zondag 30 december 2012

Lisfyts yn de sinne

in aksjefoto
soms is it net slim om je sels op de foto te setten. 
ûnherkenber
of toch net

(makke op sneon 29 desimber yn de Súdhoeke)


zaterdag 29 december 2012

It haske

It is sneontemiddei.
30 desimber.
In oere as twa.
Lekker maitiidswaar.
Ik bin ûnderweis op de lisfyts.
Earne yn it lân tusken Hidaarder en de Kliuw sit in haske yn de greppel.
Ik sjoch him net.
Hij hat in goed sin.
Kryst oerlibbe.
Machtich.
Dat kinne net alle haskes sizze, want it is fierders rêstich yn it lân.
Te folle fan syn famylje binne in bried haske wurden.
Je moatte as haske altyd goed op je tellen passe.
Op je iepenst wêze.
Sa as no.
Wat sjocht er dêr oankommen?
.....trije fan lofts.....

..............twa fan rjochts ..................

.................seis fan  foaren..................

......en ja hjer, der sit der ek noch ien efter de hikke. dy tinkt seker dat ik him net sjoch.....

It haske tinkt: 
Efkes sjen hoe't ik hjir útkomme sil.
Net nei dy grutte feart drave, want dan bin ik ferlern.
Hea,wat sjoch ik:
twa mei stokken
ynstee fan sa'n sjitgewear.
Dêr moat ik dus wêze,

Dan ynienen barst it los.
Ja, ropt der sa'n "natoerleafhawwer"
Pang, pang
Twa skotten. mar it haske fljucht myn kant út.
pang, pang pang
Trije skotten en noch altiten sjoch ik it haske hin en wer fleanen dwers troch de fjoerliny hinne.
pang, pang, pang 
8 skotten binne der lost en it haske berikt de Slachtedyk en wit oan de oare kant it lân yn te fleanen.
Tryst om te sjen dat sa'n leger "natoerleafhawwers" sa'n haske, dat tocht it nije jier te heljen, in eangstich kertierke besoargje.
Machtich om te sjen hoe't ien sa'n haske sa'n leger jeiers te kakken set.
Myn middei is wer goed.





vrijdag 28 december 2012

Tsjebbe Hettinga

Opromje en net alles bewarje dat is keunst.
Tusken de âlde boeken fûn ik ik noch in prachtich boekje fan Tsjebbe Hettinga.
Ut 1973.
Persoanlik kocht fan Tsjebbe. Op de Kliuw bij Tsjerkje.
It boekje is útjûn yn eigen behear.
Begryplik want wa seach it op dat momint sitten yn sa'n literaire boersoan fan de Burchwerterhoeke.
Neist de tagaonklike fersen falt op dat it yn in pracht hânskrift skreaun is en dat it fol stiet mei adfertinsjes.
De dichter hie it bedriuwslibben nedich
Foaral yn Snits  hiene se fertrouen yn de opset, want neist de hjir ôfprinte foto's fan it boekje stiet der moaie adfertinsje yn fan "de Witte Kat", omskreaun as : intieme sfeer, voortreffelijke hapjes, heerlijke koffie.





donderdag 27 december 2012

"Myn Meubelroute"

Twadde krystdei.......tradysje ....meubelroute...jim kinne it wol.
Gewoanwei begjint myn route bij Resi. Mar dy is der net mear.
Noch wol in fallisemintsferkeap mar dat fyn ik net earlik.
Earst der nea wat keapje...dêrtroch fallyt en dan der no wat keapje seker.
Myn  meubelroute begjint dêrom bij de meubel bûlevaar op Kramershoeke.
Je skine dêr karút te hawwen mar ik sjoch it net..
De SwarteBeien bûlevaar is unyk yn syn soart. Oan de Slachte, dus it middelpunt fan de ierde (ien kear yn de 4 jier). Moai spul mar it is net wat ik sykje.
Yn Lollum is de bûlevaar ticht mar dêr stiet dan ek noch in grifformearde tsjerke.
Bûlevaar DeBieren ûnder de reek fan Waaksens hat grut ferskaat oan bêden. Der is net in bêd dat sa lekker leit as myn lisfyts dus set ik wer ôf.
De Burcherterhoeke bûlevaar docht foaral yn kasten. Ik lit mij net op 'e kast jeie hjoed, dus op nei de Hartwerter bûlevaar.
Alles wat yn dit damdoarp  te krijen is, wurdt yllustrearre troch swart wite blokken. It dûzelt mij foar de eagen dus set ik ôf nei de Kliuwbûlevaar.
Der is gjin slokje mear te krijen en dan hoecht it foar mij net.
De GoudenEngelbûlefaar leit der moai bij yn de sinne mar je kinne dêr allinne mei goud betelje of mei in ingel. Beide haw ik net bij mij.
Sa kom ik werom yn Wommels en stel fêst dat ik lekker fytst ha.

