vrijdag 31 augustus 2012

Kieswizer


Polityk.
Leagens.
Sorry, mennisteleagens
Hij is yn syn earste leagen net smoard.
As er yn syn earste leagen smoard wie, wie er al lang dea west
Leagens hawwe koarte skonkjes

Ik haw net safolle mei de polityk.
Bin te swart wyt.
Politisi draaie en keare.
Dan wer sus, dan wer sa.
Ik fyn it wol  best. 
Politike debatten binne net oan mij bestege
Politisi ek net
Ek al rinne se yn it wyt boesgroentsje wat earlikheid útstrale moat
Ek al hawwe se in donker pak oan, wat autoriteit suggereart
Ek al drage se in blauwe strik wat betsjut dat se harkje nei oaren
It bliuwe wol minsken
It bliuwe politisi

Stimme dat is in plicht hawwe se mij earder leard.

In helpmiddel: de Kieswijzer 2012.
Dêr wurd ik net folle wizer fan. 
It sit te ticht bijelkoar
De selde fragen hjoed wer ynfulle soe best wat oars opleverje kinne.
En moarn nochris wat oars
Ik bin net stabyl.
SP stimme?
Nee dus.
Ik hoech gjin rie fan in Kieswijzer
Ik beslis pas at ik yn it hokje stean.
Myn gefoel bepaalt
Dat lêste gefoel
Los fan leagens


woensdag 29 augustus 2012

Syn ienige handikap

Sa no en dan krije wij in boekje mei 1001 ideeen foar thús.  In boekje wêryn hast 40 ferskillende soarten sokken oanbean wurde dy't der allegear foar soarge dat je nea wer kâlde fuotten krije. Foar alles yn en om hús hinne hawwe se wol in apparaatsje út fûn wêrbij it libben allegear folle makliker wurdt.
Ik wit net wêr't oare minsken dy rotsoai allegear litte yn de hûs, want it binne allegear fan dy fdingen dy't maklik lykje en net djoer binne mar dy't al gua efteroan yn in keukekastje komme te lizzen omdat it dochs net allegear sa maklik is.
Ik sil jim bekenne dat wij ea in magnetronaaisierapparaat kocht ha. Trije kear brûkt en it stiet no bûtenhânberik.  En dochs blêderje ik meastal wol troch. Seker op in fakânsjedei as hjoed. 

It boekje hat no syn djiptepunt berikt. Dat hoop ik. "Zijn enige handicap" stiet der boppe en ik haw foar jim de tekst hjirûnder wat grutter makke sadat jim it mei eigen eagen lêze kinne en net twivelje oan jim eigen eagen, de sterkte fan de bril, de sterkte fan it ljocht of oan jim ferstân. Sadat jim begripe wat hjir de bedoeling is.



Wij hawwe him net mar besteld. Ik  bin net sa golverich. Ik haw de Bos Atlas yn it húske lizzen. Net op de grûn mar gewoan as lêsfoer. En sittend sjocht it wol sa maklik.



Cel

"In boek van de buitencategorie, vol spanning en tevens doorspekt met humor.... Cel is veruit de beste Nederlandse thriller van de laatste jaren."
Dat is it sitaat dat efter op it boek Cel fan Charles den Tex stiet.

Dêrmei is wat mij oangiet neat te folle sein. Selden haw ik safolle spanning field as yn dit boek. In boek dat giet oer in stellen identiteit. 
Wat kin der allegear net barre at je je sels net mear wêze kinne omdat  in oar je stellen hat. Wat fan gefaren sitte der yn  dy digitale wrâld.

It is om der bang  fan te wurden.
Meislepend, nijsgjirrich, eangstoanjaaiend en trochtocht sa soe ik it betitelje wolle.

It boek  út en earst mar yn de tún. Bijkomme en dan Rrboelje op. Magysk teater: it nûmer Trije

Trije

Hjir stean we mei ús trijen yn de dkeamer fan de oergeuns,
we staorje nei de rún en we sjogge ús sels.
We swaaie mei ús earms en we skoppe mei &uacte;s fuotten,
mar we komme der net út wa't wa no is.

Doch it ljocht dan út sa hear ik jim dan sizzen,
mar as ik harkje nei jim dan hear ik mysels,
en as ik praat tsjin jim dan hear ik dy,
en we komme der net út wa't wa no is.

Wa bin ik fan ús trijen, wa bist do fan ús trijen
wa bin ik, wa bist do en wa bin wy.

Krekt is ien fan ús fuortgien,
de keamer is no oars,
 en as ik dyn hân fêsthâld dan fiel ik dy net mear.


En omdat dat nûmer net te finen is op film it beste nûmer fan Reboelje "Sielesiik" fan de selde CD Magysk Teater.





maandag 27 augustus 2012

De 80 fan Giethoorn





Moandei wie der moai waar foarsein.
Moai fytswaar dus
Op nei de Weerribben.
Tichtbij Munnekebuorren begong ús tocht. Bij it wetter lâns rjochting Driewegsluis. 

Molen de Rietvink



Bij  molen de Rietvink wurdt "de Laatste Stuiver wer opboud.
Yn de Ljouwerter Krante okkerlêsten noch in aardich ferhaal dêroer.

De knooppunten binne in útkomst


Wij ha Kaatje yn Bloksyl noch efkes dach sein

Wij seagen in in gjin gesicht kamper

in protte earrebarren yn de buert fan Nederland


It klokkespul fan Spanga mei it tsjerkhôf. (Letter mear dêroer)

In moaie route. U.o. lâns  en troch Giethoorn.
Dêr efkes oanstutsen .
Net bij de Harmonie, net bij de Fanfare mar bij Boerontoer

80 hearlike kilometers





zondag 26 augustus 2012

Bintangs yn de rein

Efkes like it sneontejûn mis te gean bij it optreden fan de Bintangs op de Merke yn Warkum. Der wie aardich wat folk op de foet en nei twa nûmers kaam der wer ien fan de beruchte sneonsbuien oer.
Elkenien socht in droech plak: ûnder it ôfdak fan de Weach, ûnder ien fan de terasstinten, ûnder in paraplu of lykas mij ûnder it tintsje foar de lûdstechnisi.
Ik woe yn de buert bliuwe want de Bintangs rockten as wie der neat oan de hân. Mocht der tonger yn de bui sitten ha, dan haw wij dêr neat fan fernaam want om boppe de lûden fan de Bintangs út komme falt net ta.
De Bintangs spilen troch en dêrtroch bleau it publyk en kaam wer ûnder alles wei doe't it droech wie.
De bluesrockers fan ea binne wat mear rockers wurden mar it klonk hearlik en de folle Merke genoat sichtber.
Der waard dûnse yn de plassen.
10 oere wie it dien en sochten de measten in lokaasje op om noch mear te genietsjen fan de Brijblues yn Warkum.
Ik siet fol. Mei in hearlik konsert fan de Bintangs.


zaterdag 25 augustus 2012

Harns op en del




Freedtemoarn, moai rêstich waar. Fytswaar dus. Dus Harns efkes op en del.
Fia Kûbaard, wêr't oan it spandoel te sjen al wer ien 50 jier wurdt,
Fia Swarte Beien, wêr't de rêst mar master opslacht
Fia de Slachtedyk wêr't wij ien rinner tsjinkomme
Fia it ûnferhurde stikje Slachtedyk wêr't it op in lisfyts sykjen is om in flak paad
Fia Achlum wêr't it keatsfjild en fuotbalfjild net bijelkoar lizze
Fia in binnendyk nei in net ôfmakke wyk yn Harns
Fia Harns wêr't hjoed gjin frisse wyn is
Fia Hjelbeam, wêr't gjin minsk op de dyk is
Fia de nije rûnwei fan Frjentsjer, sadat je net it fytsûnfreonlike Frjentsjer troch hoege
Fia de útbuorren Westerein yn de buert fan Wjelsryp
Fia Kramershoek
En lâns de hiel ferfelende lisfytsûnfreonlike stekjes bij de provinsjale dyk
Sa'n 40 kilometer en in lust....

vrijdag 24 augustus 2012

In wike lyn - diel 5

De lêste dei. Op nei hûs. Goed 8 oere sette wij al ôf. Wij wolle de waarmte foar wêze.




Wat is in goeie route en foaral wêr binne wij noch net sa faak west..

Oke...Ruinerwold.....stiet noch op ús listje

frek ...dêr haw ik in jier sitten, lein, bierdronken, gewear en skuon te faak skjinmakke,
 in soad wille hân en in bin ik in keardel wurden

typysk Drinte

yn de buert fan Eesveen

foto te fier ôfnommen

Peperga je maotte der in kear west ha

de Stellingwerven

krekt foarbij Wolvegea in bakje

foar de wissichheid sjen at it noch goed giet

molen yn de buert fan Sint Jânsgea of sa

ticht bij de Jouwer

en wer yn Wo

Bintangs

Sneontejûn spylje de Bintangs yn Warkum. Sij iepenje it Brijbluesfestival op de Merk. Dat is lang lyn dat ik the Bintangs sjoen ha en dat wylst harren rauwe blueslûd mij tige oanstiet.
Harren nûmers yn de begjinjierren '70 "Travelling yn de USA" en "Ridin on the L & N " lizze mij noch foar op de tonge.
Tusken 1982 en 1990 wie ik as bestjoerslid en frijwilliger belutsen bij de organisaasje fan de popkonserten yn it Dielshûs yn Wommels. Moaie jûnen en moaie konserten.
Foar in goeie jûn, mei noflike lju en in goeie omset wiene de Bintangs ideaal. En dat ik efter de bar myn wurk dwaan koe mei goeie muzyk wie fansels hielendal moai meinommen.
De Bintangs spilen yn alle gefallen yn Wommels op:
oktober 1982
26 novimber 1983
7 april 1990

De Bintangs binne yn 1961 oprjochte troch de bruorren Frank en Arti Kraayeveld. De earste makket no 50 jier letter no noch diel út fan de groep. Sjoch foar in moaie biografy hjir

 
Sneon mar efkes yn Warkum sjen hoe't der mei it lûd foarstiet.

donderdag 23 augustus 2012

In wike lyn - dei 4




Tongersdei 16 augustus fytsten wij al wer moai op tiid Brummen út. Op wei nei de Wijk yn Drinte. It soe waarm wurde hjoed en wij bliid mei alle boskjen. De route  gie safolle as mooglik oer beamrike paden, foar safier dat te sjen wie op de kaart.


It begong yn alle gefallen goed 

Wij fytse uvere de neare nacht yn ,,,,,Broek! wêr hawwe wij dat mear heard.

Voorst hjir ús wolkom

En Emst ek mar dat is hast net te sjen

hearlike route op nei Dimter

Nei Dimter en je bliuwe wat yn de buert fan de Isel dan komme je fansels yn Olst út

it klinkt aardich sa'n doarp mar hat gjin wearde

Bij Wykhe ferlitte wij de Isel en sette ôf rjochting....

ek al wer tusken de beammen

dêr treffe wij it mar wer....bradery en kermis.....in fiskboer dus

wij kinne ús noch krekt ynhâlde om ús net op te jaan foar "met de bek door de drek....
hoere wij binne yn Oerisel mar it hie ek de Achterhoek wêze kind

Sommigen wenje dêr yn grutte huzen

Fia de Lichtmis sette wij troch nei

Rouveen.....

wêr't krekt as yn Staphorst grien de kleur is


Ek Ijhorst passeare wij foardat wij

yn de Wijhe oankomme

wêr't twa ienpersoansbêden klear steane

in tv en twa luie stuollen op in snikhite souder

woensdag 22 augustus 2012

Nynke

Hjoed wie de PC foar froulju yn Weidum. Ik twifele: sil ik dêr no wol of net hinne. Tiid wie net it beswier, mar nocht wie it twifelpunt. Net om der hinne te fytsen dêr hie ik wol nocht oan, mar de fraach at it mij wol echt boeie soe dat keatsen.
Om 11.00 begjint Geert van Tuinen syn reportaazje mei analitikus Braaksma en doe wie ik der samar út. Je kinne better bij dy minsken yn de buert wêze en se net heare as op 15 kilometer ôfstân it keatsen fia de radio folge en se wol heare.
De fytstocht der hinne gie hearlik mei in twirrewyn wie ik der sa. Foar tolven  makke ik al diel út fan it publyk. In hearlike sfear dêr, dat kin ik wol stelle. Je hawwe as taskôger romte om te bewegen, je kinne ris in oar plakje sykje, je kinne stean, je kinne sitte en je krije der twa bakjes kofje, in pen en boekje op ta. Bij de 10 euro dy't je as yntree betelje.
It keatsen falt wat spanning oan giet wat tsjin op in pear partijen nei.
Wêr't ik fan genoaten ha is de twirrewyn dy't mei mij nei Weidum blaasd hie en ek op it fjild stie yn de persoan fan Nynke Sijbrandi. Sij brocht hjoed de dynamyk bij it keatsen sa't ik dy lang net sjoen ha. Bij it fergean fleach se nei it perk ta om har maten oan te fjurjen en at har partoer nei de opslach moast, fleach se mei in gesicht fol fjoer nei de boppe. Al wer yn folle konsentraasje om de bal nei it perk te jeien, wêrbij har krachtige ynslaan in lust is om nei te sjen. Sa'n Nynke sleepte har maten mei yn it entûsjasme en tsjinstanners begongen betiden ek al te draven bij it fergean.
De partij fan partoer Sijbrandi tsjin partoer Zeinstra kin in keatsdei ta in sukses meitsje, die dus bliken bij mij.
Yn de hoop dat it fjoer net dôve wie bij Nynke en har maten gie ik foar de finale nei hûs. It hie moai west. Better koe it net wurde. Thús seach ik op twitter dat de partij samar dien út nei 2-2. Wie de enersjy dan dochs op. Wie de twirrewyn útraasd?
Spitich. Ik hie it har sa gund. Want sij hat mij in goeie keatsmiddei besoarge. De earste dit jier.





In wike werom -diel 3

Op woansdei 15 augustus wie it wer waarm.
Wij hiene de jûns te foaren al in slieplak socht yn de buert fan Brummen.
Op wei foar ús tredde dei rûntsje Iselmar: fan Wijk bij Duurstede nei Brummen.




Sa sitte wij op ús tredde dei  oan it moarnsiten, mei in aaike fan al wer in eigen hin, mei de net eigen makke de Ruyter sjem.....

....en mei goeie rie op de keukenwant

......mei in resept op de keukenwant

en dêrnei ferlitte wij Leuterveld op de Rijndyk bij Wijk bij Duurstede

gean mei in pontsje nei de iene kant

mei in pontsje nei de oare kant

sjocht Kesteren ús foarbij fleanen

.....kieze foar Heteren en Randwijk

drinke kofje en sykje skaad yn Heteren

gean bij Huissen oer de Isel, mei in pontsje fansels

sykje ús paad neist de Isel rjochting Doesburg

remje wol foar skiep

gean nochris mei in pontsje, no nei Dieren

gean op syk nei ús sliepadres yn it Bosk bij Brummen

en krije plak yn in ferboude skuorre mei eigen keuken en wensliepkeamer
en in Feyenoord stikker op de doar.
Nei de brûs is der tiid om efkes lekker bij te kommen yn dizze rêstige omjouwing. Tiid om in boek te lêzen en fansels foarút sjen nei de 4de dei.