dinsdag 31 januari 2012

25 jier lyn

It liket mar efkes lyn dat wij de ronde van de Kleine Wielen riden ha.
Mar it is is al 25 jier lyn. Jeetje wat flocht dy tiid om.
En wij hiene de 6de Zijlroedetocht yn Makkum op 21 jannewaris ek al riden.
Wist net mear dat ik sa'n rider wie.
Op de selde bledside fan myn plakboek kom ek tsjin dat wij doe mei de bern nei de Finale fan de Sound Mix seagen.
As bestjoerslid fan it Dielshûs yn Wommels organisearden wij popkonserten. Yn dy moanne hiene wij "I'v got the Bullet" mei sjongeres Frederique Spigt.
Jacob Haagsma, ek doe as popmuzykstikjeskriuwer bij de LC, skreau moandei yn de krante:
I've got the bullet: Live act fan formaat.
Mei 550 minsken binne wij der doe fêst goed útsprongen.

zaterdag 28 januari 2012

Bekeure

Je soene der benaud fan wurde.
De list mei bekeurings foar fytsers mei de bedragen der bij foar 2012.
In lange list en neffens mij is der hiel wat te fertsjinjen foar it plysjeapparaat en hiel wat te ferliezen foar alle fytsers.
Ik ferwiis jim graach nei dizze link

De meast fermaaklike binne dizze:
Niet stapvoets rijden binnen een erf: € 45,- - ............stapvoets fytse is soms in keunst
Zonder teken met arm afslaan: € 30,-............. sjogge jim wol ris ien in hân útstekken?
Kruispunt blokkeren: € 85,-   ............dat like mij no sa leuk ta...auto's pleachje

Inhalen vlak voor of op een zebrapad: € 130,-     ...........wa betinkt soks

Militaire kolonne doorsnijden: € 30,-   .........lekker tusken de Leopards  fytse..hearlik

Geen voorrang verlenen aan trein/overweg blokkeren: € 85,-   ........ gjin foarrang ferliene?????.

Geen voorrang verlenen aan overig verkeer bij achteruitrijden: € 85,-  ......dat sil ik moarn besykje: efterútfytse

Slechte staat van het frame: € 45,-   ...........apk keuring?

Ondeugdelijk bevestigde trappers: € 85,-  ........ it kreaket en it docht , no wat.....

Rijden onder invloed . Vanaf 235 ugl (0,54 promile): € 130,- ........ dat wisten wij allegear wol ..toch...of net?














vrijdag 27 januari 2012

Pake

It feest fan it pake en beppe wurden is net oan ús foarbij gien. Tal fan kaarten mei lokwinsken kamen bij ús binnen. It pakke en beppe gefoel is der no hielendal. Seker at wij sjogge nei dat lytse mokkeltsje fan trije wike, dat no gelokkich ek thús is. Moai om te sjen nei dat únskuldige gesichtje at je har op de earm ha.
Ek moai dat se har net ynhâldt mei boeren, hikken,spuien en ôfskiten. En foaral dat lêste docht se as in grut keardel. "Krekt har heit", seit har mem.
Dat pake en beppegefoel is yn ús eigen hûs ek oanwêzich. Want trije kaarten dy't it sa moai oanjouwe: pake en beppe.

dinsdag 24 januari 2012

Group 1850

De skiednis fan Q '65 lêzen. Aardich boek om te lêzen. In Haagse band dy't op foel troch de hurde beat/rock& roll yn de begjinjierren '60.
Frjemde ferhalen en dêrtroch boeiend. In band dy't it net sa krekt naam mei alles.
Hiene je as sealeigner plannen om de seal te ferbouwen dan koene je it beste Q'65 kontrakteare.
Folle seal en dêrtroch in goeie resette en nei de tiid wie alles fan syn plak of stikken.
Net dat de band dat die mar troch harren muzyk en presentaasje ûntstie der sa'n byld fan "bij Q'65 mei alles"
Yn it boek komme ferskate leden oan it wurd. Twa binne der net mear. Stikken gien oan drank en drugs.
Yn it boek wurd ek oare bands besprutsen, omdat de besetting wolris wiksele.
Group 1850 wie ek in groep út Den Haag. Makken goeie muzyk en hiene de hit "Mother No head".
Yn dit boek nei safolle jier lês ik de útlis, wêrom it nûmer sa hjit. It kwartsje falt dus bij mij.
Ik soe sizze harkje goed nei dit nûmer, konstatear op hokker nûmer dat besearre is en it sil dúdlik wêze wêr't it "mother no head"hjit

