vrijdag 30 december 2016

52 boeken

It is slagge.
52 boeken yn it jier
ien per wike

in moai ferskaat
mar wol te min Frysk

dat sil oars yn 2017.....


Akker, Froon  Einum
Bjork, Samuel Ik reis alleen
Brandt- Corstius J De as van mijn vader
Bruinsma, Arie Baardmannen
Child Lee De affaire
Coben, Harlan Ik mis je
Coben, Harlan Zes jaar
Dahl, Arne Schijnoffer
Dahl, Arne Amsterdam-Stockholm
Dijkshoorn, Nico De vrije man
Dijkzeul, Lieneke Als padden schreeuwen
Dijkzeul, Lieneke De geur van regen
Egmond van Michel Kieft
Elston, Ashley De regels van het verdwijnen
Enger, Thomas Bloedmist
Eriksson & Sundquist Het kraaienmeisje
Ferskaat 20 simmer ferhalen
Folkerts, Jan Torenval
French, Dawn Rosie zegt Ja
Gelder, Bas van Nachtboek van een kerkuil
Gerritsen, Esther Broer
Grisham, John De verdediging
Gunster, Berthold Lastige kinderen, heb je even
Harrewijn, Astrid Dries vrienden, een huis
Hawkins, Paula Het meisje in de trein
Hesse, Hermann Sittharta
Holtrop, Detsje Tussenkind
Holtrop, Detsje Tovertijd
Indridason, Arnaldur Erfschuld
Jonasson, Jonas Gangster en zijn  vrienden
Kellerman, Faye De Mercedesmoord
Kepler, Lars Stalker
Knauff, Marco Zwijgplicht
Koppenhagen Casper van Ik had je gedacht mijn kind
Lindell, Unni Suikerdood
Marklund, Liza Ijzer en bloed
Meer, Marica van der Weg van de wereld
Meuleman, Sarah Wat ik je niet vertel
Meyer, Deon 13 uur
Mol, Olav Een leven met Formule 1
Nesbo, Jo Headhunters
Nesser, Hakan De levenden en de doden in Winsford
Olink, Hans De spion zonder naam
Ostlundh, Hakan De vrouw die wilde afrekenen
Raabe, Melanie de Val
Rijn, Linda van De jaarclub
Robinson, Peter Slachthuisblues
Salmon, Ricardo Instorten
Sten, Viveca Richting het kwaad
Watson,SJ Voor ik ga slapen
Wittenberg, Dick Bloedbroeders
Zandstra, Philippus Uitgeveegd

woensdag 28 december 2016

Lemmy twa oerkes net dea

Krekt in jier ferstoar Lemmy,
de frontman fan Motorhead.
Foar Neushoorn yn Ljouwert,
in reden om in "Lemmy Lives" jûn te organisearjen.

De oankundiging wie:

Een mooie selectie van échte rockers van Nederlandse bodem brengen een ode aan Lemmy Kilmister die eind 2015 overleed. De Amsterdamse hardrockband Death Alley zorgt voor de muzikale omlijsting vol Motörhead-klassiekers, ondersteunt door verschillende gastmuzikanten waaronder leden van Peter Pan Speedrock, Birth of Joy, DELAIN, The Deaf, Elle Bandita, DOOL, Heideroosjes, STAVAST en Voltage.

It waard in gesellige jûn mei noflike minsken.
Miskien kaam dat ek wol troch it wolkomsdrankje:

wij waarden allegear wolkom hjitten mei in flinke skeut Jack Daniels,
it favorite drankje fan Lemmy.

Wat it bij oaren dien hat wit ik net,
mar it bloed stiigde mij nei in goed kertier nei de kop
(no bin ik ek gjin whiskeydrinker)










Logostyk in perfekte jûn.
Op tiid beginne en kreas op tiid foar de lêste bus dien.


maandag 26 december 2016

Rinne yn Harns

De ôfrûne wiken drok dwaande west mei Fryske Hannen,
in projekt fan Tresoar
wêrbij teksten fan dia's digitalisearre wurde.

