donderdag 28 februari 2013

Searching for the Sugarman


At ik jim wie, soe ik op syk gean nei in mooglikheid om dizze film of DVD te sjen.
"Searching for Sugar man" , is it prachtige en meislepende ferhaal fan Rodrigues.
Wier bard en dat is hast net foar te stellen.



dinsdag 26 februari 2013

Wat hear ik

"Wat hoor ik" wie de titel fan de kollum fan Siebold Hartkamp yn de LC fan sneon 16 febrewaris.
Hij beskriuwt it proses at je net op de namme komme fan in artyst/muzikant dy't je foar de radio heare.
It proses wêr't wij allegear lêst fan krije at je wat âlder wurde.
Je witte it wol, mar je kinne der net opkomme. Neat is minder as dat.
Siebolt Hartkamp hat in app ûntdutsen wêr't hij echt bliid mei is.
Ik bin it hielendal mei him iens.
Soundhound stiet bij mij op de tablet en op de mobile tillefoan. In ûnmisbere app, at je fan muzyk hâlde.
It is net sa dat ik de hiele dei lêst ha fan "dat ik der net opkomme kin" mar dat it foaral ek de nije muzyk is, dy't ik hjirmei kennen leare wol.
Dat je ek noch allegear ynformaasje krije oer it nûmer (tekst), oer de artist en oer fergelykbere artysten is moai mei nommen.


zondag 24 februari 2013

zaterdag 23 februari 2013

Asteriks

De Blokhúspoarte wie foarhinne in plak wêr't je better net wêze koene. De finzenis yn de binnenstêd fan Ljouwert is in grou en griis gebou mei muorren, buizen, traaljes en sellen.
De finzenis is al lang ticht mar it gebou stiet der noch.
De Blokhúspoarte is no in spannend gebou mei allegear nijsgjirrige saken. 
At je yn Ljouwert binne, is it gewoan aardich om dêr de grutte poarte troch te gean en efkes de sfear te priuwen fan earder en de initsjativen fan no.
In oantal muzikale en initsjative lju út Ljouwert hawwe de popmuzyk ek binnen de muorren brocht.
Hast alle freedtejûnen is der wol wat te dwaan. Nije bands mar ek grutte nammen meitsje gebrûk fan dit poadium foar de popmuzyk.
Under de namme Asteriks wurde de konserten organisearre yn de rekreaasjeseal fan foarhinne of sa as freedtejûn yn de gong fan it sellenkompleks. Frijwilligers dogge dit allegear meielkoar en dat betsjut dat de yntreepriis mar 5 euro is.
Freed mocht it twatal fan BlackboxRed optrede yn it foarprogramma fan Claw Boys Claw.
Neffens harren webside is Blackbox Red : BlackboxRed is loud, grunge, sexy and danceable
Dêr is neat te folle mei sein. Ik neam it leaver " hearlike herry ".
Moai foarprogramma foar in folle seal dy't foaral kamen foar de jonges fan Claw Boys Claw.
Goeie band, noch altiten in band mei in eigen lûd. Sjonger Peter te Bos hat noch altiten de útstrieling fan in jonge hûn lykas er dat ek yn 1988 hie. Claw Boys Claw sil op toernee om harren nije cd te promoaten. Dat kin wol ris in suksesfolle toernee wurde.
De try out fan freed sei genôch. Wês der dus bij at se yn maaie yn it Bolwerk yn Snits komme.


vrijdag 22 februari 2013

In bealch fol wurk

"Vrienden op de Fiets" is in organisaasje mei sa'n 3500 adressen yn Nederlân wêr't fytsers en rinners oernachtsje kinne en nei in moarnbrochje wer ôfsette kinne tsjin in gaadlike priis. Op dit stuit kostet it 19,00 euro per persoan per nacht.
Der is in grut ferskaat oan mooglikheden. Sa sliepe je somtiden op in grutte omboude solder tusken hûnderten potten sjem, op in sliepkeamer dy't fol stâld stiet mei kompjoeters en wêr't dan gjin wifi is, soms sliepe je yn in túnhúske, in blokhut of in omboude garaazje. Dy lêste mooglikheden waarden omskreaun yn it boekje mei "apart gedeelte".
Wij meitsje minstens 10 jier gebrûk fan dizze adressen en troch de jierren hinne is ús foarkar útgien nei dy aparte romtes. Je fiele krekt wat mear frijheid en dat befalt ús wol.
Yn de gids fan 2012 stiet it allegear kreas oanjûn: it oantal keamers, it oantal bêden, dat je net roke meie, dat je net op sneon oankomme mei (Genemuide, Urk, Voorhuizen, Kampen) en at der in apart diel bij is.
Sa sykje wij ús adreske meast út, rjochte op dat aparte diel.
Wij binne no 2013 en de nije gids leit hjir al wer efkes. Wat in teloarstelling. Yn it ramt fan"de biezum moast der in kear trochhinne" hat it stiftingsbestjoer net trochtocht en tal fan feroarings oanbrocht.
Posityf is dat it boekje in moaie opmaak hat. Mar dat is it dan ek.
Keale nammen, keale adressen en gjin inkele taheakke tekst mei bijgelyks "apart gedeelte" en al dy oare bysûnderheden. In mail nei harren mei myn klacht is rjochte oan dôvemansearen.
En dêrom bin ik dizze foarjiersfakânsje dwaande om yn it boekje fan 2013 bij elk adres "ag" del te setten at dat ek yn it boekje fan 2012 stiet. 11 dagen lang in oerke. 11? Ja 11 provinsjes, de adressen fan Grinslân lit ik mar efkes sitte. Ierdskoddingen lykje mij net goed foar de nachtrêst nei in dei fytsen.


donderdag 21 februari 2013

Skoalle

It fuortbestean fan in soad skoallen yn ús gemeente stiet faai. De ûnderwiisrie hat betocht om de minister te adfisearen om it ûndertal op 100 del te lizzen. Dat is no 23. It ferskil is wol hiel grut.
Lytse skoallen binne te djoer en lytse skoallen binne te kwetsber om de kwaliteit op peil te hâlden.
Dat lêste is wat oars as dat lytse skoallen minder kwaliteit biede.
Krekt op it momint dat dit grut nijs is en in soad reaksjes opropt, net allinne yn Fryslân, mar foaral ek yn Seelân, sit ik hjir op de skurte mei it boek fan de reuny op 22 augustus 1992 yn Hidaard.
Nijsgjirrich boek mei moaie âlde foto's mei in oantal bekende nammen en it ferhaal fan Hidaard. Oer de foarsjenningen, oer de tsjerke mar foaral ek oer de skoalle.
Twa artikels yn it boek binne nijsgjirrich at je it hawwe oer it fuortbestean fan de skoalle.
Dit wie yn 1951.   Hidaard krige noch in nije skoalle en de ynspekteur hie in soad wurdearring  foar de moderne wize wêrop yn Hidaard les jûn waard. Men hie in eigen filmprojektor en de bern koene harren eigen skoalkrante kopiere op skoalle, sa lês ik yn it boek..

Hoe oars lei it der 34 jier letter bij. 1985. Der wiene op lêst  noch mar 8 bern op skoalle en dat wie wol hiel fier ûnder de grins fan 23 bern.  Der is noch fochten oan Den Haach ta, mar it hat net holpen. De skoalle moast ticht.

Ien fan de moaiste foto's yn it boek is dizze foto (foto fan P.U. Boersma). De bliidskip strielt der ôf at der in skoalle iepene wurdt. Mannen yn swarte pakken steane der bij of wurdt de skoalle sluten. Mar echt dit is fan de iepening yn 1951 doe't in lyts famke de kaai oanjaan mocht en foar de rest de swartepakkenmannen foaroanstiene ynstee fan de bern.

woensdag 20 februari 2013

In muzikale route

Om yn de fakânsje ek wat yn it fytsritme te bliuwen, jou ik mij alle dagen efkes in oere oant twa oeren del op myn Sinner lytsfyts.
Mei in waarme jas, in mûtse fier oer de earen en in broek ûnder de broek kin it allegear krekt.
Mei in muzykje op toerde ik fannemoarn rjochting de noardeasten wyn.
Ik besykje altiten ferbinings te lizzen tusken it iene en it oare en de ferbining hjoed wie de muzyk.
Bij Easterein hearde suver ik klanken fan de blues,
bij Boazum fielde ik de Nacht fan Bozaum,
bij Easterwierum roppe se mij ta: Do komst en
ûnderweis nei  Weidum rockten de roeken.
Fanôf Jellum  hie ik foar de wyn en mei de sinne derbij fleach ik yn Hilaard foarbij it terrein fan  Hy-night.
Nei 36 kilometer bin ik werom yn it hert fan de Greidhoeke: Wommels mei syn Greidhoekfestival.


Westerbork

Fytsroutes, se binne der yn soarten en maten. Je hawwe kar genôch at je efkes op ynternet omstrune.
Lange ôfstanden of koarte routes sykje it mar út.  Der binne routes dy hawwe in namme omdat se ferwize nei in bepaald gebiet:  De Bjirmen route en it Legeanster paad binne dêr foarbylden fan.  Foar de lange ôfstannen  kinne je bijgelyks telâne op de Súderseeroute, de Midden Nederlân route, de Noardseeroute of de Waddenseeroute.
Op de fytsfakânsjebeurs okkerdeis yn Amsterdam besochten organisaasjes ús waarm te krijen foar bepaalde routes.
Ik waard oansprutsen troch in man doe't ik krekt te lang stean bleau bij in stand dy't ferwees nei Westerbork.
"Kent u Westerbork", frege hij mij.
"Ja, daar ben ik geweest".
"Wij hebben nu een route door Nederland gemaakt met 6 vergelijkbare oorlogslocaties. De route loopt van Westerbork fia... naar ....... Loopt u deze gang even door dan ziet u de herinneringsfoto's van de oorlog"
De koartste wei om bij dizze man wei te kommen wie yndie dy gong troch.
De man koe net witte dat ik hielendal, mar dan ek hielendal neat ha moat fan al dy oarlochdingen. Ik lês gjin oarlochsboeken en sjoch seker gjin oarlochsfilms. Miskien is it dêrom ek wol dat ik ek net folle nei it sjoernaal sjoch.
Ik bin de gong dêr trochrûn. Makke gau twa foto's omdat ik doe al wist dat ik dêr wat oer skriuwe woe.
Wêr't de route allegear lâns giet, gjin idee. De folder dy't mij yn de hannen treaun waard leit hjir en giet no yn de papierbak.
Ik moat neat ha fan sokke kommersjele oarlochsoanbiedingen allinne al troch de titel: Westerborkpad, in het spoor van de jodenvervolging.
Hokker route ik dit jier fytse sil, wit ik net. Mar ik bin der wis fan dat it dizze route net is.





zondag 17 februari 2013

Lâns de line mei Langs de Lijn


Sneon gjin amateur fuotbal en snein wol. It wie snein dus sa'n dei om te kiezen. Kieze út thús op de bank Eredivisie Live sjen, Langs de Lijn harkje en wat twitterje of de kjeld yn, op de fyts nei Easterlittens om de pleatselike favoryt te sjen tsjin Leeuwarden.
Gjin drege kar.
Op de fyts dus lâns de Boalserterfeart nei Littens.
Trije minuten foar twaen kaam ik oan bij it ferlitten sportpark. Ferbaasd siet ik om mij hinne te sjen.
Wol twa man bij it stek mar fierder net in minske te sjen. "Is it wol om twa oere", tocht ik noch, mar dêr seach ik it read giel fan de jonges fan Littens al oankommen. Mei dêr efteroan de tsjinstanners.
Mei myn earke fan de radio , dy't op de Langs de Lijn stie, socht ik plak. Dat wie der genôch. Wat in bytsje minsken. Doe't it om 2.00 úteinsette wie der 27 taskôgers, de twa banken net meirekkene.
Gelokkich kamen der noch wol 10 man/frou bij foardat it skoft wie.
It fjild wie prima, it fuotbal wie min neffens twa Leeuwarden supporters en ik spruts se net tsjin.
De tuskenstanden  fan PEC - Feyenoord  dy't ik fia myn earke binnenkrige en fia in tweet fan in Fean supporter, omdat dy klup foar stie yn Den Haach, wiene min dat ik wie bliid dat ik dat thús net seach en dat ik hjir oan de line yn Littens stie te frekken.
No ja, frekke, it wiene myn fuottten dy't yn it fochtige gers net waarm bliuwe woene.
De rêststân wie 1-1 en de kofje wie hearlik.
De twadde helte waard it spul wat iepener en der kamen mear kânsen oan beide kanten. Leeuwarden, ien fan de koprinners, makke noch twa doelpunten en it like of ûndergie Littens it mei in gefoel: it is net oars.

En dochs wie it net in ferkearde middei dêr yn it kâlde Littens.





donderdag 14 februari 2013

Fleetwood Mac

Efkes twifelje om wol of net te gean nei in bepaald konsert, is somtiden funest. Nei in pear dagen twifeljen, sil ik dêr wol/net hinne, soe Klaas boeke.
In konsert fan Fleetwood Mac yn Ziggo Dome op 7 oktober 2013. Jeetje noch oan ta 7 oktober en no al beslute.
Te let dus.
Klaas set no syn DVD's op, mar gelokkich hat @Noflik tasein om yn it skoft fan de Blues Cruise op 24 febrewaris Fleetwood Mac draaid wurdt. Yn it ramt fan "herinnert u zich deze nog?
Klaas sjocht no al út nei it skoft.
As treast no mar efkes dat moaie nûmer mei de titel dy't mij tige oansprekt "gean dyn eigen wei. ....."

woensdag 13 februari 2013

0,00

It is mar goed dat de Friesland Bank der me op hâldt.
Se ha der kop der net mear goed bij.
Se stjoerden mij it finansjele jieroersicht fan 2012.
Se litte mij witte dat it saldo op 1-1-2012 euro 0,00 wie. Dat klopt.
Se litte mij ek witte dat it saldo op 31-12-2012 ek euro  0,00 is. Dat klopt ek.
En se hawwe foar mij berekenne dat soks in rente oplevert fan euro 0,00 .
 
Ik sil harren witte litte dat de rente mij wat tsjinfalt.



dinsdag 12 februari 2013

Boekje



"It sicht is withoefier en 't eachweid grut" dat is de titel fan in nijsgjirrich  boekje fan 1999.
Ik kaam it yn de byblioteek fan Wommels tsjin en it is skreaun troch Eize de Boer.
It stiet fol mei gedichten fan doarpen yn Fryslân. Yn totaal 50 stiks.
Fansels mei ik neat fermannichfâldigje ensf. mar ik beskôgje dit mar as reklame en dêr sil in skriuwer neat tsjin ha.
Ik begjin mei it earste kouplet en rekkenje der op dat der al immen wit hokker doarp dit is.
(fansels net yn it boekje sjen........)

Gjin winkels mear, ien tsjerke is al ticht,Mar oare dingen meitsje it noch wier,in kleurryk skoaltsje en in hûs "Romsicht"dogge te witten, it eachweid is hjir fier.


Nije wike it twadde kouplet alteast at nimmen besocht hat it goeie antwurd te jaan op aanthofstra@hotmail.nl



zondag 10 februari 2013

Moandei

Sa lês je de deikalinder mei nijsgjirrige dingen út it ferline en sa sit je wer yn de Ierske muzyk.

16 jier wie Branda Anne Spencer út San Diego, doe't se fan har heit in gewear mei kryst krige. Op moandei 29 jannewaris 1979 skeat se it ding leech op de basisskoalle yn San Diego. Acht bern en in plysjeman rekke ferwûne en it skoalhaad en de konsjerge fûnen de dea.
Har motyf om dit te dwaan wie: "Ik hâld net fan moandeis".

