dinsdag 30 augustus 2011

Gelikense

Ik haw it idee dat motorriders elkoar altiten efkes groetsje at se elkoar tsjinkomme. Yn myn byld stekke se dan de hân efkes op. Mar it kin ek wêze dat ik it hielendal mis ha. Dat fan dy hân opstekke komt mij ek wat raar oer mei in gong fan 150 of mear.
Je sjogge it mei mear soartgenoaten dy't elkoar efkes groetsje.
Boatsjeminsken groetsje oare boatsjeminsken (at der op ien in Dútske flagge wappert wit ik net at dat op giet) , skooterriders toeterje nei oare skooterriders en ik tink dat minsken mei in houten poat in groet bringe nei oare minsken mei in houten poat.
Mei lisfytsers is it al net oars. Ek wij as lizzers groetsje elkoar. Wêrom? Soartgenoaten dus en lotgenoaten.
Hjoed fytste ik de trije. Dat is in koart ritsje oer Iens, Spannum en Kûbaard. Om efkes nei te tinken. Yn de fierte sjoch ik in fyts oankommen. En wat tichter bij sjoch ik in man op de fyts sitten. Mei in burd. In grut burd. In hiel grut burd. Ik krij ynienen it lotgenoategefoel. Man op de fyts mei hiel grut burd.
"Moarn" sis ik at hij flak bij mij is en op mij del sjocht.
It gefoel is net fan twa siden. Noartsk trapet hij troch sûnder lûd te jaan.
Sil wol tinke fan "wol in grut burd mar op sa'n healwize lisfyts, dat is gjin soartgenoat".

Foar de dúdlikheid: ik fyn dizze muzyk net allinne moai om de lange burden.


zaterdag 27 augustus 2011

Oer in jier



Bij in goeie strip herken je wat. Yn je neiste omjouwing of bij je sels.

vrijdag 26 augustus 2011

F1

Van F1-Spa


Iets fan de Formule 1 libjend bywenje stie al lang op myn ferlanglistje. De kâns die him foar, doe't de soan tongersdei oanjoech dat hij freed nei Spa koe foar de training fan de Formule 1.
En sa reizgen wij moarns om 5.45 ôf om om 9.45 yn Spa oan te kommen. Fia binnendykjes koene wij in parkear terrein fine bij Boer Verzommeren of soksa wat.
Wat in evenemint foar sa'n omjouwing. Hast alle stikjes lân binne "ynrjochte "as kamping of parkearterrein en binnendykjes wurde no echt brûkt
Om 10.00 wie de earste frije training en dat is in moai skouspul. De iene nei de oare flucht bij je lâns sadat je de bolides "rêstich" besjen kinne. Hoewol it falt net mei om in auto mei 288 km op de teller goed op de foto te krijen, of noch slimmer op de film.

Van F1-Spa

Dizze leafhawwer hat ûngefear in heal oere sa dwaande west om dêrnei ôf te taaien mei moglik in swiere nekblessure oan beide kanten.
Wa't yn Spa west hat, sjocht mei ferbazing nei it enoarme hichteferskil yn it parkoers. Ek wij ferwûnderen ús oer de klim dy't de autos dwaan moatte. Wij hiene in pracht plak krekt foar dy ferneamde Eau Rouge.
De training duorre 90 minuten en middeis om 14.00 oere mochten se noch ris besykje snelle rûndetiden del te setten.
Tusken troch wie der tiid om wat om te sneupen bij de ferkeapkarren mei fierstete djoere Ferrar1 petten, Red Bull sjurts en Lotus paraplus.
En der wie tiid om in pûdsje patat te heljen. Dy patatboeren en drinkenferkeapers hawwe dêr gjin konkurrinsje en fine it normaal om foar in pûdsje patat sûnder 5 euro te freegjen. En lekker! Om fan te kokhalsjen.
Tusken de buien troch wiene der ek G2 races en sa kinne je de hiele dei herry heare.
Om healwei fjouweren wie it dien en koene wij in tige slagge dei ôfslúte mei de weromreis fan 4 oeren, wêr't Volbeat de the Foo Fighters de argewaasje fan de stopljochten bij Maastricht en de files bij Arnhem fuort batsten.









