woensdag 31 december 2014

De lêste fan 2014


De lêste bloch fan 2014.
In foto
pikt fan in wepside

fan Wytske Vermeulen

Sjoch dy wepside in kear troch
en foaral dy foto's 
Wat Wytske en oaren dêr dogge foar de bern.
Machtich!

Wat hawwe wij no te seuren?



Lêzen yn 2014

Wer in moaie list
43 boeken lêzen
yn 2014
In stik as acht op de tablet
In stik as twa kocht
de rest út de byb
dêr wenje ik neist
dat is maklik
en noflik

Toppers wiene der ek

It boek fan Isa Hoes
oer it proses nei selsmoard
fan man Anthony

It boek fan Henning Mankell
oer it earste donkere jonkje
yn Sweden
yn de foarige ieu

It boek fan Hakan Nesser
de absolute topper
oer iensume minsken
oer in misdied





1 Adler-Olsen, Jussie De fazantenmoordenaars 2014
2 Bomans, Godfried Erik  2014
3 Carlsson, Chrisstoffer De jongen die terugkeerde 2014
4 Coben, Harlan Verzoeking 2014
5 Dankbaar, Wim Dagboek Maaike Terpstra 2014
6 Dijkstra, Klaas Killers 2014
7 Fjell Jan-Erik De verklikker 2014
8 Freeman, Brian Het kille nergens 2014
9 Hartman Corine Glas hard 2014
10 Hoes, Isa Toen ik je zag 2014
11 Jonasson, Jonas De 100 jarige man die uit het raam  2014
12 Kingma, Bart Griene simmer 2014
13 Macbride, Stuart Dertien 2014
14 Maron, Isa Schaduwkant 2014
15 Nederlof, Bert Ronald Koeman 2014
16 Patterson, James Ren, Alex Cross 2014
17 Patterson, James Zevende hemel 2014
18 Raat,Friedrike de Hoe bereid je een paard 2014
19 Ricksen, Fernando Strijdbaar 2014
20 Robinson, Peter Dankbare dood 2014
21 Robotham, Michael Vuurvast 2014
22 Rosenfeldt Hjorth De Discipel 2014
23 Sambeek. Liza van Zadelpijn (2) 2014
24 Soderberg, Alexander De vuurdoop 2014
25 Stibbe, Bjorn de Zwendelaar 2014
26 Theorin, Jihan Schemeruur 2014
27 Visser, Judith Zeemansbruiden 2014
28 Westerman, Frank Ararat 2014
29 Edwardson, Ake Allen die gestorven zijn 2014
30 Mankell, Henning  Daniel, zoon van de wind 2014
31 Nesser, Hakan Van Veeteren en de zaak G 2014
32 Sonnst, Jonathan Heden rood morgen dood 2014
33 Rossem, Maarten van Kapitalisme zonder remmen 2014
34 Blaedel, Sara De vergeten zusjes 2014
35 Edwardson, Ake Roep uit de verte 2014
36 Nesser, Hakan De eenzamen 2014
37 Speerstra, Hylke Op klompen door de Dessa 2014
38 Nesser, Hakan De stilte na Sarah 2014
39 Nesser, Hakan De zomer van Kim Novak 2014
40 Meijers, Constant Kom van dat dak af 2014
41 Zijlstra, Rob Het drama van Baflo 2014
42 Kepler. Lars Contract 2014
43 Bodstrom, Thomas De voortvluchtige 2014

dinsdag 30 december 2014

Oertinking Anne

In bysûndere dei
in bysûnder plak
in bijsûnder minske...

Dat wiene de iepeningswurden
bij de oertinking fan Anne Tamminga

It Reade Hynder wie it plak
wêr't de famylje Tamminga
om it biljert stie
en wêr't foaral keatsleafhawwers, biljerters en buorlju
harren dielnimming oanjoegen.

