maandag 30 juli 2018

Peace yn Riis

Peace yn Riis
sa hjitte it hast 50 jier lyn
it popfestival yn de teatertún yn Riis

Sûnt 2010 hjir it Gaasterland popfestival
en it is ien kear yn de twa jier;
de edysje fan 2018 wie top

Noflike sfear,
freonlike frijwilligers
muzykleafhawwende besikers
in lekker kâld bierke
en gewoan in hamburger mei sipels en sa

En....de muzyk
dy wie bêst genôch;
It strielde de goeie âlde tiid út
mei lekkere rockblues
mei akoestyske optredens
mei flower-power
en mei in nije jonge band
mei in lûd dat je wer hiel graach wer heare wolle


ik haw it oer de Electric Hollers
mei in strakke drums en bas
en in bjusterbaarlik goeie gitarist.
in band ek, mei in fleurige entoesjaste útstrieling
in band om te ûnthâlden


en dan wie dêr Kaz Lux:
wa kin him net as sjonger fan it eardere Brainbox;
hij hie der nocht oan dizze middei
troch it oandachtich publyk
fielde hij wurdearring

"Noch 1 nûmer, 5 minuten"
seit presintotor Douwe Kool.
Wij seagen de argewaasje bij Kaz Lux
no al,,,,,
it waarden 5 minuten dy't hiel lang duorje soene


en sa seagen wij Piet Kok en Roelof Reineman
mei harren Dylan programma.
akoestyske en elektryske gitaar
in moaie sound
nostalgy en herkenning giene hân yn hân



en wat te tinken fan Doctors Orders
dy't it Dr feelgood repertoire bij lâns gyngen,
in stevich setsje en it klonk mij as muzyk yn de earen

Kosmic Blue
mei dy rauwe stim fan de sjongster
dy't Janis Joplin wer ta libben komme liet:
sij brocht ús yn de Woodstock herinnering


en dy herinneringen kamen noch mear oan it ljocht
bij Roffel's Woodstock trip
mei û.o.  in moaie fertolking fan Jefferson Airplane


doe hiene wij de pitbullblues al hân
fan Roadhouse, bekind fan Snits
en de Bluescruise yn Easterein


en alles begong mei de suvere stim fan Sasha Elisah
op it akoestyske poadium

en doe't wij genôch hiene
fan al dy prachtige muzyk
wie der noch in optreden fan
Beano & Friends  Pete Seeger Sessions

miskien is dat myn ienige kritsyke noat
fan 15 oant 23 oere is lang genôch
en seker op snein
want moandeite moarn betiid
 haw ik it altyd al wer drok
mei pre pensjoeneare




zaterdag 28 juli 2018

Eardopkes

Samar in idee,
eardopkes foar keatsers

ik tocht er oan doe't ik trije jonges fan Wommels
woarsteljen seach tsjin twa fan Mantgum
op de Jongfeintepartij yn Easterein

Ik siet efter it perk
fier bij de koach wei
dy't meast op de boppe sit.

De koach, dy't hopenlik oars net dien hat as sizze:
twa keatsen lizzen en gau werom nei de stuit..
sij in man minder,
dus gewoan in hoekje opsykje

Fol goeie bedoelings
sille de twa perkspilers fan Wommels
op wei gien wêze nei it perk,
de want efkes út
de want wer oan en dan foaroer
wachtsjend op de bal dy't ta keats ferwurke wurde moast,
neffens de koach....

at dy bal ûnderweis giet
fanút de hân fan de opslagger fan Mantgum
soe dat earke fan pas komme kinne...
keats lizze...keats lizzze....keats lizze
krekt sa lang de bal slein is yn it perk.....

miskien soe dat helpe,
no jout koachen yn alle gefallen neat...
der wurdt in soad misslein,
dat is kostber
mar der wurdt noch mear slein
om hast boppe te slaan
dêr't in opslagger fan Mantgum noch is
en de oare jonge fan Mantgum ek stiet

boppeslaan
dat is noch altiten in keunst
boppeslaan
hat gjin sin at it oars moat
en at it oars kin

donderdag 26 juli 2018

Bisten oan de dyk

Tongersdei 26 july,
fytse mei in doel....
Bisten oan de dyk op foto sette,
nee, gjin echte,

Yn Iens kinne je fuskje seit dit boer

de liuw fan Iens

de ljip fan Iens

ûnder littens, oan de Boalserterfeart

de kat fan Baard

de nepkat fan Baard


ek Tongerdyk, selde hûs

ek sa

ek sa

ek sa

de eigner hat iets mei hûnen?