The Kinks

The Kinks, foaral bekind fan de hits Lola en mr Pleasant, hawwe yn harren goeie jierren prachtige muzyk makke. Better as ik feitlik koe.
De band fan Ray en Dave Davies skynt net mear te bestean mar Ray Davies treedt noch wol op. 
Dit wykein it hiele repertoire op You Tube trochwest.  Twa moaie oerkes. Foaral Celluloid Heroes.
It skitterjend nûmer, hjir yn twa totaal ferskillende útfieringen.
Myn foarkar giet út nei de twadde. In nûmer mei in geweldich yntro.



zondag 22 januari 2012

Big Wheel

Der binne fan dy bands dy meitsje in plaat en dan wurdt it stil.
Yn it boek oer Q '65, wat verteld wurdt troch de ferskillende minsken dy't der diel fan útmakken en dy't net dea gien binnen oan drugs en drank, komt basgitarist  Peter Vink ek oan it wurd. As jongste bandlid (16 wie hij doe't er yn de band kaam) hie hij it net maklik want hij waard mij dêr in partij pleage.
Dy selde Vink is de ienige dy't echt yn de muzyk trochgien is.
Nei Q 65 kaam hij yn Big Wheel. En dat is sa'n band dy hawwe ien prachtich nûmer.

vrijdag 20 januari 2012

Foar mij gjin slachterin 2012

Yn 2000 rûn ik de Slachte. Dat wie de lêste kear dat ik op in dei mear as 20 kilometer rûn ha. En dat soe ek best wol ris sa bliuwe kinne. Ik bin net sa'n rinner.
Yn 2000 rûn ik mei in teasjurt mei de sels makke tekst: "Rinne wij wol lyk". Nee dus.



Yn de Ljouwerter Krante stiene de oare deis 42 foto's fan dielnimmers. Op alle kilometers ien.
Dy foto fan mij waard makke nei dy freeslike 42 kilometers en 195 meters.
Op de blierretrochpriktafel. Blierren sa grut as de hakke, blierren sa grut as alle teannen. Op beide fuotten.
"Hoe giet it", hat mij doe immen frege.
Flits, in foto. Neist de foto fan de winner: Gerrit Kramer. In grutter kontrask koe hast net.



"Fan myn libbensdagen net wer" haw ik doe noch útbringe kind.
Alteast dat is de tekst bij de foto yn de krante.
Ik haw myn wurd holden yn 2004, yn 2008 en sil seker myn wurd hâlde yn 2012.

Ik haw mij wol alfêst in byld makke fan dizze rintocht. It sil in grut ferskil wêze mei 2000. Doe wiene de mobyltsjes yn opkommen en waard der omraak belle.
No sil der omraak twittere wurde. Op de Slachte sille tûzenen twitterje
#dat se aaklik betiid fan bêd binne
#dat se yn de file stean foar Easterbierum
#dat se lang op in bus wachtsje moatte
#dat de bus der einliks is
#dat se foar de start al bekôf binne fan it wachtsjen
#dat se hast starte meie
#dat der noch 9863 minsken rinne foar in goed doel
#dat it stik efter Boazum dreech is
#dat de sinne troch brekt
#dat de brêge fan Reahûs in kûtebrekker is
#dat ze nog nooit van de Kliuw hebben gehoord
#dat de Nije Kromme in flinke klim is
#dat het gigantisch gezellig is tussen al die Friezen
#dat it korps fan Wommels krekt ophâldt at wij der oankomme
#dat it de sinne trochbrekt
#dat wij bij Swarte Beien op de helte binne
#dat it suver wol goed giet
#dat it no wol hiel drok is op de dyk
#dat der irritante lju binne dy't foardringe bij de húskes
#dat de pisserij foar froulju tûkelteammen jout
#dat it no begjint te reinen
#dat  Clinton net mear yn Achlum is
#dat wij de brêge bij Frjentsjer al sjogge
#dat de batterij hast leech is
#dat wij der binne
#dat wij wachtsje op dy en dy
#dat it in moaie dei wie.


