral der wat foar (stean) litte moatte.

maandag 22 juli 2013

Ynseinigje

Sjoch, wij wiene op fytsfakânsje dit jier. Ja dat is wat wat oars as mei de auto. Wij wiene dan ek net nei Brabân riden om de reis hielendal goed ta te rieden. Want je kinne dan wol miene dat je mei in sleepkabel, in goeie fersekering, in eurofinjet, in reservetsjil, in ferbândoaze en twa giele hesjes de saak goed foarelkoar ha, mar dat is net hielendal sa. Dêr heart noch in echte Brabantsje ynseiniging bij. Troch in Brabaânske pastoar fan wierskynlik ûnbesprutsen gedrach (wêr fine je se noch?).
Wij setten fanút Amsterdam mei de trein ôf nei Praach. Dêr begong ús fytstocht lâns de Elbe. 
It sil nei in dei as wat west hawwe doe't wij ûnderweis wiene en Tsjechie al út wiene en wij konstatearden dat it fytsen gie as de beste. Earne oan de route seagen wij in opmerklik fytsboerd. Fanút de fierte kinne je noch tinke dat it in fytsestalling is mar wat tichterbij waard it ús dúdlik. Dit is de earste Dútske Radfahrerkirche. Der wie gjin pastoar, gjin tsjinst mar in loopke troch it tsjerke soe dochs ek wol wat helpe.
wij pakke dizze gelegenheid oan en fytse it paad op

it is dêr foaral brún, brûn en nochris brún, mei gelokkich wat giel


op en tusken de banken stiene wat fytsen en wat fytsark
Jellie besjocht de Europeeske kaart en sjocht wêr't elkenien wei kaam

rn drukt der twa spjelden yn sadat fêstleit dat wij de earste Friezen yn dizze tsjerke wiene.
wij smite noch in stien yn it "etalaazjekastke" sadat se jûns sjen kinne hoefolle minsken der west hawwe 
   
en 6 kilometer fierderop hawwe wij ús earste en ienige lekke bân


Posted by Picasa