vrijdag 7 december 2018

Ate en Chris

De tiid hâldt gjin skoft,
dat ûnderfyn ik alle dagen.

Nim no Ate Vellinga,
stoarn yn novimber 2017,
al wer mear as in jier lyn.

Ik tocht er oan
doe't Mojo oankundige
dat Chris den Burgh optrede sil
yn Amsterdam, yn Carré
yn desimber 2019

Chris den Burgh
noch altiten populair
en in grutte favoryt fan Ate




donderdag 6 december 2018

Gjin freonen


It loopke nei de brievenbus
is meastal in loopke om neat.
Echte post
wij krije it net folle mear.

Hoewol
de Vriendenloterij,
mei harren berikten wij dit jier in djiptepunt

hast alle wiken krije wij in brief
mei al wer in nij oanbod
mei al wer in paske
mei al wer in dwingende oprop

Meastal hellet dizze rotsoai
ús hûs net,
de kontainer komt bij ús earst
en dan pas de doar

Nea meidien oan dizze klup
en dochs alle wiken in brief....
belachlik...

ik haw it hjoed weromstjoerd
mei de opmerking

"uit adresbestand halen, please!
betrokkene is bijna overleden"




woensdag 5 december 2018

Posityf

Lars van der Werf is in ferseskriuwer.
Koart, grappich en posityf.

Yn 2017 soe hij komme
op it Greidhoekfestival yn Wommels.

Helaas it gie net troch.
Sa no en dan kom ik him wer tsjin
op twitter at hij ûnderweis dwaande is
in fers te skriuwen

Hij hat no ek in kalinder
dêryn dit prachtige fers






dinsdag 4 december 2018

Segeltsjes


Wolle jo ek segeltsjes
en de bon?
it is in standertsin bij de JUMBO

Segeltsjes wol
de bon net,
dat is myn fêste antwurd

Ik begryp ek net wêrom wij segels sparje foar

  • in dei út  (fyn ik neat oan)
  • in  Wiebe van der Zee puzzel (fyn ik neat oan)
  • sopkoppen (hawwe wij genôch)
  • bakpannen (hawwe wij genôch)
  • en al dat oare wat west hat 

Boppedat,
foar je it witte
is de datum fan bestellen foarbij
en hawwe wij te min kocht
want de kaart is net fol.

Allinne de segels fan Max
dêr wiene wij sljocht op
dy moaie reesautos
meie de pakesizzers hiel graach lije
en dan hawwe de segels in nuttich doel hân.

Jumbo,
fierders in prima winkel
yn ús doarp
mar de altyd trochrinnende segelaksje
fan de Poiesz,
wêr't je gewoan wat útsykje kinne, 
at je wat kaarten fol hawwe,
en dat sûnder iets bij te beteljen




zondag 2 december 2018

Yn 'e war

Bij ONS Snits binne se wat yn de war.
Dat is al jierren sa, mar it falt no echt op.
ONS, in klup dy't sa graach meidwaan wol
yn de top fan it amateurfuotbal
mar hast gjin publyk lûkt at je it fergelykje
mei de echte grutte amateurklups.

Ik kom net faak bij ONS,
it is mei allegear wat te patserich
en wat te poenerich
ik stean leaver bij SDS, WPB,, Nijland of Scharnegoutum efter it stek

ONS is dus yn de war
want it fúzjetrajekt
mei Sneek WitZwart rint net lekker

No hawwe se in brief skreaun
nei de wethâlder mei dêryn in blabla ferhaal
om dy wethâlder te oertsûgjen
dat se hiel wat binne en wurde wolle

De brief kinne jim hjir lêze.

Der binne twa passaazjes
dy't mei opfalle
en dy't mij yrritearje

Ook parkeerruimte is voor ONS Sneek een bepalende factor. ONS Sneek heeft de beschikking over ca. 50 parkeerplaatsen achter de kantine die gebruikt worden door bestuursleden, medewerkers en spelers. Op zaterdagen kunnen sponsoren hier parkeren op een speciaal afgezette parkeerplaats. Supporters kunnen aan de voorzijde van het sportpark parkeren op de daar aanwezige 225 parkeerplaatsen. Totaal beschikt de vereniging dus over ca. 275 parkeerplaatsen.

De club speelt ook met enige regelmaat bijzondere landelijke KNVB bekerwedstrijden. Wedstrijden met vaak meerdere duizenden toeschouwers met alle logistiek van dien.

Kom no gau,
275 parkearplakken at dat genôch is foar in gewoane sneon
dat wit ik net mar dat liket mij wol sa ta.

Mar om dan te ferwizen
nei dy inkele kear (sij neame dat "met enige regelmaat")
dat se tsjin in betelle fuotbalklup spylje
foar de beker, is wol wat wrâldfrjemd.

Wij hawwe alle jierren in Freulepartij
yn Wommels
foar dy tûzenen dy't dus alle jierren nei Wommels komme
is in eintsje fierder rinne as gewoanwei
gjin probleem,
want is it net sa dat we wat mear bewege moatte
en nei in sportwedstriid past dat hielendal

De twadde passaazje yn de brief
dy't mij noch mear yrritearret is

Daarnaast zijn we druk doende ons voor te bereiden op een overgang van lokale naar regionale certificering van de KNVB waarbij we de verwachting hebben ook richting andere voetbalclubs in SWF een rol van betekenis te kunnen spelen t.a.v. samenwerking.

Wat is dit foar ûnsin?
Hokker rol, bij hokker klups?
Of bedoele se
sneontemoarn de fjilden yn de regio ôfstreupe
om de jonge fuotballers
oer te heljen nei ONS te kommen
en der op dy wize foar te soargen
dat de regionale klups aansens gjin besteanrjocht mear ha?

Beste wethâlder fan de hiele gemeente,
traapje net yn sokke arguminten
want de klups op it plattelân yn dizze selde gemeente
wolle graach ek wat op nivo spylje mei eigen spilers
en dêr hawwe sij ONS net foar nedich,
want dy binne der allinne mar op út
harren eigen ambysjes wier te meitsjen