zaterdag 30 januari 2010

Drige

Begjin dit jier krigen wij wer sa'n âlder freonlikste dame oan de tillefoan (past het u dat ik u bel) dy't mei in ferhaal fan tenminste 4 minuten ús witte liet dat wij ea wat oan de Nederlandse Hartstichting jûn hiene en dat sij graach woe dat wij no taseinen dat wij no wer wat joegen. "Dan zullen wij u niet weer benaderen dit jaar", wie har slotsin.
Wij hawwe nei alle strykstokferhalen en ferhalen oere BoppeBalkenendeFetsjinjendeDirekteuren besletten om soarchfâldich ús eigen kollektebelied stal te jaan. It antwurd wie dus nee.
Oer it generaal krije wij net safolle post mear en at dat no moai is of teloarstellend dat wit ik sa net. Op 26 jannewaris wie der wol in brief. Fan de Nederlandse Hartstichting.
"U heeft in het verleden de Hartstichting gesteund enz." Dat ferhaal kaam ús bekend foar. En it gefolch dat wij wegere hiene wie no dat wij no op in oare wize benadere waarden...........
"Wilt u ons in 2010 eenmalig een bijdrage geven? Dat zou geweldig zijn. U ontvangt dan geen verdere giftverzoeken meer en wij benaderen u ook niet op een andere wijze."
Dat neam ik drige.
Wij binne dus noch net fan harren ôf want dizze papierbrot mei twa winskkaarten wêr't ik net om frege ha, lizze al yn de âldpapier kontainer. It is fansels wol de fraach at ik wol in hert fan goud ha.

donderdag 28 januari 2010

Gedichtedei

Om te sizzen dat ik wat mei gedichten ha, nee dus. Bij mij is hiel lang it idee hingjen bleaun dat in gedicht in oantal rigels op rym is. Dat is dus net.
In gedicht moat wat fertelle mar net te direkt.
In gedicht moatte je ek faker lêze, sadat je de kâns krije it te begripen. At je it net begripe dan is it mooglik in goed gedicht, mar je sjogge it dan net. In gedicht moat wol wat rinne. At it dan net einrym is dan mar begjinrym. Ik haw net folle dichtbundels. En haw ik se al, dan binne se Frysk. Yn ien fan dy dichtbundels wurdt troch de twa skriuwers it folgende oanjûn: Hja drage dit spannende boek op oan alle kaféhâlders fan Fryslân ûnder it motte: Elts sprekt fan ús sûpen, mar nimmen wit fan ús toarst.
It folgende gedicht stiet der yn.



It fers is skreaun troch Tsjêbbe Hettinga. It stiet yn de fersebundel Loft-Lan&Se, dat hij mei Jelle Kaspersma skreaun hat.
En dy Tsjêbbe is letter wrâldferneamd wurden mei syn sjongende gedichten. It docht mij goed dat ik syn talint doe al ûnderkende. Of haw ik de bondel kocht op de Kliuw wêr't ek Tsjêbbe regelmjittich oan de stamtafel te finen wie, doe't ik mij nei in pear bierkes literair ûnderskiede woe fan de rest?

woensdag 27 januari 2010

7 novimber 1971

It betelle fuotbal is al hiel lang siik. Dêr hoege je gjin dokter, psycholoog of fuotbalanalitikus foar te wêzen omdat te skriuwen. Jild hat de macht al lang oernommen en tsjin jild kin gjin medisyn op. Better wurde is der net bij. Dea gean wol. Haarlem is dea. At it om in minskelibben gean soe, soene wij sizze: "hij wie ek al moai op leeftyd en noch mear lijen soe net leuk wêze, it is wol goed sa."
Dat fuotbalklup Haarlem dea is, docht mij neat. It ienige gefoel is in herinnering. Ik haw in kear yn dat stadion west. Op sneintemoarn betiid fuort mei fjouwer man der hinne. Ate Vellinga wie ien fan dy oare sc Hearrenfean supporters. Wat ik mij noch goed herinnerje dat wij ús tiid fier foarút mienden te wêzen. Wij hiene net fan dy lullige toeters mei dy't je mei de mûle betsjinje moasten. Nee, wij wiene útrêsten mei mooglik de earste toeter op in akku. In hiel gesjouw sa'n grutte, swiere akku mei yn de pukkel.
En dêr sieten wij dan op 7 novimber 1971 op in doe ek al hast lege tribune yn Haarlem. "toet,toet, toet" klonk it at je goeie earen hiene. "Toet, toet, toet," koene je heare at elkenien mûsstil wie yn it stadion. "Toet, toe, to" klonk it oan de ein fan de earste helte, doe't de akku leech wie.
It wie de earste en lêste kear dat wij mei ús akku op paad gyngen. Haarlem wûn mei 2-0 (bron myn plakboek)