dinsdag 25 december 2012

Get out of my clouds




Earste krystdei is de top 2000 begong.
Oan de ferhalen te hearen op radio 2 is dat foar in soad minsken it muzikale hichtepunt fan it jier.
Dat klinkt moai mar is wol wat nuver.
It hiele jier kinne je fia de ether, de kabel, de kompjûter harkje nei hûnderten radiostjoerders en muzykoanbieders lykas Spotify en JoeTjoep. Je kinne al dizze nûmers en noch bettere heare. Op alle mominten fan de dei.
Dêrneist binne der safolle goeie konserten tichtbij of wat fierder fuort sadat je nea muzyk te koart komme kinne.
Justermiddei doe't it om 12 oere úteinsette, hiene wij de auto krekt poarkeard bij it stasjon fan Molkwar.  Fan dêrút soene wij rinne.
Rinne, jim lêze it goed.
Soms binne der fan dy mominten dat je tinke dat it goed wêze soe dat ik wat mear rûn.
Sa as it momint dat ik konstatear dat ik tefolle oer de 90 kilo bin, at ik konstatear dat it fytsen yn de winter op in te leech pitsje leit en at ik troch in blessure nei fuotbalje kin op dit stuit.
Yn é hûs altiten yn in trainingsbroek omrinne jout net folle, dêrom de stoute rinskuon mar oan.
Mei de top 2000 yn it ear.
16 kilometer lang. De 40 leechst wurdearre nûmers fleagen foarbij
Bij Warns de boaten goed ynpakt en yn de rêst op de wâl

De Spylder yn Warns no noch ferlitten mar ir programma foar de kommende dagen roppend om folk

De seedyk nei it Reade Klif dy't ynriden op eigen risiko oanjoech fanwege it hege wetter

.
Ik sil mij leau ik altyd herinnerje dat ik yn 2012 tusken Starum en Molkwar rûn doe't op 1966 Get out of mij Clouds fan the Stones foarbij kaam.
Fierstente leech neffens myn earen want dêrnei kaam Engelbert Humperdink........leau ik.




Tryst

Fee fan Boer Jasper ferkocht

Moandei krekt foar kryst stie dit yn de krante.
It liket sa'n logysk berjocht.
Hij is ommers beskuldige fan moard op Marianne Vaatstra en hij is ûnderwilens al feroardield.
Troch de almachtich grutte PRdeV, troch it iepenbier ministearje en troch syn eigen abbekaat.
Boer Jasper dy't gjin kâns hat om de druk te wjerstean.
De trageedzje rûn de moard op Marianne moat dit jier ôfsluten wurde.
Dat sil de ôfspraak wol wêze fan de partijen dy't dit regisearje
Dêrom kin it fee wol al fêst wol fuort.
Want mei sa'n abbekaat hat in rjochtsaak gjin sin.

