zondag 25 april 2010

Super



Wat in middei, wat in jûn. Bluesmuzyk yn Easterein. BJ Hegen mei Auke Bloemhof en maten. Jong en âld (foaral âld) stie op de dûnsflier. Wat in sfear, wat in muzyk. Wat bin ik bliid dat der folgend jier wer blues is yn Easterein.




vrijdag 23 april 2010

Muzyk

It wie hjoed net in moaie dei om in kninehok ynelkoar te setten. Ik wit ek net at der wol geskikte dagen binne om dat te dwaan. It wie wol in moaie dei om te fytsen. Dus de stoute fytsskuon mar oan en op de Sinner rjochting Tsjom. "Tsjom dêr binne alle minsken dom, útsein dûmny en pastoar dy witte wat mear as in oar". Dy siswize haw ik al hiel lang lyn leard en alle kearen at ik dêr nei ta fyts tink ik dêr oan. Wylst de klanken fan ACDC mei Hells bells út myn MP 3 klinke draai ik foar Tsjom op nei Tritzum. En it wurdt dom nim ik mei op wei nei Tritzum. Dom, fyn ik it berjocht dat lûdsdragers op fytsen feitlik ferbean wurde moatte. "Tommy, can you hear me" sjongt The Who en ik hear de skriezen sjongen. Wêrom mei ik op de fyts net in muzykje op hawwe. Ik hear alles mei de dopkes yn de earen. "Fly away" sjongt Lenny Kravitz wylst ik twa F16 opstigen hear. Alles wurdt sa stadichoan ferbean. Autoride mei in komplete diskoteek der mei wol en in fytser mei wat eftergrûn muzyk mei net. En wylst Normaal Oerend hard sjongt draai ik de Slachte op en hear ik in moter 5 kilometer fierderop oplûken. Noch 90 sekonden dan hellet hij mij yn. Nee der ûntgiet mij echt neat.
Ophâlde mei dat ferbiedende belied. Lekker relakst fytse yn de greidhoeke is machtich en dan harkje nei de klanken fan John Miles.

maandag 19 april 2010

Fuzjekrante

Ik wist hjoed net hoe gau ik nei de papierkontainer drave moast. "Fúzjekrante Súdwest Fryslân" stie der op in krante. "De bouw van uw nieuwe gemeente is gestart".
Ik wit net at it al yn Snits bekend is, mar dan is it goed om it hjir noch efkes te melden. Littenseradiel docht net mei. De rie yn dizze gemeente hat wol harke nei de bewenners.
Ik winskje dy 88.000 ynwenners sterkte mei dy bestjoerders dy't geile op grut, grutter, grutst. Bin it bline hynders of binne se geowan in bytsje gek.

zondag 18 april 2010

Fuotbalsjurtsjeswaskdei

Snein 18 april wie in moaie dei. It begong mei inkele buien. Ja seker, bij de Formule 1 yn Sjina. Om 9 oere begong it en wat buikes bij autoresen is net ferkeard. Hjir skynde de sinne en waaide it net te hurd. Dêrom de Fluessen mar efkes om op de lisfyts. Fia Folgeare, Easthim, Heech, de Hommerts, Wâldsein, Ealahûzen, Koudum, it Heidenskip en Warkum werom nei Wommels. En at je sa'n dei wat om je hinne sjogge dan falt op dat it sneins fuotbalsjurtsjeswaskdei is. Bij in pleats bij Koufurderige hongen de sjurtsjes fan Hommerts, bij Wâldsein de readen fan de klup mei de selde namme en flakbij Kolderwolde seach ik it giele fan de Wâlde. En thús hongen de sjurtsjen fan SDS 5. Dy wiene 4 oerkes letter moai droech. Dêrnei De Amstel Gold race sjen, Langs de Lijn heare en Studio Sport sjen. It wie in sportive dei.

