woensdag 29 april 2015

Djiplân





Djiplân
in pleats 
tusken Burchwert en Wommels
Djiplân
in kamping
tusken Burchwert en Wommels

in eardere kamping dus
it is dien 
it is oer
it is foarbij

Kampeare?
Ugh


maandag 27 april 2015

Fytsknoffelje op de Slachte









De Slachte
ien kear yn de fjouwer jier
it plak
foar dravers, kuierders
en stroffelders
drave en rinne oer de  dyk
stroffelje troch it ûnferhurde stikje
tusken Achlum en Lollum

dat stikje Slachte
leit tusken fytsknooppunt 32 en 34
in fytsroute dus

in skandalige fytsroute
wurdt brûkt troch swier trekkerferkear
it binne allegear gatten
hiele djippe gatten
lofts, rjochts yn é midden

dêr lâns fytse is foaral
konsintreare
sjen
sykje
om de meters dy't noch reedlik binne

dit is foar de argeleaze fytser
dy't ûnbekend is mei dit stykje 
in freeslik eintsje

kin dat no net oars?
in warskôgingsboerd is wol it minste
"libbensgefaarlik"
net mear op nimme yn de knooppuntenroutes is ek in mooglikheid

mar it alderbeste is
opknappe
want it is in moaie route lâns de Lollumerfeart








donderdag 23 april 2015

Blombollenroute

Moaie bylden yn de kop fan Noard Hollân.
De blombollenfjilden.
in tochtje fan 50 kilometer fanút Anna Paulowna














dinsdag 21 april 2015

De kameraman

Fuotbal op Foxsports
mei allegear kamera's
rjochte op spilers
en rjochte op trainers
efter it doel, 
neist it fjild
bij de klaaikeamer
ja wêr net?

en dan is der noch dy iene kameraman
de wichtichste sis mar
de kameraman dy't siket
en siket
nei moaie plaatsje fan minsken
op de tribune
in jonkje mei in iets te grut sjurt oan,
in frou dy't krekt efkes te lang gappet,
in man dy't krekt iets te fier
mei de hannen yn de bûse stiet

dy kameraman 
wie ek bij Feyenoord -Go Ahead Eagles 
en Jelmer en ik ek

thús siet Allert Turksma
ferfeeld nei it minne fuotbal te sjen
bliid dat de resjy de bylden fan dy kameraman faak brûkte
sadat hij ek noch in bekende seach.




zondag 19 april 2015

De Kuip dy't mar net trilje woe

Achte hear Rutten, beste Fred,

Witte jo wêr't Skearnegoutum leit?
Nee?
Wommels dan dochs seker wol?
Nee, ek net.
Ik sil it jo sizze,
dat leit 214 en 204 kilometer fan de Kuip
de Kuip, jo wol bekend

Jelmer en ik wiene snein yn de Kuip
nei 214 kilometer riden
mear as twa oeren ûnderweis
foardat wij fak S yn koene.

fak S, dêr sit mij in stel supporters
miskien kin ik better sizze, stiet in stel supporters
want dy kuipstuoltsjes kinne echt wol fuort
sitte is der net bij.

se steane en se roppe
ek hjoed
se rôpen rare wurden
nei jo spilers
dat se der neat fan koene
dat se arrogante kl..ts.kk.n wiene
dat se h.m.'s wiene, at se in bal ferspilen
en hoe langer wij dêr yn it sintsje stiene
hoe slimmer it waard.

achte hear Rutten, beste Fred,
ik snapte harren wol
it fuotbal fan jo ploech wie net om oan te sjen
it wie neat bij neat

ik begryp it wol dat je as supporter
je ûntefredenheid heare litte
ek al wiene sij op de skooter of mei de trem
ek al hiene sij gjin 214 kilometer riden
en hoechden sij ek net 214 kilometer werom

Fuotbaltaktysk wolle wij ús der net mei bemuoie
wij hawwe der net foar leard
mar iets mear beweging sûnder bal
en iets mear doarre op de fleugels
levert fêst mear kânsen op
dat doarre jo dochs wol te sizzen tsjin dy mannen?