Wa't de feiten nochris lêze wol, dy't oanjouwe dat it hiel oars sitte moat,  kin dizze verwizings besjen.

http://www.klokkenluideronline.net/artikel/6137/22-december-stephanie-1

http://www.klokkenluideronline.net/artikel/5619/spencer

http://rechtiskrom.wordpress.com/2012/12/02/beste-stephanie-bert-jantina-dick-jacqui/










zondag 23 december 2012

Wynmûne

Der binne bepaalde saken yn it jier dêr kinne je de klok op gelyk sette.
Sa as de nijsbrief fan de FKWWI.
Dy falt alle jierren op de dei foar Kryst yn de brievenbus
As lid wurde je fan ynformaasje fersjoen oer de wynmûne dy't tusken Wommels en Iens stiet.
12 jier lang al. Yn 2012 in produksje fan boppe de 1.250.000 kwh, sa sjoch ik stean yn de nijsbrief.
De mûns stamt út de tiid dat der hjir en dêr in wynmûne kaam te stean yn Fryslân.
Wyn enersjy is in goeie saak, hoewol it lânskip der  troch feroaret.
Ik kin mij best wol foarstelle dat der no keazen wurde moat foar konsintraasje.
Mar gjin wynmûnen mear is gjin opsje.
Want de wyn dy hawwe wij fergees en is der alle dagen.
En al ha je it gefoel dat je him faak tsjin hawwe.
Mar dat komt troch dit ferske





zaterdag 22 december 2012

Dit sprekt mij oan

Earder liet ik mij erchtinkend út oer de KNVB aksje om it fuotbal op in sneon allegear te skrassen. In protte klups dienen dêr mei  (RES) of sûnder  (SDS) oertsjûging oan mei.
Yn de Boalserter Krante (gelokkich is hij der noch) seach ik in ynstjoerd stik stean fan Arno Wip, foarsitter fan jv Bolsward.
In tekst dy't mij tige oansprekt.
In bewuste kar om net mei te dwaan oan in aksje dy't sa neat jout, mar dúdlike rigels opstelle en dy witte litte oan elkenien.
Rigels dy't net allinne yn Boalsert fan tapassing wêze moatte mar oeral.
Ik hoop dat ek SDS dizze ôfspraken makket mei alle leden en dat wij der meielkoar op ta sjogge dat se ek hanthavene wurde.


vrijdag 21 december 2012

Strafskoppen

Woansdei wie sc Hearrenfean - Feyenoord. In bekerstriid yn de achtste finale. Mar 18.000 minsken hiene de muoite naam om tsjin in frij lege priis in kaartsje te keapjen.
Dat lege oantal hie fansels neat te meitsjen mei de tsjinstanner fan sc Hearrenfean mar miskien wol mei de tsjinstanner fan Feyenoord. It fertrouen yn in goeie ôfrin of in leuke pot wie wierskynlik net sa grut bij de Fean fans.
It waard in noflike jûn. Op útnoeging fan trije Fean oanhingers yn de famylje mochten de trije Feyenoord supporters yn de famylje mei. It liket foaral troch ús praat, op in famyljestriid fan sij tsjin ús.
Om é beurt mochten wij jûchhei roppe en doe't it oan de strafskoppen ta wiene, rôpen wij allegear: strafskoppen in lotterij.
Fansels hoopten wij wol allegear dat ús eigen klup de lotterij winne soe.
Selden sa'n spanning meimakke op de tribune.......
In hylarysk ferrin fan in searje hiele minne strafskoppen en in oantal hearlike strafskoppen.
Om 23.33 oere wint Feyenoord en dat makke mij sa bliid as in bern, as in protter, as in fûgeltsje, as in holder, as in ingel en as in staring. Ik sjoch al wer út nei it earst kommende jierdeifessie. De Feyenoord sjaal net ferjitte dan.


dinsdag 18 december 2012

Spanga

Ik sjoch no al wer út nei de simmer. Lekker mei de fyts der op út.  Sa as ôfrûne simmer dy prachtige fytstocht troch de Stellingwerven. Mei as hichtepunt it klokkestoelhôf fan Spangea.

sa rêstich, sa ienfâldich, sa echt, sa moai....

op syk nei de grêfstien fan de pake en beppe fan Jellie, myn frou

Sa moai om te sjen wêr't de balken op rêste..



zondag 16 december 2012

Wêr bisto?

