dinsdag 29 maart 2011

Daar is ie weer...

"Daar is ie weer" binne de wurden dy't tiisdeis foar in grut part it lûd bepale yn Wommels. "Daar is ie weer", dan witte wij dat de grienteboer út Sint Anne wer oankommen is mei syn keapkes dy't er mei lûd oanpriizget.
Trije dagen foar de tiisdei krije wij in struibriefke yn de brievebus. Oan de iene side wyt en op de oare side geweldige oanbiedingen.
Want Douwe Offringa dy lit ús witte dat de wytlof net 1.49 is mar 75 eurosinten. Ja, en dan is it moai meinommen dat je it tafallich 7 dagen yn de kuolkast bewarje kinne. Langer hoecht ek net, want dan is it al wer tiisdei en "daar is ie al weer"
En sa lês ik dat de komkommer net 1.49 is, net 1.29 mar 89 eurosinten.
En wat te tinken fan farske, hearlike spitskoal dy't net foar 1.49, of 1.29 mar foar dyselde 89 sinten fan eigner wikselje kinne.
En sa stiet de hiele folder fol mei "oanbiedingen". Oeral wurde twa prizen bij neamd dy't it net kostet.
It komt mij allegear wat te makke foar. Want in komkommer foar 1.49 soe wol rottekrûd djoer wêze en ek foar 1.29 soe ik mij bekocht fiele.
Mar miskien wurket it sa wol. Oeral bijsette wat it net kost dan liket it altyd in oanbieding.

En wylst ik dit skriuw, hear ik yn it ramt fan it nostalgysk wykein Q65 mei Ann. Net ferkeard.

Op YouTube twa moai filmkes sjoen. En bij de twadde krij ik in hiel goed byld wêr't se it oer sjonge. Fan dêr dat it nûmer sa goed is.




zaterdag 26 maart 2011

Sint Jabik

Dat de sinne net echt trochbrekke woe op dizze freed en it net echt waarm wie, koe ús net wjerhâlde om de fyts te pakken en rjochting Sint Jabik te gean. Dat ik yn de kop hie in oantal doarpen op myn "alledoarpentocht2011" ta te heakjen.
Der is altyd en oeral wat te sjen en der is fariaasje genôch. Bij Berltsum en Bitgum tusken de kassen troch en bij Wier efkes stilstien bij de nije slûzen. Opfallend dêr. Yn Sint Jabik stiet it pronkje fan it Bildt: de Groate kerk.
De bankjes op it plein foar de tsjerke wiene krekt ferve want oer 2 wiken wurdt it kompleks op nij iepene. Immen fan doarpsbelang dy't dêr drok oan it passen en mjitten wie, lei ús út hoe't it allegear gien wie en wat der feroare wie. It sjocht der prachtich út. Soe dit ek foar ús noch in kear it begjinpunt wurde fan in fytstocht nei Compostello?
En sa fytsten wij fia Furdgum, Rie, Boer en Skalsum werom nei Frjentsjer.
En dêr tusken Skalsum en de akadeemjestêd wie it "hichtepunt" fan de dei. It oanfleanen fan de Anatov 124 nei de landingsbaan op Ljouwert. Je murken oan elkenien dat dit wat "bijsûnders" wie.
55 kilometer troch 15 doarpen dy't allegear harren eigen karakter ha en wêrbij ik allinne yn Skalsum tocht: ek hjir binne de minsken wierskynlik gelokkich. Ik skreau 9 doarpen bij troch dizze route

donderdag 24 maart 2011

Frysk

Ik haw wol wat mei statistiken en oersichten. En mei nammen deryn rint de belangstelling noch fierder op. Sa'n kwood 500 eagje ik hielendal troch. A om der wis fan te wêzen dat ik der net yn stean en B om te sjen hokker kunde der wol bij stiet. Beide syktochten hawwe noch nea wat oplevere.
De list mei wenlêsten per gemeente sjoch ik ek altiten troch en ik konstatearje de lêste jierren dat de wenlêsten yn ús gemeente wol wat oan de hege kant binne yn fergeliking mei oare gemeenten. Oan kollega's yn de folle goedkeapere gemeente Súdwest Fryslân lis ik dan út dat goed en moai wenje wat kost en dat ik it mei wille betelje. Se sjogge mij dan ferbaasd oan en freegje harren ôf at ik wol dooch. Nee dus.
Dizze wike krige ik fia @Silvia Hania in top 500 fan de meast yn it frysktwitterjende minsken en ynstânsjes. It woe mij net oan dat ik dêr net yn stie en mei grutte wille koe ik konstatearje dat ik op in skitterjend 27 ste plakje stean. Moaie sifers want fan de 666 stikjes tekst fan maksimaal 140 tekens is der 90,1 % as Frysk oanmurken. Hoe't se dêrop komme wit ik net. Want 9 % fan de tweets binne dus net Frysk. Dat binne der 67 en dat fyn ik in ûnakseptabel oantal.
Dit moat oars en noch Frysker dus.
De top 500


dinsdag 22 maart 2011

Sei-siswizen (2)

Noch in oantal aardige sei-siswizen dy't earder de Boalserter krante opfleuren of djipgong joegen.

1. Ik sit hjir bêst, sei de poes en se siet op it spek

2. It is in min lân hjirre, sei de skoaier en hij rûn tusken twa polysjes.

3. Wêr no op ta, sei de rôt, doe siet er yn é falle

4. Wij sille se wol krije, sei de abbekaat en tocht oan de sinten

5. Ik bin in man fan de frede, sei Jildert, mar se sille dwaan wat ik sis.



zondag 20 maart 2011

Drank

Der binne fan dy dagen en dingen dan fleane de oerienkomsten en tsjinstellingen trochelkoar. Nim no dizze lêste dagen. Dat freeslike ûngelok yn Ljouwert mei de oprop fan de famylje om it drankriden oan te pakken. Ik skat yn dat elkenien it dêr mei iens is, dus ik sjoch net yn wêrom dit yn de polityk in lang trajekt wurde moat.
In oerienkomst mei de drank waard mij juster middei yn de hân treaun wylst ik in bierke healje soe nei it fuotbaljen (sjen).
"Dit moast mar ris lêze," sei Jaap Toering en hij treau mij "De helaasheid der dingen "fan Dimitri Verhulst yn de hân.
Gjin heal wurk tocht ik gelyk en sette sneontejûn útein yn it boek wêr't de drank ôfspat en útrint. Absurde humor oer in toarstige famylje mei drankfolle ideeën.
En it sil dan ek gjin tafal west hawwe, dat myn lisfyts fannemoarn rjochting de Bjirmen gie. Ik moat bekenne dat de doarpen dêr, noch op myn "2011-alledoarpetochtlistke" steane, mar de wyn wie net ideaal om dy kant út te gean.
En dus gean ik mei de wyn yn de rêch en de sinne yn de nekke de Bjirmen yn.
En sa fyts ik troch Easter- Bier-rum, yn Seis-bier-rum, yn Pieters-bier-rum en Wyn-aam. En at dat net genôch wie fia A-rum en de Bieren werom nei Wommels wêr't ik no oan in Dommelsch sit.


zaterdag 19 maart 2011

Lul

Der is immen dy fynt mij in lul. Dat kin, dat mei en dat sil net unyk wêze. Ik mei dochs wol oannimme dat der folle mear binne dy't mij in ferfelende lul, in arrongante lul, in eigenwize lul, in wiispratende lul of in gewoane lul fine. Dat krije je at je in miening ha en dat net foar je hâlde.
Mar dy iene dus, dy fynt mij echt in lul. En dat gefoel moat hij kwyt. Alle kearen wer at er mij sjocht en bij mij lâns rint.
Dan siket er mij op en rint sa ticht mooglik bij mij lâns en flústert mij yn it ear ûnder it foarbijrinnen "lul". Gelokkich is it net altiten it selde, hij hâldt wol fan fariaasje want soms is it "grutte lul". "Ach", tink ik dan "wat in flinke fint."
"Ach" tink ik dan, "lit him".
Mar it sint mij dochs net hielendal. Stel no ris dat hij yn it foarbijrinnen efkes te lûd syn "lul" of "grutte lul" útsprekt, wylst ik krekt as fannemoarn mei oaren stean te praten, dan wurdt it ferfelend. Dan kin der betizing ûntstean. We sille elkoar oansjen, en ôffreegje foar wa't dizze titel is.
Dêrom liket it mij in goeie saak om der mar dúdlik oer te wêzen. At immen mei in grut fototastel mei in noch gruttere lins bij mij lâns rint en jim heare it wurdsje "lul" dan is dat foar mij bedoeld. Ek oer "grutte lul" hoege jim net yn te sitten. Ek dat bin ik. Oplost. Hoecht er ek net mear temûk efter mij lâns rinnen. Gewoan foar mij lâns en dan lûd sizze: "Lul" dan binne je in keardel.

donderdag 17 maart 2011

St Patrick Day

Hjoed 17 maart is it St Patrick's day yn Ierlân. Dan kin ik net om silger Ronney Drew hinne.
Ik bin der wis fan dat Super Kentie jûn yn de Ierske pub yn Ljouwert in Ierske set hat.


woensdag 16 maart 2011

Roubân

Ik haw in hekel oan sûpe mar noch mear oan roubannen. En foaral oan roubannen om de earm fan fuotballers. It is in godswûnder dat der noch wedstriden spile wurde wêrbij fuotballers gjin bân om de earm hawwe. Want der is altiten wol immen oan te wizen binnen of sels fier bûten de klup wêrfoar roud wurde kin mei in bân om.
Is it net foar in earder bestjoerslid, dan is it wol foar in supporter, in efternicht fan de foarsitter, wat lângenoaten fan in reservespiler of de Dutske herder fan de doelman.
It is binnen de rigeltsjes net mooglik dat in inkele spiler in roubân om hat. It is dus allegear of net ien. En krekt dat stiet mij tsjin. Wêrom soe ik in roubân drage at de hûn fan de doelman dea giet. Ik haw neat mei hûnen. Wêrom soe ik in roubân drage omdat bij in freeslike ramp lângenoaten dea rekke binne fan in ploechgenoat dy't ik net iens ferstean kin.
It moat út wêze mei dat sabeare rouen yn groepsferbân.
Rouje mei, in roubân drage mei ek, mar dan ynjûn troch it eigen gefoel.
Ik haw gjin roubân, wol in âlde swarte oanfierdersbân.
Miskien dat ik dy moarn omdoch. Under de jas. Want ik hoech net sjen te litten dat ik te dwaan ha mei de dea fan Eeuwe Reidsma, in man dy't ik net kind ha, mar dy't midden yn it libben (hij wie twa moanne âlder as mij) op syn fyts dea riden wurdt troch twa dronken idioaten.
En dat Trinus Riemersma ferstoarn is, falt mij ek swier. Syn boeken mar foaral syn kollums joegen mij altiten ynspiraasje. Syn lêste kollum yn de LC fan ferline haw ik hjir foar mij lizzen. Ik hie him al útknipt, rekke troch syn wurden. Want syn moaie oersetting fan "House of the rising sun" yn it Frysk einige mei de slotwurden dy't yn myn kop hingjen bleaunen:

"Ik soe wolle, in freon soe dit sjonge bij de gitaar. Wij sitte beide yn de nederklits en faaks kin muzyk en sang ús der boppe-út tille. Salang 't de kreativiteit streamt, is der hoop."

Ik hie oer dy lêste sinnen net in goed gefoel en spitigernôch is dat útkommen.
Ik sjoch út nei it momint dat der in sjonger is dy't syn lêste liet "Huzing bij 't lemieren" sjongt ta earbetoan oan de grutte Trinus Riemersma.

dinsdag 15 maart 2011

Swarte line

In rjochte line op in fytspaad noege mij meast út om dêr op te fytsen. Bij ûnderbrutsen linen wie it altiten de keunst om der tuskentroch te slingerjen.
At ik om mij hinne sjoch at ik ûnderweis bin dan binn der mear dy't sokke gewaonten hawwe. Meast bern, moat ik tajaan.
In moaie fariaasje op in rjochte line leit op it fytspaad tusken Easterein en Wommels. It paad is funksjoniel opkreaze en dêrtroch mei ik op dat stikje besykje my slingerjend in paad te sykjen.
Dat paad hâlden slagget betiden goed. Ik is sels mooglik om op de Sinner lisfyts mei ûnderstjoer in foto te meitsjen, wêrbij ik efter myn kalkwite learzens oanfyts.

zondag 13 maart 2011

20 yn 50

Hjoed 50 kilometer trape. In moai rûntsje troch ús eigen moaie gemeente mar ek troch Boarnsterhim en Súdwest Fryslân.
Doe't ik werom kaam koe ik myn doarpenlist 2011 bijwurkje want ik besykje dit jier wer nei safolle mooglik doarpen (en útbuorrens) yn Fryslân te fytsen. Moaie haal dien hjoed want 20 doarpen op in stik fan 50 kilometer is net in minne skoare.
Spannum, Winsum, Húns, Hilaard, Boksum, Jellem, Bears, Weidum, Wytgaard, Reduzum,Raard, Poppenwier,Tersoal, Sybrandabuorren, Gau, Goaingea, Skearnegoutum, Reahûs, Easterein, Wommels.
En ik fytste bij Weidum troch útbuorren it Wiel.
De teller stiet no op 59. Noch 358 te gean.