Anne, elkenien koe him
yn Wommels
mar úteinlik koe net ien him
gjin prater, wol in waarnimmer
gjin opsmuk, mar gewoan
gjin kompromys, wol swart wyt

Mar foaral de grutste mantelsoarger fan Wommels
earst syn mem en doe syn broer

Wij harken nei in liet fan Piter Wilkens,
nei twa lieten fan Gerrit Breteler

en nei it prachtige liet fan Marcel en Gerbrich


en dêrnei gie hij de dyk oer
wêr't hij 23 desimber syn ein fûn
ûnderweis fan kroech nei hûs
en yn it sintrum fan Wommels
syn Wommels....

zondag 28 december 2014

Snútboek

6 moanne
sa lang sit ik no op snútboek
"facebook" neame se it yn de folksmûle

6 moanne lang
haw ik freonen makke
haw ik "mei ik wol oer" oanklikt
haw ik lokwinsken útdield
haw ik berjochten dield
haw ik klipkes delsetten
haw ik it famyljenijs folge
haw ik myn blog wat yn de belangstelling setten
haw ik in oantal sinnige dingen sjoen
en haw ik foaral in soad ûnsinnige dingen foarbij kommen sjoen

snútbook
wat hat it mij brocht?
wat hat myn snútboeken  in oar brocht?
wat moat ik der mei?
hoe moat it fierder?


Ik haw gjin idee.
mar at ik it wergelykje
...fergelykje mei twitter
dan winne dy
fierwei

snútboek, ik sjoch it noch efkes oan
twitter: ik gean der mei troch, mei hert en siel.


Bob Wayne komt op 28 febrewaris nei Rotterdam foar in optreden op Scumbash 2015



zaterdag 27 december 2014

De wyn yn 2014






















Fytse mei
wyn
altyd dy wyn
yn é wyn
foar de wyn
sydwyn
hurde wyn
stoarmwyn


de wyn bij Iens
de wynmûne bij Iens
de opbringsten
fan de mûne
oer 2014
yn kilowattoeren




donderdag 25 december 2014

Rûntsje Riis

Fanút it hast altyd gastfrije Riis op wei  nei Aldemardum

de ijskoboer wie ticht ,  en it oare iis lei der net

Oan de râne fan it bosk de Graatamabank

It stiet der echt: Spitsbergen

Hearlik (snert) en kofjewaar bij it Murnser klif

Folle seal en ek terras goed beset op 25 desimber
(mei sinneferwarming)

Se bedoele hjir ek "de Fryske Marren

"
It sicht op Bakhuzen en in it liket wol te groeien..moai grien

En dat wiene der al wer 12 rinkilometers

woensdag 24 december 2014

Anne

Molewâl yn Wommels
dyk bij it wetter
dêr wenne ik earder
Molewâl yn Wommels
dêr wenne Anne
en syn broer Willem
en syn oare broer Jan
en earder syn broer Riemer
de Taminnga's

it Noard yn Wommels
dêr hinget in buordsje
oan de muorre
fan foarhinne garaazje Douma
"verboden staanplaats"
stiet der op

1970
16 jier
efkes bijprate
oer it útgean
oer it keatsen
oer it doarp
yn it Noard
mei freonen
en wat Tamminga's
Riemer, Jan en Anne
bij it buordsje
"verboden staanplaats"

Anne yn Boalsert
bij Lena op de komerke
yn de Posthoarn
Anne op de brommer
Anne mei de bus
Anne mei de taksi
wat haw ik him faak troffen doe
yn de Posthoarn
yn de bus
en soms yn de taksi

de lêste jierren..

Anne yn it Noard
Anne bij de brêge
Anne mei syn broer Willem
Anne mei syn flesserekje yn de Jumbo
hoi Anne,
hoi ...Aant
altyd in fatsoenlike groet
hoi Anne
hoi ...Aant


Anne
juster ferstoarn
ûnderweis
fan it Noard
nei de Molewâl

net mear oankommen
bij syn hús op de Molewâl
mei de sprekkende namme
"zo is het"

In bysûndere man....
ik hâld der in goeie herinnering oan






dinsdag 23 december 2014

Rinne

Myn foarnimmen
dizze fakânsje
mei al dy iterij
sitterij
lêzerij
drinkerij
is

deis 5 kilometer rinne
trochsneed
juster wat minder?
hjoed wat mear!

Tiisdei
23-12-2014
ik bin wat efter mei de kilometers
dus........
Fan hûs yn Wommels
nei dit boerd
oan de oare kant fan Easterein
is krekt 3 kilometer

Opmerklik,
Oars fyts ik hjir lâns nei Snits
( lêste moannen yn it tsjuster ) 
en no sjoch ik al dy markols
bij de brêge fan Reahûs
en gjin reidhinnen sa't  ik earst miende,
mar fia twitter korrigearre waard
troch Henk Bosma, (dankjewol Henk)

It is op it plak
wêr't winters altyd in wek is,
mocht der iis lizze.
It like of sieten se te wachtsjen
op it iis
mei in hâlding fan "
"wij binne der klear foar
want it wek leit der al"