 
 
Se steane der altiten sa moai mei harren trijen: de kontainers.
Foar hús op de oprit.
In griene kontainer foar it griene ôffal, in grize kontainer foar it oare ôffal en in grize kontainer foar it papier.
Twa grize kontainers dat is wolris wat fertizjend.
Mar it gie altiten goed mei it bij de dyk setten.
Gie.....
Oant ferline wike tongersdei.
Mei in laach snie op it lid, wat hastich en yn it tsjuster kaam de ferkearde kontainer bij de dyk.
De papier kontainer (in âlde model kontainer wat net te brûken wie bij de nije auto's) stie bij de dyk.
It is middei...de kontainer kin wer bij de dyk wei.
De kontainer?........ wêr is ús kontainer?
Rare boel, sette je de ferkearde kontainer bij de dyk is dy fuort...
Neifraach op de buert, bij de buorlju hat neat oplevere.....
Us papierkontainer is tafallich fuortrekke op it momint dat der oan de dyk stie en dêr net stean moatte hie.... Tafallich ?
Moandei mar ris heare wat ús bewennersfreonlike gemeente hjir fan fynt en hoe wij wer oan in kontainer komme kinne.
 


zaterdag 15 december 2012

Bussen


Ik sil net sizze dat alles earder alles better wie, mar der binne wol dingen.
Nim no it busferfier.
Wij hiene hjir de LAB. Hiel oersichtelik. In sjoffeur oan it stjoer, in konduktrise foar de kaartsjes (it wurd swartrider bestie noch net) en in tsjinstregeling dy't ôfstimd wie op de gebrûkers.

De lêste jierren hiene wij hjir yn de greidhoeke Connection en hawwe sûnt 9 desimber Arriva.
Oare nije bussen (skynt in betingst te wêzen) mar de selde sjoffeurs (skynt ek in betingst te wêzen).
Moai toch. It wurdt der dêrtroch allinne mar better op.
Moai net dus. De tsjinstregeling dêr mocht Arriva wol yn knoeie.
Dat ha se mei grut sukses dien mei as gefolch dat der omraak prottele en skolden wurdt.
Op Arriva, op dy ferrekte bus dy't net mear riid.
De buskoordinator bij ús op skoalle hie in minne wike.
Komplete busritten op skoaltiden binne útfallen en bern moatte no soms in oere wachtsje of se moatte noch earder út de les.
It giet dêrbij om jonge bern dy't fanút de hiele Súdwesthoeke nei it spesjale basisûnderwiis gean.
Bij Arriva hawwe se blykber gewoan oan it skrassen west, sûnder te sjen nei de gefolgen foar skoallen.
Arriva hat in hiele minne start makke ek al binne it nije bussen en de selde sjoffeurs.

Fanút in hiel oar perspektyf haw ik der ek lêst fan. Myn muzykjûntsjes yn sealen Schaaf, de Harmonie, Romein en poadium Asteriks, allegear yn Ljouwert komme ûnder druk te stean.
Foaral op freedtejûn at Asteriks de programmearing oant 23.15 docht. In moaie eintiid want de lêste bus gie om 23.57 werom nei Wommels. 
Dat paste prachtich om nei it optreden rêstich nei it stasjon te rinnen.

Arriva, hat yn al har wiisheid beslúten dat de lêste bus no om 23.00 oere giet.
Dat is te betiid at je in jûntsje muzyk of teater dogge en de eintiid tusken 23.00 en 23.30 leit.

Wie Connection der noch mar....of de LAB.





maandag 10 december 2012

De saak V


At jim tinke dat ik no oertsjûge bin fan it feit dat de dieder fan de moard op Marianne Vaatstra oppakt is dan hawwe jim it mis.
Yn dit senario wurdt alles út de kast helle om de echte dieder frij út gean te litten. Knoeie mei DNA en praatsjes fan abbekaten.

Ik leau noch altiten yn de komplotteory op basis fan de feiten dy't op in oantal wepsiden stean fan ûndersikers en at ik sjoch nei de miening fan in oantal deskundigen.
Dubieuze rollen binne der weilein foar PRdeV te A en abbekaat V, sa wurdt der sketst.
Der is oeral goed oer nei tocht mar der is noch altiten in âlde wiisheid dy't no fan tapassing is.
" In leagen hat koarte poatsjes" en dat betsjut itselde as "al is de leugen nog zo snel, de waarheid achterhaalt hem wel"

Ik hoop dat de komplotlju it noch net opjouwe.