vrijdag 16 april 2010

Kalkje



Sa no en dan mei ik de linen útsette bij SDS. Letterlik wol te ferstean. Hjoed wie it wer safier. Tegearre mei Willem. Willem as kompas en ik efter de karre. De kalkkarre. Op de fjilden fan SDS. At it gers wat grien is dan is dat best aardich wurk. In moaie strakke line lûke bliuwt lykwols in hiele keunst. En seker hjoed de dei. It swiere karke troch de sânbulten triuwe komt echt op de bealch oan. Want je soene hast sizze dat der in swiere sânstoarm oer Easterein raasd is. Minsken wat in sân. Moai sân, dêr net fan. Mar lêstich om in karke foarút te triuwen. En noch lestiger om der in line op te krijen. En hielendal lestich om in bal rolje te litten.
Ik bin benijd moarn. Wij hawwe ús bêst dien, mar hiene net folle eare fan ús wurk. At der moarn net mear in line op stiet....

woensdag 14 april 2010

Reuny

It kin der kommende sneon 17 april wol ris mâl om wei gean yn Wommels. Ik tink foaral yn de buert fan it gemeentehûs, op de Keatsebaan en it begjin fan de Hofkamp. Ik slút ek net dat it Stroek tsjinje sil ûnderdûkplak en dat it op de Suderhaven ek ûnrêstich is. It soe samar kinne dat jim folwoeksen mannen draven sjogge, efter hagen fuortdûken sjogge en de pot ferlosse.Of dat se elkoar mei stokken te liif geane lykas it gefal wie yn de begjinjierren 60.
Want yn dy tiid wie it meast woansdeitemiddei oarloach. Tusken de herfoarme skoalle en de iepenbiere skoalle. De iene stie oan de Hofkamp en de oare oan de Keatsebaan. En at se elkoar dy moarns seagen dan ropen se tsjinelkoar: "fannemiddei oarloch om 2 oere".
Dat wiene nochris tiden: geowan in oarloach ôfsprekke en de begjintiid der bij neame.
Der binne nea slachtoffers fallen, it "gefjocht" duorre meast ek net lang. Want al gau waard der ropt: "sille wij potbaarne". En de lantearnepeal op de Keatsebaan waard efkes it middelpunt fan alles. En dat potbaarnen dat brocht partijen earst bijelkoar mar dêrnei ek wer tsjinoerelkoar. Want bij it kiezen fan de partijen kamen de skoallen wer tsjinoer elkoar te stean. En soms gie it mei it potbaarnen mis. Gemien spul. En dan wie it echt oarloach. Sûnder oankundiging, mar mei stokken.
Sneon 17 april hat de iepenbiere skoalle yn Wommels in reuny. Moai is dat. Ik hoop dat se net allinne werom sjogge op de tiid yn de bankjes mar dat ek nei "dy moaie potbaarnerij" op woansdeitemiddei. Ik bin benijd at se sneon ek potbaarne. It kin sûnder driging fan dy irritante herfoarmen, want dy binne der sneon net bij.

zondag 11 april 2010

Tjeerd Abma

Mei muzyk fermeitsje ik mij tige. Mar muzikaal bin ik net. Wol muzikaal is Tjeerd Abma. In omkesizzer. Komt út Frjentsjer en hij hat meardere feestjes opfleure mei syn muzyk. Ek hjir yn Wommels en Easterein. Meast kovers mar yn alle gefallen mei syn moaie en wat heasige stim. No hat hij in soad tiid stutsen yn it meitsjen fan in klipke. Gjin fleurich nûmer mar in stikje muzyk mei gefoel. En dat begryp ik hiel goed. En omdat ik gek bin op de mûlharp ek noch mar efkes Space Oddity der bij.