En dan noch wat oars,
iets oer dat foejeare bij de yngong
dat Jelmer wol foejeard waard
en ik net
dat is leeftydsdikriminaasje
wolle jo dat efkes trochjaan oan it haad befeiliging
dêr steane flinke jildboetes op.

en miskien kinne je oan de salarisadministraasje trochjaan
dat in ynhâlding op it lean fan dizze moanne
in goeie opsje is
foar dy spilers
en foar jo

en as lêste miskien noch efkes in praatsje meitsje
mei it haad wettersproeie
wat hat dat no fan sin
sproeie yn it skoft
at de spilers nei it skoft omraak útgliidzje.....
foaral dy fan jo team

It hichtepunt dizze middei?
dat wie de Erasmusbrêge!



Groetnis
in Feyenoord fen dy't Cambuur ek wol lije mei
in Cambuur fen dy't Feyenoord ek wol lije mei.
dy't fierders in moaie dei hân hawwe












zaterdag 18 april 2015

System of a down

























Sa stie it yn de agenda bij mij
al hiel lang
al sûnt oktober doe't wij kaarten kochten
Tsjeard en ik

Freedtejûn net tegearre derhinne
mar mei in buske fol
Aart,Willem, Pieter, Hendrik, Tsjeard, Arie, Chris en ik
en net ûnbelangryk
de sjoffeur Gerard en in blikje en in woarst fan Murk

hurde muzyk leafhawwers
om it samar te sizzen
want System of a Down
seit net in minsk wat
at je net fan hurde muzyk hâlde
metal, hardrock  of hoe't je it mar neame wolle.

16000 leafhawwers
wat in feest
twa oeren lang fol gas
mei allinne in symboalysk skoft

it wie dringen
om út it gedrang te bliuwen
wat in beweging yn de seal
hannen, fuotten, hollen
alles die mei

machtich
prachtich

op ien ding nei
bûsedieven
op jacht nei tillefoanen

it toppunt fan brutaliteit?
de tillefoan fan Chris Wassenaar stelle

filmke makke troch Tsjeard


Ek op snútboek in filmke, makke troch Tiede van der Velde.
In prachtich byld fan boppen en ik kin mij foarstelle
dat it sommige minsken oangriisd om dêr tusken te stean.

Ik kin jim sizze dat falt mei!
It is in geweldige erfaring
en it wie in hiel keunst om út sa'n rûntsje te bliuwen



donderdag 16 april 2015

Oare drokte

 Der binne dagen,
wiken dat it skriuwen der wat bij bliuwt.
Dat hat meast syn reden.
No ek.
De boel thús op de kop
Meubels tiidlik fuort


Tsjeard en Meindert knoffelje it paad lâns mei meubels

Jelmer en Anne-Marije lade en bine

op nei de opslach....


de buizen kinne lein wurde

 en wij kampeare yn de keuken

zondag 12 april 2015

Yndie (alwer)




Alwer Indie?
ja
sneontejûn yn Winsum west
bij de Feteranen
Joop Wittermans en Freark Smink
harren fertolking
fan de ferhalen
dy't de lêste jierren los kommen binne
oer it werom
oer de striid
oer de deaden
oer de weromkear
oer it swijen
oer de nachtmerjes
oer de ferwurking
oer de emoasjes
oer it âlder wurden
oer it betinken
oer de medaljes
oer de wurdearring


Wat in foarstelling
wat in ferhaal
wat in emoasje
wat in spilers
wat in prachtige foarstelling
brocht mei swiere emoasjes
en hearlike humor
want it is betiden in fermaaklik stik

nei ôfrin wie it net drok oan de bar
tal fan minsken bleaunen gewoan sitten
seagen doelleas foarút
sieten dit te ferwurkjen
of gyngen yn stilte nei de auto
tinkend oan it ferhaal

en ik?
ik skeakelje maklik
ik seach bûten earst op Nu.nl
nei de fuotbalútslaggen

der ek hinne? Sjoch hjir


lofts op de foto myn heit, mei peuk en pet en bist oan it tou
sa te sjen wie hij skutter