Ik wiis jim graach op de webside Boublog en it nijsgjirrige item oer Derren Brown mar mear noch op De onmogelijke bekentenis van Jasper Steringa."

Ik wiis jim ek graach op de webside RechtenKrom dy't striden bliuwt foar de wierheid.


zondag 9 december 2012

De baas sels

foto Minze Dijkstra fia Twitter

Sneontejûn spile Jan Akkerman yn it Bolwurk yn Snits.
Jan Akkerman, yn 1973 útroppen ta beste gitarist fan de wrâld.
Hij spile foaral yn Brainbox en Focus.
Brainbox  is yn de hast orisjinele besetting twa jier ek mei in toer begong.
Ek sij wiene in goed jier lyn  yn it Bolwurk.
Dat wie in moaie jûn ek omdat de sjonger fan Brainbox, Casimir Lux foar in grut part it lûd fan Brainbox bepaalt.
Jan Akkerman hat brutsen mei alles wat him Brainbox neamt mar toert no wol rûn mei it programma "My Brainbox".
Mei Bert Heerink as sjonger, in toetsenist, in basser en in drummer makken se der yn Snits in moaie jûn fan.
Foaral troch it strakke lûd en in geweldich optreden fan de master sels.
Skitterjende gitaarsolo's fan út yn it hearlike  Brainbox reportoire.
Fan 10 oant 12 oan ien stik troch foar in gesellich folle seal.
En de fluit yn sommige nûmers?
Dat die de man op toetsen. Lekker nep mar it klonk goed. En dêr giet it om.
Nettsjinsteande it feit dat it My Brainbox wie, spilen se ek it prachtige Hocus Pocus fan Focus.


PS.
In kaartsje keapje yn de foarferkeap is echt foardielich.
15 euro foarferkeap stie op it affysje.
17.50 oan de doar.
Fia ynternet wie ik ûnderweis om in kaartsje te keapjen.... oant it oan beteljen ta wie. Mei alle kosten der bij kaam ik boppe de 17,50 út. Dat fûn ik wat frjemd.
Dan mar helje bij Primera.
Ofrekkenje komt de man út op 17.49.
Sjoch dêr dogge je it foar.
Mei jild betelle dêr......dus 17,50 want sinten dogge wij net oan.
Foarferkeap is der dus allinne om wis te wêzen fan in kaartsje.

Respekt

Trekkers ride te hurd op de diken en foaral troch doarpen.
Dat sjocht elkenien en it wie goed dat dêr okkerlêsten yn Wommels oer praten waard.
Der sille fêst oplossingen en ideen nei foaren brocht wêze en sa't ik it ynskatte kin, sille"stikjes fan de oplossingen" bij de polityk weikomme moatte.
Dan witte je it wol.
Dat binne der oerlizzen, tsjinstelde belangen, (europeeske) wetjouwing, lange trajekten ensf.

Dochs is der neffens mij in hiele simpele oplossing mar dêr hawwe wij de minske bij nedich.
It gedrach fan trekker sjoffeurs moat oars.
Sûnder wetjouwing en rigels mar gewaon om respekt te toanen foar in fytser en in rinner op de dyk.
Wat soe it moai wêze dat in trekkersjoffeur alle oeren op de dei  it gaspedaal loslit, de rem der efkes opdocht en hast stil stiet at hij fytsers en/of rinners tsjinkomt, sadat dy fytser net mei klamme hannen it stjoer beethâlde moat om de wynflaach te trotsearen, mar om as groet de tomme efkes omheech stekke te kinnen: dankje wol.
Wat soe it moai wêze dat je in trekker sjouffeur dêr gewoan op oansprekke. "He, jong, fynsto net dat....... of soesto........"