Tafallich of net:
ik krige in soad foto's út Harns ûnder eagen

myn nijsgjirrichheid 
nei bepaalde strjitten wie wekt
dus op twadde krystdei
in frisse noas helje  yn Harns


Net allinne bij de seedyk mar ek yn stêd om rûn

en dan rinne je meast ek bij it wetter lâns

De lytsere boaten lizze opé wâl en hjitte"wol hiel faak Öuwe Seun

bedriuwen brûke sa as oeral foaral Ingelske teksten....strong in sweets

it kanaal fan in oare side as wêr't wij gewaonwei lâns fytse

Tige bekend is de strjitte Zoutsloot....in nijsgjirrige folsbuert mei foar de kryst
allegear kreamkes wêr't no allegear auto's stean.

gjin tún mar wol oearel in bankje foar hús

bij de haven is it altyd drok

seker at de fearboat nei Skylge krekt foar fearn is

nei 7784 stappen, 10 foto's, wêrfan ien mislearre troch de hurde wyn,
sochten wij de lijte fan de auto wer op

vrijdag 23 december 2016

20 desimber 2016

20 desimber 2016,
in datum mei in betsjutting:
myn lêste echte wurkdei

dy mocht ik trochbringe op Skoalle Lyndensteyn
yn Beetstersweach.



In wurkdei begjint bij mij altyd mei Brinta...
dat hat nea oars sa west.

Ik sil no bepaalde frije dagen útsykje
om de lêste Brinta op te meitsjen.....

dit waard de ienige dei
dat ik net earst nei Snits fytste,
om mei te riden nei Beetstersweach,
kollega Jildou út Winsum helle my op



Hjir haw ik hast 5 jier sitten,
mei Eefje Bonnema
midden yn de skoalle,
tusken de klaslokalen
oan de brede gong 
mei útsicht op boartsjende bern
tidens de pauzes.

it wiene 5 geweldige jierren
mei wurk wat bij mij past en
mei prachtige minsken



it wie in moai ôfskie,
mei presintsjes
mei moaie wurden
en wat drank en in hapke yn de Posthoarn
en in wat happen en in in drankje bij de Sjinees

en kollega Jildou brocht mij ek wer thús


en...
ik hie dit jier toch noch ien krystpakket.....



maandag 19 december 2016

Foarlêze




In boekje oer Pim en Pom 
en in boek oer lytse Bear

dêr moast ik it meidwaan 
tidens twa foarlês momintsjes
yn de byb
op woansdei14 desimber

Foarlêze...it is moai wurk


zaterdag 17 december 2016

Nije bustsjinstregeling

De bustsjinstregeling is wer feroare,
mei yngong fan dizze wike

bij de oankundiging fan soks
doch ik altyd earst in check:

"hoe let giet de lêste bus op freed en sneon út Ljouwert wei"

In check yn 9292OV 
feroarsaakt in grutte skrik
22.15
dat sil dochs net wier wêze...

twitterje is de nije wize fan kommuniseare
mei bedriuwen
dus in twitt nei Arriva,
op in jûn.

Klopt net .............sei Arriva
it moat 23.30 wêze...........seit Arriva
stiet er net ...............jou ik oan
jo ha gelyk ..................seit Arriva
wij ynformeare 9292OV..............seit Arriva
jim ha gelyk .................seit 9292OV 
wij moatte it oanpasse, .............seit 9292OV
tige tank ..........seit Arriva
tige tank.......seit Aant gerêst




donderdag 15 december 2016

Jesus Christ Superstar


Ik hâld der fan
muzyk te belibjen yn in seal,
der giet,
nettsjinsteande in goeie muzykynstallaasje,
de mooglikheden JoeTjoep en Spotify
neat boppe "live".
ik kom dan ek  hast altiten optein thús
nei in konsert...
soms krekt iets mear opteiner,
mar dat makket neat