Yn Reahûs rjochts  it binnenpaad troch 
rjochting Turns

Al jierren fyts ik oer dit brêchje
faak mei de fraach
wat soe der op dat buordsje stean?
No't  ik rinde wie 
en net ôf hoechde te remjen
en it better oan tiid hie
luts ik hiele skerpe eagen 
en koe ik it krekt lêze:
"Jannes brêchje"
It folgjende brêchje
wêr't wij loftsôf gean
nei Skearnegoutum
hat ek in namme
"Fré 's brêchje"

NB: in goeie rie
fan mij
en ek noch wol fergees:
at je in brêchje in namme jaan wolle, 
prachtich moai
mar doch it dan wat grutter 
en dúdliker allegear;

ik ha no noch pine é kop fan it sjen


Oer de Pôle mei it sicht al op.....



Skearnegoutum


en dêr stie de snert klear
bij Anne-Marije.


10,6 kilometer
en dat rond ik ôf op 11
haw wer in lytse marsje




maandag 22 december 2014

Krante

Wij lêze de LC,
al hiel lang.
in provinsjale krante

Wij lêze ek in lannelike krante
wikseljend
Trouw en AD langere tiid
en NCR en het Parool koartere tiid

Gjin Telegraaf
fanwege syn grutte koppen
fanwege syn sensaasje
fanwege de wierheid 
dy't wolris geweld oandien wurdt

Hjoed waard bekend:
sjoernalist Perdiep Ramasar
syn artikelen yn Trouw en it AD
wurde fuorthelle
fanwege iets tefolle fantasij

Raar is dat
kin ik neat mei
dat fuorthelje
fan syn artikelen 
dy't ik lêzen dat
dy't ik foar wier oannommen ha
dy't foar mieningsfoarming soarge ha

dy artikels kinne net fuorthelle wurde
dy sitte yn mij.

Ik hie ek  krekt sa goed de Telegraaf lêze kinnen.









zaterdag 20 december 2014

Reine

Rein
dat ferfeelt gau

rein
ik tink oan Ierlân

Ierlân
rein
 mar foaral
muzyk

 Foto's fan 2009
ús rûnreis troch Ierlân







en in filmke fan Luke Kelly fan the Dubliners


dinsdag 16 december 2014

Paint it black


Hoe lang kin ferve duorje?
Ik toch er oan doe't wij ferline wike klusten
hoewol .......
wij is net it goeie wurd
Jellie klust en ik help wat
bin net sa'n klusser
lofts oan de iene hân en 
lofts oan de oare hân
Bij klussen bin ik der 
foar de muzyk
en foar de kofje
en foar it opromjen
en foar it wat rûgere wurk
ik bin der seker net foar it tinkwurk

De pearze keamer wie oan bar
de keamer fan Anne-Marije
har kleur jierren lyn
no net mear,
no't se har eigen wenromte hat

Yn de ferfkast kaam ik noch wat tsjin
in potsje fan 1/4 liter
swarte ferve
dat is út de tiid fan Tsjeard
doe't hij de kleur útsocht
foar syn keammerke

swart
net myn kleur
seit Jellie
freeslik wie dat 
in keammerke swart fervje
hoe kaam er der bij?




Der is dus noch in potsje
it lyts potsje
dat is noch  fan doe
fan hiel lang lyn

swarte ferve
as herinnering
oan Tsjeard syn keammerke

Wij bewarje it dochs mar
ik mei wol oer swart.....
at it mar in teasjurt is
of in broek
of
at it yn in potsje sit
in ferfpotsje wol te ferstean









zondag 14 december 2014

Fytse at it kin

Tongersdei 11 desimber
in mailtsje
fan in âld kollega
"moai stik yn de Ljouwerter Krante"
"hiest de namme der wol ûnder sette kinnen"

Ja, yndie
ik soe it wêze kinne

ik soe oars net immen witte

zaterdag 13 december 2014

Letz Zep

(foto Anke Rusticus)
It wie wer in moai affysje
foar freedtejûn yn it Bolwerk yn Snits.
tribute band Letz Zep
Al earder sjoen
mar de muoite wurdich 
om noch in kear te hearen.
yn de taksi
mei noch 10 leafhawwers
út Wommels en Easterein
wer in moaie jûn
mei in útblinkende gitarist
en in wat let en lestich op dreef kommende sjonger
en fansels mei bassist/oargelman en trommelman
In moaie jûn 



donderdag 11 december 2014

Kleurje





Gesellich
oan de hege tafel
kleurje 
mei Jelske
hast trije

dinsdag 9 december 2014

1626


Drones
it like sa aardich
dy dingen yn de loft
moai boartersguod
mei in kamera der yn
om foto's te meitsjen
fanút de loft
fan bijsûndere saken
en om boeven te fangen
sa as yn Harns

Mar drones
binne oarlochswapens

Ik lies in ferhaal
in ferhaal fan in drone navigator
siet yn de Nevada sânflakte
bestjoerde in drone
dy't aktyf wie yn Syrie
of Irak

Drones binne hast ûnsichtber
en tige doeltreffend.