Troch dit feit ûntstie it ferske "I don't like mondays" fan de Ierske band Boomtown Rats. Sjonger fan dy band wie de Bob Geldof. De orisjinele ferzje is hjir te sjen en wat Geldof der fan makke op Live Aid hjirûnder


Fytsen

Sneon wie de fyts- en rin fakânsjebeurs yn de Rai yn Amsterdam. At je op de fyts of mei de rêchsek op fakânsje wolle yn in tinte of in hotel, yn eigen lân of yn ien of oar frjemd lân, wêr't in fytstocht in avontoer is, dan is dêr hiel wat te sjen en te kiezen.
Der binne ek tal fan fytseleveransiers dy't de nijste modellen mei de moaiste snufkes wer oanbiede.
En fytsen, dêr haw ik wol wat mei.

Moaie fytsen , wêr't it lak fan glimt steane te pronkjen foar al dy tûzenen besikers ..... De ferkeaper hopet dat se ferkocht wurde en ik hoop altyd dat der goed past wurdt op in fyts....... In kreakjende fyts mei de brune rustkleur as haadkleur docht mei grizen.......
Op dizze fyts soene je bijgelyks hiel goed nei pinkpop kinne......


In slach troch Amsterdam jout sa'n byld. Fytsen wêr't gjin plak foar is yn de flats, steane bûten oan kettingen, lizze as âld izer neist de rekken en steane yn waar en wyn te ruskje dat it net moai mear is. It die mij sear oan te eagen.


Fan in hiele oare oarder is dizze fytsfoto. Nommen yn de gong fan Skoalle Lyndensteyn, wêr't ik ien dei yn de wike wurkje. Fytsen dy't moarns bij de yngong klear stean foar de bern dy't mei in handikap de taksys útkomme en op harren fyts nei de klas gean.
Nuver is dat, at je dêr yn de gong rinne dan moatte je útsjen foar ynheljende of tsjinkommende fytsers.



vrijdag 8 februari 2013

Littenseradiel

Der binne wol sealen/teaters wêr't je foar in moaie jûn 20 euro yntree jaan moatte en wêr't je je nei de tiid ôf freegje at dat it wol wurdich wie.
Der binne ek jûnen wêr't je fergees nei ta meie en dy't kwa fermaak hast 20 euro wurdich binne.
Keale en griize geraniums (wol of net yn bloei) mei hjir en dêr wat jongere blommen.
Sa seach it der út justerjûn yn de grutte seal fan it Dielshûs yn Wommels.
Alle Wommelsers wiene útnoege troch in brief en troch it lûd fan omropper Syb om mei te praten oer in dea-earnstige saak: de takomst fan de gemeente Littenseradiel.
Sa'n 120 minsken joegen gefolch oan dizze oprop en it hast folsleine kolleezje (dat binne der 2 fan de 3) en de heechste amtners wiene oanwêzich om ús te traktearen op dochs wol in moaie jûn.
It hie in klucht wêze kind, at it net sa'n earnstige saak wie.
Nei in goeie útlis fan it hoe en wêrom, nei it presintearjen fan de mooglikheden wie it tiid foar diskúsje.
Wethâlder Froukje Hernandt fleach de seal troch mei de mikrofoan en sij die de beantwurding tegearre mei boargemaster Johanneke Liemburg op in luchtige wize mar mei in serieuze toan.
De útstrieling fan "wij wolle dit leaver ek net mar wij sjogge gjin oare mooglikheden" kaam belutsen oer.
Komplimenten oan de gemeente hoe moai at it wenjen hjir is, hoe feilich at it hjir is, hoe leechdrompelich men it fielt en foaral it feit dat sa'n jûn oanjout dat men de boarger seurieus nimt.
Boargemaster Liemburg brûkte net foar neat it wurd "demokrasy" hiel faak.
Fermaaklik wiene de twa jokers: de iene stelde in fraach oer it jild, krige net it goeie antwurd en stapte gelyk de seal út (en waard noch krekt net útfluite), want "at ik dêr gjin antwurd op krij, haw ik hjir neat te sykjen"
De oare joker kaam út âld Wûnseradiel en erfaart no it wengenot yn Wommels.
Hij wist omslachtich te fertellen dat syn eardere doarp Allingawier der seker net op efterútgien is troch de weryndieling, dat alles dêr noch goed is en wat al net mear.
En sa as op alle jûnen, harkje minsken net goed nei de antwurden wêrtroch te faak deselde soart fragen steld wurde en de boargemaster wol hiel faak itselde antwurd jaan moast, sûnder irritaasje.
Der waard nei ôfrin net stimd mar in peiling holden. Dat is globaal telle. It die bliken dat globaal telle noch net sa maklik is.
Krekt as yn hast alle oare doarpen is der grutte wurdearring foar de gemeente (terjocht!), is it gefoel foaral dat wij graach selsstannich bliuwe wolle (terjocht), mar dat it sûne ferstân kiest foar weryndieling. Alteast bij de measten. Ik bliuw myn gefoel noch mar efkes folgen, miskien wol tsjin better witten yn.
Wij binne trakteard op in goeie politike jûn mei de kofje, de keek en ien konsumpsje der op ta, op kosten fan ús gemeente. Spitich foar de fuortrinner, dat hie der moai efkes meipakke kind.





