zaterdag 29 september 2012

Net ferbiede mar begripe

"Niet verbieden, maar begrijpen" dat wie de kop fan in artikel yn it AD fan hjoed.
It giet as gefolch fan de ellinde yn Haren al wer oer it gebrûk fan sosjale media lykas Twitter.
De kop fan it artikel yn it AD slacht op de rol fan âlders fan twitterjende bern.
Doe't ik sneontemiddei  bij de wedstriid SDS 1 - it Fean '58 1  wie en ik it foarwurd fan de foarsitter lêsde, moast ik helaas konkludeare dat de kop fan dit ferhaaltsje ek foar in foarsitter jilde kin
De feiten:

Sytze Kooistra, hast altyd spyljend yn SDS 2, lêsde op freed 21-9-2012 op de webside fan SDS dat hij de folgjende dei mei SDS 1 oantrede moast tsjin Veenwouden 1.
Sytze wie dêr net entûsjast oer en omdat Sytze student kommunikaasje is, fan de sosjale media hâldt, brûkt hij syn twitterakkount om syn gefoel fan dat momint gelyk te dielen mei syn folgers.


Moaie #hastags fyn ik dat.
Foaral de lêste jout oan dat hij graach op de foto wol mei syn ploechgenoaten fan SDS 2. Neat mis mei. Dat je bale om op de bank te sitten is ek neat mis mei. Dat tekent in sportman.
Ien fan Sytze syn folgers is @ff_sds, omdat Sytze wol faker iets oer fuotbal en SDS de wrâld yn twittert.
En foar je it yn de gaten hawwe,  giet sa'n leuke tweet fierder troch in retweet en komt dy telâne bij de LC.
De LC hat al jierren in aardige rubryk yn de moandeiskrante ûnder de namme Sportspotjes.
De redaksje sjocht it berjocht foarbijkommen en fynt it berjocht goed genôch om it op moandei nei dat wykein yn de rubryk op te nimmen.

At ik hjoed bij SDS it foarwurd fan de foarsitter fan SDS lês yn it programmaboekje fan SDS 1 tsjin it Fean 1, dan sjoch ik dat der al wer  ien net bliid is.
 
 
Dúdlik is dat de foarsitter fan SDS de tweet net op de goeie wearde skatten hat.
Spitich is foaral dat hij syn misnoegen yn it foarwurd fan it programmaboekje ûnder wurden bringt mei  "nuvere berjochten".
It is mij net bekend dat Sytze Kooistra in kontrakt hat mei SDS. Sytze wol gewoan graach fuotbalje en sjoen syn  nivo it leafst mei SDS 2. Boppedat hat hij net wegere om mei nei Veenwouden te gean. Hij hat allinne syn gefoel sprekke litten op twitter.
Miskien is it better om te sjen nei de mooglikheden fan twitter foar in fuotbalklup en it net (yndirekt) te ferbieden.
Twitter is in machtich moai medium. Dat fyn ik.

dinsdag 25 september 2012

Skuld

Der binne op dit stuit dagen dat ik wat minder fyts as oars. Dat komt omdat ik soms ien soms twa dagen yn de wike yn Beetstersweach wurkje. Ik riid dan mei immen mei dy't oan dizze kant fan Snits wennet en dat skeelt mij deis 4 kilometer.
Ik tocht jûn lit mij dat gemis oan kilometers efkes kompenseare troch in lyts ritsje te dwaan nei it waarme miel.
Ik fyts Kûbaard om en beslút noch in stikje Slachte mei te nimmen.
De Nije Kromme liket mij it heechste doel dizze jûn mar nei amper 8 meter klommen te hawwen (ik tink sa'n 9 %) yn de lytse fersnelling fielt it as sakket de hiele fyts yn elkoar. Mei myn fuotten fêst oan de trapers, slagje ik der noch krekt yn de leuning te gripen sadat ik net omdonderje. Mei ferbjustering sjoch ik dat de hiele derailleur ôfbrutsen is, dat dy de speaken rekke ha en dat dêrtroch meardere speaken brutsen binne.