Popa



Ik hie der noch nea fan heard. Popa Chubby. Mar in New Yorker on tour yn it Bolwurk yn Snits moat wol wat bijsûnders wêze. En wat blues op é tiid is net ferkeard. Mei it wyntsje yn de rêch en ûnder in heldere stjerrehimmel op wei nei Snits. Koe om kertier foar tsienen noch moai in stikje Roadhouse meinimme. De stimming siet der al aardich yn. Mar krekt efkes oer healwei 11 oere waard it podium fuld mei trije muzikanten. Better sein, in slachreaufeint, in basgitarist en in gestalte. It gestalte kleure blau en net allinne troch syn gitaarspul mar mear troch syn omfang sette hij alles efter him yn it skaad. Twa nûmers hold hij it fol om te stean en doe joech hij him del op in wierskynlik stevige stoel. Popa Chubby wie yn Snits en liet de leafhawwers heare wat hij allegear mei in gitaar kin. Dat hij sa no en dan ek song wie meinommen mar dat like bijsaak. Mei gefoel foar humor spile hij Halleluja en Sympaty for the devil fuort efterelkoar oan. En sa gie it twa oeren oan ien stik troch. Sittend en alhiel opgeand yn syn spul. Oant de tajefte. Doe gie hij noch efkes stean. En koe ik him noch efkes op de foto sette. Kertier foar ienen wie it dien en nei trije oeren stean siet ik noch lekker sa'n 40 minuten op de fyts.

vrijdag 9 april 2010

Trije tuten op aaipop

Aaipop is foar mij net allinne muzyk, mar foaral ek taal. De Fryske taal wol te ferstean. En mei dy taal begjint it at je fan te foaren it programmaboekje keapje en de tiid nimme om it te lêzen. Allinne dat is al in lust foar it each. Mei moaie Fryske wurden. Myn kollega’s gnize harren stikken at ik oanjou dat ik hieltyd ferfar fan de lûdskuorre nei de Hark&Huverseal. En wat de tinken fan de Teneftertinte, in wurd wat allinne yn Nijlân brûkt bestiet en dan ek noch mar allinne op peaskemoandei. Nim no sa’n wurd as slachreaufaam. Ja dat is sij fan Skraal dy’t op de trommels en bekens slacht. En Jitizer, de 5 mannen dy’t tongersnútte, bongelmeppe, triedepiele, baskepulkje en triederause.
En at ik programma peaskemoandeitemoarn noch in kear trochlês, dat slacht it entûsjasme, wêrmei’t de groepen harren presintearje oer op mij. Taal, wurden dat is sa moai, dêr kinne je minsken mei ôfstjitte mar ek mei bine. En de wurden dan de Doelleazen fan de Jarretankers, fan de Opskuorders, fan de deRoels en fan de Frysellicanen nim ik op de fyts nei Nijlân. Mei in goed sin en in tsjin de gewoante yn, in horloazje om de pols.
Want ik wol besykje alles te sjen. De iene wat langer, de oare wat koarter. Ik wol sjen en foaral heare at se de wurden wiermeitsje kinne en nim mij foar om in berop te dwaan op myn “net hingjenbliuwetalint”. Ja, ik sil op tiid wat moais ferlitte moatte om mij ferrasse te litten yn in oare seal.
Tusken 14 en goed 22 oere haw ik allinne mar ear en each foar de artysten op it poadium. Ik sykje myn plakjes fier bij de bar wei en gean myn sosjale kontakten út de wei. Ik sjoch, ik plan, ik harkje, it skriuw, ik hâld de kop der bij. 8 oeren op fuotten? Wat bin ik bliid mei de hark&huverseal. Net allinne foar de muzyk mar ek foar de stoel. Nei de bakken hearlike herje is it geweldich bykomme mei de wrâldske en yntimere muzyk. Ik haw sels noch mei songen mei de ko fan Sonnema.
De lûdskuorre dat wie myn favorite stekje. Net allinne troch Skraal, deRoels, Jarretank, Doelleazen, Frysellica en de Feetwarmers, mar gewoan, omdat it dêr sa lekker ljocht en iepen wie. It stonk der nei miich, it tochte as de sykte mar de sfear dêr die mij alles ferjitten.
Troch ús taal stiene de mannen fan Frysellica op it poadium. Wat oaren tribute band kinne, kinne wij ek, hearde ik Sipke de Boer sizzen. En omdat sij de muoite naam hawwe om efkes meielkoar wat Fryske teksten te meitsjen stiene sij op Aaipop. Neat mis mei. Seker net. It soe oaren oanfiterje moatte om no al nei te tinken oan it heechste doel wat in Fryske muzikant berikke kin. Spylje op Aaipop.
Om goed 22 oere at Piter Wilkens it folksliet begjint te sjongen, wêr’t ik iit pikefel net fan krij (mar wol fan de kjeld) stap ik wer op de fyts. Fit, de kop fol mei muzyk en de earen yn de sûs. En op de Skieppeleane rjochting de Kliuw tink ik oan dat aardige momint op it lêst fan de jûn. Doe rekke ik efkes út myn sosjale isolemint. Dy jonge en dat famke. Hij woe graach witte hoe’t je sa’n burd krije kinne en sij woe mei trije tuten útprebearje hoe’t in burd fan 1975 fielt. Ik koe beiden harren gerak jaan.
En omdat it oer de taal giet slút ik mar ôf mei de wurden fan in faam: in tútsje sûnder burd is in aai sûnder sâlt en se frijde mei rûge Wopke.