Slachterin

De Slachterin komt der wer oan.
Yn juny 2012.
Yn 2000 die ik ek mei.
Ik doch dizze kear mar net mei.
It wêrom lis ik letter út.

"Belangstelling Slachtemaraton yn Wommels útsûnderlik grut", kopte dizze wike ús gemeentekrante Op é Skille.
Mar leafst 80 ynwenners hawwe kaarten besteld.
Allinne yn Ljouwert, Frjentsjer, Snits, Drachten, Harns, de Jouwer en it Hearrenfean wiene mear ynskriuwers.
Hoefolle minsken der no krekt meidogge út Wommels is no noch net te sizzen, want de ynskriuwers mochten 4 kaarten bestelle. 80 persoanen dy't kaarten bestelle foar gemiddeld 3 minsken út Wommels?





Dan komt it aardich yn de buert fan it jier 2000.
Want doe kopte dy selde op é Skille dit.



donderdag 19 januari 2012

Itensiede


Mei tank oan de achte frou Knor, frou Honig en yn Wommels frou Jumbo, kin elkenien hjoeddedei itensiede. Mei in goeie lêsbril moat it slagje om de oanwizigingen op de foar- of efterside fan in pak te lêzen en te begripen.
Nim 2 ytleppels fan dit en 150 milliliter fan dat, doch it sus en doch it sa. It stiet der meast allegear yn de goeie folchoarder op en at je it gefoel ha dat it ek oars kin dan moat je dat foaral dwaan. It is wol wichtich dat je yn de winkel wol  goed sjogge wat der net yn it pak sit en wat der wol bij heart om der in smaakfol miel fan te meitsjen.
It wurdt al oars at je in miel  klear meitsje wolle wat net in wrâldgerjocht of in pasta is.  At je bijgelyks gewoane hollânske kost ite wolle lykas stoofparren, andyvje of stoofde sipels. En at je dy lekkere smaak ha wolle dy't je bijbleaun is út de goeie âlde tiid.
Bij sokke kost doch ik altiten in berop op it "kookboek" fan frou E. Nakken - Rovekamp. In lesboekskreaun troch in direktrise fan in húshâldskoalle yn de jierren 60.
De 12-de  printinge haw ik thús lizzen. De 12-de dy't in ferskil makket mei de 11 dêrfoar.
"Op verzoek zijn de kopjesmaten vervangen door grammen"
Ik fyn sels dat ik goed itensiede kin, mar sûnder help fan frou Nakken hie ik moglik yn dizze tiid hiel wat ôfsneupt op ynternet om it goeie te finnen.
Soms is in boekje fan 63 wol sa handich.


dinsdag 17 januari 2012

Deade swan

It iis yn de fearten, de ryp op it lân, de rúten fan auto's beferzen en winterske loften.
It liket hjoed wol winter.
At ik op de weromreis krekt foarbij Turns fyts, rjochting Reahús, dan fyts ik lâns in iisbaan.
Net samar in iisbaan. In eigen initsjatyf baan. Fan Joost Schaap.
Allinne om dy Turners soene je hoopje dat der sterk iis komt.
It wol mij net misse, mar der sit talint yn Turns.
Allegear fan dy lytse sportmantsjes dy't bij SDS fuotbalje mar neffens mij ek goed ride kin.
Bij it sjen fan de baan dwaal ik efkes yn tinzen fuort.  Yn de fierte sjoch ik in wyt bultsje lizzen.
"Is der mij hjoed wat ûntkaam, is der miskien snie fallen en is dit bijelkoar fage"? sa flits der troch myn kop hinne.
Tichterbij sjoch ik dat it wat oars.
In swan dy't wierskynlik al hiel hoaste en wêr't syn swannematen wierskynlik tsjin kweekten: "Ien nachtfroast en do bist der west."