donderdag 25 augustus 2011

Unthaaste op Skiermuontseach

In dei nei Skiermuontseach.
It hat goed foldien. It tempo giet der gelyk út at je de boat ôfstappe. Dat komt troch al dy rinners dêr. Taske op de rêch en sa kuiere se sa'n dei wat op it eilân om.
Ek de fytsers dêr binne fan in oar slach as op de fêste wâl. It fytstempo sit tsjin it omfallen oan.
En sa fytse wij wat mei yn de stream.
At je fytsen gean op it eilân dan kinne je ek mar better rêstich oan dwaan, want oars wurdt it in lange dei. It is mar lyts allegear en der is net echt folle te dwaan.
Je kinne wat fytse, wat op it strân sjen, swimme yn de see, lizze yn de dunen, fernuverje oer in moaie seefûgel, in terraske pakke, bij it lege wetter op it waad sjen, in fiskje helje, tidens it fersepaad je ferbaze oer de moaie eilanner taal, wat yn de haven koekeloere, nei de fjoertoer fytse en konstateare dat je dy net beklimme kinne.
Je moatte foaral net te hurd, want oars steane je ier en betiid wer bij de boat te wachtsjen.

 

 

 

 

 

 

Posted by Picasa

woensdag 24 augustus 2011

In resjantearde bui

"Ik stean hjir yn Harns en wat in wetter hjir. Net allinne oan de oare side fan de dyk mar ek hjir yn de stêd. En ik hie it al sein fannemoarn dat der mooglik in lyts buike komme kin. As waarman docht it je goed dat sa'n buike dan ek komt.
En it waard ek noch in flinke bui. In depresje bij Ingelsmanplaat resjantearde en dan krij je de beweging dat in bui de minsken opsiket. Hjir yn Harns, mar ek yn Weidum wêr't folk fan hein en fier sûnder jas en op de fyts nei Weidum kommen wiene. En sa'n resjantearde bui fleuret sa'n keatsfjild gelyk op. Al dy kleurige reinpakken en parapluen dy't je dan sjogge dy makket sa'n dei suver ta in sinneskyndei.
En dat der nei sa'n warskôging fannemoarn fan mij, dat der in lytse kâns is op in lyts buike, minsken der net op rekkene hawwe, jout al oan dat it om de lytse dingen giet.
En dan no de waarnimmings:
Weidum 21 milliter, 22 graden bûten de tinte en in fochtichheid fan 95 % yn de tinte.
Gjin nachtfroast, sa't no liket, mar útslute wol ik it fansels net"
En dan no it waar foar moarn en de kommende dagen.




dinsdag 23 augustus 2011

Rolpeal




Oan de trekfeart by Wommels steane in oantal stiennen pealtsjes. Pealtsjes mei in nûmer der op. Op dit moment tel ik in stik as trije. Wêr't se foar tsjinne hawwe wit ik net. Dizze stiet bij de Sinteklazepleats bij Iens.

(foto fan Wikipedia)
Efkes tocht ik oan in rolpeal mar oan de foto te sjen hoe't dy't der útsjocht moat ik dat idee oan de kant smite.

Oer de rolpeal noch it folgjende.


Yn Wommels is in buert mei strjitnammen dy't te meitsjen hawwe mei it keatsen. Dat is in goeie kar west yn de jierren doe't dizze buert oanlein is. Mar foar ien strjitte yn de buert hawwe se in útsûndering makke. De strjitte dy't it tichst bij de feart leit. Dy hjit de Rolpeal. Dêrmei wurdt de wichtige funksje dy't de Boalserterfeart ea hie yn eare holden.


