zondag 28 februari 2021

Efkes balje

 It Efkes Baljen leit stil.

It wyklikse oerke bewege 

mei wat jongere leeftydsgenoaten mei net.

It sil in toer wurde kinne op myn leeftyd

om it wer op te pakken, sûnder blessures op te rinnen.

Dêrom wie it goed

dat ik sneon en snein te baljen stie mei Samme en Nyck.

Se hiene der echt nocht oan op it sportfjild yn Wommels

en in oere wie mij lang genôch.....sa'n earste kear





woensdag 24 februari 2021

De Bûkeleane en Oranjewâld

 


Moandei, 

it ritsje nei Gaasterlân.

De auto bij it leechsteande Galamadammen

en goed 40 kilometer troch it frisse mar moaie lânskip


De snie wie op plakken noch lang net fuort, seker bij de seedyk net

In moai keunstwurk fan hout.........

......oan de Bûkeleane bij Aldemardum



Woansdei
de auto yn Akkrum
en in moai ritsje troch al dy doarpkes tusken dy grutte diken:
Gersleat, Lukswâlde, Langsweagen, Jonkerslân, 
Bontebok, Ketlik, Oranjewâld, Tjalbert, Lunjebert, Haskerdiken

47 moaie kilometers





Oranjewâld, yn it wykein in drok "krúspunt"

no mei in bytsje drokte bij in kofjekaravan

zaterdag 20 februari 2021

In boekje fan WG van der Hulst

 


Wa hie tocht, dat ik "De wilde jagers' nochris lêze soe.
"De wilde jagers", in boekje fan W.G. van der Hulst,
de ferneamde krystberneboekjeskriuwer út de foarige iuw.

It boek lei op souder.
"Kerstfeest 1960" stiet er yn skreaun.
Doe wie ik 6.
Spannend berneboekje foar jonges fan 6
mei in sauske fan  "de Heer"
Dat kin ek hast net oars mei krystfeestboekjes.
Ik slaan dus wolris in sin oer. 

Ik lês it boekje no 60 jier letter.
Of better sein, ik lês it foar.
Oan Roan, no 6 jier
de skynbonke stikken en dus de foet yn it gips
Moarns help ik him meast mei it húswurk
en "ús skoft" lês ik him foar.



vrijdag 19 februari 2021

Op bêd

 


Op souder fyn ik noch in aardich boekje. 

Geale de Vries hie earder in taalpraatsje op Omrop Fryslân. 

In seleksje dêrút is doe sammele en yn dit boekje kommen. 

Ien fan de haadstikken giet oer op bêd gean.

 Dat kinne je neffens de Vries wol op hast hûndert ferskillende wizen sizze. 

Dizze wike set ik alle dagen foar it nei bêd gean in searje op twitter. 







 












Der binne meardere minsken 
dy't dat wol nijsgjirrich fine, 
mar der is ien dy't bijsûndere ynteresse hat: 
de beddelooch, 
Ruurd van der Velde út Winsum.  

Hij skriuwt: ik krij in prachtich idee foar ús bêdewinkel. 
Ik haw him it boekje fannemoarn brocht. 
Kin der der mar rêstich oer nijtinke hoe't hij in moaie reklamekampanje opsette kin mei dizze útdrukkings



dinsdag 16 februari 2021

Kneppelen

Kneppelen,
it stiet op in dykspleatske oan de Slachte
tusken Greate Wierrum en Lytsewierrum

Ik bin benijd wêr't dat wei komt
en gean op syk....

 



Dat is dúdlik. 
Kneppelen ferklearre

Kaam ek noch tsjin hoe de namme Lutkewierum ûntstien is
en dat dat net altyd sa west hat





maandag 15 februari 2021

Ien sok

 Pakesizzer Roan

dy rint graach mei bleate fuotten op sandalen.

It hat lang duorre dat hij dizze winter de sokken oandocht

Mei redens der ûnder, 

dat is hielendal nij foar him.

Sokken en skuon en redens...

De winter is oer en de temperatuur fljucht dizze wike omheech

mar Roan hâldt ien sok oan:



In gipssok.

De skynbonke stikken.

It like in gewoane fal

mar de gefolgen binne tryst foar dit mantsje fan hast 6

Ik wit net at reedride wol syn ding wurdt.


Dêr sit je dan yn de rolstoel

oan de kant fan de feart.





vrijdag 12 februari 2021

Ride

 


Ik liet guon minsken efkes skrikke
mei dizze foto op facebook.
"Do ride?"