Wat in lijen. Mear as 2 kilometer fan hús en ik haw al sa it mier oan rinnen. En seker mei in fyts oan de hân.
Yn dy twa kilometer haw ik gjin tiid om mij hinne te sjen mar haw ik wol tiid nei te tinken oer de skuldfraach
Want hjir moat ien de skuld fan ha en dat moat in oaren as mij wêze.
Om te begjinnen de makker fan de fyts: de Raleighfabriek. Dat soks binnen 3 jier barre kin is raar en it is net it earste lijen mei de fyts.
Dan fansels de fytseferkeaper dy hie mij nea sa'n waardeloaze fyts ferkeapje moatten.
Ik kin de skuld ek jaan oan dy man wêr't ik mei nei Beetstersweach riidt. Hie dy yn fierderop yn Snits wenne, hie ik it net yn de holle helle mei dit rûzige waar noch kilometers te meitsjen.
De skuld leit ek Rein Hofstra, dy't dizze Nije Kromme betocht hat. Fierstente steil foar myn fyts en der stiet net in boerd bij dat rinnen better is.
Hat de provinsje dy brêge net betelle omdat der in Slachte maraton komme moast yn 2000? Wat hat dat betocht sa'n Slachtebrêge. Dus, dan leit dêr miskien wol de skuld.

De skuldige dêr geane wij altiten nei op syk.
Ik foar myn stikkene fyts en de rest fan Nederlân foar it fernielde Haren.


zondag 23 september 2012

It dak fan de wrâld


Ik haw dizze fakânsje it boek "It dak fan de wrâld lêzen" fan Ferdinand de Jong lêzen. Opmerklik want myn measte boeken binne likernôch Nederlânsk
Ik haw it boek mei nocht lêzen. It nimt je mei nei de bergen en nei Skotlân.
Nei de Guozzeflecht it eardere boek fan de Jong is dit in goed ferfolch.
Ik mei graach oer de taal en humor dy't hij  brûkt.
Boppedat sprekt it mij oan dat hij it ferhaal situearret op plakken dy't besteane en herkenber binne.
Want ik haw de "mislike" gewoante dat ik it earste it beste plak wat neamd wurdt yn in boek opsykje.
Ik wol witte wêr't is spilet en wêr't is krekt is.
Oer de ynhâld fan dit ferhaal lit ik mij fierders net út. Ik soe elkenien oanriede om it te lêzen.
Ik besykje it no bij oaren oan te rekommandearjen mei de wurden: it lêst net dreech , it is in nijsgjirrich ferhaal en it is herkenber sa as de ferwizing nei dit hearlike nûmer.






In ritsje



Sa lang it noch kin en ik net ferklomje op de lisfyts, besykje ik op snein noch wat kilometers bijelkoar te fytsen. Myn matige ynset dit foar ier liket mij no op te brekken.
10.000 kilometer is it absolute minimum wat ik nei stribje yn in jier.
It sit no op sa'n 7000 kilometer en sil de kommende 95 dagen gemiddeld sa'n 30 kilometerper dei fytse moatte. En dat is noch in aardige útdaging, want in dei net fytse........

Hjoed krekt boppe dat gemiddelde fan 30. In slach fia Wytmarsum en Wûns nei Makkum en fia Skuzum (wat in moaie namme) , Allingawier en Boalsert werom.

vrijdag 21 september 2012

Wa rint hjir yn?


Goede dag!

Het is inderdaad mijn genoegen te schrijven u deze brief, waarvan ik denk zal een verrassing voor u als we nooit eerder hebben ontmoet, en ik ben diep bedroefd als ik op een manier verstoord uw privacy. Ik ben de heer Paul Fletch Van Harlsden, North West London, hier in Engeland. Ik werk met Santander Bank plc Londen. Met alle respect en aanzien, Ik schrijf u vanuit mijn kantoor, dat zal worden van enorme voordeel voor ons beiden. In mijn departement, waarbij de Private Banking Manager (Greater London Regional Office). Ik ben de persoonlijke accountant te laat Mr.Ron Bramlage een zakenman, een Amerikaanse burger die helaas verloor zijn leven, werd zijn vrouw en hun vier kinderen gedood toen hun kleine vliegtuig stortte neer in een moerassig gebied van centraal Florida op 7 juni 2012. De heer Ron Bramlage, een prominente zakenman die eigenaar was van Roadside Ventures LLC en ook een makelaar, was van plan om te komen van een hier te investeren in onroerend goed en andere winstgevende business ventures in Engeland waarin hij het totale bedrag van 13.700.000 pond GBP afgezet (dertien miljoen zevenhonderdduizend pond) op een rekening hier in onze bank, die ik denk dat niemand weten.

De keuze van contact met u wordt gewekt van de geografische aard van waar je woont, met name vanwege de gevoeligheid van deze transactie en de vertrouwelijkheid hierin. Nu onze bank heeft gewacht voor een van de familieleden of partners om te komen-up voor de claim, maar niemand heeft dat gedaan. Ik heb persoonlijk het ongelijk zijn gesteld bij het lokaliseren van de verwanten of partners, ik zoek uw toestemming om u te presenteren als de nabestaanden of partner om onze overleden cliënt, zodat de opbrengst van deze rekening gewaardeerd op 13,7 miljoen pond GBP (dertien miljoen zevenhonderdduizend pond) kan worden betaald aan u, en nog veel meer dus ik ben jullie te verzekeren dat dit bedrijf is 100% risico vrij. Indien dit voorstel aanvaardbaar is voor u, kunt u trachten om meteen te antwoorden mij.

Op de overdracht van dit fonds in uw account, 40% zal uw deel zijn met betrekking tot de rekening verstrekken en uw verleende assistentie tijdens de overdracht van het fonds op uw bankrekening, zal 50% zijn mijn aandeel is de coördinator van de transactie, terwijl de resterende 10% wordt verdeeld naar verschillende respectabele liefdadigheidsorganisatie in uw land. Ik hou van het helpen van de armen!

Ik heb alle nodige juridische documenten die kunnen worden gebruikt om een ​​back-up van deze claim we gaan maken met betrekking tot dit fonds. Alles wat ik nodig heb is het invullen van uw naam of informatie aan de documenten en het het in de Britse High Court hier in Londen legaliseren aan u als de rechtmatige begunstigde bewijzen. Alles wat ik nu nodig is uw eerlijke samenwerking, vertrouwelijkheid en vertrouwen plechtige zodat wij deze transactie doorzien. Ik garandeer u dat dit zal worden uitgevoerd onder een legitieme regeling die zal u beschermen tegen een schending van de wet.

Gelieve mij de volgende: zoals we hebben vijf dagen de tijd om het uit te voeren door. dit is zeer dringend te behagen.

1. Volledige naam
2. Uw Telefoonnummer
3. Uw adresgegevens.

Na gegaan door middel van een methodische zoeken, heb ik besloten om contact met u hopen dat u vindt dit voorstel interessant. Gelieve op uw bevestiging van dit bericht met vermelding van uw interesse, zal ik verstrekken u met meer informatie. Endeavor om mij te laten weten wat uw beslissing dan hou me op te wachten. Bel me of schrijf me op de ontvangst van de e-mail: Tel: 

Met vriendelijke groet,
De heer Paul Fletch.

woensdag 19 september 2012

Earst


Foar wa'r de Ljouwerter Krante net lêst, dizze prachtige strip.
Sa ienfâldich, mar sa leuk
Posted by Picasa

zondag 16 september 2012

CD

Sûnt ik nije muzyk harkje fia in betelle ferzje fan Spotify, haw ik mij foarnommen om gjin CD's mear te keapjen.  In foarnimmen dat no in moanne as fjouwer stân holden hat.
Fannacht kaam ik wer mei in cd thús. Kocht op it Greidhoekfestival.
De feroarsakers?
Henk en Melle.
Klinkt  miskien  as it genre fan Nick en Simon of noch slimmer Lucas en Gea.
Dat is net sa.
Henk en Melle binne twa muzikanten dy't mei gitaar en in oargeltsje it poadium betrede.
Wat knullich, wat sullich, wat ferstruid, wat ferlegen mar hiel bijsûnder echt en leuk.
Henk Koorn en Melle de Boer makken ek reklame foar harren cd.
Ik koe it net litte. Foar 5 euro kinne je ûnmoglik sa'n stikje muzyk lizze litte en at de muzyk op cd neat is dan haw ik yn alle gefallen in moai cd hoeske.




zaterdag 15 september 2012

In ponsjo

In hiel tin stik plastic yn in lyts pûdsje wat de foarm oannimme kin fan in minskefiguer is in ponsjo. Sa'n ding kostet net folle en skynt hiel maklik te wêzen. Je kinne sa 4 yn de bûse stekke at je der op út gean sûnder der lêst fan te hawwen.
Dat lêste die ik ek, doe't wij freedtejûn nei Jorwert gyngen om it iepenloftspul fan de Goeie, de Minne en Lilleke te sjen.
"It bliuwt droech" hie ik de waarman sizzen heard om 17.30 oere wylst wij swier driigjende loften temjitte riden. Mooglik dat it yn de buert fan Kollum droech bleaun is, yn Jorwert net.
De ponsjos wiene nedich krekt foar en tidens de foarstelling.
It gie de spilers makliker ôf om dêr in geweldich stik del te setten mei hearlike tekstgrappen en in soad ferrassingen dan myn poging om in ponsjo oan te lûken.
It punt is dat je romte ha moatte om sa'n ding sûnder lijen oan te dwaan. Je moatte it boppedat ek mei belied dwaan.
Om te begjinnen is it de keunst om it gat fan de holle te finen en dêr de holle ek troch te drukken. De rest moat dan dan fansels gean.
Triuw je de holle bijgelyks troch ien fan de earmsgatten, dy't te lyts binne dan ûntstiet der in probleem.
It plastik begjint te skuorren en op it momint dat je konstateare dat it mis is, liede de herstelaksjes ta noch mear skuorren. Nei in heal kertier omklauwe hawwe je mei wat gelok noch krekt in stikje plastik oer de broek hinne en dan mar hoopje je dat it ek noch reint.
Ik sprek út erfaring. Myn poncho trof it net. Hij mocht mar ien kear tsjinje as reinkearder.  Foar in stik fan myn jas en in stik fan myn broek. Mar goed dat it net hurd reinde.
Der is úteinlik in stik plastik oerbleaun wat no yn de kontêner leit yn Jorwert.
Fan de 4 ponchos binne der trije wer thúskommen en dy meie takem jier wer mei at wij wer nei Jorwert gean. Ik nim in gewoane reinjas mei.
Ien gelok, ik hie de hannen frij om in foto te nimmen fan trije ponchos dy't wol goed brûkt waarden troch frou en dochters.




vrijdag 14 september 2012

80 euro boete

"80 euro boete foar fytsen op de stoep" lês ik yn de krante.
De plysje yn Amsterdam begjint nije wike in aksje om it fytsen op de stoep werom te bringen.
Ik kin net goed beoardiele hoe grut it probleem dêr is.
Fytse op de stoepe is ferfelend at der in soad minsken rinne. Seker at de fytsers der lâns jaaie en gjin respekt ha foar rinners.
Kom ris yn it bûtenlân op de fyts. Fytse mei dêr oeral.
Op de sneldyk lykas yn Ingelân en Frankryk.
Op stoepen lykas yn Dútslân, Eastenryk, Denemarken en Sweden. Yn dizze lannen hâlde fytspaden samar op en begjinne ek samar wer. Tuskenllizzende stikken binne dan stoepen wêr't je gewoan fytse.
As fytser pas je je gedrach en snelheid wat oan at der rinners binne.

Fjouwer kear yn de wike bin ik yn oertreding.
Bij it station yn Snits helje ik moarns in Spits. Krekt as alle oaren dy't dat ek dogge fytse wij nei de krante jonge dy't hast op it perron stiet. Moai is dat. Rinners, wachters en fytsers allegear op de selde stoepe.

Mocht it Amsterdamse stopebelied ek yn Snits útfierd wurde, dan losse wij dat sels wol op. In pot giele ferve en dan hawwe wij ek in fytspaad. Sa lizze se de fytspaden yn Sofia ek oan.


woensdag 12 september 2012

Kom yn de stimming mei BOB


Jim hawwe se fêst wol sjoen oan de kant fan de dyk. De Bob affysjes. 
Miskien hiene jim efkes it idee dat it in nije partij wie wêr't jim hjoed op stimme kinne.
Stimme op Bob. Dat hie wat west.
Der sit lykwols wol in hiel grut ferskil tusken Bob en al dy listlûkers.
Bob stelt jim net teloar.
Bob docht wat hij taseit.
Bob soarget sneon foar in prachtich programma foar in priis dy't net feroaret troch koalysjes of efterkeammerke  ôfspraken.
Bob smyt net mei drek lykas dy oaren, nee Bob sil der foar soarge dat jim net yn de drek komme te stean.
Bob hat it net oer pensioenleeftiden en AOW. Bob noeget gewoan elkenien út. 
Dit feest is foar jong en âld. 

Ek in ferskil is it feit dat de prognoases fan BOB wol útkomme, yn tsjinstelling ta dy fan de ferkiezingen,
Bob's prognoase:
Sneon droech, mei literêre hichtepunten en mei stoarmeftich goeie muzyk dy't ôfwikseljend foar de wyn en yn de wyn hat. Fierders is der reade en wite wyn en kin der hege druk ûntstean, wat gelyk ferholpen wurde kin.
En mocht der in ferdwaald buike komme, dat kinne se fansels net hielendal útslute mei Paulusma sa ticht bij, dan sille the Fortunate Sons harren bêst dwaan om dat buike fuort te sjongen.



Sjoch hjir foar it programma

zondag 9 september 2012

Saai?



Al wer fytse? Ja!
Saai? Nee!

Altyd wat te sjen en goed foar it liif.
68 kilometer om de Snitsers hinne dy't allegear op de mar wiene yn harren boat.
Hoewol...wij binne 232 fytsers tsjinkommen yn de trije en in heal oere dy't wij fytst hawwe.
Fan dy 232 fytsers wie der ien lisfyts bij.
Der wiene 217 fatsoenlike fytsers. Se gyngen efterelkoar fytsen op in smel fytspaad of se seien goeie.
Der wiene 15 fan dy bline reesers dy't foar in brêge wachte hiene.
No is wachtsje foar in brêge net sa slim foar dat soarte lui dan sjogge se ek noch wat.
De brêge del en klik..klik...klik dêr sette se wer útein.
Gau wer sjen at se yn de formaasje komme en dat betsjut meast twa of noch leaver trije neist elkoar.
No hiene se de pech dat foar ús twa âldtsjes fytsten en de man oan de bûtenkant wie net fan doel oan de kant te gean. Ik kin dat gefoel.
Manmoedich bleau hij neist syn frou fytsen mei it idee dat dit fytspaad foar de helte fan him en syn frou is. Dêr tochten de hearen yn de snelle pakjes oars oer en sij hiene gjin begrutsjen.
De man moat wol nei binnen fytse en bringt syn frou oan it skrikken en se kinne noch krekt fia de berm op de fyts bliuwe.
Ik lis op myn fyts te folle yn ûnmacht om mij ek breed te meitsjen sa 't ik oars wol doch op myn bukfyts. Ik skel se út namme fan it skrokken echtpear foar ús de bealch fol.
In griis is it en alle stikken yn de krante oer dit ûnderwerp dringt bij in grut oantal net nei binnen.