donderdag 1 april 2010

Fytsneidynwurkdei

31 maart wie it de lannelike “fietsnaarjewerk” dei. Mei de wittenskip fan no, wie dat net in goeie kar. Want in stoarmeftige kâlde wyn noege net út ta fytsen. It parkearterrein bij myn wurk mei 33 auto’s joech yn alle gefallen oan dat net elkenien him drok makket om sa’n tema. Ik meitsje mij der ek net drok om. Ik haw neat mei sokke temadagen. De dei fan dit en de dei fan dat, sa is der altyd wat. Dochs koe ik it net litte om efkes yn it fytsehok te sjen. En dat stemde mij tefreden. It wie goed fol. Der kin net mear bij. It is mar goed dat der net mear op de fyts komme. Want foardat je it witte wurdt der ropt dat it fytsehok te lyts is en dat der der ynfesteard wurde moat yn in fytsehok omdat it “ de dei fan de fyts” te lyts wie. En foardat je it witte kin ik myn fyts net kwyt. Nee, ik bin bliid mei myn kollega’s dy’t gebrûk meitsje fan it romme parkearterrein.
Mar ik bin foaral ek bliid mei de kollega’s dy’t wol fytse. Want krekt as boekekasten kinne fytsen hiel wat fertelle oer de fytsebesitter.
Ik telde 18 fytsen sûnder stang en 7 fytsen mei stang : dat kin iets mei it geslacht te meitsjen hawwe. Fan dy 25 fytsen wiene der 9 mei in fytsetas en 2 mei in kuorke foarop: dat betsjut praktische kollega’s dy’t op de weromreis efkes bij Aldi, Albert Heijn of de fiskboer lâns gean.
Der wie 1 mei in stitsje foarop (lyts berntsje) en 1 mei “stitsje” efterop (al wat in âldere dochter of soan). Der wiene 2 mei in kilometer teller (prestaasje types) fan nei de oarloch (gean mei de tiid mei) en ien mei in teller fan foar de oarloch (hâldt net fan moderne dingen).
1 fan de fytsen wurdt mei plakbân bij elkoar holden en seker it sadel: wij meie oannimme dat dizze kollega de fyts ek brûkt foar nei de kroech. Bij 16 fytsen siet te min lucht yn de bân; sij hâlde fan swier fytse of witte net hoe’t in fytspomp wurket. En ien fyts hie in bidon: dat is in kollega dy't altiten toarst hat. Se stiene allegear op slot.
En der stiet ek noch sa’n wibelige libbensgefaarlike lisfyts tsjin de muorre. Telt dy net mei?. Nee, dy telt net mei. Wat lekker lui efteroerlizze en ûnder de wyn trochgean is, hat neat mij fytsen te krijen.