Salverda kaam út Wommels, fandêr diize foto yn syn boek

it herinnerigsbuordsje wat altyd bij ús yn de hûs hongen hat




woensdag 8 april 2015

Wykein Skylge



De Waddensee bliuwt boeiend bij leech wetter

It útsicht fanôf de seedyk op Kinnum wêr't wij oernachten

It útsicht fanút ús studio


Sokke buorden mei ik graach lije

de appartementebuorkerij

tusken de buien troch noch efkes nei de Noardsee

begjinnende drokte bij de haven

en in soad wachtsjende fytsers

Aaipop 2015

Je sille mar muzykstikjeskriuwer wêze
fan de Ljouwerter Krante
en foar de safolste kear moatte je op peaskemoandei
nei Nijlân
nei Aaipop
en je fine it feitlik mar neat
al dat bier, al dat gesûp
en dy kâlde belangstelling foar de muzyk

der wurdt net klapt, sa skriuwt hij de oare dei
nee, der wurdt net klapt
dat kin ik net mei bier yn de iene en soms ek yn de oare hân
der wurdt net alinne net klapt
der binne tal fan besikers dy't komme net fierder as it terrein
en binne net iens yn in tinte west.
ik begryp dat wol
dy frustraasje en teloarstelling
alle jierren wer
as muzykleafhawwer
en stikjeskriuwer

dizze stikjeskriuwer
sjocht der mar oars nei

nei tintefeesten lykas
de nacht fan Boazum
en de Heanacht yn Hilaard
gean ik net
mar Aaipop is gewoan hiel oars

Safolle muzyksmaken op ien lange middei
en ien koarte jûn
foar de muzykleafhawwer
dy't him  net steurt oan al dy gesellichheidsdrinkers
is it gewoan in moaie dei.

Ik haw mij wer tige goed fermakke
en haw heard en sjoen bij:

Jacob Laverman, it op-en-del-ferske waard suver meisongen.......

TryeXnix, fregen at de boeren nei foaren komme woene, mar hiene better freegje kinnen, at elkenien wat nei foaren komme wol, mar no wiene it der mar fjouwer..........

Marcel Smit en de hiele hannel, prachtich optreden mei echt te min belangstelling......

Swnami, de mannen seagen foaral nei de grûn en liken net yn de gaten te hawwen dat der ek tahearders wiene............

dRoels, prima stikje folle gitaarmuzyk....

Dockumer Lokaeltsje, foar de echte leafhawwer in topper en dy wiene der net folle...........

Voskovs Grodzemods, sokke muzyk wurd ik bliid fan.........

Griene dei 2.0, neat mis mei.......mear sokke eksperiminten.....

Gurbe Douwstra, wol in folle seal fanwege de meisjongers.......

Piter Wilkens en Band, dat sil best leuk west ha, mar doe siet ik al fol muzyk

Marcel Smit

mei de hiele hannel

TrijXnix mei de 4 boeren foaroan







zondag 5 april 2015

Efkes Balje

Freedtejûns
19.30 oere
Efkes Balje
yn Easterein
of Wommels

mei oare leafhawwers
frijbliuwend foarôf
mar net frijbliuwend yn it fjild
in hearlik oerke

