zaterdag 26 april 2014

Fytse op keningsdei

Wommels-Aldegea-Wommels
 26 april. It wie hjoed keningsdei. Dat joech in ûngemaklik gefoel.
Krekt of wie ik der noch net oan ta. Oars op 30 april en no samar wat earder.
Sûnder rommelmerk yn Wommels wêr't ik oars ek gau útsjoen wie.
Gjin keatser en dan hâldt it sa'n dei yn greidhoeke net oer.
Dus fytse....

De wyn súd, dus earst nei it suden hjoed.
Der foelen mij hjoed wer in oantal saken op, dy't mij al earder opfoelen

1. It fytspaad tusken Greonterp en Aldegea is sletten tusken 1 septimber en 1 april.
Dat skynt te meitsjen te hawwen  mei Europeeske fûgelnoarmen wetjouwing.
It paad mocht der leau ik earst net komme, mar at dit boerd pleatst waard wol.
It stiet der fanwege Brussel  en der wurdt net handhavene.
Healwizerij dus.


Bij kafataria yn Aldegea

2. Ik bin net lid fan de ANWB Wegenwacht en freegje mij ôf at de help dan ek foar mij bestimd is at ik troch Aldegea fyts en ik soe help nedich ha.

3. Wat binne der in oantal moaie fytspaden yn Fryslân, sa as Aldegea- Nijesyl

4. Wat binne der in onatal ferrassende fytspaden yn Fryslân lykas it paad oan de dyk fan Parregea nei  Hieslum en dan rjochting Blauhús. Wat in rêst........





vrijdag 25 april 2014

2 pûn lichter en 4 pontsjes riker



Freed 26-4.
Eastenwyn, dus nei it easten.
Fia Easterein, Itens, Rien en Boazum nei it


















bysûnder moaie Swettepaad.
De Swette oer nei Reduzum.
Fia Eagum nei Wergea en Warten en dêr lei

















it earste doel yn it wetter: It oerstek boatsje fan Warten nei fytspaad Earnewâld



tradysje op dit boatsje is dat je in euro betelje en in dropke krije.

wij lieten it grutte skip op it Pr Margiet kanaal mar efkes foar gean



Wij sizze ta dat wij dit jier it skûtsje museum yn Earnewâld ek noch in kear besykje

Bij de Headollen kinne je mar útsykje hokker boat je nimme wolle

Wij wiene net ûngelokkich, want at dy skelpen op it paad lein wurde  is it lisfytsgenot fuort, dat fernamen wij bij Earnewâld yn de buert.

It pontsje bij Sitebuorren, mei in lestich paadsje wol te berikken

De grutste pont hjoed fart oer it Pr Margriet kanaal bij Grou

Ek dêr wiene  wij de ienige gasten

It lytste pontsje brocht ús yn hertsje Grou

dêr kinne in stik as 4 fytsen op

In tige gastfrije en freonlike oersetter op in gastfrije boat

Fia Jirnsum, Raard, Pppenwier, Tersoal, Sibrandabuorren, Gau, Goiingea, Skearnegoutum, Reahús en Easterein werom.
Moaie tocht fan goed 75 kilometer mei bij thúskomst de sinne yn de kop.



Aaipop 2014 mear as Jitizer en Hûnekop

Aaipop 2014 wie wer in bysûnder aardich feessie. Aaipop is foar de jongerein in fêst punt yn de agenda. In tradysje. It programma docht der net echt ta mar at Jitizer en Hûnekop komme dan wurdt it fêst wer in tige slagge middei/jûn. Se wiene der beide dit jier en de tinte gie út harren dak.  Der wie dit jier mar ien grutte tinte en dat is in prima kar. Want feest fiere dat dogge je gewoan op ien plak. Dêr wolle je gewoan oan ien fan de bars hingjen bliuwe. Wachtsjend op de folgende searje meisjongers. Want Aaipop is ek it feest fan herkenning, fan meisjonge mei de bekende  la,la la ferskes. Neat mis mei at der hast 2000 minsken op ôfkomme. No kom ik oars net op tinte feesten mar it sil dêr net oars ta gean. It ferskil mei Aaipop is dat Aaipop in festival is mei noch twa podia en dat it tema de Fryske taal is. Of in oare taal dy't yn Fryslân ek in  brûkt wurdt. Utsein it Nederlânsk. Dat moat gjin plak krije op Aaipop. Dy taal hat ús skoalpleinen al feroavere en dat is in kwealike saak.