Dy foarspelling is better útkaam as it foarsizzen fan de horrorwinter. En sa te sjen binne der wer oare fûgels dy't dit hielendal net slim fine en mei nocht en wille de swan in kopke lytser meitsje.

maandag 16 januari 2012

Moai ritsje

"Wat soe it no moai wêze at wij ride kinne", sizze de reedriders. "Sok moai waar: wyn stil en in sintsje derbij." hearde ik se snein sizzen.
"Wat is it moai dat je gewoan wol lekker fytse kinne", sei ik. Lâns de trekfeart bijgelyks. Tusken de reiden. Oan de droege side fan de reiden wol de ferstean.
In hearlik rûntsje dus op dizze sneintemiddei.

En mei de Runtastic (bike) as kontrolemiddel haw ik besocht om wat in fêst "tempo" te fytsen.
En dat is goed slagge sa te sjen

zondag 15 januari 2012

Jild

At je yn Newcastle binne foar it fuotbal en je ha wat tiid oer, dan is it hiel nijsgjirrich om efkes  yn The Back Page te sjen.  "Sports book and football memorabilia "stiet der op de gevel.
Binnen ademt alles fuotbal. Mear as 2000 fuotbalboeken, mear as 2000 fuotbal-dvd's en 3000 films.
Dêrneist ek noch wit ik hoefolle oar spul lykas magneten, cd's, flachjes, bekers, oanstekkers en fan sels sjurtsjes.
Dy fan Souness, de held yn Newcastle wie foar 250 pûn te keap. Mei in hantekening der op fansels.
As Feyenoord supporter foel myn each op it bledsje StadionNieuws. Dat kin mar fan ien klup wêze.
It bewuste boekje is fan 1968 want yn it seizoen 1968/1969 spilen de klups twa kear tsjin elkoar. Feyenoord wûn thús mei 2-0 mar ferlear út mei 4-0.
Mar dat boekje is bewarre bleaun. It waard te keap oanbean dêr. Like djoer as it sjurtsje fan Souness mei hantekening.
At ik it jild hie dan wist ik it wol.

vrijdag 13 januari 2012

Fan wa binne jo ien?

"Fan wa binne jo ien en wêr komme jo wei" dy fraach bliuwt minsken sa't it skyn altyd dwaande hâlden. Der soe noch in fraach bijsteld wurde kinne.: wêr komt myn namme wei?
Tongersdeitejûn wie it swart en griis fan de minsken yn it Tsiispakhús yn Wommels. Swart fanwege it grutte oantal en griis fanwege de grize hierren. Theo Kuipers, meiwurkers fan Tresoar wie op út noeging fan it betsjoer om wat te fertellen oer it ûntstean fan de efternammen yn syn algemienheid en oer de spesifike nammen yn dizze regio .
It wie in moai ferhaal en tige nijsgjirrich foar de tahearders.
Yn 1811 wiene de folgjende nammen yn Wommels oanjûn: de Boer, Galama, Stapersma, Tiemersma, Tiesma, Tuinstra, Yntema (2x(, Sippens en Biesma. Wat opfalt is dat dizze nammen net echt folle foarkomme yn Wommels op dit stuit.
Yn tsjinstelling ta Easterein: dêr kamen doe de nammen van der Eems, Joustra, Sandstra, Sjaarda, Hingst en Rispens foar. En dy nammen komme dêr noch wol aardich foar op dit stuit.

Prachtich wiene ek de ferhalen nei it skoft doe't it gie oer it gerjocht yn eardere tiden yn Hennaerderadiel en Baarderadiel. Bijgelyks it útskreaune prosesferbaal fan in frou yn Spannum dy't har man oanklage omdat se misledige waard, ferwiten krige, mishannele waard en ...dat har mûtse fan de holle skuord waard.