En tusken kilometer 40 en 45 hie ik de gong der flink yn mei de wyn yn de rêch en Child in Time yn de earen. 9 minuut 38 Deep Purple.

vrijdag 11 maart 2011

Der wurdt grute

De lêste wiken binne in oantal skoalbern of studinten oppakt omdat se driigjende tweets de wrâld yn twitteren. Wie it in grap doe't in studint oankundige dat hij it plysjeburo yn de brân sette soe?
Freedtejûn wie twitterwrâld yn Fryslân efkes "yn opskuor".
De achte hear F.Wester (bekend fan RTL) mei 98392 folgers fûn it nedich om it folgende berjocht te twitterjen.



En dan komme de reaksjes fan de folgers. Sij twitterje it berjocht troch en yn amper 10 minuten sitte alle twitteraars út Fryslân mei eangst nei de tsjustere loft te sjen om de fal fan it fleantúch mei te meitsjen. Of miskien om fuort te dûken foar it fan boppe kommende ûnheil.







De hear Wester hat nei 15 minuten noch gjin klap heard, syn kollega's fan de rampenredaksje binne net útrukt dus twittert hij dan:



En dat gerucht dat hat hij ferspraat. Sorry Wester dit binne hiele minne tweets. En dat foar in sjoernalist.

Gehakbollen

 


Ik haw de wille hân om lang te fuotbaljen. Troch dat fuotbaljen haw ik ek kunde krigen oan in oantal gehakbolspesjalisten. Want nei twa kear trije kertier wrotte en wrame yn it fjild waard nei it earste bierke in gehakbol besteld en dat koe dan nei de safolste oerwinning it absolute hichtepunt wurde mar it koe like goed útrinne op in tryst djiptepunt. Ik haw sels nea de top helle as gehakbolpriuwer (en ek net as fuotballer), want ús priuwers en fuotballers wiene fan heech nivo. Yn meardere kantines lieten sij yn wurd en gebeart elkenien witte at it in fet-, in beskút-, in losse flodder-, in kleffe-, in smaakleaze- of in super bal wie.
De mannen wiene net foar ien bal te fangen en soms wie in twadde nedich om de honger te ferslaan en om de smaak better te pakken te krijen. Mar it barde ek dat der mear mostert frege waard en dat wie net in goed teken. In goeie of in minne klup (lês kantine) hong sterk gear mei de smaak fan de gehakbol. En net allinne de smaak waard yn de beoardieling meinommen ek de foarm en de grutte levere punten op.
De bêste bollen lykwols binne te krijen yn de kantine fan SDS. Alteast neffens dizze mannen. Miskien dat se dêrom ek wol lid binne fan SDS. Harm Bergsma fan Easterein is der sa'n freedtemoarn mei beset om de bollen foar sneon klear te meitsjen. 100 stiks jout hij oan. En hij sjocht se mei wille sneontemiddei ferdwinen yn de hongerige magen. Mei in bytsje mostert.

 


 
Posted by Picasa



 

dinsdag 8 maart 2011

Tsjeppenbûr

Sa no en dan skriuw ik ek wat foar de Fietserbond, ôfdieling Fryslân.
Sa as oer ôfrûne freed doe't ik op ûntdekkingsreis gie nei Tsjeppenbûr.

De link fan dat stikje is hjir te finen.

zondag 6 maart 2011

Yn 't Flear

De jonge lêzers ûnder jim seit it mooglik neat: Yn't Flear.
Ik betwifelje ek at der wol âlderen binne dy't dit bekend foar komt. Utsein miskien yn de famyljes de Vries. Want Harry Kornelis, René Carel en Johannes de Vries foarmen ein jierren 70 in groep en sij makken yn alle gefallen ien elpee.
It moat sa west hawwe dat de folkeftige Fryske muzyk mij wol ek al oanstie. Oars kin ik net ferklearje wêrom dy elpee yn myn platekast stiet.
Koartlyn haw ik ûnder oaren dizze elpee op CD sette litten en harkje ik sa no en dan wer nei "Toen ik stond op hoge bergen" en "Djip yn é Wâlden". Fierders steane der ferskate lieten op sûnder tekst.
Omdat der no alle dagen yn it radioprogramma Froskepôle in rubryk is mei de Elpee of CD fan de wike like it mij aardich om dizze elpee oan te melden.
En dy oanmelding hat sukses hân. Yn de wike fan 7 oant en mei 11 maart sil der alle dagen in nûmer draaid wurde fan dizze elpee. En mooglik fdat ik moandei of tiisdei tusken 18.10 en 19.00 oere efkes oan it wurd kom.
En yn myn plakboek fan 1980 fûn ik noch in stikje út de krante. En dat toant oan dat ik se doe optreden sjoen ha yn de Koornbeurs. Moai weromtinken oan it begjin fan Tsjoch, wa't doe Frjentsjip neamd waard.