Woansdei mei Jellie
nei Jesus Christ Superstar west
yn de HMH en ik wist it fan te foaren:
ik moat hjir nei sjen en heare
mei de eagen en it gefoel fan in oar....

hokker oare dat wêze moast, wist ik net
mar dêr kaam ik gau genôch efter

Man, man, man
wat in entoesjasme
wat in in belibbing
wat in ferearing fan de helden dy't dit spylje

ik hie der net goed oandien
om it bibelsk ferhaal
earst net wer in kear te lêzen.
Hoe siet it  ek al wer mei dy Judas?
Omdat Frysk myn earste taal is, 
Nederlândske myn ferplichte twadde taal skynt te wêzen 
en it Ingelsk dêr fier efter oan komt
foel it net ta
oan de hân fan de songen teksten
it echte ferhaal op te pakken
en de essinsjes te begripen.

Mar hawar,
wat er hingjen bleaun is
fan wat ik leard ha op de Herfoarme skoalle,
koe ik úteinlik wol brûke.

Foar minsken dy't it ferhaal net kinne
(soene dy dêr juster west ha?)
en it Ingelsk net machtich binne
en net fan toetermuzyk hâlde is it in drege jûn

Mar, sa't ik al sei
ik ha mei de earen fan in oar heard
mei de eagen fan in oar sjoen
en hie in moaiejûn

Wat in emoasje yn de seal
en wat in wurdearring foar it spektakel:
it hantsjeklappen tuskentroch
mar foaral de 10 minuten duorjende ovaasje.....

"ik" kaam optein thús....



Dêr boppe yn, dêr sieten wij....

Foto's meitsje en filmje mocht net, dan dogge je dat fansels ek net

it slot


dinsdag 13 december 2016

Top 100



It hâldt net oer mei de Frysk muzyk
op Omrop Fryslân
Mei in oerke Froskepôle
jûns tusken 6 en 7 oer
hâldt it wol op.

Oerdei en nachts
noch ris in ferdwaalde fryske plaat
en dat is it dan wol.

Ik haw der dan ek net safolle mei
om yn ien dei krekt te dwaan as 
binne je pleitbesoarger foar de Fryske muzyk

Dat sij de Fyske muzyk
in hiel jier lang net serieus nimme
en ien dei wol
hâldt yn dat ik it ek net serieus nim

dus ik stim allinne op muzyk út Wommels
en tichtbij

Like goed noch in hiele moaie list
dy't ik maklik útwreidzje kin ta 100 nûmers
mar ja,
 at je Reboelje mar ien kear neame meie 
wurdt it lestich

Fansels hoopje ik dat Esther Vellinga
ek de top 100 hellet;
it nûmer komt fan in CD wêr't
ik de teksten foar skreaun ha.....
ha...ha...

It moaiste nûmer fan myn fiif is Sielesiik fan Reboelje.
En dan ek noch in live opname op Aaipop


\


maandag 12 december 2016

Fan 1984 oant 2010

Op Amelân wie yn 1854 in Doapsgezinde Gemeente
mar dat wie fêst net elkenien nei de sin

yn 1857 ûndernimme de ferûntrêsten stappen
sij rjochtsje op
de Afdeling Vereniging tot Heil fes Volks Hollum

it is 1866
9 jier letter
de namme befalt net,
is te lang of dekt de lading net
wa sil it sizze.

nei in priisfraach yn de goeigemeente
komt er in nije namme:
Christelijk Afgescheiden Gemeente Hollum

1869
in nei ynsicht
wer in oare namme
neat "afgescheiden"
wij binne gewoan Christelijk Gereformeerd

Yn 1892 is de folgjende generaasje oan bar,
om wer in nije namme te betinken.
hij is noch te lang
en wer in oare lading:
Gereformeerde kerk

