zaterdag 30 april 2016

In teepûdsje

Al jierren dogge wij ús bêst 
om ôffal te skieden:
in kompostbak, papier, blik (koarte tiid), glês
in grienkontainer en ien foar de rest.......

jierren lyn makken wij ek wolris in grapke
oer in theepûdsje
en hoe't je dat as ôffal skiede moasten

it papierke moast yn de âldpapierkontainer
it pûdsje mocht yn de kompostbak
it nytsje moast wachtsje op de âldizerman
en it toutsje koe yn de restkontainer....

de restkontainer,
dêr giet it no oer yn ús gemeente;
dêr meie je noch wol wat ynsmite
mar oh wee, at je der iets ynsmite
wat ek yn ien fan de oaren kin.

sa as in oerbleaune ierpel,
en twa oerbleaune woartels,
dy't wij gewoanwei yn in plastikbakje dogge
tagelyk mei de lêste sju
dy''t faak genôch opwaarme is,
en no wol fuort kin.
hup, de hiele handel yn de restkontainer

Mar dat is no oer .....

ûnderyn de kontainer smite jout ek neat
want de "afvaladviseur" leit op de loer.

sa seagen wij dizze wike bij ús op de buert
giele printen hingjen oan de kontainer
mei in warskôgjende tekst

de afvaladviseur hat wat kontainers trochnoaske
en it noaske him soms wol: grien.
en it noaske him soms net: giel




















en sa sjocht it der dan út
(of net Harry Kronemeijer?)

Wij binne dus warskôge!

maandag 25 april 2016

Koeke


Je meie in koeke dy't je krigen hawwe
wol yn de mûle dwaan mar en yn de bek sjen.

Frij fertaald nei in oare siswize, makke ik dit der fan.

Wêrom?
Op 8731 foel in priis yn de Postkoadelotterij
8731 dêr wenje wij
in koeke dus.....fan Peijnenburg
yn in kreas blik
ôf te heljen bij Jumbo

In kreas blik ja,
mar fierstente grut foar de koeke
dus mar in leech reklamedoaske derbij yn......

Raar
twa wiken letter krigen wij wer in brief
mei in bon
foar alwer in koeke
fan Peijnenburg

twa blikken dus
twa reklamedoaske yn it blik
mar twa sokke koeken makket wol ien hiele grutte koeke.....

tige tank Postkoadelotterij
ik seur fansels net....
ik skriuw allinne mar in stikje

zaterdag 23 april 2016

Diktee


Tidens in lichte fleach fan ferstânsferbustering,
dyt noch gjin 15 minuten duorre
haw ik op ynternet it Frysk diktee makke......

it resultaat fan dizze net trochtochte aksje kaam hjoed binnen
in brief fan de Fryske Akameny:
Lokwinske jo meie meidwaan oan de finale fan it Grut Frysk diktee 2016
op 10 maaie yn de Steateseal
fan it Provinsjehûs yn Ljouwert...

Ik bin net sa'diktee skriuwer,
die earder bliken
doe't wij meidiene oan de kroechkwis...
it giet mij gau te hurd
en ik haw net folle op mei wurden
dy't ornaris (ek sa'n wurd)
net mear brûkt wurde.

Knop om....
ik sjoch it no as in útdaging
om der ek wat fan te meitsjen,

Lestich tink ik wol
omdat de nije staveringsrigels tapast wurde
om te sjen at it goed of ferkeard is,
en yn dy nije rigels hie ik mij noch net ferdjippe.

Ik sil mij de kommende wiken
ferdjipje yn dy rigels.....

vrijdag 22 april 2016

Boartsje


Freedtemoarn  wie mantsje Roan wer bij ús...
in hannebynerke mei syn 14 moannen

Mar gelokkich kaam de post mei in brief fan de Fyske Akademy
ik bliid mei de ynhâld en hij bliid mei de slúf
en syn knuffeltsje......
yn...út ....yn....út
en mar laitsje











donderdag 14 april 2016

Boaten



























je komme soms fan de spotprintsjes tsjin dy binne sa goed........

woensdag 13 april 2016

ZZ topper


Ik kin net oars sizze dat de prizen nei de besten gean

Op 27 juni yn de Heineken Music Hall....


zaterdag 9 april 2016

Haarlem


Dizze foto seach ik fannewike yn de krante stean
it Haarlem stadion dat ôfbrutsen wurdt.

No haw ik net in hiel soad mei dat stadion, útsein ien herinnering

7 novimber 1971

De tiid dat wij folgers wiene fan sc Hearrenfean
thús en soms út;
sa as dy kear.

ik wit it fan dizze wedstriis noch hiel goed,
it wie net waarm
en wij makken dy Haarlemmers wiis
dat it yn Fryslân dik winter wie
dat in barre tocht wie om hjir hinne te kommen
snie, iis ......

wij hiene in pukkel mei
dat is sa'n legertas
dêryn in akku
mei dêr oan fêst in toeter

it wie in hiel gesjouw

at wij op de knop drukten
dan die er toet...toet...toet

wij koene it sels krekt heare,
at it wat stil wie om ús hinne.
de spilers fan sc Hearrenfean hawwe der neat oan hân
sij ferlearen dan ek mei 2-0

woensdag 6 april 2016

Hichtum

In bysûndere jûn yn Hichtum.
De oanlieidng wie it boek de Treastfûgel fan Hylke Speerstra.

Yn De treastfûgel folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it stienearme Súd-Dakota amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. Foar de oare húshâlding wurdt it in swalkjen tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân. De ferhalen fan beide famyljes komme wer byinoar as twa neikommelingen út de tredde generaasje oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner, de oare as ferliezer. Speerstra reizge foar dit ferhaal nei noch libjende tsjûgen yn Amearika en Dútslân, 


Jûn wiene yn Hichtum in stik as 11 neikommelingen fan ien fan dy famyljes,

de Hiemstra, no grutboeren dêr.

It waard in moaie jûn mei skriuwer/ferteller Hylke Speerstra

mei sjonger Adri de Boer,
it korps fan Burchwert,
en bijdragen fan boargemaster Hayo Apotheker,
en in lid fan de Hiemstra's.
En dat allegear ûnderleiding fan Bert Looper fan Tresoar.

Moaie ferhalen, 

om mij hinne hawwe se moai songen
der wiene prachtige ^lde foto's
en it wie goed foar ús Ingelsk
want dat wie it fansels foar it grutste part

Ynkoarten de Treastfûgel lêze 

want dit is in ferhaal hjer...





zondag 3 april 2016

Kedoeng...kedoeng...kedoeng



Sneons sjoch ik meast efkes bij SDS 1.
Wij steane dan op it selde plak;
de Bunnikside,
SDS-supporters,

Sneon 2 april
SDS 1 - Delfstrahuizen 1
tredde klasse A
in kelderkreaker of ôfgrûn klapper  (@Arjen Hut)

Wat hiene de mannen fan de Bunnikside der wer sin oan.
Op harren plakje tsjin de klaaiboksen oan,
op de noardeastside,
soene se yn alle rêst de wedstriid fan SDS 1 wer fersjen fan harren hierskerpe analyses.
Se kinne dêr de emoasjes fan al dat oare publyk net bij brûke.
Sij tinke en analisearje it leafst yn stilte, mei elkoar.

It waard in desyllúsje.
Hjoed hingje se allegear thús op de bank om mei stampende pine-yn-kop.
Dat is net kaam troch it spul fan beide ploegen,
ek net troch de sinne dy't it wat ôfwitte liet
en ek net troch in tredde helte.
Nee, dit lijen kin taskreaun wurde oan in lawaaimakkerskiste yn de boks bij VR QVC 1.
45  minuten lang moasten de analitisi dit lijen ûndergean
en se diene sa no en dan ek noch in lyts gebed mei de fraach:
kin dat brûzen ek wat sneller of kin dat ding ek út.
Beide gebeden waarden net ferheard wat in leauwen yn hegere machten net grutter makke hat.
Op de fraach oan it lêste Starumse fromminske, dy't sels net mei dat ding op de foto woe, wat de Bunnikside him hiel goed foarstelle kin, hoe't it west hie at se ferlern hiene, wie it antwurd dúdlik: net oars.
De Bunnikside hopet dat se dan in folgjende kear moarns om 9 oere fuotbalje moatte yn Easterein.