zaterdag 8 september 2012

Samar in sneontemoarn




Neisimmer waar op dizze sneon.
In ritsje op de lisfyts om de stivens fan it fuotbaljen fan justerjûn der út te traapjen. Underweis is der altiten wol wat te sjen.
Bij de brêge fan Wommels stiet in buordsje: wurksumheden, 25 minuten wachttiid.
Sokke ynformaasje ha je wat oan. Hoe lang duorret it noch is foar mij wichtiger.
Werom en mar oer it heechhout.

Bij Lollum haw ik hast lêst fan in oerfleanende moter.
It skynt dat dêr hjoed aksje fierd wurdt foar jild om in team mei dwaan kinne te litten oan Paris Dakar. Gelokkich stelle se mij de fraach net om jild te jaan.
Dan hoech ik se ek net teloar te stellen.
Fierderop yn it lân op de dyk nei Arum in moai keunstwurk: wat rinnende hoannebalken.

Efkes fierderop sjoch ik in jerk op in flot yn tige rêstich wetter.
Ik tink gelyk oan Sterke Jerke it flot dat wat rûger wetter opsocht.

Minstens 5 kear kom ik Sander de Rouwe tsjin. Ik krij hast it idee dat wij tegearre (samen kunnen we meer) oan it fytsen binne.
Of wiist hij mij it paad?
Ik haw efkes werom lake.


De mûne bij de Krommesyl bij de Nije Kromme hat de flagge út. It is hjoed dan ek iepen dei.
De mûner start krekt de boel op.


woensdag 5 september 2012

Kat

Wat kattegedichten lâns it fytspaad dat efter Munnekebuorren lân rint.
In moai fytspaad.
In moai fers

fan Kitty Kilian (spitich dat har webisde net te lêzen is)

maandag 3 september 2012

de Terp

Der binne yn Fryslân tal fan terpdoarpen. Wommels is der ien fan. De tsjerke en toer steane op de ôfgroeven terp. Dat is wol op mear plakken sa.
Wat sa moai en bijsûnder yn Wommels is, is it feit dat der sa'n moaie griene iepen romte is dy't midden yn it doarp leit: de Terp. In moaie strjitte en it hert fan it doarp.
De Terp dêr fuotballen wij as jonkjes earder op, at wij der net ôfskopt waarden troch de boer dy't it gers brûke moast foar syn fee. De Terp dêr keatsten wij op, dêr kamen wij bijelkoar, der diene wij spultsjes op bij de feesten, de Terp dêr stiet de feesttinte en draaimûne op. De Terp dêr wie earder de ringriderij, de kealle- en de kokeuring. De Terp dêr strykt sa no en dan in sirkus del.
De Terp is fan ús allegear. Foar de Wommelsers mar ek foar de fytsende en rinnende toeristen dy't efkes ûnder de beamkes op de bankjes bijkomme.
De Terp is ek in prachtich plak in ballon opstige te litten. Dat bart wit hoe faak Sa as jûn. Prachtich ballonwaar.


ek dan bin de banken beset mei  taskôgers, ek al binne se noch gjin jier,
mei belangstelling sjogge se nei dy grutte griene ballon

lykas ús pake- en beppesizzer Jelske mei ús dochter Hildau

zondag 2 september 2012

Gebet

De LC is op syk nei de "âldste famylje fan Fryslân".
In kânshawwer is de famylje Boonstra . 18 bruorren en susters binne der noch yn libben.
1265 jier binne de 18 bruorren en susters meielkoar.
Gemiddelde leeftyd is goed 70 jier.
Sneon stie der in stik yn de Sneon en Snein bijlage fan de Ljouwerter Krante.
Moai ferhaal oer earmoede mar ek oer grutte tefredenheid.
Moaie mar ek tryste anekdoates wurde der oanhelle.