Der binne noch twa podia op Aaipop. It bûtenpoadium dat der foar soarget dat it ek bûten aardich is om te stean. Sa lang it droech is en dat wie it nettsjinsteande tsjustere loften. Wylst men yn de grutte tinte tsjin it poadium oanstiet te triuwen, hâlde de tahearders bij Mink, Martijn Kentie en Piter Wilkens bûten ôfstân. Ek bij de optredens yn it Rockhok (gymnastykseal) wie der meast genôch romte om echt nei de muzyk te harkjen.

En sa seach ik yn de grutte tinte in moai optreden fan Nicsz mei Reade Hite Sjile Pipers muzyk (yn it Frysk fansels), in optreden fan Y Bandana út Wales dy't in oantal stevige nûmers spilen mar der net yn slaggen harren "beskiedenheid" fan harren ôf te spyljen, seach ik in pear nûmers fan Hûnekop en in pear mear nûmers fan Jitizer en koe ik it slot fan Sipke de Boer en Jelle B en wat oaren net misse.
Op it bûtenpoadium seach ik Martijn Kentie en Piter Wilkens sfearfolle optredens dwaan en yn it Rockhok harke ik nei Bruno,mei syn moaie stimme en gefoelige lieten,  seach ik nei myn favoryt de Ierske willerockband NNB en fûn ik de Sadelrûkers wer as fan âlds goed.
Ik haw mij op Aaipop 2014 prima fermakke. En at immen myn fytskaaike noch fynt, dan wol ik it graach werom ha.....


Martijn Kentie hat in moaie Brucestimme yn it Liwarders 
Bruno fertsjinne mear publyk yn it Rockhok

woensdag 23 april 2014

Fan Wieuwens nei Weakens

Hinnaard om is altyd in moai rûntsje fyn ik. It is selden dat ik ôfslaan nei Easterlittens. Dat waard dus tiid. 


Fan Hinnaard nei Littens komme je bij Skrins lâns. 
.

 It waard ek tiid om de fûgelhutte fan Skrins ris te beklimmen
 En te sjen nei al dy fûgels, dy't dêr nêst hâlde.


en dan binne je op iens yn Wieuwens

 Yn Littens wachtsje foar de earste boat fan it peaskwykein

At Wieuwens net in moaie namme is, dan is Weakens it yn alle gefallen wol

zondag 20 april 2014

Bintangs live

Sneontejûn riden wij nei Bakhuzen. Krekt foarbij Galamadammen stie in boerd.
"Bintangs live".
19 april
Bakhuzen
Krekt, dêr binne wij nei ûnderweis.
The Bintangs live, ik kin it mij net oars foarstelle.
Ik haw net in singel, net in elpee, net in seedee of deeveedee fan harren.
ik ha se wol hiel faak optreden sjoen.
The Bintangs dy moatte je gewoan live sjen.
Dat raue lûd fan sjonger Frank Kraayenveld dat moat je troch alles hinne gean,
dy slepende gitaar en dat batsende slachreau dy moatte je wer energjy jaan.
De Gearte yn Bakhuzen is hjoed de arena wêryn de mannen fan de Bintangs optrede
De leafhawwers binne der wer.
Sij dreune mei op de muzyk of dûnsje de skuon hast stikken (Rock the Socks out of you shoes)
The Bintangs dat is in wiere belibbing.
Dat is Mona Lisa, dat is Ridin on the Len N, dat is Snake in the grass en dat is noch folle mear
The Bintangs dy binne neffens Spoify te fergelykjen mei Boudewijn de Groot, mei de Cats, mei Herman Brood en mei de Living Blues.
Hoe komme se der bij?
The Bintangs binne net te fergelykjen mei wat ek mar.
The Bintangs al 53 jier in oanrieder.
Machtige jûn dêr yn Bakhuzen.






donderdag 17 april 2014

Skoalle Lyndensteyn


Ik wurkje ien dei yn de wike op Skoalle Lyndensetyn yn Beetstersweach. Ik fyn dat hiel bijsûnder. Net omdat it Frysk dêr lykweardich is oan it Nederlâns, mar omdat ik dêr tusken de bern mei harren beheiningen sjoch wêrom at ik wurkje en foar wa't ik wurkje. En mear noch dat ik alle dagen bliid wêze moat dat ik sûn bin.