maandag 25 januari 2010

De lêste droege woarst

Ik kin der hast net fan sliepe. Hoe komt it mei it resept, sa freegje ik mij hieltiten ôf. Giet dizze bijsûndere smaak foar altyd ferlern?
Slachter Lolke Bouma fan Easterein hâldt der ein dizze wike mei op. No wit ik wol dat der wol mear slachters binne mar ik betwifelje, nee ik bin der wis fan dat der net ien slachter binnen fytsôfstân (en ik fyts wat ôf) is, dy't sokke bysûndere droege woarsten makket en ferkeapet as Bouma yn Easterein.

De droege woarsten fan Bouma learde ik kinnen bij Tsjerkje op de Kliuw, yn de santiger jierren myn stamkroech. Ik sjoch se dêr noch hingjen. Mei soarch rikke op souder bij de slachter en no bungeljend oan in tou yn de hoeke fan de kroech, wêrbij de sigaarrokende Fonger en Lammert, de broers fan Tsjerkje, net op in smook mear of minder seagen.


Nei in oantal bierkes moast de droege woarst mei mostert foar in lichte, mar foaral smaakfolle boaium yn de maache soargje. Je koene der dan wer wat bierkes tsjin. En it bier sloech echt net dea, alteast dat seagen wij net oan it Heineken fleske.
Tsjerkje om in droege woarst freegje, soarge altyd foar fertizing. Mei it minne gehoar ferstie sij altyd iets oer boarsten.
Lolke Bouma hat de slach ferlern fan de slachters dy't it allegear wat handiger oanpakten. Dy ynfestearden en gyngen de profinsje yn en wisten sa harren smaakloaze droege woarsten wol oan de man te bringen.
Mar Lolke hoopte dat it syn tiid wol útsjonge soe. Krekt net dus. Lolke stoppet mar hoe komt it mei it resept? Ik sil it him freed freegje at ik myn lêste woarsten helje. En nije wike dus nei Murk's slachterij yn Wommels. Ek net minne woarsten mar seker gjin Bouma's. Spesjaal foar Lolke syn favorite plaat.

zondag 24 januari 2010

Ien protter of sa

Juster de hiele buert bij lâns west. "Graach jim katten en hûnen sneintemoarn tusken 9 en 10 binne hâlde, want ik sil telle."
"Telle?", en ik seach se fertwifeljend sjen. "Ja, it is dit wykein "Tuinvogeltelling", en ik doch mei. Fierders freegje ik jim ek om de fûgels om dy tiid net bij te fuorjen want dat doch ik. Dus fetballen, itensrêsten, apenuten, potten nútsjesmoar binnen helje", drukte ik harren op it hert.
Sneintemoarn om goed 8 oere wie ik der al út. De tún en mij sels ynrjochtsje foar in teloerke. Earst de nije snie romje en dêrnei de kroade (net mear nedich foar de sutelaksje) en de twa fûgelhúskes ynrjochtsje. Fûgelfoer, bôle fan juster mar wol bij de waarme bakker wei en mear as twa hân fol goed trochseane riis.
Mei ús eigen katten foar it rút en ik oan de iterstafel seach ik in heal oere lang (want sa lang moat je telle) ien goare swarte fûgel mei baaseftige trekjes. En mei in izeren kondysje. Hij fleach fan de iene bak nei de oare, fan de riis yn fûgelhúske A nei de fetbal bij fûgelhúske B. Hij kaam sels net oan iten ta. Hij hie it smoardrok mei oare fûgeltsjes. Mei it fuortjaaien. In pear moskjes besochten it hieltyd wer mar moasten foar harren libben fleane at de swarte kaam der wer oan.
In fûgel mei in reade en in giele boarst sieten geduldich te wachtsjen yn it strewelleguod fierderop en tochten mar oan ien ding: wêr binne dy katten fan dy famylje Hofstra, dy't ûntelber faak in fûgeltsje oppikke ûnderweis.
De fûgeltúnteldei bij ús is mislearre. Ien swarte fûgel en ik in min sin.




zaterdag 23 januari 2010

De waan fan de dei

Sa fyts ik hjoed troch Hinnaard. Moai doarpke yn de Greidhoeke mei syn klokkestoel. Pealtsje oan de kant fan de dyk. Mei in soarte mei kollektebus der oan. En in buordsje mei in tekst. Ik lês it fluch en fyts troch. "Jou wat om fûgels. Jou jild sadat wij de fûgels en bisten bijfuorje kinne". Dat is ûngefear de strekking. Moai is dat. Mar ik doch der neat yn. Want ik jou al genôch út oan fûgelfoer. Yn ús eigen tún fuorje wij tsientallen fûgeltsjes. Fan mosken oant protters, fan fûgels mei giele en reade boarsten en fan dowen oant seefûgels. Machtich om te sjen.
Wylst ik fierder fyts en myn tinzen gean lit oer dat simpele buordsje oan de kant fan de dyk sjoch ik de bylden fan Haiti wer foar mij. Jild sammelje foar fûgelfoer yn Hinnaard en jildsammelje foar minskeniten yn Haiti. It is gjin fergelyk mar dochs..... It draait om jild en gefoel.

vrijdag 22 januari 2010

Aardiger en freonliker

SIRE wol dat wij aardiger en freonliker tsjin elkoar binne. En dat moat hjoed gelyk al yngean. Nee, dat is mei weromwurkjende krêft al yngien. It resultaat hâldt noch net oer. At der in God is dan hie dy om mij wol wat freonliker en aardiger foar de minsken op Haiti wêze kind. Of is dit de skuld fan de Amerikanen dy't it lân brûke foar eksperiminten. Fan dêr dat se de saak dêr sa ûnder kontrole hâlde wolle. Fan dêr ek dat de helpferliening net op gong komt.
De KLM hat gelyk wol in freonlik en aardich gebaar dien nei ús. Dûbeldikke minsken moatte dûbeldik betelje. Foar dy dikkonten miskien net in aardich gebaar mar foar ús mei inkelfâldige konten in hiele opluchting.
En Dove docht ynienen ek hiel aardich tsjin ús as mannen. Ynienen stiet der dizze wike yn in libbensgrutte adfertinsje dat wij mannen al jierren sa sterk en betrouber binne. En dat wij Dove fertsjinje.



In adfertinsje, wêr't gjin wurd Fransk (dan wol Frysk) bij is en oan it sjippeblok te sjen, haw ik noch wol foarrie, út beppestiid.

woensdag 20 januari 2010

Wa bin ik?



It ôfrûne wykein wie ik bij Brainbox yn Snits. In soarte mei reunie. Mei alde (letterlik en figuerlik) kunde âlde herinneringen ophelle.
Myn meast kostbere materiele besit binne myn plakboeken. Begûn yn 1977. It boek fan 77 der mar efkes bijpakt. Fûn boppesteand stikje fan in kollega op kantoar yn Ljouwert. Is der wat feroare:
In earsten akten jager: dat wiene de akten Frysk A, B en it foech. It frysk sit noch altiten hiel djip yn mij en behearst en stjoert myn libben
Ut midden Fryslân: Noch altiten yn de greidhoeke, it moaiste gebiet fan Fryslân mei syn romte.
Mei dichterlike ynspiraasje: Dichtsje doch ik net mear. Mar skriuwe destemear.
Argewaasje tsjin auto's: noch altiten in needsakelik kwea. Noch altiten gjin riidbewiis.
Ik kin dus sizze dat ik net folle feroare bin. Want dit soarte muzyk fûn ik 1977 ek al goed.

zondag 17 januari 2010

Boys named Sue

Johnny Cash stie dizze snein sintraal. In optreden fan Boys named Sue bijwenne. Wer yn dat selde Bolwurk yn Snits.
Al wer in soad minsken op dizze sneintemiddei en in entoesjast publyk. Gewoan wat lekkere kountry mei in sjonger dy't in stim hat dy't seker wol wat hat fan de stim fan de echte. Swingend wie it seker op lêst en ûndanks dat sokke muzyk mij earder begjint te ferfelen as de rock haw ik mij net ferfeeld. In lekker rêstich nûmer wat se ek spilen.