woensdag 6 februari 2013

In jûntsje muzyk

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 


Tiisdeitejûn harkje ik mei nocht nei it programma Butenstaanders op Studio Sudwest. Doede Bleeker lit dan de muzyk heare dy't hij moai fynt  (en ik meast ek) en dy't je net sa faak heare.
Mei Soundhound der bij bin ik dy twa oeren dwaande om alles fan dizze muzyk noch efkes nei te sjen op ynternet. Songteksten, tourdata en wat al net mear.
Efkes in printskreen en sa haw ik in moai byld fan ien jûn muzyk. Op in pear nûmers nei, dy herkende sels Soundhound net.

En omdat de sjonger fan de Troggs dizze wike ferstoar in klipke fan harren.
 
Posted by Picasa

dinsdag 5 februari 2013

Littenseradiel moat bliuwe

Tongersdei 7 febrewaris mei Wommels harkje nei it ferhaal fan it gemeentebestjoer oer de weryndieling.  Wij wurde wierskynlik trakteard op stellingen dy't der fanút gean dat selsstannich bliuwe gjin opsje is. Wij wurde benaud praten omdat der yn de takomst safolle op gemeenten ôfkomt omdat it Ryk de earste ferantwurdlikheid foar bepaalde wetten mear bij de regio delleit.

It docht mij tinken oan de jierren 90 doe't ik fanút myn wurk de hiele provinsje troch reizge om al dy lytse skoalbestjoeren te fertellen dat selsstannich bliuwe gjin opsje is omdat it Ryk de risiko's trochskowe soe nei de bestjoeren.
Sa ûntstiene yn dy jierren de PCBO Dongeradiel, PCBO Smellingerlân, PCBO Wymbritseradiel en ferdwûnen de betsjoeren fan de skoallen yn sis mar Metslawier, yn Nes, yn Ternaard, yn Rottefalle, yn Drachtster Kompanije, yn Boarnburgum, yn Easthum, yn Nijlân, yn Heech en yn al dy oare plakken yn dizze gemeenten.
Mar der wiene  yn dy tiid wat "dwerskoppen". Dy lieten harren net benaud prate.
"Wij moatte it earst allegear noch mar sjen", wie de redenaasje fan bijgelyks Eanjum en Ljussens..
Wij binne no sa'n 15 jier fierder.
Noch altyd binne der selsstannige bestjoeren en docht ek bliken dat grut de hannen fol hat om it allegear goed foar elkoar te krijen.

It is krekt as mei fersekeringen, der wurdt je oanpraat dat je je oeral foar fersekerje moatte......mar at it allegear wol nedich is?
Ik bin foar in selsstannich Littenseradiel en kin mij hiel goed fine yn it stikje fan Jan Hettinga fan Aldehaske.
Syn fraach is:
Hoefolle kin in lytse gemeente fan de rykstaken sels regelje.
Dat is in fraach dy't allinne mar in antwurd krijt as it prebearre wurde kin, bijgelyks yn Littenseradiel.