Moaie ferhalen en moai om te sjen dat sokke lêzingen in sukses binne. Nijsgjirrich is noch te melden dat op dizze side allegear ynformaasje te finen is oer it "nedergerjocht" yn ús eardere gemeente, allegear oersetten yn in lêsber skrift troch Paul Borghaerts. En dat is echt muontsewurk mar foar de leafhawwer fan moaie âlde taal in echte sneupside.


woensdag 11 januari 2012

Fytsen

Ik stel jim graach foar om myn trije fytsen wêr't ik yn 2011 likernôch 12 409 kilometer op troch brocht ha.
In lytse 5000 kilometer wenwurkferkear (Wommels-Snits).
Sa'n 2000 fakânsjekilometers: Ronde fan Nederlân (1300 km)  en in diel fan de Moezel fan Koblenz nei Trier (400 km) en koarte fakansje yn Egmond (300 km).
Fan de oerbleaune 5409 kilometer sil der gau sa'n 3400 kilometer fuorttrape wêze oan myn "Allefryskedoarpenfytstocht" (AFDFT) wylst de oare 2000 kilometer de gewoane tuskentroch ritsjes west hawwe lykas Kûbaard om, Iens om, Spannum om, Skrok om, nei it fuotbaljen yn Easterein en de kilometers yn Wommels.
De Nazca Pioneer:
Kocht yn 2006, 6268 kilometers yn 2011 en totaal no 42395 kilometer.
Wylst ik dat lêste typ realisear ik mij dat dit aardich yn de buert komt fan in kear de wrâld om.
Wurdt it meast brûkt foar wenwurk ferkear en de lange tochten


De Sinner Demon:Kocht yn 2000, 1602 kilometers yn 2011 en totaal no 17937 kilometer op lein.
Hearlike fyts mei ideale lishâlding troch ûnderstjoer. Is wol wat ûnhâldiger (gjin sicht efterút) mar tige geskikt foar de koarte ritsjes en om de rêch efkes yn balâns te bringen.


De Raleigh Hornet Kocht yn 2010, 4441 kilometers yn 2011 en totaal no 7719 kilometers op fytst.
Foar in bukfyts net in ferkearde fyts. Yn de wintermoannen de earste fyts, klimt in stik better as de lytsfytsen en dus geskikt foar Limburch en bûtenlân. Underwilens mei ljocht, spatskermen en pakjedrager in folweardige alle dagen fyts foar de grutte boadskippen minus it bier.

maandag 9 januari 2012

Beste Nederlanner

"Beste Nederlanner" sa twittere de soan juster hast in wike nei syn marathon yn Zurich (Switserlân).
Yn de nacht fan 31 desimber en 1 jannewaris draafde hij yn de neare nacht mei in hollelampe de goed 42 kilometer.
In ynternasjonaal selsskip wie hij dêr, want yn alle lannen binnen atleten dy't fan frjemde útdagingen hâlde. Dy't betiden in bytsje gek binne.
Yn dizze link is te sjen, út hokker lannen de dielnimmers kamen en wa't de snelste per lân wie mei de tiid derbij. Tsjeard wie sneller as de de snelste Fin, de snelste Israelier en de snelste Súd Afrikaan.

Hjir noch wat foto's fan startnûmer 102.

zondag 8 januari 2012

In minitrip nei Newcastle

Der binne minsken dy't in dei winkelje yn Newcastle. Dat binne minitrippers.
Sij stappe dêrfoar normaal om 17.30 oere op in boat yn Ymuiden en binne moarns om 9.30 sa'n bytsje oan wâl yn Newcastle, neidat se de hiele jûn yn in bar en it kasino en in benaude sliephut omhongen ha.
Mei de bus wurde se nei it sintrum fan de stêd brocht. Se kuiere wat om yn winkelstrjitten sa't dy yn alle stêden binne, se keapje hjir wat, se besjogge dêr wat, se ite foar in pear sinten yn Chinatown en tsjin fiven geane se wer mei de bus nei de haven omdat de boat om 18.00 wer koers set nei Nederlân. Nei in jûntsje oan de bar, yn it kasino en in nacht yn  in benaude sliephut is de boat moarns om goed 9.30 werom yn Ymuiden.
Trije dagen fuort mar wol leuk winkele yn Newcastle!!
Dat sa'n reis ek hiel oars ferrinne kin die ferline wike bliken.
Op tiisdei gie de boat net 17.30 oere fuort mar wachtte de kapitein de stoarm ôf. Pas om 19.30 waarden de touwen los makke.
Okee, dat betsjut normaal twa oeren letter yn Ingelân en dus iets minder tiid om te winkeljen.
Mar it stoarmke wie op de Noardsee noch net útraasd en moarns om 8.30 hearden wij in freonlik frommeske troch de lûdsprekkers:
"Door het weer dat de natuur ons gegeven heeft, verwachten wij een aankomst in New Castle om 14.30 uur."
"Aan de mintrippers melden wij dat er straks een bus klaar staat om u naar het centrum te brengen , waar u omstreeks 15.00 uur aankomt. Om 17.30 vertrekt de laatste bus weer naar de boot. Wij wensen u een prettige dag en wijzen u nog even op de informatiefolders van de stad, want er is veel te zien".
En wa't no tinkt dat se mar 2 1/2 oere tiid hiene om te winkeljen hat it mis.
15.00 oere wie boattiid en 17.30 Ingelske tiid. En dêrom hiene se 1 oerke mear. In tafaller.