maandag 22 augustus 2011

Goed begjinne


"Goed begjinne" sizze keatsers tsjinelkoar at se oan in nij earst begjinne.
"Goed begjinne" dat tocht ik doe't fannemoarn wekker waard. Op dizze moandei in goeie AlleFryskeDoarpeFytsTocht nei súd Fryslân.
Dúnegea, Follegea, de Lemmer, Eastersee, Ichten, Bantegea, Skoattersyl, Slykenburg, Spanga, Skerpenseel, Nijetrine, Munnekeburen, Langelille, Ychtenbrêge, Dolsterhuzen en Rotstergaast kin ik ôfstreepje. Moai fyts waar en 120 kilometer op de teller.










zondag 21 augustus 2011

Pis



Wyldpisje is net tastien. Dêr wurdt wol gauris ien foar oppakt. Foar plysjemannen ek makliker as echte boeven oppakke. Se drave net fuort at se dêr krekt steane de blaas stean te leegjen.
Der is neat moaier as wyldpisje.
At wij op fytsfakansje binne, at it no yn binne- of bûtenlân is, ik pisje it leafst wyld. Gewoan tsjin of bij in beam of bij in hikke. Ik haw dêrmei ek it idee dat in goeie bydrage leverje oan de groei fan dy beam (net fan de hikke).
Der is no hoop dat men ynsjocht dat der mear te heljen is út de pis. Alteast it fermoeden is der en no sil it ûndersocht wurde. Op Lowlands wurdt de earste proef dien. Alkoholfolle pis. Bin benijd wêr't dat geskikt foar wêze kin.




Demon



Ik haw twa lisfytsen. Ien mei in boppestjoer (Nazca) en ien mei in ûnderstjoer (Sinner). Beide hawwe se wat foar op de oare. Dus sykje ik foar de ritsjes de beste fyts út.
Lekker nei muzyk harkje doch ik it leafst op myn Sinner Demon mei ûnderstjoer. Mp3 op shuffle en sûnder doel wat omfytse.
En op ien of oare wize siket de shuffle hast altiten in nûmer fan Motopsycho op. Ja krekt de Demon box.



zaterdag 20 augustus 2011

Skutsjesilen

It ie der noch net fan kommen om nei it skûtsjesilen te gean. Maar troch de entoesjaste ferslachjouwing fan Klaas Jansma, hie ik it gefoel middeis dat ik in stompkop wie om der net hinne te gean. It naaide der betiden út, it wie altyd spannend en it wie spektakulairder as in formule 1 yn syn beste tiden.
Sa sette wij dus freed dochs mar nei de Lemmer fol ferwachting wat dizze middei ús bringe sil.
It sit dêr moai foaral at je de goeie stuollen mei hawwe. Ek at der gjin skûtsjesilen is, is it ek gjin straf om dêr wat foar je út te sjen oer it wetter. No binne der ek noch skûtsjes en dy farre kreas efterelkoar oan. It spektakel bliuwt út hjoed. En oars wat Klaas Jansma foar de radio suggerearjen docht it is net echt spannend. Allinne bij de earste tonne fleane der meardere bijelkoar op mar sa as gewoan bij it skûtsjesilen bart dat op de fierste tonne en is dat mei eigen eagen net goed te sjen.
It sit dêr moai mei de moaie loften en de skûtsjes dy't farre ferheegje it nivo fan it útsicht. Jûns op de tillefysje binne de bylden wer prachtich en sjocht it der folle spektakulalder út as yn it echt. Mar goed ek dit jier haw ik wer bij it skûtsjesilen west. Op é Lemmer en it wie moai waar.

Stânbylden

Foar de weblog "Blijdatikfiets" haw ik okkerdeis wer in stikje skreaun. Oer stânbylden, dy't wij tsjinkamen op ús fytstocht lâns de grinzen fan Nederlân. Mar wêr stiene se ek al wer?
Sjoch hjir





vrijdag 19 augustus 2011

153 kilometer



Helaas wurde de tochten hieltyd langer om alle Fryske doarpen fanút Wommels te befytsen. Helaas, sis ik, want der is no hast gjin tiid om wat mear om je hinne te sjen. Myn "fierste boei" is hjoed Haulerwyk. En dat fyn ik mei de auto al in ein.
 

