donderdag 27 februari 2014

Drama


Op 19 juny 2013 is der in grut drama op in pleats yn de buert fan Makkingea. Mar leafst trije deaden en in swier ferwûne persoan binne dêr te betreuren.
Bij wurksumheden oan de jarresilo geane der dingen mis. In drama wurdt it.
In ûngelok mei giftige jarregassen komt te faak foar. Yn ien fan de bijlagen fan it ûndersiiksrapport fan de Onderzoeksraad voorVeiligheid steane mar leafst 35 ûngemakken yn de ôfrûne 30 jier. Net allegear mei deadlike ôfrin mar wol in hiel soad.
It is algemien bekend dat it wurkjen yn en bij dong gefaarlik is.
Yn it AD fan hjoed jouwe de byldzjende foto's en de begeliedende tekst oan wat der krekt bard is.
Justerjûn haw ik it folsleine rapport mei alle bijlagen lêzen.
In oantal (oor)saken binne dúdlik wurden, in oantal ek net.
Ik tink dat bij soksoarte ûndersiken der altyd wol wat fûn wurde sil wat net yn de heak wie. Dat net altyd alles krekt neffens it regeltsje gien is.
Nimt net wei dat sommige saken foar te kommen wiene.
Der falle mij twa saken op yn it ûndersyk.
It earste punt is it feit dat de regeljouwing yn Nederlân net ta lit dat in silo fan boppen iepen is (miljeu). De regeljouwing lit ek net ta dat der in "mansdoar" yn sit, sadat men der fan ûnderen yn kin  en oaren makliker helpe kin at der wat mis is. It foardiel fan in iepen silo is ek dat it der ljocht is.
It frjemde fan it ferbot op in iepen silo yn Nederlân is,  dat yn Dútslân in iepen silo just wol mei.  Wêrom woene wij ek al wer ien Europa?

It twadde punt is foar mij noch nijsgjirriger. It is net foar neat dat twa heechleararen sjoen hawwe nei wat der foaral mis gie yn it minslik hanneljen.
Ien fan de mannen hie ademhellings apparatuur om. Hij stie yn de silo en rekket út de tiid.
De man dy't boppe yn de silo op de treppen stiet, sjocht dat en neidat hij help ropt hat, giet hij der yn sûnder apparatuur. Dat is hast itselde as selsmoard want je hawwe gjin kâns at je de rommel ynademje. Op syn "help roppen" kaam in tredde man oandraven en hij kiest der "blyn" foar om de oaren mannen te helpen en giet ek yn de silo.
It drama is noch net kompleet want ek persoan fjouwer wol helpe en giet de silo yn.

Hoe is it mooglik dat bij trije minsken dy't witte hoe gefaarlik it is yn in silo sûnder helpmiddelen it oerynstinkt "om te helpen" grutter is dan it sûne ferstân brûke.
Of' is sa'n fraach stelle al dubieus?

Achtergrond en vraagstelling
De Onderzoeksraad voor Veiligheid is recentelijk een onderzoek gestart naar een voorval op 19 juni 2013 waarbij in een mestsilo op een boerderij in Makkinga (Friesland) drie mensen om het leven kwamen. Een man raakte zwaargewond. De vermoedelijke oorzaak was blootstelling aan mestgassen.  
Het komt vaker voor dat mensen hulp bieden aan anderen met potentieel gevaar voor eigen leven. De vraag die de Onderzoeksraad hierbij stelt, is: welke theoretische verklaring bestaat er voor dit gedrag van de betrokkenen die hulp probeerden te verlenen? De doelstelling van het huidige onderzoek is de Onderzoeksraad te voorzien van theoretische verklaringen voor het gedrag van betrokkenen en mogelijke maatregelen om dit gedrag te beïnvloeden.



De ûndersikers komme mei in rapport mei dizze ferklearjende human factors
It jou wat ynsicht.

woensdag 26 februari 2014

Moai fytswaar yn Gaasterlân

It komt net faak foar dat wij der yn de foarjiersfakânsje al op útgean mei auto en fytsen. Dat koe hjoed mei alle gemak. Om 11 oere wie it 6 graden (net echt waarm) en tsjin healwei twaen wie it 10 graden (yn de sinne lekker).
Yn dy tuskentiid hawwe wij lekker ûntspannen sa'n 40 kilometer fytst yn en om de bosken fan Gaasterlân.
Wat opfoel wie de rêst. Sels yn dizze fakânsje wie der hast net in minsk op de dyk.
De measten gelegenheden wiene ticht en dat wie ek it gefal mei toeristyske attraksjes.