it wapen fan Baard

dizze sjogge je op meardere plakken

Leons

tusken Leons en Húns

fytstunnel Húns

Húns

De murdhûn yn Húns

Amearikaasnke brievebus bij "in ranch" op Hatsum

boerd en wynwizer op Tsjeppenbûr

Wjelsryp

bij Tsjom

bij Tsjom

bij Tsjom

Tritsum

Bij Warntille it Frysk fersepaad ...twa kikkerts 



dinsdag 24 juli 2018

Lanegan


"Ferwachtsje gjin entoesjaste sjonger
ferwachtsje gjin opswypkjende wurden nei it publyk
ferwachtsje gjin ynteraksje mei  dat publyk"

dat litte twa kenners, Tiede en Lolke, mij foarôf witte

Wij steane yn de tinte klear
foar it konsert fan Mark Lanegan op WttV,
ik bin benijd

"Sjoch", dêr komt er oan mei syn tee,
no giet it sa los",

Yndie, in kop tee,
wêr't oare muzikanten
stoer in fleske of blikje bier drinke
docht Lanegan tidens it konsert sa no en dan
in pear stappen efterút
om tee te drinken.

Dat weromstappen binne ek de ienige bewegingen
dy't hij makket.
fierders sjongt hij,
mei syn djippe, rauwe, betiden monotone stim;
in sjongeres bringt sa no en dan in twadde stim yn
en fierders is der in band
de  begeliedingsband dy't geweldich goed spilet.

Nei in heal oerke lit Lanegan dochs merke
dat er yn de gaten hat 
dat der publyk yn te tinte is
entoesjast publyk sels
want hij seit samar twa kear
"Thank you, thank you"

Foar mij it hichtepunt
fan in prima WttV
sa boeiend om nei dizze man te sjen
en nei dizze muzyk te hearen

Oan de ein noch twa kear "thank you, thank you",
dan draait hij him om
en rint mei syn lege bak tee
fan it poadium

Bysûndere man
prachtige band
en it fielde seker net plichtmatich
sa't in redaksteur fan de LC skriuwt



maandag 23 juli 2018

Riis

Ien kear yn de twa jier wurdt it holden,
it Gaasterland popfestival
op dy prachtige lokaasje,
de teatertún yn Riis.


In moai ferskaat oan muzyk
fan blues oan singsong
fan Dylan oan Brainbox

Ja seker,
Brainbox
want Kaz Lux is der ek
de sjonger fan Brainbox,
de stim is wat minder
mar bliuwt legendarysk


zondag 22 juli 2018

Hoe stean de sipels der bij?

Sneintemoarn betiid
noch net te waarm.
Sjen hoe't de sipels der bij stean
yn de Bouhoeke
dat wie it doel

De sipels stean der goed bij efter Seisbierrum



.de start of de finisj fan de Slachte.... in giele seedyk

Oare kant fan de haven yn Harns

it is Wad.......

Underweis nei Surch...wat in stilte


dinsdag 17 juli 2018

Rûntsje Snitsermar


Tiisdei 17 july in rûntsje Snitermar.....60 kilometer


Kofjedrinke op IIsbuorkerij bij Terherne yn de buert....Foar bern is dêr wol in hiel soad ferdivedaasje

De Kameleon lei hjoed net yn it wetter

Fermaak genôch yn Terherne


Yn Eagmaryp it bekende earrebarre nêst

It pontsje bij Rufus

Weromblikpetear

In moai wurd
weromblikpetear
Werom sjen op de Elfwegentocht
mei ús Tsjeard......


maandag 16 juli 2018

Fossylfrije rûntsje

Twa wiken sûnder in drip benzine
dat wie it tema de ôfrûne wiken
de Elfwegentocht moast it besef bringe
dat it oars moat mei it gebrûk fan ús grûnstoffen

Twa wiken skitterjend waar
dus kin it net oars wêze as der binne tal fan minsken
dy't meidien hawwe de fyts ûntdekt hawwe.

De lêste wike mij sels oplein
om 7 kear 40 kilometer te fytsen
alle dagen in rûntsje yn de buert

Sneintejûn koe ik dan ek 295 kilometer bijskriuwe


moandei: de wyn noardwest, dus op nei Harns

tiisdei:  de wyn iets noardliker, dus Dronryp

woansdei: de wyn noch iets noardiker, dus lâns Ljouwert

tongersdei....mar wer nei Dronryp mar krekt efkes oars
Freed...oppasdei...iets minder

sneon ...

sneon ......yn Ljouwert bij de Elfwegentocht

snein, de wyn yn it easten