maandag 30 september 2013

Kambuor

Ik hie altyd wol wat sympaty foar Cambuur. In karakteristike klup út Ljouwert. Der wie altiten wat te belibjen en it wie foaral altyd krekt net. Piter Wilkens song der al sa moai oer: it hat nea wat west, it sil nea wat wurde.
Troch Cambuur folge ik de Jupiler League. No net mear, want Cambuur sit yn de Earedevysje. 
Myn sympaty foar Cambuur is sûnt snein aardich fuort.
Sjoch dat sij neat hawwe mei it Fryske folkliet gedoch yn Hearrenfean dat begryp ik hiel goed. Dêr haw ik ek neat mei. Dat moasten se ferbiede. Krekt as it sjongen fan it liet bij allegear keatswedstriden dy't neat om de hakken hawwe.
Mar dat dy Ljouwerter Cambuur supporters harren no begjinne ôf te setten tsjin it Frysk en alles wat bûten Ljouwert wei komt dat docht myn gefoel net goed. 
"Wij hawwe neat mei it Frysk" hearde ik wat fan dy lju roppen "wij ha neat mei de Friezen" hearde ik se troch de rigels hinne sizzen. 
At it no komt omdat se de kulturele haadstêd fan Europa wurde moatte yn 2018 of omdat se al hiel lang lêst fan it ferstân ha wit ik net mar ik haw begrutsjen mei de 65 seizoenkaarthâlders út Littenserdadiel, sij binne feitlik net wolkom, ik haw begrutsjen mei de doarpen fan Boarnsterhim dy't oergeane nei Ljouwert, sij wurde as plattelâns Friezen aanens skoudere en ik haw begrutsjen mei de ynwenners fan dy doarpen fan Littenseradiel, dy't aansens ek diel útmeitsjen fan dy anti Frieze gemeente.
Ik haw it wol hân mei al dy Kambuor supporters. Op twa nei: Jelmer Kemper en Teade de Groot. Sa lang sij noch fries tsjin mij prate en net mei Nederlânske flaggen omrinne fyn ik it gjin probleem.
At ik Oebele Schokker wie soe ik hiel gau in oare klup sykje.
Mocht dizze anti Frieze stimming sa trochsette, dan kin ik der net ûnderút: myn Kambuor sjurtsje sil dan ynset wurde om de fyts skin te meitsjen. Dêr brûk ik no myn âlde himden en ûnderbroeken foar. It hertsje mar efkes oer it ketting helje dan ..........

zondag 29 september 2013

Letz Zep



"Supervet optreden" twittere der justerjûn immen oer Letz Zep yn it Bolwerk yn Snits. En sa wie it mar krekt.
Led Zeppelin is in geweldige band mei supermuzyk en sa't dizze mannen fan Letz Zep dat delsetten fertsjinnet alle lof. Strak stjoerd troch de drummer en basgitaar, nei wat in muoisum begjin in sjonger dy't de Plant sound aardich ûnder de knibbel hat en mei gitarist Andy Gray dy't oan Jimmy Page hast in gelikense hat. Machtich gitaarspul en foar mij is dat Led Zeppelin.
Mei 8 man út Wommels in hearlik jûntsje hân wêr't opfoel dat der yn  it aardich folle Bolwerk moai wat jongerein wie neist de grize en keal koppen. Arriva wie de Bob hinnereis en it hobbeltaksibuske de weromreis.

En fansels mochten Hendrik Engbrenghof en Jaap Toering nei ôfrin efkes mei harren gitaarheld op de foto.
Foar Jelle de Jong wie gjin romte mear.

Mei wat gûchelje mei kleuren falt it resultaat fan de foto net iens tsjin.






Swette



It alder aardichste hjerstwaar noege freed út ta it lekker rûntsje om. De wyn east en dat betsjut fanút Wommels dat wij earst rjochting it easten gean. Dat is net slim want dat kinne je hiel maklik in prachtige binnetroch route kieze, lâns de Boalserterfeart, en lân de Swette.

De fytspaad lâns de Swette is omlein omdat de heak fan Ljouwert dêr oerhinne giet en der hurd wurke wurdt oan in brêge


de sânsekken soargje der foar dat de Swette op djipte bliuwt


en wij meitsje efkes in bochtje om

It nije paad oan de westkant fan de Swette leit der noch altiten geweldich bij. Unyk sa moai fol blommen.

donderdag 26 september 2013

In boek fol mei leagens?




Ferline wike stie der yn de LC in interfjoe mei Akky van der Veer. It gie oer har nije boek, mar it gie ek oer iets wat mij noch altiten dwaande hâldt : de saak  Marinanne Vaatstra dy't foar it each oplost is mar net de wierheid brocht hat. Alteast dat leauwe de "komplottinkers"en Akky is der krekt as ik ien fan.
Miskien kin ik tenei ek mar better sizze de saak Bauke Vaatstra
Wa't tinkt dat it no allegear wol stil wêze sil nei de rjochtsaak hat it mis.  
It boek fan Simon Vuyk wat langlêsten útkommen is beskriuwt de saak, fan út de múle fan Bauke Vaatstra dy't wer ynsprutsen wurdt troch Peter Erretje de Vries.
Wim Dankbaar is op syn wepside RechtenKrom dwaande de leagens út it boek te beskriuwen. En dat binne der noch al wat. Hast alle dagen krij ik as ien fan de minsken dy't dit mei mear as bijsûndere belangstelling folget, een mail mei in fergelyk tusken it boek en de wierheid. Alles is werom te finen op dizze side.

Der is in hiele grutte kâns dat der noch in boek skreaun wurdt oer dizze saak. Mei help fan it deiboek fan Maaike Terpstra soe dat wolris tichter bij de wierheid lizze kinne. Dêr bin ik fan oertsjûge. Stel je dat ris foar.






dinsdag 24 september 2013

Op Amelân

Fan moandei 16 septimber oant woandei 18 septimber mei twa eingroepen fan de Súdwester op Amelân west. Suterich waar, mar moaie en intensive  dagen.
Bij de toer sjen...55 meter heech en yn it bosk wat klimme

It museum bij Nes is tige geskikt foar bern mei opstoppe bisten

in grut akwarium
Sibe

mei de boat nei de seehûnen

en fansels de (falske) bingojûn

zaterdag 21 september 2013

Skimerje

It Skimerjûn festival yn Nijbeets sit der wer op.  In grut ferskaat oan artisten treden dêr freedtejûn op. Miskien wol te folle. Allegear lytse podia:  yn in turfskuorre, yn in trekkerskeet, yn in boatenhok, yn it kafeetsje, yn in houten himmeltsje, yn in muzykwein, yn in muzyktinte, yn in entreegebou, bij in kampfjoer en yn in besikersromte.
Dy lêste romte wie it grutst. It wie in goeie kar om dêr Armand del te setten. It wie dêr mear as fol. Wat leafhawwers fan it protestliet en foar allegear "rjochtse ballen" , dy't dy read- en langhierrige hasjtripper ek wolris sjen en heare woene.
Armand, hij sjongt noch prima, syn teksten binne noch altiten skerp mar syn gelul tuskentroch makket it net ta in leuk konsert. At der yn dy 40 minuten ta 6 ferskes kommen is, falt it mij ta. Djiptepunt wie wol syn geeamel oer it ABC fan de drugs.
Armand is in publykslûklr dat die wol bliken mar om der foar in twadde kear hinne te gean: nee dankje.
Dan Lucky Fonz III: in oandwaanlike muzikant dy't in prachtich yntym konsert joech yn it houten himmeltsje: it tsjerkje dus. Prachtige ynteraksjes mei it publyk en sa echt.
"Ik zing nu een liedje dat kan hier net in de kerk. Het gaat over de hel"
"Dan nu een gospelachtig lied, voor de zekerheid".
De presintratice liet it konsert lekker útrinne want it wie hast in skande om dit te ûnderbrekken. It hichtepunt fan de jûn.
Spinvis wie der ek en dy kâns woe ik ek net rinne litte. Prachtige muzyk, mar helaas kaam it net hielendal goed ta syn rjocht yn in lytse tinte mei matich lûd. Dit hie net misstien yn it houten himmeltsje.
Yn dy selde tinte stie letter Boys Named Sue en dan komt it allegear minder krekt. In populaire band ek yn Nijbeets. In stampfolle tinte en it swingde.
Swinge die it ek bij L'Chaim: de hiele seal dûnse en beweechtde mei op de klezmermuzyk. Fleurige en entûsjaste muzikanten mei in soad teater.
Tuskentroch noch efkes om it hoekje sjoen bij Mannemoed, Gurbe Douwstra en Kapriol en fan allegear ien nûmerke meipakt.
It Skimerjûn festival hat no 7 kear west en it is flink groeid yn alles. Op de fraach at it dêrmei syn sjarme holden hat fan de earste twa of trije kear sis ik nee. Safolle minsken no (750) mei relative lytse podia kin betsjutte dat je oeral krekt te let binne om wat te sjen.



 


vrijdag 20 september 2013

Opmerklik

Ein jierren 60 begjin jierren 70 hearde ik bij de leafhawwer fan protestsjongers dan wol sjongers fan maatskippij krityske lieten.. Yn Nederlân wiene dat der trije: Boudewijn de Groot, Jaap Fischer en Armand. Ik moast it dwaan mei harren elpees en letter seedees, want live haw ik harren nea optreden sjoen.
Wij binne no 2013 en dat is in opmerklik jier.
Yn maart seach ik in prachtich optreden fan Jaap Fischer (no Joop Visser) yn it Marnekollegae yn Boalsert, yn april wie ik yn de Harmonie yn Ljouwert wêr't Boudewijn de Groot en band sjen en heare liet dat it noch altiten top is en jûn hoop ik myn tredde "held" te sjen.
Armand treedt jûn op op it Skimerjûn festival yn Nijbeets.
Opmerklik dus, alle trije yn ien jier sjen. En dat 40 jier letter as doe't ik se "ûntdekte".



donderdag 19 september 2013

Leonard Cohen yn Ahoy

Jellie, myn frou woe Leonard Cohen noch wol ris sjen en heare. Lekkere relakste muzyk. Ik bin mear fan it hurdere wurk mar ek ik kin Cohen wol wurdearje.
Cohen komt yn Ahoy yn Rotterdam, sa kopte de krante in heal jier lyn.
18 septimber.......op de bertedei fan Jellie dus.
En sa fierden wij de jierdei fan Jellie tegeare yn Ahoy. No ja, tegeare, der wiene noch sa'n 5000 fans tink ik.
En Leonard Cohen mei band. Ik kin der fan alles sizze en oer skriuwe mar yn dit gefal ferwiis ik nei dizze resinsje dy't it hielendal goed oanjout.
Wat in machtige jûn op de begeane grûn rige 39 plak 25 en 26.
It mei in wûnder hjitte dat ik nei trije (drege) dagen skoalkamp net ien momint yn de lijte foel. Pas werom yn de bus foel ik yn in djippe sliep en waard wekker bij Emmeloord.



 

zondag 15 september 2013

Dy finger fan Ate Feike

Wat haw ik sûnt sneontejûn in ferskuorrende hekel krigen oan de wiisfinger fan Ate Feike de Boer, de programmeur fan it Greidhoekfestival. Likernôch sân kear bruts hij myn muzykbelibbenis ôf op it sneontejûn holden festival.

Dat begûn al bij it optreden fan Femmes Vattaal middeis om 17.00 oere. De oaljefetbatsters soargen der foar dat de Wommelsers ferheard de doar iepen diene en harren ôffregen wat is dat fan geklap, wêr komt dat wei.
Foardat de lêste Wommelser de Terp berikt hie, stuts Ate Feike de finger op nei de haadfetbatster om oan te jaan dat der noch ien nûmer spile wurde koe. Sjit, dat is spitich, it begjint krekt wat fol te rinnen bij de Terp.
Miranda Hooijenga spile ek op de Terp foar foaral jeugdige harkers, in oantale eigen nûmers en wat covers


De finger fan Ate Feike gie ek omheech doe't Xigatze lekker op stoom begûn te reitsjen. Xigatze is sa'n band wêr't je altiten earst wat oan wenne moatte. It teatrale, it ferrassende, it frjemde soarge ek no wer foar in moai optreden.

Cosmic U wie de tredde groep dy't ik folslein bijwenne. Wer te koart. Wer dy finger dat it dien wêze moast wylst ik suver yn ekstase rekke troch in mystike lûd fan dizze band. De opswypkjende muzyk en it emoasjoniele sjongen hie de hiele tinte yn besnijing.

Teloarstelling dat it al wer dien wie,  troch dy finger fan Ate, kaam ik út bij Einsteinbarbie. Hearlik optreden fan de band mei de twa froulju dy't harren goed heare en sjen lieten. En krekt doe't de jongerein begong te dûnsjen wie dêr wer dat fingerke: noch ien nûmer.

In folle tinte en in soad jeugdsentiment en ferbazing bij de âlderen wie der bij it Beatle tribute bandsje want sa'n leuk jeugdich groepke dat sa goed de Beatles neidocht dat is bysûnder. Noch ien nûmer sei de finger en de hiele tinte song dêrnei fan Na, na, nananana, Hey Jude.

Blackboxred, dêr stie ik al wer fol ferbazing nei te sjen. Wat jout dat in enersjy yn de bealch. Gelokkich krekt genôch foardat de finger harren warskôge foar it lêste nûmer.

It optreden fan Hallo Venray yn de lytsere tinte wie top. Yn geweldich stik rock om nei te hearen en in hearlike band om nei te sjen. Wat fleach dy tiid om tidens dat optreden want harre barre dêr komt Ate Feike al wer oan. Grrrrr.

Sân kear hie ik de finger sjoen en wist ik dat it lêste nûmer ynsetten wurde moast. It wie genôch.
Bij mr Wallace haw ik efkes in drinkpauze naam en stie ik sadanich fier bij it poadium wei dat de finger mij ûntgien is. De sfear siet der ek wer lekker yn.
Crazy/Daisy mocht it festival ôfslute en dy diene dat as AC/DC. Hearlik noch efkes rocke... sa healwei de nacht. Ik hie no seker it gefoel dat it wat earder dien wie as as ik tocht hie mar dat wie ik de hiele jûn al wend west.





Myn oprjochte eksuses foar al dy "keunstmeiwurkers" dat ik der gjin oandacht foar hie.  Bij sa'n muzykfestival bin ik net bij de muzyk wei te slaan. Dêrom as treast twa kykjes fan de produkten dy't makke binne. Mar dat seach ik oare deis pas.

Wat in prachtich festival mei hiele goeie muzyk en de komplimenten foar de strakke planning. Want dêr hâld ik wol fan. Tiid is tiid.
Tige slagge tank sij en nettsjinsteande de finger fan Ate Feike de Boer dus.


En snein noch efkes lekker bobromme en neipraten


woensdag 11 september 2013

Elbe Bier

Tidens de Elbereis dizze simmer aardich wat kilometers makke en meast ûnder toarstige omstannichheden. Wat is der dan lekkerder at je in pension of keamer ha, skin en fris binnen en in terraske opsykje om sa'n hearlik grut glês bier yn te nimmen  En frjemd genôch haw ik der sa no en dan ek noch foto's fan makke.


 
 
 
 
 
 
 
Posted by Picasa

dinsdag 10 september 2013

Grappich

Ik kin mij altiten fernuverje oer moaie teksten en prachtige printsjes op teasjurts.  Dit stikje lêsde ik Trouw oer de kommoasje dy't in skieding jaan kin en dat soks bij trije kear oanlieding wêze kin om immen del te setten op in grappige wize.






maandag 9 september 2013

Greidhoekfestival

Kommende sneon 14 septimber is it tredde Greidhoekfestival. Dêr sjoch ik nei út.  As opwaarmer is der dit jier in echte festivalkrante makke en dy kinne jim hjir lêze.

Wol grappich dat ik de ôfrûne wike hiel faak oansprutsen bin op it feit dat ik in kollum hie yn de krante. Reaksjes fan herkenning, fan belangstelling mar ek fan ferbazing. Goh, datsto sa bist.




zondag 8 september 2013

Radiohead

Radiohead mei Fake plastic trees 
Gewoan, omdat it sa'n moai nûmer is.



zaterdag 7 september 2013

Thriatlon

60 manen en frouen stiene der tongersdeitejûn om 18.00 oere oan de start fan de earste 1/8 thriatlon fan Wommels. Fan dy 60 wiene der wierskynlik 50 dy't foar maaie dit jier nea tocht hiene oan it meidwaan fan sa'n evenemint. Want swimme, fytse en rinne en dat allegear efterelkoaroan dat is wol hiel wat nijs.
 In oprop op de side fan de swimbad yn Wommels, in opropke op twitter en sjoch dêr: in wachtlist.
Troch it grutte entûsjasme fan organisator Tsjeard rekke Wommels hieltyd mear yn de ban fan dit evenemint wat op 5 septimber holden wurde soe.
Der waarden rûntsjes fan 20 km fytst, der waarden drafkes dien fan 5 km en der waarden flink wat baantsjes swommen. Want tsjin de 500 meter swimme seagen in hiel soad wol bot op.
Freedtejûns yn it swimbad waard der omraak traind en tusken troch wie der ek nochris in oefenjûntsje yn it wikseljen. Want in komt allegear wol krekt mei it wikseljen. Tiid ferlies is "deadlik".
It wie dan tongersdei ek in seurieuze bedoening yn swimbad De Klomp.
Der wie in ûntspannen sfear mar der wie bij de dielnimmers foaral ynnerlike spanning oer hoe't it komme soe.
It waard in prachtich spektakel, ûnder skitterjende waarsomstannichheden. Alle dielnimmers hellen op harren eigen wize it beste boppe en mei it prachtige kommintaar fan Gerrit Hulzinga en Tsjeard Hofstra wie in genot om bij it sportbarren te wêzen.
De komplimenten foar de organisaasje om sa'n nij sportfeest del te setten.
Wij binne der grutsk op dat ús soan Tsjeard syn eigen entûsjasme foar dizze sport sa goed oerbrocht hat op de dielnimmers wêrtroch Wommels der in evenemint bij hat, want ek it publyk wist it allegear tige te wurdearjen.
En wij binne ek grutsk op Berber dy't in prachtich tredde plakje helle bij de froulju.

de fytsen stean klear

de swimmers wachtsje op it startskot

en Berber makke de helm mei soarch fêst


donderdag 5 september 2013

Guido Belcanto

Yn it Parool lêsde ik in resinsje fan in album fan Guido Belcanto. Nea fan de man heard en it makket nijsgjirrich at der yn de resinsje stiet: "een groezelige stem", "een twangende electrische gitaar", "een smeuig Vlaams accent" , "de treurnis van het leven", "kommer en kwel".
Op You Tube hoechde ik net lang te sykjen nei in nûmer dat al dy dingen wiermakke.
In hertferskuorrend nûmer.

zondag 1 september 2013

Skylge

Yn it lêste wykein fan augustus is der altiten in veteranenfuotbaltoernooi op Skylge. Ferline jier moast SDS ferstek gean litte fanwege te min belangstelling. Dat wie in spitige saak want wij wiene al in jier as 10 in fêste dielnimmer.
Ien jier net oanwêzich mar dit jier izersterk werom op it toernooi. It mei dwaan oan dit toernooi is in simpel konsept.
Minsken sykje, foar ôfsizzers wer oaren sykje, debutanten entûsjast meitsje, boat boeke en ôfwachtsje hoefolle der úteinlik binne.
Freed om 5 oere wiene der al 10 man op de EVT boaten en mei de wittenskip dat der ek noch ien op Skylge wennet en der sneon noch 4 wat jongere veteranen komme soene, joech in goed gefoel.
It simpele konsept bestiet fierders út in bierke drinke, in hapke ite, ferpleatse yn de taksy, in jûntsje Hessel, in sneontemoarn fan herstelle, relekse en nei de wedstriid talibje, de fjouwer jongeren wolkom hjitte yn de wrâld fan de veteranen,  it toernooi spylje tsjin Foarút, Stolkwijk, Wieringerwer, sc Terschelling, Heerenveen en Baflo., mei de ien nei grutste beker de tredde helt begjinne en  foar de jongsten en de âldste (ik dus) sit it der dan op en dus gean dy mei de boat en de beker werom.
Foar de 9 oaren noch in jûn, in nacht en  in moarn fan herstelle.....

Sliepe dat dogge wij bij boer Terpstra yn de hynstestâl

In prachtige jûn bij Hessel mei in optreden mei syn dochter

de grutske lieder Eddy mei de beker dy't wûn is mei fuotbal wêr't it úteinlike allegear om giet...of net?