Werom yn de tiid

Om no te sizzen dat jong en âld útrukt wie om Brainbox te hearen en te sjen yn it Bolwurk yn Snits is net wier. It wie foaral âld. In soad brillen en noch mear grize en keale koppen. Sa'n 38 jier lyn foel de groep útelkoar omdat sjonger Kaz Lux der mei ophâlde woe. En krekt Kaz Lux makket it lûd fan Brainbox. Mar tagelyk, at je soks skriuwe, dogge je de oaren te koart. 400 man/frou seagen in prachtich optreden dêr't de blues en de rock ôfspatte.
Machtich om te sjen hoe't 50-tigers en 60-tigers sich ferdrongen om foar oan te stean. Of hie de tiid stil stien. Foar it Bolwurk in prachtige opstekker, safolle nij publyk dy't seker wer komme at se sokke bands helje. En at se ek noch soargje dat de muntenautomaten it gelyk dogge, dan hoege wij tenei net earst in heal oere droech te stean.
En it waard ek noch let, want in taksi nei Wommels beregelje duorret seker sa lang as ien lange set mei tajefte.
Wa't mist hat en it net misse woe, kin op 1 maaie nei it Haske op é Jouwer.

zaterdag 16 januari 2010

Ynente dy hollandse hap

Ik haw krekt kontakt hân mei de direkteur infeksjesykten. Hij hat himsels it lêste healjier flink op de kaart setten as de man dy't elkenien leauwe litte woe dat wij (op in pear nei) dea gean soene oan de meksikaanske griep, at wij ús net yninten en at wij ús hannen net 8 kear yn it oere wosken, it toeteseboerd nei elke oanslach net skjinmakken en net mei mûlkapkes oprinne soene.
Kunde fan him (of wie hij it sels) soargen der foar dat der in saneamd medisyn kaam, sûnder dat bekend wie hokker sykten je dêr ek wer fan krije koene.
Omdat der net genôch faksins wiene, waarden der wat groepkes makke wa’t wol en wa't net in oantal prikken krije moast. Mei 55 jier kaam ik net yn oanmerking wat ik sels beskôge haw as feit dat ik net wichtich genôch bin om yn libben bliuwe te moatten, at it der op oan komt.
Mei dy direkteur haw ik kontakt hân en ik haw frege at hij ek yn steat is om in faksin te meitsjen tsjin de 11-stêden koarts. En at hij ek yn steat is om op hiele koarte termyn foar alle Nederlanners minus de echte Friezen sa’t faksin leverje kin.
En at hij der foar soargje kin dat it net in frijbliuwende saak is om sa’n faksin yn te nimmen. Nee, it sil ferplicht wurde moatte. En foar sa’n 1500 sjoernalisten dy’t no al in keamer reservearre hawwe graach in dûbele poarsje.
Mooglik dat dat de drokte om in 11-stedentocht ôfnimmen docht, want it is mij net bekend dat der ea in 11-stêdentocht riden is op wetter mei in laach snie derop. Op sich is dat gegeven al unyk.
En at it krekt sa giet as bij de Meksikaanske griep dan is der noch in gruttere kâns dat de 11 stêden tocht net komt. Dat soe ik net slim fine, want om in oantal dagen beset te wurden troch 2 miljoen Hollanners liket mij net in goed foarútsjoch.