Nei 3 1/2 oere fluch winkelje, ite (sis mar frette), lâns katedralen drave, koene de minitrippers wer op de boat. En de werom reis duorre net sa as gewoan oant moarns 9.30 oere, mar oant 14.00 oere, al wer fanwege "het weer dat de natuur ons gegeven heeft". It stoarme noch altiten.
Fluch winkelje en dan wierskynlik gjin each hawwe foar in winkel mei sa'n moaie namme
Scrumpy Willow & the Singing Kettle

Ik hie begrutsjen mei dizze minsken, Ik gunde harren in langere winkeltiid. Ik gunde harren in geweldige fuotbalwedstriid dy't wij as fuotbaltrippers wol meimakken. Ik gunde harren in nachtje rêst yn in hotel yn it sintrum fan Newcastle. Ik gunde harren in oare mem natoer.

Jelske

In moaie mar foaral ek spannende fakansjewike. Sa wol ik de earste wike fan jannewaris omskriuwe.
Spannend bij de presentaasje fan it liftboek op 1 jannewaris, spannend doe't dochter Hildau 2 jannewaris nei it sikenhûs moast omdat it der wat op like dat de lytse poppe 5 wiken earder út de búk woe, spannend wie op 3 jannewaris de boatreis yn wynkrêft 9 of 10 nei Ingelân, spannend wie op 4 jannewaris de wedstriid Newcastle United tsjin Manchester United en spannend wie it op 5 en 6 jannewaris doe't wij wer yn stoarmeftige omstannichheden werom faarden nei Nederlân.

Tidens dy reis nachts om 02.30 oere waard yn Snits de earste pakesizzer berne. Jelske is de namme fan de dochter fan Hildau en Meindert. Mear as 4 wiken te betiid mar it sjocht der goed út.
Nei in spannende wike in grutske Aant. Of sa't jim wolle in grutske pake Aant.

donderdag 5 januari 2012

43 boeken


Sûnt 1998 bin ik in reedlik fanatike lêzer wurden. Mei tank oan in hernia. Mei tank om dochter Hildau dy't doe mei de goeie boeken út de byb kaam. It herstel fan de hernia koe mij net lang genôch duorje, want lêzen wie hielendal myn ding wurden.
Om foar te kommen dat ik mei de selde boeken thúskom en omdat ik no ien kear fan " de listjes" bin, hâld ik bij wat it lês. Oan't in jier lyn hie ik de list bij mij at ik nei de byb gie. No steane alle gegevens yn myn tillefoan mei dropbox en kin ik sa efkes neisjen wat ik wol net lêzen ha.
547 boeken sit ik no op, wêrfan yn 2011 43 boeken. Ek sûnder hernia nim ik no hast alle dagen wol efkes tiid om in stikje te lêzen.
Fan de 43 binne der mar 4 Fryske boeken bij. Dat is net mear as in konstatearing. Myn lêsgedrach is gjin taalstriid. Der binne no ien kear tefolle moaie yn Nederlânsk oersetten misdaadtrhillers. 2011 wie it jier fan Hakan Nesser sa te sjen en fan Ulrich Hefner, want syn boek wie foar mij de topper.