Moarns betiid is it rêstich bij de Tersoalster slúskes. Dêr sil ik wol efkes fan de fyts moatte

 

40 kilometer yn Nijbeets, myn earste doarp wat ik noch bijskriuwe kin. Ferbaasde famyljeleden yn Nijbeets efkes ferrasse. In bakje kofje giet der wol yn

 

Koartehimmen is sa'n plak wêr't je net komme at je der net hoege te wêzen. In prachtige klinkerdyk en dat sis ik net sa faak fan klinkerdiken.

 

Fan Beetstersweach nei Hemrik foar in diel troch it bosk. Net in minsk en net in bist te sjen.
 


 

 

 

 

Moai no, dy foet fan mij dy't op hast alle foto's te sjen is, omdat ik fanôf it stjoer fan de fyts foto's meitsje wylst ik fyts.
 

Op wei nei it pontsje bij Sitebuorren tusken Grou en de Feanhoop. En krekt dêr wurd ik ferrast troch in bui. Wachtsje hat gjin sin en nei 153 kilometer kom ik dus wiet thús.
Posted by Picasa

donderdag 18 augustus 2011

De muoite wurdich

Twa en heal doarpke stiene der noch iepen yn de gemeente Snits en fiere omkriten. En mei nocht set ik ôf om nei Nijhuzum, Idzegea en Sânfurden te fytsen. Se rinne alle trije dea en dat binne myn foarkarsdoarpkes.

 


Op it ritme fan de lange útfiering fan "All is Lonelinesse" fan Motorpsycho en dan twa kear wie ik samar yn Parregea. Wachtsje foar de brêge is dizze dei yn. Sels at ik ôfslaan nei it "deade" Nijhuzum moat ik wachtsje foar de boaten dy't rjochting Parregea geane.

 

It "deade" Nijhuzum hat seker gjin deade útstrieling. In grutte frachtwein flocht mij mei gong foarbij en bij it ynriden fan it doarpke kinne je mar kieze.......
 

Ik kies foar it Grûnspaad wat mij rjochting it pont nei de Lytse Gastmar bringe moat en yndie ynienen hâldt it paad op......
 

In lyts drukje op de bel soarget der foar dat de pontbazin de oerstek makket om mij en trije Dútsers foar 1 euro de man oerset
 

It pontsje docht syn namme ear oan: "Droech oer it wetter". Ik bin der mar wat bliid om.....

 

It heale doarp wat ik no byskriuwe wol is Idzegea. Ik hie al in kear op de brêge stien bij it nammeboerd mar woe no wolris bij de klokkestoel sjen, dy't der al moai wat langer stiet as de neistlizzende kamping

 

Sa allinne in slach oer in tsjerkhôf meitsje binne moaie mominten. En yn it bysûnder dy lytse tsjerkhôven, wêr't it te oersjen is allegear. It ferskaat oan stiennen, de nammen en somtiden de herinneringen oan in persoan, sa as hjir de tige Frysksinnige bussjauffeur Jelte Wildschut dy't hjir syn lêste rêstplak krigen hat. (Jelte rôp as bussjouffeur at wij Ljouwert binne riden bij alle bushaltes dêr : Ljouwert, jitris Ljouwert, jitris Ljouwert....)


 

In moaie iepen romte ûnder de klokkestoel mei wierskynlik de âldste grêfstiennen.

 

Op nei Sânfurden wêr't de moaiste pisbak stiet. In stiennen gefal wêr't froulju neat mei kinne mar foar mannen in útkomst is.

 

Nei in stikje bij de Aldegeaster Brekken lâns, slaan ik ôf nei Greonterp. Dêrfoar moatte je ûnder it spoar troch en fan de fyts ôf. Op oare plakken soene se in foarbyld nimme moatte oan dizze fytsgoate yn de midden fan de net te steile treppen. En sa kin ik op nei Greonterp

 

Mar net te fluch, want op dizze dearinnende betonreed mei ik mar 30...

Posted by Picasa