donderdag 14 januari 2010

De polityk

Ik haw, sa't jim fêst wol witte neat mei de polityk. Ik bin te swart wyt. Altyd dat gesyk nei kompromissen wêr troch it allegear foar neat yngewikkeld wurdt. Net dúdlike rigels binne meast it gefolch, Politike programma's binne dan ek net langer yn byld as de snelheid fan myn zaptomme.
Mar dizze histoaryske woansdeitejûn woe ik it meimeitsje. Al dy ferskriklike bylden yn Haiti dreaunen mei ta Ned 2. It keamerdebat streekrjocht.
Alle machtich wat in geseur. Allegear wurdfierders dy't tsjin mefrou de foarsitter prate mar it feitlik tsjin de dieders Bos en Bakellende hawwe. "Mefr Hamer fine jo net dat de hear Bakellende bedoelde dat....."Jeetje myn neetje, dy man sit der bij. Freegje it him dan....
Dy wurdfierders dy hawwe oars wol gelok. Sij meie wat sizze. Sij meie 23 kear de selde fraach stelle mar dan yn in oare folchoarder mei wat oare wurden. Sij krije ek 23 kear it selde antwurd mar dan yn oare wurden. Dan wurdt it fansels wol hiel let. En al dy oare keamerleden, dy't neat sizze meie, dy moatte der út fatsoen wol bijsitte, want it kabinet sil mar falle en je binne der net bij!
Mar dizze mannen en frouen ferfele harren net. Nee, sij hawwe it drok. smoardrok mei de twitterkompetysje.
En ik kin jim sizze wa't it twitterjen wûn hat.



Fan herte lokwinske, twadde keamer lid Rendert Algra fan Jobbegea en earder fan de Slachtedyk ûnder Kûbaard.

zaterdag 9 januari 2010

Deade herinneringen

Yn op é Skille stie 6 jannewaris dat Djip Read Sam in gouden greep fynt. Efkes wat útlis. Djip Read binne in oantal minsken dy't foar harren sels yn de gemeenterie fan Littenseradiel sitte wylst se stimd binne troch PvdA oanhingers. Mar doe't se yn de stoel sieten, wiene se ynienen fergetten dat se oaren fertsjintwurdigen. Djipper kinne je bij mij net sakje.
Djip Raed neamden se harren doe't se in fergese poging diene de boargemaster fuort te krijen. Djip read moatte se harren skamje foar it baaske boartsjen. Se hiene harren no stil hâlde moatten, mei de sturt tusken de poaten ferdwine, in stille dea stjerre. Mar nee.
De PvdA yn dizze gemeente seach wol yn dat sij wat dwaan moasten om de skea dy't se oprûn hawwe, om sette moasten yn wat posityfs. Gearwurkje mei echte linkse partijen. Under de namme SAM.
En as dat Djip Read no ropt dat SAM in prima fuortsetting is fan harren gedachtegoed dan kin ik mar ien goeie rie jaan. Stim gjin SAM.

50 plus



Jim sille begripe kinne dat ik myn libben net weagje wol om nei de nijjierssit fan SDS te gean op dizze njoggende jannewaris. It programma wie hjir en dêr in hân skodzje, wat bier drinke hjir en dêr, tsjin dizze en gene wat seure oer it ôfrûne healjier en net op de tafels stean. Dat wie net genôch om mij efter de kompjoeter en fan de bank ôf te krijen.
En ik haw al sa'n hekel oan dizze rot winter. Dat ferhaal oer "sokke moaie plaatsjes" haw ik no al faak genôch heard. Dêr haw ik neat mei. Mar goed, ik sil de eagen goed iepen hâlde moatte at ik bûten kom want de sniepatroelje sil net foar mij út ride. Dy kieze net foar fytspaden nei Snits ta.

zaterdag 2 januari 2010

Slepe

Ik fûn it mar in raar gesicht nijjiersmoarn. Sa tsjin 9 oere (net let op bêd, dus ek net let der ôf) steane der noch grize kontainers oan de dyk bij ús yn de strjitte. Dy stiene der âldjiersmiddei en âldjiersjûn ek al. Ik seach dy kontainers stean en ik seach se tinken: Sjoch ús no ris. Wij steane klear om fersleept te wurden. Wêr sille wij bedarje? Op it balkon fan de Mafu, op it fytsehok bij de skoalle of wurde wij alline mar op it iis setten?
Slepe, it is hielendal út de tiid. Froeger, ja froeger doe tôgen wij de lannen yn om Wommels hinne en sleepten wij mei man en macht elke losse hikke nei it doarp. Splinters yn de kâlde hannen rûnen wij op. Mar wij moasten wol want yn it doarp wie alles oprêden. Net in blompot, brievebus of kninehok stie mear bûten.
En no anno 2010 steane dêr de kontainers gewoan oan de dyk. Op tsjiltsjes notabene. Makliker sleepwurk is der net. It slepen is dus echt dien!