Sa siet in besite oan 't Zwaantje, in mûne yn de buert fan Nijemardum, wêr't de jongest mealder fan Nederlân de septer swaait, der net yn.




Mar gelokkich, it tsjerkhôf mei klokkestoel bij Rûgehúzen wie wol tagonklik. En sa't jim witte soarget in slach oer it lyts tsjerkhôf tidens in fytstocht hast altiten foar it hichtepunt.


dinsdag 25 februari 2014

Chris Chameleon



At je bij muzykkonserten binne, krije je wolris tips.
Sa as dizze. Fan Willy út Itens
Prachtich om te hearen
Chris Chameleon mei " korreltjie sand "

Trio Bootsma


Earst wie der Reboelje.
Jierren lang.
Alles wat er op single en CD ferskenen is, stiet yn de CD kast bij mij.
Moaie muzyk.
Noch altiten
Doe wie it efkes stil.
Doe kaam Swee.
Reboelje sûnder Marius
Ek dêr haw ik in CD fan.
Draai ik ek noch wolris.
Doe wie it wer stil.
En doe wie dêr Tjerk Bootsma mei syn trio.
Yn it Dielshús op sneintemiddei.
Dat moast wol mis gean bij mij.
De deis der foar 12 oeren rock en punk bands heard.
Yn Rotterdam op Scumbash.
Noch fol mei rock en punk adreline.
Sa'n 35 belangstellenden foar Tjerk Bootsma, Tsjeard Nauta en Jaap Sijtsma.
Nij repertoire en tal fan Reboelje (meisjong) nûmers.
De power fan Reboelje en Swee siet er net yn.
De power dy't ik noch yn myn liif hie koe dit net oan.
Gelokkich fûnen tal fan oaren it moai.
Dêr kinne jim dan ek mar better nei harkje.
Ik bin gjin graadmjitter dizze kear.
Ik hie der net wêze moatten.
Tip: meitsje it sels in kear mei
Sjoch op www.tjerkbootsma.nl




maandag 24 februari 2014

Op it iis

24 febrewaris 2014 wie it kreas maaitiidswaar.
12 oant 15 graden.
Dat wie 36 jier al oars.
It iis lei yn de feart.
En fansels moast de breid efkes op it iis.
Yn de buert fan de Jouwer.
Sljocht op iis om samar te sizzen
Dat is yn 36 jier net feroare.
Ek no moat Jellie it iis op at it der leit.
En at it der net leit, dan leit it wol yn Hearrenfean of yn Biddinghuzen.
De foto klopt hielendal.
De brêgeman fan doe bliuwt leaver op de wâl.
Ek at er gjin iis leit, ek dan hat hij leaver fêste grûn ûnder de fuotten

zondag 23 februari 2014

Scumbash



Sneon 15 febrewaris wie der in alderaardichst t.v. programma oer Schorem, Haarsnijder en Barbier. De kappers fan Rotterdam mochten harren favorite muzykklipkes útsykje bij Saturday Night en dat slagge tige goed. Dêr waarden sommige minsken entoesjast fan en ien dêrfan wie Jan Rinse Blanksma. Hij "seach syn eagen" út, hearde nije dingen, gie op syk en dielde syn entùsjasme mei oaren. Sa kaam it dat Jan Rinse it beslút naam sneon 22 febrewaris nei it earste Scumbash festival te gean yn Rotterdam.
It like mij ek wol wat sadat wij tegearre nei Rotterdam reizgen.
Fan middeis ien oant nachts ien peddelden wij fan poadium ien nei poadium 2. Harkje nei hurde punk, nei willepunk, nei rock, nei hurde rock en nei rockenbilly.