1 Bril, Martin Jongens jaren
2 Campert, Remco Het leven is vurrukkelluk

3 Coben, Harlan Levenslijn

4 Coben, Harlan Vals spel

5 Eekhaut, Guido Loutering

6 Ferdinandusse, Rinus Kidnap

7 Gerritsen, Tess Stille getuige

8 Haan. Wieke de Ophysje en delbêdzje

9 Haan, Bas De Deventer moordzaak

10 Hammer, Lotte &Soren Misbruik

11 Hawks, Tony Door ierland met een koelkast

12 Hawks, Tony Spelen tegen de Moldaviers

13 Hefner, Ulrich De dood sluipt rond in zwart en paars

14 Jackson, Lisa Venijn

15 Jansen, Suzanna De hemel is goud

16 Jong, Ferdinand de Guozzeflecht

17 Jongbloed, Jaap Vermist en vermoord: Tinka van Rooy

18 Kaaberbol en Friis De jongen in de koffer

19 Kellerman J en F Misdadigers

20 Koch, Herman De ideale schoonzoon

21 Kuhn, Krystina Het ongeluk

22 Mankell, Henning De Chinees

23 Margolin, Phillip Recht van spreken

24 Margolin, Phillip Voortvluchtig

25 Meulen, Tony van der Het patent

26 Nesser, Hakan De commisaris en het zwijgen

27 Nesser, Hakan De dode op het strand

28 Nesser, Hakan De zwaluw,de kat,de roos en de dood

29 Noorlander, Eva In dubio

30 Patterson, James Cross Fire

31 Patterson, James Ik, Alex Cross

32 Riessen, joop van In naam der wet

33 Ronka Matti Broederland

34 Roslund&Hellstrom Het meisje onder de straat

35 Schokker, Jan De SUC saak

36 Schwarz, Asa Nefilim

37 Scottoline, Lisa In het nauw

38 Steenmeijer, FenT Moard yné Medoc

39 Stefansson, Jon Hallur Misstap

40 Trosell, Aino Niet het kind wel de vrouw

41 Veen, Luuk van der Bij leven en welzijn

42 Verhulst, Dimitri De helaasheid der dingen

43 Verhulst, Dimitri Mevrouw Verona daalt de heuvel af

woensdag 4 januari 2012

Newcastle- Manchester United

Hjoed wurdt de wedstriid New Castle - Manchester United spile. Mei hopenlik 50000 entûsjaste taskôgers, wêrûnder myn twa seagers Norman en Albert en ik.
Wij dogge in earder reiske nei Newcastle nochris oer. Doe (2004) wie it sc Hearrenfean wat it opnimme moast yn it James Park. Dy't it lang net op rêde koe.
Newcastlle: it sil der wol reine, it sil der wol griis wêze mar wij sille ús fêst fermeitsje.  Yn 2004 moasten wij gelyk de bus yn foar de weromreis. No bliuwe wij in nacht om de sfear ek nei de tiid noch efkes te belibjen.  Sa kin ik ik de sjaal fan 2004 ek noch in kear brûke.


zondag 1 januari 2012

Nije útdaging

Tsien jier lang stie "ús libben" op 1 jannewaris  yn it teken fan de liftwedstriid út Wommels wei. 10 jier lang die ús soan Tsjeard mei en die ik ferslach op de webside fan SDS.
Hjoed slúte wij it liftsjen ôf. Fannemiddei om 16.00 oere presinteare wij Lift! In prachtich boek mei lústerskiif oer 10 jier liftavontoeren. Ferhalen en foto's.
Us soan Tsjeard is der net bij. Hij seach al wer in nije útdaging op dizze dei.


Fannacht om 0.00 oere gie de Neujahrsmarathon fan Zürich  yn Switserlân fan start. In unyk evenemint want op in ûnferljocht parkoers fan 42195 meter drave, wêr't je oanwezen om je eigen holle lampe, is in heftich begjin fan it jier. Boppedat binne 95 % ûnferhurde paden.

De finish wie yn in sporthal en fannacht  om 4.38 oere twittere hij: