maandag 30 januari 2017

Koornbeurs


Sneon 21 jannewaris wie ik yn de Koornbeurs,
dy yn Frjentsjer
optreden fan Her Majesty

foar myn gefoel wie ithiel lang lyn.....
dat ik dêr west hie

Yn dy gouden pubertiid
fierden wij dêr moaie sneontejûnen 
doe't it noch in dancing wie 

it âlde BZN, the Cats, the Dizzy Mans's band.....




En yn 1977  en 1978 it Fryske festival Frjentsjip....

Doe wie dêr Jellie,
dy wist noch iets

dûnsles....

echt wier? wie dat dêr?

 it bewiis dat je minne erfaringen út je geheugen wisse kinne,
is wer levere.
ik kin mij wol wat dûnslessen herinnerje mar dêr?/



vrijdag 27 januari 2017

Spultsjes

Tidens de jierwikseling wie ik op wintersport,
yn Switserlân
Wij sieten mei in grutte groep minsken
bij Skiland
yn in park

Oerdei wie elkenien op skies of 
oan it snowboarden
(en ik oan it opassen)
en jûns diene wij spultsjes.....

spultsjes...
ik wie der al hiel lang hielendal klear mei;
spultsjes.....
tefolle dien yn it ferline...

mar dizze wike
wie it oars:
bekende spultsjes dy't noch wol aardich binne,
mar ûnbekende spultsjes
dy't noch aardiger wiene



Boerenbridge......it bliuwt in aardich spul



Sjoele op âldjierjûn, dat wie foar de nostalgy......


Codenaam, noch nea earder dien, mar hiel aardich en kin wol wer ris. 


Regenwormen....in hiel aardich tuskentroch gelokspul


Set...... is in spultsje fan sjen en kombineare. Lestich mei in bierke op
mar grappich om te dwaan.



dinsdag 24 januari 2017

Petsje ôf


Dit is it omslach fan in boek,
in moai boek,
it hat mij de hiele wrâld troch fytse litten
wylst ik thús
yn de luie stoel siet
mei Google maps op de tablet der bij
om te sjen wêr't se no krekt wie..
dy Marica van der Meer út Warkum..

Grutte wurdearring foar
har moed en har trochsetten

Foar mij in moai boek
om yn langere tiid te lêzen,

mar wês net benaud,
ik haw gjin oanstriid 
soks ek te dwaan,
totaal net
ik bin mear fan it "moaiwaar" fytsen
en totaal net fan it avontoer

"Leef je dromen"
hat Marica foar yn it boek skreaun

sa'n dream haw ik dus net hân.....

zondag 22 januari 2017

Deja Vu

"Wa hat de elpee Deja Vu fan CSN &Y thús"
wie de fraach fan ien fan de bandleden
fan Her Majesty
tidens it konsert yn de Koornbeurs

Hast alle fingers fan grize en keale mannen,
en grize froulju
gyngen omheech...
ek dy fan mij.

It sei wat oer it publyk dizze jûn en
it sei wat oer de histoaryske wearde fan dizze elpee..

Her Majesty toert twa winterskoften troch it lân
mei harren earbetoan oan Crosby Stills Nash en Young
en mei namme oer de elpee Deja Vu

It is in bljusterbaarlik moaie jûn,
mei ferhalen oer de bandleden
en oer harren muzyk

boppedat diene se prachtige fertolkingen...
it wie genietsje dêr op dy twadde rige yn de midden
fan de Koornbeurs
it wie sa moai en sa ticht bij......

en nettsjinsteande it fotomeitsjenferbot
koe ik it net litte.

(underoan in fideo, net fan mij
mei it prachtige Almost cut mij hair
fan de sjongende drummer,
dat wie ien fan de einepikefelminútsjes)







donderdag 19 januari 2017

Akte

Papieren opromje is moai wurk:
je fine noch ris wat

Dit gedicht fan mij komt üt
ik tink 1978
nei it behelje fan de akte Frysk
ús slotjûn yn Idsegea
bij Renny Wildschut, de lesjouwster.......




woensdag 18 januari 2017

Boek




It boek wat stof opwaaien die,
foardat it útwie.
Albert van Keimpema skriuwt syn fyzje op
oer de peroade nei it foarsitterskip fan Riemer van der Velde.

wat er ynstiet is net nij,
ek VI hat al in oantal kearen skreaun
hoe't de eagen en it dwaan en litten fan Riemer 
de klup en foaral de bestjoerders ferlamde..