Mar boppedat wij seagen ús de eagen út, dat safolle muzykstilen safolle bijsûndere minsken bijelkoar bringt.
It foel op dat elkenien opfoel mei klean, mar foaral mei hier, burd en snor en dêrtroch foel der neat mear op.
Schorem, Haarsnijder en de Barbier stiene manmachtich klear yn harren "kappersaak" om krullen yn de snor te draaien, bakkeburden strak bij te skearen en it  hier moai yn de stiifsel te setten.
De punkers hiene harren thús al yn de ferve en de stiifsel setten en sij soargen  foar in kleurich gehiel.
Fleurich  wiene ek de rockebilly froulju. Mei hege hakken, jurkjes op goeie lingte en taskes ûnder de earm soargen sij foar styl.
De rockenbilly mannen hienen allegear in moaie boppel yn it hier.
De rockers hiene fansels harren "moaiste herinnerings teasjurt" oandien, sadat elkenien sjen koe wêr't sij foaral earder ek west hawwe.
Der wiene fansels allegear bysdere ieterskreamkes en it wie in hearlike sfear dêr yn de âlde van Nelle fabriken. It skynt dat dy no foaral brûkt wurde foar kulturele dingen.
De muzyk wêr't wij alles fan sjoen en heard hawwe kaam fan:
 the Stealers,
UK Subs,
Karma to Burn,
the Deaf,
Batmobile,
Bliksem,
Demented Scumcats,
Peter Pan Speedrock
the Toy Dolls


It wie in aardichheid om dit mei te meitsjen en eindelik in dei dat ik net opfoel tusken sa'n 4000 minsken ek al is myn burd wat langer as gemiddeld.



































maandag 17 februari 2014

Ligfietzun



Ut de tiid dat it burd net lytser wie en it Nederlâns noch minder as no

zaterdag 15 februari 2014

The Cannons



Resept foar in moaie jûn:
1. Nim in Dubliner (mei in ynwenner fan Dublin wêze, mar hoecht net, at hij mar diel útmakke hat fan the Dubliners)
2. Nim wat soannen mei dy't in moai poepke spylje en sjonge kinne.
3. Soargje foar de lokaasje mei in Ierske útstrieling
4. Noegje foaral de leafhawwers út fan Ierske muzyk

En sa waard it tongersdeitejûn yn Tigh Barra op 'e Jouwer, de skitterjende Ierske kroech dy't alles wat Ierlan hat útstrield, in moaie Ierske jûn.
Séan Cannon makke fanôf 1982 diel út fan the Dubliners en song en spile gitaar.
No't alle Dubliners fan it earste oere dea binne, spilet dizze Sean mei syn soannen de Dubliner nûmers. En omdat ien fan syn soannen in moaie djippe stim hat, dogge se ek wat Cash en omdat syn oare soan mei it sjongen net te ferstean is dogge se ek wat Dylan.
Trije sets lang wie it gesellich yn de grôtfolle kroech. At in folgjende kear de 30 praters thúsbliuwe dan hawwe de oare 70 in perfekte jûn wêryn meisjonge de boppetoan spilet en net it geraas fan dy lju dy't gjin respekt ha foar muzikanten wêrfan de 72-jierrige Sean mein syn moaie Dubliner stim somtiden muoite hie om boppe it geraas fan dy 30 út te kommen.


vrijdag 14 februari 2014

Ghost track

 
 
Dizze resinsje stie sneon 8 febrewaris yn de Ljouwerter krante.
In goeie resinsje ier it stik Ghost Track fan it selskip Blau Hynder.
In kâns om it yn de buert te sjen is der.
Tongersdei 13 maart yn it Marne kolleezje yn Boalsert.
Kaarten yn it foar keapje kin.
Sjoch hjir
 


donderdag 13 februari 2014

Protters

Op wei nei Hearrenfean bij Grou yn de buert in wolk mei protters

woensdag 12 februari 2014

Verzoeking

Ik haw al moai wat lêzen fan Harlan Coben.
Neffens it oersicht hat hij 25 boeken skreaun en al moai wat prizen wûn.
Dat begryp ik hiel goed.
Alle kearen wurd ik wer ferrast troch syn moaie styl fan skriuwen.
Syn keunst om it oan de lêste side ta spannend te meitsje.
Om it ferrassend ôf te sluten.
Dat jildt seker foar it boek "Verzoeking" út 2010. 
Wat is adembenimjend boek.
Wat in ferhaal.
Wat in drama.
En wat in moaie ôfslutende wurden.
In topboek....
 

dinsdag 11 februari 2014

Seisiswizen (2)

Noch in oantal "seisiswizen" sa't dy yn de foarige ieu mei regelmaat yn de Boalserter Krante stiene.

Ik sil mar gjin almenak ha, sei Doede Tryn, mines kin noch skoan in jier mei.

(nei de brân tsjin de spuitgasten) Hie ik it mar witten, sei de boerinne, dan hie ik it wat yn é hûs helle.