De Doopsgezinden fan Amelân,
dy sûnder gerifformeerade ynslach,
gongen ek útelkoar.
Trije doarpen krije harren eigen gemeente,
en dan is it 1882

110 jier hâlde dy it fol,
om finansjele redenen
sykje se harren heil wer bijelkoar
en is der wer gewoan ien
Doopsgezinde gemeente van Ameland

dan is it 2010
de doapsgesinden en gerifformeerden fine elkoar wer,
ek om finansjele redenen ?
en sij begjinne mei
De Federatie Doopsgezind-Gereformeerd Amelân

Moai yn byld broch yn ien fan de tsjerken op Amelân....

zondag 11 december 2016

Blues yn Snits

"De world is on fire"
song King of the World justerjûn
yn it Bolwerk yn Snits

krekt neidat ik yn it skoft
fia de sosjale media sjoen hie
dat Istanbul wer opskrikt wie
troch in bomoanslach.

At it troch dat nijs komt wit ik net
mar ik koe it net hielendal út myn kop krije
en belibbe de live muzyk iets minder entoesjast as oars.

Black &Blue

der wie oars mei it foarprogramma net folle mis.
Black & Blue út Boalsert en omkriten
in lekkere bluesband,
mei jankende gitaren fan de bruorren Rosenau

Oer King of the World  kin ik dat net hielendal sizze
muzikanten goed
gitarist prima
sommige nûmers goed
mar it wie it allegear krekt net

de sfear woe der ek net echt ynkomme,
de iene nei de oare besiker liet it ôfwitte
enkrûpte hieltyd mear nei efteren
wêr't tal fan "muzykleafhawwers"
de hiele jûn al besochten de desibelmjitter
boppe de 95 te krijen
mei harren gepraat

It slagge harren krekt net.......

Mei in moaie strakke wyn
en in fûle reinbui
wie ik samar thús

net wurch
wol dweiltrochwiet...

je moatte wat oer ha foar de blues




donderdag 8 december 2016

Foar peal stean


De start fan de Slachterin
ein novimber yn Wommels

nei de start
dûke se gelyk de tunnel yn
in breed fytspaad
mar mei sa'n ferrekte peal op de dyk

mei gefaar foar eigen libben
stiet Roel Abma "foar  de peal"
om foar te kommen dat der ûngemakken barre:
hân omheech en roppe wierskynlik

Roel Abma foar peal?

Nee,
de organisaasje stiet foar peal
dat ding hie der útmoatten

en wat mij oan giet
net allinne dizze dei
mar foar ivich en altyd

pealtsjes op de fytspaden
fuort der mei !!!!

dinsdag 6 december 2016

zondag 4 december 2016

Fryske hannen





Wêr is dat krekt en wêr leit dat?
dat binne altyd fragen dy't ik stel
at ik wat lês en sjoch

Foar mij komt it projekt "Fryske hannen"
mei dia's fan opjekten yn Fryslân
dan ek op in prachtich momint

net mear wurkje, dus mear tiid......

Ik kin der thús mei oan de slach:
gegevens dy't op dia's stean
yn in digitale databank sette


De Ljouwerter Krante weage der koartlyn ek in artikel oan
en it oantal frijwillige dielnimmers
is dy dei oprûn  nei boppe de 100.
En dat is net slim want 25000 dia's.........


Foar mij is it net net alinne ynfiere fan gegevens:
ik sykje ek alle adressen op Google Maps op
sadat ik it wat fergelykje kin mei no
sadat ik ek wer wit wêr't dat hús, gebou of monumint stiet

Sa kom ik de kroech fan Nijlân ek tsjin

en in stien yn de muorre 
op de pleats fan Lettinga yn Iens


Of kom ik yn Metslawier telâne en sykje dêr
de B. Bekkerstrjitte op


It wurket ferslavend bij mij,
want troch al dy prachtige statistiken 
per dielnimmer, per dei, per projekt
wol ik altyd krekt noch ien mear dwaan.