donderdag 3 maart 2011

Sei-siswizen

It Boalserter Suffertsje neamden se foarhinne de Boalserter Krante bij ús yn de famylje. Wêrom wit ik net. De Boalserter Krante is noch altiten in tige lêsber blêd.
Yn myn argyf fûn ik in oantal knipsels út dy krante út de jierren 70. Yn de rubryk "stêd en lân" stiene op in bepaalde momint 168 sei-siswizen.
Prachtich om dy no noch te lêzen. It papier is sa giel as jarre mar noch goed te lêzen. Wat mij opfalt dat der ferskillende fan dy sei-siswizen hurde taal hawwe. It liket mij aardich om sa no en dan wat fan dizze siswizen op myn blog te setten.
Hjoed in begjin.
En ik pak der fuort mar pear wrange siswizen út, dy't net útblinke yn froufreonlik wêzen. It muoit mij froulju, ik haw se net sels betocht.

Bêst beteard", sei de boer, "it wiif dea mar de ko libbet"

Ik sjoch it kwea oer de holle", sei Klaes en hij troude in lyts wyfke

No bin wij wer mei eigen folk, sei de boer, doe't er syn wiif te hôf brocht hie.

Men moet jin rêde, sei de boer en hij spande syn wiif foar de ploege

Fersinne is mooglik, sei de man tsjin it wiif, doe hied er de faam patte.


woensdag 2 maart 2011

In croissantsje

"Mei ik dizze menear in croissantsje oanbiede?".
Mei dy wurden waard ik fannemoarn begroete bij it stasjon yn Snits. Om goed healwei achten gean ik dêr altiten op syk nei reade jaske dragers, mei it wurdt Spits der op.
De Spits helje foar myn kollega's. Spesjaal foar de kollega's dy't de kofje om kertier foar achten al farsk klear stean hawwe, at ik ûnder brûs wei kom.
"Mei ik menear in croissantsje oanbiede?", kaam wol út de mûle fan in frommeske mei in read jaske oan, mar it wie net de krantefrou.
"Ik haw krekt iten, doch mar net" sa sei ik slap. Want foar in moarnsbrochje meie se mij oars bêst wekker meitsje ek al is it in croissantsje wêr't ik net hiel sljocht op bin.
"Mei ik jo dan in flyer oanbiede", wie de twadde fraach en it wie dúdlik dat dit dus om de ferkiezing gie. It croissantsje wie dus bedoeld om mei oan de praat te hâlden en wylst ik mei de mûle fol frânske bôle stie, gjin werwurd jaan te kinnen.
"Ik hoech gjin flijer," sei ik moai op tiid, "want ik wit al wat ik stimme wol".
En doe slúte Janne Wytske de Vries, de deputearre fan de PvdA dit koart ûnderhâld ôf mei de deadogger fan de dei : "Moai dat je stimmen gean".

Yn it ferline hie ik altyd in protte argewaasje oan de minsken hjir yn it doarp dy't alle jierren, alle ferkiezings in print fan de selde politike partij foar de ruten hiene.
Dat hie net wêze moatten. Sa lang ik stimme kin en mei en it is gemeentelik of provinsjaal dan stim ik FNP. Ik bin al net folle better as al dy oaren.
En op it wurk oan de kofjetafel mocht ik hjoed útlizze op hokker 5 punten ik kar makke foar de FNP. Ik slagge mei flagge en wimpel en rekkenje der sels op dat in oantal myn foarbyld folge hawwe. En dat sûnder croissantsje en struibriefke.


dinsdag 1 maart 2011

Boek

Ik fyn boekskriuwers keunstners. Dat gefoel krige ik wer doe't ik dwaande wie yn it boek Misbruik fan Lotte en Soren Hammer. In debút fan dizze Deenske broer en suster.
6 jier lang hawwe se der tegearre oan wurke. 6 jier lang. It fielt as in libbenswurk. It boek hat in tige nijsgjirrich en aktueel tema en boeide troch de opset. It naam mij hielendal mei en it wie mar goed dat ik fakânsje hie en dus wat faker it boek iepen die. Want in moai boek lis ik wol gauris oan de kant, om der langer fan te genietsjen.
Dat slagge net bij dit boek. Ik wie wat nijsgjirrich nei de ôfrin en hoe fierder ik kaam hoe minder ik it fûn. En dan begjin ik just hurder te lêzen. Mar foar de dúdlikheid it is perfoarst de muoite wurdich om it te lêzen.