Ik fyn it in boeiend boek om te lêzen,
ik tink ek dat de feiten wol kloppe,
ik fyn ek dat van Keimpema
mei in bepaalde  "shownijs" pinne skreaun hat
dy't irriteart foar Fean fans.

ik koe ek yn it boek de mominten weromlêze
wêrtroch ik hielendal klear wie mei de pompeblêdenklup:
it oan de kant setten fan Robert Veenstra.
en de kealike rol fan de parse en sponsers..

Ik kin mij wol foarstelle
dat sommige sjoernalisten net sa bliid binne mei dit boek,
want bepaalde mediaminsken krije er der flinks fan lâns..

It wurdt echt tiid dan Riemer en Foppe gewoan supporter wurde
en harren net mear op gjin inkele wize bemoeie mei de klup:
dy tiid hat west






maandag 16 januari 2017

Top 10


Ik haw der tsjin oan wurkje moatte,
mar ik stean (tiidlik?) wer yn de top 10....
Ha.ha.. in is suver in wedstriidsje
dat ynfieren fan dia's foar Tresoar.

Per dei doch ik tusken de 20 en 30 dia's,
en dat kost mij in oere oan tiid

der binne dus guon, dy sitte alle dagen 
3 of 4 oeren efter de kompjoeter om dit te dwaan

woensdag 11 januari 2017

Delphi

In tip foar sneupers:

http://www.delpher.nl

en de earste test
dy't ik altiten doch
bij soksoarte programma's
om te sjen at it goed wurket
is sykje mei
de folgjende wurden

"jongetje" "verdronken"  "wommels"

 "hits" genôch dan
want yn de foarige iuw
binne der hiel wat jonkjes ferdronken
yn of bij de Boalserterfeart
of yn of bij Wommels

Ik sjoch altiten nei dizze.
De earste swarte bledside
yn myn libben




maandag 9 januari 2017

In moaie wykein

In moai wykein.

Op freed de jierdei fan Jelske.....5 kjerskes mocht se útblaze,






Freed nei Iduna wêr't DeWolff ús yn ekstase brocht
The Sore Losers spilen yn it foarprogramma pittige rock

Sneon Efkes Balje......it wie wer prachtich


Yn de kantine fan SDS stie Sipke de Boer foar de sfear en stiene wij oan de bar



letter en figuerlik in rûntsje fytst op sneintemiddei


Sûnder foaroardiel besykje ik dit te lêzen

zaterdag 7 januari 2017

Psychodelyske bluesrock


Se besteane takem jier 10 jier
dus wurdt it tiid om se in kear live te sjen:
DeWolff

Freed 6 jannewaris binne se yn Iduna
mei The Sore Loosers der foar,
ek dy litte in goeie yndruk efter

Iduna
in prachtige seal foar moaie konserten
DeWolff mannen hawwe der sin oan,
in prachtich konsert 
mei "Doors"eftige ynfloeden
muzyk mei gefoel, 
spile mei passy

wat in entoesjasme
yn de folle seal
tidens en nei it konsert
en terjochte

dizze band moat je gewoan in kear live sjen
90 minuten genieten
of net Eddy en Pep?

DeWolff

Sore Losers




vrijdag 6 januari 2017

Ald nijs?

Tresoar jout sa no en dan in kreas oersicht fan nijs út eardere tiden.
Fia de email kinne je dat ûntfange.

Dizze kear stiene der wer tal fan opmerklike saken yn,
mar dizze fûn ik bijsûnder.

Fraach dy't it bij mij opropt is:
Is der sûnt 18oo noch wat wol wat feroare?





dinsdag 3 januari 2017

10112 kilometer


It fytsjier sit er wer op....
10.000 km wie it doel

slagge
ta stân kommen troch
10 moannen  wenwurkferkear
in hiel soad tripkes nei  hjir en dêr
in hiel soad rûntsjes Kûbaard
rûntsjes Iens
rûntsjes Burchwert

boadskippen dwaan
mei pake opsizzers Skrok om
nei it fuotbal yn Easterein of Snits

en in fytsfakânsje fan sa'n 1500 kilometer

In tefreden fytser sjocht wer út nei 2017
it jier sûnder wenwurkfytsferkear




zondag 1 januari 2017