No in goeie wike oan de slach
en gemiddeld sa'n 20 per dei dien
dat wol ik mar wat oanhâlde..

en omdat der minsken binne
dy't op dei wol 100 dogge
(wêr helje se de tiid wei)
wurdt it noch in hiele put
om yn de top 10 te kommen
want ik bij dit wurk jildt:
al hoe frijwillich it is
je moatte wol in doel stelle


vrijdag 2 december 2016

Hey Bo Diddley


Hoe is it mooglik
dat ik dit nûmer no pas ûntdek


50 jier neidat it  útbrocht is
en dat 
wylst ik in prachtige Elpee fan the Moody blues ha
sûnder dit nûmer


Machtich....
wat in sound
wat in ritme
wat in blues


woensdag 30 november 2016

De beste master


It sil twa wiken lyn west ha, 
doe't twa jonges fan in jier as 12 
op Skoalle Lyndensteyn lâns kamen.

It wie nei skoaltiid
en wat ferlegen stapten se ús kantoar binnen.
Neidat se harren kreas foarsteld hiene,
(wij binne fan de iepenbiere legere skoalle)
kamen se mei de boadskip
"wolle jo ek stimme op ús master,
dat kin hij de beste master fan it lân wurde"

Se hiene in kreas briefke makke
mei in taljochting en in stimadres.

"is it wol in leuke master ?"
wie it ienige wat ik frege.
"jaaaa"seine se gelyk en it like oprjocht.

Ik hâld net fan sokke stimmerij,
ik fyn it mar neat om te stimmen op iets
wat je net fergelykje kinne...

ik haw it briefke wol oannaam
en wol dy aardige jonges net teloarstelle
dus stim ik jûns op master Freerk,
dy't ik net koe en wêr't ik noch nea fan heard ha...

Master Freerk hat leau ik wûn...
ik soe mij skuldich fiele moatte
mar ik fiel suver grutskens

ik ha dan dochs mar op de beste master stimd.......
blyn stimd sels,
want ik koe him net

Miskien moat ik faker blynstimme.....
yn 2017


maandag 28 november 2016

Band of friends

Iduna
in poppoadium yn Drachten

Band of Friends
in gitaarband
mei muzyk fan Rory Gallagher

Marcel Scherpenzeel -Nederlânner
ien fan de better gitaristen fan Nederlân
en in sjonger mei emoasje

Ted McKenna - Skot
in drummer fan formaat 

GerryMcAvoy - Ier
basgitarist dy't
soarget foar entoesjasme

Nei eardere goeie optredens
yn Ljouwert en Snits
no nei Drachten
Iduna

Hast twa oeren lang
it bettere gitaarwurk
mei strakke drums
en machtich sjongen

en it publyk dêr?
ademleas harkje
en meisjoge en klappe at it kin

Perfekte jûn!

en wa't se noch nea sjoen hat...
gean der in kear hinne
Band of Friends




zaterdag 26 november 2016

Keunst op Amelân

Keunst,
sels kezinen en fuotbalfjilden kinne it wêze...

Wij wiene op Amelân,
dat tradisjoniel yn de moanne novimber
de keunst sintraal set

Ferspraat oer it eilân
op tal fan binnen- en bûten lokaasjes
litte keunstners út binnen- en bûtenlân
harren keunstwurken sjen

skilderijen,
glêswurk,
bylden,
projekten,
der is sa folle moais en bysûnders te sjen.

Ik fyn net alles moai,
mar ik fyn wol bysînder...
dat minsken mei harren ideeën en geduld
keunstwurken meitsje en der yn leauwe....

Trije moaie dagen op Amelân
en alle lokaasjes besocht
en it is foar mij no de keunst
om maksimaal 10 foto's te pleatsen
om in ympresje te jaan







myn moaisten: Verborgen verdriet