De famylje hat ek ek alris earder yn in artikel yn de Lc stien en al moai wat jierren lyn yn de bijlage Weekeinde fan de Telegraaf stien.

De moaiste anekdoate stiet yn it ferhaal fan de Telegraaf at it giet om het ferdielen fan it iten:
Sij diene dan it Boonstra gebed:

Here, zegen dit en dat, wanneer krijgen wij weer wat.



Rûntsje fan hast 50

Sneintemoarn.
Lekker wyntsje.
In flau sintsje
Foardat ik mij deljou foar de tv om  Vitesse-Feyenoord, de Formule 1, de Vuelta, Heerenveen Ajax, Studio Sport te sjen, earst mar efkes in rûntsje dwaan op de lisfyts.
De Runstatic oan op de tillefoan en sa haw ik nei ôfrin wer wat sifers om te analysearjen.
Oantal km: 47,24
Kalorieen: 1216
Fluchste kilometer: 2 min 8 sek net fan belang
De sinne: flau
It sin: prima
De wyn: 20-28 km /per oere
Toarst: grut



zaterdag 1 september 2012

De frânske Theo

Dizze wike is it WK keatsen yn Fryslân
Dat betsjut dat in ferskaat oan foarmen fan keatsen diel út meitsje fan it programma. Der wurdt muorrekeatst, der is in ynternasjonaal spul, der wurdt Frysk keatst en der is Llargues. Dat lêste spultsje waard freedtemiddei ek op de nije Llargues baan yn Easterein spile. It gie om de poule wêr't Nederlân it opnimme moast tsjin Mexico en Frankryk.
De wedstriid tsjin Mexico waard troch Nederlân mei 5-0 6-0 wûn. Ik haw de wedstriid net sjoen mar haw begrepen dat de muorrekeatsers fan Mexico gjin want hiene en dat sij de twadde wedstriid tsjin Frankryk allinne mar spylje woene at der ek wanten foar harren beskikber steld waarden.
Dat slagge, want yn Easterein is der altiten wol immen dy't in nussie wanten lizzen hat.


De wedstriid fan Nederlân tsjin Frankryk haw ik al sjoen om in goeie yndruk te krijen fan it nivo en om dit WK op wearde ynskatte te kinnen.
Ik wie yn alle gefallen al bliid dat de folkslieten net spile waarden.

Dizze foto illustreart it ferskil fan belibbing fan de ploegen. Op de foargrûn it ergerlike gedrach fan de Nederlânske keatsers om nei alle slaggen elkoar efkes oan te reitsjen. It binne noch krekt gjin high fives.
De koach fan Nederlân, de helpkoach fan Nederlân meie nei elke slach it fjild yn om bemoedigjende wurden te sprekken en om wetter oan te rikken.

Op de eftergrûn yn it blau de reserves fan Frankryk. Wylst de wedstryd al in earst ûnderweis wie kamen de twa reserves oansetten mei .......in broadsje hamburger


En dy hamburger mei alles der oan en der op peuzelen se lekker op yn it folgjende earst, wylst se op de bank neist de koach sieten. De lêste hap waard in grutte hap want de koach hie ien fan de twa nedich. De frânske Theo moast it fjild yn wylst er de lêst hap gau fuort kôge.
Dit WK hie  krekt wat west foar Theo Janssen, no Vitesse. En ik skat yn hij nei ien kear trainen net minder is alle Mexicanen en as de Frânsen op ien nei. Harren man op 5 wie in lust om te sjen.
Oh ja: Nederlân giet troch nei de heale finales