De navigator ferlit it leger
nei 6 jier dronebestjoerder west te hawwen
hij krijt in diploma
as wurdearring foar syn wurk
mei dêrop  in getal
1626
safolle deaden
troch syn drone
echt iets om grutsk op te wêzen




zondag 7 december 2014

Lêze


Fan wa binne jo ien 
en wêr komme jo wei?

binne dat net de fragen 
dy't wij altyd stelle
en wêr't Rients Gratama fan seit
dat soks typysk Frysk is.

Bij mij giet it fierder
noch fierder as dit
at ik mei in boek begjin
en ik kom in plaknamme tsjin
dan wol ik witte
wêr’t dat is

tablet der bij
google maps iepenje

en sykje mar



sa as no 
it boek: de zomer van Kim Novak
fan in favorite skriuwer Hakan Nesser





spilet him ôf yn it midden fan Sweden
Asbro dus.


En myn Google Now jout gelyk oan
it is 1200 km fan Wommels
yn goed 12 oeren bin ik der
moat wol tol betelje
en dat der 12 weiopbrekkingen binne

moai sokke ynformaasje
mar ik wie net fan doel
der hinne te reizgjen





donderdag 4 december 2014

Fosfor


Dit ferhaaltsje giet oer Fosfor
dat is in útjouwerij
fan digitale boekjes


Fosfor publiceert longreads en e-boeken. Longreads zijn een nieuw soort non-fictie verhalen: langer dan een tijdschriftartikel, korter dan een boek. Daarnaast geeft Fosfor papieren boeken die niet meer leverbaar zijn een tweede leven door ze uit te geven als e-boek (we publiceren overigens ook nieuwe e-boeken). Tot slot: Fosfor hanteert een nieuw uitgeefmodel, waarbij onkosten en opbrengsten op 50-50 basis worden gedeeld tussen auteur en uitgever.

Koartlyn krige ik in oanbod
boekje fergees krije
koart stikje skriuwe
wat ik der fan fyn

ik keas
Kom van dat dak af
lêzen op de tablet
yn Google read
moai systeem
oantekeningen meitsje
fan nijsgjirrige stikjes
gewoan yn it digitale boek

en doe't ik it út hie
alle oantekeningen
gelyk op in rige

Sa as dizze
it begjin fan de rock en roll yn Nederlân
1959

In Amerika hier ver vandaan
is pas sinds kort iets nieuws ontstaan
het ritme zet ook ons in gloed
de rock and roll swingt in je bloed



Dit wurdt oanjûn as ien fan de earste platen van rock & roll.  
Net myn smaak dus....

woensdag 3 december 2014

Skilderij



Septimber 2014
de krante fan it Greidhoekfestival
in tekst mei foto
fan mij


novimber 2014
Jan Strikwerda  fan Easterein
"haw dy skildere"

Freed efkes bij him west
wat fan syn wurk bewûndere
skilderijtsje mei

Prachtich net ju....

maandag 1 december 2014

Tresoar


It is prachtich om sa no en dan de fergese nijsbrief fan Tresoar yn de eamelboks te finen
Moaie stikjes út kranten fan doe.
Sa is dizze hjir ûnder
Je sjogge it foar je ....

Prachtich is fansels ek de foto fan de brêge yn Spannum dy't er doe gâns oars útseach.




Een treurig ongeluk
Bron: Friesche Courant 6 december 1894
Spannum, 4 Dec. Een treurig ongeluk heeft dezer dagen in ons dorp plaats gegrepen. Een grijsaard, ruim 70 jaar oud, had 't ongeluk van den zolder te vallen, doch kwam terecht op 't lichaam van zijn evenzeer bejaarde huishoudster. Kwam de man er betrekkelijk goed af, minder aangenaam was 't voor de vrouw, die, behalve dat ze kneuzing bekwam, ook nog een heup brak. Naar we vernemen, laat de toestand der oude vrouw wel te wenschen over.