Juster wie der in "respekt dei" útroppen troch de KNVB.
It sil wol.
Ik leau der net in bast fan dat der wat feroaret nei al dy moaie praatsjes yn kantines en yndrukwekkende bijienkomsten.
Nije wike giet it der wer om.
Dan steane dy selde heiten (en memmen) wer fol fjoer oan de kant en wurdt er like gemien as altyd flagge en is der like folle protest as altiten tsjin thúsflaggers en thúsfluiters.
Ek hjir is der mar ien kâns om it respekt foar elkoar werom te krijen.
Eigen gedrach oanpasse.
En dat sil like dreech wêze foar de fuotbalsupporter as foar de trekkersjoffeur.
Ik sjoch wer út nei nije wike at der wer gewoan fuotballe wurdt. En ik sis net ta dat ik net wer seur oer de skiedsrjochter of de gemiene flagger fan de tsjinstanners fan SDS.
Gelokkich haw ik mij sels wol yn de hân mar ik haw froeger dan ek mei in autoped boarte. Dat skynt in grut foardiel te wêzen yn je gedrach letter.
Ik miende dat Diederick Stapel dat ûndersocht hat..... dus seker is it net allegear,



zaterdag 8 december 2012

John Lennon

It is hjoed 32 jier lyn dat John Lennon fan de Beatles delstutsen waard troch ien of oare gek.
Lennon wie op dat momint 40 jier.
Oan Lennon belibje ik noch in aardich weromtinken.

Op Wikipedya stiet dit:
In maart 1969 bleven John en Yoko bij wijze van huwelijksreis een week lang (van 25 maart tot en met 31 maart) in bed in kamer 902 in het Amsterdamse Hilton Hotel (de "Bed-In"), zij wilden hiermee wereldvrede promoten en protesteren tegen de oorlog in Vietnam. De beelden haalden voorpagina's van kranten over de hele wereld.

Yn Wommels waard fanút de jeugdklups ek in aksje betocht om omtinken te freegjen foar de wrâldfrede en om te protestearjen tsjin Vietnam.
Ek wij riden mei in trekker en wein mei in bêd der op en "John"en "Yoko"der yn troch Wommels.

En ik mocht John spylje, net fanwege myn muzikale kwaliteiten, mar wierskynlik fanwege myn útsprutsen miening oer Vietnam en myn lange hier.


dinsdag 4 december 2012

Twitter statistyk


It is goed om in befestiging fanút in systeem te krijen fan wat myn gefoel wie oer myn twittergedrach. Foar de dúdlikheid op freed, sneon en snein wurkje ik net.


Dat ik foaral in jûns twitteraar bin, seker op moandei, tiisdei, woansdei en tongersdei, krij ik hjir ek befestige

zondag 2 december 2012

Radio harkje

Yn myn agenda steane dizze wike op moandeitejûn en op tiisdeitejûn "radio"
Moandeitejûn om in oere as njoggen jûns folch ik de safolste útstjoering op radio Argusoog oer de saak Marianne Vaatstra (of moat ik sizze de saak Demmink).
Hoe mear ik der fan sjoch en lês hoe grutter myn oertsjûging fan ûnskuld fan Jasper S.
Wannear giet de dôftsjettel iepen?

Tiisdeitejûn fan 20.00 oant 22.00 oere harkje ik nei it muzykprogramma fan Doede Bleeker op radio Súdwest. Noflike goeie, âlde muzyk dy't je net sa faak heare.

Sa as ferline wike tiisdei doe't hij de Mailer Mackenzie Band heare liet.
Dy kaam mij bekend foar.
Myn plakboek út 1970 derbij en dêr fyn ik noch in foto nei oanlieding fan in optreden yn it Dielshûs yn Wommels. 15 of 16 wie ik doe en bin der fêst stikem hinne west.




It klinkt as Creedence


Fytse



Hast desimber en it lei freed noch hearlik op de fyts.
Soms in flau sintsje.
Hast gjin wyn.
Moaie wolkefjilden
Moaie route fia de Bieren, Waaksens, de Grauwe Kat, Arum,  Penjum, Wûns,
Eksmoarre, Boalsert en Hichtum
Mei lekker muzyk.
Sommige minsken hope dat it rjochts hurd en glêd wurdt, ik hoop dat it lofts foaral skjin en droech bliuwt
.