Bysûnder ik dêr net raar opsjoch at der immen op de fyts  lâns komt om wat te freegje of te sizzen. Want der wurdt dêr omraak fytst yn de brede gongen.

Nijlân

Tafal of net mar kommende sneon moat SDS 1 fuotbalje tsjin Nijland 1. Dat is de ienige wedstriid fan SDS 1 dy't libbet as in streekderby. Net fyandich mar gewoan as sûne rivaliteit.
Nei jierren sitte de ploegen wer bijelkoar yn de klasse en it giet mei Nijland suver better as mei SDS. It is mar wat je better neame. As leafhawwer fan fuotbal mei risikofol oanfallende fuotbal haw ik leaver dat in ploech in kear "op de bek "giet as dat der wer in suterige oerwinning of gelykspultsje helle wurdt. Ik beskriuw mar efkes myn moglike gefoel at ik Nijlân supporter wêze soe.
No bin ik ek net trainer, mar in deagewoane fuotballeafhawwer dy't it meast bij SDS komt, want foar trainers  leit it oars. Sij wurde sels op tredde klas nivo ôfrekkene en garje oansjen at se it goed dogge mei harren klup.
At SDS 1 net thús fuotballet dan sjoch graach earne oars. Op de fyts  nei Nijlân is dan meast de earste opsje (WPB is ûnderwilens in hiele goeie twadde mei stip) en sa haw ik dit jier al in oantal gelikense spullen sjoen yn Aaipopsity.
Ik wie bliid dat ik yn neibeskôging op in sneontejûn yn maart mei Pyt Nota, ien fan de twa trêners op ien line siet, doe't wij it hiene oer de strieminne wedstriid tsjin Minnertsgea. Ik frege Pyt doe: "kinne jim ek oars as wat yn de kont hingje? Stel dat jim twa nul efter komme, wat dan....?
Pyt gnyske wat, seach nei de stjerren (it wie al wat letter op de jûn), tocht nei...en it antwurd wit ik net mear. Miskien hat er dat ek wol net jûn.
Dêrom haw ik alle goaden oanropt en harren hiel fatsoenlik frege, ek mei it each op peaske dat SDS 1 sneon op in 2-0 foarsprong komme mei.
Want ik bin sa benijd nei it antwurd op de fraach dy't ik 22 maart oan Pyt stelde : Kinne jim ek oars?
Miskien wurdt it dan in boeiende derby en at dan de beste of de gelokkichste mar winne mei. Om mei dat SDS best wol wêze.

Oer dat tafal noch efkes dit. Dat fuotbal ferbyn ik mei Aaipop. It is in hearlik foarútsjoch om peaskemoandei nei Nijlân te fytsen foar Aaipop mei it idee dat bij de troch de goaden taseine 2-0 foarsprong fan SDS de trije punten yn Easterein bliuwe. Dat kin hast net oars.

Tafal of net, mar Sipke mei ik graach heare op Aaipop. Dat hij sjongt oer Jouke, dat is seker gjin tafal.


woensdag 16 april 2014

Train




Gewoan omdat it leuk is

zondag 13 april 2014

Fytsfakansje (3)

Ik kaam noch wat foto's tsjin fan ús fytsfakânsje troch Nederlân yn 2012 en dêr hie ik noch in ferhaal bij ek.
Us tredde dei sil gean fan Noordwijk nei Hellevoetsluis. Wij hawwe al in adreske regele en witte dat wij yn in pipo-wein sliepe kinne.
 

It fêste ritueel moarns. It tredde tsjin wurdt wer laden mei twa wettertichte sekken en wij binne der wer klear foar.
 

Bij Katwyk pikke wij noch efkes in byld mei en kieze dan wer foar de binnenroute. De dunen kinne om ús stellen wurde. En binnentroch betsjut wer in "djoere húze" route troch û.o. Wassenaar.
Hoe is it mooglik, krekt foar Den Haag, sjoch ik in kollega mei de man rinnen. Wat is de wrâld lyts.
 

Wij binne no trije of fjouwer kear troch Den Haag fytst lâns de LF route en like folle kearen reitsje wij dêr it paad op it selde plak kwyt. Dêr mist in buordsje of wij sjogge op dat tige drokke krúspunt net nei it goeie plak. It byld fan Troelstra pikke wij noch wol mei.
 

Hoek van Holland jout no de mooglikheid om mei in snelboat nei de Maasflakte te gean en dêr de route wer op te pakken. Ymponearend dy yndustriele flakte dêr oan de súdlike kant fan de Maas. Nei 30 minuten steane wij earne op de romte op de Maasvlakte tusken rikjende en stjonkende fabriken yn. En krekt dêr moatte wij wer skûlje foar in pittige bui. Net ûnder in beam, want dy binne dêr net mar yn in bushokje.
 

Moaie brede fytspaden op de Maasflakte en hjir fytse wij bij de oanlis fan de Maasflakte 2 lâns.
 

In bysûnder ferhaal op dit pleatske. In eardere bewenner wie oargelbouwer en boude in nij oargel yn de skuorre. En no sit de hjoeddeiske bewenner mei in skuorre wêr't in prachtich oargel yn sit. Se hat der no in moai biljert ûndersetten en spilet tsien oer read mei soms oargelmuzyk op de (efter)grûn.

 

Wij koene útsykje: sliepe yn in karafan op yn ien fan de twa pipoweinen.

 

Wij wiene net allinne yn it hofke. Meardere hoannen, hinne, pauen, in wylde baarch en oar lyts bistespul rûn dêrom om.

 

Efkes in sliepadreske skoare foar de folgjende nacht.

Posted by Picasa

Alle feroaringen binne gjin ferbetteringen

It is wat mei de kranten.
It is wat mei de LC.
It giet no wol hiel hurd.
Efterút
Foar ús.
Earst fan jûnskrante nei moarnskrante.
Dat levere ús neat op.
Moarns meie de buorlju de krante earst lêze.
Dat wie altyd al sa.
Wij krije de krant no oan it begjin fan é jûn.
Krekt lykas oars.
Dat hoecht ek net earder.
Oerdei binne wij oan it wurk.
Jûns lês ik dus nijs fan 24 oeren lyn.
Ald nijs dus.
No wit ik dat de krante der net mear foar it nijs hoecht te wêzen.
Want dat lêze wij wol op ynternet of twitter.
Nijs is der foar de eftergrûnynformaasje, de ferdjipping.
Sa'n sneon en snein bijlage bijgelyks.
Dêr koene je je noch wolris fernuverje oer in goed ferhaal
in goeie reportaazje
in goeie kollum fan bijgelyks Wim Beekman en oaren
De LC bliuwt fernijen, seit men
de LC bliuwt sykjen, sa docht bliken
Wat men no mei de sneon en snein bijlage foar eagen hat wit ik net
ik hie him yn 4 minuten út.
gek wurd ik der fan,
in krante dy't de opmaak "hillich" ferklearret,
mear foto's as wurden pleatst
fierstente drok om te lêzen,
dit is gjin ferdjipping,
in bijlage fan neat dus,
en dat kaam echt net fan de nietsjes dy't misten




vrijdag 11 april 2014

Freed

Freed is meast in noflike dei. Neat hoege en dochs wat dwaan. Wat lêze, wat boadskipje, wat klusse (mei twa lofter hannen en it ynsjoch fan in kanarje) en wat genietsje fan Jelske.
In prachtich nij tastel yn de boarterstún op Swingoerd............
 
.............krije se dêr mar wer ris ôf.
"Pake op bank sitte" sei se hieltyd wer  at ik pogingen die om wer fierder te gean.
En och ik haw it ommers oan tiid op freed.