Ik hâld fan de natoer, sei de jager en skeat sân Patrizen dea

Dêr giet it hinne, sei de laaidekker en hij rûgele fan é tsjerke

Wêr no op ta, sei  de rôt en doe siet er yn é falle

Fryske trou en Hollânske dukaten dêr kin men fier mei komme, sei Sikke fan Goslinga

Hoe is it mooglik, sei de studint, de iene wol mij net liene om't er mij net kin en de oare net omdat er mij te goed kin.

maandag 10 februari 2014

It boek

Mei grutte belangstelling sit ik te wachtsjen op it boek "het verboden dagboek fan Maaike Vaatstra. It docht bliken dat der hieltyd mear minsken senuweftich wurde fan de komst fan it boek.
Minsken dy't der fan útgean dat se der net al te best yn beskreaun wurde, witte net hoe gau se de rjochter ynskeakelje moatte om de frijheid fan miening jaan te kearen.
Abbekaat Vlug dy't net it belang fan Jasper S tsjinne hat tidens de rjochtsaak, hat it der mar drok mei.
Sjoch dit artikel en tink nei hoe frjemd de rol fan dizze abbekaat is.
It boek dat ynkoarten útkomt is hjir te bestellen.




zondag 9 februari 2014

Traumahelikopter



Freedtejûn wie der yn Asteriks, it poppoadium yn de Blokhúspoarte wer in âlderwetske rockjûn.
Optredens fan The Black Cult, the Afterpartees en Traumahelikopter. Yn dy folchoarder treden se ek op en sa gie it yndie nei in hichtepunt.
Traumahelikopter is in bijsûndere band út Grins mei heftige muzyk wêr't ik krekt as bij de Blackboxred in hiel soad enersjy fan krij.
Yn tsjinstelling ta in soad oare band dogge sij it sûnder basgitaar en mei de lytst mooglike drumbesetting: in lytse en in grutte trommel en in bekken. Allinne it sjen nei de drummer is in oanienskeakeling fan hichtepunten. Sjoch de fideo fan DWDD.
De namme Traumahelikopter is ek wol in bysûndere. Dy ferjitte je net.
It docht mij tinken oan de goeie âlde tiid mei in band mei de bysûndere nammen Dave Dee, Dozy, Beaky Mich en Tich. Dy ferjitte je ek net wer. Dat letter Dave Dee der bij wei gie, wie wat de namme oan oangie prima. it waard doe gewoan: Dozy, Beaky Mich en Tich.

dinsdag 4 februari 2014

Seisiswizen



Ferware giele kranteknipsels.
Ut it Boalserter Suffertsje.
De Boalserter Krante.
In samling "seisiswizen".
Prachtich om te lêzen.
Om te glimkjen, te gnizen of om der argewaasje oan te hawwen.
In oantal foar de leafhawwers

Fersinne is mooglik, sei de man tsjin it wiif, doe hied er de faam patte (= tútte)

Bêst beteard! sei de boer, it wiif dea mar de ko libbet noch.

Ik sjoch it kwea graach oer de holle, sei Klaas en hij troude in lyts wyfke

In preek yn it Frysk hie ik tocht! sei Albert, haw ik mij dêrfoar foerklaaid?

Do bist ien út tûzen, sei de faam tsjin de feint, de oare 999 binne lang sa beroerd net

zondag 2 februari 2014

Sealen Schaaf

Yn Ljouwert binne in oantal ferneamde poppodia.
Wa hat noch nea yn dat moaie Poppoadium Romein west?
En wat te sizzen fan Poadium Asteriks, op dat nuveraardige plakje yn de Blokhúspoarte?
Wat minder bekend is it feit dat Sealen Schaaf ek noch bestiet en dat ek dêr regelmjittich muzykjûnen binne.
Sealen Schaaf, wat fier fan it station ôf (12 minuten rinne) mar fierders in pracht seal.
Sealen Schaaf wêr't ik trije jier hast alle dagen lâns rûn fan de Speemanstrjitte nei de Eewal doe't ik op MDS siet.
Sealen Schaaf wêr't ik Fryske sksamens dien ha.
Sealen Schaaf dus.
In moai breed poadium en dat hat altiten myn foarkar.
Justerjûn koene wij hast allegear  op de foarste fiif rigen stean,
Der wie der wer sa'n muzykjûn.
Buffalo Roam en Damage Justice.
Dy lêste is in Metallica tibute band.
Ferline jier seach en hearde ik se yn Romein en dat wie in slagge jûn.
Te min minsken juster, wol twa goeie bands.
Ek de Buffalo Roam mocht der wêze.