Net dus,
ik wie op de fyts op de Slachte
en seach meisels fytsen.
Dat sjoch ik wol faker mei de opkommende sinne
mar no wie it oars:
in delgeande sinne en snie

Fyts oan de kant
en nei wat oefenje 
krige ik in reedlike reedriidhâlding yn byld

klik
klik
klik


donderdag 11 februari 2021

Fiver

 

 

Prachtich hear,

al dy foto's fan de op- en ûndergeande sinne,

fan al dy sniedunen efter de hikke,

fan it glinsterjende ryp op it reid

fan al dy skiep dy't it skynber net kâld ha

en fan al dy fûgels dy't wekken hâlde yn it iis.

It alder moaiste is fansels

de bern op de fiver

mei harren earste streekjes,

mei de stoel dy't noch sa feilich fielt

mei de slide at er gjin redens binne

mei de juf op it iis en de pake op de brêge

foar in foto fan Samme 

mei syn moaie blaue helm

dy't er op de fyts ek altyd op hat.


dinsdag 9 februari 2021

Winter

It is winter en sels haw ik dêr net nei útsjoen.

Ik ha net folle op mei winterwaar.

 Ride doch ik net mear en iets waarmer fyn ik net ferfelend. 

Wat ik wol moai fyn dizze winterdagen is wat de natoer docht. 

Wat de wyn mei de snie docht bijgelyks is prachtich om te sjen. 

Plakjes yn de lijte mei bergen snie en bûtenút friwol grien lân. 

Nim no de wetterfûgels dy hawwe ek harren eigen agenda. 

Sij sykje alle winters it selde plak op. 

Yn de bocht tichtbij Spyktille is altyd in grut wek. 

Ek no wer.  

It is allinne te lyts foar al dat fûgelguod. 

Dus fine se in plakje op de dyk.  

Se gean sûnder probleem foar dizze fytser oan de kant, 

mar nimme dêrnei harren plakje op de dyk wer yn, 

wachtsjend op in frij plakje yn it wek.

Ik hie roppe kinne: meitsje dat wek mar wat grutter,

mar dat haw ik mar net dien.



zaterdag 6 februari 2021

Starum

Freed, 

wij gean nei Starum,

Samme (4) en Roan (5) binne mei.

Op ûntdekkingsreis dêr.

Underweis druk ik se in stinsel yn de hân:

sjoch dizze fiif keunstwurken sykje jim mar op.

Prachtich fine se dat: in speurtocht.


De fisk stiet droech, mar it is wol spannend om dêr samar yn te stean......

It froutsje fan Starum.
Ik lês it ferhaal foar dat dêr oanplakt stiet (EK YN IT FRYSK!) 

Aukje,
dy hawwe se al earder sjoen
doe't se mei ús op paad wiene,
want dy stiet yn alle 11 stêden

Bij it Hooglandgemaal: de waarwolf
It is efkes sykjen.
Wat is syn poat, wat is syn holle

werom bij de fisk:
se doarre no wol efteryn op plakje te gean

Neist al dit kulturele fermaak

binne der boarterstunen en stekken en stoepen

om te klimmen en te slingerjen







vrijdag 5 februari 2021

Diggelgast

In nije rubryk yn Diggelfjoer,

it doarpskrantsje fan Wommels.

Ik mocht begjinne as gastskriuwer.

Letter dit jier noch in kear.

Leuk.




woensdag 3 februari 2021

Bargekop

 

De Bargekop tusken Itens en Easterein





de Bargekop bij de doar fan nûmer 10



Bij Wikel in Bargebek


Fan boppen de Bargebek bij Wikel

Tusken Itens en Easterein is de Bargekop.
Miskien dat sommigen dêr blyn oan foarbij fytse of rinne
mar it stiet echt op it hûs yn de bocht.

Hoe komme je no dy namme?
Ik rieplachtsje it boek fan Karel F. Gildemacher
"Friese Plaatsnamen"
De nammen fan stêden, doarpen en gehuchten wurde ferklearre.

It boek ferwiist nei Bargebek, 
in útbuorren tusken Balk en Wikel
en jout oan dat er op mear plakken yn Fryslân 
Bargekoppen binne mei de selde útlis

De foto fan boppen fan de Bargebek is dúdlik
De foto fan de Bargekop bij Itens hat iets mear fantasij nedich
of it is dêr bot feroare.



maandag 1 februari 2021

Fytse yn jannewaris

 

Ek jannewaris wie wer in fytsmoanne.

Yn Strava fytste ik sa'n 600 kilometer

Bûten Strava om ek noch sa'n 200.

Fytse yn jannewaris binne meast koartere ritten.

Kâlde fuotten foarkomme.

De foto komt út Strava.

Is in oersicht fan alle paden dy't ik fytst ha yn jannewaris