en dan sneontemoarn
wat stiif 
en dan in ferslachje skriuwe
in hearlik kertierke


Efkes Balje 4 aprilAllegear tefreden mar foaral wurge skuon justerjûn om goed healwei njoggenen op it lytse trainingsfjild yn Easterein. Want tink no net dat skuon net tinke en fiele kinne. Se kinne sels rûke, want se hawwe ek in noas. Skuon binne oh sa gefoelich hoe't je der om mei om gean. Se hâlde der wol fan om ris in aaike te krijen (je kinne dat ek poetsen neame) en se hâlde der net fan om nei in wedstriid en in training earne wiet deldondere te wurden mei de opdracht, soargje der sels mar foar datst de folgjende kear wer droech (en leafst ek skjin ) bist.
Der wiene juster ek nije skuon op it Efkes Baljen. Sokke skuon hawwe it dreech. Se binne al lange tiid lyn makke yn WanPang of sa, se hawwe oppropt yn in seekontainer sitten (of wiene it flechtlingen) en se binne úteinlik telâne kommen yn in winkel yn Snits wêr't se it gelok mei hiene. Want mei de spesjale oandacht fan Gearard van Asselt wie goed akklimatiseare in fanselssprekkendheid.
"In goed plakje sykje" sa tocht Gerard en dat slagge al gau doe't Johan Heerma lâns kaam foar nije Efkes Balje skuon.
"Rêstich begjinne en net op se skelle at it noch net gelyk slagget" joech Gerard as goeie rie mei.
In prachtich debút fan de nije skuon fan Johan, kocht bij Gerard, makke yn Wanpang. Se moasten wenne oan it tempo, oan it sân, oan de bal, oan de rinlinen, oan it te grutte fjild en oan it entoesjasme fan Johan. Dat noch net elke aksje suksesfol wie, gjin probleem. Se skoarden wol meardere kearen. Nije wike en dy wiken dêrnei en aansens op it griene gers yn Wommels sille dizze skuon skitterje. En net allinne yn de sinne.
10 pear tefreden pear skuon juster. Allegear in kear wûn en allegear in kear ferlern. De oare skuondragers wiene Wouter, Tjerk, Chiel, Theo, Aant, Pieter V, Harrie, Hendrikus, en Folkert Rients dy't mei syn skuon de twa winnende makke.
Aant

zaterdag 4 april 2015

Oaljefantepaadsje




Wat is der mis mei in oaljefantepaadsje?
Dat freegje ik mij ôf
at ik ferbaasd sjoch dat in stekje 
in ein makke hat it fenomeen bij it Trochpaad

Net dat ik der gebrûk fan makke
nee, dat bochtje fan 5 meter om wie gjin probleem
foar mij.
foar oaren wol
bern bijgelyks
efkes troch it gers krosse

dus
wat is der mis mei dit paadsje
dat er in stekje foar moat?


donderdag 2 april 2015

Wraps

Wite tongersdei
ek in dei fan in tradysje:
de peaske lunch
op it wurk

Dit jier mar ris wat oars as,
tochten en seinen guon
dy peaskebôle, searne aaien, sûkerbôle en salade
dat is ek altiten itselde

mar wie der net in kollega
litte wij him foar it gemak Mike neame
dy't ús al jierren oanjout 
hoe lekker Surinaams iten wêze kin..
Hij as Paramariboer (sprek út bo-er)
kin dat witte

Dus waard it dit jier allegear oars
in lunch mei Surinaamske hapkes
wraps, mei kerry, mei kyp, mei ierpels, mei triedsjefleis
en mei skerpke saus




en sa sieten wei tusken de middei te iten
en foaral te bearen as âlde wiven
hoe lekker it wol net wie
dy hapkes út Suriname
of leaver dy hapkes
út in Surinaamse snackhal yn Snits

"Dit dogge wij faker, 
dit is sa lekker
dit dogge wij alle wiken
wat is dit hearlik,

En krekt at wij dwaande binne mei de lêste happen
komt samar kollega Mike binnen
Unferwachts op lokaasje mar net minder wolkom fansels

Och, wat spitich no
datst net wat earder wiest
datst mei  ite koest
datst...

"Ik heb mijn brood"
sa liet hij ús witte
"Dit zijn goed bedoelde Surinaamse hapjes die Verhollandst zijn"
ljochte hij noch ta
wylst wij yn de tsjinoanfal gyngen
mei in in herhaling fan:
wat wie it lekker.




Demonstratyf iet hij syn bôle mei tsiis op bij ús oan tafel...