..

Middeis noch efkes in lyts rûtsje te lisfytsen west.
Nei Iens en  Spannum foar de Treffers en doe noch  efter Kûbaard lâns.
Oan dat prachtige fytspaad stie in moaie mobile molen op in karre , dy't mei wyn krêft der foar soarge dat it lân wiet waard sadat fûgels harren gerak better fine kinne.
Prachtich ...... en ûnbegryplik dat je sokke dingen net mear sjogge, want dit steurt net, dit jout yn ienfâldige foarm oan wat de wyn dwaan kin foar ús.
 

woensdag 9 april 2014

Fytse yn Berlyn

Dit wykein in famyljetripke nei in stêd. In grutte stêd. In hiele grutte bûtenlânske stêd sels. Berlyn. Freed der hinne, moandei werom. Dêr tusken yn in dei in stedsbustoer en in dei fytse.
Dat stedsbustripke makke ús dúdlik dat dy lju it foaral hawwe oer gebouwen. At it no âlde gebouwen binne dy't der wrâldkriich oerlibbe ha of at it nij delsette gebouwen binnen, foar Dútsers hat in gebou in hiele oare betsjutting as foar mij. Sa die bliken tidens dizze oerferfelende trip.
Foar Dútsers is it ek hiel wichtich wa't yn dat gebou sitte. Sa waarden wij op de hichte brocht yn hokker gebou de Japanske, de Russyske, de Eastenrykse en de Ingelske ambassadeur siet.
En dat it CDU ek yn in gebou siet wie suver ek nijs.
Nee dy bustoer wie net in sukses. Foar mij alteast.
De fytstoer op snein  wol. Twa moaie routes fytst. Ien nei de Joadske wyk en ien lâns de hast alhiel ferdwûne muorre. Want dat hawwe de Dútsers efkes te fluch dien: de muorre opromje. Noch in pear stikken binne oerein stean bleaun mar dat is hast te min om it in echte toeristyske attraksje te neamen.
Want dêr binne Dútsers ek goed yn. De oarloach ferkeapje. Mei musea, mei tinkstiennen en mei gebouen.
It wie in moai wykein, mei in soad bradwursten mei kurry, mei genôch Dútsk bier, mei gesellige famyljeleden en mei prachtich waar.


Wij op it terras, dan kinne de fytsen efkes bekomme


Bij de eardere muorre lei in fuotbalstadion mei in ekstra muorre omdat it fluchtgefaar mei safolle minsken bijelkoar hiel grut wie. No is it in alderaardicht park wurden mei in hippie eftige sfear.

 In yndrukwekkend byld bij in lêste stikje muorre. Foto's fan alle omkommen minsken.
Mannnen, frouen en bern

 Op in kilometer lang stikje muorre binnen allegear prachtige grafitti tekeningen makke. Bijsûnder en in grut ferskaat.

donderdag 3 april 2014

Myn earste aaikes



It moast der dan dochs in kear fan komme. It lân yn mei Eddy de Boer. Sjen hoe't hij syn grutte hobby belibbet en hoe't hij dat graach diele wol mei oaren.
Neisoarch hjit soks at it aaisykseizoen dien is.
Bij it kafé yn Itens fersammelje de mannen harren om 19.00 oere, De perselen wurde ferdield en wij meie nei it lân tsjin Skrins oan omdat it wis is dat dêr aaien lizze en dat is wol sa leuk foar in debutant.
Wij sjogge oer it skiere fjild is en nei  twintich minuten nei it fleangedrach fan de ljippen te sjen , wit Eddy krekt wêr't de aaien lizze kinne.
Ik moat se allinne noch efkes opsykje. En warimpel dat slagget. Sûnder der boppe op stean te gean lizze der samar 4 aaikes yn it nêst oan myn fuotten. En in heale eker ek noch in trijke.
Bin suver grutsk op mij sels. 
Goeie les hân oer hijkes en sijkes, en roeken en strategisch gedrach. Oer goed lân en min lân. Oer goeie boeren en minne boeren.
In hiele erfaring tanksij erfaringsdeskundige Eddy