It soe flink helpe dat de Wommelsers harren tongersdei sjen litte yn it Dielshûs en realiseare dat it ferdwinen fan de gemeente Littenmseradiel ek in grut ferlies wêze sil foar Wommels.







zondag 3 februari 2013

Roekrock

In hynder is in moai bist.
Yn it lân efter in stek.
In keppel hynders yn it lân is sels prachtich om te sjen.
Dat draven en fleanen mei dy wapperjende moanjes.
Oer hynders op de dyk tink ik hiel oars.
Ferfelende bisten at je der op de lisfyts oankomme.
Earst dogge wij ús bêst al om de grutte bakken stront op it fytspaad te ûntwiken en twads sjogge wij al gau dat it hynder him net op syn gemak fielt at der in (lis)fyts oankomt.
Ferwitende blikken fan de hynderrrider fleane betiden ús kant op, krekt at it ús skuld is dat sij it hynder net oan kin.


Hynders dy't muzyk meitsje, steane mij wol oan, hoewol se dan meast horses hjitte.
Justerjûn op it treflik organisearre Roekrock yn Weidum stiene de Horses on Fire op it programma. As twadde groep op it grutte poadium. In Belgyske band en ek wolris te sjen yn DWDD. Moai ? .... Ja.
Lûd ?.... ferskuorrende lûd sadat de stelling yn de LC fan dizze wike dat popkonseretn sosjale barrens binne wêr't je ek prate meie tidens de muzyk net op gie. Sels mei razen koe ik myn buorman neat wiismeitsje en hij mij ek net..
Makke neat út want de oare bands wiene krekt efkes minder lûd en foar de praters wie der altiten yn ien fan de twa sealen gjin lûd.

It festival yn Weidum hie sa wie sa in goed programma. The Kik, faak te sjen yn DWDD sette útein en nei wat "swietsêfte lieten" einigen se gelokkich mei wat steviger wurk. In leuke band om te sjen.
Yn de lytse seal wie it bettere stampwurk mei Kinkobra en Lick,
En krekt foar trijen slúte Kill Ferelli ek mei in goed stik muzyk de jûn ôf , sadat de taksi dy't om trije oere klear stean soe, net hoegde te wachtsjen op in stel tefreden rockers út Wommels.



Taheakke
Noch efkes oer "the horses" en de muzyk..
The Band of Horses is der ek noch en ek dy mei ik graach heare.





zaterdag 2 februari 2013

Fytsknipepunten


Ik slút net út dat jim mij de kommende moannen faak neist de (lis)fyts steane sjogge at ik ûnderweis bin. It doel is dat wij oant maaie ta al fytsknipepunten yn Fryslân yn byld bringe.


Juster freed 1 febrewars wie de startbijienkomst yn Ysbrechtum en dêr hearden wij wat wij oanmerke meie as knipepunt.
Dizze wiidweidige aksje is in gefolch fan in fersyk fan de minister fan ferkear om in grutskalich ûndersyk yn te stellen, omdat sij skrokken is fan it oantal fytsûngemakken.
Fan út  de Fytsersbûn ôfdieling Fryslân is dizze aksje opsetten en de leden fan de fytserbûn en ek oare frijwilligers sjogge dit as in útdaging om dit yn byld te bringen.
Wij geane yn de regio Súdwest Fryslân mei 8 man/frou op paad om foaral foto's te meitsjen fan pealtsjes, hobbels en bobbels en gefaarlike oerstekpunten foar fytsers op 50 km diken.
Al dy foto's sette wij op in digitale Google maps kaart sadat der gelyk in byld ûntstiet hoe't it sit mij de knipepunten.

Neist Wommels en wat doarpen om Wommels hinne, sil ik ek nei Lollum, Arum, Burchwert, Hichtum, Boalsert, Eksmoarra, Allingawier, Skuzum en Gaast.
In moai putsje oant 1 maaie ta.